Lytse heit&mem 2018

Page 26

In Grutte Rôze Wolk. Teminsten ast de ferhalen hearst wannear’tst op kreambesite komst. Marruh… de earste wiken binne topsport! It is ôfsjen. Hjir dogge wy in boekje iepen.

Bloedferlies Hasto al dy grutte kreamferbannen en ekstra grutte ‘inlegkruisjes’ ek besjoen doe’tst noch swanger wiest? Ja? En ek fuort de doaze wer tichtgoaid? Se binne wol nedich, dus sa’n kreampakket is net oerdreaun.

Switte Genôch skjinne nachthimden op foarrie? Helje mar fêst in pear ekstra út ’e winkel. Nei de befalling ha guon froulju nachts behoarlik lêst fan switten. Dat heart by it proses om de hormoanhúshâlding fan it lichem wer op peil te krijen.

Boarstfieding Njonken alle foardielen is boarstfieding ek bikkeljen en komt it op trochsettingsfermogen oan. Sels earst plasse en goed sitten gean, dan pas begjinne te foeden, oars sjit de kramp dy yn it liif en is it dreech om geduldich te bliuwen. Eefkes sûnder prikkels (tv eefkes út?) drinke litte is foar jim beiden fijn!

Spugen It ‘mondje terug’, it útspuien fan molke, heart derby. Dy molkeplakken yn ’e klean binne net allinne ferfelend, mar rûke ek noch soer. Hupsakee… mar wer in skjinne outfit út ’e kast.

Soargen Fielst in net te beskriuwen grutte leafde? En in dito ferantwurdlikheidsgefoel? Wen der mar oan… it giet noait wer fuort mar der is hiel goed mei te libjen.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.