BB 114 - februari 2020

Page 25

Krystfeesten troch de tiid hinne It tema fan de ôfrûne Kerst Inn wie “Kryst fan Eartiids” en yn myn wolkomswurd fertelde ik hoe as ik dat as famke belibbe ha: De “knip” wêrmei’t we kryststikjes makken en we‐ ijoegen, it ferhaal dat ús mem foarlies by de krystbeam mei dy kearskes en it rike gefoel fan smûkens. Fansels it krystfeest yn de Oentsjerkster tsjerke mei dy grutte krystbeam, ek mei echte kearsen, de mânlju mei stôk en spûns, de sinasappel en it boek fan W. G. van de Hulst wat we krigen. Yn pleats fan in nijjierskaart ha ik famylje en freonen û.o. dat stikje oer de mail stjoerd. Wat in moaie reaksjes ha ik krige, by in protte kaam dat gefoel fan de bernejierren werom. Ek yn Mantgum, Weidum, Eastrum en Nijbeets krigen se in sina‐ sappel en in boek. Ik frege my ôf hoe as dat eartiids yn Aldtsjerk wie en dat fertelde Sjoerdsje Haima‐ Hooghiemster my. Sjoerdsje, suster fan Oedsen en Jan, gie hjir nei de sneinsskoalle lêst 50’er en begjin 60’er jierren. Eltse snein om 9 oere yn Oerein en de lieding wie yn han‐ nen fan Frou de Vos en Tryntsje Bottema. Letter ek noch fan Annie Bottema, Boukje Pot en Richtsje van der Meer. Foar de krystfiering makken se in kearsehâlder fan in útholle ierappel mei sulverpapier derom hinne. Fanút Oerein rûnen se dan mei de baarnende kears oer de dyk nei de tsjerke en sjongen “Midden in de Winternacht”. De Beam waard goed yn de gaten hol‐ den troch Lolke Doornik mei help fan ien fan de van der Galiën jonges, fansels mei lange stôk en wiete spûns. Earst kaam it bibelse krystferhaal en yn it skoft krigen we poeier‐ molke mei in krystkrânske. En dan fertelde Frou de Vos in tige spannend ferhaal, faak oer immen dy’t ferdwaalde yn de snie, mar it kaam op de ein altyd wer goed. Nei ôfrin songen we “Eare sei God” mei stjerkes yn de hân dy’t oanstutsen waarden en ek guon yn de beam. We krigen in sinasappel en in pear krystkrânskes mei in read lintsje om se thús yn de beam te hingjen én in boek fan W.G. van de Hulst. Ik moest ek noch it lêste iisklubjild ophelje út Heemstra State. Hoe soe Pytsje Swart‐ Bloemhof mei har 101 jier it krystfeest yn Aldtsjerk belibbe ha? Sy is fan 06‐11‐1918, dus dit spilet om 1925‐1930 hinne. Se wennen earst efter de tsjerke en letter op de Púndyk 9, wêr’t Famylje Vlasman no wennet. Pytsje: “It duorre ferskuorrende lang, dat wit ik noch goed . Dûmny Enklaar syn frou koe sa moai fertelle, ek oer Niels Holgerson, dat Sweedse ferhaal. En Frou de Vos, dat wie in wûnder! Se krige help fan Anneke, se kaam fan Eastrum en hie sokke moaie krollen. Pytsje gie alle sneinen mei û.o. Anneke fan Oepke en Aaltsje, Annie van der Woude en Hiltsje van der Meulen nei Katigisaasje yn it Sjot. Fan it Sjot hie ik noch nea heard. Folgens Pytsje wie Oerein der noch net en it Sjot wie in hokje, wêr’t ek in bibleteek yn siet. Ik doch neifraach yn Aldtsjerk. We tinke…..…dat it Sjot it stikje Oerein is dat it neist tsjin de balletskoalle oanstiet. Pytsje fertelt: “Dat Oerein bout is, ha we te tankjen oan in foarútstribjende dûmny, al fûnen guon it wol in djoere saak. En wist wol wat we alle sneinen oan kontribuusje mei‐ namen? In sint en dan leinen we de sint wolris op’e grûn, draaiden der mei de foet op om en dan glom er! Us mem bewarre alle boekjes dy’t we troch de jierren krigen yn in lyts kastje en ús Nynke woe altyd dat beppe út dat iene boekje foarlies.” Nynke wurdt belle, want hoe hiet dat boekje ek mar wer? Alles is fuortrekke troch dy ferhúzerijen. Nynke wit it, “De kale kikker” en sy hat it noch en fynt it no mar in rasistysk boekje, it 25


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.