Sevenwolden pws de betsjutting fan westeremden b en barnsterbuorren wytze willem pel vwo

Page 1

De betsjutting fan Westeremden-B en Barnsterbuorren Wat runerigen ús sizze kinne oer de kultuer fan Fryslân Skreaun troch Wytse Willem Pel

A6B, Menear Schoen 1


Foarblêd………………………………………………………………………………..pagina 1 Yndieling………………………………………………………………………………pagina 2 Wurd foarôf……………………………………………………………………………pagina 3 Wurd fan tank………………………………………………………………….………pagina 3 Haadstik 1: Wa wienen de Friezen út’e iere midsieuwen? 1.1.1. De etnyske eftergrûn fan’e Friezen ……………………………………………pagina 4 1.1.2. De taal fan'e Friezen…………………………………………………………....pagina 5 1.1.3. It skreaune Âldfrysk……………………………………………………………pagina 6 1.2.1. De kultuer fan'e âlde Friezen….………………………...……………………pagina 6-7 1.2.2. Harren leauwen……………………………………………………………….pagina 7-8 1.3.1. De skiednis fan'e Friezen………………………………………..…………..pagina 8-10 Haadstik 2: Wat wie it runeskrift en hoe waard it brûkt? 2.1.1. Wat binne runen?…………………………………………….....……………..pagina 11 2.1.2. Hoe is it runeskrift ûntstien?........................................................................pagina 11-12 2.2.1. Wannear waard it runeskrift brûkt?..............................................................pagina 12-13 2.2.2. Welke farianten fan it runeskrift wienen der?..............................................pagina 13-14 Haadstik 3: De ynskripsjes fan Westeremden-B en Barnsterbuorren 3.1.1. Ynlieding fan'e ynskripsje…………………………………..…….………..pagina 15-17 3.1.2. Analyse fan'e foarmen………………………………………….………….pagina 17-21 3.1.3. Analyse fan in eardere oersetting………………………………………….pagina 21-24 3.2.1. 3.2.2. 3.2.3. 3.2.4.

Wize fan wurkjen……………..………….……………………………………pagina 25 Part 1: olhǣmujimndaǣmluþ…………….…………………………………pagina 26-29 Part 2: iwiosueduǣale………………………………………….………..…pagina 30-35 Part 3: wimœmǣhþukn……………………………………………………..pagina 36-38

3.3.1. Analyse fan'e hiele tekst……………………………...……………………pagina 38-41 3.4.1. Diskusje oer Barnsterbuorren…….…………,…………………….………pagina 41-43 3.5.1. Konklúzje……………………………………….……………………………..pagina 43 Boarnen…………………………………………………………………...……….pagina 44-45

2


Wurd foarôf Yn dit profylwurkstik sil ik in nije oersetting meitsje fan'e Westeremden-B ynskripsje. Dêrneist behannelje ik de ynskripsje fan Barnsterbuorren. Hjirfoar soe ik earst in gehiel nije oersetting meitsje mar de oersettings dy't foarsteld wienen, binne neffens my goed te ferdigenjen. Dêr wêr't ik tocht dat ik nedich wie haw ik in nije lêzing fan in wurd foarsteld. Oeral haw ik besocht om dúdlik te skriuwen en de drege stof op in maklike wize út te lizzen, wat neffens my goed slagge is. Ik haw myn profylwurkstik, lykas jo grif opfallen is, skreaun yn it Frysk, dit út'e selde leafde foar de de taal as dejinge dy't my derta brocht hat de runen as ûnderwerp te kiezen. It wie in proses wêryn ik in soad opstutsen haw. Ik hoopje dat jo de tekst mei deselde wille lêze kinne as dy dy't ik hân haw by it skriuwen derfan.

Wurd fan tank Ear't ik oanfang bin ik fan miening dat ik in pear minsken betankje moat. Alderearst de dosinten dy't my holpen hawwe; menear Schoen en mefrou F.an Hulten. Dêrneist moat ik noch in groep minsken betankje. Sy hawwe elts in soad betekene foar dit profylwurkstik, dat nei it ynleverjen derfan noch grif grutter wurde sil. Tanksij dizze minsken bin ik oan mear goeie boarnen kommen, en sy joegen my ried. Dit binne Arjen Versloot, Rolf Bremmer en Peter Alexander Kerkhof. Dêrneist wol ik apart Han Nijdam betankje foar al syn muoite, tiid en boarnen. Tanksij him is net allinnich dit wurkstik ta stân kommen, mar wit ik ek wat ik studearje sil.

3


Haadstik 1:

Wa wienen de Friezen út’e iere midsieuwen?

Om in antwurd op de fraach jaan te kinnen wat de runerigen sizze kinne oer de Friezen moatte we earst witte wa’t dy Friezen wienen. 1.1.1. De etnyske eftergrûn fan’e Friezen. De Friezen binne ûntstien út in gearraning fan ferskate folken dy’t rûn de Noardsee wennen. (Tuuk, 2013). Al dizze folken wienen Germaansk, dat hâldt yn dat se Germaanske talen sprutsen, lykas it Frysk, Dútsk en it Sweedsk. Hoewol’t se allegear oare nammen hienen lykas Angelen, Saksen en Juten wienen se diel fan in grutter Germaansk gehiel. Der wienen tsientallen oare Ger-maanske folken. Dit witte troch de Romeinske skriuwer Tacitus. Hy skreau rûn it jier hûnderd it boek De Origine et Situ Germanorum dat fakentiids inkel Germania neamd wurdt. Tacitus makket yn it boek ûnder oare in ferdieling fan alle Germaanske folken, hy makket ûnderskied tusken trije grutte Germaanske klibers wêr’t folken part fan wêze koenen. Dizze trije klibers hieten Ingvaeönen, Herminonen en Istvaeönen. Tegearre mei oare folken dy’t rûn de Noardsee wennen hawwe de Friezen part west fan’e Ingvaeönen. (Kalma, 1944). Yn Germania wurde de Friezen sels ek al neamd. Se soenen ferdield wêze yn twa klibers: de Grutte Friezen en de Lytse Friezen. (Tuuk, 2013). Hoewol de namme fan’e Friezen hjir al brûkt wurdt is dit net it folk dat yn’e iere midsieuwen dizze namme draacht, al hawwe se wol ticht oan elkoar besibbe west troch harren Ingavaeöonske eftergrûn. De nije Friezen dy’t rûn it jier 450 yn Nederlân te wenjen kamen, fûnen in lân wêr’t hast nimmen mear wenne. De reden hjirfoar hat wierskynlik te meitsjen hân mei it heger wurden fan’e seespegel. Hjirtroch wie it lân net mear te brûken en binne de minsken dy’t troch Tacitus Friezen neamd waarden foar in grutste part fuortlutsen nei oare hegere lannen. Faak wienen dit hegere lannen yn oare parten fan Nederlân mar it is bekend dat der ek yn it Fryske gebiet doch op guon plakken ûntanks de stiiging fan it wetter jimmer befolking west hat, lykas op Texel (Tuuk, 2013). L. van der Tuuk (2013, p. 76) skriuwt yn syn boek De Friezen: “Het is dan ook beter om niet van een bewoningshiaat maar van een bewoningsminimum te spreken. De kleinschalige samenleving moet echter nog wel zo groot geweest zijn dat er voldoende sociale cohesie overbleef om te kunnen blijven functioneren.”

Yn ditselde boek beskriuwt L. Van Der Tuuk twa ‘befolkingsweagen’ dy’t Fryslân binnenkamen. De earste weach kaam it lân binnen yn’e iere fiifde ieu. Dizze klibers wienen nei alle wierskynlikheid ôfkomstich út Noardwest-Dútslân. Dit lân waard doetiids bewenne troch twa folken, de Angelen en Saksen. Dizze twa folken dûke ek earne oars op, nammenlik yn Ingelân, wêr’t se rûn deselde tiid hinne teagen. (Philippa & Quak, 1994). In twadde weach is ôfkomstich út Skandinaavje en komt yn’e seisde ieu it Fryske gebiet binnen. Dizze folken, de âlde Friezen, de Angelen en Saksen, en Skandinaavjers soenen úteinlik ien folk wurde, de Friezen. De namme fan’e Friezen is ûntanks de it befolkingsminimum bestean bleaun. It is lêstich te sizzen oft al dizze folken harsels tegearre doetiids ek al Friezen neamd hawwe of dat se earst skieden bleaunen. It is wol wis dat de hjoeddeistige namme, as der ea konkurrinsje west hat, de winner is. (Tuuk, 2013).

4


1.1.2. De taal fan’e Friezen It Frysk is, lykas it folk Germaansk wie, in Germaanske taal. Dizze Germaanske talen binne fia in mienskiplike Germaanske taal ûntstien út it Proto-Indo-Europeesk. It Proto-IndoEuropeesk is nea skreaun oantroffen mar it bestean kin ôflaat wurde troch de likens fan in soad âlde talen. Inkele oare talen dy’t út it Proto-Indo-Europeesk ûntstien binne, binne byfoarbyld it Latyn, Gryksk en it Perzysk. De hjirút ûntstiene mienskiplike taal fan’e Germanen wie it Proto-Germaansk (PGm). Dit is troch de ieuwen hinne ferkrommele ta in hiel soad talen en noch mear dialekten. Alderearst foel it Proto-Germaansk út elkoar yn trije lokale farianten, it Proto-West-, Proto-East- en Proto-Noard-Germaansk. It Frysk heart tegearre mei ûnder oare it Ingelsk, Nederlânsk en Dútsk ta de talen dy’t út it Proto-WestGermaansk (PWGm) ûntstien binne. (Tichy, 2006). In wichtich skaaimerk fan dizze taal is geminaasje, de ferdûbeling fan guon bylûden wannear’t se folge waarden troch de klank j. Dit klinkt dreech mar it is maklik te werkennen en út te lizzen mei in foarbyld, ôfkomstich fan Bremmer (2011): PGmc *1satjan > PWGmc *sattjan (Âldfrysk setta 'to set') PGmc *saljan > PWGmc salljan (Âldfrysk sella 'to sell') PGmc *framjan > PWGmc frammjan (Âldfrysk fremma 'to perform, give') Binnen dit Proto-West-Germaansk ûntstienen der wer lokale farianten, wêrunder it Ingvaeoonsk. It Frysk is tegearre mei it Ingelsk in Ingvaeoonske taal. Dizze lokale fariant fan it Proto-West-Germaansk makke tal fan feroarings troch wêrtroch dat it fierder ôf te stean kaam fan syn net Ingvaeoonske buorren. De feroarings leinen de basis foar it hjoeddeistige Frysk en foar it Ingelsk. Hoewol’t dizze feroarings der by it soad wienen beperk ik my foar de lêsberens ta twa dy’t de taal in oar karakter joegen as de oare West-Germaanske talen. (Bremmer, 2011). In wichtige feroaring wie in proses dat i/j-mutaasje neamd wurdt. Hjirby wurdt in klinker ‘ferhege’ wannear’t er folge wurdt troch in i of in j. Yn it Âldfrysk wie it risseltaat fan dit proses faak in koarte of lange e-klank. Ek foar dit proses wurket it goed om foarbylden te jaan ynstee fan in beskriuwing. R. Bremmer (2011) draacht se foar ús oan: PWGm. *sattjan waard yn it Âldfrysk setta (Frysk sette en ek Nederlânsk zetten) It proses fûn ek yn it Nederlânsk plak, mar net by lange klanken. Dit lit it folgjende foarbyld sjen: (Bremmer, 2011) PWGm. *blōdjan2 waard yn it Âldfrysk blēda (Frysk bliede mar Nederlânsk bloeden.) ___________________________________________________________________________ 11

In asterisk jout oan dat it wurd in rekonstruksje is en dat it wurd nea skreaun oantroffen is.

5


It Ingvaeoonsk fierde dit proses dus folle fierder troch as de buorren. In oar proses dat bydroegen hat oan it ûntstean fan in aparte Ingvaeoonske tûke binnen it Proto-WestGermaansk is de palatisaasje fan letters lykas *k en *g foar in *e of *i. Dit makke de *k ta in ts en de *g ta in j. Foarbylden hjirfan, wer oandroegen troch R. Bremmer (2011), binne: PWGm. *gelda- waard yn it Âldfrysk ield (Frysk jild mar Nederlânsk geld) *kerla- waard yn it Âldfrysk tserl (Frysk tsjirl mar Nederlânsk kerel) *ragina- waard yn it Âldfrysk rein (Frysk rein mar Nederlânsk regen) 1.1.3. It skreaune Âldfrysk Nei dizze feroarings steane it Ingelsk en it Frysk los fan de measte oare West-Germaanske talen. It Ingelsk fierde guon prosessen fierder troch mar ûntanks inkele ferskillen liken it Âldfrysk en it Âldingelsk rûn dizze tiid tige op elkoar. (Ringe & Taylor, 2014) We sprekke dan oer de perioade fan’e iere midsieuwen, rûn it jier 600. Op de runen, út dy tiid, nei is it Âldfrysk fanôf it jier 1100 pas opskreaun. De earste skreaune tekst bestiet út twa parten fan in fersniene psalm, lykas te lêzen is yn it artikel 'Oudfries was rond 1100 een schrijftaal' (2015). Herte ande lenden god (herten en nierren god) Lesa mi, helpe mi (ferlos my, help my) It Âldfrysk waard troch de tsjerke brûkt om teksten yn te skriuwen. Fakentiids hawwe dy teksten in religieus of wettelik karakter. It gebiet wêr’t se skreaun waarden wie fan de klaai oant East-Fryslân yn Dútslân. Fral de Eastlike teksten hawwe in soad âlde skaaimerken bewarre wêrtroch se better te brûken binne om te sjen hoe’t it Frysk derút seach foar de tiid fan’e skreaune boarnen. It skreaune Âldfrysk hat yn de provinsje Fryslân yn gebrûk west oant krekt foarby it jier 1500. Yn it lette Âldfrysk fersnelde it proses fan’e ôflsliting fan’e âlde útgongen tige snel. Koart nei it jier 1500 ferdwûn it Frysk as dominante skriuwtaal en waard it net mear sa’n soad opskreaun (Bremmer 2011). 1.2.1. De kultuer fan’e âlde Friezen De Friezen hawwe grif lykas alle oare Germaanske folken harren eigen gebrûken hân. It is lêstich om dizze gebrûken dúdlik beskriuwe te kinnen om’t se yn harren eigen tiid nea hiel dúdlik beskreaun binne. Dochs binne inkele aspekten fan harren kultuer werom te finen yn fynsten út terpen en yn neigalmen út’e Âldfryske teksten. In oare boarne dy’t inkele aspekten bleatjout is de Lex Frisionum, in rjochtstekst út’e achtste ieu foar it Fryske folk. (Tuuk, 2013). _____________________________________________________________________________________________________ 2

It streepke op’e o jout oan dat de klinker lang útsprutsen wurdt.

6


Sa witte we dat it Fryske folk ferdield wie yn fjouwer stannen: de eallingen, de frijen, de hearrigen en de slaven. De Eallingen hienen de macht yn hannen en dizze eallingen libben yn sibben, in âlder wurd foar famyljes. De sibbe wie foar de Friezen wichtich. (Kalma, 1944). In soad plakkennammen yn Fryslân geane werom op sa in namme fan in sibbe, lykas Harns of Harlingen, dat de wenplak wie fan in sibbe mei de namme Harlinga, blykber ôfstammelingen fan iene Harilo. (Gildemacher, 2007). It gebiet of doarp wêr’t in sibbe it bewâld hie waard neffens my faaks in hunderi neamd, dit komt nammenlik twa kear foar yn âlde skriften: in pago Westracha in villa Cammingehunderi Yn it gebiet Westergea, yn it doarp Cammigahunderi In pago kilingo huntari in uilla Merheim Yn it gebiet Kilingahunderi yn it doarp Marrum De earste tekst komt út’e njoggende ieu en de twadde is in kopy fan in tekst út dy tiid. De eallingen hawwe safolle macht hân dat se gouden sieraden oanskaffe of meitsje litte koenen en dat der jild slein waard yn namme fan de ealling. Sa binne der gouden munten fûn mei de tekst AVDVLFVS FRISIA (Audulfus Frisia) en VICTORIA AVDVLFO (in oerwinning foar Audulfus). Dêrneist is der yn it klaaigebiet in bûtengewoan grut tal oan goud en sulver fûn. Tige ferneamd is de grutte fibula fan Winaam. It is lestich om mei wissichheid te sizzen oft al dit goud makke is yn Fryslân, om’t de foarwerpen diel wienen fan’e ynternasjonale giftekonomy dy’t as doel hie ûnderlinge bannen ta stân te bringen of te ferterken. Foarwerpen koenen hjirtroch faak fan eigner wikselje en koenen sa grutte ôfstannen ôflizze. stadichoan ûntstiet der rûn de Noardsee in eigen styl. (Tuuk, 2013). Foar de rest witte we dat goudsmeden en ek harpspilers en weefsters aparte rjochten hienen (Tuuk, 2013, p. 270): 23. Wie een harpspeler die in een kring (letterlijk: met een cirkel) harpspelen kan, op de hand slaat, boet met een vierde grotere boete als bij een andere man van dezelfde stand. Een goudsmid evenzo. 24. Een vrouw die Fresum (Friese wollen stof) maakt, evenzo. Der hat ek in plak west wêr’t de frijen in sitting hâlde koenen. Dit wie in folksgearkomst dy’t in thing neamd waard. Wat se yn te bringen hienen tsjinoer de eallingen is ûnwis. Wol is bekend dat hjir rjocht sprutsen waard (Tuuk, 2013).

1.2.2. Harren leauwen Ear’t de Friezen ta it Kristendom bekeard waarden hongen se it Germaansk heidendom oan. It folk leaude yn meardere goden. ferneamde binne Wodan en Donar, hoewol’t se yn dit gebiet oare nammen hân hawwe. (Kalma, 1944) Oer hoe’t se eksakt harren goaden ferearden is weinich wissichheid. Der binne weinich spoaren oerbleaun dy’t in dúdlik en kompleet byld jouwe fan harren tsjinst. Faaks is de namme Harich ôfkomstich fan in Proto-Germaansk wurd foar in heidenske tempel, al hat dit grif gjin tempel west lykas dat we dy fan’e Romeinen kinne (Gildemacher, 2007). Fierdere ferwizings nei heidenske plakken binne net sa wis. Om’t de tsjerke it eardere leauwen beskôge as minderweardich is it nea dúdlik optekene. Der is wol in list opskreaun mei heidenske gebrûken dy’t de tsjerke ferbiede woe, mar de tekst is wollich skreaun wêrtroch oersettings in soad ferskillen hawwe. Dochs binne inkele aspekten wol 7


bekend troch de tekst, sa hat it leauwen wierskynlik ticht ferbûn west mei de natuer, en wie der in soad byleauwen. (Eijnatten & Lieburg, 2006) Wierskynlik hawwe inkele fan’e earderneamde sieraden in funksje as amulet hân, dy’t minsken behoede moasten foar kweade krêften. (MacLeod & Mees, 2006) Mei in soad muoite kaam it kristendom úteinlik toch op yn de Fryske gebieten. It heidenske leauwen ferdwûn stadichoan mar bleau yn inkele âlde gebrûken yntakt. Sa sil it heidendom ûnder it bewâld fan’e Franken fral thús noch oanhongen wêze, om’t de âlde kultusplakken ferfongen wienen troch tsjerken. (Tuuk, 2013) 1.3.1. De skiednis fan’e Friezen De skiednis fan’e iere Friezen is foaral beskreaun troch de Franken, de grutte frijân fan'e Friezen. Kening Klovis fan’e Franken hat him en syn folk bekeard ta it kristendom om’t syn posysje troch syn ferbûn mei Rome sterker waard. (Santon & MacKay, 2006) De Kristlike mienskip wie goed organisearre en behearske it skrift, wat goed te brûken foar in kening dy’t syn lân bestjoere moast. Troch it skrift koe der byholden wurde wat der barde yn syn ryk. De Friezen bekearden har net drekt ta it Kristendom wêrtroch der gjin kleasters wienen dy’t de skiednis fan it folk byhold. We kinne de skiednis fan’e Friezen hjirtroch allinnich sjen fanút de eagen fan’e Kristlike Frankyske skriuwers en inkele Angelsaksyske skriuwers. Hjirtroch is it byfoarbyld ûnwis oft de Friezen keningen hienen lykas de Franken dat hienen en hoefolle macht dy keningen hienen. L. Van Der Tuuk (2013) jout in útwreide beskriuwing fan de twa groepen. Úteinlik krigen de Friezen striid mei de Franken dy’t oanfankelik plakfûn yn de hjoeddeistige provinsje Utert. Yn dizze tiid wennen der Friezen oant Seelân en en Flaanderen. Dit moat net sjoen wurde as bewenning lykas we dy hjoed kinne. Der wennen minder minsken yn Nederlân en de befolkingstichtheid wie tige tin. As der earne in Fryske kolony wie waard in gebiet sa dus al gau Frysk. De Friezen wienen nijkommers yn it gebiet en sprutsen in oare taal as de rest fan’e ynwenners. Dochs waarden alle ynwenners fan it gebiet boppen de Ryn Friezen neamd wêrtroch de namme yn dit gebiet folle ûndúdliker is as yn it terpegebiet, sa koenen der yn it iene Hollânske gebiet in hiel soad Friezen wenje en yn it oare hast gjin wylst beiden Frysk neamd waarden. By Útert, in gebiet wêr’t ek Friezen wenne hawwe, lei de wichtige plak Dorestad. Yn’e sânde ieu krigen de Franken belang foar Dorestad en de Ryndelta om’t dat gebiet geunstich lei foar de hannel. Der waarden Frankyske munten slein en de Franken fierden in bewâld. Doe’t in yntern probleem it Frankyske ryk ferswakte koenen de Friezen yn it gebiet de macht krije. Der binne inkele nammen fan Fryske keningen út dizze tiid bekend. Ien fan’e keningen hjitte Aldgisl. Hy hie yn’e twadde helte macht yn’e Ryndelta mar hoe grut syn machtsgebiet west hat is net goed te sizzen. Hy libbe yn relative frede mei de Franken, dit wie net it gefal foar in lettere kening dy’t de namme Redbad draacht. Wat syn bân wie mei Aldgisl is ûnwis, mar wat wol wis is, is dat er ûnder Redbad syn bewâld fochten waard. Hy en in part fan'e Franken stienen fijannich tsjinoer elkoar. Yn it jier 686 stie er ta dat der yn syn gebiet predikers fan it Kristendom fanút Ingelân aktyf wienen. Dochs komt it koart foar it jier 690 ta in gefjocht tusken de kristlike Frankyske Pepijn fan Herstal en 'kening' Redbad. Dizze Pepijn fan Herstal wie yn 687 hofmeijer wurden fan'e Frankyske gebieten. Redbad en syn leger waarden ferslein en op papier wie Redbad syn gebiet yn hannen fan'e Franken. Jierren letter kaam Pepijn te ferstjerren en briek der striid út oer wa't syn opfolger wêze moatte soe. De twa stridenden wienen Karel Martel en Raganfried. Redbad hie in ferbûn slúten mei de lêste en makke 8


gebrûk fan'e ynstabile perioade yn it ryk. Yn De Friezen fan L. van der Tuuk (2013, p. 133), stiet de folgjende tekst: 'Karel trok met een leger op tegen Radbod1. Zij streden tegen elkaar, maar Karel leed een niet gering verlies aan dappere en edele mannen. Omdat hij zag dat zijn leger zwaar geleden had, nam hij de wijk. Chilperik en Raganfried trokken hun troepen samen en marcheerden door het Ardennerwoud, terwijl ze aan de andere kant door hertog Radbod met zijn manschappen werden opgewacht. Ze trokken plunderend door die streek en bereikten Keulen aan de Rijn.' Hjirnei waard Redbad wer de baas yn'e eardere op him ferovere gebieten. De bekearde Friezen yn it gebiet begonnen wer harren heidenske leauwen oan te hingjen, dochs stie er noch wol ta dat der Kristilke aktiviteiten wienen. Redbad wie no op it hichtepunt fan syn macht. Yn dizze perioade wie Karel Martel dwaande syn macht te herstellen, en hie Redbad gjin lêst fan him yn it Ryngebiet. Yn it jier 719 ferstoar Redbad wierskynlik oan in natuerlike dea. Nei syn de falt it gebiet fan'e Friezen definityf yn Frankyske hannen. Stik nei stik falle de Fryske lannen yn hannen fan'e Franken. Yn 734 wit Karel Martel yn Fryslân in oerwinning te beheljen op'e heidenske oanfierder Bubo. Dit lêze we yn in sitaat yn De Friezen fan L. Van Der Tuuk: (2013, p. 143). 'Toen het gruwelijke Friese zeevolk opnieuw een verselijke opstand ontketende, ondernam Karel zonder aarzeling een stoutmoedige zeetocht, voer met de benodigde schepen overzee en rukte op naar de Friese eilanden Westergo en Oostergo. Op de oever van de Boorne sloeg hij zijn kamp op. De heidense aanvoerder Bubo, hun onbetrouwbare raadgever, werd gedood en hun leger verslagen. Karel vernielde hun heiligdom en braddde het plat en keerde als overwinaar met omvangrijke buit naar het Frakische rijk terug.' Hjirby moat opmorken wurde dat dizze boarnen út'e Frankyske gebieten komme, en dus net hielendal betrouber binne. Der binne lykwols gjin oare boarnen en we witte dat Bubo, of Poppo, lykas er ek neamd wurdt, ferslein is. De grins fan'e Franken en frije Friezen lei no by de rivier de Lauwers. Likernôch fyftich jier letter foelen ek de gebieten beëasten de Lauwers yn Frankyske hannen. (Kalma, 1944). De feroaring fan macht is faaks ek werom te sjen yn'e gearstelling fan it materiaal dat brûkt waard troch smeden. Yn it ûndersyk, útfierd troch M. Roxburgh, H. Huisman en B. Van Os (2014), nei de gearstelling fan it materiaal fan mantelspjelden blykt dat der yn in koarte perioade in grutte ferskowing plakfûn yn it gebrûk fan materiaal. Foar de achtste ieu waard der in soad leadbrûns ferwurke yn'e spjelden, dêrnei wurdt dit ferfongen troch it sink. It ûndersyk leit in mooglike link tusken de machtsoername fan'e Franken en de feroaring yn gearstelling fan it brûkte materiaal: A chage to production using brass instead of bronze could be an indication of a chage in trade direction, perhaps in favour of the hinterlands rather than through the traditional coastal routes. The timing of this chage coincides with and may be evidence of an increased ecclesiastical control placed on trade within Frisia after its annexation into the Frankish empire. Certainly brooches at this time witness the change with an overwhelming adoption of Christian motifs. (Roxburgh, Huisman & Os, 2014, pp. 26-27) ___________________________________________________________________________ 1Radbod = Redbad

9


De opbou fan spjelden fan'e fiifde oant achtste ieu. (Roxburgh, Huisman & Os, 2014 p. 25)

De opbou fan spjelden fan'e achtste oant tolfde ieu. (Roxburgh, Huisman & Os, 2014 p. 25)

Mei de opkomst fan it Kristendom lykje de runen ferdwûn te wêzen út Nederlân. (Philippa & Quak, 1994). Yn Fryslân wurde oeral tsjerken en kleasters stifte, dy't gebrûk makken fan it Latynkse skrift. (Bremmer, 2004).

10


Haadstik 2: Wat wie it runeskrift en hoe waard it brûkt? 2.1.1. Wat binne runen? De fraach oer wat de runerigen Westeremden-B en Barnsterbuorren betsjutte soe net beantwurde wurde kinne sûnder earst te witten wat runen sels binne. Op dizze fraach is foar in grut part goed antwurd te jaan, lykas yn’e boeken An Introduction to English Runes en Runen, een Helder Alfabet uit Duistere Tijden dien wurdt. Lykwols is de fraach oer hoe’t it skrift ûntstien is diziger. Ik fang oan de earstneamde fraach te beantwurdzjen oan de hân fan’e twa earderneamde boeken; runen, hoewol der ferskate betsjuttings binne, wurdt hjir brûkt as de oantsjutting foar tekens dy’t brûkt waarden as skrift, mar somtiden faaks ek as dekoraasje. Dit komt in soad oerien mei: Het zijn simpelweg letters die in gebruik waren bij de Germaanse volkeren. … Runen zijn dus letters. Ze maken deel uit van een schriftsysteem, een spellingssysteem. (Philippa & Quak, 1994, p. 8) Yn it skrift hie elts teken syn eigen wearde. Dit is in klank lykas f, u, of þ1, de earste trije letters fan it skrift. Eltse rune hie ek in namme dy’t de klank fan’e rune werjoech. Dit wurdt dúdlik toand yn it Abecedarium Nordmannicum. Dizze tekst behannelt de nammen fan’e runen fan in fariant fan it fuþark. Foar oare farianten fan it skrift binne der inkele oare nammen foar de tekens, dochs hawwe de oerienkomsten foar guon grut genôch west om in wraam te dwaan ta in rekonstruksje, sa binne de rekonstruearre nammen fan’e earste trije runen neffens de runoloog Wolfgang Krause: *fehu, *uruR, en *þurisaR. (Philippa & Quak, 1994). Lykas Philippa & Quak (1994) oantoane hat it skrift in lange tiid bestien wêrtroch it yn ferskate foarmen oerlevere is. Earne moat dochs it skrift foar it earst yn ien foarm brûkt wêze. Dit bringt ús by de folgjende fraach hoe it skrift ûntstien is. 2.1.2. Hoe is it runeskrift ûntstien? Oer de werkomst fan’e runen hawwe in soad wittenskippers neitocht. It skrift toant in soad oerienkomsten mei inkele skriftsystemen út it Middellânsk seegebiet. Hjirtroch is wis dat it skrift net op himsels ûntstien is, mar ûntliend is oan in oar skriftsysteem. Hok skriftsysteem it foarbyld wie foar it runeskrift en de jeld fan it runeksrift, binne fragen dy’t minder goed te beäntwurdzjen binne. Der binne meardere antwurden betocht foar dizze fragen. Ien theory, dy’t troch Philippa en Quak (1994) de minst wierskynlike neamd wurdt, is de Latynkse theory. Neffens dizze theory is it skrift ûntliend oan it Romeinske skrift, útgeande fan’e likens fan’e Romeinske letters F, B, R, I en M en de runen , , , en .. Dêrneist komme de earste runeteksten hast allegear út Denemarken, tusken it Middellânske seegebiet en Denemarken binne gjin âldere runerigen fûn. It skrift is dus net stadichoan oer de Alpen hinne troch Dútslân nei Denemarken kommen, mar sil wierskynlik earder, neffens dizze theory, troch Romeinen derhinne brocht wêze. ___________________________________________________________________________ 1

þ wurdt útsprutsen as th lykas de Ingelske thorn. De namme fan it skrift is fuþark, nei de earste seis letters.

De doetiidske bewenners fan it gebiet hienen yn dizze tiid, rûchwei de earste ieu nei Kristus, goeie hannelskontakten mei it Romeinske Ryk. Dit blykt út fynsten dy’t dien binne yn’e 11


kustgebieten fan Denemarken. Hjir binne Romeinske foarwerpen fûn. Op guon fan dy foarwerpen binne Romeinske, mar ek Grykske teksten fûn. Sa soenen de Germanen troch hannel it skrift leard hawwe kinne fan’e Romeinen. Dochs jouwe Philippa en Quak (1994) inkele beswieren tsjin dizze theory: -

-

Runerigen kinne sawol fan rjochts nei lofts as fan lofts nei rjochts rinne. Yn’e tiid dat de Romeinen it skrift nei Denemarken brochten wie dit yn it Romeinske systeem al ûnmooglik. De folchoarder fan’e runen is hiel oars as dy fan it Romeinske skriftsysteem. Ûntanks de likens fan inkele tekens binne der ek runen dy’t gjin ekwivalint hawwe yn it Romeinske skrift. Der bestie lykwols wol in Romeinsk kursyfskrift wêryn de letters in soad wei hienen fan runen.

In oare theory, foarsteld troch Richard Morris, giet út fan in gruttere jeld. It skrift soe, neffens dizze skriuwer, neamd yn A New Theory of the Origin of the Runic Script, in artikel fan B. Odenstedt (1991), rûn 500 f.Kr. ûntliend wêze oan’e talrike lokale foarrrinners fan it Grykske skrift. Op twa of mear foarrinners fan dit Grykske skrift hawwe de Germanen harren skrift basearre. Dit ferklearret goed wêrom it runeskrift twa kanten opskreaun wurde koe, dit wie nammenlik yn it Gryksk ek mooglik. In argumint foar dizze theory is dat inkele runen mooglike ôfliedings binne fan letters dy’t yn it Gryksk ferdwûnen rûn 500 f.Kr. De skriuwer fan it artikel, B. Odenstedt, toant lykwols oan dat R. Morris yn it boek flaters makket wêrtroch de theory net hiel goed oerein bliuwt. Dochs wurde er neffens him yn it boek goeie opmerkings makke. 2.2.1. Wannear waarden runen brûkt? It runeskrift hat in lange perioade yn gebrûk west. De âldste fynsten komme fan rûn iet jier 200, hoewol it mooglik is dat guon ynskripsjes in lyts bytsje âlder binne. (Philippa Quak, 1994) As de Meldorf fibula runen toant, kin de jeld fan it runeskrift bysteld wurde nei likernôch it jier 50. (Odenstedt, 1991). Lykas earder sein is binne de earste fynsten ôfkomstich út Denemarken. Yn'e tredde en fjirde ieu ferskynt it skrift yn Poalen en Ruslân. It skrift lûkt mei mei de folken dy't oan it migrearjen binne nei de Balkan. Fanút Denemarken lûkt it ek nei it súden. Sa komt it skrift yn Midden en letter ek Súd-Dútslân wurdt yn'e sechsde ieu berykt. (Philippa Quak, 1994) Yn it Fryske gebiet komt de âldste ynskripsje, út Kantens, út de fiifde ieu. (Tuuk, 2013). Dit komt oerien mei de âldste Ingelske ynskripsjes. (Page, 1973) Dizze runen wreiden út mei de Angelsaksen. De wytsingen soargen der troch harren tochten foar dat it skrift op fiere plakken werom te finen is, lykas Grienlân en Istanboel. Yn'e rin fan'e sânde en achtste ieu ferdwynt it skrift, fakentiids falt dit tegearre mei de opkomst fan it Kristendom. (Philippa & Quak, 1994). Yn Fryslân komme de lêste runen faaks út'e njoggende ieu, mar dy datearing kin ferâlderd wêze. (Nijdam, 1996). Hjirnei bestiet it skrift inkel noch yn Ingelân en Skandinaavje. Yn Ingelân makke de tsjerke júst gebrûk fan it skrift mar waard it ferbean doe't de Normandiërs Ingelân feroveren yn'e alfde ieu. Yn Skandinaavje waard it skrift troch de ieuwen hinne hieltiten mear oanpast oan it Latynske skrift, fan sechtjin tekens giet it nei tritich, de folchoarder fan it alfabet wurdt dêrby oernommen. Oant yn'e njoggentjinde ieu hat der in runeskrift bestien yn'e Sweedske provinsje Dalarna, dat lykwols hieltiten mear Latynske foarmen oernommen. (Philippa & Quak 1994).

12


2.2.2. Welke farianten wienen der er wêr waarden dy brûkt? De âldste fariant fan it runeskrift draacht de namme âld fuþark neamd. Dit skrift waard foaral yn Skandinaavje brûkt. It waard ek meinommen troch de minsken dy't emigrearren nei Midden- en East-Europa, lykas ûnder oare te sjen is oan in spearpunt mei it wurd ranja derop dy't by Dahmsdorf yn East-Dútslân fûn is, en in ynskripsje op in ring út Pietrossa yn Roemenië. (Philippa & Quak, 1994).

Ôfbylding fan it âlde fuþark. (MacLeod & Mees, 2006 p. 13)

In oare fariant wie it fuþork, dit skrift is in útwreiding en oanpassing fan it âlde fuþark om it skrift brûkber te hâlden foar de Angelskaksike folken. Yn stappen kaam it hieltiten fjirder ôf te stean fan it âlde fuþark, faaks al begjinnend fanôf it jier trijehûnderd. Dit skrift waard brûkt yn'e Angelsaksyske gebieten, dy wurde foarme troch Ingelân en it Fryske gebiet. (Bammesberger, 1996)

Ôfbylding fan it fuþork (MacLeod & Mees, 2006 p. 13)

In oare fariant fan it skrift is it jong fuþark. Dit skrift ûntstiet yn Skandinaavje en bringt it oantal tekens werom fan 24 nei 16 runen, en ûntstiet yn'e achtste ieu. It skrigt kaam yn twa farianten foar, dy mei de lange stêven en dy mei de koarte. It lange wie komplekser en waard brûkt by wichtiger teksten. It twadde wie foar ynskripsjes fan ienfâldiger kaliber. (Philippa & Quak, 1996).

It jonge fuþark yn de lange en koarte fariant. (MacLeod & Mees, 2006 p. 13)

Dit jonge fuþark bestie sa lang dat it hiel him hiel staardich oanpaste oan it Latynske alfabet. Fanút it jonge fuþark ûntstie yn Sweden ek it tige nijsgjirrige 'stêfleaze' fuþark:

13


It stêfleaze fuþark. (MacLeod & Mees, 2006 p. 13)

Lettere ûntjouwings fan it jonge fuþark. (MacLeod & Mees, 2006 p. 13)

Op Skandinaavje nei is it skrift dus tige ûnferoare bleaun. Wat lykwols wol foarkomt is dat in ynskripsje ien, twa of somtinden mear foarmen hat dy't net goed te ferbinen binne mei oan ús bekende runen. Júst yn'e ynskripsjes dy't ik behannelje komt dit foar.

14


Haadstik 3:

De ynskripsjes fan Westeremden-B en Barnsterbuorren

3.1.1. Ynlieding fan'e ynskripsje De Westeremden-B ynskripsje is de langste ‘Fryske’ runerige dy’t oant no ta fûn is. Troch de lingte kin dizze tekst in soad sizze oer de kultuer fan de Friezen. Wannear’t der in ynskripsje fûn wurdt fan ien of twa wurden is it faak lêstich om ta in goeie oerstetting te kommen. As dan ien wurd ûnbekend is, is de hiele rige hast net mear oer te setten. Wannear’t ien wurd yn in langere tekst ûnbekend is, is de betsjutting makliker út’e kontekst ôf te lieden. Dochs is de rige fan Westeremden-B dreech te lêzen om’t der runen yn steane dy’t nearne oars fûn binne. (Looijenga, 1997)

Ôfbylding fan’e runerige

De transkripsje fan’e Westeremden-B ynskripje neffens mysels.

Earst moat opmorken wurde dat wat foar ús lêssysteem it begjin fan’e sin wêze soe dat hjir net it gefal is. De lofter helte fan’e earste rige is ûndersteboppen skreaun. De tekst begjint wierskynlik nei it : teken. Dit teken komt ek yn oare teksten foar en wurdt dêryn brûkt om grinzen fan wurden of sinnen oan te jaan. Foarbylden hjirfan út it Fryske gebiet binne de rigen fan Arum en Hantum. (Looijenga, 1997) Ek yn Ingelân waard dit : teken brûkt. (Page, 1973) Yn de rige fan Westeremden-B stiet in rune en in rune. Dit hâldt yn dat de tekst skreaun is yn it fuþork. Dit type ‘alfabet’ waard brûkt troch de Angelsaksyske folken, wêr’t de Friezen ek diel fan wienen. It fuþork wie as fariant fan it fuþark ûntstien om feroarings dy’t plakfûnen yn’e taal fan’e Angelsaksyske folken opfange te kinnen. De PGmc *a fan it âlde fuþark, dy’t skreaun waard as , begûn yn’e taal fan’e Angelsaksen út elkoar te fallen yn trije klanken (Bammesberger, 1996): 1. Yn de kombinaasjes an en am feroare de a-klank stadichoan nei in o-klank. R. Bremmer omskriuwt it as “Nasalization and rounding of West Germanic long and short a before nasal.” (Bremmer, 2011, p.24)

15


Foarbylden hjirfan, ofkomstich fan R. Bremmer (2011) út it Âldfrysk binne wurden as hond, long en ongost tsjinoer it Middelnederlânske hand, lang en angst. Dizze feroaring is ek moai oan te toanen mei twa Fryske runefynsten; ien út Toornwerd wêr’t ko(m)bu op stiet en ien út Oostum wêr’t ka(m)bu op skreaun is. Ka(m)bu of ko(m)bu komme beide fan *kamba- en betsjutte kaam. (Looijenga, 1997) 2. Yn oare gefallen waard de *a in *æ1, en letter yn it skreaune Âldfrysk in e. Foarbylden hjirfan binne it Fryske fet en smel tsjinoer it Nederlânkse vat en smal. Dit proses wurdt fronting of WGmc *a > PFris *æ neamd troch R. Bremmer. (2011, p.29) 3. 4. De *a kin ek ûnferoare oantroffen wurde yn it skreaune Âldfrysk2. Dit barde inkel yn wurden mei bepaalde kombinaasjes fan lûden en bylûden, byfoarbyld by in l wêrop drekt in bylûd folge wat notearre wurdt as l(C)3, lykas by it Âldfryske wurd ald, dat âld betsjut. In oar foarbyld fan in wurd wêryn de *a net feroare is nei in *æ is it wurd swart. (Bremmer, 2011) Om dizze nije klanken ek skriuwe te kinnen, moasten der nije letters komme. De âlde -rune gie stean foar de Proto-Fryske *æ. Om't de rune net mear foar de Proto-Fryske *a stean koe, mar dy wol foarkaam yn it Proto-Âldfrysk moast der in nije rune komme. Om dit probleem op te lossen krige de rune in lytse oanpassing wêrby der in koarte stêf tafoege waard. Dit laatte ta de -rune. Op in selde wize krige de rune foar de Proto-Fryske *o nei in . (Nijdam, 1996) __________________________________________________________________________________________ 1

De klank komt wierskynlik oerien mei de útspraak fan'e a yn it Ingelkse wurd cat. It wurd hâldt dus it midden tusken in a en in e. 2

Eksplisyt sis ik hjir dat it as in a oantroffen wurdt yn it skreaune Âldfrysk. It hat sa wêze kinnen dat de *a earst wol nei in *æ feroare en letter pas wer werom 'ferlege' waard nei in a troch de earderneamde kombinaasjes. Der binne dus twa mooglikheden: A) PGmc *aldaPGmc *swarta-

ier Proto-Âldfrysk *æld ier Proto-Âldfrysk *swært

Proto-Âldfrysk *ald Proto-Âldfrysk *swart

Âldfrysk ald Âldrysk swart

Wêrby fronting of WGmc *a > PFris *æ plakfynt mar letter weromdraaid wurdt. Yn de oare situaasje fynt it hielendal net plak omdat de kombinaasjes fan'e bylûden it hielendeal foarkomme ynstee fan it letter werom te draaien. It soe sa rinne: B) PGmc *aldaPGmc *swarta3

(ier) Proto-Âldfrysk *ald (ier) Proto-Âldrysk *swart

Âldfrysk ald Âldfrysk swart

Yn'e kombinaasje l(C) stiet de (C) foar in willekeurige konsonant, in oar wurd foar bylûd.

16


It fuþork mei de nammen fan'e runen lykas it bekend is út Ingelân. It Ingelske skrift hie inkele tekens dy’t yn it Fryske gebiet dy’t oant no ta noch net fûn binne. Lykwols wienen dit tafoegings en dus komme in soad tekens oerien. (Nijdam, 1996, p.22)

As we it fuþork tapasse op dizze tekst kinne we him as folget lêze: wimXXkhþuXX : oXhkmuXiXXdakmluþ iwioXuedukale De X stiet hjir foar in klank dy’t seldsum of sels ûnbekend is, of ien wêr’t ik ekstra oantinken oan jaan wol. Dit doch ik yn'e folgjende paragraaf: 3.2.1 Analyse fan'e foarmen. 1.

De -rune wurdt troch T. Looijenga oerset as in perð-rune dy’t net hielendal ôfmakke is. (Looijenga, 1997) De normale skriuwwize fan in perð wie . (Philippa & Quak, 1994) Ik diel de miening fan H. Nijdam, (1996) dy’t seit dat it faaks om in spegelrune fan in lagu giet. It is bekend dat guon letters troch de skriuwers spegele wurde koenen. T. Looijenga (1997, p. 132) skriuwt hjiroer:

“Mirror-runeforms are known: a, æ, w, þ, d, e, p, m. The double-barred h might be considered a mirror-rune, but it is equally possible to regard it as a doubled form.” De rune as in lagu-rune lêze liket my de bêste opsje. In oantal oare letters is neffens H. Nijdam (1996) faaks ek spegelrunen. Dat hâldt yn dat de skriuwer ekstra muoite stutsen hat yn it ritsen fan’e letters. Ik tink dat it yn dat ljocht logisker is dat de skriuwer dizze letter fersierd hat as dat er him ferwaarleaze hat.

17


De wize wêrop de rune in spegele lagu-rune wêze kinne soe

2.

Dizze rune komt meardere kearen foar yn’e ynskripsje. De wurden dy’t ik opmeitsje út’e tekst wêryn dizze rune foarkomt binne: h mu, m, , en h. Yn it fuþork stiet dizze rune foar in k-klank mar dit past net goed. It probleem fan in mooglike k, yn dit gefal skreaun as , yn'e plak fan in klinker, komt ek yn in oare Fryske runerige foar, dy fan Britsum. Der stiet: þkniæberetdud n:bkrkdmi. H. Nijdam (1996) mient dat de k yn dizze tekst lêzen wurde moat as in klinker, nammenlik in ë, in klank dy’t tusken in e en in i yn sit. Ik mien ek dat yn de de Westeremden-B ynskripsje de lêzen wurde moat as in klinker. Yn alle wurden mei dizze rune soe in Proto-Germaanske *ai ynfolle wurde kinne, en levert dat in te ferklearjen wurd op. It liedt ta de wurden haimu, aim, ai, en aih. Ik tink dat dizze *ai yn it Proto-Âldfrysk in *ǣ wurden is. Myn arguminten hjirfoar jou ik wannear’t ik de wurden behannelje.

3.

Dit is in rune dy’t trije kear oantroffen is yn it Fryske gebiet. Troch de posysje en de wurden wêryn’t er foarkomt is de útspraak goed fêst te stellen. De tekst fan de ienige oare Fryske ynskripsje wêr’t er yn ferskynt, Westeremden A, is as folget: adu islume(þ) isuhi(l)du. Dit binne twa nammen mei it wurd mei dertusken. (Looijenga, 1997) Nammen út dizze tiid besteane fakentiids út twa eleminten; yn beide nammen is is(lu) te sjen. Dit komt neffens my oerien mei in namelemint Gisil dat 'lytse spear betsjut. (2002, Haan) De letter stiet wierskynlik ek yn’e Westeremden-B ynskripsje foar in *j dy’t út in *g ûntstien is. (Looijenga, 1997) De rune stiet kwa posysje yn Westeremden-B ek foar in i, lykas fereaske is foar palatisaasje foar de *k yn it Âldfrysk. (Bremmer, 2011)

4.

Dizze rune is ien dy’t oant no ta nearne oars fûn is. Dit makket it lêstich om der mei grutte wissichheid in klank oan ta te skriuwen. H. Nijdam (1996) tinkt dat de rune lêzen wurde kin as in spegele mann-rune. T. Looijenga (1997) lêst sawol in b as in as in d. Al dizze klanken binne te ferdigenjen as spegelrunen.

Dizze ôfbylding toant oan út hokkfoar runen dizze ûntstien wêze kinne soe, nammenlik de dæg-, berc-, en mann-rune.

5.

Dizze rune is bekend út in soad ynskripsjes as de nēd-rune en ik kin him hjir, lykas oaren, as wierskynlike wearde n ta. Wat him nuver makket is dat de diagonale stêf yn’e ynskripsje op dizze plak oarsom stiet as dat er in stik letter yn’e tekst foarkomt. 18


6.

Troch T. Looijenga wurdt dizze rune lêzen as in k yn in wurd ok dat ek betsjut. Ik wol graach in oare betsjutting foar dizze rune foarstelle. Yn Een Raadselachtige Friese Rune toant H. Nijdam (1996) oan dat de ‘skriuwers’ fan’e runerigen de tendins hienen om de runen like grut en mei in fertikale haadstêf te skriuwen. Yn it jongere Scandinavyske fuþark en it fuþork fan’e Friezen en Ingelsken wurde ferskate runen hjirom feroare. Yn it jongere fuþark waard dit prinsipe fierder trochfierd mar de skriuwers fan it fuþork dienen der ek oan mei. De runen foar k, j, en ŋ krigen in fertikale haadstêf. De runen foar g, s, en de œ, in klank dy’t *o/ + i/j-mutaasje werjoech (Bammesberger, 1996), hienen gjin haadstêf (Nijdam, 1996). Soe in ‘skriuwer’ in sigil-rune dochs in haadstêf jaan wolle, soe er dat dwaan kinne troch ien fan’e fertikale stêven troch te lûken. Wannear’t de lofter stêf trochlutsen wurde soe, levert dat de rune op dy’t yn’e ynskripsje stiet.

In mooglike ferklearring fan’e rune

7.

Dizze rune is op de Westeremden-B ynskripsje nei, inkel oantroffen yn Ingelske manuskripten wêr’t er de wearde fan ‘st’ hat. In probleem is dat de rune inkel en allinnich foarkomt yn lette Âldingelske runemanuskripten. Philippa en Quak (1994 p. 79) sizze ûnder oare oer dizze rune: "Uitsluitend in enkele 10de-eeuwse handschriften vindt men een runenrij met nog twee extra tekens. … Niet zeker is of deze runen ooit werkelijk in inscripties gebruikt zijn." Dêrneist is er troch T. Looijenga (1997) oerset as in spegelrune fan de eardere ûnôfmakke perð-rune, de twadde rune fan de ynskripsje. Ik gean der, lykas H. Nijdam (1996) fanút dat it wer om in spegelrune giet. Wannear’t de skriuwer in eh-rune spegelje soe, levert dat dizze foarm op, dêrom set ik him oer as in e.

De wize wêrop dizze rune ûntstien troch spegeling ûntstien wêze kinne soe út de eh-rune.

8.

Dit is in rune dy’t mislearre is. Troch T. Looijenga (1997) wurdt it beskôge as in œþil-rune. H. Nijdam (1996) tinkt dat it in wynn-rune is wêrby it mes fan’e skriuwer trochsketten is. Dochs hat de skriuwer noch in snee yn it hout makke. De fraach is oft dat wie om syn mislearring dochs noch in sierlik rantsje te jaan of omdat de rune mei dy snee pas kompleet wie. It soe ferlengde fariant œþil-rune wêze kinne wêrby ien 'poat' rjochtlutsen is om in fertikale haadstêf te meitsjen. Yn dat gefal moat er lêzen wurde as in lage of koarte œ. It proses soe sa gien wêze kinne: 19


Mooglike ûntjouwing fan'e œþil-rune

It is nijsgjirrich dat de lofter poat rjocht nei beneden ta giet. Dit is faaks dien om romte te besparjen, de skriuwer hoechde ommers net de diagonale line, dy't in soad romte frege, troch te lûken. Dit soe de twadde foarm yn it skema oerboadich meitsje. Yn in oar gefal kin de skriuwer dit dien hawwe om ûnderskied te meistjen tusken de œþil- en de wynn-rune. 9.

Dizze rune wurdt oersetten as in s troch T. Looijenga (1997). Ik tink dat wy hjir te meitsjen hawwe mei in k. De rune dy’t normaal yn it Frysk in k wjerjoech waard skreaun as . Wierskynlik hat dy rune yn dizze tekst de wearde fan in klinker en koe er hjirom net mear brûkt wurde om in k wer te jaan. De normale rune dy’t yn’e Fryske teksten in k werjout is op de wize dy’t hjirûnder toand wurd ûntstien:

De ûntjouwing fan'e cen-rune, oan'e hân fan in berskriuwing fan H. Nijdam (1996 p. 25)1.

We sjogge dat by de tredde stap de rune draaid wurdt. Dizze foarm is yndie oantroffen op in runerige út Fryslân, nammenlik op de ynskripje fan Hantum (Looijenga, 1997). Dêrnei bart itselde as wat der faaks is mei inkele runen dy’t gjin fertikale haadstêf hienen, nammenlik dat de skriuwers der ien meitsjen gienen. Dat levere de fjirde rune op, dy’t te lêzen is yn’e ynskripsjes fan Oostum, Toornwerd en inkele oare rigen. Lykwols soe de twadde rune ek mei de horizontale stêf nei benden draaid wurde kinne, lykas yn Skandinaavje bart (Nijdam, 1996). Dat soe de folgjende ûntjouwings opleverje:

In mooglik alternatyf foar de ûntjouwing fan'e Fryske cen-rune.

Faaks is ek inkel it einrisseltaat fan’e earste reeks omdraaid om te foarkommen dat de letters foar de k en de *ǣ gearfoelen, dizzen koenen ommers wierskynlik beiden skreaun west hawwe as . Om dit foar de lêsberens wichtige ûnderskied te bewarjen is de cen-rune omdraaid.

20


1 De oude k wordt al heel vroeg gekanteld en aan de punt van een verticale lijn voorzien, zodat er een naar boven of naar beneden gerichte gaffel ontstaat. De naar beneden gerichte variant resulteert uiteindelijk in de Anglo-Friese k, en de naar boven gerichte in de Scandinavische, doordat in allebei de gevallen de verticale staaf wordt doorgetrokken tot respectievelijk de onder- of bovenlijn en van een schuine dwarspoot wordt voorzien. ____________________________________________________________________________________________________

Dit soe ek in ferklearring wêze kinne foar it earderneamde probleem fan'e runerige fan Britsum, wêr't ek in rune dy't eins in k werjout, skreaun as , in klinker is. Dizze skriuwer kin it probleem fan'e gearfallen k en mooglike *ǣ oplost hawwe troch just de rune foar de twadde om te draaien. Yn Britsum komt lykwols de net foar (Looijenga 1997), wêrtroch it net mei wissicheid te sizzen is. As dit wier is soenen de skriuwers in oare kar makke hawwe om harren skrift dúdlik te meitsjen, wat dan dúdlik meitsje soe dat der gjin unifoarme skriftkultuer yn Fryslân wie. De wearden fan'e en soenen dan as folget wêze: Westeremden-B-skriuwer Britsum-skriuwer 10.

=k = ë1 of *æ en *ǣ

= *ǣ = k2

Dit lês ik as de twadde fariant fan’e nēd-rune dy’t yn’e tekst foarkomt. Wat de skriuwer oansetten hat om de rune op twa ferskillende wizen te skriuwen is ûnwis. Faaks wie er ûnkundich en makke er in flater. De skriuwer hat it faaks ek mei sin dwaan kinnen, om fariaasje yn syn runerige oan te bringen, lykas er ek dien hat troch spegelrunen te brûken neist de gewoane foarmen. Mei de nēd-rune koe er dit dwaan om’t it ferskil subtyl wie. Dêrneist wie der yn it fuþork gjin oare runeteken dat like op de n dus de kâns op betizing wie lyts.

Wannear’t we de runen lêze as de útkomst fan’e foarôfgeande analize wurdt de tekst as folget: Wimœmǣhþukn – olhǣmujimndaǣmluþ Iwiosueduǣale As we de runen op dizze wize lêze lykas ik hjirboppen útsetten haw is tappet it al syn foarmen út ien skriuwsysteem, nammenlik it fuþork. Guon letters hawwe twa foarmen, wierskynlik foar it estetysk effekt. De farianten fan’e letters binne yn elts gefal relatyf goed te ferklearjen as it gefolch fan in spegelrune of in draaiing fan it teken. Allinnich de -rune beskôgje ik as tige lêstich. De lêzing fan T. Looijenga ferklearret guon letters as in ûntliening oan it jonge fuþark. It soe dus tekens út in oar skriftsysteem liend hawwe, wat grif foarkomt, lykas yn’e Ingelske ynskripsje fan Chester-le-Street en dy fan Llysfaen. Op de earste is EAD V D skreaun en de twadde as ALHSTA . (Page, 1973) Dochs is in lêzing fanút ien skriuwsysteem neffens my earder te ferwachtsjen. No’t de runen allegear in wearde krigen hawwe moatte út’e sin losse wurden opmakke wurde. Hjir is yn it ferline al oer skreaun, itjinge it behannelje sil. Dizze útkomsten sil ik behannelje en dêrnei sil ik myn eigen theory foarstelle. ___________________________________________________________________________ 1 2

De oersetting fan'e -rune fan H. Nijdam. (1996) Dizze rune is lykwols net oanwêzich yn de ynskripsje. (Looijenga, 1997)

21


3.1.3. Analyse fan in eardere oersetting T. Looijenga jout yn har beskriuwing fan’e runerigen in dúdlike omskriuwing fan har opfettings oer de Fryske runen. Se giet alle ynskripsjes by del mei dúdlike ferklearrings. Om't har lêzing goed ûnderboud is sil ik dizze brûke. Se lêst: "op hæmu jibada æmluþ : iwi ok up duna (a)le wimœd æh þusa" (Looijenga, 1997 p. 185) Yn it earste wurd wurdt troch T. Looijenga (1997) it foarsetsel ‘op’ lêzen. Wannear’t yn it Âldfrysk, lykas yn oare iere Germaanske talen, in foarsetsel brûkt waard, krige it selsstannich namwurd wêr’t it by hearde in ferbûgde foarm. Yn it Âldfrysk gienen de measte foarsetsels mei in akkusatyf of datyf. Foarsetsels dy’t mei in akkusatyf gienen binne byfoarbyld: with (tsjin), twiska (tusken) en thruch (troch). Inkele foarbylden fan foarsetsels dy’t mei in datyf gienen binne: bi (by), under (ûnder) en one (sûnder.) It kaam foar dat foarsetsels mei meardere namfallen gean koenen. It wurd ‘Op’, dat neffens dizze lêzing it earste wurd fan’e ynskripsje is, gie yn it Âldfrysk mei in datyf. (Bremmer, 2011) Hǣmu, dat yn it Âldfrysk hēm of hām wurden wie (wurdboek) krige yn dy taal yn’e datyf de útgong -e, útsprutsen as in stomme e, of lykas it yn’e wat dreger neamd wurdt, in schwa. De útgong -u by hæm soe ek sjoen wurde kinne as in wize om schwa te skriuwen, mar dit is ûnwis. Foarbylden fan in u dy’t in schwa wjerjout soenen wêze kinne: wulufu 'wolf' fan *wulfa- en ek de -u fan de wurden ko(m)bu en ka(m)bu fan *kamba- hawwe wierskynlik útsprutsen west as in schwa. (Looijenga, 2013) De lêzing hǣmu is in ûntjouwing fan‘e Proto-Germaanske foarm *haimai, de datyf fan *haimaz. It Proto-Germaansk is tige lang lyn sprutsen en sa koe in foarm troch de jierren feroarje. De útgong *-ai feroare yn’e tiid dat it Proto-Germaansk út elkoar fallen wie yn trije talen yn it Proto-West-Germaansk, ien fan dy trije talen en de foarrinner fan alle WestGermaanske talen werûnder it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk, yn de klinker *ē. (Ringe & Taylor, 2014) Let wol op dat it hjir allinnich giet om de *ai yn’e útgong fan in wurd. De *ai yn’e stam fan in wurd en yn dit gefal dy fan *haima-, waard net feroare! Earne yn’e jierren dêrnei swakke dizze klinker ôf ta in schwa. As dit al it gefal wie yn’e tiid dat dizze runerige skreaun is, kin dit yndie sjoen wurde as in datyf fan *haima-. It wurd dêrnei is lêzen as jibada. T. Looijenga lêst de dus as in b, wat, lykas we sjoen hawwe, kinne soe. De rune dêrnei wurdt lêzen as in letter a, mar dizze rune komt mei dy wearde net foar yn it fuþork. Lykwols komt de rune yn it jonge fuþark, it ‘alfabet’ dat yn’e Skandinavyske lannen brûkt waard. De skriuwer soe neffens dizze lêzing inkele letters út dat skriuwsysteem brûkt hawwe. De lêzing fan it wurd as jibada hat lykwols inkele beswieren. It wurd soe oerienkomme mei it Saksene gibada. As earste komt it wurd neffens Köbler (2014) út in groep froulike wurden mei ienselde útgong, dizze groep wurden wurde de ō-stammen neamd troch harren útgong yn *-ō. Yn it Proto-West-Germaansk feroare dizze útgong nei in -u (Ringe & Taylor, 2014) en yn ien fan’e konserfative dialekten fan it Âldfrysk, it Rüstringen-Frysk, wurdt er yn guon wurden noch oantroffen as -o, -u. De measte Âldfryske dialekten hienen dizze útgong yn dizze foarm lykwols al ferlern (Bremmer, 2011). It wurd jibada soe dus neffens de taalwetten fan it Âldfrysk in -o of in -u as útgong hawwe moatte. Hjir soe tsjinynbrocht wurde kinne dat yn’e dialekten dy’t de útgong al falle litten hienen dy útgong wol as in a útsprutsen west hat. Dit is net mear foar ús fêst te stellen. 22


Dêrneist hat der yn it ierste Âldfrysk in proses plakfûn wêrby’t de koarte *a yn’e stam fan in wurd yn guon gefallen feroare wêze moatte soe nei in *æ, de fronting. (Bremmer, 2011) Dat soe ek it gefal west hawwe moatte foar dit wurd. Wannear’t it wurd neffens de wetten fan it Âldfrysk skreaun wêze soe, hie it, hoewol it nea mei wissichheid te sizzen is, ferskine moatten as jibædu yn’e ynskripsje. It lêste wurd fan’e earste sin is æmluþ, in foarm fan in tiidwurd *amlōjan dat bassearre is op in Âldnoardsk wurkwurd amla (Looijenga, 1997). Hjir ferskynt der júst in æ wêr’t we him net ferwachtsje soenen. Yn it Frysk feroare in koarte a foar in m of n ommers nei in o, lykas dúdlik wurdt út de wurden ko(m)bu en ka(m)bu. (Bremmer, 2011) It wurd hie neffens de Fryske taalwetten ferskine moatten as amluþ of omluþ. Iwi wurd as ôfkomstich beskôge fan it Proto-Germaanske wurd *iwaz of *ihwaz. De útgong fan dit wurd is lêstich te ferklearjen, dat jout T. Looijenga ta. Yn har stik seit se dat E. Seebold it ferklearret as in mooglike lokatyf of instrumentalis. De lokatyf wie in namfal dy’t de lokaasje oanjoech, de instrumentalis wie wêrmei eat dien waard. It wurd betsjut 'yew' of taxushout, it materiaal wêr’t it stokje fan makke is. Mei de namfal derby soe it ‘by it taxushout‘ of ‘mei it taxushout‘ betsjutte kinne. (Looijenga, 1997) In probleem is dat it gebrûk fan’e lokatyf hiel lêstich fêst te stellen is. It is bekend dat er yn it Âldfrysk in útgong -i wie mei de funskje fan in lokatyf. Dit is bekend om’t de i yn it Âldfrysk de klank ng dy’t dêrfoar stean koe, oantaastte. Dit is byfoarbyld te sjen oan it Âldfryske wurd lendze fan it Proto-Germaankse *langi-. (Bremmer, 2011). In soad plaknammen yn Fryslân hienen eartiids as útgong -ing. Wannear’t min sizze woe wêr’t min wenne waard de lokatyf brûkt. Dit hie de earderneamde ûntjouwing ta gefolch. Foarbylden binne hjirfan it Âldfryske Scertinge, in ferskriuwing fan Scettinge, út it jier 1275 wêrby de -ing net oantaast is, en út it jier 1447 Schettense, dat komt fan in net opskreaun *Scettindze, wêrby de útgong -ing oantaast wie troch de -i fan’e lokatyf dy’t dêrop folge. Letter foel de lêste e fan de namme fuort en sa bleau de namme Skettens oer. Oare foarbylden binne Waaxens, yn Littenseradiel, fan it Âldfryske Waxlinze neist it ûnoantaaste Waxlinge, en guon oare nammen op -ns lykas, Weakens, Stiens en Wetsens. (Gildmacher, 2007) Foar de rest is it gebrûk fan de lokatyf tsjuster. Yn it Ingelsk komt er faaks foar yn inkele sinnen mar ek dit is ûnwis. De instrumentalis wie foar in grut part gearfallen mei de datyf wêrtroch de âlde foarmen lêstich te rekonstruearjen binne. It is dus dreech om út te finen wat de funksje fan dit wurd yn’e sin is. It soe sa wêze kinne dat de skriuwer besocht hat om de tekst âlder lykje te litten en dêrom útgongen brûkt hat dy’t yn de tiid fan it opskriuwen al net mear brûkt waarden. Hy kin hjiryn in flater makke hawwe om’t er it systeem fan’e útgong net mear begriep. Dit liket frjemd mar komt ek yn ús tiid foar. In foarbyld hjirfan is it skriuwen fan it wurd huis as huysch. Min wit dat guon wurden dy’t op in s einigje, eartiids einigen op sch, lykas it nederlânske vis en visch. Om dan it wurd huis âld te meitsjen skriuwt min huysch, ûnwittende dat der nea in -sch skreaun waard efter it wurd huis. Sa kin de -i yn dit wurd ek ûntstien wêze, dochs is hjir gjin hurd bewiis foar. It wurd dêrnei wurdt lêzen as ōk, in fariant fan it Âldfryske āk, dat ek betsjut. De rune dy’t as in k lêzen wurd komt lykwols net foar yn it fuþork. Dit foarmt in beswier op dizze lêzing.

23


Dêrnei wurdt it wurd up lêzen, dat op betsjutte soe. Dit foarmt in probleem, it wurd komt ommers yn it begjin fan’e ynskripjse ek foar mar dêr waard it skreaun as op. Dat de skriuwer itselde wurd twa kear oars spelle soe yn ien tekst is neffens my ûnlogysk. De rune dy’t ik oersetten haw as in e is yn dizze theory oersetten as in spegelrune fan’e ûnôfmakke p. Up giet tegearre mei it folgjende wurd duna, dat oersetten wurde moat as terp. Dit is de foarrinner fan it hjoeddeistige Fryske wurd dún. De útgong fan it wurd moatte we ferbine mei it begjin fan it folgjende wurd. Dêryn wurdt ale lêzen. Dit wurd betsjut 'to grow' en is de winskfoarm fan it wurkwurd *alan. De winskfoarm hie yn it Proto-Germaansk by dit wurd de útgong *-ai, dy’t, lykas earder beskreaun, in *-e waard yn it Proto-West-Germaansk. Yn it wurd hæmu seagen we dat de útgong *-ai yn dizze ynskripsje wierskynlik de wearde fan in schwa krigen hat. Dochs wurdt de *-ai hjir wjerjûn mei in -e. Dit liket frjemd mar kin wol taalkundich ferklearre wurde. Dit hat te meitsjen mei de enerzjy dy’t min stekke moat yn it útsprekken fan in wurd. Wannear’t in wurd mei in dûbele medeklinker einiget of in lange klinker hat, wurdt in swiere lettergreep neamd. By swiere lettergrepen lykas hæm slyt de útgong sneller ôf. Om’t in wurd as ale in koarte klinker en ien medeklinker op it ein hat bleau de útgong fan it wurd langer yntakt. Dit is ek werom te sjen yn’e útgongen fan it Âldfrysk. De ō-stammen dy’t ik earder behannele haw ferskynden yn it Rüstringen-Frysk nei swiere stammen sûnder útgong, lykas word 'wurd'. Ljochte stammen hienen lykwols de earder besprutsen útgong -o, of -u, lykas yn it wurd sunu 'soan'. (Bremmer, 2011) It soe dus goed kinne dat de útgong *-ai yn dizze tiid op twa wizen útsprutsen, en dus ek skreaun, waard. Wat wol in probleem is foar de lêzing fan dit wurd is dat de earste klinker hjir in æ wêze moatte soe ynstee fan in a. It wurd dêrop wurdt lêzen as in namme wimœd. Dit soe in namme wêze fan dejinge dy’t dizze stôk besiet. De fjirde rune liket net op’e rune dy’t yn in futhork de œ-klank werjout. It soe wol wêze kinne dat de âlde rune sa feroare dat er in fertikale haadstêf krigen hat. As dit sa is is it in unikum. It is noch nearne oars oantroffen mar, hoewol de kâns lyts is, is it net út te slúten. De -rune dy’t yn it wurd jibada oersetten waard as in b wurdt hjir oersetten as in d. Runen koenen twa wearden hawwe, sa koe in d en in ð werjûn wurde mei deselde rune. Ek de b en de v koenen deselde rune hân hawwe. (Philippa & Quak, 1994) Dochs binne dizze klanker tige oan elkoar besibbe, dêrom levere dit foar de lêzer weinich problemen op. Ek yn it Frysk en Nederlânsk komt it foar dat in letter troch syn lokaasje meardere wearden hat. Tink hjirby oan in wurd as hand, mearfâld handen, werby it earste wurd útsprutsen wurdt as hant. It ferskil tusken in b en in d is grutter en hat dêrom dreech west foar de lêzer om te ûnderskieden. Dit is in argumint tsjin dizze dûbele lêzing fan’e rune.

24


3.2.1. Wize fan wurkjen Yn dit part sil ik beskriuwe wat myn oersetting fan’e ynskripsje is en hoe’t ik ta dy lêzing kommen bin. It is wichtich om yn’e efterholle te hâlden dat it mooglike ferklearrings binne en gjin hurde feiten, lykas dy fêststeld wurde kinne by ûndersyk nei eat mjitbers. Dejinge dy’t de tekst skreaun hat is al tige lang lyn ferstoarn en we moatte akseptearje dat in tekst nea hielendal út’e diis komme sil. De taal fan’e Friezen út'e tiid dat dizze ynskripsje opskreaun is, moat rekonstruearre wurde om’t er bûten dizze teksten nea skreaun oantroffen is. Foar dizze rekonstruksje wurde sels ek wer inkele rekonstruearre talen brûkt, lykas it Proto-Germaansk en it Proto-Indo-Europeesk. Dochs is it goed om lêzings op te skriuwen om tegearre ta in nij ynsjen komme te kinnen. Ik haw de runerige oersetten troch gebrûk te meitsjen fan it fuþork. Dêrneist haw ik drege foarmen ferklearre oan de hân fan it prisipe fan spegelrunen, as it gefolch fan it omdraaien fan in rune, en as fierdere trochfierings fan prosessen dy’t geande wienen yn’e tiid fan it skriuwen fan’e ynskripsje. De lêzing dy’t dat oplever wie as folget: Wimœmǣhþukn – olhǣmujimndaǣmluþ Iwiosueduǣale Wat as earste opfalt is dat de skriuwer yn’e tekst gjin wurdgrinzen oanjout. Dit makket it lêzen fan’e tekst dreger. It is oan ús de taak om ta in goeie lêzing te kommen troch de wurden te werkennen. Wannear’t in part oersetten wurde kin ta in sin mei in dúdlike reade tried kinne we stelle dat de wurdgrinzen goed fêststeld binne. Dochs blykt oan in soad oersettings fan dit soad âlde teksten dat dit tige lêstich is. Om dizze teksten lêze te kinnen is it goed om te witten hoe’t min in foarm fan in wurd yn de tiid fan’e ynskripsje oantreffe kinne soe. Dit hinget neffens my ôf fan wetten yn’e taal en wetten yn it skrift. Wetten yn it skrift hawwe we al brûkt yn it analysearjen fan’e wearde fan’e runen. No is it de taak om de wurden dy’t we lêze weromliede te kinnen op foarmen dy’t yn in hjoeddeistige besibbe taal noch besteane. Dochs sille we tsjinkomme dat wurden dy’t we yn’e runerige fine nea yn in taal opskreaun binne. Dan moatte wy gebrûk meitsje fan wurden dy’t kwa foarm oan it wurd besibbe binne. Foar de werkomst fan’e wurden brûk ik de Etymological Dictionary of Proto-Germanic fan G. Kroonen, oanpast troch Alexander Lubotsky. De oersettings lit ik fakentiids yn'e oarspronklike taal om de nuances te bewarjen. Ik soe de tekst opdiele wolle yn trije parten, dy’t ik stik foar stik by del gean sil. De ferdieling fan de trije parten is: Part 1: olhǣmujimndaǣmluþ Part 2: iwiosueduǣale Part 3: wim?mǣhþukn

25


3.2.2. Part 1:olhǣmujimndaǣmluþ Dit is wierskynlik it earste part fan’e ynskripsje en hjir sille we begjinne moatte mei it lêzen fan’e tekst. Elts wurd sil ik apart behannelje troch de werkomst fan it wurd te neamen. Ik beskogje de kombinaasje as it earste wurd fan’e ynskripsje. It wie earder oersetten as it part ol mar de rune foar de letter o koe likegoed lang as koart wêze. It levert de lêzing ōl op. Dit wurd komt oerien mei de inkelfâld ferline tiid fan it yn it Etymological Dictionary of Proto-Germanic te finen tiidwurd *alan- . It wurdt komt yn it Gotysk werom as alan en betsjut yn dy taal neffens it wurdboek ‘to grow on, to feed on’. Yn it Âldnoardsk ferskynt it as ala en betsjut it 'to give birth to, nourish, support'. Besibbe is ûnder oare it Latynske alere dat ‘to nourish’ betsjut. De betsjutting fan it Proto-Germaanske wurd sels is neffens it wurdboek ‘to grow up, to rear’. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) Dit betsjut 'waakse' en 'grutbringe'. Yn’e sin betsjut it dan hy/sy/it woeks of hy/sy/it brocht grut. It tiidwurd *alan wie in klasse seis sterk tiidwurd. Tiidwurden yn dizze groep hienen in tsjinwurdige tiid mei in *a yn’e stam en in ferline tiid mei in *ō. (Ringe & Taylor, 2014) Hjoeddeistige, trochûntwikkele, foarmen binne tiidwurden lykas falle mei as ferline tiid foel en waakse mei as ferline tiid woeks. It twadde wurd fan’e ynskripsje is neffens my hǣmu, dat yn’e rige te lêzen is as . As we dit oersette moatte, soenen neffens it fuþork it wurd hkmu te lêzen krije. Dat is gjin foarm wêr’t we wat mei kinne. Gelokkich komt de letter fiif kear foar yn’e ynskripsje. Yn al dy fiif plakken soe min de Proto-Germaanske *ai ynfolje kinne en soe dat liede ta in lêsber wurd. It is dus wierskynlik dat de rune earder in ûntjouwing fan dy klank fuortsette. De ûntjouwing fan dizze klank is spitich genôch foar ús yn it Frysk tige kompleks. Foar ferskate plakken yn in wurd, mei ferskate dêrop folgjende lûden laatte it yn it Âldfrysk meastal ta twa klanken, in ē en in ā. (Vaan, 2011) Hoefolle klanken de *ai represintearje koenen yn it Proto-Âldrysk is net hielendal wis. A. Versloot (2014) mient dat it der fjouwer binne. Yn dizze ynskripsje brûkt de skriuwer ien letter foar de klank op plakken wêr’t er yn it Âldfrysk de iene kear ta in ē en de oare kear ta in ā wurde soe. Dit betsjut dat yn’e tiid fan it skriuwen fan’e ynskripsje de klank yn dizze gefallen him noch net ta meardere foarmen ûntwikkele hat of dat de skriuwer it ferskil net grut genôch fûn om oan te jaan yn letters. Faaks wie it foar de lêzer maklik te sjen wat de wearde fan de rune wie, dit liket frjemd mar wy sprekke likegoed de letter n yn it wurd bank oars út as yn it wurd bân. Lykas wy hjir de útspraak út’e kontekst fan’e letters helje kinne, hawwe de doetiidske Friezen dit faaks ek dwaan kinnen. It wurd komt wierskynlik fan in ferbûgde foarm fan it Proto-Germaanske *haima- ‘village, home'. Yn it Gotysk treffe we it oan as haims 'village', yn it Âldnoardsk as heimr 'home, world' en yn it Âldingelsk as hām 'home'. (Etymological Dictionary of ProtoGermanic, 2013) Hokfoar foarm it is, is net hielendal wis. It kin in gearfallen instrumentalis/lokatifus foarm wêze dy't de útgong *-ō fuortset. (Ringe & Taylor, 2014) It wurd jout tink ik in lokaasje oan. Om't de ynskripsje yn telegramstyl skreaun is wie it al genôch om de útgong te sjen om te witten dat der faaks in foarsetsel by moat. Guon foarsetsels gienen yn it Âldfrysk noch mei in ferstiend lokatifus lidwurd. It tredde wurd fan'e ynskripsje is jimnda, opskreaun as . It wurd lêst net lekker en it liket asof de skriuwen in letter fergetten is. It tink dat it wurd op te brekken is yn twa parten. It earste komt fan it Proto-Germaanske *gi-. 26


It foarheaksel rakke yn it Âldfrysk út gebrûk en dêrom is it yn it Frysk net in soad werom te finen. It Nederlânsk hat it part *gi- better bewarre. It is deryn feroare ta ge-. Lykas we yn earder sjoen hawwe fûn der palatysaasje plak by in g wannear't dy stie foar in e of in i, lykas hjir it gefal is. As gefolch feroare *gi yn it Proto-Âldfrysk nei *ji-. It part draacht net in tige wichtige betsjutting. It twadde part mnda sil noch in lûd hawwe moatten tusken de m en de n. In goeie kandidaat yn it Proto-Germaansk soe de koarte u wêze, wat ta *munda liede soe. Dit liket in soad op twa Proto-Germaanske wurden, *mundi, en *mundō. De betsjutting fan it earste wurd is 'memory, mind'. Besibbe wurden binne *munan 'to think, remember, intend', *mundra-, in bywurd mei as betsjutting 'lively', en *muni- 'thought, mind'. It twadde wurd hat as betsjutting 'hand', en yn lettere talen is 'protection' de meast foarkommende betsjutting. Dochs kear ik earst werom nei wurd *mundi. It is oerlevere yn in soad talen; Gotysk gamunds 'remembrance, memory', Âldnoardsk mynd 'form, image', Faroersk mynd 'picture', Âldingelsk ge-mynd 'mind, memory' en Âldheechdútsk gi-munt 'memory'. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) Al dizze wurden hawwe te meitsjen mei tinzen. Yn it Âldingelsk, it tichtst bessibe oan it Frysk, is it wurd brûkt foar ôfliedings lykas gemyndgian 'eingedenk sein, beabsichtigen, erinnern, um gedächtnis behalten' en gemyndig 'achtsam, eingedenk'. (Altenglisches Wörterbuch, 2014) De betsjuttings hjirfan binne rûchwei op te dielen yn twa groepen, ien dy't mei herinnerings te meitsjen hat, dy bestiet út erinnern en um gedächtnis behalten, en ien dy't 'yndachtich wêze (mei in doel foar eagen)' betsjut, mei de wurden eingedenk sein, beabsichtigen, achtsam, eingedenk. De stap fan 'tinke oan' nei 'tinke oan mei in doel' is net grut. Tink hjirby oan hoe't in útdrukking lykas 'eat foar eagen hawwe' eins allinnich betsjut dat min in tins hat, dochs brûke we it ek om 'neistribje' te sizzen. De útgong fan it wurd jimnda soe in útgong wêze kinne dy't oanjoech dat it in bywurd wie, en it is dan itselde as Gotysk -o, Âldsaksysk -o en Âldheechdútsk -o. Dêrneist komt it neffens oerien mei inkele ferstiende foarmen út it Âldnoardsk lykas víða 'widely' en út it Âldingelsk lykas sōna 'immediately' en geāra 'long ago'. Yn it Ingelsk, en wierskynlik ek yn it Âldfrysk hat in oare fariant mear yn gebrûk west, ien dy't net weromgie op in Proto-Germaanske , lykas de earderneamde foarbylden, mar op in *-ē of in . (Ringe & Taylor, 2014) It Frysk wurdt lykwols ieuwen letter pas goed opskreaun en foar dy tiid kinne de twa farianten beide in soad brûkt west hawwe mar hat ien fariant it úteinlik wonnen. Sels al soe dit net it gefal wêze en hat de 'Ingelske' fariant yn Fryslân altyd dominant west is it net ûnmooglik dat yn guon wurden of by guon sprekkers de doch gebrûkliker wie, lykas ek te sjen is oan de Âldingelske foarbylden. Wat de betsjutting fan dit wurd is, kin ik net mei wissicheid sizze. Dochs kin der troch de betsjutting fan besibbe wurden yn it Âldingelsk en oare talen wol in skatting makke wurde. It is neffens my in bywurd by de persoansfoarm ōl en moat dêr dus wat oer sizze. Hoewol it ûnwis is, is de betsjutting 'yndachtich (mei in doel foar eagen)' goed te ferbinen mei betsjuttings fan besibbe wurden yn it Âldingelsk, en past er ek kwa kontekst. It fjirde wurd lês ik as ǣm. Der moat wer opmorken wurde dat it neffens de lêzing fan it fuþork km wêze moatte soe. It wurd ǣm kin ôfkomstich wêze fan it Proto-Germaanske *aima-. Dit wurd komme we yn it Âldnoardsk tsjin as eimr, 'fire, smoke, steam'. Yn it Faroersk ferkynt it wurd as eimur 'embers' en yn it Noarsk hat de foarm eim 'vapor, smoke, trace, semblance, inkling'. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013)

27


It wurd komt yn'e skreaune boarnen dus allinnich foar yn'e noardske lannen, dochs betsjut it net dat it nea yn Fryslân brûkt wêze kin. It wurd kin ferdwûn wêze ear't it opskreaun is, bûten dizze ynskripsje om. Wat de betsjutting fan ǣm is, is lestich te sizzen. Om't it wurd inkel yn'e noardske boarnen ferskynt hoecht de betsjutting net eksakt lyk te wêzen. Dochs is it wierskynlik dat it eat mei fjoer te meitsjen hân hat. Dêrom kies ik foar de betsjutting reek, om't dit de meastneamde oersetting is. It wurd liket it ûnderwerp fan'e sin te wêzen, of it lijend foarwerp. Wa't of wat it ûnderwerp dan is, wurdt net dúdlik. It tiidwurd kin inkel yn'e betsjutting grutbringe in lijend foarwerp hawwe, min kin ommers net immen waakse. Der binne dus hjirtroch wurd twa situaasjes ûntstien; ien wêryn'e reek sels grut waard, en in twadde situaasje wêryn immen de reek grutbrocht of grut makke hat, wat wierskynlik lêzen wurde moat as in fjoer meitsje. Wannear't in tondel, in droech materiaal dat maklik ûntbaarnt, ûntstutsen waard troch deryn te blazen, waarden de mominten wêryn it koaltsje de tondel ûntstiek altiid foarôfgien troch sterke reekfoarming. Dit is faaks wat der bedoeld wurdt mei it grutmeitsjen fan'e reek. It lêste wurd fan'e ynskripsje is lêstich om te setten nei in Proto-Germaanske foarm. It liedt luþ en is net te ferbinen mei in wurd út it wurdboek. Dochs is der in groep fan wurden mei de kombinaasje fan lu en in dêrop folgjende dentaal. Foarbylden binne *ludēn, *ludra-, *luttōn en *lūtan. Fan it earste wurd *ludēn komme it IIslânske loða 'to hang down, stick to' en lodda 'to dangle', it Faroerske loða 'to hang down' en it Noarske loda 'to hang down, stick to'. By dit wurdt neamt it boek nijsgjirrich genôch ek farianten fan dit wurd dy't gjin tiidwurden binne, dit binne de folgjende; *ludra, wat yn it Âldheechdútsk as lotar 'loose, light-hearted, lazy' ferskynt, en it wurd *luþja wat yn it Middelnederlânsk loi en yn it Nederlânsk lui waard. It Fryske 'loai' is der ek oan besibbe. As it wurd loai oan *luþja besibbe is moat de þ fuortfallen wêze foar de geminaasje. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) It twadde wurd *lūtan betsjut neffens it wurdboek 'to stoop, bend forward'. Fan dit wurd komme it Âldnoardske lúta, it Faroerske lúta, it Elfdaalske lauta en it Âldingelske lūtan. Al dizze wurden binne kwa betsjetting lyk oan de betsjutting fan it rekonstruearre wurd. Dêrneist neamt it wurdboek by dit wurd de lemmae lotur, in Faroersk bywurd dat 'curved (of a ship's deck); embarrassed' betsjut, ôfkomstich fan it Proto-Germaanske *luta- en it Elfdaalske lotå fan it Proto-Germaanske *lutō. It *lūtan wurd is neffens it wurdboek wierskynlik foarmd op basis fan it wurd *luttōn. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) It wurd *luttōn 'to stoop, droop(?)' hat laat ta it Noarske lota 'to be askew, slanted' en it Rynlânske lotzen 'to feel drowsy, sleep'. Dan is it folgjende te lêzen: "It is identical to *lud(d)ōn- 'to dangle', cf. Icel. loða, lodda, Far. loða, Nw. loda w.v. 'to hang down; to stick (to)', which would imply that the PG. root was *luþ- or *lud- rather than *lut-". (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013, p. 345) De situaasje is net hielendal dúdlik, yn it Proto-Germaansk lykje meardere foarmen neist elkoar bestien te hawwen. It wurd luþ yn'e ynskripsje soe de *luþ-fariant fuortsette hawwe kinnen. Úteinlik liket it wurd te kommen fan in Proto-Indo-Europeeske *leud, wat júst wer pleite soe foar de fariant *lut-. Wat der neffens my foar soargje kinnen hat dat der meardere foarmen binne is faaks de asosjaase mei it PIE wurd *(s)leut, yn it Proto-Germaansk *(s)leuþ, in wurd dat eat betsjut as 'min fan karakter'. (Proto-Indo-European dictionary, 2007)

28


Yn in soad fan'e betekenissen fan it wurd *lut- en syn farianten hat it wurd net allinnich as oersetting 'omleechbûgd, (om)leech hingje', mar ek wurden dy't in persoan omskriuwe kinne, lykas loai en ynaktyf. Foar de omskriuwings foar persoanen soe de sprekker de twa wurden troch elkoar helle hawwe kind, loai en ynaktyf lizze ommers net fier ôf fan de betsjutting 'min fan karakter'. De twa foarmen wienen yn it Proto-Germaansk nammenlik tige lyk oan elkoar, PIE. *leud(h) laatte ta *lut- en *lud-, en *(s)leut laatte ta *luþ-. Dit soe ferklearje kinne wêrom dat yn wurden sawol as *lut-, *lud- en *luþ- ferskynt. Yn'e sin liket it wurd in fierdere omskriuwing te jaan fan it wurd ǣm. Tegearre lykje de wurden werom te gean op it ProtoGermaanske *aimaz luþaz. De betsjutting hjirfan soe wêze kinne 'in leechhingjende reek' mar ek in 'loaie reek', lykas wy 'trage reek' sizze. Wannear't we alle wurden tegearre lêze levert dat de folgjende sin op: ōl hǣmu jim(u)nda ǣm luþ Ôfhankelik fan'e betsjutting fan ōl hat de sin neffens my twa mooglike oersettings. Ien wêrby't de ǣm it nominatyf is en ōl 'waard grut' betsjut. As ǣm de akkusatyf is, sil it ûnderwerp in ûnneamd persoan wêze. De twa oersettings binne as folget: A) Yn hûs waard de trage reek yndachtich grut B) Hy/sy/it brocht yn hûs de trage reek yndachtich grut It wurd 'yndachtich' kin doele op it stribjende 'karakter' fan dejinge dy't de smook ta fjoer meitsje wol of fan'e reek sels, dizze soe fjoer wurde wolle kinne. As fariant A kloppet wurdt it fjoer beskreaun as in persoan, en liket de sin poetysk te wêzen.

29


3.2.3. Part 2: iwiosueduǣale It earste wurd fan'e ynskripsje lês ik as , yn ús skrift oer te setten as iwi. Dit wurd ferbyn ik mei it Âldfryske wurd jī, mei de farianten gī en ī. Fan dit wurd komt it hjoeddeistige 'jimme'1. As akkusatyf hie it wurd iu en io, as genityf iuwer, en as datyf iu en io. (Bremmer, 2011) Wat opfalt oan dizze foarmen is dat se net in ī hawwe mar in u of in o. De foarmen fan'e genityf, datyf en de akkusatyf komme fan in let PGmc *iww-. De earste w is dêryn yn'e WestGermaankse talen feroare nei in u. Sa ûntstie de foarm PWGmc *iuw- Yn it boek Volume II The Development of Old English wurde de folgjende foarbylden jûn: "PGmc *izwiz ‘you (dat. pl.)’ (Goth. izwis)>*iwwi > PWGmc *iuwi ~ *iuw (see 3.1.4) > OE īow, OF iū, OS, OHG iu; PGmc *izweraz ‘your (pl.)’ (Goth. izwar)>*iwwar > PWGmc *iuwar > OE īower, OF iūwer, OSiuwar, OHG iuwer-ēr." (Ringe & Taylor, 2014, p. 41) Hjiroan falt op dat de datyf in w oan'e ein hân hat, lykas dat oan it Ingelske foarbyld īow te sjen is. As PWGmc foarmen fan dit wurd wurde iuwi en iuw jûn. Dit leit net fier ôf fan it wurd dat we yn'e ynskripsje lêze. De u soe fergetten wêze kinne troch ûnkunde. Alternatyf hoechde de u net skreaun te wurden om't de klank beskôge waard as in oergong tusken de klanken fan'e i en de w. De betsjutting fan dit wurd wie 'foar jimme' of 'oan jimme'. As twadde wurd lês ik , wêrfan de twadde letter neffens my gjin k, mar in s is. It wurd is oer te setten as osu of ōsu. Dit wurd kin goed ferbûn wurde mei it yn it Etymological Dictionary of Proto Germanic (2013) te finen Proto-Germaanske wurd *ansu-. De feroaring fan de kombinaasje fan *ans nei ōs is yn fan'e feroarings dy't in skaaimerk is fan'e Ingvaeoonske talen. R. Bremmer (2011, p. 25) neamt beskriuwt it as: "Loss of Nasal before voiceless fricative plus compensatory lengthening". De feroaring fan *ans nei ōs is ien fan'e feroarings yn dizze kategory. Oare foarbylden dy't R. Bremmer (2011, p. 25) jout binne: *gōs fan PGmc *gans-, it hjoeddeistige 'goes' *ōs(e) fan PGmc *ans-2, it hjoeddeistige 'oes', dat 'gat foar in fiter' betsjut It wurd betsjut yn it PGmc 'god', derfan ôfkomstich binne it Âldnoardske áss, óss, Âldingelsk ōs, Âldsaksysk ās, ōs en Âldheechdútsk ans(i). (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) Al dizze wurden hawwe deselde betsjutting as it Proto-Germaanske wurd. As de foarm yn'e inskripsje fan dit wurd komt, sil it ek 'god' betsjutte. De útgong fan it wurd is -u. Yn it skreaune Âldfrysk binne lykwols wurden dy't in dûbele medeklinkers oan'e ein fan'e stam hawwe (*ansu-), en wurden mei in lange klinker (*ōs) harren útgong ferlern. Wurden dy't in koarte klinker hienen én ien medeklinker yn'e útgong fan'e stam beholden de útgong -u, lykas yn it wurd sunu, dat soan betsjut. Dat hjir doch in útgong stiet strykt dus net mei de wetten fan it Âldfrysk3. __________________________________________________________________________ 1

Besteande út de parten jī + man, dat doe ek manlju betsjutte. (Bremmer, 2011)

2

Dit wurd is net itselde as it earder oanhelle PGmc *ansu-

3

Merk wol op dat it skreaune Âldfrysk pas foarkomt fanôf it jier 1100. It soe dus sa wêze kinne dat de beskreaune taalferoaring foar it Frysk plakfûn hat tusken it skriuwen fan dizze ynskripsje en it skreaune Âldfrysk.

30


Dy taal is lykwols hûnderden jierren letter opskreaun as yn dizze ynskripsje. It fuortfallen fan'e útgong hat in stadich proses wêze kinnen wêryn hieltiid mear wurden dy't foldienen oan'e easken harren útgong ferlearen. It is net út te slúten dat de -u yn inkele wurden langer bestean bleau. Dit soe wêze kinne yn'e foarm fan in u, mar ek yn'e foarm fan in schwa, dy't wierskynlik ek troch it -teken werjûn wurde koe. As it wurd ōsu yndie fan PGmc *ansukomt, sil de lêste letter in, faaks ta schwa ôfskwakke, oerbliuwsel wêze fan'e âlde útgong fan it wurd. It wurd kin sawol in nominatyf as in akkusatyf wêze. It dêropfolgjende runen sjogge derút as , wat oer te setten is as edu. It wurd soe ek te lêzen wêze kinne as ēdu. As we de *e of *ē trochlûke nei it Proto-Germaansk levert dat gjin wurd op dat yn it wurdboek1. Yn it Âldfrysk koe in ē ek ûntstean út in PGmc *ai. Oant no ta kaam dy altiid werom yn'e rune , mei de wierskynlike wearde ǣ. Yn al dizze situaasjes spile i/j-mutaasje gjin rol. Wannear't dizze *ai wol folge waard troch in *i of *j is it risseltaat yn it Âldfrysk hast altyd in ē. Inkele wurden foldogge net oan dizze regel, mar dan giet it om mooglike, seldsume útsûnderings. (Vaan, 2011) Yn alle oare gefallen waard PGmc *ai + i/jmutaasje yn it Âldfrysk ē, wêrtroch min oannimme kin dat dy klankkombinaasje yn'e tiid dat de PGmc *ai sûnder i/j-mutaasje fia PrAFr *ǣ feroare yn in Âldfryske ē en ā, al ē wie om't der gjin ā's oerlevere binne. De foarm soe dus ek weromgean kinne op in wurd PGmc *aidjof *aidi-. Yn it wurdboek binne twa wurden te finen dy't hjiroan besibbe wêze kinne soenen: A) PGmc *aida- 'pyre', dat laat hat ta it Âldingelske ād 'pyre, fire', Âldheechdútsk eit 'pyre, fire' en in Âldfrysk wurd āde2. By dat wurd wurdt it tiidwurd *aidjan neamd, dat yn it Âldheechdútsk ferskynt as 'to burn, harden with fire'. B) PGmc *aidja- 'isthmus' wêrut ûntstien binne: Âldnoardsk eið, eiði mei deselde betsjutting, Faroersk eiði, ek mei deselde betsjutting, en Noarsk eid(e) 'isthmus, passable valley'. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) It earste wurd liket neat te meistjen te hawwen mei de runerige. Kwa kontekst past it earste wurd perfekt yn'e oersetting. De fariant ēdu moat weromgean op in lokale fariant fan dit wurd, lykas PGmc *aidja of, as āde komt fan *aidō, fan *aidjō-, om de i/j-mutaasje ferklearje te kinnen. Lokale farianten wienen yn it Germaansk net ûngewoan om't de taal in grut gebiet besloech, sa blykt út it Etymological Dictionary of Proto-Germanic. De betsjutting fan it wurd sil hjir 'fjoer' wêze. ___________________________________________________________________________ 1

Útsein in wurd *edi dat 'again' betsjut. Dit wurd is in prefiks en kin dêrom allinnich oan it begjin fan in wurd fêstplakt wurde, op himsels kaam it wierskynlik net mear foar yn dizze tiid yn it Frysk. It komt foar yn Nederlânske wurden, lykas etmaal en etgras. It wurd ēdu stiet op himsels en sil dus wierskynlik net besibbe wêze. 2

āde liket neffens my net fan *aida- te kommen. Yn it Âldfrysk soe de *ai heechstwierskynlik net in ā wurden mar in ē. Dêrneist foel de útgong *-a- fuort yn it Âldfrysk. (Bremmer, 2011). It wurd āde komt, neffens my, earder fan in lokale fariant *aidō, wêrby de kâns grutter wêze soe dat de *ai in ā waard. Dêrneist toane ō-stammen wol in ananlogyske útgong op -e yn'e nominatyf. *aida- soe in foarm ēd oplevere hawwe.

31


It wurd hjirnei bestiet neffens my út ien rune, dy't skreaun is as . Dat is oer te setten yn dizze ynskripsje as ǣ. Lykas we earder sjoen hawwe koe dizze klinker yn it Âldfrysk in ē of in ā wurde. Om't dizze klinker it ienige is wêr't dit wurd út bestiet soenen we it ek sa yn it Âldfrysk fine moatte. Yn it Âldfrysk bestienen de wurden ā en ē ek. It wurd yn dizze ynskripsje is er neffens my de foarrinner fan. It komt fan in Proto-Germaansk wurd *aiwa/ō-, dat likegoed 'eternity, age' as 'law' betsjutte koe. Yn it Frysk koe it yn'e foarm ā en ē 'altyd' betsjutte. Dat soe ek de betsjutting wêze kinne yn dizze tekst. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) As lêste wurd fan dizze rigel lês ik , dat oersetten wurde kin as ale. Dochs is dit neffens my net lyk oan'e útspraak fan it wurd. As dit itselde wurd wêze moatte soe as it earderneamde PGmc *alan, 'waakse, grutbringe', soe de klinker feroare wêze moatte yn in *æ, lykas yn it Âldfryske wurd smel dat fia in *smæl fan *smala- komt1, en soenen we dus **æle sjen moatte. Foardat ik dit probleem behannelje sil ik earst de útgong behannelje. De -e soe komme kinne fan in PGmc *-ai, dy't yn in útgong feroare nei in PWGmc *-e. (Ringe & Taylor, 2014) Dizze útgong waard brûkt foar de winskfoarm fan in tiidwurd. Yn it Frysk is dizze foarm ferdwûn mar yn it Nederlânsk is er yn inkele ferstiende foarmen lykas leve de koningin, kome wat komen zal, yn ôfswakke foarm bestean bleaun. Wannear't we, no't dit dúdlik makke is, fierder geane mei it eardere probleem, beskôgje ik twa ferklearrings as plausibel: A) De fronting of WGmc *a > PFris *æ hat yn dit wurd net plakfûn. Dit folget net de wetten fan'e taal. Dochs lit R. Bremmer sjen dat der noch inkele wurden binne dy't dizze feroaring ek net trochmakke hawwe, lykas garda 'landed property' en flarde '(individual) lung'. PGmc *alan soe dus net PrAFr *ælan wurden wêze, mar *alan bleaun wêze. B) Foar de kombinaasje l(C) bleau de Proto-Âldfryske *a yntakt2. (Bremmer, 2011) As de letter l dûbel lêzen wurde moat, soe de earste letter fan ale, of better alle, ferklearre wêze. Dochs is der noch in probleem. De dûbele l soe yn dit gefal nammenlik troch geminaasje ûntstien wêze út'e kombinaasje *lj. De *j yn dizze kombinaasje soe lykwols soarge hawwe foar i/j-mutaasje, wat ek laat hawwe soe ta in ier Proto-Âldfrysk *ællj-. Dit soe asnoch in *all- oplevere hawwe kinnen op twa wizen: B.1) As de kombinaasje l(C), yn dit gefal levert dat ll op, derfoar soarge hat dat de troch i/j-mutaasje ta in *æ wurden *a dêrnei wer werom ferlege waard nei in *a, is it effekt fan'e i/j-mutaasje weromdraaid. As de fronting of WGmc *a > PFris *æ foar de kombinaasje ll plakfûn hat, soarge dat dat dêrnei derfoar dat de restaurearre *a wer in *æ waard, wêrop de kombinaasje ll de *æ foar de twadde kear ferlege. ___________________________________________________________________________ 1

Dit proses neamt R. Bremmer fronting of WGmc *a > PFris *æ en de wichtige aspekten binne beskreaun op pagina 9 by ûntjouwing 2 en 3 fan'e PGmc *a. 2

Dit wurdt neier beskreaun op pagina 9 by ûntjouwing 3 fan'e PGmc *a, en yn de ekstra ynformaasje ûnder oan'e pagina. Ik ried oan dit te lêzen om it hjir beskreaune makliker begripe te kinnen.

32


De kombinaasje ll kin, lykas beskreaun op pagina 9, ek foarkommen kinne dat it proses fan fronting plakfûn wêrtroch dizze stap ûnnedich is. As de kombinaasje l(C) i/j-mutaasje hjir weromdraaide soe it in lytse taalwet wêze kinnen hawwe dy't net in norm waard yn it Frysk en seldsum bliuwt, mar faaks wol foarkomt yn'e wurden walla en balg. Yn in oar gefal, dat wierskynliker is, levert de i/j-mutaasje wol in *æ op, mar is dy dêrnei net ferhege nei *e troch fronting. Doe't de *æ dêrnei ferdwûn út'e taal koe er in *a of in *e wurde, wêrfan yn dit wurd de *a ferskynt. Dit is te ferdigenjen oan'e hân fan in reeks fan foarbylden: *katila-, 'cauldron, iron pot' *kaldi-, 'cold' as yn 'kjeld' *aldi-, 'age' *walljōn, 'quelle, burn' (Köbler, 2014) en*balgi- 'in the sheath'. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) Stap 1

Stap 2

Stap 3

Stap 4

Stap 5

Stap 6

PGmc *katila- ier PrAFr1*kætila- ier PrAFr *ketil-

PrAFr *tsetil- PrAFr *tsetil-

AFr tsetel

PGmc *kaldi- ier PrAFr *kældi- ier PrAFr *kæld-

PrAFr *kæld-

AFr kelde/kalde

PrAFr *keld-/*kald-

__________________________________________________________________________________________ PGmc *aldi-

ier PrAFr *ældi-

ier PrAFr *æld-

PrAFr *æld-

PrAFr *eld-/*ald-

AFr elde

PGmc *wallj-

ier PrAFr *wællj- ier PrAFr *wæll-

PrAFr *wæll-

PrAFr *well-/*wall-

AFr walla

PGmc *balgi- ier PrAFr *bælgi- ier PrAFr *bælg- PrAFr *bælg-

PrAFr *belg-/*balg-

AFr balg

__________________________________________________________________________________________ PWGmc *allj- ier PrAFr * ællj-

ier PrAfr *æll-

PrAFr *æll-

PrAfr *ell-/all-

WstEm-B all-

Yn dizze tabel toant in readmakke part de feroaring oan, it fette part wat de oorsaak dêrfan is, as dy yn it wurd sit, en it part mei in streek toant oan dat dat part dy feroaring blokkearre. Stap 1 toant it rekonstruearre P(W)Gmc wurd. By stap 2 fynt i/j-mutaasje plak. Lykas te sjen is wurdt elts wurd dertroch feroare. By stap 3 sjogge we de ferskowing fan ier PrAFr *æ nei ier PrAFr *e en by part 4 fjouwer de palatisaasje fan ier PrAFr *k foar in *i, of *e. We sjogge dat wurd 1 yn it Âldrysk wol de palatisaasje trochmakket en yn it Âldfrysk mei de ts oan it begjin ferskynt, mar wurd 2 dat net docht. Dat betsjut dat yn'e tiid fan'e palatisaasje it twadde wurd net de feroaring trochmakke hie fan *æ nei *e, de *e dy't nedich wie om'e *k ta in ts wurde te litten. It wurd is ommers kelde ynstee fan tselde. De kombinaasje *l(C) liket dizze ferskowing fan *æ nei *e yn stap 3 blokkearre te hawwen. Neidat it proses fan palatisaasje útwurke wie yn'e taal, koe de PrAFr *æ yn'e kombinaasje PrAfr *æl(C) feroarje yn PrAFr *e of in *a, lykas te sjen is by stap 5 en ta de kombinaasjes *el(C) of *al(C) liedt. De fariant *el(C) komt mear foar, de fariant *al(C) is seldsumer mar komt dochs ek foar. _________________________________________________________________________ 1

PrAFr = Proto-Âldfrysk

33


Foarmen as kalde fan PrAFr *kæld-, en alde fan *æld- soenen te beskôgjen wêze kinne as letter ûntstiene analogismen1 by de wurden kald en ald, mar op dy wize binne de foarmen balg en walla net út te lizzen. It liket dus sa dat de kombinaasje PrAFr *al(C) op in fia taalprinsipes op te ferdigenjene wize ûntstien wêze kin út de de kombinaasje (ier) PrAfr *æl(C), dy't troch i/j-mutaasje ûntstie út de PGmc kombinaasje *al(C)i/j. De kombinaasje PrAFr *all soe dus fia (ier) PrAfr *æll ûntstien wêze kinne út PWGmc *alli/j, wêrby de -ll- yn it PWGmc ûntstien wie troch geminaasje út in âlder PGmc *ali/j. Lykas oantoand kin neffens de wetten fan'e Fryske taal it PrAFr wurd alle, skreaun as ale, sûnder problemen ûntstien wêze út in PGmc *aljai, al wie de kâns op it oantreffen fan'e fariant PrAFr **ele of PrAfr **æle grutter. PGmc *aljai soe komme fan de infinityf *aljan-. Dit wurd is besibbe oan *alan- en betsjut 'to make grow, to rear'. B.2) De i/j-mutaasje hat yn dit wurd nea plakfûn yn dit wurd omdat de *i of * j dêrfoar al fuortfallen wie. De wurden balg en walla soenen hjirfoar ek as argumenten tsjinje kinne. Neidat de PWGmc *a lyk bleau feroare dizze troch de kombinaasje *l(C) dêrnei ek net mear troch fronting. Lykwols is it lêstich om mei wissichheid foarbylden te jaan. It fuortfallen fan'e *i of *j soe yn dit gefal kompleet willekeurich plakfûn hawwe yn dit wurd. De mooglike wurden balg en walla binne yn'e boppenneamde ferklearing te pleatsen yn in wet, wêrby noch mear wurden oan te dragen binne as argumint. Hjir is dit net it gefal wêrtroch de kâns dat dit bard is folle lytser is. Fariant B.2 is te ferdigenjen mei foarbylden út'e Fryske taal en rêst it minst op útsonderingen, dêrom beskôgje is dy lêzing as de meast plausibele. Dochs is it befredigjend om te witten dat yn eltse útkomst de betsjutting fan it wurd likernôch lyk wêze soe. De oersetting fan it wurd *aljai soe wêze 'lit him/har/it waakse' of 'lit him/har/it immen/it grutbringe'. Alle wurden tegearre foarmje de folgjende sin: I(u)wi ōsu ēdu ǣ al(l)e As earste sette we it tiidwurd oer, hjir is dat al(l)e. De earderneamde oersetting is 'lit him/har /it waaksen dwaan' of 'lit him/har/it immen/it grutbringe'. De nominatyf hjirby liket ōsu te wêzen, dat 'god' betsjut, wêrmei wierskynlik in heidenske god bedoeld wurdt. De akkusatyf is ēdu, dat oersetten is as 'fjoer'. I(u)wi is wierskynlik datyf en betsjut 'foar jim' of 'of 'oan jim'. It wurd ǣ betsjut 'altyd'. Al mei al levert dat de folgjende twa oersettings op: A) Lit foar jim de/in god it fjoer altyd waaksen dwaan B) Lit by jim de/in god him/har/it it fjoer altyd grutbringen dwaan ___________________________________________________________________________ 1

In proses wêrby wurden feroarje op basis fan logika ten opsichte fan oare wurden. Elde 'age' komt minder oerien mei it wurd 'ald' as 'alde'. It wurd 'alde' wie logisker en om dy reden ferdwûn de âlde foarm, dy't taalhistoarysk korrekt wêze soe.

34


Dizze sin is dus, neffens dizze oersetting, in winsk. Hy slút goed oan by de foargeande sin dy't ek gie oer it meitsjen fan fjoer. Tegearre lêze we:

A) Yn hûs waard de trage reek yndachtich grut. Lit foar jim de/in god it fjoer altyd waaksen dwaan. B) Hy/sy/it brocht yn hûs de trage reek yndachtich grut. Lit foar jim de/in god him/har/it it fjoer altyd grutbringen dwaan.

De skriuwer hat it fjoer faaks sa wichtich fûn dat er, of se, soargje woe dat it by syn sibbe of freonen baarne soe, en hjirby de help frege fan in godheid. Fariant B liket mear te gean oer dejinge dy't it fjoer makket, en A oer it fjoer sels.

35


3.2.4. Part 3: wimœmǣhþukn It earste wurd is hat yn'e stam of is de kombinaasje wim, wat ek lêzen wurde kin as wīm. Dit levert gjin brûkbere wurden op yn it wurdboek. Foar in m of n kin in i lykwols ek wikselje mei in e, tink hjirby oan hoe't yn it súden fan Fryslân kenne sein wurdt en yn it noarden kinne. It is net mear nei te gean of dit soart wikselings ek bestienen yn'e tiid fan it Proto-Âldfrysk, mar e liket hjir it bêste de i ferfange te kinnen. In wurd wem is wol earne oan te ferbinen, nammenlik oan in Proto-Germaansk tiidwurd *weman. It wurdboek neamt twa farianten wêryn it wurd foarkomt, nammenlik yn it Middelnederlânske tiidwurd wemen, wêrfan it as oersetting jout 'to drill(?)'. Dêrneist is komt it wurd foar yn in Âldsaksyske namme foar in stik ark, in wimil, dat 'drill' betsjut. It wurdboek seit oer dizze wurden: The meaning of the Middle Dutch verb is not entirely certain, but in view of the instrumental noun OS wimil m. 'drill' < *wemila-, it is plausible to assume that it meant 'to perforate, bore'. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) It middelnederlânskewurd wemen komt foar yn'e sin: "Eyn man, dye an des anders mure tymmeren sal oft wil, dy en sal dye mure niet breken noch wemen." (Middelnederlandsch Woordenboek, z.j.) Yn it Âldfrysk wie der in dat der faaks oan besibbe west hat1. Dit is it Âlfryske wurd *wemma, dat faaks 'beskeadigje' betsjutte, op basis fan it wurd wlitewemmesla 'gesichtsskeining'. Dit wurd soe neffens my komme kinne fan in PGmc *wamjan, dat ticht besibbe is oan PGmc *weman, op deselde wize dat it Nederlânske wurd kwelen fan PGmc *kwelan besibbe is oan kwellen, ôfkomstich fan it wurd *kwaljan. (Etymological Dictionary of ProtoGermanic, 2013) It wurd wim- soe in selsstannich namwurd wêze kinne dat ôfkomstich is fan dit wurd. De betsjutting 'drill' as it wurd 'beskeadigje' kinne beiden ûntstien wêze út de betekenis 'gatten, dobben meitsje'. In wim of wem (fan PGmc *wema-?), soe dan faaks gat, dobbe, of breder yndruk betsjutte kinne. It wurd wimil bestiet út'e parten **wem en it arksuffiks *-ila-, sa is in wimil in gat-masjine, lykas in in bitel, fan PGmc *baitila- in bytmasjine is, om't er stikken fuortbyt. De twa runen dêrnei, , kinne in part fan'e útgong wêze of in nij wurd. Mocht it al in útgong wêze soe it troch de lêste rune, dy't ik oersetten haw as m, in datyf mearfâld wêze kinne. De letter liket neffens my in œ2 te wêzen. Yn in oar gefal, dat allinnich mooglik is as de in œ is, foarmt it twadde wurd van dizze rigel. De œ kin dan ek lange lêzen wurde; œ̄, wêrtroch is wurd te lêzen is as œ̄m. It soe in ferkoarting wêze kinne fan in germaanske namme begjinnend mei it part œ̄þil en in twadde part dat wierskynlik begûn mei in m. Meastentiids hie in namme yn dizze perioade yn Fryslân en Ingelân as útgong in a, mar in útgong op *i is net ûntinkber. Hy komt faaks ek foar yn'e Fryske yn in runerige ferskynende namme Aib fan in âlder *Aibi. (Versloot, 2014) Lykas te sjen is foel de *i nei swiere stammen fuort yn nammen. Dit soe ek sa bard wêze mei de namme dy't we hjir faaks lêze, mar net foardat i/j-mutaasje plakfûn. It risseltaat soe de namme m wêze. Dit hiele ferhaal wurdt wierskynliker wannear't we it folgjende wurd oersette. ___________________________________________________________________________ 1

Menear Nijdam droech dizze Âldfryske wurden oan my oan, hjirfoar bin ik him tige tankber.

36


2

Dit is net deselde letter as de æ, of dúdliker æ! Troch it lettertipe lykje dit deselde letters te wêzen. De letter æ komt fan in Proto-Germaanske *a, wylst de œ, of dúdliker œ, dy't hjir beskreaun wurdt, komt fan in o of ō + i/j-mutaasje. (Bammesberger, 1994) __________________________________________________________________________________________________________________________

It folgjende wurd is ǣh, dat tige goed te ferbinen is mei it Âldfryske tiidwurd āga, mei as notiid inkelfâld āch. It wurd hie as betsjutting 'to have; own'. (Bremmer, 2011) Dit wurd soe goed oanslute op de earder beskreaune namme m, yn'e sin fan ' m besit …' As lêste kinne wy it wurd þukn lêze, in wurd dat net foarkomt yn'e wurdboeken. Der binne twa wurden te finen dy't begjinne mei it part þuk, dit binne: A) *þuka/ōn- 'fog, mist', yn it Âldnoardsk ferskynt it as þoka. Derneist is der it Faroersk toka, Middelleechdútsk dake en Nederlânsk dook, dy't allegear itselde betsjutte as it PGmc wurd. Dêroan besibbe is in groep wurden: Âldsweedsk thukna, thøkn en Sweedsk tōckna en tōcken, ôfkomstich fan in Proto-Germaansk *þukīna/ō of *þaukīna/ō. (Etymological Dictionary of Proto-Germanic, 2013) B) *þuk(k)ōn, dat weromkomt yn'e wurden Âldnoardsk þokka 'to move', IIslânsk þok(k)a 'to move slowly/slightly; to fall back, make room for', Faroersk toka 'to force, press, push, advance', Noarsk tok(k)a 'to move, shove' en Âldingelsk þocerian w.v. 'to run to and fro, run about'. (Etymological Dictionary of ProtoGermanic, 2013) Fariant B liket oanslúte te kinnen by it earderneamde wurd wim of wem. It wurdboek liedt it wurd ôf fan it Proto-Indo-Europeeske wurd *teuk 'to shove'. Yn it Germaansk soe dit *þeukan wurden wêze. Wannear't min fan dit tiidwurd, of fan *þuk(k)ōn in ôflieding meitjse woe, koe min der in suffiks efter sette, lykas PGmc *-na-. Hjiroer wurdt skreaun: "The na-suffix appears to have been reasonably productive. I think the following instances must be analyzed as having a productive n-suffix: • ON gaupn f. ‘palm’ < *gaupnō- to OE gēopan ‘to pick up’ < *geupan• ON teikn, OHG zeihhan n. ‘sign’ < *taik-na- to OE tǣcan < *taikᵏjan• G trocken ‘dry’ < *druk(k)na- to G Bav. trikken ‘to dry’ < *drukkjan-" (Kroonen, 2009, p. 18) As *þuk(k)ōn dit suffiks krige, soe it yn it Proto-Germanic *þuk(k)na- oplevere hawwe. Dit wurdt liket nea oantroffen te wêzen. Dochs is it net ûnmooglik en is it de bêste ferklearing dy't ik foar dit wurd jaan kin. De betsjutting is net hielendal mei wissichheid fêst te stellen. In ôflieding lykas by *drukkjan- soe passe, want lykas *drukkjan- ta *druk(k)na- laat hat, mei as betsjutting 'yn droege stân ferkearend', kin *þuk(k)na- sa 'yn skode stân ferkearend' betsjutte. Dit wurd is lykas earder sein, te ferbinen mei it wurd wim of wem. Fariant A is lêstiger te ferbinen mei de oersetten sin, en dêrom tink ik dat it fan it tiidwurd *þuk(k)ōn komt.

37


Hoewol dizze rigel mei minder wissichhheid út te finen is as de oaren lês ik de folgjende wurden: Wim

m ǣh þukn

Yn dizze sin is ǣh it wichtichste tiidwurd. It wurd is in nominatyf en in akkusatyf nedich. Immen besit ommers eat. Hjiryn is neffens my de namme m de nominatyf, hy is dejinge dy't besit. De akkusatyf bestiet út de wurden wim of wem mei þukn, dat in byfoeglik namwurd te wêzen liket, op deselde manier dat droech in byfoeglik namwurd wêze kin. De betsjutting fan dizze twa wurden tegearre soe faaks 'de (yn) skode (tastân ferkearende) yndruk' wêze kinne. Dit is neffens my it bêste te ferbinen mei de ynskripsje self, dy't troch te skowen of te lûken mei in knyft ûntstien. 3.3.1. Analyse fan'e hiele tekst Alle sinnen tegearre foarme de reeks: ōl hǣmu jim(u)nda ǣm luþ I(u)wi ōsu ēdu ǣ al(l)e Wim m ǣh þukn Ik wol opmerke dat de folchoarder hjiryn faaks feroare wurde moat. Hjir noch in kear de eardermakke transkripsje:

Wat hjiroan opfalt is dat it earste part, wat oersetten is as de ûnderste rigel, ûndersteboppen skreaun. Fakentiids waard dizze rigel as de lêste oersetten mar ik wol hjir eat nijs foarstelle. De ynskripsje is nammenlik yn hout ynkrast, wat mei krêft bart. Hjirfoar hat de skriuwer de stok wierskynlik beethâlde moatten. Om't de kans grut is dat de skriuwer rjochtshannich wie sil er syn lofterhân brûkt hawwe om de stok beet te hâlden. Dizze lofterhân siet by it skriuwen om it lofter part fan'e stok. Op dy wize hat er it part skreaun.

It grize part sil by it skriuwen fan'e earste runen de posysje fan'e lofter hân west hawwe.

Dêrnei hat de skriuwer faaks syn namme foar de al skreaune tekste skriuwe wold, om dúdlik te meitjsen oer wa't de tekst gie. As de skriuwer syn namme lofts fan'e tekst skriuwe woe, wie er lykwols gjin romte mear foar syn lofter hân om de stok beet te hâlden by it skriuwen. Om romte te meitsjen foar it beethâlden fan'e stok draaide de 'skriuwer' de stok om. Sa koe er mei syn lofter hân de stok stilhâlde om mei rjochts te skriuwen.

38


De wize wêrop de skriuwer de stok fêst holden hawwe kinnen hat by it skriuwen fan it twadde part. It grize part byldt de lokaasje fan'e hân ôf.

De skriuwer hat blykber de runen net ûnderstepoppen skriuwe kinnen wêrtroch it risseltaat wie dat it earste part fan'e tekst júst ûndersteboppen ferskynt. Hy kin net fertroud genôch mei it skrift westhawwe, kin net de tiid derfoar nommen hawwe om nei te tinken hoe't de letter ûndersteboppen ynkrast wurde moasten, of koe it net betinke. It risseltaat hjirfan liedt eksakt ta wat we sjogge op'e Westeremden-B ynskripsje.

It einrisseltaat fan it earderneamde scenario Yn dat gefal soe de ynskripsje lêzen wurde moatte as:

Wim m ǣh þukn ōl hǣmu jim(u)nda ǣm luþ I(u)wi ōsu ēdu ǣ al(l)e De oersetting fan it gehiel soe wurde: m besit de skode yndruk (ynskripsje?) yn hûs brocht er yndachtich de trage reek grut lit in god him foar jimme it fjoer altyd waasken dwaan. Wat seit dizze oersetting oer de Friezen út'e tiid dat de ynskripsje opskreaun is? De ynskripsje is te sjen as in fraach oan in god. Dizze fraach kin op twa wizen lêzen wurde: A)

It freget om in grutte jeld foar m. Yn de ynskripsje wurdt nammenlik winske dat m it fjoer altyd waakse litte mei. Tiid spilet hjiryn in rol. In godheid koe blykber bepale hoe lang immen te libjen hie. Troch de winsk op te skriuwen yn runen koe de god frege wurde om it libben fan dizze persoan te ferlengen.

B) It is in winsk foar fjoer. Dit wie wichtich yn âlde tiden om warm te bliuwen en iten op te sieden, folle mear as no wie it fan libbensbelang. It is net frjemd om te tinken dat minsken, byfoarbyld yn in strange winter, beaden ta in god om it meitsjen fan fjoer makliker gean te litten. Sûnder it fjoer soenen de minsken nammenlik omkomme. Dit objekt sil troch syn winskjende karakter in amulet wêze. Yn beide gefallen lykje der twa of trije groepen te wêzen dy't belutsen binne by de tekst op'e ynskripsje. Dit binne: 1)

m, hy of sy besit de stok en foar him of har is faaks it bea. 39


2) Jimme, in oare groep minsken wêrfan m wol of gjin part fan wêze kin. Dit kinne de minsken wêze dy't by m yn hûs wennen, lykas syn sibbe. Om't it wurd jimme ynstee fan ús brûkt wurdt, suggerearet de tekst dat der noch in groep minsken by belutsen is en dat m sels net de tekst skreaun hat. As m de tekst oer himsels skreaun hawwe soe, soenen we earder it wurd ús ferwachtsje, om't er part is fan syn sibbe. 3) In ûnneamd persoan, of in groep. Dizze sil derfoar soarge hawwe dat m de ynskripsje krige. It soe sa wêze kinne dat dizze ynskripsje in jefte wie foar m, wêryn in winsk foar him dien waard. Yn dat gefal moat m besit opfetten wurde as dit is foar m, wêrby de ynwenners fan it hûs der ek fan profitearje soenen. Dizze ûnneamde persoan kin de skriuwer west hawwe, mar yn in oar gefal hat de persoan betelle om ien fan'e minsken dy't min of mear fertroud wien mei it runeskrift de ynskripsje skriuwe te litten. m soe ek in skriuwer betelle hawwe kinne om in amulet foar him te skriuwen. Dizze skriuwer ferriedt dan wol syn oanwêzigens yn'e ynskripsje. Hy distansearret him fan m en syn mooglike sibbe troch it wurd jimme te brûken. Al mei al toant de tekst oan dat de Friezen fan miening wienen dat wat oars as sysels beskikte oer harren lot, nammenlik goaden, of de kristlike god. Yn dizze tekst wurdt ien god oansputsen, wat leauwen docht dat dizze goaden eigen funksjes hienen, of dat it Kristendom al oanwêzich wie yn Fryslân yn'e tiid fan it opskriuwen fan'e tekst. Dit foarwerp besjen as in amulet is net frjemd. De Westeremden-B ynskripsje soe dan oanslúte by in lange reeks teksten mei in winskjend karakter. In dúdlik foarbyld hjirfan is in ynskripsje út Skodborg. Derop stiet:

Auja Alawin auja Alawin auja Alawin-ja Alawīd! ‘Be lucky Alawin, be lucky Alawin, be lucky Alawin and Alawid!’ (MacLeod & Mees, 2006, p. 21) In oar goed foarbyld, skreaun yn'e alfde ieu en ôfkomstich fan Gotlân, is de hjirûnder toande runetekst. De tekst komt út in mythe wêryn de god Thor problemen oerkomt. Wierskynlik tocht min dat troch dizze tekst by de hân te hawwe, de eigen problemen ek ferdwine soenen. De tekst is as folget:

40


(MacLeod & Mees, 2006, p. 28) Lykas te sjen is past de oersetting goed yn'e no bekende wrâld fan'e Germaanske runen. De oersetting dy't ik hjir foarstel hat weinich mear te dwaan mei de earder foarstelde oersettings, mar is neffens my wol ien dy't taalkundich te ferdigenjen falt, hat in dúdlik ferhaal, en is dêrneist te pleatsen yn'e kontekst fan it gehiel fan bekende runerigen, wêryn bidde wurdt foar leafde en foarspoed.

3.4.1. Diskusje oer Barnsterbuorren In oare Fryske ynskripsje is de ynskripsje is dy fan Barnsterbuorren, skreaun op in wannelstok. Dizze ynskripsje hat net de lingte fan Westeremden-B, dochs sil ik besykje dizze ek oer te setten. Guon runen binne lêstich te lêzen en oaren wurde sjoen as mooglik ôfkomstich út it jonge fuþork. T.

Looijenga (1997) hat de ynskripsje útfoerich behannele en hat foar de fariaasjes oersettings betocht.

Ôftekening fan'e Barnsterbuorren ynskripsje (Knol & Looijenga, 1990, p. 231)

De ynskripsje bestiet út trije parten. Lofts en rjochts wurdt in lang diel omringd troch twa deselde wurden. Dizze wurden binne te lêzen as , yn it Latynske skrift Tuda. Dit is wierskynlik in namme. Oer it middelste diel is minder wissichheid. De earste twa letters binne fuortsliten, wêrtroch se net goed te lêzen binne. De farianten dy't Tineke Looijenga lêst binne æludu en æwudu. Foar de earste fariant wurdt yn it earste part alu sjoen, in faakfoarkommend namselemint. It part dêrnei is net goed te ferbinen mei in bekend wurd en dêrom wurdt de kâns grutter achte dat it wurd lêzen wurde moat as æwudu. It is te ferbinen mei it Âldfryske wurd āwa, auwa, dat 'to show, reveal, represent' betsjut. Yn in oar gefal soe it in namme wêze kinne. Troch de koartens fan'e tekst is út'e kontekst net in soad ôf te lieden. Ik tink dat de tekst bestiet út twa parten. Yn it earste part is Tuda it ûnderwerp, folge troch in tiidwurd. Yn it twadde part is Tuda de akkusatyf, by in tiidwurd mei in ûnderwerp. Ik tink dat āwa, auwa de bêste lêzing is. It tiidwurd giet lykwols mei in akkusatyf en dy komt net foar in de sin. De oersetting soe wêze: Tuda ǣwudu

41


It wurd ǣwudu stiet yn'e ferline tiid. Tuda hat blykber eat toand of dúdlik makke. Wat dit is is net nei te gean, hjirfoar soe der in akkusatyf stean moatte. It folgjende part wurdt op ferskate wizen oersetten. De lêzing hinget ôf fan it skriftsysteem wêryn de runen steane. Trije lêzings jou ik hjir, ik stel sels ek in nije lêzing foar. A) Yn it jonge fuþark kin it lêzen wurde as kius þu Tuda. It soe betsjutte: 'kies do Tuda'. De s is hjir ôfkomstich fan it fuþark mei de koarte stêven, en is eins net te ûnderskieden fan'e runen foar in i. (Looijenga, 1997) De skriuwer hat yn it wurd kius de u sa skreaun dat it net mei wissicheid te sizzen is oft it in in u of in r is. Kwa betsjutting soe dizze lêzing goed kinne. Tuda hat blykber eat toand, wêrop immen troch in ynskripsje in oar sei Tuda te kiezen. Oaren koenen blykber beslisse wat it lot fan Tuda wêze soe. Der fûn faaks in ferkiezing plak, wêrfoar dy ferkiezing wie, is lykwols net nei te gean. Foar de minsken sels hat ik wol dúdlik west om't er gjin akkusatyf brûkt is dy't eat sizze kinne soe er wat foar in kar der makke wurdt. B) It part soe lêzen wurden kinne as kiriþu Tuda. Dit wurd komt foar yn in Sweedske ynskripsje en betsjut 'makke'. (Looijenga, 1997) It soe dan tsjutte kinne op dejinge dy't de ynskripsje skreau. Yn dit gefal in de problematyske u of r as de lêste fan'e twa lêzen en is de rune dy't earst oersetten wie as in s út it jonge fuþark, is hjir oersetten as i. C) H. Nijdam (1996) stelt foar dat der uëiri þu Tuda stean kin. Hy beskôget de u, dy't ik as in part fan'e útgong fan ǣwudu beskôgje, as begjin fan in wurd uëiri. Dit wurdt ferbûn mei it Âldfryske wurd wira 'beskermje'. Dit wurd is ôfkomstich fan in Proto-Germaansk *warjan. De u wurdt as in lêzen as in w, wat mooglik is as in ferfanging fan'e wynn-rune. Dit hâldt wol yn dat der net mear ǣwud(u) lêzen wurde kin. De rune dy't yn'e oare oersettings as k lêzen wurdt, is hjir oersetten as in ë. It ferfangen fan in k troch in klinker kin yn mear ynskripsjes liede ta in lêsbere tekst, lykas we by Westeremden-B sjoen hawwe. Dit betsjut lykwols net dat dit altyd moat. It gehiel soe 'beskerm do Tuda' neffens dizze lêzing betsjutte. D) It stel foar dit part te lêzen as kiri þu Tuda. It earste part soe komme kinne fan in Proto-Germaansk *kuzi, de winskfoarm fan it wurkwurd PGmc *keusan 'kieze'. Dit tiidwurd soe yn it skreaune Âldfrysk kere oplevere hawwe. Lykwols is it net ûnmooglik dat it yn it Proto-Âldfrysk útsprutsen waard as kiri. Dizze lêzing ferskilt net fan de earste útsein it feit dat ik in winskfoarm lês ynstee fan in imperatyf. De trije wurden soenen hjir tegearre lit dy Tuda kieze betsjutte. Dizze lêzing jout de kiezer mear macht. Ynstee fan dat er Tuda kieze moat, wurdt der winske dat de oanskreaune persoan Tuda kiest. It soe ek wêze kinne dat Tuda de tekst sels skreaun hat, as in winsk dat immen him kieze soe, neidat er eat toand hie. Dizze persoan wurdt yn dat gefal beskreaun mei it wurd þu. Faaks skreau er de tekst oan in god. Tuda soe yn dit gefal oer himself skreaun hawwe yn'e tredde persoan.

42


Troch de koartens is der weinich om in sterke oertsjoeging op basearje te kinnen. Dizze tekst seit troch syn lingte minder as Westeremden-B. Dochs is dizze tekst neffens my ek in winsk. Immen, Tuda of in oar, of in groep minsken wol dat Tuda útkeazen wurdt. Hy hat hjirfoar eat toand, en dit fertsjinne neffens in ûndúdlike partij blykber in beleaning. 3.4.1. Konklúzje Wat sizze dizze kinne dizze teksten ús yn'e breedste sin fan it wurd fertelle oer de doetiidske Fryske kultuer? Al mei al sizze de teksten dat de Friezen tochten dat se harrren lot net folledich yn'e eigen hân hienen en dat min ta de goaden, of god, bidde koe foar wichtige saken. Yn Westeremden-B gie it om jeld of fjoer. Faaks wienen der skriuwers wêrby min in ynskripsje meitsje litte koe as in amulet. Yn beide ynskripsjes sjogge yn elts gefal dat der meardere partijen by belutsen wienen. Faaks waard it bea troch de ynskripsje besield. Dêrneist sjogge dat it skrift wierskynlik ferkille kinnen hat fan man ta man. Problemen koenen troch twa skriuwers op in oare wize oplost wurde, lykas te sjen wie by de Britsumskriuwer en Westeremden-B-skriuwer. Dit toant oan dat der net fêste rigels wienen. Skriuwen sil in persoanlike saak west hawwe, wêrby de regels fan spelling net fêstleinen. Sa koe min as it moast ûndersteboppen skriuwe. Dochs blykt er wol in systeem efter te sitten, en komt de fariaasje neffens my earder foar út need as út loaiens. We krije faaks ek in nij byld fan'e ûntjouwings fan'e Proto-Germaanske *ai. Yn'e perioade fan'e Westermden-B ynskripsje liket it ferskil inkel te bestean tusken in *ai mei i/j-mutaasje, dy't ē oplevere, en in fariant sûnder, dy't faaks *ǣ waard. As we mear witte wolle oer de âlde kultuer sille der mear fynsten dien wurde moatte of moatte sjen, hoe lêstich dat ek is, nei de tendinzen yn'e runeteksten. Oan de hân hjirfan kinne we de taal better begripe en kinne we dêrút makliker ta in goeie lêzing komme. De ienige wize om dit te dwaan is troch skriuwen en sykjen te bliuwen.

43


Boarnen: Bammesberger, A. (1996). Frisian and Anglo-Saxon Runes:: from the linguistic angle. Frisian ' Runes and Neighbouring Traditions: Proceedings of the First International ' / //// Symposium 'on Frisian Runes at the Fries Museum, Leeuwarden: 26-29 January ' ' 1994. 45(1), 15-23. Bremmer, R. H. Jr. (2004) Hir is eksriven: Lezen en schrijven in de Friese landen rond 1300. ' Hilversum, Nederland: Verloren. Bremmer, R. H. Jr. (2011). An Introduction to Old Frisian: History, Grammar, Reader, ' Glossary. (2e druk) . Amsterdam, Nederland: John Benjamins Publishing Company. Eijnatten, J. Van., Lieburg, F. Van (2006). Nederlandse Religiegeschiedenis. (2e druk). ' Hilversum. Nederland: Verloren. Gildemacher, K. F. (2007). Friese Plaatsnamen: Alle steden, dorpen en gehuchten. ' Leeuwarden. Nederland: Friese Pers Boekerij. Haan, R. De. (2002). Fryske foarnammen: Friese voornamen. Nederland, Leeuwarden: Friese ' Pers Boekerij. Kalma, D. (1944). Skiednis fen Fryslan. Dokkum. Nederland: J. Kamminga. Köbler, G. (2014). Altenglisches Wörterbuch. Geraadpleegd op 29 augustus 2016, van ' http://koeblergerhard.de/aewbhinw.html Köbler, G. (2014). Altsächsisches Wörterbuch. Geraadpleegd op 2 oktober 2016, van ' http://koeblergerhard.de/aswbhinw.html Köbler, G. (2014) Altfriesisches Wörterbuch. Geraadpleegd op 10 december 2016, van ' http://koeblergerhard.de/afrieswbhinw.html Kroonen, G. J. (2011). Consonant and Vowel Gradations in the Proto-Germanic n-stems. ' (proefschrift) Rijksuniversiteit Leiden, Leiden. Looijenga, J. H. (1997). Runes Around the North Sea and on the Continent AD 150-700;: ' Texts & Contexts. Nederland, Groningen: SSG. Looijenga, J. H. (2013). Frisian Runes Revisited. Gedownload op 15 november 2016, van ' https://openaccess.leidenuniv.nl/bitstream/handle/1887/14513/proefschrift_oechie' . ' s.pdf?sequence=1\ MacLeod, M., Mees, B. (2006). Runic objects and magic amulets. Woodbridge, Engeland: ' ' The 'Boydell Press. Nijdam, H. (1996) Een raadselachtige Friese rune: Nieuw licht op de totstandkoming van het ' Anglo-Friese Futhork. Tijdschrift voor Skandinavistiek. 17(2), 21-34. Odenstedt, B. (1991). A New Theory of the Origin of the Runic Script: Richard L. Morris's ' Book Runic and Mediterranen Epigraphy. Old English Runes and their Continental ' Background. 1(1), 359-387.

44


Page, R. I. (1973). An Introduction to English Runes. Verenigd Koninkrijk. London: Methuen ' & 'Co. Philippa, M., Quak, A. (1994). Runen, Een Helder Alfabet uit Duistere Tijden. Epe. ' Nederland: Hooiberg. Ringe, D., Taylor, A. (2014). The Development of Old English. Verenigd Koninkrijk, ' Engeland, 'Croydon: CPI group.

'

Roxburgh, M., Huisman, H. & Os, B. Van. (2014). All Change?: The end of a metalworking ' tradition in early medieval Frisia. De Vrije Fries. 94(1), 19-30. Santon, K., McKay, E. (2006). Grote Atlas van de Wereldgeschiedenis: Van de oorsprong der ' mensheid tot de huidige tijd. Verenigd Koninkrijk, Queen Street: Parragon Books. Tichy, E. (2006). A Survey of Proto-Indo-European. Bremen, Duitsland: Hempen Verlag. Tuuk, L. Van Der. (2013). De Friezen: De vroegste geschiedenis van het Nederlandse ' ; ; ; kustgebied. Utrecht. Nederland: Omniboek. Vaan, M. De. (2011). West-Germanic *ai in Frisian. Amsterdammer Beiträge zur alteren ' Germanistik. 67(1), 301-314. Versloot, A. (2014). The Runic Frisian Vowel System: The Earliest History of Frisian and ' Proto-Insular North Frisian. Amsterdammer Beiträge zur alteren Germanistik. 72(1), ' 35-62. Alan, haima, mundi, mundō, munan, mundra, aima, ludēn, ludra, luttōn, lūtan, ansu, aida, , , aidja, weman, kwelan, kwaljan, þuk(k)ōn, þuka/ōn. (2013). In Etymological , , Dictionary of Proto-Germanic. (2e ed.) Leiden, Nederland: Koninklijke Brill. (S)leut, leud (2007). In Proto-Indo-European Etymological Dictionary. (2e ed.) Geraadpleegd , van https://marciorenato.files.wordpress.com/2012/01/pokorny-julius-proto-indoeuropean-etymological-dictionary.pdf Wemen (z.j.). Middelnederlandsch Woordenboek. Geraadpleegd op 4 augustus 2016, van , http://gtb.inl.nl/iWDB/search?actie=article&wdb=MNW&id=72314&lemmodern , =wemen&Betekenis_id=72314.sense.1

45


46


Millions discover their favorite reads on issuu every month.

Give your content the digital home it deserves. Get it to any device in seconds.