Swingel 31

Page 7

Wat is der op it Klif te belibjen? Foar guon lju hat de jierlikse betinking op it Reaklif gjin prioriteit. It soe te folle in romantysk gearkommen wêze fan in groepke Friezen dy’t noch amper relaasje mei de realiteit hawwe. Dat is in foaroardiel. It programma foar de betinking op sneon 24 septimber hat in hiel aktueel tema. It Reaklif leit yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Op 1 maart 2010 ûndertekenen de fúzjegemeenten, de Provinsje Fryslân en it Ryk in oerienkomst oangeande it taalbelied. Frysk taalbelied dat rekkenet mei de taalrjochten fan de ynwenners yn it ramt fan de bepalings fan it Europeesk Hânfêst.

Tom Dykstra Feest De hjoeddeiske betinking op it Reaklif – yn 1945 foar it earst organisearre op oanstean fan de Ried fan de Fryske Beweging – giet werom op in midsieuske foargonger Leaffroudei (26 septimber). It is de Friezen yn 1345 slagge om de oanfal fan de Hollânske greve Willem IV, dy‟t út wie op útwreiding fan syn machtsgebiet, ôf te slaan. Yn it skiednisûnderwiis yn Nederlân wurdt de machtsútwreiding fan it gewest „Holland‟ as in fanselssprekkend feit sjoen. Sa jout in skiednisboek út 1958 (Leerboek der Geschiedenis, J.J. Westendorp Boerma, 6e druk) op side 83: „De strijd tegen de Friezen was zeer hardnekkig in het moerassige land. Pas toen door geweldige overstromingen in de 12e en 13e eeuw de Zuiderzee ontstond, waardoor Friesland in tweeën gedeeld werd, konden de Hollandse graven zich van West-Friesland meester maken.‟ It wurd „hardnekkig‟ jout in kwalifikaasje fan de tsjinstanner, mar it wetter jout de trochslach. By it jiertal 1345 dielt itselde skiednisboek op side 197 mei dat ridder Willem IV by Stavoren „(sneuvelde) bij een poging om het eigenlijke Friesland te veroveren‟. Dat dat feit yn Fryslân feestlik betocht waard, is net frjemd. Hie de oanfal slagge west, dan soe hjir nei alle gedachten it Frysk al lang útstoarn west hawwe sa‟t dat yn it Noard-Hollânske West-Friesland nei de ferlerne striid yn 1289 ek bard is. Alle reden doe foar de Fryske (taal)mienskip om de oanfal op harren selsstannigens te betinken. De Reformaasje makke yn 1580 in ein oan dit „Roomske‟ feest. Nasjonaal Is in betinking op it Klif yn de ienheidssteat Nederlân fan nei 1800 noch wol op syn plak? Hat Fryslân him net frijwillich (!) oansletten? Yn 1798 hawwe de Unitaristen (sintraal bestjoer) it fan de Federalisten (mei ek gewestlik foech) wûn. Eekhoff konstatearret yn 1851 dat „...die merk-

waardige en in zoo vele opzigten vernederende gebeurtenis, een onvermijdelijk gevolg van den gang der omwenteling, hier met een luisterlijk Volksfeest (werd) gevierd.‟ (W. Eekhoff, Beknopte Geschiedenis van Friesland, 1851). Wa‟t tenei de akte fan „burgerschap‟ nedich hie, moast ûnder mear ferklearje tsjin in steedhâlderlik bestjoer en it federalisme te wêzen. Foar de ferljochting en beskaving fan it folk waard in Agent van Nationale Opvoeding oansteld mei wichtige taken lykas: - de Nederduitse taal te zuiveren en voor een spelling te zorgen; - schouwspelen bevorderen en die stukken te weren die de nationale geest verzwakken; - schrijven van weekbladen om de vaderlandsliefde op te wekken (I. van Hoorn, De Nederlandsche Schoolwetgeving voor het Lager Onderwijs, 1907; ûnderstrekings fan my, TD). Ut de gedachte wei fan ien lân, ien folk, ien taal betsjut yntegraasje it oplizzen fan ien taal en kultuer en skiednisûnderwiis yn Hollânsk perspektyf. De diskusje okkerdeis mei steatssekretaris Zijlstra oer Tryater past noch altyd yn dat ramt: it Hollânsk as nasjonale taal is in rykstaak en it Frysk as twadde rykstaal wurdt degradearre ta regionale taal, dêr‟t it ryk gjin boadskip oan hat. Yn it advys fan de stjoergroep Hoekstra (foech oer it Frysk) komt itselde byld nei foaren: ôfstean fan foech nei de provinsje Fryslân soe neffens it minderheidstânpunt fan it ministearje fan OCW mei de belangen fan it nasjonaal ûnderwiisbelied yn striid wêze. Yn Nederlân is it brûken fan it begryp nasjonaal op lanlik nivo net fertocht (bygelyks Nationale Herdenking 4 mei op de Dam, Christelijk Nationaal Vakverbond), omdat it past yn it steatsnasjonaal tinken. Sa gau as nasjonaal mei it Frysk en Fryslân ferbûn wurdt, is it mis en wurdt

Swingel 31 – septimber 2011

7


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.