Issuu on Google+


Fan de redaksje

Ynhâld nûmer 31 – septimber 2011

Sechstich jier lyn hat Fedde Schurer Fryslân en de Friezen in geweldigen tsjinst bewiisd troch oant yn de rjochtseal op te kommen foar it brûken fan it Frysk yn it offisjele ferkear. Dat feit en de reboelje dy’t dêr op 16 novimber 1951 mank mei gong, binne foar de Ried fan de Fryske Beweging de reden om fan ’t hjerst wiidweidich stil te stean by dy rykdom. Binne de Friezen har derfan bewust wat rykdom it is dat har taal de erkenning as twadde rykstaal krige hat? Of hat alle drokte om ’e nocht west? Yn in sechstich dagen duorjend feest sil dy fraach op alderhanne wizen oan ’e oarder komme. De Ried wol it feest fiere mei alle Friezen, ûnferskillich oft se Frysk of in oare taal prate en oft se hjir of earne oars berne binne. It is te hoopjen dat it feest – dat de namme Keppelfeest kriget – ta elkenien trochkringt. Dêr wurde de media foar ynskeakele. Fansels wurdt der yn dizze Swingel ek oer skreaun. It soe in griis wêze as it de leden en stipers fan de Ried ûntkomme soe. Op dit plak meie mei eare de leden fan de wurkgroep ‘Fan kneppeljen nei keppeljen’ neamd wurde. Dy minsken binne al moannen yn it spier om alles te betinken en te regeljen – en dat is net sa’n bytsje! De groep bestiet út: Gryt Vonk, Hanneke Snoek, Hindrik van der Meer, Renze Valk, Durk van der Schaaf, Siem de Vlas, Gerben Gerbrandy en Jabik van der Bij. Se wurde holpen troch Albert Bonnema, Tjallien Kalsbeek, Sybren Posthumus en Meindert Tjerkstra en noch folle mear minsken op it grûnflak. Redaksje

Fan it bestjoer Leden en stipers fan de Ried wurde hjirby fan herte útnoege foar de Riedsgearkomste dy’t op tongersdei 10 novimber holden wurdt, om 19.30 oere yn it kantoar fan de Ried, Keetwâltsje 1 yn Ljouwert. De leden krije de oare gearkomstestikken digitaal tastjoerd. Stipers binne ek tige wolkom. Dy krije de stikken ek tastjoerd as se harren foar 27 oktober oanmelde (ynfo@fryskebeweging.nl).

Sechstich dagen feest ‘Fan kneppeljen nei keppeljen’

3

Oersjoch fan de feestlikheden

5

Wy litte ús taal net farre Pieti Veldman

6

Wat is der op it Klif te belibjen? Tom Dykstra

7

De Fryske frijheid: in âld idee yn in ynternasjonalisearre en digitale wrâld (1) Kerst Huisman

9

Wêrom in offisjele wurdlist? Fearklearring fan de Ried

13

Komt it no klear mei it Frysk yn it basisûnderwiis? Tom Dykstra

14

Fryske sjongmiddei 16 oktober Snits Berjocht

16

Taal hearre, sjen en begripe Ed Knotter

17

It sil net gean as yn Som en Gomorra Pier Bergsma (kollum)

18

Yn Burgenland ek strideraasje oer plaknammen Pier Bergsma

19

It Bûsboekje 2012 leit foar jim klear

22

Riuwe Oldert Piersma (ynstjoerd)

23

De wrâld en Fryslân (3) Oldert Piersma

24

Kolofon

27

It bestjoer Kopij foar Swingel 32 (fan desimber 2011) moat foar 15 oktober nei it redaksje-adres stjoerd wurde: ynfo@fryskeweging.nl 2

Swingel 31 – septimber 2011


Sechstich dagen feest Fan septimber oant en mei novimber sil yn sa’n sechstich dagen mei in soad aktiviteiten betocht wurde dat it dit jier sechstich jier lyn is dat Kneppelfreed de ynset waard foar ferbetterings fan de posysje fan de Fryske taal. Dat it net allinnich om weromsjen giet mar ek om besinning op de hjoeddeiske situaasje mei it each op de takomst mei blike út it biedwurd ‘Fan kneppeljen nei keppeljen’. Op 16 novimber 1951 moast Fedde Schurer (1898–1968), haadredakteur fan de Friesche Koerier, in deiblêd dat letter yn de Leeuwarder Courant opgien is, yn Ljouwert foar it gerjocht komme omdat er yn syn krante de rjochtshear mr. Wolthers misledige hie. Dy hie by twa rjochtsaken fan de fertochten easke om Hollânsk te praten. Yn de earste rjochtsaak hiene twa molktapers út Aldeboarn dat wegere (sjoch wat Pieti Veltman dêroer fertelt). Se moasten foarkomme omdat neffens de oanklacht Fryske opskriften, lykas sûpe en molke, by de warewet ferbean wêze soene. De rjochter makke harren foar domme boeren út. Yn in haadartikel warskôge Schurer de rjochter dat it sa net koe: „Tink derom! As ús bloed sûpe wurdt!‟ By de twadde saak, tsjin de Lemster feedokter Sjirk Frânses van der Burg, dy‟t him ek net ferbrekke woe, wie it wer mis. De rjochter easke in tolk en liet de man withoelang wachtsje. Nei oanlieding fan dy saak neamde Schurer de rjochter it lêste lid fan de binde fan de „Swarte Hoop‟. Dat wie in midsieuske binde dy‟t Fryslân ûnfeilich makke. Dat gong Justysje te fier. De by in soad minsken populêre Schurer moast him op 16 novimber foar de polysjerjochter ferantwurdzje. Grutte kloften sympatisanten wiene nei Ljouwert kommen om him moreel te stypjen. De sitting waard lykwols yn in lyts sealtsje holden, dat de oanhingers koene net talitten wurde. Dat joech opskuor. Op it Saailân kaam it ta in treffen mei de polysje, dy‟t mei brânspuit en gummykneppels besocht om de demonstranten útinoar te reagjen. It waard in grutte gaos. De rjochter feroardiele Schurer ûnder betingsten ta twa wike finzenisstraf mei in proeftiid fan trije jier. Dy dei, dy‟t de skiednis as Kneppelfreed yngong, hat der ta bydroegen dat mei de tiid it Frysk as twadde rykstaal erkend is en rjochten krige hat yn it offisjele ferkear.

hiele wrâld en watfoar ferplichtings dat mei him meibringt. As oerkoepeljend biedwurd is dêrom foar „Fan kneppeljen nei keppeljen‟ keazen. Der wurdt net praat fan in kneppelfeest mar fan in keppelfeest, dat de minsken yn dizze tiid fan globalisearring behelje wol yn it probleem fan it útstjerren fan lytse talen, dêr‟t it Frysk ek by heart. Programma Sjoch foar plak en tiid it oersjoch fierderop De ludike iepeningsmanifestaasje, op 16 septimber fan 15.00 oere ôf foar en yn it Paleis fan Justysje yn Ljouwert, wurdt stal jûn yn gearwurking mei ûnder mear Tryater en de gemeente Ljouwert. Justysje sels sil ek meiwurkje troch de hjoeddeiske posysje fan it Frysk yn de rjochtseal te beljochtsjen. De teatergroep De Bildstars jout dy middeis in stikje strjittoaniel. Wethâlder Deinum fan Ljouwert, bestjoerslid fan Kulturele Haadstêd Fryslân, sil it startsein jaan foar it spektakelprojekt „Flagje foar taal‟, in estafette fan flaggen oer hiele Fryslân yn de betinkingsperioade. It giet om bysûndere flaggen as symboal foar de minderheidstaal. By de iepening is der in flaggeparade en by de ôfsluting yn Boalsert ek wer.

De Ried fan de Fryske Beweging, inisjatyfnimmer fan de betinking, wol net allinnich by Kneppelfreed en dichter, sjoernalist en politikus Fedde Schurer stilstean mar ûnderwilens ek omtinken jaan oan de rykdom oan talen op de Swingel 31 – septimber 2011

3


Lokaasjeteater SULT bringt fiif kear it stik Redbad, dêr‟t Eric Hoekstra trije fan de fiif keningsdrama‟s fan Douwe Kalma yn byelkoar brocht hat. It grutte tema stik is „eangst foar feroaring‟, yn de hjoeddeiske tiid bysûnder fan tapassing. Neat nijs ûnder de sinne, liket it wol. Te moai om yn dizze tiid fan grutte feroarings neat mei te dwaan. Yn de feestperioade sille De Biltstars mei har teaterbus ferskate plakken oandwaan en in foarstelling jaan ûnder de gjalp: Kneppelfreed wurdt keppelfreed. It basisidee is: net kneppelje, mar ferbine en ynspirearje, dus keppelje. It busteater is fleurich, komysk en in bytsje apart. Doelgroep: jong en âld. It spilet yn dizze tiid, mei help fan moderne media. Der wurdt bûten (by de bus, ûnder de luifel en op de bus) spile, mar by kâld waar yn doarpshuzen of oare romten. Minsken en ferhalen út de plakken dêr‟t spile wurdt, krije ek in part yn it gehiel. Foarm: ienakter en kabaret. Sân kear sille Johanneke Liemburg en Hindrik van der Meer troch de provinsje hinne in kulturele Fedde Schurerjûn hâlde. Foar de basisskoallen hat CEDIN it kreative en sosjale spul „Taaldoarp‟ ûntwikkele. It kin troch learlingen spile wurde. Op sneon 24 septimber sil de Slach by Warns yn it ramt fan it keppelfeest op in bysûndere wize betocht wurde. Oars as oars! Sjoch wat Tom Dykstra dêroer skriuwt. Yn in útstalling yn Tresoar sil fan alles oer wurk en libben fan Fedde Schurer te sjen wêze. By de iepening op 12 novimber wurdt de earste Fedde Schurerlêzing holden troch filosofe en skriuwster Marga Kool, âld deputearre fan Drinte. By dy gelegenheid wurdt de nije omstavere útjefte fan Schurers De gitaar by it boek presintearre. Ien mei muzyk wurdt troch Intrada fan It Hearrenfean útjûn en ien sûnder muzyk troch de Fryske boekeklup KFFB. Yn de hal fan Tresoar steane Fryske diskes. In tal films út minderheidstaalgebieten op it Frysk filmfestival past goed by it tema fan it keppelfeest. Dat festival falt dit jier yn deselde snuorje as de sechstich keppeldagen.

4

De tsjerken binne oproppen om op snein 13 novimber harren tsjinsten folslein, of oars foar in part, yn it Frysk of yn ien fan de streektalen te fieren. De foarsitter fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst, ds. Cor Waringa, hat dêr in liturgy foar útwurke. Foar alle sneinen yn it tiidrek fan de keppelfeestfiering hat Waringa liturgysuggestjes oandroegen dy‟t yn ‟e pas rinne mei it Oekumenysk Lêsroaster. Dêr is gebrûk by makke fan lieten út De gitaar by it boek. Ien en oar is fan it ynternet ôf te kopiearjen (www.keppelje.nl/Fryske snein). De ôfsluting fan it feest sil wêze op sneon 19 novimber yn Boalsert. Dat sil – ûnder lieding fan Albert Bonnema – in feestlik en ferrassend barren wurde. It begjint de middeis om 14.00 oere mei in optocht dêr‟t fan alles yn gearkomt. De start is by de Broeretsjerke. Mei de stedsomropper foarop giet it by alle gebouwen lâns dêr‟t fan 15.00 oere ôf alderhanne optredens en konserten fan in goed healoere binne: it repetysjelokaal fan it muzykkorps Oranje, de Fermoanje, it Stedhûs, it Gysbert Japicx-hûs en de Martinytsjerke. By al dy gebouwen docht de stedsomropper syn ferhaal. As de optocht om 14.45 oere wer by de „Broere‟ oankommen is, kin elkenien nei ien fan de optredens gean. Dy wurde op deselde lokaasje om 16.00 en 17.00 oere werhelle, sadat men trije fan dy eveneminten bywenje kin. In koarte opsomming fan dy kulturele foarstellings:  Teksten fan Schurer wurde deklamearre en songen, u.o. troch de tenoar Albert Bonnema.  Johanneke Liemburg fertelt oer Schurer en har Biografie van een Friese koerier; mei in muzikaal yntermezzo.  Fan in tút in tintsje bouwe fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer wurdt brocht troch it Kwartettekoar mei ynstrumintalisten en deklamators.  Teksten fan Gysbert Japix wurde deklamearre en taljochte. Dêrnei kin yn de Boalserter ytgelegenheden oanskood wurde foar in keppelmenu. Fan 20.00 oant 22.00 oere is it feest yn de Broeretsjerke mei in fariearre programma. De ynformaasje komt fan de wurkgroep ‘Fan kneppeljen oant keppeljen’

Swingel 31 – septimber 2011

Sjoch www.keppelje.nl


Oersjoch fan de feestlikheden Manifestaasje/foarstelling

datum

tiid

Iepening fan de 60-dagemanifestaasje

17 sept.

15.00 o.

Ljouwert Paleis fan Justysje

Lokaasjeteater Sult: Redbad

15, 16, 17, 23, 24 sept.

20.15 o.

Starum Suderstrân

De keppelbus fan de Bildstars (yn alle plakken yn it sintrum)

24 sept.

13.00 o. 15.00 o. 13.00 o. 15.00 o. 13.00 o. 15.00 o. 13.00 o. 15.00 o.

Kollum Dokkum Boalsert Warkum Burgum Bûtenpost Snits De Jouwer Harns Frjentsjer It Hearrenfean Drachten

1 okt. 8 okt. 29 okt.

plak

5 nov.

13.00 o. 15.00 o.

12 nov.

13.00 o. 15.00 o.

21 sept.

19.45 o.

28 sept.

19.45 o.

11 okt.

19.45 o.

20 okt.

14.00 o.

23 nov.

14.30 o.

Betinking Slach by Warns

24 sept.

13.45 o.

It Reaklif, Warns

Fryske sjongmiddei

16 okt.

15.30 o.

Martinytsjerke, Snits

1 Fedde Schurerlêzing: Marga Kool Presintaasje De gitaar by it boek Fryske diskes

12 nov.

14.00 o.

Ljouwert Tresoar

Noordelijk Filmfestival: films minderheidstalen

9-13 nov.

Filmhuzen yn Fryslân Sjoch www.noordelijkfilmfestival.nl

Fryske snein

13 nov.

Sjoch www.itnijs.nl

Ofsluting fan 60 dagen keppeljen. Progr. fan de middeis o/m de jûns.

19 nov.

14.00 o.

Kulturele Fedde Schurerjun/middei: Johanneke Liemburg en Hindrik van der Meer

ste

Swingel 31 – septimber 2011

Tsjom: ‘De Moeting’, Nieuwbuurtsterweg 1. Frjentsjer: ‘De Rank’, Zilverstr. 32. Ljouwert: ‘De Fenix’, Valeriusstr. 2/1. Snits: Oosterkerk, Jachthavenstraat. Dokkum: ‘Nehemia’, Zaagmolenstr. 2.

Boalsert

5


Wy litte ús Fryske taal net farre De reboelje fan Kneppelfreed, dy’t ta mear rjochten foar it Frysk laat hat, giet werom op in akkefytsje yn 1948 yn Aldeboarn. Pieti Veltman wit noch skoan hoe’t har heit en syn beide kollega-molktapers oan ’e widze fan dat barren stien hawwe. Dat makket de betinking yn de hjerst fan 2011 foar har hiel bysûnder.

Pieti Veltman It spilet him ôf yn de tiid fan de hânkarre. Ik kin my de karre fan ús heit noch wol foar de geast helje. Trije bussen mei in kraan deroan, dêr‟t de molke, sûpe en sûpenbrij út tape waard. Sa stie it ek op de bussen ferve. Yn ‟e midden in houten bûterbakje. Ik wie doe sa‟n skoalfamke en mocht wolris meiride. Ik siet dan op dat bûterbakje. Op 12 augustus 1948 krigen de molktapers fan Aldeboarn ûnder it suteljen kontrôle fan in ynspekteur fan de Keuringstsjinst fan Waren. Sa‟n ynspekteur hie de taak om in meunster fan de ynhâld fan de bussen te nimmen, foar it beoardieljen fan de kwaliteit. No woe it gefal dat dy kontroleur, in net-Fries, oer de Fryske teksten stroffele. It soe net foldwaan oan artikel 16 fan it Molkebeslút. Dat de molktapers it der sa op set hiene om sels gjin fersin te meitsjen en omdat eltsenien om molke, sûpe en sûpenbrij frege en net om molke, karnemelk en karnemelksepap, joech gjin ferwin. De man wie net te fermurvjen, it waard in rjochtsaak. Op 20 oktober 1948 moasten de molktapers foar it kantongerjocht op It Hearrenfean ferskine. Spitigernôch koe ús heit dêr net by wêze om‟t er krekt oan de spatieren operearre wie. It muoide him tige fansels. Hoewol‟t de rjochter al tweintich jier yn Fryslân wenne, woe er gjin Frysk ferstean.

Mar ús heit syn kollega‟s holden de foet stiif en praten Frysk. Dat hie fansels de nedige konsekwinsjes. Se waarden skuldich befûn, mar krigen gjin strafferfolging. Us heit bleau lykwols striidber. It oare jier augustus diene myn suske en ik yn de doarpsoptocht mei. Ik rûn yn in grutte molkbus fan karton mei „sûpenbrij‟ derop skreaun en boppe op de bus stie in boerd mei de tekst „Wy litte ús Fryske tael net farre‟. Ik wie doe acht jier en kin it my no noch wol yn ‟t sin bringe hoe‟t ik troch in spleet yn de bus op de strjitte sjen moast en mar hiele lytse stapkes dwaan koe. Myn suske rûn dernjonken, ferklaaid as molktaper. Wy hawwe doe de earste priis wûn en mei in foto yn de „Frysk en Frij‟-krante stien. It hiele „molke, sûpe en sûpenbrij-akkefytsje‟ bleau trochsoarjen. Der stiene manlju op dy‟t it foar de Fryske taal opnamen, lykas Fedde Schurer. Dat soe trije jier letter, op 16 novimber 1951, op de rel fan Kneppelfreed útdraaie. Dat it Frysk troch dy rel sa geandewei mear rjochten krige hat, is dus mei te tankjen oan de molktapers út Aldeboarn. Dat ik dat fan sa tichtby meibelibbe haw, is foar my wol hiel bysûnder en dat ús heit dêrta bydroegen hat, bin ik wol wat grutsk op.

In foto fan in pear jier letter, doe‟t de bakfyts al yn gebrûk nommen wie: Jeen de Leeuw (l) en Thomas Veltman wurkje de opskriften fan de bussen by.

6

Swingel 31 – septimber 2011


Wat is der op it Klif te belibjen? Foar guon lju hat de jierlikse betinking op it Reaklif gjin prioriteit. It soe te folle in romantysk gearkommen wêze fan in groepke Friezen dy’t noch amper relaasje mei de realiteit hawwe. Dat is in foaroardiel. It programma foar de betinking op sneon 24 septimber hat in hiel aktueel tema. It Reaklif leit yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Op 1 maart 2010 ûndertekenen de fúzjegemeenten, de Provinsje Fryslân en it Ryk in oerienkomst oangeande it taalbelied. Frysk taalbelied dat rekkenet mei de taalrjochten fan de ynwenners yn it ramt fan de bepalings fan it Europeesk Hânfêst.

Tom Dykstra Feest De hjoeddeiske betinking op it Reaklif – yn 1945 foar it earst organisearre op oanstean fan de Ried fan de Fryske Beweging – giet werom op in midsieuske foargonger Leaffroudei (26 septimber). It is de Friezen yn 1345 slagge om de oanfal fan de Hollânske greve Willem IV, dy‟t út wie op útwreiding fan syn machtsgebiet, ôf te slaan. Yn it skiednisûnderwiis yn Nederlân wurdt de machtsútwreiding fan it gewest „Holland‟ as in fanselssprekkend feit sjoen. Sa jout in skiednisboek út 1958 (Leerboek der Geschiedenis, J.J. Westendorp Boerma, 6e druk) op side 83: „De strijd tegen de Friezen was zeer hardnekkig in het moerassige land. Pas toen door geweldige overstromingen in de 12e en 13e eeuw de Zuiderzee ontstond, waardoor Friesland in tweeën gedeeld werd, konden de Hollandse graven zich van West-Friesland meester maken.‟ It wurd „hardnekkig‟ jout in kwalifikaasje fan de tsjinstanner, mar it wetter jout de trochslach. By it jiertal 1345 dielt itselde skiednisboek op side 197 mei dat ridder Willem IV by Stavoren „(sneuvelde) bij een poging om het eigenlijke Friesland te veroveren‟. Dat dat feit yn Fryslân feestlik betocht waard, is net frjemd. Hie de oanfal slagge west, dan soe hjir nei alle gedachten it Frysk al lang útstoarn west hawwe sa‟t dat yn it Noard-Hollânske West-Friesland nei de ferlerne striid yn 1289 ek bard is. Alle reden doe foar de Fryske (taal)mienskip om de oanfal op harren selsstannigens te betinken. De Reformaasje makke yn 1580 in ein oan dit „Roomske‟ feest. Nasjonaal Is in betinking op it Klif yn de ienheidssteat Nederlân fan nei 1800 noch wol op syn plak? Hat Fryslân him net frijwillich (!) oansletten? Yn 1798 hawwe de Unitaristen (sintraal bestjoer) it fan de Federalisten (mei ek gewestlik foech) wûn. Eekhoff konstatearret yn 1851 dat „...die merk-

waardige en in zoo vele opzigten vernederende gebeurtenis, een onvermijdelijk gevolg van den gang der omwenteling, hier met een luisterlijk Volksfeest (werd) gevierd.‟ (W. Eekhoff, Beknopte Geschiedenis van Friesland, 1851). Wa‟t tenei de akte fan „burgerschap‟ nedich hie, moast ûnder mear ferklearje tsjin in steedhâlderlik bestjoer en it federalisme te wêzen. Foar de ferljochting en beskaving fan it folk waard in Agent van Nationale Opvoeding oansteld mei wichtige taken lykas: - de Nederduitse taal te zuiveren en voor een spelling te zorgen; - schouwspelen bevorderen en die stukken te weren die de nationale geest verzwakken; - schrijven van weekbladen om de vaderlandsliefde op te wekken (I. van Hoorn, De Nederlandsche Schoolwetgeving voor het Lager Onderwijs, 1907; ûnderstrekings fan my, TD). Ut de gedachte wei fan ien lân, ien folk, ien taal betsjut yntegraasje it oplizzen fan ien taal en kultuer en skiednisûnderwiis yn Hollânsk perspektyf. De diskusje okkerdeis mei steatssekretaris Zijlstra oer Tryater past noch altyd yn dat ramt: it Hollânsk as nasjonale taal is in rykstaak en it Frysk as twadde rykstaal wurdt degradearre ta regionale taal, dêr‟t it ryk gjin boadskip oan hat. Yn it advys fan de stjoergroep Hoekstra (foech oer it Frysk) komt itselde byld nei foaren: ôfstean fan foech nei de provinsje Fryslân soe neffens it minderheidstânpunt fan it ministearje fan OCW mei de belangen fan it nasjonaal ûnderwiisbelied yn striid wêze. Yn Nederlân is it brûken fan it begryp nasjonaal op lanlik nivo net fertocht (bygelyks Nationale Herdenking 4 mei op de Dam, Christelijk Nationaal Vakverbond), omdat it past yn it steatsnasjonaal tinken. Sa gau as nasjonaal mei it Frysk en Fryslân ferbûn wurdt, is it mis en wurdt

Swingel 31 – septimber 2011

7


der roppen fan „dan ek in eigen paspoart‟, wylst it ryk bygelyks yn 2005 de Friezen as nasjonale minderheid erkend hat. Betinking en takomst fan de kulturele eigenheid fan de Frysk-nasjonale (taal)mienskip wurdt yn it steatsnasjonaal tinken gaueftich sjoen as steatsfijannich en nasjonalistysk. Wa‟t de betinking op it Klif bywennet, wurdt al gau as in frjemde, „ferkearde Nederlanner‟ besjoen. Faaks dat dêrom in protte Friezen de betinking op it Klif mije. Dochs is de Klifbetinking net anty-Nederlânsk. Hy past yn in demokrasy dêr‟t (autochtoane) minderheden ek yn heard wurde, minderheden dy‟t opkomme kinne foar eigen identiteit (taalrjochten). Programma Klifbetinking 2011 Op 1 maart 2010 tekenje de 5 boargemasters fan de nij te foarmjen gemeente Súdwest-Fryslan, kommissaris Jorritsma foar de provinsje en de steatssiktaris fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes in Oerienkomst oangeande Frysk taalbelied. As de fúzje syn beslach kriget, moat ien taalbelied fêststeld wurde. Doel is om in ambisjeus belied te fieren, sadat der sprake is fan foarútgong foar alle boargers. Punt is dat neffens de bepalings fan it Europeesk Hânfêst it besteande nivo fan taalrjochten fan de Fryske taal foar de ynwenners fan in dielnimmende gemeente net ferminderje mei. Sa is yn haadstik II, kêst 7.1b fêstlein dat in nije bestjoerlike yndieling gjin behindering foarmje mei foar de fuortsterking fan de streektaal of minderheidstaal (it Frysk yn dit gefal). No binne der noch ferskillen tusken de fúzjegemeenten, omdat eltse gemeente earder syn eigen taalbelied fêststeld hat. Moat it nije belied no oernommen wurde fan de gemeente dy‟t it fierst wie mei it Frysk taalbelied of krekt net? Sûnt 1 jannewaris 2011 is de fúzje in feit. Op de Klifbetinking fan 24 septimber komme trije sprekkers koart oan it wurd oer dit proses fan harmonisaasje mei as tema: Frysk by weryn-

dielings. As earste kriget Gerben Gerbrandy, âldwethâlder fan Wymbritseradiel en no foarsitter fan de FNP-fraksje yn de gemeente SúdwestFryslân, it wurd oer wat yn en oer de Oerienkomst ôfpraat is. As twadde sil Hayo Apotheker, waarnimmend boargemaster yn de nije gemeente wat sizze oer de fraach nei de ûntjouwings oangeande it Frysk taalbelied yn de fúzjegemeente. As lêste kriget deputearre Jannewietske de Vries (taalbelied) it wurd. Wat is de rol fan de provinsje en wat falt foar oare (fúzje)situaasjes te learen? Der kin ek geniete wurde fan it SULT-koar, dat parten út it earder opfierde keningsdrama Redbad nei foaren bringe sil. Regisseur Pieter Stellingwerf sil ien en oar taljochtsje. Nei de betinking op it Klif is der neipetear mei de ynlieders yn kultureel sintrum De Spylder yn Warns. Net benaud foar eigen skaad Frysktaligen hawwe troch opfieding en ûnderwiis leard om op harren eigen taal en kultuer del te sjen. De taal soe mar in dialekt wêze en boppedat soe it brûken fan it Frysk foarútgong en wolfeart yn ‟e wei stean. In protte Hollânsktaligen dy‟t harren hjir nei wenjen sette, hannelje sa ek en wolle gjin Frysk brûke, mei in berop op it feit dat se yn Nederlân wenje en rjocht op harren eigen taal hawwe. Boppedat soe it Frysk dreech út te sprekken wêze en it soe harren begrutsje om it „mooie Fries‟ te ferknoeien. Is lykwols sa‟n hannelwize net it ûntrinnen fan ferantwurdlikens foar taal en kultuer fan jins mei-minsken? Yn in echte demokrasy giet it oars en wurdt in relatyf lytse befolkingsgroep de eigen taal net ôfnommen troch it near der op te lizzen. Dêrom is it by de kommende betinking fan 24 septimber 2011 swart fan de minsken, want as regear en ynwenners fan dit lân steane wy foar minskerjochten. Net allinne as it om China giet; ek op it Reaklif.

De betinking Slach by Warns op it Reaklif is dit jier op sneon 24 septimber. It begjint om 13.45 oere.

8

Swingel 31 – septimber 2011


De Fryske frijheid: in âld idee yn in ynternasjonalisearre en digitale wrâld (1) Op 13 maaie 2011 – op in feestlike Alde Maaie-gearkomste fan de Ostfriesische Landschaft yn it East-Fryske Loga by Lear (wurdt ek wol Lier neamd) – hold drs. Kerst Huisman yn it Dútsk in lêzing. Hjirûnder folget yn de oersetting fan drs. Sytze T. Hiemstra it foarste part.

Kerst Huisman Frijheid is ien fan de wichtichste ideeën út de minsklike skiednis. In idee, dat minsken oanfjurret en ynspirearret ta ûnfersetlikens, soms tsjin better witten yn. Ta belangeleaze selsopoffering en ta in oangripende heldemoed. De skiednis jout dêrfan withoefolle foarbylden: yn Dútslân, yn Nederlân, yn Europa, yn de wrâld. Frijheid is net sûnder mear frijheid. Wy moatte ús altiten ôffreegje wêrfoar, wêrta en foar wa. De Fryske frijheid is in âld idee, mar ik moat der net oan tinke om dy Fryske frijheid, lykas dy funksjonearre yn de Midsieuwen, wer yn te fieren. Ik wol my dêrom hjoed net dwaande hâlde mei de oarsprong fan dat idee yn de Midsieuwen. Ik hoech jimme allinnich mar de ymposante stúdzje yn it ûnthâld werom te roppen, dy‟t yn 2003 ûnder redaksje fan dr. Hajo van Lengen ferskynd is: Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende (Aurich, 2003). It is folle earder myn opdracht om de fierdere ûntjouwing, it fuortbestean fan dat idee yn de tiid nei de Fryske frijheid, te beljochtsjen. Ik sil dat dwaan út Westerlauwersk-Frysk perspektyf wei, mar ek hieltiten wer nei East-Fryslân sjen. En ta beslút hoopje ik in takomstperspektyf te sketsen foar de Fryske frijheid yn in tiid dat de eagen fan de measte Friezen net mear op de Upstalbeam rjochte binne, mar op YouTube, Facebook en WikiLeaks.

Edzard Cirksena en Albrecht fan Saksen

Edzard Cirksena

Der hat in tiid west dat de Fryske frijheid ta politike ûnôfhinklikens liede kind hie, sadat der in moderne soevereine steat Fryslân ûnstien wie, dy‟t alle Fryske regio‟s feriene hie. Dy kâns hat bestien yn de tiid fan greve Edzard Cirksena, dy‟t besocht hat om alle Fryske lannen tusken Hollân en Hadeln te ferienigjen. Destiids hat ek de mooglikheid bestien fan in Fryske foarstesteat, doe‟t Albrecht fan Saksen oansteld waard as Protektor en Gubernator oer Fryslân, dat wol sizze oer it hiele kustgebiet fan Sudersee oant de Deenske grins.

Albrecht fan Saksen

Swingel 31 – septimber 2011

9


It is lykwols iroanysk dat dit besykjen mislearre is troch it ferset fan groepen dy‟t harsels as de wiere fertsjintwurdigers fan de Fryske frijheid seagen, benammen de haadlingen, dy‟t dêrtroch eins, histoarysk sjoen, de wichtichste ferantwurdliken binne foar it ferlies fan de Fryske frijheid. De Friezen binne sûnt Edzard en Albrecht skieden wegen gien. En dêrom sprek ik hjir net yn it Frysk, mar yn it Heechdútsk.

ûndersykje oft Grutte Pier net folle earder in lânferrieder en oarlochsmisdiediger wie. Hy gyng yn frjemde kriichstsjinst (de hartoch fan Gelder) en syn optreden tsjin boargers en kriichsfinzenen wie sûnder mis wreed.

Grutte Pier

De polityk organisearre mienskiplike frijheid wie ferlern, de politike ûnôfhinklikens bestie allinnich fierder yn East-Fryslân en soe letter ek yn Westerlauwersk Fryslân en Grinslân weromkomme, yn it ramt fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen. Wichtich is yn alle gefallen ek dat de Fryske frijheid as idee fierder bestie. En dat late derta dat fan de ein fan de Midsieuwen ôf it idee fan de Fryske frijheid, oarspronklik droegen troch de haadlingen, troch oare maatskiplike groepen oernommen waard. Grutte Pier Bekend is it gefal fan Grutte Pier fan Kimswert, dy‟t mei it biedwurd „Frij en Frysk‟ dyjingen bestriidt dy‟t er as fijannen fan Fryslân sjocht. Hy is yn Westerlauwersk Fryslân in folksheld, mar jo kinne dêrby wol betwivelje oft de anekdoaten dy‟t oer him ferteld wurde, echt wol út de sechstjinde ieu stamje en net benammen betinksels binne út de njoggentsjinde ieu. Doe moast Fryslân, dat yn 1798 syn politike selsstannigens ferlern hie, ommers yn de Nederlânske ienheidssteat fannijs syn identiteit útfine foar de dominearjende provinsje Hollân oer. It soe neffens moderne ynsjoggen wol de muoite wurdich wêze en 10

Tjede Pekes As wy Friezen werklik in held út dy stoarmeftige tiid fine en ferearje wolle, dan is der in echtenien: Tjede Pekes, in jonge frou fan santsjin jier, dy‟t yn 1517 as findeldraachster, dus as strategysk liedster fan de Wurtsater Friezen fallen is yn de slach oan it Wremerdjip yn it lân Wûrsten. Wy witte net in soad oer har. Mar it is bekend dat se as frou folweardich meiprate yn de gearkomsten fan it lân. Wy witte yn alle gefallen ek dat se der net sa útsjoen hat as op de tinkplaat by it haventsje fan Wremen. Sa‟n lange rôk liket my op it slachfjild bysûnder ûnpraktysk ta en se sil ek op in hynder sitten hawwe. Mooglik jout in plaatsje út in film oer Jeanne d‟Arc in folle bettere yndruk.

Tjede Pekes

Want Tjede wurdt ek wol ferlike mei Jeanne. It moarddiedige optreden fan de soldateska fan de Bremer biskop tsjin de Friezen fan it lân Wûrsten en benammen de wrede dea fan Tjede – in soldaat sloech har mei in twahânsk swurd midstroch – wie ûnderwerp fan petear oant oan it keizerlik hôf. Keizer Maximiliaan betreure har dea. De moedige jonge frou hie de mem fan in heldeskaai wurde kinnen, fûn er. Dat Tjede Pekes, want dat is de krekte skriuwwize fan har namme, ieuwen nei har wrede dea bekend stiet as Peckes, mei ck, is te

Swingel 31 – septimber 2011


witen oan in stilisearring en flater út de nazytiid. De bêste kenner fan de skiednis fan it lân Wûrsten, Erich von Lehe, skriuwt har namme hieltiten sûnder c. Pekes is nammentlik Frysk. It betsjut: bern fan Peke. Peke is as namme hjoedde-dei ek yn Westerlauwersk Fryslân noch bekend. It is in flaainamme, ôflaat fan Petrus. It is bekend dat de nazys de regionale skiednis, mitsdat dy oanpast waard oan de nazy-ideology, wol in plakje gunden. Mar dat wie hielendal net yn de geast fan de liedster fan de slach oan it Wremerdjip. Miskien is no de tiid kommen om it bestjoer fan de Tjede Peckes-basisskoalle yn Wremen te freegjen om Tjede har echte Fryske namme wer te jaan, sûnder dy c. Wigbold Ripperda Yn de sechstjinde ieu berôpen boeren, dy‟t har ferdigenen tsjin útlânske hearen, har op de Fryske frijheid, ek yn net-Fryske regio‟s yn de omkriten, yn Drinte en it Iemslân, lykas kalvinisten en striders tsjin de Spaanske almacht dat diene. De Wettergeuzen kamen net tafallich foar it meastepart út de Fryske lannen. Hast klassyk is de útspraak fan de geuzekapitein Wigbold Ripperda, berne yn de Grinzer Ommelannen, dy‟t de ferdigening fan de Hollânske stêd Haarlim tsjin de Spanjoalen late. Hy moast dy stêd oerjaan en waard mei oare ferdigeners ta de dea feroardiele. Foar‟t er ûnthalze wurde soe, sei er op it skavot dat er der grutsk op wie om as frije Fries foar dy stêd te stjerren.

wêze dat de East-Friezen krekt dêrtroch har noch altiten bewust binne fan it idee fan de Fryske frijheid, dat bliken docht út in eigen identiteitskaart – in ludyk idee – en – earstiger bedoeld – út buorden by de autobaan. Erkenning fan de Feriene Steaten De earste stap ta de erkenning fan de Feriene Steaten fan Noard-Amearika yn 1782 troch de Nederlânske Republyk kaam út Fryslân wei en dy stap kin net sjoen wurde sûnder in breed droegen Frysk frijheidsgefoel. De Fryske Steaten joegen opdracht oan har fertsjintwurdigers yn de SteatenGeneraal om John Adams te beneamen ta fertsjintwurdiger fan it nije lân yn De Haach. Adams wie dêr sa optein oer dat er skreau: „The People of that Province have been ever famous for the spirit of liberty.‟ Letter skreau er: „The name of Friesland shall be remembered in America.‟ Adams waard letter presidint fan de Feriene Steaten en dat se yn Amearika Fryslân net wer fergetten hawwe, die bliken yn 1998, doe‟t presidint Bill Clinton in persoanlike lokwinsk stjoerde by it fiifhûndertjierrich bestean fan de provinsje Fryslân. It provinsjaal bestjoer fan Fryslân hat dat gebeart beändere yn 2009 mei it plantsjen fan in beam yn New York.

De Steaten fan Westerlauwersk Fryslân berôpen har útdruklik op de Fryske frijheid, doe‟t se yn 1580 de kant fan Hollân keazen yn de opstân tsjin de wrâldmacht Spanje. Dêrmei wie, sa soe men sizze kinne, de Fryske frijheid wer offisjeel. De Steaten hawwe har dêr as de soevereine machthawwers oer harren gewest tige op foarstean litten. Dat die hieltiten wer bliken út de selsbewuste opstelling fan Fryske politisy yn de Steategearkomsten yn Ljouwert, likegoed as yn de gearkomsten yn de Steaten-Generaal yn De Haach. It feit dat Westerlauwersk Fryslân njonken Hollân in eigen steedhâlderlik hûs krige, kin net sûnder dy selsbewustens sjoen wurde. De Fryske Steateleden seagen Fryslân as in ûnôfhinklike steat. It Easterhuzumer Akkoart fan 21 maaie 1611, wêrby‟t de stannen fan East-Fryslân har âlde frijheden yn in akkoart mei de greve fan EastFryslân fêstlizze, past yn dy tradysje. It kin sa Swingel 31 – septimber 2011

11


Undergong politike selsstannigens Yn 1744 kaam de ûndergong fan de politike selsstannigens fan East-Fryslân, yn 1798 dy fan Westerlauwersk Fryslân. Ut in beskaat konservatisme wei hawwe guon Fryske nasjonalisten de Frânske Revolúsje dêr de skuld fan jûn. Dochs spile it idee fan de Fryske frijheid ek wol in rol yn de beweging fan de patriotten, de foarstanners fan de Frânske Revolúsje, mei syn biedwurd: frijheid, likenens en bruorskip. De radikale patriotten yn Fryslân wiene fûl tsjin de ienheidssteat en foar behâld fan de Fryske autonomy. Mar se waarden yn 1798 oerfallen troch in unitaristyske steatsgreep yn Amsterdam. Nei de Frânske tiid kaam der in Nederlânske ienheidssteat ta stân. It waard in autoritêre monargy, omdat de Britten en de Prusen in keninkryk woene dat in skyld foarmje moast tsjin mooglike revolúsjonêre opstigings yn Frankryk. En Prusen en it keninkryk Hannover brochten foar East-Fryslân amper ûntwikkeling en perfoarst noch gjin demokrasy. Nederlân soe net earder as in ieu letter in demokrasy wurde, mei de ynfiering fan it algemien kiesrjocht foar manlju en froulju yn 1922. Dochs, en mooglik wol krekt dêrtroch, libbe it idee fan de Fryske frijheid fierder, mar it wurke út nei twa kanten: oan de iene kant yn moderne emansipaasjebewegings, oan de oare kant yn in reaksjonêr ferset tsjin moderne ûntwikkelings.

stapten yn Amsterdam sosjalisten op de trein. Se seine tsjin de freonen dy‟t efterbleauwen: „Op nei it earme, mar frije Fryslân.‟ Dat sloech sûnder mis ek op it feit dat twa jier earder mei Ferdinand Domela Nieuwenhuis de earste sosjalist yn it Nederlânske parlemint keazen waard. Dat wie yn it Fryske kiesdistrikt Skoatterlân. Ut de bydragen fan Martin Tielke en Bernhard Parisius yn de al neamde bondel Die Friesische Freiheit haw ik begrepen dat de ferûnderstelde midsieuske Fryske demokrasy model stien hat, yn East-Fryslân alteast, foar de boargerlike demokratyske beweging yn de njoggentsjinde ieu, en dêrmei ek foar it Dútske nasjonalisme dat, yn tsjinstelling ta it nasjonalisme yn de tweintichste ieu, as progressyf te beskôgjen is. Mar tagelyk wie it omtinken foar de midsieuske Fryske frijheid ek oarsaak fan de restauraasje fan âlde ferhâldings en yn de tweintichste ieu sels kontrarevolusjonêre bewegings, sa‟t bygelyks it gefal is mei de Friesenbund, dy‟t nei de revolúsje fan 1918 yn East-Fryslân stifte waard, foaral as ôfwar fan it kommunisme, en yn 1933 yn wêzen oergien is yn it nasjonaal-sosjalisme.

It frije Fryske tinken

Hiel dúdlik yn Westerlauwersk Fryslân is de ynfloed fan it frije Fryske tinken op de jonge sosjaal-demokrasy. De sosjalistyske oanhing wie wat Nederlân oanbelanget, yn Fryslân it massaalst. Fryslân wie in skoftlang it sintrum fan de beweging. Foarmannen as Sam de Wolf en Piter Jelles Troelstra tochten dat de massale oanhing fan it sosjalisme yn Fryslân ûnder mear fuortkaam út de foarstellings oer Fryske frijheid. Der is in anekdoate dy‟t yllustrearret dat soks net allinnich yn Fryslân tocht waard. Doe‟t yn 1890 yn Nederlân de earste Maaiedemonstraasje yn de iepen loft holden waard, dat wie yn Ljouwert, 12

Harro Haring

Dêr stiet wer in ûntwikkeling yn Noard-Fryslân foaroer, by immen as Wilhelm Ludwig Andresen, waans ideaal fan de lytse sosjale en demokratyske mienskip yn de beweging fan de Nasjonale Friezen foar in part ynspirearre liket te wêzen troch syn ûnderfinings mei de Spartakusbund fan Rosa Luxemburg en Karl Liebknecht. De NoardFriezen hiene yn 1848 al de taspraak beharkje kind fan Harro Harring, dy‟t yn dat revolúsjejier, op syn wrâldreizen efkes weromkommend yn syn

Swingel 31 – septimber 2011


heitelân, yn Bräist (Bredstedt) de Noard-Fryske frijsteat proklamearre. Ik mien dat er ek noch op Hilgelân oan it wurd west hat. It út tûzenen minsken besteand auditoarium wie optein, sei tsjin elkoar dat der wol wat ynsiet, en gyng nei hûs. Frijsteaten komme der net mei allinnich in taspraak. Ik soe de dichter Jens Mungard fan Söl (Sylt), dy‟t yn 1940 yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen fermoarde is, ek as fertsjintwurdiger fan dat frije Fryslân rekkenje wolle. Mar der wie yn East-Fryslân ek in Heimatbewegung mei sosjaal-demokratyske trekken, dy‟t benammen sterk wie yn Lear, en dêr‟t minsken as Peter Zylmann en broer en sus Siefkes ta hearden. Hja mienden ek dat frijheid en gelikenens makliker te realisearjen binne yn in lytse ienheid as East-Fryslân as yn it folle gruttere

Dútslân. En doe‟t yn 1933 de frijheid oan de kant skood waard, pleiten East-Fryske nazys by de Upstalbeam ûnder it sjongen fan it Horst Wesselliet foar harren frijdom. Ik sei al: it heart by frijheid nea om in ynhâldleaze frijheid sûnder mear te gean, mar om frijheid wêrta, wêrfoar en foar wa. En ik wit wol, der wiene aardich wat nazys yn East-Fryslân, mar der is ek it hertferwaarmjende ferhaal fan de East-Friezin Menna Steen-Hensmann, dûmnysfrou yn Holthuzen by Wener, sa alderaardichst beskreaun troch Susanne Brandt yn it boekje: Ich bin eine freie Friesentochter: Menna Steen – eine Pfarrfrau im Widerstand gegen den Nationalsozialismus (2003). It twadde, lêste, part komt yn it folgjende nûmer.

drs. Kerst Huisman begûn as ûnderwizer en waard letter sjoernalist. Hy studearre skiednis en skreau ûnderskate publikaasjes oer de Fryske skiednis mei de klam op sosjale ûnderwerpen. Huisman is û.o. aktyf yn de Fryske Rie.

Wêrom in offisjele wurdlist? De Ried fan de Fryske Beweging hat koartlyn yn in brief oan it Provinsjebestjoer bepleite dat it stappen ûndernimt om ta in offisjele wurdlist Fryske taal te kommen. De Ried sleat oan by in Te Gast-bydrage fan Jan Schotanus yn de Leeuwarder Courant fan 8 april fan dit jier en de skriftlike fragen dy’t GrienLinks nei oanlieding dêrfan op 12 april oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten stelde en dêr’t it Kolleezje op 18 maaie skriftlik op reagearre hat. De Provinsje, dy’t yn dit stik fan saken in taak hat, sil it opnimme mei de Fryske Akademy. Neffens it nijsberjocht yn de LC nei oanlieding fan de brief fan de Ried hat de Provinsje dat ûnderwilens al dien. Guon freegje har ôf oft it mei de oersetwurdboeken, de digitale staveringskontrolearder en it twadielige Hânwurdboek Frysk fan 2008 net takin. Wêrom is der neffens de Ried wól ferlet fan in offisjele wurdlist? Wurdboeken binne ûnmisber foar it opsykjen fan de krekte betsjutting en de útspraak fan in wurd en om troch foarbylden sjen te kinnen hoe‟t in wurd brûkt wurde kin. Net oeral wurdt in wurd gelyk útsprutsen. De Fryske wurdboeken jouwe de regionale farianten ek. Dy farianten drage by ta de rykdom fan de Fryske taal, mar tagelyk

foarmje se in swierrichheid foar minsken dy‟t witte wolle wat wol en net Standertfrysk is. Standertfrysk is dy fariant dy‟t it gaadlikst is foar de kommunikaasje mei en yn alle sektoaren fan it publike domein, lykas bestjoer, ûnderwiis en media; dat binne de sekundêre relaasjes, dy‟t fierder geane as de eigen fertroude rûnte. As wy de Woordenlijst Nederlandse taal (it saneamde Groene boekje) as foarbyld nimme, dan sjogge wy dat sa‟n wurdlist him oan de iene kant beheint ta de standerttaal en oan de oare kant in tal útwreidings hat dy‟t foar de brûker noflik binne en dêr‟t er krekt ferlet fan hat. Sa meie wy fan de Fryske wurdlist ferwachtsje dat by in haadwurd te sjen is oft it in it- of de-wurd is (yn it lêste gefal ek oft it manlik of froulik is), hoe‟t de meartalsfoarm is (en as der twa mooglikheden binne, dan beide) en de ferlytsingsfoarm. Fan eigenskipswurden wurde de ferbûgings (nij, nijer, nijst) jûn en fan tiidwurden ek (wêze, wie, wiene, wienen, west). By alle wurden is ek te sjen wat de ôffbrekplakken binne (min.ske.ûnt.ear.jend). De wurdlist moat ek digitaal te rieplachtsjen wêze. Fansels moat de staveringskontrolearder Standertfrysk dêrfan ôflaat wurde. Mei dy helpmiddels wurdt it Frysk en de Fryskskriuwers in grutte tsjinst bewiisd.

Swingel 31 – septimber 2011

13


Komt it no klear mei it Frysk yn it (basis)ûnderwiis? De kabinetsreaksje op it rapport fan de stjoergroep Hoekstra is hiel posityf: ‘It moat better! It kin better!’ ‘Mei Fryslân steane wy foar de útdaging om it ûnderwiis fan it Frysk te ferbetterjen’, sa skriuwt it kabinet yn syn brief oan de Twadde Keamer. Geweldich! In folslein oar lûd as wat wy fan De Haach wend binne as it oer it Frysk yn it ûnderwiis giet. Dochs waarden de flaggen net útstutsen. Feroaret der dan net safolle yn de deistige praktyk, sa’t deputearre De Vries yn de parse sei nei oanlieding fan de kabinetsreaksje? Hoe sit it no krekt mei de útstellen foar it oerdragen fan foech oer it ûnderwiis nei de provinsje Fryslân?

Tom Dykstra Rapport Hoekstra (july 2010) De yn maaie 2009 ynstallearre „Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal‟ (nei de foarsitter ek stjoergroep Hoekstra neamd) kriget as taak om op syn lêst op 1 jannewaris 2010 mei konkrete útstellen te kommen. It duorret noch oant 3 maart 2011 foardat it advys Fries in het onderwijs: meer ruimte , regie en rekenschap voor de provincie Fryslân oanbean wurdt. Benammen it ministearje fan Underwiis smiet dwerse kneppels en besocht eltse foarm fan oerdracht fan foech nei de provinsje op te kearen. De stjoergroep beheint him yn dit rapport ta de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en advisearret de minister fan Ynlânske Saken om foar de oare beliedsmêden in nije stjoergroep yn te stellen.

mr. Rein Jan Hoekstra Oanbefellings Twa oanbefellings dy‟t de stjoergroep docht, gean ik hjir op yn. 1. It foech om it fêststellen fan de kearndoelen Frysk foar it primêr en it fuortset ûnderwiis oan Provinsjale Steaten oer te dragen op betingst dat de kearndoelen draachflak hawwe yn it 14

ûnderwiisfjild en dat it ûnderwiis yn de Fryske taal it lykwicht yn it folsleine ûnderwiisoanbod net oantaaste mei. Wat it earste oanbelanget moat Deputearre Steaten oer in ûntwerp fan kearndoelen oerlis hawwe mei de fertsjintwurdigers fan it primêr en it fuortset ûnderwiis yn ús provinsje. Om oan de twadde betingst te foldwaan is advys nedich fan de minister fan ûnderwiis. Mei oare wurden: it Fryske ûnderwiisfjild en de minister fan ûnderwiis hâlde tafersjoch op wat de provinsje útstelle sil. 2. Deputearre Steaten hawwe no it foech om op fersyk fan de skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis wol of net yn syn gehiel ûntheffing te ferlienen fan de ferplichting Frysk te jaan. De stjoergroep Hoekstra advisearret om ek ûntheffing jaan te kinnen foar in part fan de kearndoelen. Bygelyks net foar mûnling, mar wol foar skriftlik taalûnderwiis yn it Frysk. Yn de taheakke konsept- „Verordening‟ is opnommen dat gjin ûnheffing mooglik is foar ferstean, mar wol foar it praten, lêzen en skriuwen fan it Frysk. Om foar parsjele ûntheffing yn ‟e beneaming komme te kinnen, soe neffens de stjoergroep minder as 5% fan de bern op de skoalle Frysktalich wêze moatte. In bern is ientalich Frysk as 85% of mear fan de kommunikaasje mei it bern yn it Frysk is. De stjoergroep wol nammentlik by it fêststellen fan ien-, twa- of meartaligens fan de bern net allinne útgean fan de thústaal (Frysk of oars), mar ek rekkenje mei de situaasje dat bûten de húshâlding Frysk mei it bern praat wurdt. De provinsje soe dêr in mjitynstrumint foar meitsje moatte. Neffens my krije skoalbestjoeren (yn de gruttere plakken) op grûn fan dy maatwurkprosedueres sa de kâns – as se net Frysk-freonlik binne – om it Frysk safolle mooglik bûten de doar te hâlden.

Swingel 31 – septimber 2011


Minderheidsstânpunt OCW Neffens de fertsjintwurdiger fan it ministearje fan OCW yn de kommisje Hoekstra, de hear R. Bagchus, is desintralisaasje fan it foech om kearndoelen Frysk fêst te stellen net winsklik en yn striid mei kêst 23 fan de Grûnwet en mei de belangen fan nasjonaal ûnderwiisbelied. Hy is bang dat troch sprieding fan it foech om kearndoelen fêst te stellen, it Hollânsk en de oare fakken yn ‟e knipe komme. In hiel âld en faak brûkt argumint om it Frysk op skoalle te kearen. In nij argumint is de stelling dat it foech om it fêststellen fan kearndoelen te desintralisearjen yn striid wêze soe mei de ûnderwiisfrijheid. Skoallen soene ferge wurde om eat te dwaan wat grûnwetlik net mei. Op it earste gesicht liket dat wier, mar Bagchus hat in stôk fûn om de hûn te slaan. De besteande ûnderwiisfrijheid hat neat mei te ûnderwizen talen te krijen, mar jout in groep âlden – wat it bysûnder ûnderwiis oanbelanget – de mooglikheid om it ûnderwiis yn te rjochtsjen neffens harren godstsjinstige opfettings en libbensskôging. Dy frijheid wurdt beheind troch de wetlike easken, dy‟t sawol foar it iepenbier as it subsidiearre bysûnder ûnderwiis jilde. Soe Bagchus gelyk hawwe, dan soe it ferplichte Hollânsk of it Ingelsk ek yn striid wêze mei de ûnderwiisfrijheid, mar dêr hearre wy him net oer. Goed ûnderwiis yn it Frysk heart likegoed as de oare ferplichte fakken ta de saneamde easken fan deugdlikheid.

Bagchus hat gelyk dat it fêststellen fan guon kearndoelen oant no ta fan gjin ien provinsje de taak wie. Mar wêrom soe de Fryske provinsjale oerheid de ûnderwiisfrijheid net respektearje wolle en kinne? Boppedat, as it ryk de ferantwurdlikens foar it Frysk yn de 19e en 20e ieu goed neikommen wie, dan hie it pleit foar foechoerdracht nei Fryslân net nedich west.

Reaksje fan it kabinet (2011) Op 30 juny 2011 stjoert it kabinet in brief mei in reaksje op it yn 2010 ferskynde rapport fan de ûnderwiisynspeksje oer de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk en it rapport fan de stjoergroep Hoekstra. It kabinet lit him daliks fan syn goede kant sjen: „It moat better! It kin better‟ (mei it Frysk yn it ûnderwiis). It brief slút ôf mei te stellen dat dit kabinet de „ambysje hat om de latte fan alle ûnderwiissektoaren heger te lizzen‟ en dat alle bern „rjocht hawwe op ûnderwiis dat it bêste út harren hellet, ek foar it Frysk. Efkes los fan de bylden dy‟t brûkt wurde, soe men sizze, dit wurdt in boppeslach. Mar it probleem is dat in goede situaasje-analyze ûntbrekt en de moaie wurden kinne net ferbergje dat der eins net folle feroarje sil. Soe de Twadde Keamer akkoart gean mei de útstellen, dan kriget de provinsje de drege taak om de measte skoallen serieus oan it wurk te krijen mei it ûnderwiis yn it Frysk, wylst it ryk de provinsje op elts momint weromfluitsje kin.

De útstellen fan it kabinet op in rychje: • De provinsje moat it draachflak foar it Frysk yn it ûnderwiis fergrutsje. De ynset moat benammen rjochte wêze op it meitsjen fan toetsen en de kwaliteit fan de leararen. • De provinsje kriget it foech om op eigen inisjatyf kearndoelen Frysk op te stellen dy‟t rekkenje kinne op draachflak by de skoallen. Deputearre Steaten meie dy kearndoelen net earder fêststelle as dat de minister fan Underwiis dermei ynstimd hat. De wetjouwer bliuwt einferantwurdlik. • De – yn oerlis mei de skoallen – troch de provinsje útstelde kritearia foar (parsjele) ûntheffing fan ûnderwiis yn it Frysk wurde oan de minister fan Underwiis foarlein foar goedkarring. Bagchus kin gerêst wêze. Ljouwert kin sels neat fêststelle sûnder grien ljocht út De Haach. Lykwols, it probleem mei de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis leit him net sasear by it opstelle meien fan de kearndoelen Frysk, mar by it (net) útfieren fan de besteande kearndoelen. Kearn-

Swingel 31 – septimber 2011

15


doelen jouwe oan wat de skoalle op syn minst fan in fak oanbiede moat sûnder de ferskillen tusken de bern út it each te ferliezen. It kabinet seit neat oer it tafersjoch op it útfieringsproses of it moat wêze dat de ynspeksje tenei ek oan de Fryske oerheid rapportearje moat. Oer kontrôle op it ûnderwiis yn de oergong fan iensidich op it Hollânsk oriïntearre nei better twa- of meartalich ûnderwiis dan ek gjin wurd. Soe it komme troch it brief fan de Fryske skoallen oan it kabinet dat se leaver wurkje oan de kwaliteit fan it ûnderwiis as oan mear omtinken foar it Frysk op skoalle? Krekt as soe dat in tsjinstelling wêze. Iepenings Neffens it kabinet krije de Friezen sa maksimale romte om harren ferantwurdlikheid foar it Fryske ûnderwiis te dragen. No tink ik dat sok sizzen slim oerdreaun is, mar der binne iepenings: • De skoallen moatte no mei de provinsje oer it ûnderwiis yn it Frysk oerlizze; • De provinsje kriget de mooglikheid om it inisjatyf te nimmen as it giet oer feroarjen fan de kearndoelen Frysk; • Troch hoeden en fêsthâldend te wurkjen mei parsjele ûntheffing kriget de provinsje de mooglikheid om de skoallen „groeie‟ te litten nei in mear folweardige twa- en meartalige ûnderwiispraktyk. Oer it lêste letter mear. drs. Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis.

Fryske sjongmiddei 16 oktober Snits Alle jierren yn oktober hâldt de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) in grutte sjongmanifestaasje. Dat past dit jier moai yn it Keppelfeest. It sil wêze op sneintemiddei 16 oktober yn de Martinytsjerke fan Snits. Bystien troch de Martenskantorij út Skearnegoutum ûnder lieding fan Sjoerd van der Veen en troch Geart van der Heide as oargelist sille de oanwêzigen sjonge út it nije Lieteboek dat kommendewei is. Moai wat lieten dy‟t dêryn komme, binne al yn it Frysk oerset. Der sil ek songen wurde De gitaar by it boek fan Fedde Schurer, dêr‟t fan ‟t hjerst in nije fersy fan útkomme sil, mei behalven de bekende meldijen fan Louise Godin ek nije meldijen fan hjoeddeiske Fryske komponisten. It mienskiplik sjongen sil ûnder lieding fan Bob Pruiksma stean. Ds. Cor Waringa, foarsitter fan de YKFE, hat de algehiele lieding. De ynrin is fan 15.00 ôf. Dat stiet de kofje klear. It begjint om 15.30 oere en it sil sa‟n oardel oere duorje. De tagong is fergees; by de útgong wurdt in kollekte holden.

16

Swingel 31 – septimber 2011


Taal hearre, sjen en begripe Ed Knotter Taal is yn it foarste plak in sprutsen kommunikaasjemiddel, dat mei tekens op papier ek sichtber te meitsjen is. Yn skreaune foarm kinne wy sjen wat yn sprutsen foarm te hearren is. Skreaune taal makket sprutsen taal lykwols mar foar in part sichtber. Wat makket skreaune taal wol sichtber? Guon sille sizze dat de útspraak sichtber wurdt. De letters symbolisearje ommers de spraakklanken, dat wa‟t wit hokfoar klank by hokfoar teken (letter) heart, kin lêze. Lêze is dus eins „harkje mei de eagen‟, it fokaal ynterpretearjen fan wat sein en dus te hearren wêze soe. Utspraak en betsjutting As it inkeld om de útspraak te dwaan wie, soenen fonetyske tekens foldwaande wêze. Dêr wurdt dúdlik de klank mei oanjûn, mar ek net mear as dat. Fonetyske tekens kin men alle talen fan ‟e wrâld mei lêze, útsprekke wat der stiet alteast, mar dêrmei begrypt men de ynhâld noch net. It saneamde ynhâldlik lêzen is hiel wat mear as it fan papier ôf útsprekken fan wurden.

As men in liet yn in frjemde taal sjongen heart, kin men der wol fan genietsje, al begrypt men neat fan de ynhâld. It is de muzikale ferpakking dy‟t jin foldocht. Guon bûtenlanners skine o sa yn ‟e besnijing te wêzen fan de foardrachtskeunst fan Tsjêbbe Hettinga. Se litte har meinimme troch de swietlûdigens. Mei de wiere betsjutting kin er harren lykwols te fiter hawwe, sa‟t kollumskriuwers soms harren opfetting yn in grappich stikje proaza ferkundigje, alhoewol‟t dy opfetting der winliken net ta docht en it mear om de presintaasje, de literêre fertoaning giet.

Stavering By stavering giet it om mear as allinnich de útspraak. In soad staveringsregels hawwe mei útspraak én betsjutting te krijen. Staverjen moat lykwols net te dreech wurde. Wichtich is dat stavering logysk en begryplik is. It liket faaks ienfâldiger om net mear letters te brûken as nedich is. Wêrom theater bygelyks, as teater ek dúdlik is? Fansels, dy h – oerbleaun út it Gryksk – kin mist wurde.

Yn do moatst wurdt de earste t net útsprutsen. Mar is er dêrom oerstallich? Nee, want krekt mei dy iene letter (dy't net útsprutsen wurdt) kinne wy, alteast op skrift, de notiidsfoarm moatst fan de doetiidsfoarm moast ûnderskiede. Troch de ferbûgingssystematyk komme yn de bûgingsfoarmen fan tiidwurden faak letters foar dy‟t wy net útsprekke. Dy hawwe lykwols in dúdlike funksje en se binne folslein logysk. Elts begrypt dat hy liedt sa skreaun wurdt nei analogy fan hy rint (stam + t). Dy t is noch mear mei te rêden. Yn „doch mar watst wolst‟, „kom mar ast wolst‟ en „ik sjoch datst bliid bist‟ is it persoanlik foarnamwurd do enklitysk brûkt: der falt gjin klam op en yn de foarm fan sto of st wurdt it oan it foarôfgeande wurd fêstplakt. Datst of datsto ûntstiet út datst do. Ferbiningswurden (ûnderskikkende bynwurden en betreklike foarnamwurden) hawwe standert in ’t, útsein as en ek net as it fan himsels al in t oan ‟e ein hat, lykas dat, oft en wylst. Dy apostrof+t is fan de lêste hûndert jier. By de Halbertsma‟s komt dy foarm amper of net foar. It leit yn ‟e reden dat de bûging by de twadde persoan iental efter dy ’t komt. Sa is ’tst in ferkoarte foarm fan datst. De apostrof+t sjogge we yn bynwurden lykas wannear’t, hoe’t, om’t, ear’t, no’t, mei’t, al kinne guon dêrfan ek mei de dat-foarm (omdat, eardat) foarkomme. Hiel lang wie der gjin ienheid yn de skriuwwize fan de ferbinings mei do. Sa waarden doest en doe’tst, dyst en dy’tst trochinoar brûkt. Ien skriuwwize ropt minder fragen op. Dêrom advisearje de Fryske Akademy en de Afûk sûnt koart om it op de ’t- en ’tst-foarm te hâlden as der sprake is fan it ynkoartsjen fan dat en datst. Yn skreaune taal kin dan wol hiel wat ferburgen bliuwe oangeande útspraak en betsjutting, boppesteande foarbylden toane lykwols oan dat taalstruktueren op skrift soms moai dúdlik te sjen binne.

Swingel 31 – septimber 2011

17


It sil net gean as yn Sodom en Gomorra Lytse talen rêde it net mei wetten en goede bedoelingen. Benammen de gebrûkswearde en it tal minsken dat de taal deistich brûke wol, jouwe de trochslach.

Pier Bergsma Doe‟t ik begjin juny in pear dagen yn Eisenstadt wie, sa‟n sechstich kilometer súdeast fan Wenen, moast ik tinke oan Sodom en Gomorra. No hat Eisenstadt neat om benaud foar te wêzen. De minsken binne freonlik. Dieverij of geweld kaam ik net tsjin en de manlju en froulju dienen foar safier‟t ik seach neat wat it deiljocht net ferdrage kin. Wy krije wat langer wat mear minsken dy‟t net grut wurden binne mei it „Wurd fan de Heare‟. Sadwaande hjir in gearfetting fan Sodom en Gomorra. Wy prate oer in pear tûzen jier lyn. It bibelske boek Genesis fertelt dat Lot mei syn famylje yn Sodom wennet. God hat skjin syn nocht fan dy stêd. Dy minsken libje der mar op los. Se steure har oan God noch gebod. Sadwaande komt de Heare sels del, dat die der yn de tiid wol faker, om tsjin Abraham te sizzen dat er fan doel is om beide stêden te ferneatigjen. Duvel, tinkt Abraham, hoe komt it dan mei myn omkesizzer Lot en syn húshâlding? Abraham giet mei God yn ‟e pleit. „Stel no dat der fyftich rjochtfeardigen binne, dan sille Jo dochs net alle minsken deadwaan?‟ „Nee‟, seit God, „dan doch ik dat net. „En as der no fjirtich binne?‟ „Dan ek net‟, seit de Heare. „En as der no tritich binne?‟ Sa giet it mar troch. By tsien doart Abraham net fierder te freegjen. It draait derop út dat God de stêden mei swevel en fjoer ferdylget. Lot en syn famylje ûntkomme. Syn nijsgjirrige frou kin it op de flecht net litte en sjoch om. Dat hie de Heare noch sa ferbean. As straf feroaret se yn in sâltpylder. No sille jo freegje wat soks mei Eisenstadt te krijen hat. Dêr wie ik begjin juny op it jierlikse FUEN-kongres. FUEN stiet foar Federal Union of European Nationalities. It is in belange-organisaasje fan Europeeske minderheden, oprjochte yn 1949 yn Versailles. Der binne in lytse njoggentich organisaasjes út mear as tritich lannen by oansletten, lykas de Ried fan de Fryske Beweging. Op it kongres yn Eisenstadt wienen dizze kear in hûndertfyftich minsken út seisentweintich lannen:

18

Russyske minderheden út Bulgarije, Turkske minderheden út Grikelân, Roma, Kroaten út Eastenryk en Noard-Friezen om samar in pear te neamen. Ien fan de besprekpunten wie it plak fan minderheidstalen. Op papier en neffens wetjouwing hawwe de measte minsken yn Europa rjocht op harren eigen taal. De praktyk wiist oars. Wy witte hoe‟t it giet yn Fryslân mei de strideraasjes oer Fryske plaknammebuorden. Nijsgjirrich om yn Eisenstadt te hearen dat soks net allinne yn Fryslân spilet mar ek yn Burgenland. Dat leit yn it easten fan Eastenryk tsjin de Hongaarse grins oan. Eisenstadt is de haadstêd. Burgenland hat in Kroatyske minderheid en op papier hawwe se rjochten om harren eigen taal te brûken. Yn de praktyk komt der net in soad fan telâne. En dat hat te krijen mei it tal minsken dat ree is en brûk it Kroatysk. Eltsenien praat Dútsk as earste of as twadde taal. De gebrûkswearde fan dy taal is fansels folle grutter. Yn guon doarpen wurdt Kroatysk praat, mar dat wurdt hieltyd minder. In dilemma foar it bestjoer liket my by hoefolle minsken men noch twatalige foarsjennings hanthavenje moat. By fiifhûnderttûzen grif, ek by fyftichtûzen, as de minsken teminsten net te fier útelkoar wenje, mar hoe komt it by fiiftûzen of by tûzen? It sil net ôfrinne lykas yn dat aparte bibelferhaal. God komt tsjintwurdich net mear del. Boppedat bin ik der wis fan dat Er foar meartaligens is, sjoch it ferhaal fan de toer fan Babel. Mar God noch gebod sil keare kinne dat guon lytse talen it op ‟e lange doer net rêde.

Swingel 31 – septimber 2011


Yn Burgenland ek strideraasje oer plaknammen It jierkongres fan de Federal Union of European Nationalities (FUEN) waard dit jier holden yn Eisenstadt (Eastenryk). Dêr wiene mear as 150 fertsjintwurdigers út 26 lannen hinne kommen. Pier Bergsma fertsjintwurdige de Ried fan de Fryske Beweging.

Pier Bergsma Woansdeitejûn 1 juny. Yn de Wirtschaftskammer fan Eisenstadt is it om acht oere in fleurige boel. Oeral iten, drinken en ynformaasje. In pear Griken triuwe my in gleske ouzo yn de hannen. Se prate Turks. Nea witten dat sokken der wiene. In eintsje fierder stiet Lars-Nila Lasko fan de Sami. Wy soene sizze in Lap. Hy noeget my út om ris nei Sweden te kommen. Christa Hansen, in Dútsktalige dûmny út Denemarken, is krekt nei bûten gien om in sigaarke te smoken. Tichteby de doar haw ik op myn eigen taffeltsje in útstalling makke mei in skaal pipermuntsjes út Dokkum, reklamemateriaal fan „Fryslân marketing‟, de Fryske Akademy, Mercator, en fansels fan de Ried fan de Fryske Beweging mei in pear nûmers fan Swingel, struibriefkes en stikkers „Praat mar Frysk‟. Yn it midden fan de tafel stiet myn flesse bearenburch. Oan eltsenien dy‟t foarbykomt besykje ik in romerke te sliten: „Wir sind hier in Berenburgenland, versuchen Sie es doch, es schmeckt sehr gut.‟ Guon priuwe, lûke wat mei de mûle, twivelje om it troch te slokken en dan sis ik: „You have to take it in one sip.‟ Wy binne hjir meartalich en it Dútske wurd foar „slokje‟ kin ik sa gau net betinke. As se it trochslokt hawwe, jou ik ta dat ik it sels net drink. Jou my mar in glês reade wyn. Foar it rút efter my haw ik myn eigen Fryske flagge ophongen. Yn de hastichheid om alles op ‟e tiid teplak te krijen earst ûnderstboppe, mar gelokkich warskôget buorfrou Antje út Noard-Fryslân my. Nei de wolkomsttaspraak fan de foarsitter folget der in optreden fan in Kroatyske muzykgroep. Dit is de earste jûn fan FUEN, de Federal Union of European Nationalities. It jierkongres is dizze kear yn Eisenstadt, Eastenryk, in sechstich kilometer súdeastlik fan Wenen. It sil duorje oant en mei saterdeitemoarn. De earste jûn is bedoeld om mei elkoar yn ‟e kunde te kommen, de „FUEN-diversity market‟. Sadwaande steane der oeral útstallings fan de dielnimmers. Snobbersguod, tsiis, ynformaasje, tydskriften, sûkelade, drank, der is gjin nee te keap. Der binne dit jier 26 nasjonaliteiten fertsjintwurdige fan Estlân oant Denemarken, fan Sweden oant Italië.

De measte kongresgongers prate Dútsk as earste of twadde taal, mar fan moarntemoarn ôf binne der simultaan oersettings yn fjouwer talen: Ingelsk, Dútsk, Russysk en Kroatysk. De FUEN is oprjochte yn 1949 en bedoeld om op te kommen foar de rjochten fan nasjonale minderheden. Elts jier hat it kongres in oar tema. Foar de 86 Europeeske organisaasjes fan minderheden is it dit jier „Living Diversity‟. Der binne yn dat ramt twa saken dy‟t yn it bysûnder omtinken krije: de taalsitewaasje fan de Kroaten yn Eastenryk en de posysje fan de Roma. As tredde ûnderwerp sil it „Charta für autochtone nationale Minderheiten/Volksgruppen in Europa‟ oan bar komme, sa‟t dat fiif jier lyn fêststeld waard yn Bautzen, Súdeast-Dútslân. Yn dat „Charta‟ binne de grûnrjochten fan de minderheden fêstlein. Op dit kongres sil bepraat wurde wat derfan telâne kommen is. Neist de hûndertfyftich dielnimmers binne der sprekkers, saakkundigen, ministers, leden fan de Europeeske Kommisje en fertsjintwurdigers fan organisaasjes dy‟t mei minderheden en minderheidstalen te krijen hawwe. De oare moarns wurde wy yn de grutte seal ferwolkomme mei muzyk troch in lytse tweintich manlju en froulju mei gitaren, bassen, jûkelilles. De manlju hawwe in wyt oerhimd, in swart fest mei glimmende knopen, de froulju in swarte rok en fleurige omslachdoeken. Op it poadium steane blommen en efter de muzykgroep hinget Jezus oan it krús. Hy lit de holle wat hingje, mar dat komt grif net fan de muzyk, want de groep sjongt

Swingel 31 – septimber 2011

19


in fleurich ferske. Sa no en dan roppe hja: “Hoi, hoi, hoi”. Fierder ferstean ik der neat fan. Ut de wolkomstwurden fan de foarsitter blykt dat er bliid is dat wy der binne. Wy hiene net oars ferwachte. Dêrnei giet er koart yn op in pear aktuele saken lykas it oppakken fan Mladic, de mûlripens fan boargers, net allinne yn Europa, mar no ek al yn de Arabyske wrâld. De wrâldwide finansjele problemen komme ek oan bar. Dat lêste is gjin tafal, liket my, want de sinteraasje fan de FUEN jout te tinken en dat probleem sil freedtemiddei yn de „Delegiertenversammlung‟ oan ‟e oarder komme. De posysje fan de Kroaten yn Burgenland is it ûnderwerp fan dizze moarn. Dat liket beheind, mar al gau docht bliken dat harren posysje foar in grut part model stean kin foar oare gebieten mei minderheden. Earst wat sifers. Sa‟n njoggen persint fan Burgenland is fan Kroatyske komôf. It giet om in 60.000 – 70.000 minsken. In part brûkt de eigen taal yn de thússitewaasjes, mar hieltyd minder en bûtendoar komt der net folle fan telâne, net yn de skoallen, net yn it gemeentehûs en net op de plaknammebuorden, om mar in pear foarbylden te neamen. It betsjut dat de bern de taal net mear leare en Burgenland eins ientalich Dútsk wurdt of al is. De sprekkers binne it der net mei iens. It giet net om nasjonalisme, mar om rjocht. Kroaten betelje likegoed belesting as alle oaren en dan giet it net oan en lear de beukers in Kroatysk ferske en tink dan dat men as oerheid genôch docht. Wetten by it soad, mar praktyk, ho mar. Oan it foarljochtingsmateriaal leit it net, mar dat is foar it grutste part „window dressing‟. Eastenryk docht in soad oan „Naturschutz‟, mar foar de bedrige minderheidstalen is dúdlik minder omtinken as foar de planten en de dieren. Ik begryp de soarch en de krityk, mar it sil neffens my net ienfâldich wêze foar it regear om oan de wetjouwing te foldwaan. Miskien is it omslachpunt al berikt. Ik bedoel dat der te min minsken binne om it Kroatysk yn Burgenland yn 20

stân te hâlden. Wetjouwing en goede wil fan de kant fan it regear soe wolris net genôch wêze kinne mei sa‟n lyts persintaazje minsken dy‟t de taal prate. It giet mei talen lykas mei planten en dieren. Dy oerlibje net yn in ûngeunstich miljeu. Dêr sil de resolúsje oer de „Rechte‟ op it mêd fan „sprachlichen und kulturellen Vielfalt‟ dy‟t wy freedtemoarn grif oannimme, net folle oan feroarje. Sjoch ek myn kollum oer Sodom en Gomorra yn dit nûmer fan Swingel. Al mei al docht de sitewaasje fan de Kroaten my yn ‟e fierte oan myn eigen doarp Hurdegaryp tinken. Doe‟t wy dêr jierren ferlyn kamen te wenjen, waard der troch in soad âlden Frysk praat, mar hja brochten harren bern yn it Hollânsk grut, want dêr kin men Wolvegea foarby ek mei telâne. Wy hawwe der nea oan meidien. De iene soan wennet yn Delft en de oare yn Rotterdam en se rêde har goed.

In oar ûnderwerp dat op it kongres wiidweidich oan ‟e oarder komt, is de posysje fan de Roma yn Europa. Aktueel, benammen troch de polityk dy‟t Frankryk op it stuit fiert om Roma oer de grins te setten. Om mar net te praten oer de sitewaasjes yn East-Europa. De problemen fan diskriminaasje, wurkleazens en mank oan skoalling komme oan ‟e oarder. Ik haw it der net sa op. De problemen binne al jierren dúdlik en dat men net diskriminearje mei, is eltsenien it grif mei iens. It hat neffens my gjin doel om noch langer te praten oer de problemen, rapporten te skriuwen en konferinsjes te belizzen, as der gjin dúdlik sicht is op in oplossing, benammen foar Roma sûnder fêst wenplak. Ik kom al jierren yn Frankryk en sjoch mei eigen eagen hoe‟t it folk dêr yn caravans wennet op de ôfgryslikste plakken, meastal sûnder foarsjennings. It is fansels maklik om op in stoel yn Burgenland praktyske oplossingen te betinken. Neffens my sil de oplossing komme moatte fan Europa, want it is in Europeesk probleem. It giet net oan om de minsken oer de grins te stjoeren en

Swingel 31 – septimber 2011


sykje it mar út. It liket my ta dat alle Europeeske lannen yn mienskiplik oerlis ta binende en praktyske ôfspraken komme moatte, dy‟t fierder geane as „Hilfe zur Selbsthilfe und im Dialog auf Augenhöhe‟ mei as taheakke „Nicht über uns, sondern mit uns‟. It binne moaie wurden út de moasje dy‟t sûnder beswier oannommen wurdt. Mar wat sil dat yn de praktyk betsjutte? Tusken de middei haw ik der mei ien fan de froulju fan de Roma-mienskip oer praat. Eltsenien wit dat it sûchdier minske derfan hâldt om derop út te gean. Sa hawwe minsken tsientûzenen jierren ferlyn út Afrika wei it oare part fan de wrâld befolke. De oerfolle kempings yn de simmer tsjûgje fan dyselde ûnrest. Mar sil der in oplossing komme foar it probleem fan de Roma, dan moat it ferbean wurde om noch langer yn in caravan te wenjen en dêrmei te reizgjen. Roma moatte ferplichte wurde om op termyn in hûs te hawwen yn in stêd of doarp nei eigen kar. Dat betsjut dat, ferspraat oer it lân, wenromte oanbean wurdt. Fan dat stuit ôf wurdt wurk ferplichte. Dat sil foar de measten in baan mei subsydzje betsjutte. It seit himsels dat de bern nei skoalle gean. Soe dy strategy folge wurde, dan binne oer in tal jierren de problemen oplost. Spitigernôch haw ik dêr op it kongres neat fan heard en ek gjin oare oplossings. It soe wêze kinne dat guon minsken fine dat myn opfettingen te fier geane. „Minsken hawwe dôchs it rjocht om op harren eigen wize te libjen‟ en soksoarte fan ûnnoazel praat. As dat de polityk bliuwt mei alle negative konsekwinsjes, hâld dan op om oer de Roma te skriuwen of te praten. En dat soe spitich wêze, want it kin sa net langer yn ús rike lannen. It is in skandaal dat minsken sa libje moatte of wolle. Ik hie twivel oft de kreaze jonge Romafrou it mei my iens wie. It kongres wie tige goed organisearre. De Wirtschaftskammer hat in grut kongressintrum mei hotelakkomodaasje, in eigen restaurant en

De kaart fan Europa mei spjelden fan de dielnimmers

kongresromte. Moarns, middeis en jûns wie der in buffet. Foar de minsken dy‟t har foarnommen hiene om net te folle te iten, binne it drege dagen. Jûns is der ferdivedaasje. Sa geane wy de tongersdeitejûns nei it paleis fan Esterhazy yn Eisenstadt. Hjir hat Joseph Haydn jierren wurke. Op freedtejûn stean bussen klear om ús nei in doarp fierderop te bringen om te harkjen nei Kroatyske muzyk, wylst der froulju omrinne mei flessen wite en reade wyn. Saterdeitemiddeis is der in reiske troch Burgenland, mar omdat ik op ‟e tiid yn Wenen wêze wol, gean ik net mei. Ik kom al jierren op gearkomsten en kongressen. Lykas as oeral en altyd binne hjir ek sprekkers dy‟t harren net wite te beheinen troch harren oan ‟e tiid te hâlden, fraachstellers yn de seal dy‟t fan gjin ophâlden witte en trochjeuzelje. De foarsitter wol sa raar net en doar it net oan en ûntnim sprekkers it wurd. Nei warskôgings ek net. It betsjut dat guon minsken nei oeren harkjen yn oare talen de seal ferlitte omdat har de holle sûzebollet. De freedtemiddei is bedoeld foar de „gedelegeerden‟. Dat binne de fertsjintwurdigers fan de organisaasjes dy‟t de kontribúsje betellen en sadwaande stimrjocht hawwe. Dêr wurde ferskate resolúsjes besprutsen en oannommen, oer de Roma, oer de plaknammen yn Eastenryk, de rjochten fan Aromanen yn Roemenië, Turken yn Grikelân, Sorben yn Dútslân, it Karachay yn de Kaukasus en Deenske skoallen yn Dútslân. In pear fertsjintwurdigers fan de Dútsktalige minderheid yn Ruslân woene noch in resolúsje foar mear rjochten yn stimming bringe. De resolúsje wie net op ‟e tiid yntsjinne. Sadwaande hie it bestjoer gjin tiid hân om ien en oar ta te rieden. It woen de resolúsje dan ek net yn stimming bringe. Tige begryplik neffens my. Wol is tasein om fierder oer te lizzen. Ien fan de wichtichste resolúsjes gong oer it ferheegjen fan de kontribúsje dy‟ t de ferskate organisaasje ôfdrage. De Ried fan de Fryske Beweging jout jierliks 1250 euro. Dat is genôch om stimrjocht te hawwen. Lytse mienskippen kinne net altyd betelje wat frege wurdt. It foarstel om de kontribúsje fan de grutte organisaasjes yn prinsipe nei 3000 euro te ferheegjen, kaam der sûnder wjerstân troch. Der wiene mar in pear op tsjin. It liket my dat de posysje fan de FUEN der yn de takomst net makliker op wurde sil. Op dit stuit jouwe benammen Schleswig-Holstein, Súd-

Swingel 31 – septimber 2011

21


Tirol en Saksen in soad jild oan de organisaasje, mar as dat fuortfalle soe, sjocht it der net bêst út. Foar de minsken dy‟t der graach mear fan witte wolle is by de Ried it folsleine progamma fan dokuminten en resolúsjes yn te sjen of te lien.

mienskiplik treffen is ek geunstich en eins ûnmisber om saken fan mienskiplik belang op de wurklist te krijen. It wie dan ek in slagge kongres.

De FUEN is in wichtige organisaasje op it mêd fan wetjouwing en rjochten foar minderheden. Der binne goede ferhâldings mei de Ried fan Europa en de Europeeske Kommisje. It

It Bûsboekje 2012 leit foar jim klear! De redaksje fan it Bûsboekje hat wer wat út ‟e wei set: in nij, folweardich bûsboekje, alhiel yn de Fryske taal: in unyk produkt. It Bûsboekje 2012 hat diskear in licht en luchtich tema: „koekjebakker‟. Der steane ynterviews yn mei twa echte bakkers en mei in grut koekjefabryk, it befettet resepten en alle wiken in bakkersiswize. Dêrnjonken is der âlderwenst ek in oersjoch fan alle organisaasjes dy‟t krewearje foar it Frysk en de Fryske kultuer. De korrekte stavering fan de nammen fan alle Fryske plakken kin men der ek yn fine. Lyts genôch foar yn ‟e binnenbûse en grut genôch foar oantekeningen. Alle dagen fan ‟e wike oersichtlik yn byld as it boekje iepenleit. En dat mar foar € 6,–. De bûsboekjes binne te besetten yn de boekhannels rûnom yn ‟e provinsje en by sechstjin bakkers yn de doarpen dêr‟t gjin boekhannel is. Der binne sels fjouwer ferkeappunten yn ‟e stêd Grins en ien yn Roan (Roden). Eventueel kin it ek besteld wurde mei help fan busboekje@gmail.com.

In tip In Swingellêzer seach yn de Friezetsjerke yn Rome in lektuertrôge. Toeristen ûntdogge har dêr fan boeken tydskriften en skewiele dêr oaren mei. Hy seach dêr it tydskrift „De Moanne‟ by lizzen en tocht doe: hie ik dat witten, dan hie ik dêr de Swingel moai by lizze kinnen. Mochten jo dêr ek ris komme (of earne oars), dan is dat faaks in idee foar jo!

22

Swingel 31 – septimber 2011


Riuwe Ynstjoerd Geregeld skriuwt Ed Knotter yn ‟e Swingel nijsgjirrige stikjes oer taal. Tige aardich en learsum. Mar syn útlis by it wurd riuwe yn Swingel 30 is der by troch. Yn de Wâlden is riuwe yndied tige hiem mar dan as namme foar in stik boere-ark om gers en hea mei byinoar te swyljen. Ik haw it oer de tiid dat masinen it hânwurk noch net oernommen hiene. Ids Wiersma hat in prachtich skilderij makke dêr‟t swilers en swylsters op steane dy‟t drok mei de riuwe yn ‟e slach binne. Men kin it swiere bealgjen fan dy haaiers (ja, ik kom út de Wâlden) ûnder de gleone sinne hast taaste en fiele (Ids Wiersma, Tekenje foar Fryslân, 1978). De riuwen dy‟t op dat skilderij ôfbylde binne, binne perfoarst gjin túnklauwers. Dat it wurd riuwe ûntliend wêze soe oan it Tukkersk, sa‟t Knotter suggerearret, wol der by my net yn, om‟t it Frysk en dus ek it Wâldfrysk folle âlder is as dat Leechsaksyske, Twintske dialekt. Nei alle gedachten binne riuwe en de ôfliedings dêrfan hiem by al it folk yn dizze hoeke fan Noardwest-Europa. Knotter skriuwt dat riuwe net bekend is yn it Klaaifrysk. Dat sil neffens my minder te krijen hawwe mei wol of net Twintske ynfloeden, mar mear mei it fersille reitsjen fan dat wurd yn it Klaaifrysk ûnder ynfloed fan it Hollânsk. Sa‟t wol mear Fryske wurden ûnder ynfloed fan it Hollânsk yn it Klaaifrysk weiwurden binne en dy‟t yn it Wâldfrysk bewarre bleaun binne. Tink mar oan it Klaaifryske: hij, wij, sij, wylst yn ‟e Wâlden noch altyd kreas hy, wy en sy sein wurdt. Oldert Piersma

Swingel 31 – septimber 2011

23


De wrâld en Fryslân (3) Oldert Piersma Pro en anty, diskriminaasje en ferset De hâlding foar it Frysk oer rint nochal útien. Fan sterk anty-Frysk oant poer pro-Frysk. Ik neam hjir in pear kearnbegripen fan dat spektrum. Lykas rûnom steane de measte minsken ek yn Fryslân neutraal of sels ûnferskillich foar in taal oer. Salang‟t der foar harren gjin needsaak bestiet om har mei eigen of oarmans taal dwaande te hâlden, sille se der troch ‟en dei net by stil stean. In taal is in gebrûksfoarwerp dat men nedich hat foar de kommunikaasje mei oare minsken. Hokfoar taal men dêrfoar brûkt is eins net fan belang. De eigen taal hat men fan thús meikrigen en is yn ‟e grûn fan de saak net mear as in sentimint út de bernetiid. Frysktaligen ûnder harren drage ek noch it oadium mei fan praters fan in minderheidstaal. Konfrontearre mei in dominante taal sille dy minsken har dan ek maklik ferbrekke. As der gjin hurde needsaak foar is, sille de „neutralen‟ gjin striders foar it Frysk útmeitsje. It tekoart yn de ûnferskillige hâlding foar jins eigen taal oer is fansels, dat in taal mear is as allinnich in kommunikaasjemiddel of allinnich mar in systeem fan wurden en grammatikale regels. Taal jout in diminsje oan de geast om jins alderdjipste emoasjes en jins alderyndividueelste gedachten uterje te kinnen. Mar om soks te kinnen moat men „yn in taal libje‟ en men libbet it bêst yn jins eigen memmetaal. Al minder neutraal foar in taal oer neam ik de oanhingers fan de „natuerlike ûntjouwing‟. Minsken mei dy opfetting miene dat in taal syn eigen, spontane gong giet. De idee is dat in taal in proses ûndergiet fan opgong en bloei, mar ek fan delgong en ûndergong. Dus ek it Frysk. It Frysk rekket langer syn oanhing kwyt en dus sil it op ‟en doer weiwurde, is de redenearring. It is in natuerlik proses, faaks spitich, mar in „Werdegang‟ dêr‟t net folle oan feroare wurde kin. Sa giet it no ien kear yn de wrâld. Talen komme op en reitsje wer fersille. De oanhingers fan dy teory binne dan ek fan betinken dat foaral gjin aksjes om it Frysk keunstmjittich yn stân te hâlden ûndernommen wurde moatte, lykas subsydzjes en oare „foarrjochten‟.

24

It tekoart yn dy redenaasje is, dat de op- en ûndergong fan in taal mar al te faak it gefolch is fan machtspolityk en de dêrmei gearhingjende politike masinaasjes. En dêr sit fansels neat „natuerliks‟ oan. In foarbyld dêrfan is bygelyks it Nederdútsk. Yn de midsieuwen makke it Nederdútsk as taal fan de Hanze in grutte bloei mei. It Nederdútsk lykwols rekke ûnder fuotten doe‟t de Hanze yn ‟e nederklits rekke. De opkommende Dútske steaten namen de macht oer en mei har de kânselarijtaal, it Heechdútsk. Lyksa fergong it it Oksitaansk, in taal dy‟t yn in grut part fan Súd-Franryk praat waard en noch wurdt. Nei de ferovering fan dat gebiet troch de Frânske keningen krige it Frânsk dêr de oerhân en waard it Oksitaansk tebekkrongen. Yn Fryslân is it net oars. De foarrjochten fan it Hollânsk yn de media, yn it bestjoer, yn de skoallen, yn de tsjerken soargje derfoar dat it Frysk yn de ûnderwâl rekket. It Grinslânsk, it Drintsk en al dy oare „autochtoane‟ minderheidstalen sitte fansels yn itselde ferdomboekje. Rjochtstreekse anty-Friezen binne yn en bûten Fryslân ek by it soad te finen, al sille se getalsmjittich in minderheid foarmje. Benammen as sokke minsken mei de Fryske taal konfrontearre wurde, stekke se de stikels op. Men fynt se by de „één volk, één taal‟-oanhingers, mar ek by de hoeders fan it „Hollands (protestants-)christelijk erfdeel‟. De anty-Fryskens docht benammen bliken út it ferset tsjin it Frysk op skoalle, tsjin offisjele Fryske plaknammen, tsjin it Frysk yn it offisium, yn de media, ensafuorthinne. Dat it Frysk yn de media sa min fertsjintwurdige is, seit wat oer it ferset dêrtsjin. Soks yn tsjinstelling ta in bulte oare lannen dêr‟t minderheidstalen faak en al langere tiid wol in deiblêd en in radio- en televyzjestasjon yn eigen taal ta har foldwaan hawwe.

Swingel 31 – septimber 2011


Wat dogge Friezen trochstrings, as se konfrontearre wurde mei de diskriminaasje fan harren taal? De measten sille har ferbrekke as se Hollânskpraters tsjinkomme om sa in negative reaksje út ‟e wei te gean. Oaren sille „ûnderdûke‟ en op foarhân, bûten eigen hús en hiem harren Frysk farre litte. In minderheid sil de kop derfoar hâlde en Frysk prate wêr‟t soks gaadlik is en it útkomt sûnder dat it konflikten jout. „Die-hards‟ yn de Fryske striid geane fansels ek konflikten net út ‟e wei. In „elite‟ (binne dat de Fryske skriuwers?) sil har boppe in feil begryp as diskriminaasje ferheven fiele en krekt dwaan as bestiet it net. Yn de hege sfearen fan keunst en kultuer is ommers gjin plak foar diskriminaasje. En sa‟t in oar der wol mei te dwaan kriget, sil it wol oan de man/frou sels lizze. Oan de oare kant fan it spektrum kin men in selde ferdieling fan pro-Fryskens fine. Fan „tuike-tuike‟ oant „Frysk blinder‟. De „tuike-tuike‟-oanhingers, de „gematigden‟ wolle it Frysk ek foarút helpe, mar dan kalm oan, net te hurd en net te bot. De oanhingers fan „Frysk blinder‟ wolle neffens harren faak yn ien kear te folle, mar wurde dan al gau as „drammers‟ sjoen. En dan sette de tsjinstanners, Friezen en net-Friezen de stikels op. Fangefolgen dat men krekt de helte minder berikt. Mei lytse stapkes komt men faak fierder as dermei de skerpe bile yn opfleane en ynhuffe, is de idee fan de „tuike-tuike‟-oanhingers. De propagandisten foar de twataligens fynt men ek yn dat skift pro-Friezen. Twataligens is ommers de besteande situaasje yn Fryslân hjoedde-dei. Fryslân is multykultureel, om in modern begryp te brûken. It prinsipe fan de twataligens hâldt yn dat it Hollânsk en it Frysk deselde rjochten hawwe. En mei help fan dy rjochten moat it Frysk in lykweardich plak yn it iepenbier ferkear ynnimme kinne. Dy teory hat lykwols in tekoart. Twataligens, hat de skiednis útwiisd, is net in bliuwende situaasje. It is in oergongsproses fan de submissive taal nei de dominante taal. Twataligens betsjut dat op ‟en doer de ûnderlizzende taal, yn ús gefal dus it Frysk, fersille rekket. In foarbyld fan sa‟n proses fine we yn Grinslân. Fan âlds Fryskpratend kamen de Ommelannen yn ‟e rin fan de jierren stadichoan ûnder de kwint fan de opkommende, Saksyske stêd Grins. Grif hat der in skoftlang

twataligens yn Grinslân bestien, mar nei ferrin fan tiid is it Frysk dêr fierhinne weiwurden. It probleem mei de „gematigden‟ is dat we net mei lytse stapkes foarút geane, lykas hja tinke, mar krektoarsom mei lytse stapkes of sels mei grutte stappen efterútbuorkje. De konklúzje is dan ek dat mei „tuike-oan‟ it Frysk net te rêden is. Dy hâlding hat oars al in lange tradysje yn de Fryske striid. En lyksa de tsjinstelling tusken dizze gematigden en de mear radikalen. Tink mar ris oan it skeel tusken Piter Jelles Troelstra en Lútzen Wagenaar yn de 19e ieu. De radikalen, de Stânfriezen, Frysk nasjonalen of hoe‟t men de mear hurde striders foar it Frysk ek neame wol, hellen en helje almeast harren ynspiraasje út Fryslâns ferline. Fan it „Frisia Magna‟ oant de magyske boarne fan it „Oera Linda Bok‟. Hja beroppe har op de grutte dieden fan de âlde Friezen foar wa‟t frijdom de heechste wet wie. De Fryske Frijdom dy‟t sa sneu ferlern gongen is. En de al ieuwen oanhâldende striid, dy‟t ek harren striid wurden is, om wer wat fan de Fryske frijdom werom te krijen. Of hja beroppe har deagewoan op it feit dat se as Friezen rjocht hawwe op harren eigen, Fryske identiteit en op it minskerjocht om rûnom yn Fryslân it Frysk te brûken. De tsjinstelling tusken „gematigden‟ en „radikalen‟ hinget faak gear mei de fazen yn it emansipaasjeproses fan in minderheidstaal en dus ek mei dy fan it Frysk. Bewuste Friezen en de taalstriders fan de earste oere hawwe in probleem hân. It folk wie al ieuwenlang drok oan it Fryskpraten. Wêrom, sa soene se har ôffreegje kind hawwe, wie der dan net sokssawat as in rike, Fryske literatuer? Sleauwens en selsweismiten moast wol de reden wêze wêrom‟t der salang gjin yntellektuele foarmen fan taalgebrûk yn it Frysk wiene. Striid foar it Frysk wie sadwaande yn it earst in striid fan literêre emansipaasje. Grif mei de idee, as it Frysk yn wurd en op skrift mar op in heger plan brocht waard, soe dat de Friezen op oar mêd ek wekker meitsje út harren sliep fan ûnkunde en ûnferskilligens (Douwe Kalma). Dat dy redenaasje net alhiel strykt mei de werklikheid waard troch de taalmannen yn it earstoan mar amper sjoen. De klam lei op de emansipaasje fan de taal en net bygelyks op de politike emansipaasje fan folk en lân. Dat emansipaasjeproses kin men in tal fazen yn ûnderskiede:

Swingel 31 – septimber 2011

25


1 Nei de teloargong fan de selsstannigens fan Fryslân is út dy tiid op skrift fan it Frysk net folle oerlevere. Wat bewarre bleaun is, binne wat „boertige‟ kluchten, boartlike (toaniel)stikjes, rymkes en in stikmannich brulloftslieten. De minderheidstaal waard yn dy tiid sa‟t skynt net gaadlik achte om „hegere‟ en „djippere‟ uteringen fan minsklik fielen yn út te drukken. It is it tiidrek dat der net folle striid bestie foar de eigen taal. 2 Der kaam dochs wer in tiid dat der „echte‟ dichters opstiene (Gysbert Japix). Guon skriuwers setten har oan it oersetten fan psalmen en (stikken út) de bibel. Soks wurdt faak sjoen as it begjin fan in skreaune taal. Tink oan de betsjutting fan de bibeloersetting fan Luther foar it Heechdútsk en de „Dordtsche Bijbel‟ foar it Hollânsk. 3 De proazaskriuwerij sette útein. Benammen de folksaardige literatuer kaam ta bloei (de Halbertsma‟s). It foardragen en it (amateur-)toanielspyljen yn eigen taal kaam op (Winterjûnenocht). Sadwaande waard de skreaune taal ek mear ferspraat ûnder beskate rûnten fan it folk. 4 De „echte‟ literatuer kriget de skonken ûnder it gat (Jong Fryske Mienskip). De eigen taal kin langer op alle mêden fan it libben brûkt wurde. Parallel dêroan komme der aksjes om de taal maatskiplik oansjen te jaan (nei de Earste Wrâldoarloch) troch de oprjochting fan organisaasjes om de taal te ûnderrjochtsjen en te bestudearjen (Afûk, Fryske Akademy). 5 Yn de lêste faze fan de striid komt de klam mear te lizzen op de politike emansipaasje fan de taal (nei de Twadde Wrâldoarloch). Bygelyks,

26

aksjes foar it Frysk as fiertaal yn riedssealen en Provinsjale Steaten en foar it gerjocht (Kneppelfreed), yn skoallen en yn tsjerken. Aksjes foar Frysktalige (plak)nammen (geveltsje-Frysk). Oprjochting fan de Frysk Nasjonale Partij (FNP). Yn ‟e rin fan it proses docht bliken dat de klam ferskoot fan allinnich in taalstriid nei in mear politike striid. Opfallend is ek dat de striders yn in foarôfgeande faze lang net altyd de folgjende faze meimeitsje kinne of wolle. Benammen de oergong fan de taalstriid nei de politike striid ropt in protte wjerstân op. Sa moast bygelyks Rink van der Velde, ferneamd Frysk skriuwer, neat fan offisjele Frysktalige plaknammen hawwe, en wie Fedde Schurer, in like ferneamd Frysk strider, poer tsjin it oprjochtsjen fan de FNP. Yn in oare minderheidstaal docht him itselde ferskynsel foar. Anne van der Meiden, in ferneamd pleiter foar it Tukkersk, dy‟t ek yn syn taal preket en dwaande is mei in bibeloersetting yn dy taal, wol ek neat witte fan it offisjeel fêstlizzen plaknammen yn it Tukkersk. Dochs kinne we sizze dat wy it oan de radikalen, de trochbiters, de Stânfriezen te tankjen hawwe dat it Frysk sa op ‟e kluten kommen is. Ynstellings as de Afûk en de Fryske Akademy foar de oarloch en Frysktalige radio en televyzje nei de oarloch, wiene der sûnder de fûleindige ynset fan radikale bewegers grif net kommen. Mei in Frysktalich deiblêd is it him oant no ta net wurden. Al hat „Frysk en Frij‟ him in tal jierren as wykblêd oppenearjen kinnen. Dochs moatte we skandernôch konkludearje, sa‟t we boppe sjoen hawwe, ek dizze bewegers kinne it Frysk net fan de delgong behoedzje. Hoe dan wol? Dêr giet it de oare kear oer.

Swingel 31 – septimber 2011


De Ried fan de Fryske Beweging yn it koart

Kolofon

Wa’t yn Fryslân libbet en wennet, hat wat mei Fryslân. Foar de iene is dat it lânskip, foar in oarenien de mentaliteit, de taal, it keatsen, it fee, it silen en neam mar op. Al jierren is der yn Fryslân in organisaasje dy’t him ynset foar it karakter fan Fryslân: de Ried fan de Fryske Beweging.

Swingel is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging en ferskynt fjouwer kear yn it jier: yn maart, july, septimber en desimber.

Wat is de Ried fan de Fryske Beweging? De Ried fan de Fryske Beweging is as oerkoepeling fan in grut tal bewegingsorganisaasjes de belangeorganisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en dy’t har ynsette foar romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. Politike lobby foar it Frysk Op provinsjaal en lanlik nivo wurde aldergeduerigen wetten opsteld en regels útfurdige dy’t streekrjocht of mei in omwei ynfloed hawwe op it Frysk. Al is it somtiden dreech wurk, mar dêr moat op reagearre wurde yn de foarm fan skriftlike reaksjes of ynspraak. Sa hat de Ried yn it ferline mei sukses it omtinken fan de polityk frege foar it beroerde plak fan it Frysk yn it taalûnderwiis oan beukers. Fear yn ’e Broek Alle jierren rikt de Ried, yn gearwurking mei de Fryske Rie, de Fear yn ’e Broek út oan in persoan of in ynstânsje dy’t him opfallend ynset hat foar de Fryske taal of kultuer. Yn 2006 waard de minsken fan ‘Aaipop’ de Fear yn ’e broek stutsen, om’t dy organisaasje mei de muzykfestivals yn Nijlân de Fryske kultuer op in bysûndere wize stimulearret, en yn 2007 Frivius Enerzjy, fanwegen har Fryske útstrieling. Yn 2008 gie de Fear nei Danijel Dizdarevic en Rick Steur, twa nije Friezen dy’t de Fryske taal har gau eigen makke hawwe en op in treflike wize brûke. De Fear wie yn 2009 foar it Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum foar it al jierren leverjen fan in wichtige bydrage oan de Fryske kultuer. De Fryske Reklamepriis It brûken fan it Frysk yn radio- en televyzjereklame wint geandewei mear terrein. Om dat te stypjen hat de Ried fan de Fryske Beweging it inisjatyf nommen om alle jierren in priis út te rikken oan in bedriuw dat him dêryn fan de bêste kant sjen lit.

Redaksje- en administraasjeadres Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert E-post: ynfo@fryskebeweging.nl telefoan en faks: 058-213 89 13 Meiwurkers oan dit nûmer Pier Bergsma, Tom Dykstra, Sytze T. Hiemstra, Kerst Huisman, Ed Knotter, Oldert Piersma, Piety Veldman Redaksje Jan Breimer, ynfo@fryskebeweging.nl Redaksjeried Geartsje Fokkema, Sytze T. Hiemstra, Ed Knotter, Hâns Weijer Foarmjouwing Meindert Tjerkstra Printer Drukkerij Weissenbach BV, Snits Advertinsjeprizen op oanfraach by de administraasje, ynfo@fryskebeweging.nl

Stiperskip/lêsjild Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel fergees yn ’e bus. Stipersjild: € 20,00 jiers. Jongerein oant 25 jier: € 5,00 jiers. Fan 25 jier ôf groeit dat alle jierren mei € 2,50 nei € 20, - it jier. Rekken 1123454 o.n.f. Ried fan de Fryske Beweging, Ljouwert ISSN-nûmer: 15679632

Wolle jo it wurk fan de Ried stypje? Jou jo dan oan as stiper!

Swingel Mei Swingel, it tydskrift oer Fryske taal en kultuer, krije jo trije kear jiers in skat oan ynformaasje yn ’e hûs. Aardige ynterviews, nijsgjirrige berjochten, pittige kollums. Yn Swingel fine jo ynformaasje oer tal fan Fryske organisaasjes. Underskate websiden Behalven www.fryskebeweging.nl, mei ynformaasje oer de Ried sels en oer de oansletten organisaasjes, ûnderhâldt de Ried: www.itnijs.nl, mei in ferskaat oan nijs yn it Frysk, www.goedfrysk.nl, foar help om skreaune teksten flaterleas te krijen en www.euregua.com, mei ynformaasje oer it selskipsspul Euregua! dat by de Ried útkommen is.

It stiperskip kin op elk stuit yngean. Wa’t stiper wurde wol kin har/him skriftlik – ek fia e-mail – oanjaan by de administraasje fan de Ried fan de Fryske Beweging, Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert, ynfo@fryskebeweging.nl. It lêst útkommen nûmer fan Swingel wurdt jo as befêstiging tasjoerd. Foar it beteljen fan it stipersjild wurdt ien kear it jier in akseptgiro stjoerd.

Swingel 31 – septimber 2011

27


Rinsma HiFi = Muzyk = Genietsje Sûnt 48 jier is Rinsma HiFi dwaande mei goede werjefte fan opnommen muzyk. Earst mei Japanske merken mar nei in oriïntaasje yn Ingelân wie it dúdlik dat it Ingelske HiFi wurde moast! Harkje jo thús graach nei muzyk, dan kinne jo by Rinsma HiFi terjochte. Dêr giet it om muzyk en beleaven om hoe‟t it klinkt en net om de technyk of de namme fan it guod. Jo kinne dêr noflik nei in grut ferskaat oan audioguod harkje. Doch it jo oan tiid en jo komme grif út ‟e ried, want it is Rinsma HiFi allinnich nei it sin as jo tefreden binne. Kom oan en jo fine in HiFi-saak sûnder wjergea. Tramtearje jo earen net langer en stin der net mear oer, want

It bêste stik húsrie is in goede lûdsynstallaasje fan Rinsma HiFi!!

Rinsma HiFi De Buorren 27, 8408 HG LIPPENHUZEN telefoan (0513) 46 15 54 e-post: info@rinsmahifi.nl

Rinsma 28

Swingel 31 – septimber 2011


Swingel 31