Page 1

Swingel NÝmer 34 – juny 2012

Ried fan de Fryske Beweging


Fan de redaksje Wurdearre lêzer, Yn dizze jefte sil it in protte gean oer taal, oer taaldiskriminaasje, oer hoe’t wy ideeën staljaan kinne oangeande it mear sichtber meitsjen fan it Frysk yn it deistich libben en oer hoe’t wy har posysje sterker meitsje yn ús mienskip. Jaap van der Bij besprekt it boek dat yn it ljocht jûn is ta eare fan Dr. Bernard Smilde syn 90ste jierdei. Dizze ‘soan fan Fryslân’ fertsjinnet in protte hulde foar syn nea en te ninter ôfnimmend krewearjen foar de ‘promoasje’ fan ús taal ûnder foaral eigen folk. Smilde, dichter, berimer, komponist, hymnolooch en dûmny hat nea de striid oerjûn dy’t rjochte is tsjin de kâldbloedigens fan it eigen folk foar it Frysk oer, benammen binnen de tsjerke. Sels de Dútske Frysktalige tsjerkegongers wist er te oertsjûgjen fan de skientme fan harren Frysk en de logyske needsaak God te tsjinjen yn de taal fan it hert yn stee fan dy fan de holle. Wy winskje him en syn frou hjirby sûnens ta. Meindert Tjerkstra giet yn ‘e pleit foar de ûnderwilens net mear wei te tinken sosjale media lykas Twitter, Facebook, Linkedin en Hyves. De technyske ûntwikkelingen hâlde gjin skoft en wy moatte mei yn dy stream. Hy stelt fêst, dat it hiel heilsume útfiningen binne foar ús taal, want it Frysk op skrift nimt sûnttiid al mar ta. Fryske bedriuwen en organisaasjes plus sljochtweihinne boargers kwattelje der fleurich op los yn it Frysk. De drompel ta Frysk skriuwen wurdt stadichoan leger. In nijsgjirrich artikel fan Pier Bergsma ferhellet fan de Toer fan Babylon, dêr’t de grutte spraakbetizing begûn, en de evolusjonist Darwin, dy’t de wrâld deftich op ‘e kop set hat. Syn konklúzje is in moaienien. Lês mar. Chris van Hes is op ‘e tekst oer it trijetalich ûnderwiis. Dizze foarm fan ûnderwiis is hiel nij, mar slacht o sa goed oan yn Fryslân en dêrbûten. Der wurdt lesjûn yn it Nederlânsk, it Frysk en it Ingelsk. Dêrby krije de bern ek útlis yn dy talen (ynstruksjetaal). De útkomsten binne posityf. De wittenskiplike ûndersiken op it mêd fan meartalich ûnderwiis leagenje it âlde, skynber net út te roegjen, leauwe dat twa- of meartalichheid skealik is foar bern. Fuort mei dy grime doem!

Ynhâld nûmer 34 – juny 2012 Takomst troch taalferskaat Chris van Hes

3

Beweegd mar gjin bewegeger Jabik van der Bij

6

Sosjale media binne goed foar it Frysk Meindert Tjerkstra

8

Twinge of ferliede Jabik van der Bij

10

Darwin en de toer Pier Bergsma

13

Sille wy de buorren ris wat opfryskje?

15

Selskip Euregua

16

City marketing Eric Hoekstra

18

Friezen yn ‘e frjemdte

19

It greide-oerlis fan 5 maaie 2012 Pier Bergsma

20

Eigen en vreemd, meertaligheid in Nederland Pier Bergsma

22

Koart Nijs út it bûtenlân

25

De Ried fan de Fryske Beweging en Tûmba Renze Valk

26

Kopij foar de Swingel 36 (septimber 2012) moat foar 15 augustus nei de redaksje stjoerd wurde: ynfo@fryskebeweging.nl

Lútsen Bakker

Swingel 34 - juny 2012

2


Takomst troch taalferskaat Chris van Hes

Mear foardielen yn de takomst foar learlingen troch meartalich ûnderwiis. In foarbyld út Fryslân. Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat bern dy’t in meartalige opfieding krije, al tige jong trochhawwe dat taal in samling fan ôfspraken is. In gefolch hjirfan is dat se makliker frjemde talen leare kinne, dus fleksibeler yn talen binne, makliker ‘switche’ kinne tusken talen as leeftiidsgenoatsjes dy’t gjin meartalige opfieding krije. “Dêrneist ûntwikkelje meartalige bern in better taalgefoel en kinne se yn trochsneed gauwer lêze. Om’t se in sprutsen sin earder yn wurden opdiele kinne en wurden yn klanken, hawwe se in grutter wurkûnthâld en binne se better by steat harren oandacht te fokusjen. Se binne fan jongs ôf oan wend om te skeakeljen tusken talen en binne dus by steat de taal dy’t op dat stuit yrrelevant is, út te filterjen.” Sa skriuwt Edukative Tsjinstferliening CEDIN yn har brosjuere. Trije talen yn it ûnderwiis Yn 1997 is yn Fryslân in proefprojekt fan de miet gien, dêr’t it prinsipe fan de meartalige opfieding brûkt wurdt as útgongspunt foar in ûnderwiisfoarm: it trijetalich ûnderwiis. Trijetalich ûnderwiis is ûnderwiis wêrby’t trije ferskillende talen (Ingelsk, Frysk en Nederlânsk) as ynstruksjetaal brûkt wurde. Oan dit projekt diene sân ferskillende skoallen mei. Dit projekt wie tige súksesfol en alle sân skoallen hawwe besletten om troch te gean mei it trijetalich ûnderwiis. Hjirút is it Netwurk Trijetalige Skoallen (3TS) ûntstien, dat op dit stuit út 41 skoallen bestiet. De partisipanten fan 3TS krije fergees begelieding op it mêd fan taalûntwikkeling en meartalich ûnderwiis. Dêrneist dogge dy skoallen mei oan it Angliaprojekt. Dat is in projekt, stipe troch EuroSchool en it Europeesk Platfoarm, wêrby’t

learlingen dy’t slagje foar dit projekt, in ynternasjonaal erkend diploma krije. De dielnimmende skoallen krije begelieding en finansjele stipe foar it oanlûken fan in Ingelske taalassistint. Dêrneist krije skoallen dy’t meidogge ek subsydzje foar nei-opliedingsprojekten foar it Ingelsk en it Frysk. Yn 1980 is it Frysk in ferplichte fak wurden yn de provinsje Fryslân. Dêrnjonken hat Nederlân yn 1992 it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ ûndertekene dêr’t Nederlân yn ferplichte is om it Frysk te hoedzjen en noedzjen. Yn 1996 is dat Hânfêst troch de Twadde en Earste Keamer goedkard en dêrnei ratifisearre. Hjirby waarden de Fryske taal en de streektalen Nedersaksysk en Limburchsk erkend op Europeesk nivo, wêrby’t allinnich op it Frysk in grut oantal (48) spesifike maatregels en ferplichtingen út diel III fan dat ferdrach fan tapassing ferklearre waarden. It Frysk wie nammers al yn Nederlân erkend sûnt de jierren fyftich fan de foarige ieu. Underwilens binne de Friezen net allinnich yn Nederlân (sûnt 2005) mar ek yn Dútslân (sûnt 1998) as nasjonale minderheid erkend troch it ‘Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden’. It ramtferdrach omfettet û.o. talige eleminten dy’t it rjocht op it learen en ûnderwizen fan de eigen taal garandearje en it opsetten fan ûnderwiisynstellingen yn de eigen taal stypje moatte soe.

1. http://www.3ts.nl/images/trijetalige-skoalle2011.pdf

3

Swingel 34 - juny 2012


By it trijetalich ûnderwiis spylje trije talen in grutte rol binnen de skoalle. De trije talen wurde net allinnich as fak ûnderwiisd, mar ek brûkt om les yn te jaan by oare fakken. Der is pas sprake fan in trijetalige skoalle wannear’t trije talen yn in bepaalde ferhâlding brûkt wurde as fak- of fiertaal. De learkrêft jout dan bygelyks skiednis, in kreatyf fak, biology of ierdrykskunde yn it Ingelsk of Frysk. Sa kinne Nederlânsk en Frysk brûkt wurde yn de ferhâlding 50/50, 60/40 of 70/30. Ferskillende ferhâldingen yn de ferdieling fan de fiertaal binne mooglik; it hinget ôf fan de kar dy’t de skoalle makket. Foar in trijetalige skoalle is de minimumnoarm: twa deidielen Ingelsk yn de wike as fier- of ynstruksjetaal by oare fakken en/of aktiviteiten. Yn de boppebou komt it Ingelsk derby as fiertaal. Op in trijetalige skoalle moat it Ingelsk yn de boppebou minimaal ien deidiel wyks as fiertaal brûkt wurde. It konsekwint brûken fan de fier- of ynstruksjetalen is tige wichtich. Yn it trijetalich konsept wurdt it Frysk net as in apart fak jûn, mar wurdt it Frysk (en dêrneist ek Ingelsk en Nederlânsk) tapast as fiertaal. Foardielen fan trijetalich ûnderwiis It oanlearen fan mear talen is wichtich foar de ynternasjonale kommunikaasje. Of, simpel sein: de bern moatte har yn binnen- en bûtenlân rêde kinne. Ynternasjonaal wittenskiplik ûndersyk hat kear op kear oantoand dat de basisskoalle omtinken jaan moat oan de memmetaal fan it bern. As dy goed ûntwikkele wurdt, giet it learen fan oare talen folle makliker. Foar bern en foar skoallen biedt it trijetalich ûnderwiis in soad foardielen. Sa binne bern har bewust fan meartalichheid, wurde se taret op in maatskippij wêrby’t it praten fan mear/ ferskate talen in wichtige rol spilet, wurdt it algemiene taalgefoel stimulearre, lêze dy bern ek gauwer en hawwe in better wurkûnthâld. Skoallen krije finansjele stipe en ekstra begelieding as se trijetalich ûnderwiis tapasse yn de skoallen. Dêrneist binne de learresultaten fan learlingen neffens deputearre Jannewietske de Vries sadanich dat: "... de trijetalige skoallen de bêste skoallen fan Fryslân binne.” en: “... elk bern opfange yn syn/har eigen taal, ...ynternasjonale skoallen..., ... fan ús lytsskaligens in foardiel meitsje..., kennisynstellingen sterker meitsje troch mear gearwurking en ferbiningen te liz-

zen mei de ûndernimmers..., goed ûnderwiis..., goed oplate bern..." Rol fan it Frysk Wat de taalbehearsking oanbelanget: 94% fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân kin it Frysk ferstean, 74% praat it ek werklik, 76% kin it lêze en 30% kin it skriuwe (sifers 'Fluchhifking 2011'). Mei dy feiten yn de efterholle is it net mear as logysk en pedagogysk ferantwurde om it Frysk yn de skoalkultuer te yntegrearjen. As it Frysk net yntegrearre wurde soe, waard it bern de kâns ûntnommen om de eigen kultuer te ferrykjen, bewust te wurden fan de eftergrûn dêr’t hja skielk út tinke en hannelje sille en foaral: in ekstra taal te learen. As dat net dien wurdt, hannelet de skoalle tsjin in Ramtferdrach en it Hânfêst, dêr’t yn beskreaun stiet dat it Frysk stimulearre wurde moat en nea yn in mindere posysje set wurde mei. Op it net neilibjen fan it Hânfêst en it Ramtferdrach steane lykwols gjin sanksjes. Dêrneist moat de skoalle pedagogysk ferantwurde hannelje: it trijetalich konsept hat allinnich kâns fan slagjen as in stevige basis lein wurdt foar it learen fan mear talen. Dy basis is de ‘memmetaal’ dêr’t op trochbreide wurde moat. Boppedat is bewiisd dat wannear’t der mear tiid ynvestearre wurdt yn it Frysk, soks gjin inkel negatyf effekt hat op it Nederlânsk. Stoefer noch: oan ’e ein fan groep 8 litte bern in útbalansearre twatalichheid sjen. Sels binnen de skoallen dêr’t Frysktaligen in minderheid foarmje, is it Frysk alsa mear as teplak yn it basisûnderwiis.

Swingel 34 - juny 2012

4


Untwikkelingen en foarútsjoch It konsept fan trijetaligens hat in soad potinsje yn him. Dat sjogge ek de pabû’s. Dêrom beaen Stenden Hogeschool en de Noardlike Hege skoalle Ljouwert fan 10 novimber 2010 ôf in trijetalich programma foar studinten oan. Dy proef wie sa’n súkses dat se yn septimber 2012 oergien binne op it oanbieden fan in trijetalige pabû-oplieding. Fia dy wei wurde studinten oplaat ta eabele learkrêften dy’t bekwaam binne om trijetalich ûnderwiis te jaan. It wurkfjild reagearret posityf op dizze ûntwikkeling en hat oanjûn, dat dy studinten terjochte kinne op ien fan de 41 basisskoallen dy’t trijetalich ûnderwiis jouwe. De tendins past yn dizze tiid fan ynternasjonalisearring. Troch de wei fan it trijetalich ûnderwiis binne skoallen yn Fryslân fersekere fan it ôfleverjen fan learlingen dy’t har prima profilearje kinne yn de wrâld. De krêft fan dizze ûnderwiisfoarm leit yn it kombinearjen fan de betroude lytsskalichheid mei de kânsen fan de ynternasjonalisearring. Wat kin dit foar jo skoalle betsjutte? Yn it boppesteande artikel binne de foardielen

5

fan trijetalich ûnderwiis te lêzen. It trijetalich ûnderwiis is benammen foar skoallen yn Fryslân in nijsgjirrige en foarútstribjende ûntwikkeling sûnt der inisjativen binne ‘om it foech foar taalûnderwiis nei it provinsjebestjoer te heljen’ , en ek sûnt lektoaren roppe om mear trijetalige skoallen. Om in trijetalige skoalle te wurden moat kontakt opnommen wurde mei it ‘taalsintrum’ Frysk. (www.taalsintrum.nl/trijetalige-skoalle. html) Dêrnei kin oansluting by it 3TS folgje. Dêr wurdt it trajekt út ein set, wêrby’t stap foar stap nei in trijetalige skoalle ta wurke wurdt. Wol moat beseft wurde dat soks net in proses fan de iene op de oare dei is. Der moat rekken holden wurde mei faktoaren as OR/MR, skoalplan, oanpassingsfermogen fan de skoalle en it fermidden, de organisaasje, ensafuorthinne. Mar:

Trijetalich ûnderwiis is in grutte stap foarút! Chris van Hes.

Swingel 34 - juny 2012


Beweegd mar gjin beweger? Jabik van der Bij

Yn jannewaris 2012 ferskynde ta gelegenheid fan syn 90e jierdei it boek “Dr. Bernard Smilde, tûzenpoat en trochsetter”. De Ried fan de Fryske Beweging hat, doe’t dêr om frege waard, syn stipe daliks tasein om de útjefte mooglik te meitsjen. It bestjoer fûn dat immen dy’t safolle foar it Frysk betsjut en betsjut hat, sa’n hommaazje takomt. De redakteuren, Jan Breimer en Jan Dirk Wassenaar, hawwe der in skitterend boek fan makke as delslach fan in libben lang wrotten en wramen foar de taal en dan benammen yn en om de tsjerke. It boek lit ferskate skriuwers oan it wurd, elts fan in eigen perspektyf út. Om in pear te neamen: Smilde as ynspirator, Smilde as dichter en berimer, Smilde as hymnolooch en Smilde en de Fryske earetsjinst. It binne fyftjin yn totaal. Ik wol hjir wat fierder yngean op ien bydrage dy’t ticht tsjin de Ried oanleit: Smilde syn plak yn de Fryske Beweging, in bydrage fan Liuwe Westra. Om fuort mar mei Westra syn konklúzje te begjinnen. Syn lêste sin is: “beweegd, mar gjin beweger.” Ik wit net hoe’t it op oaren oerkomt, mar ik fielde dit as in diskwalifikaasje fan it wurk fan Smilde. Om ta syn einoardiel te kommen, sketst Westra de situaasje dêr’t it Frysk krekt foar, yn en nei de oarloch yn ferkearde. Dat wie in tiid dat der noch amper plak wie foar it Frysk yn en om de tsjerke hinne. De opfettings lykas dy fan Van Es, tritich jier dûmny yn Ljouwert en fûl tsjinstanner fan Frysk yn tsjerke, woene der by in protte minsken wol yn. Yn elts gefal kamen de measte Frysktaligen net yn opstân tsjin it ôfwaaid praat fan de man. Earlik sein wurdt my út it fjouwer-en-in-heal siden lange betooch oer Van Es net dúdlik, wat dêr de rol fan Smilde yn west hat. It jout wol in aardich byld oer hoe’t de (Fryske) tsjerkewrâld derhinne lei. De generaasje foar Westra sinent, dêr’t ik mysels ta rekkenje, hat dat sels meikrigen: yn tsjerke wie gjin plak foar it Frysk. Dat fûnen net allinne de liedslju, mar ek de gewoane tsjerkegongers. Smilde hat op syn wize besocht om dêr feroaring yn te bringen. Wa’t de ferhalen oer ds. Minnema yn Garyp ken – dêr yn ‘t wurk foardat Smilde dêr beroppen waard – wit wêr’t it plak foar it Frysk wie: efter de kowesturten.

Swingel 34 - juny 2012

6


Westra skriuwt oer Smilde as jonge dûmny yn Achlum en komt dan ta de konklúzje: “… en dêrmei hie Smilde de wet ferset.” Dat liket my it wurk fan in beweger en net fan immen dy’t allinne mar beweecht, om Westra syn terminology oan te hâlden. Eins begryp ik neat fan Westra syn ‘einoardiel’ as er sels skriuwt dat Smilde, doe’t er mei emeritaat gie “…yn prinsipe oars net as yn it Frysk preke, of der moast in twingende reden wêze.” Wa’t dan fierder de list mei berimings en oersettings besjocht en net te ferjitten de list mei komposysjes, dy moat wol ûnder de yndruk komme fan wat Smilde foar it Frysk beskrept hat. Dan haw ik it noch net iens oer syn wurk foar de Bibel- en Lieteboekoersettings. Westra swaait dêr sels Smilde ek in protte lof oer ta, mar dochs skynt er it te min te finen. It ferwyt is dat Smilde “syn moaiste register ” net faak genôch iepenlutsen hat. Dat is hielendal net te begripen as Westra seit dat Smilde de kânsen fan syn memmetaal yn tsjerke optimaal brûkt, mar it wie neffens Westra net maksimaal. Dit is in wurdspultsje. My wurdt teminsten net dúdlik wat hjir ûnder optimaal en maksimaal ferstien wurde moat. Smilde soe konflikten út ’e wei gien wêze. It wurdt steld mei fraachtekens efter de sinnen en it is út de mûle fan oaren optekene. Yn sa’n gefal soe ik sizze: praat dan mei de persoan sels. En is it immen te ferwiten as dy taktysk is? Temear as Westra fierderop seit: “Bernard Smilde ferstie as gjin oar syn tiid. Mar de tiid fersette die er net. (…) it ideologysk en praktysk fierder helpen fan de Fryske Beweging hat er de man net foar west: beweegd, mar gjin beweger.” Dat oardiel doocht net neffens my. De hiele bondel is ien grut bewiis dat Smilde in beweger wie, dy’t it net allinne by ideololyske skôgings liet mar tagelyk de hannen út ’e mouwen stiek. Foar my is Bernard Smilde in belangrike beweger, benammen op tsjerklik mêd.

Hy fertsjinnet alle hulde en dêr hoecht net sa sunich oer dien te wurden. 1. “It moaiste register” is in term fan Smilde, dy’t in Frysktalige dûmny dy’t derfoar kiest om it Wurd net yn it Frysk te ferkundigjen, ferliket mei in oargelist dy’t it moaste register fan syn ynstrumint ticht lit.

7

Swingel 34 - juny 2012


Sosjale media binne goed foar it Frysk Meindert Tjerkstra Sosjale media hawwe in positive ynfloed op it brûken fan it Frysk. Benammen Twitter en Facebook wurde yn Fryslân brûkt. De Ried fan de Fryske Beweging hat op it stuit mear as tûzen folgers. Sûnt fiif jier binne de sosjale media net mear fuort te tinken. In protte Friezen, ynstellings en organisaasjes hawwe in Hyves, Linkedin, Twitter of Facebook-akkount. Foar partikulieren binne de sosjale media in ynstrumint om mei-inoar yn kontakt te bliuwen. Der wurde foto’s oan elkoar trochjûn en der wurdt praat oer alderhande ûnderwerpen. De sosjale media binne in goed middel om de Fryske taal te brûken. De fraach is: hoe kinne wy hjir bewuster en better mei omgean? Foardielen fan de sosjale media Yn de begjinjierren fan de sosjale media bestie it foaroardiel, dat der in soad ôfwaaid praat tusken siet. Dat foaroardiel is foar hûndert prosint terjochte en dat makket it krekt sa moai. Der wurde dan op bygelyks Twitter in hiele protte ûnsinnige dingen set, dochs binne der genôch foardielen te neamen. Sa brûke lju de sosjale media om in netwurk op te setten. In netwurk dat net allinnich handich is foar it wurk, mar ek foar priveesaken. As jo in fraach hawwe oer likefolle wat: der is fêst in kontakt dat jo helpe kin. Dat is de wichtichste reden wêrom’t Linkedin sa populêr is. Dy sosjale-mediaside is de ferfanging fan it fisitekaartsje. Foar it Frysk is it in wichtige side. In protte minsken en organisaasjes uterje har faak en folle yn it Frysk. Fia Linkedin is it mooglik om de grimelgrammel fan minsken te ûnttiizjen en is it kontakt fluch lein. As in goed idee by de goede persoan telâne komt, dan kin dat bjusterbaarlike risseltaten hawwe. In oar foardiel is dat der nijsgjirrige kontakten ûntsteane fia de sosjale media. Op Facebook en Twitter wurdt der bygelyks redendield oer de polityk. Minsken dy’t inoar net kenne, komme mei-inoar yn diskusje. Dy kontakten kinne útgroeie fan firtuele ta echte freonskippen. Foar bedriuwen en organisaasjes is sok kontakt hiel weardefol. It binne potinsjele keapers fan guod, mar it binne ek potinsjele leden fan frijwilligersorganisaasjes. Op Facebook binne Frysksinnige organisaasjes warber. De grutsten binne: De Freonen fan Omrop Fryslân, de Praat mar Frysk aksje fan de Afûk en de Ried fan de Fryske Beweging. De bekendheid fan dizze organisaasjes waakst trochdat se aktyf binne op Facebook. Se lokwinskje bygelyks minsken op harren jierdei en besykje persoanlik kontakt te lizzen. It byhâlden fan de sosjale media nimt in soad tiid. ‘Stille siden’, siden dy’t de mûle net reppe, wurde net mear besocht en bliede dea. Mar de tiid dy’t der yn stutsen wurdt, komt dûbeld en dwers werom. It doel fan bygelyks de Fryske Beweging is om mear minsken ‘oan it Frysk’ te krijen. Fia de sosjale media bart dat troch de minsken te ferlieden. Troch prikeljende útspraken, foto’s of siswizen te pleatsen, begjinne minsken Frysk te skriuwen. Dat is net it geefste Frysk dat der is, mar it is likegoed wol Frysk. Foaral de jongerein is net skruten om Frysk te skriuwen. Hja skriuwe it fonetysk op en it kin harren neat skele oft der flaters yn sitte of net. Troch dan allinnich op de ynhâld yn te gean en net op de foarm, sil der nea in drompel ta Frysk skriuwen komme. Wat mear oft de jongerein Frysk skriuwt, wat better oft it giet.

Swingel 34 - juny 2012

8


Troch de foto’s en ôfbyldings en de reaksjes fan de minsken wurdt de hâlding foar it Frysk oer better. Dat is benammen de krêft fan de Praat-mar-Frysk-aksje fan de Afûk. Troch freonlike berjochten te pleatsen dy’t immen glimkje lit, komt it Frysk yn in better deiljocht te stean. De Ried fan de Fryske Beweging en de Praat-mar-Frysk-aksje hawwe itselde doel, te witten: de minsken ferliede ta it brûken fan Frysk. Fansels is der ek noch in twadde doel: a. mear minsken derta oerhelje om kursussen Frysk te folgjen en b. mear stipers winne foar de Fryske Beweging. In wichtige taktyk is it trochstjoeren fan minsken nei de siden fan de belanghawwende organisaasjes. Grutte teksten kinne net op Facebook en Twitter pleatst wurde, mar in link oanbringe nei de websiden kin wol. Dat leveret hûnderten sjoggers it berjocht op. Fansels binne der ek neidielen te neamen It kontakt tusken de minsken is in sabeare-kontakt, firtueel en dus net echt. Minsken kinne better ‘echt’ mei inoar prate as dat se dat fia de kompjûter dogge. Der is noch gjin bewiis dat minsken better Frysk prate troch de sosjale media. Dochs steapelje de bewizen har op dat minsken oars begûn binne te tinken oer it Frysk, positiver, en dat soe mei te tankjen wêze kenne oan de sosjale media. Sa is der in pear wiken lyn in Fryske Twitterdei organisearre troch de minsken fan de Praat mar Frysk Aksje. Dy aksje wie in daverjend sukses. De hiele dei troch hawwe minsken yn it Frysk twittere. Sa bot sels dat it yn de top tsien fan trending topics stie, in soarte fan ranglist fan dy dei. Wy hoege der net yn te leauwen dat al dizze minsken no trochgeane mei yn it Frysk te twitterjen, mar se tinke der wol oer nei! Hoe no fierder It soe moai wêze as der yn de kommende tiid mear oparbeide wurdt tusken de gruttere ynstellings en organisaasjes. Hja kinne inisjativen fan lytsere organisaasjes ûnder de minsken bringe. Dêrmei kinne se in positive bydrage leverje oan it Fryske lânskip. Der barre safolle moaie dingen wat de Fryske taal oanbelanget. Mar faak bliuwe se hingjen by mar in lyts oantal minsken. Troch de sosjale media te brûken kinne der no kloften minsken weet fan krije.

9

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 15 24

Top 10 Twitter 1-05-2012 Omrop Fryslân Lutz Jacobi 11StedenNWS Omrop Fryslân (twadde akkount) Praat mar Frysk Piepschuit Klaas Jansma De hûnekop Snitterje Smelles Ried fan de Fryske Beweging It Nijs

Folgers 8127 4989 3695 3393 3054 2405 1666 1595 1428 1271 1162 982

Persintaazje Frysk 96.3 5.7 7.8 62 67.2 6.9 48.8 45.1 27.0 6.7 91.6 91.6

1 2 3 4 5 6 7 8 9 10

Fryske organisaasje/ pagina’s dy’t aktyf binne op Facebook 1-05-2012 Freonetal/tal minsken lid fan pagina Freonen fan Omrop Fryslân 4998 I love Fryslân 3352 Leeuwarder Courant 3063 Praat mar Frysk 2732 Froeks 2180 Ried fan de Fryske Beweging 2069 Keatsbûn KNKB 1204 It Nijs 1203 Interfrisian community 442 Tresoar 195 Swingel 34 - juny 2012


Twinge of ferliede? Jabik van der Bij

Bewegers wurde troch in protte Friezen fuortsetten as lju dy’t jo net hielendal foar fol oansjen kinne. It binne djipfriezen, drammers oftewol trochdriuwers dy’t in bytsje bûten de werklikheid steane: altyd it fingerke omheech en op alle slakken sâlt lizze. It binne fan dy evangelisten en wrâldferbetterders dy’t eins net fan dizze tiid binne. Dit byld, hjoeddedei faak imago neamd, skrikt guon ôf om foar it Frysk op te kommen en de eigen taal safolle mooglik te brûken, ek al fine se dat se dat eins wol wat konsekwinter dwaan koenen, mar jo wolle net yn jo fermidden foar ‘drammer’ útmakke wurde. It is te ferlykjen mei oare groepen dy’t har earne foar ynsette, tink oan lju dy’t noed steane foar it behâld fan it lânskip, duorsume energy ensfh. Troch guon wurde se foar natoerfetisjisten útmakke, dêr’t jo jo net te folle fan oanlûke moatte. Se keare de foarútgong mar op mei har ferset tsjin it oanlizzen fan fjouwerbaansdiken. As toppunt fan har gekkichheid wurdt dan steefêst de Noarske wrotmûs derby helle, dy’t troch syn oanwêzigens it oanlizzen fan rekreaasjehuzen opkeart. It is wakker itselde as bewegers pleitsje foar Fryske plaknammen. Neffens de tsjinstanners kinne frjemden gjin plak mear fine yn Fryslân en wêr is it foar nedich: it kostet ommers allinne mar slompen jild. Dit byld dat der oer de bewegers bestiet, sil foar in grut part te krijen ha mei de striidbere en twingende hâlding dy’t der yn har rûnten hearsket. As it

gewoane folk de saak sloere lit dan moatte se mar twongen wurde. Der wurdt dêrom bot ynset op it juridysk yn feilichheid bringen fan de idealen. Dat is goed te begripen yn situaasjes fan efterstelling. Yn dy posysje siet it Frysk lange tiid. It is dan ek net tafallich dat it rapport fan de provinsje oer it Frysk yn de jierren santich de namme Fan Geunst nei Rjocht meikrige. Foar it Frysk is yn de rin fan de lêste hûndert jier op dit mêd hiel wat beskrept. Eins soene jo sizze kinne dat it no oan de wetten net leit, mar wurdt der yn de praktyk te min mei dien. Oer it hânhavenjen litte de weromrapportaazjes fan de Ried fan Europa wol sjen, dat it better kin, om it sêft út te drukken. Bliuwt de fraach oft dy wetjouwing seadden oan ‘e dyk setten hat. Om mei Ferry Mingele te sprekken “oan de iene kant wol, mar oan de oare kant….?” Wy meie foar de rjochtbank Frysk prate, mar de praktyk wiist út dat wy dat amper dogge, want dat binne wy sa net wend. Wy kinne Fryske brieven nei de oerheid skriuwe, mar de measte Friezen dogge dat net, want dat ha se net leard. De skoallen kinne har lessen yn it Frysk jaan, mar it komt der net fan, want de ynspeksje sit se op ‘e hûd mei Hollânske taal en rekkenjen en it Frysk hinget der wat by omdat it net belangryk wêze soe. Der binne genôch dûmnys dy’t Frysk brûke wolle, mar noch gjin 4 % fan de tsjerketsjinsten binne yn it Frysk, want it moat net te bot. Sa kin ik noch wol eefkes trochgean. Folje it sels mar oan.

Swingel 34 - juny 2012

10


Der binne dêrom guon dy’t sizze “net twinge mar ferliede”. Ald-deputearre Siem Jansen hie it jierren lyn al oer Frysk is fun. Frysk moat cool wurde. It moat stoer stean as jo Frysk brûke. Sa binne der nei Jansen syn gjalp hiel wat aksjes betocht om minsken oan it Frysk te krijen. De praat-marfrysk-kampanje, rolmodellen ynsette as Doutzen Kroes en it taaltaske fan de Afûk falle derûnder. Ik hoech se hjir net allegearre op te neamen. Minsken moatte der sels aardichheid oan krije om safolle mooglik Frysk te brûken yn de kommunikaasje, is it tinken dat der efter stiket. It moat fan binnenút komme. Psychologysk sjoen is dat fansels ek sa. Miggen fangt men ienris makliker mei sjerp as mei jittik. Wa’t twongen wurdt set de hakken yn it sân. It liket as soe der in tsjinstelling sitte tusken de opfetting, dat feroaring fan (taal)gedrach ôftwongen wurde moat en de miening, dat minsken oerhelle wurde moatte. Ik tink dat de tsjinstelling minder grut is as dat er liket. Wetten binne sawol in delslach fan wat der by de befolking libbet as beskerming fan opfettings fan de befolking, se binne ek stjoerend. As wetten te fier ôfsteane fan wat der yn de mienskip belibbe wurdt dan wurde se oanpast, mar se steane der ek garant foar dat opfettings earbiedige wurde. En dochs: jo hoege gjin grut sosjolooch te wêzen om te sjen dat der in kleau bestiet tusken de bewegers of foarfjochters foar mear romte foar de eigen taal en de

oare minsken. Dat jildt fansels ek foar ús lytsere streektalen. Hoe’t dat sa kommen is, docht der hjir eefkes net ta, wol de konstatearring dat dat tige behyplik is. Alle uterings en aksjes fan bewegers binne yn ’t foar al fertocht. Dêrtroch ûntstiet der oer en wer misbegryp en wurdt der amper mear nei elkoar harke. Dan is it stapke nei it weromlûken op de eigen barrikaden net sa grut. In moai foarbyld dêrfan is de plaknammekwestje yn Wymbritseradiel. De gemeenteried miende dat se in hiele haal diene, doe’t se yn de maitiid fan 2008 besleaten oer te gean op it offisjeel fêststellen fan de Fryske nammen foar de doarpen. Spitich dat se doe fergeaten om de oanbelangjende administraasje yn oarder te bringen. Sadwaande moast der nochris in apart beslút oer de korrekte skriuwwize fan de nammen komme. En doe gie it mis. Der wiene inkele ûndernimmers wekker wurden. Se kamen mei in grutte oanhing nei de riedsgearkomste om hearre te litten hokker rampen der barre soene. It gefolch wie dat B&W en ried it hiele proses fêstrinne lieten. En dêr leit no it dilemma foar bewegers: juridysk sjoen wie de eardere gemeente Wymbritseradiel benefter. Spanne jo in proses oan as beweging dan witte jo dat jo de befolking oer jo hinne krije. Wolle jo dat? Jo wolle krekt de minsken meikrije foar mear romte foar de eigen taal, mar troch jo aksje foar de plaknammen nimme jo de lju krekt tsjin jo yn.

Flagge fan Wymbritseradiel

11

Swingel 34 - juny 2012


Ik bin fan miening, dat twingen yn it gefal fan de plaknammen miskien wol fertuten dwaan kin foar de koarte termyn, mar as tagelyk in protte minsken fersterke wurde yn har miening dat bewegers trochdriuwers binne, dan soene jo op de lange termyn wolris mear ferlieze kinne. Gearfetsjend: der is mei de wet yn de hân hiel wat ôf te twingen, mar it bliuwt de fraach oft je dêrmei it taalgedrach fan minsken de goede kant út feroarje of krekt net. Sa moatte bewegers hieltyd in ôfwaging meitsje tusken twang en ferlieding, mar eins befrediget dat fansels net. Doe’t ik hjirmei oan it skriuwen wie, kaam der op itNijs.nl krekt in filmke foarby oer it grammatika-ûnderwiis. In heechlearaar liet dêryn op in humoristyske wize sjen, dat skoallen meastal fan efteren nei foaren wurkje. Earst wurde de regeltsjes en de tapassings leard en dan mar hoopje, dat der ek ynsjoch ûntstiet. Hy liet troch minsken yn de seal sels probleemkes en ûnderfinings opdwaan te litten,

fiele dat it eins krekt oarsom moat. Lit de minsken earst ûnderfine, dat der wat frjemds oan ‘e hân is, lit se dêrnei der sels mei ompiele en lit se dan in regelmjittichheid ûntdekke. Dit tinkproses bestiet neffens de man út de trijeslach: fiele, befetsje en ferwurkje. Eins soe de lêzer dat filmke earst eefkes besjen moatte. Ik tink dat lju dy’t oaren oerhelje wolle om har mear om it Frysk te bekroadzjen faak ek efteroan begjinne troch te sizzen, hoe’t it der mei de taal yn Fryslân útsjen moat. De ûnderfining, it betaasten fan it probleem en de motivaasje wurde sa net op gong brocht, lit stean dat it oan it befetsjen en de akseptaasje ta komt. It tsjinoerstelde is faak it gefal: as oaren my sizze sille hoe’t ik my hâlde en drage moat dan doch ik it hielendal net. Der wurdt troch bewegers wolris te min gebrûk makke fan de keunst fan it ferlieden en tefolle nei it machtsmiddel fan de wet grepen; of is dit flokken yn de bewegerstsjerke?


Darwin en de toer Pier Bergsma As jonkje fan in jier of tsien kaam ik foar it earst yn museum Boymans-van Beuningen yn Rotterdam. Ik hie in muoike yn dy stêd, sadwaande. Yn Boymans hinget fan Pieter Breughel de Âlde it skilderij fan “De Toer fan Babel”. Der is in soad op te sjen. In hege toer dy’t oant yn de wolken rikt mei hûnderten minsken dy’t drok dwaande binne. Neffens de bibel hiene dy minsken allegearre deselde taal. Yn Genesis 11, “De spraakbetizing fan Babel”, wurdt ferteld, dat de minsken harren nei de sûndfloed yn it lân Sjineär te wenjen setten: “Alle minsken hiene ien taal en brûkten deselde wurden. Doe seine se tsjin elkoar: ”Kom, lit ús tichelstien meitsje en dy goed trochbakke en lit ús in stêd bouwe mei in toer, dêr’t de spits fan yn ‘e himel rikt”. Yn dy âlde ferhalen komt God sels sa no en dan ris del om te sjen hoe’t it giet mei it minskdom. De Heare fynt it mar neat. Wat miene se wol net. “Dit is noch mar it begjin, skielk is har neat mear ûnmooglik. Kom, lit ús harren taal betiizje, dat de iene de oare syn taal net mear ferstean kin. Sa ferstruide de Heare har dêrwei de hiele ierde oer en hja hâlden op de stêd te bouwen”. En sa binne, neffens de bibel, de ferskillende talen ûntstien. De Britske oerrabbyn Sacks jout in hiel oare útlis oan it ferhaal. Ortodokske Joaden sille him dat kweanimme. Neffens him hat God neat op mei mear fan itselde. It is just de bedoeling dat minsken fan elkoar ferskille, ferskillende talen prate en harren eigen opfettings hawwe. It giet derom elkoar te ferstean, ek al prate jo net deselde taal. Hy lit it benammen slaan op it konflikt tusken Israel en de Palestinen, mei in soad begryp foar de lêsten. Der wurde tûzenen talen praat. Minsken binne echte taaldieren. It liket my ta, dat it ien fan de meast opfallende skaaimerken fan it sûchdier minske is. Troch de tiid hinne is der neitocht oer de oarsprong fan talen. Dat ferhaal út Genesis is lykas al dy oare, aparte ferhalen oer it Paradys, de grutte floed, de ferhalen oer Abraham en Mozes troch minsken betocht en net basearre op de werklikheid. Hoe oft it krekt gien is mei de ûntjouwing fan taal, dat witte wy net. Doe’t minsken lang ferlyn yn Afrika út de beammen kamen, rjochtop begûnen te rinnen en nei it noarden gyngen, wie it grif fan grut foardiel dat hja mei-elkoar kommunisearje koene. De minsklike mûle, tonge en strôtbal binne der op boud en troch de tiid hinne sil it Pieter Brueghel de âlde , de toer fan Babel praten hieltyd better gien wêze.

13

Swingel 34 - juny 2012


It is sûnt Charles Darwin dat minsken nei begjinne te tinken oer de eftergrûn fan kommunikaasje en taal yn it ljocht fan oerlibbingswearde. It seit himsels dat minsken dy’t mei oaren prate koene, ek mei minsken fan in oare taal, mear kâns hiene om yn de oertiid te oerlibjen as guon dy’t dat net koene. Ús minskeharsens binne ynrjochte op it learen fan taal en talen. Bern leare sûnder problemen mear as ien taal. Grutten hawwe der mear muoite mei, benammen dêr’t it om in goede útspraak giet. Omdat minsken groepsdieren binne dy’t allinne oerlibje kinne mei oaren, hat taal ek in ferbinende funksje. As jo “bûter, brea en griene tsiis” sizze koene, dan hearden jo by de Friezen. Dat wie yn de tiid dat se soks oan jo fregen fan belang om te oerlibjen. Lokkich hawwe wy dy “bûter, brea en griene tsiis”-perioade efter ús. Sa lyts hoecht de wrâld net mear te wêzen. Mar sawol ferskaat as ferbining hat wearde fan oerlibjen! Der binne in grut tal soarten gers en sa binne der ek in soad talen en in protte ferskillende minsken. Gelokkich mar. It is dúdlik dat jo mei it Ingelsk mear minsken berikke as mei it Nederlânsk en mei dy taal wer mear as mei it Frysk. De romte yn ús holle is gelokkich grut genôch foar mear talen. Sa kinne wy ferbining hâlde mei ús eigen Fryske mienskip, mei ús naasjesteat Nederlân en as it der op wierret ek mei it bûtenlân. It komt derop oan dat men inoar de romte jout om in eigen taal te praten en dat men net bout oan sa’n ientalige toer fan eigen gelyk en heechmoed.

Yn sechstich jier in soad berikt 1951, it jier fan Kneppelfreed en ek it bertejier fan ús advys- en yngenieursburo. Yn de seis desennia dêrnei hawwe wy ússels, mar ek de wrâld feroarjen sjoen. Op it mêd fan miljeu, feiligens, ferkear en ynfrastruktuer kamen in soad útdagings op ús paad. Us doel bleau altyd itselde: derfoar soargje dat minsken noflik wenje, wurkje, reizgje en rekreëarje kinne. Yn Fryslân, Nederlân mar ek fier dêrbûten. Yn sechstich jier tiid groeiden wy út ta in buro dat oeral yn de wrâld aktyf is. Dochs binne wy ús Fryske woartels nea kwytrekke. En lykas in soad Friezen sille wy it jier 1951 net ferjitte. It hat net alinne ús, mar ek Fryslân brocht dêr't wy no steane. Dêr binne wy grutsk op. Doe, no en yn de takomst.

Oranjewoud: Wurkje yn in wrâld fol mooglikheden

Swingel 34 - juny 2012

14


Sille wy de buorren ris wat opfryskje? Ferline hjerst waaiden yn sechtich doarpen rûnom yn Fryslân sechtich flaggen mei Fryske dichtrigels. Dy doarpen dienen entûsjast mei oan it Keppelfeest, om te betinken dat it sechtich jier dêrfoar Kneppelfreed wie: it opskuor oer it rjocht om it Frysk te brûken, op strjitte by it útsuteljen fan suvel en yn ‘e rjochtseal. Dat entûsjasme passet by de hjoeddeistige opbloeiende niget oan ús taal. Fansels meie wy dy graach prate en yn ús doarpen wurdt dat ek omraak dien. Boppedat wurdt it Frysk hjoed-de-dei wakker brûkt yn ‘e nije sosjale media; lêsten wie dêr mei in tige slagge Fryske twitterdei noch spesjaal omtinken foar. Lyksa fljocht op it heden de Frysktalige Donald Duck de boekwinkels út. En wy steane net allinnich yn ús omtinken foar ús moaie âlde taal: sjoch mar nei hoefolle Frysk oft de lanlike media ynienen brûkten, doe’t der ôfrûne winter praat waard oer in Alvestêdetocht. Mar spitich foar de toeristen dy’t fan’t simmer dit út komme om dy Fryske sfear op te snuven: de measte Keppelfeestflaggen binne no wol ynhelle en de Fryske teksten dus net mear te sjen. Ynformaasjejûnen oer it Frysk De Ried fan de Fryske Beweging siket no mei inkele doarpsbelangen nei wegen om dat elemint fan it Keppelfeest en de Alvestêdetocht te fersterkjen. Op doarpsgearkomsten sil ûnder oaren praat wurde oer de mooglikheden om it Frysk mei syn streektalen better sichtber te meitsjen yn it strjitbyld. De oankommende moannen wurdt dêr al in stikmannich ynformaasjejûnen foar ynplend en yn dizze nijsbrief komme we skielk werom op de earste ûnderfi�������� nings. Mar oare doarpsbelangen dy’t der no ek al gading oan meitsje wolle, kinne alfêst kontakt opnimme mei: Ried fan de Fryske Beweging, Keetwaltje 1 , 8921 EV Ljouwert, 058-2138913, ynfo@fryskebeweging.nl

15

Swingel 34 - juny 2012


Selskipsspul Euregua

Alle skoallen yn Frysl창n binne drok dwaande om sa goed mooglik Frysk te jaan. Der binne prachtige boekjes en moaie learmetoaden. Euregua is in moai oanfolling

Op in boartlike wize Frysk praten leare en ek noch wat leare oer de skiednis en de natoer yn Frysl창n!


Wat is it selskipsspul Euregua?

It spul hâldt wat it midden tusken in guozzeboerd en triviant. Yn de mânske doaze sitte in pear steapels kaartsjes mei fragen oer de Fryslannen. Fryslannen, omdat der aparte steapels foar Sealterlân en foar Noard-Fryslân binne. Yn Sealterlân – sa’n fyftich kilometer foarby Nijeskâns – prate noch rûchwei 2.000 minsken (Sealter) Frysk. Yn Noard-Fryslân – ek yn Dútslân, tsjin de Deenske grins oan – binne noch sa’n 10.000 (Noard-)Fryskpraters. Der sitte ek fragen yn it Biltsk, Stellingwerfsk en Hylpers yn. De fragen geane oer de skiednis fan Fryslân, geakunde en natoer, mar der binne ek mear algemiene fragen oer sport, muzyk ensafuorthinne. Tagelyk wurde Europa en dan benammen de oare minderheidstaalgebieten yn Europa net fergetten. In doaze kostet € 32,50.

It spul is geskikt foar folwoeksenen en foar bern dy’t yn groep 7/8 sitte!

Wy litte jo it spul graach sjen! ynfo@fryskebeweging.nl of belje nei 0629167582. Om te bestellen kinne jo ek maile nei ynfo@fryskebeweging.nl


City marketing

Taal en it útsuteljen fan Ljouwert Eric Hoekstra

Okkerdeis melde Binnenlands Bestuur (sjoen op liwwadders.nl) dat city marketing meastal weismiten jild is. Dat hat meardere redenen. Ien dêrfan is dat der gjin analyze makke wurdt fan ‘e doelgroep: by watfoar minsken hat it produkt, de stêd yn kwestje - bygelyks Ljouwert -, in kâns? Âlderein of jongerein? Suderlingen of westerlingen? Pensjonado’s mei in Fryske eftergrûn of pensionado’s sûnder Fryske eftergrûn? Wit men dat, dan kin men de kampanje dêrop rjochtsje. In oar punt is dat men in stêd net útsutelje kin sûnder de regio dêr’t de stêd yn leit. Benammen as dat in bekende regio is. Professor Boekema wiist derop dat Enschede útsutele waard sûnder de regio Twente dêryn te belûken. Twente is ommers in sterk merk mei in dúdlik profyl, wylst Enschede neat opropt by in sljochtwei Nederlanner. Wat foar Twente en Enschedé jildt, jildt noch folle sterker foar Leeuwarden-Ljouwert en Fryslân. Leeuwarden (ik brûk no mei sin de Hollânske namme) is kwa ynwennertal in provinsjeplak. It komt net foar yn ‘e top tsien fan stêden fan Nederlân. Yn ‘e list fan gemeenten stiet de gemeente Ljouwert kwa ynwennertal op it tritichste plak. Leeuwarden hat likemin in útsprutsen gesicht as Enschede, of as Dimter, Breda of Haarlem. Wa’t Leeuwarden as in eksklusyf Nederlânske stêd sjen wol, los fan Fryslân, moat ynskikke dat Leeuwarden him net fan plakjes lykas Dimter, Breda of Haarlem ûnderskiedt . Dat binne ek histoaryske plakjes, mei in ynwennertal dat mei Ljouwert te ferlykjen is.

moatte op it útsprutsen profyl fan Fryslân. De stêd Ljouwert soe dan ek efkes stilstean kinne by de saken dy’t it profyl fan Fryslân bepale. Dat is op it foarste plak de taal. Fryslân is twa-yn-ien: it is Nederlânsk, want alle Friezen sprekke dy taal, mar it is ek Frysk. It Frysk is dus de manier om de unike identiteit fan Ljouwert as haadstêd fan in twatalige regio te beklamjen. Dêr komt alle oare kulturele en lânskiplike rykdom fan Fryslân dan noch by. Sjoch, dat soe pas echt it moaie fan Ljouwert wêze kinne: gjin Nederlânsk provinsjestedsje, mar de HAADSTÊD fan FRYSLÂN! (Eric Hoekstra is publisist, en hy wurket as taalkundige by de Fryske Akademy.)

Wa’t Leeuwarden promootsje wol troch te sizzen dat it mar in oerke riden fan Amsterdam is, moat ynskikke dat der kloften stêdsjes binne dy’t folle tichterby lizze. Lykas Dimter, Breda of Haarlem. Wat Ljouwert ûnderskiedt fan alle oare stêden yn Nederlân, is dat it de haadstêd is fan in regio (Fryslân) dy’t op it heechste nivo fan erkenning offisjeel twatalich is. (Nedersaksysk en Limburchs ha inkeld in legere graad fan erkenning.) As stêd hat Leeuwarden folle minder ‘smoel’, identiteit, as Amsterdam of Rotterdam. Mar Fryslân kin wol de konkurrinsje oangean mei sokke stêden, want it profyl fan Fryslân is krekt sa útsprutsen as dat fan Amsterdam of Rotterdam. Ljouwert soe dus meiliftsje

Twatalige reklame op it stasjon fan Ljouwert – hjirboppe de Fryske ferzje.

Swingel 34 - juny 2012

18


Friezen yn ‘e Frjemdte in boek fan Friezen, oer Friezen Een geschiedenis van Friezen buiten Fryslân in verenigingsverband, zowel in Nederland als in het buitenland (USA, Canada, Zuid-Afrika, Nederlands-Indië, Duitsland, Engeland, Griekenland en NieuwZeeland). Met uitgebreid persoons- en zaakregister, A4-formaat, 770 blz. + bijbehorende DVD met film-, beeld- en geluidsopnamen (2011). Het boek is Friestalig en verkrijgbaar bij: * de AFûK-winkel, Bûterhoeke 3, 8911 DH Ljouwert, 058234 30 70, www.afuk.nl , * de boekhandel ‘Het-Vergeet-Mij-Nietje’, Hoofdstraat 20, 9269 SZ Veenwouden, 0511-476698, www.boekenietje.nl, en bij de boekhandel in uw woonplaats. ** De prijs bedraagt € 75,--. ** Uiteraard ook te koop bij It Frysk Boun om Utens (zie www.fryskbutenfryslan), secretaris Hans J. Weijer, Witterweg 29, Bovensmilde, 0592-412165, skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.nl . Oer it boek: It ôfnimmen fan de wurkgelegenheid yn de lânbou (nei 1850), de yndustrialisaasje yn oare streken en mear oarsaken hawwe derfoar soarge dat Fryslân yn de 19e en 20e ieu in protte ynwenners kwytrekke. Fan oeral wei binne wol minsken yn ’e frjemdte bedarre, yn in oare krite en yn in oar fermidden as dêr’t se opgroeid binne. Wat it bysûndere is fan de Friezen, is dat se wol út Fryslân weigeane, mar dat Fryslân net út harren weigiet. De eigen taal, de eigen kultuer en de eigen identiteit sitte der blykber hiel djip yn. Ien en oar late ta de oprjochting fan goed 230 kriten, dêr’t omtrint 200 fan yn Nederlân binne. It kaartsje jout oan wêr’t yn Nederlân ien of mear kriten oprjochte binne. Noch besteande kriten binne oanjûn mei in iepen rûntsje. It gie om kriten fan ferskillende sinjatuer, fakentiids sels yn ien en itselde plak; bygelyks kriten fan it Kristlik Frysk Selskip, it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, It Frysk Boun om Utens en/of fan de Jongfryske Mienskip. Fryslân bleau foar harren fan grutte betsjutting, mar de kriten en bûtenfriezen wienen ek fan betsjutting foar Fryslân. Al dy kriten hienen har eigen toanielploegen, sjongkoaren, keatsklups en geselligens. Om it boppesteande fêst te lizzen hat it bestjoer fan It Frysk Boun om Utens besletten om dit boek út te bringen. It boek beheint him ta in skiednis fan de Friezen om utens yn mear organisearre ferbân. Der wurdt, troch de tiid hinne, in byld jûn fan hoe’t it om en ta gie yn de kriten, de selskippen, harren klups en fan by dy organisaasjes belutsen minsken. It hâlden en dragen fan It Frysk Boun om Utens (1905 oant 1918 en 1923 oant no), komt fansels ek oan ‘e oarder.

Warskôging: As jo begjinne te sneupen, dan witte jo net fan ophâlden! Sjoch foar fierdere ynformaasje oer it boek www.fryskbutenfryslan.nl

19

Swingel 34 - juny 2012


It Greide-oerlis fan 5 maaie 2012 Yn it gers foar it rút sit in knyn. As ik op it rút tikje, sjocht er net op of om. Hy hat mar ien doel fan ‘e moarn: frette. It is te hoopjen dat it Greide-oerlis mear omtinken kriget. Pier Bergsma

In eintsje fierder as it knyn leit it wetter fan de Grutte Wielen. Ôfrûne winter haw ik hjir noch reedriden, mar no binne wy byelkoar foar it “Greide-oerlis” fan de Ried. It saneamde Greide Oerlis wurdt ienris yn de pear jier holden mei stipers en eltsenien dy’t op de ien of oare wize belutsen is by de Fryske Beweging. It hat ta doel om alles ris oer te eidzjen en te sjen wat ús te dwaan stiet yn de kommende jierren. Der is hjir net folle greide by restaurant “De Grote Wielen”, mar it is in tige gaadlik plak om op sneontemoarn 5 maaie byelkoar te kommen. Wy binne mei 25 minsken en de gearkomste is goed taret. Wiebe Lageveen hat yn gearwurking mei Jehannes Elzinga en Siem de Vlas in fragelist makke. It útgongspunt fan de list is om te praten oer de krêften dy’t negatyf en posityf binne foar it Frysk. As negative krêften wurde neamd: de oare talen, dy’t har yn de media manifestearje, yn it bysûnder it Hollânsk. De globalisearring makket dat Ingelsk aloan mear ynfloed kriget. Der wurde meiinoar tweintich negative krêften neamd. Ik helje der noch in pear út. Yn ien fan de kommende Swingels sil der grif in oersjoch komme fan de útkomsten en wat op syn minst sa wichtich is: wat de Ried dermei dwaan sil. By de negative krêften wurde ek neamd: de ûnferskillige hâlding fan in protte Friezen foar harren taal oer; guon Friezen leauwe dat it Frysk

de bern beheint yn it learen - sjoch yn dit ferbân it besprek fan “Eigen en vreemd” yn dit nûmer fan Swingel -; it stiifkoppich hanthavenjen fan it Nederlânsk yn âlde Fryske organisaasjes; de ekonomyske en maatskiplike feroarings lykas it fêstigjen fan bedriuwen mei in oarstalige direksje; Friezen dy’t miene dat it allegearre wol wat tafalt; en it feit dat it Frysk amper sichtber is yn it deistige libben. Dêrneist wurde der positive krêften neamd, lykas it tanimmen fan de Fryske berneboartersplakken, mear en better Frysk by Omrop Fryslân, it opsetten fan Fryske eveneminten lykas Simmer 2000 en it Keppelfeest fan ôfrûne hjerst, kursussen Frysk fan de AFUK, Fryske toanielferienings, iepenloftspullen, foardrachtskrigen, Tryater, Fryske sjongers en koaren, it Frysk wurdt in alle rûnten gewoaner, de trijetalige basisskoalle en der binne eins gjin wetlike behinderingen mear om it Frysk te brûken. Net alle 32 ûnderwerpen binne troch eltsenien bepraat, mar dizze opset late wol ta noflike en nijsgjirrige diskusjes. Yn de praktyk kaam it derop del dat de measte saken oan bar kamen. Nei it kofjeskoft hawwe wy yn fjouwer groepen praat oer de mearwearde fan de eigen taal foar in lytse mienskip en wat de mearwearde fan it Frysk foar ússels is.

Swingel 34 - juny 2012

20


Fansels giet it der om wat ús te dwaan stiet foar de kommende jierren. De Ried hat op it stuit in soad saken by de kop. It mei dan in frijwilligersorganisaasje wêze mei in lytse, betelle stip, mar der bart in soad! Ús moai fersoarge Swingel komt fjouwer kear yn it jier út en is op dit stuit hast it iennige folslein Fryske tydskrift, en dan hawwe wy ús grutste boppeslach: de ynternetside “It Nijs”, dêr’t alle dagen nije berjochten oer Fryslân en de rest fan de wrâld te finen binne. Fierders wie de Ried in pear jier lyn belutsen by it “Oanfalsplan Frysk”. Dat krige in soad krityk, mar jout der wol in oersjoch fan hoe’t de saken der by steane en wat der barre moat.

folle fijannen, kin it him net safolle skele wat der om him hinne bart. Sa giet it mei minsken ek. Salang’t der genôch brea op ‘e planke komt, docht de taal der foar in soad minsken net ta. In soad Friezen hawwe net troch dat der mear barre moat om harren taal te bewarjen. Dat soe grif feroarje by funksje-easken. Yn ien fan de kommende Swingels sille wy omtinken jaan oan wat de Ried te dwaan stiet. Yn it neipetear mei guon persoanen kaam wol oan de oarder dat wy ek mei alle goede bedoelingen en grutte ynset in organisaasje binne mei beheinde mooglikheden. Der is lykwols entûsjasme genôch om de ideeën stal te jaan.

Fansels is de Fryske taal foar de measte Friezen wichtich; se prate it alle dagen en sitte der net al te bot oer yn. Mar op de pleinen fan de basisskoallen wurdt wat langer wat minder Frysk praat. Boppe it stik dat útrikt waard by it Greide Oerlis en dat ek ferstjoerd is oan eltsenien, stie mei grutte letters: “Hoe kinne wy út de sirkel brekke”. Yn de mienskiplike diskusje waarden in tal saken ûnderstreke. Ien fan de meast opfallende dingen dy’t neamd waard om út de sirkel te brekken is de ekonomyske faktor. Yn de Ljouwerter Krante fan moandei 6 maaie kaam dat oan de oarder ûnder de kop: “Economische waarde Friese Taal onbekend”. Ús meiwurker Meindert Tjerkstra waard sitearre mei syn útstel en doch wittenskiplik ûndersyk nei de ekonomyske betsjutting fan de taal: “Dan krijst hurde arguminten foar de befoardering fan de taal. Taal is dan ek jild”. Dat idee wurdt stipe troch de Ried omdat wy al jierren fan betinken binne dat minsken yn bygelyks de soarch en by de polysje har mei it Frysk rêde kinne moatte. “Frysk as funksje-eask. Dan moat der ek mear ûnderwiis komme. Hjir moatte wy op trochfantasearje”, neffens Jabik van der Bij yn de Ljouwerter. En sa kom ik werom by myn knyn fan it begjin. Sjoch, salang as dat knyn fretten genôch hat en de sinne skynt en as er omhippe kin sûnder al te

21

Swingel 34 - juny 2012


Eigen en vreemd, meertaligheid in Nederland. Pier Bergsma

Wêrom fine wy dat yn Nederlân eltsenien allinne mar Nederlânsk prate moat, en hat dat altyd sa west? Is it sa, dat ien it Nederlânsk net goed behearsket as hy/hja ek noch in oare taal praat?

boppe-oan de politike en publike aginda stiet. Meartaligens wurdt troch in soad minsken net sjoen as in ferriking. Hja beskôgje it foaral as in probleem: de Nederlânske kultuer yn ferfal, taalefterstân, net oanpasse wollen fan ‘oaren’ oan de Nederlânske miensDat binne in pear fan de fragen dy’t yn “Eigen kip, en gean sa mar troch. De diskusje spilet fansels en vreemd, meertaligheid in Nederland” te praat net allinne yn ús lân. Yn Frankryk witte de lju noch komme. Neist dy beide fragen giet it ek oer de dat it Frânsk ienris de kultuertaal fan Europa wie ferskillen tusken taal en dialekt, oer de oermacht en Dútslân hat nei de twadde wrâldkriich in soad fan de Ingelske taal, oer de taal fan de strjitte en oer terrein ferlern op it mêd fan de wittenskipstaal. It meartalichheid yn Nederlân troch de tiid hinne. De is it Ingelsk dat no wrâldwiid foar master opslacht. skriuwster, Leonie Cornips, wurket by it Meertens Yn Ingelân sels sjogge se, dat al dy minsken dy’t Instituut as ûndersiker yn taalfariaasje en hja is Ingelsk prate wolle, de noarm fan wat geef Ingelsk bysûnder heechlearaar taalkultuer yn Maastricht. is ûnder druk sette. Nederlân is meartalich. Eltsenien dy’t yn ús lân om- Yn it boek komme de folgjende saken oan bar en rint, heart neist it Nederlânsk ek dialekten, Ingelsk, it is net foar neat dat der yn elts opskrift foar in nij Berber, Turksk en Poalsk om mar in pear foarbylden haadstik in negaasje tusken skrapkes stiet. It hinget te neamen. Yn it hjoeddeiske debat liket it somtiden der ommers mar fan ôf hoe’t jo der tsjinoan sjogge. dat meartaligens in nij ferskynsel is yn ús lân, mar Dy haadstikken binne: In meartalige sprekker dat is net sa. Der hat nea yn de skiednis in perioade werkenst (net); Meartaligens is (net) allinne eat fan west dat eltsenien deselde taal prate. Yn de midsieu- no; Ast meartalich biste, dan bist wol/net in goede wen wie it hielendal gjin ûnderwerp fan diskusje, Nederlânske steatsboarger; Talen en har sprekkers mar dêrnei is it ûnderwerp fan somtiden fûleindich binne (net) lykweardich; Ast twa talen praatst, dan debat wurden, benammen as it oer efterstân yn it praatst thús (gjin) Nederlânsk; Ast twa talen praatst, ûnderwiis gie en giet. (Sjoch it kader Taalefterstân) learst (net) goed Nederlânsk; In twatalige sprekker Cornips stelt fêst, dat meartaligens in “hot” item hat (gjin) taalefterstân; Strjittaal is (gj)in oare taal. is dat in soad mieningen en emoasjes opropt en

Swingel 34 - juny 2012

22


It soe nijsgjirrich wêze om al dy haadstikken hjir koart te besprekken, mar ik behein my ta saken dy’t benammen foar Fryslân fan belang binne. Yn it foarste plak falt op, dat it boek hast neat oer de Fryske taal en Fryske sitewaasjes seit. It is in stúdzje oer de Nederlânske taal en de fariaasjes dy’t har dêr foardogge. It Meertens Instituut hat de twadde rykstaal der mei opsetsin útlitten, liket my. Men soe ferwachtsje dat se dat dúdlik ferantwurde hiene. Hawar. Yn haadstik 5: “Als je twee talen spreekt, spreek je thuis (geen) Nederlands” komt it Frysk wol oan bar: “Het Europees Handvest voor Streek- of Minderheidstalen heeft het Fries, Nedersaksisch en Limburgs als drie regionale of streektalen erkend. Het Fries heeft het hoogste niveau van erkenning, waardoor inwoners van Friesland tussen het Fries en Nederlands als officiële taal kunnen kiezen. Het Nedersaksisch en Limburgs hebben niveau II van erkenning en zijn daardoor niet als officiële minderheidstaal erkend en er zijn geen eenduidige regelingen hoe de overheden het gebruik van deze talen zouden moeten ondersteunen” (side 50). Yn dit haadstik komt ek oan de oarder hokker taal oftst mei dyn bern prate moatst. Der hearsket noch altyd it idee, dat bern op ‘e doele reitsje fan mear as ien taal en dat hja dêrtroch taal net goed leare. Benammen fan de jierren sechstich ôf begûnen âlden dy’t fan hûs út gjin Hollânsk praten, harren bern grut te bringen mei de earste rykstaal. Wol in bern it letter nammers goed dwaan yn Nederlân dan is it wichtich, dat it dy taal goed behearsket. Mar ûndersyk hat útwiisd, dat bern sûnder problemen mear talen leare kinne en dus memmetaalsprekker wurde kinne fan mear as ien taal. Alle taalkundich ûndersyk lit sjen, dat in bern ûnder beskate kondysjes twa memmetalen ûnder de knibbel krije kin. Boppedat is twataligens goed foar

23

de ûntjouwing en groei fan de harsens. Twataligen binne better yn it oplossen fan komplekse problemen, hja leare better oare talen, litte har minder ôfliede, lykje haad- en bysaken better ûnderskiede te kinnen, hja leare dat oare minsken in oar perspektyf hawwe kinne as hjasels en “...het verbreedt hun kijk op de wereld omdat het hun toegang geeft tot een zeer breed spectrum van culturele en talige diversiteit”. (Je soene sizze: hoe is it mooglik dat net alle Friezen ta grutte hichte kaam binne. It liket my wat oerdreaun, PB) Fansels hat taal ek, miskien wol benammen, te krijen mei identiteit. Mei taal meitsje wy ûnderskie tusken ‘eigen’ en ‘frjemd’, tusken ‘wy’ en ‘sy’. Cornips: “In dit proces gaat het zowel om ideeën die mensen over zichzelf hebben als om ideeën die anderen over hen hebben”.

Swingel 34 - juny 2012


Eins stiet der foar minsken dy’t wat ynfierd binne yn de problematyk fan meartaligens net sa folle nijs yn dit oersjoch. Likegoed is it in aardich boekje foar in breed publyk, just troch de lêsberens en de beheining fan sa’n njoggentich siden.

Besprek: fan Leonie Cornips: Eigen en vreemd, meertaligheid in Nederland. Amsterdam Meertens Instituut (KNAW) /Amsterdam University Press 2012 € 17,50

Taalefterstân Koartlyn kaam it Lauwers College yn Kollum yn it nijs. Der soene dêre in soad learlingen in grutte taalefterstân hawwe, sa waard grute. Soks wurdt fêststeld troch de ûnderwiisynspeksje. Dy komme sa no en dan del mei rekkenmasines en oankrúslisten. Ien fan de minsken fan de Kolummer skoalle woe wol hawwe dat dy taalefterstân fan it brûken fan it Frysk komt. Skoallen skite yn ‘e broek foar de ynspeksje, want as jo net oppasse wurde jo beoardiele as swakke of, noch slimmer, as tige swakke skoalle. Dat oardiel wankt by basisskoallen as de útslach fan de CITO-eintoets trije jier efterelkoar te leech is. As jo in swakke of tige swakke skoalle binne, krije jo dy lju fan de ynspeksje geregeldwei oer de flier mei harren gesanger. It gefolch is dat basisskoallen mei in swakke populaasje fierstente folle tiid besteegje oan de tarieding op dy CITO -toets, benammen oan de skriftlike behearsking fan Nederlânske taal. Lykwols, net mei grut sukses, sa’t bliken docht yn Kollum. (Pier Bergsma)


Koart Nijs út it bûtenlân

Koart Nijs

Eineksamen yn it Baskysk SENPERE / SAINT-PÉE-SUR-NIVELLE – De tsientûzenen besikers fan in festival yn Noard-Baskelân wiene de earsten dy’t it hearden: skoaljeugd op Baskysktalige skoallen yn it noardlike (Frânske) part fan Baskelân meie in part fan har eineksamen tenei yn it Baskysk meitsje. It festival by it doarp SENPERE wie derfoar ornearre om jild yn te sammeljen foar Baskysktalich ûnderwiis. De Baskyske taalorganisaasje OPLB en de koepel fan Baskyske skoallen Seaska diene tiisdei te witten dat der in Baskysktalige ferzje komme soe fan it eineksamen skiednis, ierdrykskunde en wiskunde. De eintoets fan de oare fakken bliuwt ynearsten Frânsktalich.

Studinten wolle Sardyske les SASSARI – De studinteferiening Su Majolu op Sardinië hat tûzen hantekenings ophelle fan studinten dy’t graach kursussen Sardysk folgje wolle. Hja roppe de universiteit fan Sassari op om sokke kursussen oan te bieden. It Sardysk (ek wol: Sardynsk, Sardijnsk, Sardinysk, Sardu) is de oarspronklike taal fan Sardinië. Sa’n 80% fan de bewenners fan Sardinië kin de taal prate, mar yn ‘e praktyk wurdt er benammen op it plattelân en troch de âlderein brûkt. De taal hat ek ûnder de sprekkers in lege status en net folle minsken kinne Sardysk lêze of skriuwe. Yn Italië is it Sardynsk in minderheidstaal. Op it eilân sels foarmje de sprekkers fan it Katalaansk (oan ‘e westkust) en it Korsikaansk (yn it noarden) wer taalminderheden. Wurdfierder Pierluigi Caria (26), in studint literatuerwittenskip, seit: “Der wurdt no in hiele generaasje jongelju folwoeksen dy’t gjin tagong mear hat ta it kulturele erfskip dat ûntsletten wurdt troch de Sardyske taal. Yn de grutte stêden wurdt gjin Sardysk mear praat. Skoallen dogge der ek net folle oan. Dat fine wy tige spitich, want wy binne der wis fan it jins kânsen op wurk fergruttet as men de eigen taal goed behearsket.”

Demonstraasje foar it Galisysk SANTIAGO DE COMPOSTELA – In demonstraasje tsjin de efterstelling fan it Galisysk yn Santiago de Compostela hat hjoed tûzenen minsken lutsen. Hja demonstrearje tsjin it belied fan it Galisyske regear, dat it Spaansk as offisjele taal fan Galisië in grutter plak jaan wol as it Galisysk, de oarspronklike taal fan de regio. It regear ûnder lieding fan de Partido Popular is tige pro-Spaansk. Eardere regearen fierden in foarkarsbelied foar it Galisysk.

25

Swingel 34 - juny 2012


De Ried fan de Fryske Beweging en Tûmba Renze Valk De Ried fan de Fryske Beweging hat al in jiermannich in fêste relaasje mei Tûmba. Tûmba is it provinsjale sintrum foar wrâldboargerskip en likense behanneling. Utgongspunt binne de minskerjochten hjir by ús en op oare plakken op ‘e wrâld. Neist projekten oer diskriminaasje en likense behanneling fiert Tûmba ek projekten út, dy’t rjochte binne op ynternasjonale gearwurking. De Ried hat de ôfspraak mei Tûmba dat as by de Ried meldingen ynkomme oer it tsjinkearen fan it brûken fan it Frysk, dat wy dan mei dejinge dy’t dêr mei te krijen hat ôfprate, dat de Ried it ôfhanneljen fan sa’n klacht yn gearwurking mei Tûmba docht. Tûmba hat de saakkundigens op it mêd fan duorsume oplossingen yn ‘e hûs. It is lang net altyd sa dat foar it oplossen fan de problemen de juridyske wei keazen wurdt. Earst wurdt besocht om yn oerlis ta in oplossing te kommen, mar as dat úteinlik net slagget dan wurdt pas de wetlike wei keazen. Under in klacht ferstiet Tûmba eltse melding dy’t troch in slachtoffer of in tsjûge oan Tûmba foarlein wurdt mei it fersyk fierdergeand ûndersyk te dwaan en op grûn dêrfan, as it nedich is en yn oerlis mei de dejinge dy’t de klacht ynbringt, fanwegen te kommen. Tûmba sels kin ek, as saken dy’t nei syn betinken diskriminearjend binne, neier ûndersyk dwaan en ta aksje oergean. Diskriminaasje oppenearret him op gâns ferskillende flakken. Foar de Ried is diskriminaasje fan it Frysk it meast fan betsjutting. Yn 2011 hawwe der by Tûmba fiif meldingen west. It Frysk heart dêrmei by de ûnderste groepen. De boppeste seis fan de fjirtjin groepen binne : diskriminaasje neffens komôf of kleur (ras) 137, neffens âldens 34, op net-wetlike grûn 27, neffens seksualiteit 20, neffens beheining of sykte 23 en neffens slachte 17. Yn it totaal oer alle fjilden wiene der 280 meldingen. Diskriminaasje komt oeral foar, mar de stap om it oan te jaan bliuwt grut. Dêrom makket Tûmba dizze stap makliker troch der sels op út te gean en foarljochting te jaan, bygelyks by gemeenten, mar ek by skoallen, bedriuwen en (wolwêzens)ynstellingen. Wat it Frysk oanbelanget hat ien fan de lêste aksjes fan Tûmba rjochte west op de ABN-AMRO. Dy bank wegere foar in hanneling fan Durk van der Schaaf in Fryske akte te akseptearjen. Oer dit foarfal hawwe ek berjochten yn de deiblêden stien. In bank is net sa wiis mei negative publikaasje. Nei aksje fan Tûmba waarden Mirka Antolovic fan Tûmba en Durk van der Schaaf útnoege foar in petear. De bank joech oan, dat it him muoide dat it sa gien wie en dat it net wer foarkomme soe. Der waard ôfpraat, dat as it wer barre mocht dat der in Fryske akte oanbean waard, hja op harren kosten de oersetting yn it Nederlânsk regelje soene. De Ried hat Tûmba frege om de diskriminaasje fan it Frysk op de fêstiging fan it Lauwers College yn Kollum op har noed te nimmen. Wy wachtsje de útslach dêrfan noch ôf.

Swingel 34 - juny 2012

26


De Ried fan de Fryske Beweging yn it koart

Kolofon Swingel is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t fjouwer kear yn it jier ferskynt: yn maart, july, septimber en desimber. Redaksje- en administraasjeadres Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert E-post: ynfo@fryskebeweging.nl telefoan en faks: 058-213 89 13 Meiwurkers oan dit nûmer Pier Bergsma, Meindert Tjerkstra, Eric Hoekstra, Jabik van der Bij, Renze Valk, Chris van Hes Redaksje Lútsen Bakker, ynfo@fryskebeweging.nl Redaksjeried Geartsje Fokkema, Sytze T. Hiemstra, Ed Knotter, Hâns Weijer Foarmjouwing Meindert Tjerkstra Printer Drukkerij Weissenbach BV, Snits Advertinsjeprizen op oanfraach by de administraasje, ynfo@fryskebeweging.nl Stiperskip/lêsjild Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel fergees yn ’e bus. Stipersjild: € 20,00 jiers. Rekken 1123454 o.n.f. Ried fan de Fryske Beweging, Ljouwert ISSN-nûmer: 15679632

Wolle jo it wurk fan de Ried stypje? Jou jo dan oan as stiper! It stiperskip kin op elk stuit yngean. Wa’t stiper wurde wol kin har/him skriftlik ek fia e-mail oanjaan by de administraasje fan de Ried fan de Fryske Beweging, Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert, ynfo@fryskebeweging.nl. It lêst útkommen nûmer fan Swingel wurdt jo as befêstiging tastjoerd. Foar it beteljen fan it stipersjild wurdt ien kear it jier in akseptgiro stjoerd.

27

Swingel 34 - juny 2012


Rinsma HiFi = Muzyk = Genietsje Sûnt 48 jier is Rinsma HiFi dwaande mei goede werjefte fan opnommen muzyk. Earst mei Japanske merken mar nei in oriïntaasje yn Ingelân wie it dúdlik dat it Ingelske HiFi wurde moast! Harkje jo thús graach nei muzyk, dan kinne jo by Rinsma HiFi terjochte. Dêr giet it om muzyk en beleaven om hoe’t it klinkt en net om de technyk of de namme fan it guod. Jo kinne dêr noflik nei in grut ferskaat oan audioguod harkje. Doch it jo oan tiid en jo komme grif út ’e ried, want it is Rinsma HiFi allinnich nei it sin as jo tefreden binne. Kom oan en jo fine in HiFi-saak sûnder wjergea. Tramtearje jo earen net langer en stin der net mear oer, want

It bêste stik húsrie is in goede lûdsynstallaasje fan Rinsma HiFi!!

Rinsma HiFi De Buorren 27, 8408 HG LIPPENHUZEN telefoan (0513) 46 15 54 e-post: info@rinsmahifi.nl

Swingel 34  

De Swingel is it tydskrift fan de Ried fan de Fryske Beweging. It tydskrift komt elts fearnsjier út.

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you