Swingel 31

Page 15

Minderheidsstânpunt OCW Neffens de fertsjintwurdiger fan it ministearje fan OCW yn de kommisje Hoekstra, de hear R. Bagchus, is desintralisaasje fan it foech om kearndoelen Frysk fêst te stellen net winsklik en yn striid mei kêst 23 fan de Grûnwet en mei de belangen fan nasjonaal ûnderwiisbelied. Hy is bang dat troch sprieding fan it foech om kearndoelen fêst te stellen, it Hollânsk en de oare fakken yn ‟e knipe komme. In hiel âld en faak brûkt argumint om it Frysk op skoalle te kearen. In nij argumint is de stelling dat it foech om it fêststellen fan kearndoelen te desintralisearjen yn striid wêze soe mei de ûnderwiisfrijheid. Skoallen soene ferge wurde om eat te dwaan wat grûnwetlik net mei. Op it earste gesicht liket dat wier, mar Bagchus hat in stôk fûn om de hûn te slaan. De besteande ûnderwiisfrijheid hat neat mei te ûnderwizen talen te krijen, mar jout in groep âlden – wat it bysûnder ûnderwiis oanbelanget – de mooglikheid om it ûnderwiis yn te rjochtsjen neffens harren godstsjinstige opfettings en libbensskôging. Dy frijheid wurdt beheind troch de wetlike easken, dy‟t sawol foar it iepenbier as it subsidiearre bysûnder ûnderwiis jilde. Soe Bagchus gelyk hawwe, dan soe it ferplichte Hollânsk of it Ingelsk ek yn striid wêze mei de ûnderwiisfrijheid, mar dêr hearre wy him net oer. Goed ûnderwiis yn it Frysk heart likegoed as de oare ferplichte fakken ta de saneamde easken fan deugdlikheid.

Bagchus hat gelyk dat it fêststellen fan guon kearndoelen oant no ta fan gjin ien provinsje de taak wie. Mar wêrom soe de Fryske provinsjale oerheid de ûnderwiisfrijheid net respektearje wolle en kinne? Boppedat, as it ryk de ferantwurdlikens foar it Frysk yn de 19e en 20e ieu goed neikommen wie, dan hie it pleit foar foechoerdracht nei Fryslân net nedich west.

Reaksje fan it kabinet (2011) Op 30 juny 2011 stjoert it kabinet in brief mei in reaksje op it yn 2010 ferskynde rapport fan de ûnderwiisynspeksje oer de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk en it rapport fan de stjoergroep Hoekstra. It kabinet lit him daliks fan syn goede kant sjen: „It moat better! It kin better‟ (mei it Frysk yn it ûnderwiis). It brief slút ôf mei te stellen dat dit kabinet de „ambysje hat om de latte fan alle ûnderwiissektoaren heger te lizzen‟ en dat alle bern „rjocht hawwe op ûnderwiis dat it bêste út harren hellet, ek foar it Frysk. Efkes los fan de bylden dy‟t brûkt wurde, soe men sizze, dit wurdt in boppeslach. Mar it probleem is dat in goede situaasje-analyze ûntbrekt en de moaie wurden kinne net ferbergje dat der eins net folle feroarje sil. Soe de Twadde Keamer akkoart gean mei de útstellen, dan kriget de provinsje de drege taak om de measte skoallen serieus oan it wurk te krijen mei it ûnderwiis yn it Frysk, wylst it ryk de provinsje op elts momint weromfluitsje kin.

De útstellen fan it kabinet op in rychje: • De provinsje moat it draachflak foar it Frysk yn it ûnderwiis fergrutsje. De ynset moat benammen rjochte wêze op it meitsjen fan toetsen en de kwaliteit fan de leararen. • De provinsje kriget it foech om op eigen inisjatyf kearndoelen Frysk op te stellen dy‟t rekkenje kinne op draachflak by de skoallen. Deputearre Steaten meie dy kearndoelen net earder fêststelle as dat de minister fan Underwiis dermei ynstimd hat. De wetjouwer bliuwt einferantwurdlik. • De – yn oerlis mei de skoallen – troch de provinsje útstelde kritearia foar (parsjele) ûntheffing fan ûnderwiis yn it Frysk wurde oan de minister fan Underwiis foarlein foar goedkarring. Bagchus kin gerêst wêze. Ljouwert kin sels neat fêststelle sûnder grien ljocht út De Haach. Lykwols, it probleem mei de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis leit him net sasear by it opstelle meien fan de kearndoelen Frysk, mar by it (net) útfieren fan de besteande kearndoelen. Kearn-

Swingel 31 – septimber 2011

15


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.