Page 1

EASTEREIN, desimber 2016

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Hinke Kuiper Nathalie Oliveiro

nûmer

11

2016

Foto foarkant Hulppiet Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl

as by Hinke Kuiper, Hofsleane 21

Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter @easterein_frl Facebook Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk Drukkerij Van der Eems

Kopy foar it folgende krantsje moat foar woansdei 28 desimber by ús wêze


DOARPSAGINDA Freed 2 desimber Bernedisko (groep 1 oant en mei 6)

De Tsjerne

19.00

Sneon 3 desimber CoVoS dames 1 – OSK dames 1 CoVos HS 1 - De Plakkers HS 1

Sporthal De Greidhoeke Sporthal De Greidhoeke

19.30 19.30

Moandei 5 desimber Grofvuil (oanmelde)

Troch it hiele doarp

07.00

Tongersdei 8 desimber Krea Kafé

Taekjes Túnhûs

19.00

Sneon 10 desimber Ald papier Band jûn mei Bad Mood

Troch it hiele doarp De Tsjerne

09.00 21.00

Sporthal De Greidhoeke

13.00

Martinitsjerke

19.30

Moandei 12 desimber Snoeiôffal (oanmelde)

Troch it hiele doarp

07.00

Freed 16 desimber Krystmiel foar âlderen Kryst-winter-workshop (oanmelde)

MFS De Skoalleseize Taekjes Túnhûs

13.00 19.30

Sneon 17 desimber Krystgala (groep 7 en 8) CoVoS dames 1 CoVos HS 1 - A.V.C.'69 HS 1

De Tsjerne Sporthal De Greidhoeke Sporthal De Greidhoeke

19.30 19.30 19.30

Snein 18 desimber Blues Cruise mei Roadhouse

Noflik Easterein

16.00

Snein 11 desimber A. Hakpartij, Sealkeatswedstriid senioren KF Easterein Sneintejûnssjongen m Qlassy


DOARPSAGINDA Krystkonsert Wilhelmina

Martinitsjerke

16.00

Woansdei 21 desimber Passage

MFS De Skoalleseize

19.30

Tongersdei 22 desimber Krea Kafé

Taekjes Túnhûs

19.00

Sneon 24 desimber Krystnachttsjinst

Martinitsjerke

21.30

Snein 1 desimber Ald en Nij fjoerwurkshow Ald en Nij fiere (nei de fjoerwurkshow)

Lokaasje noch net bekind De Tsjerne

01.00 01.55

Sneon 3 jannewaris SDS 1 - SVM Marknesse 1 CoVos DS 1 - OSK DS 1 CoVos HS 1 - De Plakkers HS 1

MFS De Skoalleseize Sporthal De Greihoeke Sporthal De Greidhoeke

14.30 17.00 19.30

Boppesteande ynformaasje helje wy fan Easterein.nl (aginda) en fanút de mails dy’t wy krije fan ferienings. Ha jo noch in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl

Sjoch ek ris op www.easterein.nl


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Sneintejûn sjongen mei Qlassy op 11 desimber 2016 De sjongeressen fan Qlassy sjonge snein 11 desimber by it Sneintejûnssjongen yn de Martinitsjerke fan Easterein. Qlassy fersoarget de tsjinst, mei as begelieder oan it oargel Balt de Vries. De jûn begjint om 19.30 oere. It libben bestiet út mominten. Moaie, bysûnder en mindere mominten. Mar stean wy eins wol genôch stil by sokke mominten? Ha wy it tsjinwurrich net te drok om dêr tiid foar te nimmen? By dizze wolle wy jim útnoadigje om dit wol te dwaan. Snein 11 desimber soargje wy foar in jûn fol mominten. In momint om efkes stil te stean by ferskeidende ûnderwerpen, mominten om efkes mei elkoar te sjongen en fansels ek om nei Qlassy te lústerjen. Begjin 2012 brocht de passy foar sjongen ús yn de tsjerke fan Easterein byinoar. Sûnttiid foarmje wy it vocal quartet Qlassy, besteande út begeliedster Sjoukje Heins, Tryntsje Bouma, Janna Reitsma en Geeske Yntema,. Ús lûd kin omskreaun wurde as dynamysk: in kombinaasje fan tradisjoneel en eigentiidsk dy’t soarget foar in bliuwende yndruk. Dus pak dit momint! Oant snein 11 desimber!


KERSTMENU troch Elisabeth

De kerst komt er weer aan, hoe houden we het gezellig en wat gaan we eten? Kan lastig zijn. Hierbij wat tips en een menu. Deze vindt u verdeeld in het krantje terug. Wie weet zit er wat lekkers bij?! Fijne kerst! Een menu samenstellen hoeft niet ingewikkeld te zijn. Afwisselen van de gangen Denk bij het samenstellen van een menu in de eerste plaats aan variatie. Laat niet te veel van dezelfde ingrediĂŤnten terug komen in het menu. Afstemmen van de gangen Hoe meer gangen, hoe kleiner de hoeveelheden. Kies je voor zwaardere gerechten, dan kun je beter minder gangen serveren. Zwaardere gerechten zijn bijvoorbeeld gebonden soepen, rood vlees of wild, gerechten met room of boter en warme toetjes. Lichte gerechten zijn heldere soepen, salades, vis of kip en toetjes met fruit. Wie zijn je gasten? Stem je menu af op je gasten. Zijn er kinderen bij, zijn het avontuurlijke mensen of juist niet, wil je urenlang tafelen of het liever beperkt houden? Houd ook rekening met wat je gasten die dag al gedaan hebben: hebben ze uitgebreid geluncht, serveer dan bij voorkeur lichte gerechten zoals een ongebonden soep, kip of vis. Hebben ze net een lange strandwandeling gemaakt? Dan kun je juist wel zwaardere (wild)gerechten serveren. Wat serveer je wanneer? De traditionele volgorde van een menu is als volgt: Amuse Soep Hoofdgerecht Nagerecht Eventueel kaasplankje Bijgerechten hoofdgerecht: Aardappelpuree Gebakken aardappeltjes Boontjes Stoofpeertjes Salade Sauzen


En de kinderen? Geef de kinderen net zoveel gangen als de volwassenen, al is het maar een mini-portie, anders gaan ze zich vervelen Laat oudere kinderen uit echte wijnglazen drinken. Serveer twee kleuren druivensap of vruchtensap om het echter te laten lijken. Serveer extra groenten die de kinderen lekker vinden. Laat de kinderen aan het einde van de tafel zitten zodat er geen gaten ontstaan als ze tussendoor even gaan spelen. Zorg dat de kinderen iets te spelen hebben tussen de gangen door of laat ze een mooie tekening of kleurplaat maken.

CoVoS da 1 in goed begjin is it heale wurk!

De CoVoS froulju 1 binne poerbêst út de startblokken setten yn de 3e difyzje. Foardat de kompetysje begûn tochten wy dat it hiel swier wurde soe, flugger spul ensfh., mar oant no ta ha de froulju goede en moaie resultaten behelle en steane se op in hiel moai 5e plak. Der is noch mar 1/3 part fan de kompetysje spile. Se traine der hurd foar en dat betellet oant no ta út yn it moaie plak op de ranglist. De froulju spylje 3 desimber en 17 desimber thús yn sporthal de Greidhoeke oanfang 19.30 oere. En hoewol it by de wedstriden al gesellich fol sit kin der altiten mear publyk by. En sjoen it gjin waar mear is om bûten te sitten, sizze wij kom lâns, jimme binne wolkom. Op facebook binne de CoVoS froulju 1 ek te finen ûnder CoVoS DS 1. It folsleine wedstriid skema fan alle teams stiet op www.covos.nl.


Beste Elies, Fanof it begjin fan doarpskrantsje 2.0 derby, No hâld it efkes op foar dy, Der komt no tyd foar oare dingen, Mar we litte dy noch wol mei it krantsje rinne. Sadatst der noch wol in bytsje by bist, omdat we witte, datst ús net misse kist... It bernehoekje wie faaks foar dy, Mar ek fan de rubriek „Anybody tatoeage“ waardest hiel erch bly. Elies tige by tige!!!! De fergaderingen bin no echt foarby ;) Anneke, Bauke, Hinke, Nathalie en Yvonne

verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl


Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

U kunt ook online reserveren.

Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Tsjerkenijs Protestantse gemeente te Easterein

Advent en Kerst in de Martini

Juist in december is de kerk een plek waar mensen graag willen zijn. Is het nostalgie, geloof of meer het verlangen naar warmte en licht? Wij vragen u daar niet naar maar heten u van harte welkom! Neemt u bijvoorbeeld uw momentje met Qlassy bij het Sneintejûnsjongen van 11 december (19.30 uur). Of doe een keer op zondagmorgen met ons mee (elke zondag om 9.30 uur). Hieronder staan nog een paar suggesties. Welkom! ds. Riemer Praamsma

Kerstmaaltijd voor de ouderen

Namens de diaconie wil ik u alvast vertellen dat onze jaarlijkse adventsviering voor de ouderen dit jaar op 16 december is. Wij hopen er met elkaar weer een gezellige middag van te maken. De persoonlijke uitnodiging volgt nog, maar u kunt deze datum wel alvast in uw agenda zetten. Wij als diaconie zijn al druk bezig met alle voorbereidingen en hebben er enorm veel zin in. Graag zien wij u op vrijdag 16 december weer in de Skoallezeise met als afsluiting van de adventsviering een overheerlijke broodmaaltijd Namens de diaconie, Antje Joustra

Kerstnachtdienst “Als de sterren stralen…”

Een ster geeft licht, en dat kunnen we goed gebruiken in deze donkere tijd van het jaar. Al eeuwenlang vieren mensen het feest van het licht op de 24e december. Drie dagen na de kortste dag werd feestelijk herdacht, dat het licht er (weer) aankomt. De eerste “zendelingen” in Friesland haakte hierbij aan en voegden de geboorte van Christus erbij. Jezus zei het later zelf: “ik ben het licht der wereld”. En om het licht in het donker symbolisch weer te geven, gebruiken wij daar sterren voor. Maar wij niet alleen, ook God zelf gebruikte een ster om de wijzen naar Bethlehem te sturen. Hoe/wie en wat de sterren stralen zien we in de kerstnacht zelf, maar dat het een stralende belevenis wordt dat is zeker. 24 december om 22:00 in de ús Martinikerk te Easterein gaat dat gebeuren. “Komt allen te samen…” namens De Jeugdraad, André Christiaan Vink


Krystkonsert yn de Martini tsjerke Op sneintemiddei 18 desimber o.s., sil ús korps “Wilhelmina” û.l.f. Pieter Bosma, in krystkonsert jaan yn de Martinitsjerke fan Easterein. It begjint om 16.00 oere. Foar in moai krystkonsert hoege jo dus it doarp net út. Op it programma stean moaie sfearfolle stikken. Jim sille grif de bekende krystlieten herkenne. Ek it jeugdkorps “de Wilhelmini’s “ docht mei. Sy ha in oantal stikken ynstudearre dy’t hielendal yn dizze tiid fan it jier passe. Harren diriginte Joke Krist, hat alle stikken sa skreaun dat alle bern op eigen nivo meispylje kinne. Inkele leden ha it ynstrumint noch mar in pear moannen. Quatro-Forte As gasten hat Wilhelmina it saksofoankwartet Quatro-Forte útnoege Quatro-Forte bestiet út in sopraan-, alt-. tenor- en baritonsaksofoan. Der stean foaral klassike wurken op it repertoire. Wa binne dizze fjouwer muzikanten? Gerjanna Zijlstra bespilet de baritonsaksofoan. Se wennet yn Sint Annaparochie en komt út in muzikaal gesin. Heit, mem en har suster bespylje allegear in ynstrumint. Neist Quatro Forte is Gerjanne ek lid fan Excelsior yn Aldebiltsyl. De iennige man is Erik Hoek. Hy nimt de party fan de tenorsakofoan foar syn rekken. Erik is lid fan Ons Genoegen yn Marssum en fan it Frysk Fanfare Orkest. Hy is de techneut. Underhâld de website fan it kwartet en arrangeart sa no en dan, as dat nedich is, muzykstikken foar Quarto-Forte. Joke Kolthof, altsaks, wennet yn Bitmummole. Sy is lid fan Wilhelmina en makket diel út fan it bestjoer fan ús korps. Ek by Joke thús wie it altyd ien en al muzyk. Alle famyljeleden spilen by it korps fan Tsjummearum Reina Hibma is ek lid fan Wilhelmina en bespilet de sopraansaksofoan. Doe’t se 6 jier wie spile se al mei by Oranje Minnertsgea. Earst op de bugel, letter op de saksofoan. De optredens fan Quartro Forte wienen de lêste jierren net sûnder sukses. Se ha ferskillende prizen yn de wacht sleept. Op harren website stiet: Onze doelstelling is om met zoveel mogelijk plezier samen saxofoon te spelen en toe te werken naar optredens. Dat doen we door het delen van onze passie: saxofoonspelen.


Efteroan fan links nei rjochts: Joke, Erik en Gerjanne. Foaroan Reina. Dus bêste minsken dit wurdt in skitterende middei. Gewoan yn eigen doarp, mei muzyk op heech nivo. Oan’t snein 18 desimber 16.00 oere. Mei in hertlike groet, Folkje Visser fanút Wilhelmina

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


Beste dorpsgenoten, En dan is het opeens alweer december, dus is dit het laatste informatieve stukje vanuit ‘de Skoalleseize’ dit jaar. Met veel mooie herinneringen kijken we terug op een geslaagd jaar. Nu de kortste dagen voor de deur staan wordt er nog volop gebruik gemaakt van onze accommodatie, dit mede dankzij de geslaagde renovatie. Het was nog even spannend op de dag van de opening toen opeens de veiligheid van het kunstgrasveld breeduit in alle media in twijfel werd getrokken. Ook wij hebben het veld aangemeld voor een keuring van het rubbergranulaat. Zodra er meer bekend is horen jullie dat uiteraard van ons. Wat vooral is blijven hangen is de grote opkomst van publiek voor de openingswedstrijd. Ontzettend mooi om te zien dat jullie zo betrokken zijn! Spannend was het ook al even geweest aan het begin van de zomer, toen Sisa kinderopvang failliet ging. Gelukkig hebben we de peuterspeelzaal voor het dorp kunnen behouden. Veel ouders bleven trouw aan Easterein waardoor Kids First besloot locatie De Poaskepôle voort te zetten. Voor komend jaar staan even geen grote projecten op de planning, maar je weet natuurlijk nooit wat de toekomst brengt. Dankzij jullie, onze vrijwilligers, was het een jaar om nooit te vergeten. Tige Tank – Tige Tank – Tige Tank!!! Wij wensen iedereen heel fijne kerstdagen en een prachtige jaarwisseling. Tot volgend jaar!


De âlde doaze - rektifikaasje Ut wat foar húshâlding komme dizze bern? Kinne jo se? Dizze foto en fraach stiene yn it novimbernûmmer en spitichernôch stiene net alle nammen fan de famkes der by . Dus by dizze nochris de foto, mar dan mei alle trije nammen. Achteroan stiet Grietje en foaroan Tetje en Marijke Strikwerda.

kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


AMUSE

Bonbon van carpaccio met kruidensalade IngrediĂŤnten (8 personen) 20 g rucola 10 g platte peterselie 200 g carpaccio 7 g basilicum

1. Meng de rucola met de peterselie en het basilicum. Meng er de vinaigrette, kaassnippers en pijnboompitten uit de verpakking van de carpaccio door. 2. Leg 3 plakjes carpaccio op het werkblad en leg hier 1/8 van de kruidensalade op. Vouw het vlees zo strak mogelijk over de sla heen en vorm een bolletje. Draai om. Maak zo nog 7 bonbons. Bestrooi met peper en zout.

De âlde doaze It linker krystbengeltsje wennet yn Easterein. Witte jo wa it is? Oplossing fjirderop


Nieuws van Taekjes Túnhûs…. WINTER-KERST-workshop Op de laatste workshop (oktober) vroegen de deelnemers of wij in december ook een kerst-workshop gingen organiseren. Super, als mensen zo enthousiast zijn. Na overleg met Nienke van Bloemen & Zo (Slappeterp) hebben wij de volgende datum gekozen voor een WINTER-KERST-workshop op vrijdag 16 december 2016, ’s avonds om 19.30 uur in Taekjes Túnhûs. Nienke heeft diverse opties voor een gezellig stuk op tafel of aan de muur of buiten. Wij hebben dan ook besloten dat jullie zelf mogen kiezen wat je het liefst zou willen maken. Omdat dit een ander soort aanpak is, willen wij graag zo snel mogelijk weten of je mee wilt doen. Dus… je opgave/aanmelding voor 9 december doorgeven via de website van Taekjes Túnhûs of haar bellen (zie informatie hieronder). Keuze 1: Kerstrollade

Keuze 2a: Wandbord

Keuze 2b: Wandbord

Keuze 3: Kerstboom

€ 25

€ 25

€ 25

€ 27,50

vorm Kerstboom

Vorm vierkant

Heb je je keuze gemaakt? Ga dan snel naar www.taekjestunhus.wordpress.com en geef je keuze, plus je naam en telefoonnummer door (nogmaals, doe dit wel voor 9 december 2016) onder het kopje ‘contact’ of bel 06-42367462. Op de website zie je foto’s in kleur! Misschien heb je er dan een beter idee er bij! Je hoeft niets mee te nemen, Nienke zorgt voor alle materialen en Taekje voor een lekker bakje koffie/thee met wat lekkers. Wij hopen jou of jullie te zien op weer een spetterende gezellige workshop!


SOEP Romige tomatensoep in een broodje Ingrediënten (8 personen) · 8 Italiaanse bollen · 3 ui · 3 teentjes knoflook · 12 (rijpe) tomaten · 3 el Italiaanse kruiden · 1500 ml water · 3 bouillonblokje (tuinkruiden) · Flinke scheut kookroom · Snufje zout en peper · evt. kleine gehaktballetjes voor in de soep

Bereidingswijze: Snijd de kapjes van de Italiaanse bollen en hol de broodjes uit. Snijd de ui, knoflook en de tomaten in stukjes. Giet een scheutje olie in een pan en fruit het uitje met de knoflook aan (circa 2-3 min). Pas op dat de knoflook niet verbrandt. Voeg vervolgens de stukjes tomaat toe en bak dit ongeveer 2 minuutjes mee. Daarna voeg je het water, bouillonblokje en de kruiden toe en laat je dit ongeveer 10 minuten zachtjes pruttelen. Voeg de kookroom toe en pureer de soep. Serveer de soep in de uitgeholde broodjes. Je kunt nu lekker de soep uit het brood eten en als de soep op is, kun je daarna het broodje nog opeten. Dit recept kan makkelijk een dag van te voren bereid worden!


Snypsnaren

(troch Jan Hiemstra) De klokken It swiere lûd fan de toersklokken is al hûnderten jierren yn doarp en gea te hearren. Dit lûd is dúdlik oars as dat fan de klokken út de doarpen om ús hinne. Ieuwenlang ha dizze klokken de doarpslju oproppen om nei tsjerke te gean, om harren wurk te begjinnen en te beëinigjen, en om freugde en drôfenis mei inoar te dielen. Columbus ûntduts yn 1492 Amearika, Karel V waard yn 1500 yn Gint berne en Luther spikere yn 1517 syn 95-stellingen op ‘e doar fan de slotkapel te Wittenberg. Doe hong der yn de Eastereinder toer al in sûnt 1468 troch Steven Buytendyc getten klok fan 1658 kg. De lytse klok mei in gewicht fan 1360 kg, is fan Jacob Noteboom en hinget sûnt 1645 yn de toer. As dy klok yn de toer komt is de 80-jierrige oarloch noch net oer (1648), mar de tsjerke is sûnt 1580 al net mear Roomsk. It deistich gebrûk Pake Jan Yemes Hiemstra wie nei de oarloch kloklieder; hy hie syn heit Yeme Hiemstra opfolge en ús heit folge him op. In kloklieder moast ien wêze dy ’t altyd thús, en in man fan de klok wie. It lieden waard noch mei ‘de hân’ dien. Om ’t ús heit kloklieder wie, moast ik doe ’t ik it yn ‘e macht hie, wol gauris liede. Troch de wike barde dit om acht, tolve en seis oere mei de lytse klok. De toersklok wie der foar de tiid, want lang net elkenien hie in horloazje en de wizerplaat op de toer wie yn de fierte net te sjen. Tolve oere moast elkenien oan de ierappels en seis oere oan de bôle sitte. It sneinslieden Mei in bytsje fantasy kinne je sizze dat de snein mei it lieden fan de grutte klok op sneontemiddei by it ûndergean fan de sinne begûn. It wie it begjin fan de nije dei. Seis oere waard der dan net let. Sneins koe de kloklieder sawat yn de toer wenjen bliuwe. It begûn moarns om sân oere mei de grutte klok. Foar wa ’t dan noch net wekker wie folge om acht oere de lytse. Simmers kertier foar en winters kertier oer njoggenen bongelen beide klokken tagelyk as oprop foar de preek. Om tolve oere rôp de lytse klok de minsken foar it waarme miel en as dat goed en wol efter de knopen wie waarden beide klokken kertier oer ienen let as oprop foar de middeispreek. Om seis oere waard der dan noch ienkear let. It tsjerkelieden wie spesjaal foar de herfoarmen, mar yn de praktyk pasten de grifformearden harren mei it begjin fan harren preken dêr oan oan.


It bysûndere lieden Der wiene ek noch hiel wat bysûndere omstannichheden dat de klok let waard sa as by de befrijing en letter de deadebetinking op 4 maaie. It lieden fan de klok yn de krystnacht en fan âld op nij is in opstiging út lettere tiid. Ûnder de krystdagen waard der ek hiel wat ôflet. Op earste krystdei wie der twa kear preek en op twadde krystdei ien kear. As de krystdagen dan foarôf gongen oan in snein of nei in snein kamen, dan hie de kloklieder gjin rêst. Kloklieden en ferstjerren By in stjergefal en de begraffenis dêrnei waarden de toersklokken net sparre. Yn normale omstannichheden waard de ferstoarne moarns fan acht oant njoggen oere belet. By in man waard der mei de grutte en by in frou mei de lytse klok begûn. Bern waarden in heal oere belet: fan acht oant healwei njoggenen. Soms letten de klokken fan trije oant fjouwer oere foar ien fan bûten it doarp. Dit wie meastal in âld Eastereiner dy ’t der noch in grêf hie. De begraffenis It lieden fan de klokken wie in ûnderdiel fan it begraffenis-seremonieel. As de roustoet by de Âld Skoalle formearre waard kaam de boade efkes om ‘e hoek, stuts de hân op en sadree de stoet om ‘e hoeke kaam begûn it lieden. By in begraffenis út de grifformearde tsjerke waard de hân opstutsen fan ôf de brêge oan it begjin fan de Griene Leane en begûn it lieden sadree ‘t de stoet op de brêge wie. As de stoet op it tsjerkhôf kaam moast der earst trije kear lâns it iepen grêf rûn wurde. Dêrnei gongen de minsken it tsjerkhôf op. As de stoet rûnom it grêf opsteld wie swijden de klokken. Nei de plechtichheid op it tsjerkhôf moast de stoet noch ien kear om it tsjerkhôf hinne om it iepen grêf foarby te rinnen. Dêrnei gongen de minsken nei de Âld Skoalle en as de lêsten om de hoeke wiene hold it kloklieden op. Soms waard der let by in begraffenis fan ien fan bûten it doarp. Fan ôf it komboerd rûn de boade foar de lykauto út en ûnder it lieden fan de klokken waard de kiste nei it grêf brocht. De klokken yn de oarloch  Oarlochstiid is in minne tiid foar de grutte brûnzen klokken. Der binne dan altyd tsjustere krêften dy ’t se derút helje wolle en se omsmelte ta kanonnen. Neffens F.K. Reitsma (sjoch side 384 fan Easterein) is de jongste klok út 1645 yn it plak kommen fan in eardere klok ‘Grif is in eardere klok opeaske om der kanonnen fan te meitsjen, want dy waarden fan frijwol itselde


materiaal makke: in legearing fan koper en brûns.’ Yn 1943 is dy lytse klok út de toer helle. Neffens de Klokkeferoardering út 1942 – 1943 wie dizze klok net it allerbelangrykst. By de grutte klok wie in sertifikaat wêrop oanjûn waard dat de histoaryske wearde hiel grut wie en de klok dêrom net út de toer helle wurden mocht. It wie de bedoeling de klokken ôf te fieren nei Hamburg en dêr om te smelten. It brûns bestie foar sa ‘n 80% út koper en sa ‘n 20% út tin en wie foar de oarlochsyndustry fan belang: it koper foar de kanonnen en it tin …. foar de konserveblikjes mei de foarrieden fan de Dútske soldaten. Nei de oarloch De Eastereiner klok hat de oarloch oerlibbe. Yn 1946 ferskynt der yn de krante dat der yn Harns in skip mei in 150 Fryske klokken leit. Dizze hiene yn in depot yn Meppel opslein lein en wiene oan de ein fan de oarloch noch nei Hamburg ferfierd. By dizze klokken wie de klok út ús doarp. As jimme de foto besjogge dan is te sjen dat de râne fan de klok in opdonder hân hat, mar hy is wer yn de toer kommen. Nuver genôch ha ik dêr neat oer fine kinnen, mar ik wit dat ik as lyts jonkje by ús mem oan de hân foar de slachterij fan ‘âlde’ Lolke Bouma stie en seach nei it optakeljen fan de klok yn de toer. Neffens my is it oan it mitselwurk binnenyn de toer op ‘e hichte fan de kloksgatten noch te sjen dat der stiennen út west ha. Dit is de klok dy ’t út 1645 fan Jacob Noteboom. De namme is yn de klok getten. De râne is net hielendal geef. Dit kin ‘oarlochsskea’ wêze.


GEKE Geke is yn maart fan dit jier begûn mei de aksje “doch it foar dyn doarp en klup” en no is it yn desimber de tiid foar de útbetelling fan de fergoeding oan de ferskate ferienings. Yn totaal giet Geke € 290,61 oermeitsjen nei SDS, ODI, Passage, De Soos, Jeu de Boule, 60+, KF Easterein en de Tsjerne . Wolst do dyn klup ek steune ? Slút dy dan oan bij GEKE en nim stroom en gas ôf fan de NLD. GEKE is in enerzjy koöperaasje mei as doel de leefberens yn Easterein te fersterkjen en Easterein duorsumer te meitsjen. Troch mei-inoar enerzjy yn te keapjen fia NLD Energie kriget de koöperatie in jierlikse fergoeding (+/- € 75,-) per aanslúting. Dit jild wurdt foar de helte oan de ferieningen útkeard yn Easterein. Hjirby kinst sels oanjaan nei hokker feriening dit jild gean moat. De oare helte wurdt wer ynvestearre yn (duorsume) projekten yn Easterein. Geke is offisjeel “ wederverkoper” fan gas en stroom fan NLD enerzjy. Sjoch ek op Geke.nl

Gratis kaarten voor concert Nick en Simon Wij zijn in het bezit van 2 gratis kaarten via postcode loterij voor het jubileumconcert van Nick en Simon in Rotterdam. Aangezien wij Nick en Simon wel leuk vinden, zijn we toch geen fan en gaan dus niet naar Rotterdam.  Concert is op zondag 18december. Deze kaarten stellen wij beschikbaar  voor de liefhebber.  Groetnis Rein Hofstee (331746)


Nijs fan Fûgelwacht Easterein

Kursus einekoerflechtsje Wolris heard fan in Strampel as lofters? Dit binne wurden dy’t te krijen hawwe mei in einekoer. De einekoer stiet op in strampel yn de feart en in lofter is in dwersferbining fan de einekoer, somtiden fan tou as flaaks want eltse streek hat syn streekeigen flechtmetoade  en streekeigen produkten. Sa›n einekoer meitsje is noch net sa ienfâldich. Wolst graach op de hichte brocht wurde hoe it flechtsje hjir yn de Greidhoeke giet en noch moaier, fynst it moai om dyn eigen koer op in strampel yn de feart te setten? Dat komt dan moai út want de fûgelwacht Easterein  organisearret op moandei 17 desimber in kursus einekoer flechtsje mei Sjoerd Stenekes yn it âlde Sinteklaashok op de Griene leane. Dit is de garaasje fan Jehannes Nauta, wat wy op dat stuit omtsjoene ta ien grut Swetshok. Hjir kinne maksimaal 10 dielnimmers oan mei dwaan en de kosten binne €15 euro. Oan it ein fan de jûn meist dan dyn eigen flochten koer mei nei hûs nimme en bist in moai ein wizer fan dit âlde ambacht. Opjefte kin fia fugelwachteasterein2@gmail. com Oft dér mear as 10 flechters binne dan organisearje wy yn febrewaris fansels noch in jûn. De opjefte moat foar 10 desimber by ús binnen wêze. Tiid krije jimme dan noch wol troch. It bestjoer fan Fûgelwacht Easterein winsket alle leden, kommisjeleden, agrariërs, leanwurkers en Eastereiners smûke Krystagen en in sûn en natuerlik 2017 ta. Mei de groetnis fan,  Jan Rinse Blanksma (Foarsitter), Hans Kooistra (Sekretaris), Gep Bakker (Ponghâlder), Gerard van Asselt (Neisoarch), Doede Kooistra (Jeugdôfdieling) en Klaas Kamstra (Briedsoarch)


Wurkje mei de Kryst!!! (troch Anneke van Beem)

It is hast alwer Krysttiid, foar de ien in moaie tiid, foar de oar mei it wol gau wer foarby wêze. Der   binne ek   minsken   wer   ûnder   ik, dy  mei de krystdagen wurkje moatte. Faaks hear ik dan, och wat sneu en hast net ien dei frij? Foarich jier hie ik noch ferlof en koe ik my twa dagen yn de krystsfear dompelje. Ik ha genoaten, mar ik ha myn kollega’s ek stikem mist. Mei de krystdagen moat it by ús  barre en ik wie der net by. It fielde as fersaken. Dit jier  bin ik wer twa dagen oan›e beurt. Ik wurkje yn in restaurant en de sfear is dochs altyd wat oars. De minsken binne leaver en relaxter. Ik kin it net útlizze, mar it is oars. Ik ha der sin oan!!! Der bin folle mear Eastereinders die wurkje mei de krystdagen en dy dit ek net slim fine. Ik frege wat Eastereinders, wat sy der no fan fine. Hjir harren eigen ferhalen. Minsken tige tank foar de meiwurking! It  ferhaal fan Hester  Hiemstra-Sikma Earste krystdei  bin ik oan it wurk as ferpleechkundige yn it MCL. Ik ha dan in lette tsjinst fan 15.00 oere oant 23.30 oere. Fan te foaren is it soms net leuk om mei de feestdagen wurkje te moatten, ek net foar myn gesin. Dochs is it ek wol bysûnder. Der  hinget in hiele oare sfear op de ôfdieling as oars. En do besikest it foar de pasjinten dochs in bytsje spesjaal te meitsjen. Offisjeel hoegde ik net te wurkjen, mat myn kollega har soan is earste krystdei jierdei en ik fûn it sneu dat se op dy dei wurkje moast. De reden, dat ik har krystdei/ jierdei  thús winskje is  nammentlik hiel werkenber. Twadde krystdei  is  ús jongste soan  Jorn  jierdei,  dan bin ik lekker  thús. Dus wy  hoege mei de krystdagen  nearne hinne. Elts komt by us!! It  ferhaal  fan Geeske Visser Ik wurkje al hiel wat   jierren mei de  krystdagen en soe it seker net misse wolle. Fyn it eltse kear  wer  hiel spesjaal. De sfear  yn it restaurant is dan noch Nofliker troch de oanklaaiïng fan de krystfersiering  en de krystbeam wer Hindrik en Kim elk jier wer tige harren bêst op dogge. Ek it spesjale en bysûnder lekkere krystmiel, wat mei soarch troch ús koks gearstald wurd, docht mei oan de sfear. Ek binne dit de iennichste dagen, dat wy as personiel net yn de bedriuwsklean betsjinje. Op dizze dagen binne de gasten ek altyd wat yn in oare stimming. En dit alles makket dat ik it nea in probleem fyn om mei de krystdagen te wurkjen!


It ferhaal fan Geertje Sijbesma Ik wurkje al 17 jier yn de soarch, wêrfan ik 15 jier mei de krystdagen wurke ha. Ek dit jier bin ik wer presint yn it MCL en jou soarch oan de minsken die dit nedich hawwe. Mei de krystdagen is it altyd in prachtige sfear!  In groep meiwurkers fan  it sikehûs rint moarns betiid ferklaaid as ingel oer de ôfdielingen en spilet krystferskes. It Leger des Heils spilet ek op de earste krystdei, dit makket  altyd wer yndruk! As kollega›s ite wy moarns mei inoar en mei de kofje fansels wer  wat lekkers  derby. Dit   jier moat ik oerdei wurkje, mar dat wikselet  per jier. Ik ha ek  wol lette tsjinsten of nachttsjinsten hân. Nei myn wurk gean ik nei de famylje ta om dêr gesellich noch efkes te borreljen en te iten. Foar it thúsfront is it wat minder leuk as ik der net de hiele dei by bin, mar ik ha der sels minder muoite mei. Ek dit heart by myn wurk!

Hier had uw advertentie kunnen staan informeer naar de mogelijkheden bij de redactie


Info vanuit Vluchtelingenwerk voor de inwoners van Easterein Beste mensen, Syrie, Irak, het onbekende Eritrea... de wereld staat in brand. Vluchten uit een land waar géén mensenrechten bestaan en waar jonge mensen worden gedwongen tot levenslange slavernij. In Easterein kunnen Mehamed van De Streek, Raesi van de Skoallestrjitte en Awet van De Ljits wél veilig naar buiten en er op de fiets op uittrekken. Easterein helpt hen de nachtmerrie van het thuisland een beetje naar de achtergrond te brengen. Eastereinders leren hen het begrip «gastvrijheid» en helpen hen om het gevoel van wantrouwen naar de medemens te doen verkleinen. Eastereinders helpen hen óók iets moois van hun leven te maken. De vrijwilligers van Vluchtelingenwerk, jullie hebben ons vast wel eens langs zien komen op de fiets of met de auto met aanhanger, helpen mee opstarten. Wij, Tryntsje, Coba en Wieke helpen met de inrichting van het huis, met het weg-wijs-maken binnen de noodzakelijke formaliteiten, introduceren hen bij de tandarts, de huisarts, de bieb, de school, proberen hen te helpen met het aangaan van nieuwe contacten, etc. We proberen nadien ook een beetje vinger aan de pols te houden, drinken af en toe samen een kopje thee, nemen regelmatig de post door en laten ons steeds opnieuw verwonderen door de inzet en flexibiliteit die onze nieuwe vrienden ons laten zien. Ga er maar aan staan: jij en ik, helemaal alleen en ver verwijderd van alles wat ons dierbaar is een nieuw bestaan opbouwen! En dan ook nog in een land waarvan wij de taal niet kennen. Gaat ons dat lukken?  Wat kan iets simpels soms lastig en ingewikkeld zijn:  Spreek uw boodschap in na de piep: «rijst, brood, eieren, paprika...» Om de Nederlandse taal onder de knie te krijgen gaan Raesi en Mehamed voor de Inburgeringslessen naar Bolsward en Awet gaat naar Leeuwarden. Drie keer in de week naar school en ook thuis huiswerk maken. Oefenen met spreken van de Nederlandse taal is erg belangrijk, dit kan al door een praatje met de buurman/vrouw te maken. Ze zijn dus heel blij met de ontmoeting met hun dorpsgenoten, met het begrip van hun dorpsgenoten, met de compassie, de gastvrijheid, de helpende hand, de uitnodigingen. We hoeven het verder niet uit te leggen, als dorpsbewoner wéét je hoe dit


werkt. En daarom, namens Vluchtelingenwerk wensen we een ieder wijsheid en vooral veel plezier met het helpen integreren van de nieuwkomers. Een hartelijke groet van,   Tryntsje Wester (06-54776637) contactpersoon van Raesi Ik ben Raesi en heb een leerwerkplek gevonden bij boer Kuiper in Easterein. Hier leer en werk ik in het veebedrijf en pas zo de Nederlandse taal toe. In mijn geboorteland Eritrea was ik, voordat ik in militaire dienst moest, een kleine boer met 13 koeien. Uiteindelijk ben ik na 25 jaar dienst in het leger, het land uit gevlucht. Ik hoop dat mijn vrouw, dochter en zoontje, hier mogen en kunnen komen. Ik wil hier graag een nieuw leven opbouwen met mijn gezin en werken in de agrarische sector. Coba de Vries (06-23206477) contactpersoon van Awet Mijn naam is Awet Negash. Ik woon sinds april 2016 aan De Ljits 12. Ik ben 26 jaar en kom uit Eritrea. Mijn vrouw Winta is nu in Soedan en ik hoop dat zij met mijn kleine broertje naar Nederland mag komen. We waren thuis met 8 kinderen. Mijn vader is overleden en 6 van de kinderen zijn gevlucht en wonen verspreid over de wereld in Israël, Duitsland, Zweden , Soedan en Nederland. In Eritrea mocht ik graag voetballen met mijn vrienden. In Leeuwarden wonen 2 vrienden met wie ik ben gevlucht uit Gulch. Ik vind het leuk om op vrijdagavond in Easterein te voetballen. Ik ga 3 dagdelen naar het Friesland College in Leeuwarden en ik hoop gauw Nederlands te kunnen spreken. Maar ik vind het een moeilijke taal om te leren. Als ik mijn inburgeringsdiploma heb, zou ik graag elektricien of schilder willen worden. Wieke Jelsma (06-38099307) contactpersoon van Mehamed Ik ben Mehamed Ibrahim en ben 31 jaar. Ik kom uit Eritrea, uit de stad Keren waar ik kapper was. Ik heb 3 broers en 3 zussen, mijn broers en 1 zus wonen nog in Eritrea. Ik bid voor hen en heb veel heimwee naar mijn familie. Misschien mogen mijn vrouw en mijn moeder naar Nederland komen. Maar de regering in Eritrea is slecht en probeert alles tegen te houden. De wetgevende, uitvoerende en rechterlijke macht zijn totaal niet gescheiden. Zodra ik de inburgeringscursus heb afgerond, wil ik zo snel mogelijk aan het werk, het doet er niet toe wat. Omdat Nederlands zo moeilijk voor me is, helpt het mij enorm wanneer de mensen uit mijn omgeving af en toe eens een praatje met mij maken. Door veel te oefenen lukt het leren beter.


HOOFDGERECHT 1 Zalm Wellington (Zalm in een knapperig laagje bladerdeeg) Ingrediënten: · 650 g zalmfilet (op kamertemperatuur) ·

250 g champignons

·

10 g peterselie

·

13 g bieslook

·

200 g gerookte zalm

·

1 rol bladerdeeg

·

1 ei

·

Bakpapier en deegroller

Bereiden 1. Verwarm de oven voor op 200 °C. 2. Halveer de zalmfilet in de lengte. Bestrooi de stukken met peper en zout en leg ze op elkaar. 3. Snijd de champignons zeer fijn. Verhit de boter in een koekenpan en bak ze op middelhoog vuur tot het vocht is verdampt. Snijd de peterselie en bieslook fijn en meng met peper en zout door het champignonmengsel. Laat afgedekt op een bord afkoelen tot kamertemperatuur. 4. Leg de gerookte zalm in 3 rijen boven elkaar, elkaar iets overlappend, op een stuk vershoudfolie van 30 x 40 cm. Verdeel het champignonmengsel erover en leg de zalmfilet erop. Rol met behulp van de vershoudfolie de gerookte zalm strak om de zalmfilet. Rol het bladerdeeg uit op het bakpapier uit de verpakking. Snijd het deeg op maat. Leg de zalm erop, verwijder de folie en vouw het deeg erom. Het deeg mag 1 cm overlappen. Druk de randen goed aan en leg met behulp van het papier met de naad naar beneden op een met bakpapier beklede bakplaat.


5. Rol het overtollige deeg uit. Steek er met een uitsteekvormpje figuurtjes uit en plak deze met een beetje water op de zalm wellington. 6. Splits het ei en klop de eidooier los. Bestrijk de bovenkant van het bladerdeeg ermee. Het eiwit wordt niet gebruikt. 7. Bak de wellington ca. 25 min. in het midden van de oven. Haal uit de oven en laat 5 min. rusten onder aluminiumfolie. Snijd de wellington aan tafel in dikke plakken. Tip: Je kunt de zalm wellington 1 dag van tevoren bereiden t/m het verpakken van de zalm in vershoudfolie. Bewaar in de koelkast. Laat de zalm voor je verder gaat op kamertemperatuur komen. Begin maximaal 3 uur van tevoren met het uitrollen van het deeg en volg de overige stappen van het recept. Dit recept kan ook heel goed met rollade gemaakt worden.

Nijs fan Doarpsbelang Hald Faesje It doarpsbelang hat Berend Santema ree fûn om plak te nimmen yn it bestjoer. Hjir binne we tige wiis mei. Fjirders hat de gemeenterie de begrutting fan 2017 goed kart en dermei giet it plan om de Sibadawei oan te pakken yn 2017 ek troch. Der is troch de jieren hinne troch it doarpsbelang en bewenners faaks oer praten mei de gemeente om de dyk feiliger te meitsjen. It plan is der no en wy hoopje dat we yn de rin fan 2017 gebrûk meitsje kinne fan in feiligere Sibadawei. Yn it krantsje fan jannewaris komt der efkes in stikje fan ús wykagent Trinus Hoekstra oer it gebrûk fan groeps-appen foar buerten. Dit nei oanlieding fan de resinte stellerij yn ús doarp. Sjogge jo wat fertochts yn it doarp dan is it wichtich dat jo signalementen fan persoanen en kentekens fan auto’s noteare. En jou it dêrnei troch oan de plysje. Toch dy doar mar efkes op slot, dy’t jo normaal gewoan iepen lieten. Groetnis, Doarpsbelang Hald Faesje


Let the music do the talking – Simon-Paul oer syn band Bad Mood (troch Bad Mood en Yvonne van Beem)

Yn oktober 2016 bestie de band Bad Mood mei Eastereinder Simon- Paul Strikwerda alwer in jier. Heechtiid om better mei elkoar yn de kunde te kommen. Wat foar band is it krekt, wat spylje se en wêrom moatte wy op 10 desimber mei syn allen nei de Tsjerne komme. Jimme kinne it hjir lêze.   Hoe is de band ûntstien? Nei it út inoar fallen fan Special Treatment begûn it dochs wer te kribeljen by Peter en Simon-Paul, en dus wie it idee foar in nije rockband al gau realiteit. Der waarden ferskate audysjerondes organisearre, en úteinlik fûnen wy in goede gitarist yn Remmelt van der Wal en strikten Eduard Rekker as sangergitarist. Sûnt it earste momint dat wy elkoar seagen fielde it al goed: deselde humor, deselde muzyksmaak. Krekt as hie it altyd sa west.   En hoe sit it mei de namme? It wie sa’n repetysje wer alles fout giet en jo inoar mei in soer gesicht oan sitte te gnuven. Dus ja, dan komme jo gau by “Bad Mood” út haha! Nee, efkes serieus: wy wisten fan gekkichheid net mear in namme te betinken, en dus probearren wy bandnammen te meitsjen fan alles wat wy om ús hinne seagen as wat dan ek mar yn ús opkaam: «Eddie and the Doorhandles», «The Lucky Lightbulbs» of «Backstage Bastards». Dit waard ek gjin sukses, en doe kaam Remmelt mei in te gek nûmer fan The Vaccines: Bad Mood! Eltsenien wie it der unanym oer iens, dus fanôf no soene wy as Bad Mood troch it libben gean. Der wie noch wol in probleem mei it logo. Simon-Paul hie yn syn entûsjasme it logo fan Bad Mood Records - in platemaatskippij yn Amerika - kopiearre. Wy ha doe dochs sels mar in logo makke om net te bot op te fallen dat wy it stellen hiene.   Seit de namme ek wat oer de muzyk dy jimme spylje. By Bad Mood tink ik ûnbewust dochs oan wat agressive/hurde muzyk. Kloppet dat? Eins seit de namme neat oer de muzyk. Wat kin in namme oer muzyk sizze? It is net sa dat oft wy begjinne te spyljen, dat de minsken in min sin krije, teminsten, dat hope wy net. Soest wol sizze kinne dat wy ‘linke’ muzyk spylje, dat past ek wol by in min sin. Sa wat, tink ik. Wy hâlde ek net fan “al die handjes de lucht in” of “herinnert u zich deze nog” poespas. Wy dwinge


^EKEϭϬ^/DZΛ‘Dd^:ZE’ zE^dZ/E 



 











ΞDĂƌĐĞůǀĂŶ<ĂŵŵĞŶ

it leaver ôf mei in strakke rockshow. “Let The Music Do The Talking” (nûmer fan Aerosmith) fine wy in goed kredo. Ja, oer it algemien is it frij stevige muzyk yn it Alternative / Yndie genre mei in fleuchje Classic Rock. Ferneamde bands dy’t wy coverje binne û.o: Foo Fighters, MUSE, Arctic Monkeys, Biffy Clyro, Motörhead, Therapy?, Weezer, Queens of the Stone Age, Blink-182 ensfh. Mar der is ek romte foar in ballad as oare ynstruminten sa as piano, hammond of synthesizer. Ha jimme ek in doel as band? Lêsde op Facebook dat jim› oan “The clash of the cover bands” meidien ha en de publykspriis wûnen. Wie it doel miskien Paradiso? It doel is krekt as Bruce Springsteen op it Malieveld spylje foar 80.000 man. Ok, no efkes serieus: it muzyk meitsjen is foar ús allegearre leafhawwerij. We ha alle 4 gewoan wurk derneist. Mar wy  pakke it wol profesjoneel oan. As wy  in nûmer ynstudearje, probearje wy  altyd wol it orizjineel sa goed mooglik te benaderjen. Derneist binne we ek kwa PR drok dwaande (Facebook, reklame materiaal, festivals en sealhâlders benaderje). It doel is om regelmjittich op te treden op poadia yn Fryslân en miskien wol dêr bûten.


Ja, it doel wie Paradiso en it doel is Paradiso! Op 19 maaie stean we yn de regio finale (Café Scooters) en jimme moatte fansels allegearre komme om ús nei de finale te stimmen!!! Wêrom moatte wy 10 desimber nei de Tsjerne komme? De Tsjerne wurdt ús earste jûnfoljende show. It wurdt in jûn om nea mear te ferjitten. Letter kinst dan tsjin dyn bern sizze: Oh ja, Bad Mood, ik wit noch wol, de tsiende fan desimber 2016, doe wie ik der by. Sa’n momint sil it wurde, dus ja, moatte, ik kin my net foarstelle datst it misse wolst! En no net benaud wêze dat der in orkaan fan kabaal op jo ôfkomt: nêst ús beukende rock ha we in ferrassend protte nûmers wêrop jo prima dûnsje kinne!   Op 28 jannewaris dogge we ek mei oan de Oerrock Playoffs yn Kafé De Compagnon op’e Gordyk. Ek hjir moatte jimme fansels allegearre hinne om ús oan te moedigen! Fierder soene wy it stoer fine as jimme ús folgje wolle op Facebook. Gean nei www.facebook.com/badmoodrocks (as sykje op “badmoodrocks”) en like ús side!


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


HOOFDGERECHT 2

BOEUF BOURGUIGNON (4 personen) Tijd: 30 min. + 2-3 uur pruttelen Benodigdheden: · 600 gr riblappen · 100 gr spek · 4 tenen knoflook · 1 grote ui · 250 gr champignons · 200 gr wortels · 200 gr bleekselderij · 1 blikje tomatenpuree (70 gr) · 2 laurierblaadjes · half bouillonblokje (rund) · 250 ml water · 250 ml rode wijn · zout en peper

Bereidingswijze: Snijd de spek, knoflook, ui, champignons, wortels, bleekselderij en het vlees in stukjes. Bestuif het vlees met een beetje bloem. Bak de spek in een braadpan totdat ze goed doorbakken is. Haal het spek uit de pan. Smelt een beetje boter en bak het vlees rondom bruin. Voeg daarna de ui, knoflook en champignons toe. Bak dit circa 5 minuten mee. Voeg daarna de bleekselderij, wortels, uitgebakken spek en de tomatenpuree toe. Bak dit een minuutje aan en voeg daarna de rest van de ingrediënten (bouillon, rode wijn, laurierblaadjes, zout/peper) toe. Laat het geheel ongeveer 2-3 uur zachtjes pruttelen. Serveer de boeuf bourguignon bijvoorbeeld met aardappelpuree en gekookte worteltjes.


De Tsjerne, altyd gesellich Spoeketocht grut sukses! Op sneon 12 novimber wie ús jierlikse spoeketocht yn en om Easterein. Mei mar leafst 202 dielnimmers út Easterein en fiere omkriten in wier spektakel. De rûte De start fan de tocht wie net sa as gebrûklik yn de Tsjerne, mar foar it earst yn de Martini Tsjerke. Dernei op wei nei Eeskwert, oer de Van Eijsingaleane, efter de pleats fan Kuiper del nei de âld dyk. Dan troch it lân nei de pleats fan Yntema, oerstekke nei de mûne en fierder troch it lân nei de pleats fan Bouma, dêrnei oer it betonpaad, troch it lân nei de pleatsen fan Sjaarda en Kuiper om dernei mei de boat nei de slabatten te faren om te einigjen yn de Tsjerne. In prachtich blok om mei in protte skrik mominten.  Op de rûte diene je it betiden tin yn’e broek. Tsjitske hie in tena lady nedich om droech yn de Tsjerne oan te kommen. Wat wol je ek mei horror clowns, kettingseagen, dûkers, in âld keet, heksen en in protte oare nuvere en enge ‘ûnbekinde’ persoanen op de rûte dy’t je beslûpe en de stúpen op it liif jeie. Boppedat moasten de groepen ûnderweis in holle meinimme. Op dizze holle paste in clownsprúk en in reade noas, dizze koene je bemachtigje tidens de tocht. Gearwurking Us tank giet út nei de Tsjerke, super dat wy by jimme te plak koene en jim’ ús holpen ha. Alle boeren wêr’t wy oer it hiem en troch it lân swalkje mochten. En fansels alle frijwilligers! Mei oare wurden; hulde oan elkenien dy’t dizze tocht wer mooglik makke ha, sûnder jimme kin soks net barre!  Oant takom jier en fansels oant sjen yn de Tsjerne!  It bestjoer

Oplossing:Elisabeth Breeuwsma stiet links op de foto. it oare ingeltsje is har sus Anneke

Oplossing âlde doaze:


Nijs fan toanielferiening ‘Fuort Mar Los’

 Mids maart 2017 spilet toanielferiening “Fuort Mar Los” yn Easterein it stik “Twa".  ŝƚƐƚŝŬŝƐŽĂƌƐƉƌŽŶŬůŝŬďĞŬĞŶĚǁƵƌĚĞŶ–it sille de jierren ’90 west hawwe – ƚƌŽĐŚ dƌLJĂƚĞƌ͘ ůůĞ ƌŽůůĞŶ ;ĞŶ ĚĂƚ ďŝŶŶĞ ĚĞƌ ĨũŝƌƚũŝŶ͊Ϳ ǁĂĂƌĚĞŶ LJŶĚĞƌƚŝŝĚ ƐƉŝůĞ ƚƌŽĐŚƚǁĂĂŬƚĞƵƌƐ͘ Sa ‘mâl’ dogge wy it yn Easterein net. Wy folje de rollen yn mei tsien akteurs. DĂƌŝƚƐƚŝŬŝƐĚĞƌŶĞƚŵŝŶĚĞƌ Žŵ͊ŶĚĞƌĞƉĞƚLJƐũĞƐďŝŶŶĞĂůŵĞŝĨĂĂƐũĞƷƚĞŝŶ ƐĞƚƚĞŶ͘  It ferhaal fan “Twa” spilet him ôf yn in doarpsherberch. It is fol. De kastlein en ƐLJŶĨƌŽƵŚĂǁǁĞŝƚƐŵŽĂƌĚƌŽŬ͘^ĞďŝŶŶĞŵĂƌǁĂƚŬŽĂƌƚĞŶƐƚŝŬĞůŝĐŚƚƐũŝŶĞůŬŽĂƌ͘ ŶĚĂƚŬŽŵƚŶĞƚĂůůŝŶŶĞĨĂŶǁĞŐĞĚĞĚƌŽkte. Der spilet mear tusken dy twa….. Geandewei it stik wurdt dúdlik wêr ’t it wringt. kŶĚĞƌǁŝůĞŶƐ ďĞƐŝŬĞƚ ŝŶ ĨĞƌƐŬĂĂƚ ŽĂŶ ĚŽĂƌƉƐƚLJƉŬĞƐ ͬ ĨġƐƚĞ ŬůĂŶƚĞŶ ĚĞ ŚĞƌďĞƌĐŚ͘ LJ ŚĂǁǁĞ ĞŬ ƐĂ ŚĂƌƌĞŶ ĞŝŐĞŶ ĨĞƌŚĂĂů͕ ƐŬŝĞĚŶŝƐ ŽĨ ŐĞŵŽŶŬĞů ĞŶ ŐĞŬŽŶŬĞůŽĂŶĚĞƚĂĂƉ͘  /ƚƐƚŝŬ“Twa” kin men bestimpelje as in ‘ƚƌĂŐŝͲŬŽŵĞĞĚnjũĞ’ of –sa’t jo wolle – faaks in ‘komiͲtrageedzje’. It is yn elts gefal werkenber en “uit het leven gegrepen”. Dat betsjut dat sawol de golle laits as wol de trien oan bar ŬŽŵŵĞ͘  <ŽĂƌƚŽŵ͗ĚŝƚƐƚŝŬŵĞŝĞũŽďĞƐůŝƐƚŶĞƚŵŝƐƐĞ͊ ^LJďĞǀĂŶĚĞƌWůŽĞŐ͕ƌĞŐŝƐƐĞƵƌ͘ 

<ĂĂƌƚĞŶŬĞĂƉũĞ

 /ƚ ƐƚŝŬ ƐƉŝůĞƚ Śŝŵ ƀĨ ĂĐŚƚĞƌ ĚĞ ƚĂĂƉ͘ ŝƚ ŚąůĚƚ LJŶ ĚĂƚ ĚĞƌ ŵŝŶĚĞƌ ƉůĂŬŬĞŶ ďĞƐŬŝŬďĞƌďŝŶŶĞĂƐŽĂƌĞũŝĞƌƌĞŶ͘ġƌŽŵƐŝůůĞĚĞƌĚŝnjnjĞŬĞĂƌϯƷƚĨŝĞƌŝŶŐĞŶƉůĂŬ ĨŝŶĞĞŶŝƐŝƚĨĂŶďĞůĂŶŐĚĂƚũŽĨĂŶƚĞĨŽĂƌĞŶŬĂĂƌƚĞŶŬĞĂƉũĞ͘ŬĂƚũŽĚŽŶĂƚĞƵƌ ďŝŶŶĞǁŽůůĞǁLJŐƌĂĂĐŚĚĂƚũŽĚĞŬĂĂƌƚĞŶŽƉŚĞůũĞ͘ tġƐĚĞƌŽƉƚŝŝĚďLJǁĂŶƚĨŽůсĨŽů͘  ĞŬĂĂƌƚĞŶŬŝŶŶĞũŽŬĞĂƉũĞŽƉƐŶĞŽŶϮϭ:ĂŶŶĞǁĂƌŝƐƚƵƐŬĞŶϭϯ͘ϬϬĞŶϭϲ͘ϬϬ ďLJEŽĨůŝŬĂƐƚĞƌĞŝŶ͘


&ŽĂƌƐƚĞůůŝŶŐƐ  dŝŶŬ ĚĞƌ ŐŽĞĚ Žŵ͕ ĚĞ ƚŝĚĞŶ ďŝŶŶĞ ǁŝŬƐĞůũĞŶĚ ĞŶ ĚĞƌ ďŝŶŶĞ ŽĂŶĨŽůũĞŶĚĞ ŵŽŽŐůŝŬŚĞĚĞŶŽŵũŽƷƚƐƚĂƉŬĞŶŽĐŚůĞƵŬĞƌƚĞŵĞŝƚƐũĞŶ͘LJĞůŬĞĨŽĂƌƐƚĞůůŝŶŐŝƐ ĚĞƌin ferlotting wêr’t jo ŵŽĂŝĞƉƌLJƐŬĞƐŵĞŝǁŝŶŶĞŬŝŶŶĞ͘  &ƌĞĞĚϭϳŵĂĂƌƚϭϵ͘ϬϬŽĞƌĞ  ^ŶĞŽŶϭϴŵĂĂƌƚϮϬ͘ϬϬŽĞƌĞ EĞŝƀĨƌŝŶŝŶŶŽĨůŝŬĞŶĞŝƐŝƚŵĞŝŵƵnjLJŬ  ^ŶĞŝŶϭϵŵĂĂƌƚŵĂƚŝŶĞĞϭϱ͘ϬϬŽĞƌĞ   tLJŚŽŽƉũĞŽƉŝŶŐƌƵƚƚĞŽƉŬŽŵƐƚ͘/ƚƐƚŝŬŝƐƐĞŬĞƌĚĞŵƵŽŝƚĞǁƵƌĚŝĐŚ͊ &ŽĂƌŵĞĂƌLJŶĨŽƌŵĂĂƐũĞŬŝŶŶĞũŽďLJŝŵŵĞŶĨĂŶŝƚŚĂĂĚďĞƐƚũŽĞƌƚĞƌũŽĐŚƚĞĂƐŝŶ ŵĂŝůƚƐũĞƐƚũŽĞƌĞŶĞŝŝŶĨŽΛůĞƚƚĞƌĨƌĞƚƚĞƌ͘Ŷů͘  Nammens it haadbestjoer en alle spilers fan ‘Fuort Mar Los’ alfêst in ŐŽĞĚ ƷƚĞŝŶĚĞĞŶŵŽĂŝŶŝũũŝĞƌƚĂǁŝŶƐŬĞ͘  ĂƵŬũĞ^ƚĂǀŝŶŐĂ͕zƉĞdŝĞŵĞƌƐŵĂ͕ƉƉŝĞ,ĞŝŶƐ͕^ũŝĞƌŬũĞWůĂŶƚŝŶŐĂ͕ŶƚũĞ^ƚĞŶĞŬĞƐ   






Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


Easterein Rocks yn in nije jas!

Nei in oantal edysjes fan Easterein Rocks, waard it tiid foar wat nijs. De bestjoersleden woene wolris wat oars, de muzikanten hiene hjir ek wol nocht oan, mar wy murken ek op dat it publyk oan wat nijs ta wie. Dus tiid foar in nije jas, mei nije bestjoersleden! Sûnt juny is der in nij bestjoer, besteande út Gerben Kooistra, Rene Rypma, Carin Ypma en Jan Rinse Blanksma. Amarins de Haan koe Easterein Rocks net los litte, dus sy set har bestjoerswurk troch. En dan wolle wy fan ôf dit plak dochs noch efkes tige tank sizze oan Pieter, Simon Paul, Tjitte Jelle, Freddie en ek Amarins, foar de jierren ynset om alle Easterein Rocks edysjes ta in sukses te meitsjen. It wie top! Mar no… Easterein Rocks sil harren net allinnich mear ynsette op it evenemint sa as jimme fan ús went binne. Mar wy wolle ek ris wat lytsere muzikale aktiviteiten organisearje. Ideeën binne der genôch en hawwe jo as publyk in idee, dan wy hearre dit fansels graach! It earste aaike is ynmiddels lein en we binne drok dwaande mei it organisearje fan ús earste aktiviteit! Popkwis! Fan hokker plaat is de hoes dy’t jimme op it skerm sjogge? Wat is it fragmint wat jimme hearre, spile troch de Easterein Rocksmuzikanten. Om hokfoar sjongtekst giet it dy’t oersetten is nei it Frysk? Op snein 5 febrewaris organisearret Easterein Rocks in popkwis by Noflik. De presintaasje is yn hannen fan Freddie Scheltema en Pieter de Boer. Yn ferskate omlopen wurdt de muzykkennis fan de dielnimmers testen. Elkenien kin mei dwaan, fan 8 – 88 jier, út Easterein en omkriten. Wy binne net allinnich op syk nei muzyknerds. Nee, it giet ús om in gesellige muzikale middei mei elkoar. En fansels yn it skoft live muzyk, troch – hoe kin it ek oars – ús eigen muzikanten. Jou jimme no op! Opjaan kin yn groepkes fan minimaal 2 en maksimaal 4 persoanen. Ynskriuwjild is € 5,- it groepke. Fansels binne der prachtige prizen te winnen. Wat tochten jimme fan in heus wenkeamerkonsert troch Easterein Rocksmuzikanten. Opjaan kin fia eastereinrocks@gmail.com , it ynskriuwjild kinne jimme op de middei sels foldwaan. Oant 5 febrewaris! Gerben, Amarins, Rene, Carin en Jan Rinse


Promotie En daar stond Bauke de Boer aan de deur met de vraag of ik een stukje wil schrijven over mijn promotiedag. Natuurlijk doe ik dat graag. Donderdag 27 oktober was voor mij een bijzondere dag. Ik mocht promoveren aan de Rijksuniversiteit Groningen. Dat betekent dat je een wetenschappelijk onderzoek afrondt. Op basis van de resultaten van het onderzoek schrijf je een proefschrift. Dit proefschrift moet je tijdens de promotie ‘verdedigen’. Acht hoogleraren, in zwarte toga en met een mooie baret, stellen dan 45 minuten lang allerlei vragen over je onderzoek. Dit was uiteraard erg spannend, maar toch ook wel heel leuk om te doen! Gelukkig was de commissie ook tevreden en kreeg ik de bul uitgereikt. Na de verdediging volgde de receptie in het Academiegebouw. Geweldig om al je familie, vrienden en collega’s zo vrolijk bij elkaar te zien. Mijn broertje en zusje hadden ’s avonds een feest georganiseerd en waar kun je dit nu beter doen dan in ons eigen Noflik? Kim en Hendrik hadden een heerlijk buffet klaarstaan. Daarna hebben we het nog lang gezellig gehad in de tuinzaal. Een zeer geslaagd feest en sa ticht by hûs! Ik zal kort uitleggen wat het onderwerp was van het onderzoek waarop ik ben gepromoveerd. Dit was gericht op halfzijdige blindheid die veroorzaakt is door hersenschade. Daarbij is óf de linkerhelft, óf de rechterhelft van het beeld uitgevallen (voor beide ogen dezelfde helft). Dit heet met een moeilijk woord homonieme hemianopsie. Ik heb onderzocht welke problemen dit in het dagelijks leven van mensen oplevert. Ook heb ik onderzocht wat de effecten zijn van een kijktraining. Krijgen mensen weer een beter overzicht van de omgeving als ze op een bepaalde manier gaan kijken? Voelen ze zich daardoor minder onzeker tijdens het lopen en fietsen? Om een kort en on-


genuanceerd antwoord te geven: ja, dat deden ze. Het onderzoek is uitgevoerd in samenwerking met Koninklijke Visio, een expertisecentrum voor slechtziende en blinde mensen. Omdat ik hier in 2013 als neuropsycholoog ben gaan werken, heeft het promotieonderzoek in mijn geval iets langer geduurd dan de vier jaar die ervoor gepland waren, namelijk zeven jaar. Ik ben het onderzoek echter nog niet zat en de vervolgonderzoeken zijn alweer in volle gang! Oant sjen, dr. Gera de Haan

Er kan er maar één de beste zijn. Al 7 jaar! Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm water. Dankzij betrouwbare techniek en het hoogste rendement.

GENIETEN VAN Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat ATAG One! ÉN BESPAREN MET DE ZON A A+

Een ATAG zonlichtsysteem voor: XXL GRATIS WARM WATER LAGE ENERGIEREKENING

A

& ENERGIE BESPAREN EN! NG SUBSIDIE ONTVA Er is al een ATAG cv-ketel vanaf: M 200/5 NOR ELD: ZONNEBOILER ECO VOORBE

€ 2050,-

HOGER RENDEMENT DAN SPAARREKENING MILIEUVRIENDELIJK WAARDESTIJGING WONING Uw ATAG zonspecialist:

ATAG One

SUBSIDIE × ACTIE “GELD TERUG” EL UW VOORDEincl.

ATAG E325EC + One

€ 890,€ 250,-

€ 1.140,-

installatie!

* Vraag naar de voorwaarden

WWW.ATAGZON.NL

INSTALLATIEBEDRIJF

DE JONG

Fabrykswei 7 • 8734 HV Easterein Telefoon 0515 -331512 • Fax 0515 - 331716 E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


NAGERECHT

Trifle Wil je een heerlijk en bijzonder dessert op tafel zetten? Maak dan deze prachtige Engelse trifle! Het is heel makkelijk om te maken en gegarandeerd een hit. Hij is gemakkelijk vooraf te bereiden, dus als je even wat minder tijd heb kan je deze op een rustiger moment maken. Recept voor 4-6 personen Tijd: 30 minuten

Benodigdheden: · Doorzichtige middelgrote glazen schaal · 1 cake · 250 gram mascarpone · 250 ml slagroom · 2 doosjes (diepvries)fruit + extra vers fruit voor de garnering · 2 eieren · suiker · optioneel: geschaafde amandelen · alcohol naar smaak (bijvoorbeeld amaretto, limoncello of rumlikeur)

Voor de kinderen wat limonadesiroop

Bereidingswijze Zorg voordat je begint dat het diepvriesfruit ontdooit is. Snij de cake in kleine blokjes. Scheidt de eieren en kluts de eidooiers met wat suiker luchtig, het eiwit kan je weggooien. Spatel de mascarpone door het ei, probeer te zorgen dat er zo min mogelijk klontjes doorheen zitten. Klop je slagroom met wat suiker stijf en spatel dit daarna voorzichtig door je mascarpone-eimengsel. Leg als bodem een laagje cakeblokjes, zorg dat je het goed tegen het glas aanduwt. Druppel de likeur over je cake. Liever alcoholvrij? Druppel dan wat sterk aangemaakte limonade over de cakeblokjes. Doe de helft van het (diepvries)fruit over de cake, zorg dat de zichtbare vruchtjes mooi tegen het glas aan liggen. Doe hier nu een laagje van je mascarpone-slagroommengsel overheen.


Nu begin je weer met een laagje cakeblokjes, likeur/limonade erover, dan daarop de tweede helft van het diepvriesfruit en weer een laagje mascarpone-slagroommengsel. Maak de bovenste laag af met een laagje vers fruit. Voor de afwerking kan je wat amandelschaafsel eroverheen strooien. Bak het amandelschaafsel dan eerst kort aan in een droge koekenpan totdat het mooi lichtbruin is. Geniet van deze heerlijke Engelse trifle!

Beste minsken, Om eltse moanne in doarpskrantsje meitsje te kinnen, ha wy ek jim stipe nedich.  Wy  soene it sear op priis stelle as jim ús finansjeel stypje wolle. In rjochtingsbedrach is €5,- per húshâlding wat del komt op €0,45 per boekje! By it rûnbringen fan it jannewarisnûmer komme we it slúfke (wat jo yn dit krantsje oantreffe) persoanlik by jo opheljen.  Mochten wy jo dan net thús treffe dan kin jo ek it jild by ien de redaksjeleden bringe. As jo leaver in bedrach oermeitsje wolle dan mei dat nei it rekkennûmer fan it doarpsbelang: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante. Wy rekkenje op jimme stipe. Yn it foar tige tige tank en by dizze wolle wy jimme ek noflike krystdagen en in lokkich nijjier tawinskje. Groetnis fan de Redaksje, Anneke, Bauke, Elisabeth, Hinke, Nathalie en Yvonne


D! NIEUW IN FRIESLAN

en leren bespelen? ill w t en m ru st in n g ee ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M de f j Dan ben je bi ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. licht- en ge fessionele en ze zang, bas of zelfs Je krijgt les van pro rd, gitaar, drums, oa yb ke , no Pia . graag wilt leren

! n i e r e t s a E n i s e l r a Nu moaiol GkerritgHiintgast voor meer informesatlaien,d.nl Bel of muziekschoolfri t@ ri er g / 8 7 5 1 2 06 184

olfriesland.nl o h c s k e zi u .m w w w


Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

BOUWEN & V E R B O U W E N


Bernehoekje


Nijs fan de âldjiersploech! Noch 5 wiken en dan is it jier alwer foarby. De lêtste moannen fan it jier bin wy altyd wer drok dwaande om ien en oar te organisearjen rûnom de jierwikseling. Ek dit jier wolle wy der wer in wier spektakel fan meitsje. Set  mar alfêst 1.00 oere yn jimme aginda, want dan is de grutte SPEKTAKEL  FJOERWURKSJOW! It kin dit jier samar wêze dat wy  fan lokaasje feroarje mar dat folget letter. Wy ha wat plannen om de tradysjes fan eartiids wer wat op te pakken mar dat folget allegearre noch. Sa as sein, wurd hjir oan wurke, dus folgje goed easterein.nl en facebook! En net te ferjitten DE STUNT!! Yn elts gefal ha wy der wer sin oan en wolle hiel graach it feest en de show mei jimme diele! Oant safier. De âldjiersploech: Marten, Jan-Joost, Christiaan, Jehannes, Jan-Simon, DirkYde, Marco, Pier, Bauke en Gerard

De winterpuzel: terug van weg geweest ….. Troch Hinke Kuiper Dizze kear de o sa bekende, foar de measte Eastereinders, plaatsjepuzel. Eartiids wiene wy mei de hiele húshâlding dwaande om dizze op te lossen. Wat in wille en wat ferfelend as in oar it earder fûn hie as dy. Want wy makken de puzel allegearre apart en dan tsjekten wy dit by inoar. Ik hoopje dat jimme der krekt sa fan geniete kinne sa as wy dat eartiids diene. In protte wille der mei en as jim’ de puzel klear ha, dan mei jimme dizze by Hinke Kuiper (Hofsleane 21) yn de postbus dwaan (foar 31 desimber 2016). Wol efkes dyn/jimme namme der opsette. Der komt grif in winner út de bus!  Foar harren dy’t net witte hoe oft dizze puzel giet: it is de bedoeling om by it plaatsje, dat wy út in adfertinsje knipt ha, de goeie adfertinsje te sykjen en dan folje jo/jimme dy fan it bedriuw yn op de list by it goeie nûmmer.  It is betiden wat dreech… mar jimme krije in tip: hâld it útknipte stikje op de adfertinsje en doch dat tsjin it raam, wat skowe en ja hear.... wer ien oplost! Ik soe sizze…. sukses Easterein!


Advertinsje knip puzel 3

6

5

7

4

23

11 12

9

10

8

15 2 13

14 16

17

18

19 20 1

21

22


Oplossing: 1.................................................................................................................................................... 2.................................................................................................................................................... 3.................................................................................................................................................... 4..................................................................................................................................................... 5..................................................................................................................................................... 6..................................................................................................................................................... 7..................................................................................................................................................... 8..................................................................................................................................................... 9...................................................................................................................................................... 10................................................................................................................................................... 11................................................................................................................................................... 12................................................................................................................................................... 13................................................................................................................................................... 14................................................................................................................................................... 15................................................................................................................................................... 16................................................................................................................................................... 17................................................................................................................................................... 18................................................................................................................................................... 19................................................................................................................................................... 20................................................................................................................................................... 21................................................................................................................................................... 22................................................................................................................................................... 23................................................................................................................................................... Namme:............................................................................................................ Ynleverje by Hinke Kuiper (Hofsleane 21)


Bibliotheeknieuws ŝďůŝŽƚŚĞĞŬŶŝĞƵǁƐǀĂŶƵŝƚtŽŵŵĞůƐ

 Vanaf heden je in de de Heeft u het boekkun gelezen ‘Jij bibliotheek zegt het’ van krant lezen op onze i-pad. In ieder geval ŽŶŶŝĞ WĂůŵĞŶ͍ ĂŶ ďĞŶƚ Ƶ ǀĂŶ ŚĂƌƚĞ ǁĞůŬŽŵ de VolkskrachtŽƉenĚŽŶĚĞƌĚĂŐ Trouw. Vraag de ŽƉ eerst ĚĞ ďŽĞŬďĞƐƉƌĞŬŝŶŐ ϭϬ ŶŽǀĞŵďĞƌ Žŵ ϮϬ͘ϬϬ ƵƵƌ͘ ǀĞŶ i-pad bij de balie. Vrijdag 9 december hebben we voor jeugd van 8 tot 16 de ĂĂŶŐĞǀĞŶĚĂƚƵŵĞĞǁŝůƚƉƌĂƚĞŶŝƐƉƌĞƚƚŝŐ͘  laatste Coderdojo van het jaar. Reserveer snel je ticket via de website want gaan o.a.ŽƉϭϳ Hacken met Mario Bros onder leiding van Marloes Ingrid. ĞŶwe ǁĞĞŬ ůĂƚĞƌ ŶŽǀĞŵďĞƌ ŬƵŶŶĞŶ ĚĞ ĐƌĞĂƚŝĞǀĞůŝŶŐĞŶ ŽŶĚĞƌ Ƶen ĂĂŶ ĚĞ

ƐůĂŐ ŵĞƚ ǀŝůƚ͘ ^ĂŵĞŶ ŵĞƚ ^ũŽƵŬũĞ EĂƵƚĂ ĞĞŶ ďŽĞŬͲ ŽĨ ŝͲƉĂĚŽŵƐůĂŐ ŵĂŬĞŶ͘ De winterfair is dit jaar op woensdag 14 december van 14.00 – 17.30 u. Er sŽŽƌĞĞŶƉĞƌƐŽŽŶůŝũŬŽŵƐůĂŐƉĂƐƐĞŶĚďŝũũĞďŽĞŬͬĚĂŐďŽĞŬͬďŝũďĞůƚũĞ͘KƉŐĞǀĞŶ zijn allerlei hobbykraampjes met winter en kerstspullen. We hebben een ŝƐǀĞƌƉůŝĐŚƚǁĂŶƚĞƌŬƵŶŶĞŶŵĂdžŝŵĂĂůϭϬƉĞƌƐŽŶĞŶŵĞĞĚŽĞŶ͘ĞŬŽƐƚĞŶnjŝũŶ workshop vogeltaartje maken voor jeugd (kosten €1,00) tot 15.30 uur. VanǀŽŽƌůĞĚĞŶ af 14 een workshop van lid o.a.worden fietsband € 0,50). €7,50 en jaar nietͲleden €10,00. ring Eerstmaken nog even op (kosten de avond zelf is Ter ontspanning is er muziek en stoel-shiatsu. Voor de kleintjes leest meester ŵŽŐĞůŝũŬ͘ ĞnjĞ ĂǀŽŶĚ ďĞŐŝŶƚ Žŵ ϭϵ͘ϯϬ ĞŶ ŝƐ ĂĨŐĞůŽƉĞŶ Žŵ ϮϮ͘ϬϬ ƵƵƌ͘ Aant het kerstverhaal van Pim en Pom om 15.30 uur en 16.00 uur. En niet KƉŐĞǀĞŶŬĂŶƚĞůĞĨŽŶŝƐĐŚ;ƚĞů͘ϯϯϮϬϬϬͿŽĨĂĂŶĚĞďĂůŝĞƚŝũĚĞŶƐŽƉĞŶŝŶŐƐƵƌĞŶ͘ te vergeten, de legpuzzelruilbeurs ook voor kinderpuzzels. En er is lekkers  te koop voor bij je gratis kopje koffie/thee. Dus kom vooral langs ook als je ĂƚĞƌĚĂŐϭϮŶŽǀĞŵďĞƌŝƐĚĞďŝĞďĂĂŶǁĞnjŝŐƚŝũĚĞŶƐĚĞĂŐǀĂŶĚĞDĂŶƚĞůnjŽƌŐ geen lid bent. ϭϯ͘ϬϬ – ϭϲ͘ϬϬ ƵƵƌ ŝŶ /ƚ dƌŽĐŚƉĂĂĚ ŵĞƚ ŝŶĨŽƌŵĂƚŝĞ ŽǀĞƌ Ž͘Ă͘ ŝďůŝŽƚŚĞĞŬ ĂĂŶ ,ƵŝƐ͘ Op maandagmiddag 19 december is de laatste Haak maar Aan van dit jaar.  Natuurlijk extra gezellig met wat lekkers bij de koffie/thee en onder de DĂĂŶĚĂŐ Ϯϭ ŶŽǀĞŵďĞƌ ŝƐ Ğƌ ǁĞĞƌ ,ĂĂŬ ŵĂĂƌ ĂŶ ĞŶ ǀƌŝũĚĂŐ Ϯϱ ŶŽǀĞŵďĞƌ kerstboom. ŽĚĞƌĚŽũŽǀŽŽƌĚĞũĞƵŐĚ͘  Ook zijn we op zoek naar vrijwilligers voor het nieuw op te starten Taalhuis WŽƉƉĞŶƚŚĞĂƚĞƌ /ŶŬŝƉŝŶŬŝ ŵĂĂŶĚĂŐŵŝĚĚĂŐϮϴŶŽǀĞŵďĞƌŽŵϭϰ͘ϯϬƵƵƌ in de bibliotheek. WiltŬŽŵƚ u wat betekenen voor uw medemens op het gebied ŵĞƚĚĞ^ŝŶƚĞƌŬůĂĂƐǀŽŽƌƐƚĞůůŝŶŐ;ϯͲ7 jaar). Kosten leden en €2,00 en nietͲůĞĚĞŶ van taal en bent u redelijk bekend met computer laptop? Dan horen we €4,00.  van u. graag  KƉϭϰĚĞĐĞŵďĞƌĚĞĐĞŵďĞƌŚĞďďĞŶǁĞŶĞƚĂůƐǀŽƌŝŐũĂĂƌĞĞŶǁŝŶƚĞƌĨĂŝƌ͘sŽŽƌ Wij wensen u als personeel een hele fijne decembermaand en hopen u vaak ĚĞnjĞ njŽĞŬĞŶ ǁĞ ŶŽŐWant ĞĞŶ iedereen ƉĂĂƌ ŚŽďďLJŝƐƚĞŶ ĚŝĞ te ĨĂŝƌ mogen begroeten. is welkom bijŽŽŬ ons ǁĞů ook ǁĂƚ als jeǁŝůůĞŶ geen lid ǀĞƌŬŽƉĞŶǀĂŶĚĞnjĂŬĞŶͬŬŶƵƚƐĞůƐĚŝĞnjĞŵĂŬĞŶ͘/ŶĨŽĞŶͬŽĨŽƉŐĞǀĞŶŐƌĂĂŐďŝũ bent. WŝĞƚĞŬĞŝŶĚĞďŝĞďŽƉǁŽĞŶƐĚĂŐĞŶǀƌŝũĚĂŐ͘  Dhr. P van Dijk Voorheen It Risplan 3 8734 HT Easterein Wegens verhuizing zeg ik per dezen, alle lidmaatschappen op. Groeten, Pieter van Dijk


De Pinne…. Gerard en Lisette Zijlstra Wy, Gerard en Lisette Zijlstra, binne frege om wat te skriuwen foar it doarpskrantsje en ús sa oan jimme foar te stellen. Sûnt 1 septimber wenje wy oan’e Populiereleane 11. Wy fine it in hiel moai hûs en we hoopje hjir mei folle nocht en wille noch jierren te wenjen. Ús earste yndruk is dat Easterein in hiel aktyf doarp is. Mei folle ferienings, sporten en aktiviteiten en fansels in leuk doarpskrantsje. De earste moanne hawwe wy al in protte minsken oan’e doar hân mei kollektes, fan ferienings, fan tsjerke en wy hawwe al in pear buorlju sprutsen. Wy fiele ús tige wolkom. Ik (Lisette) ha al by in gespreksgroep fan’e Tsjerke west en ek dêr wie it hiel gesellich en fielde ik my tige wolkom.  Hoe binne wy yn Easterein telâne kommen? Gerard komt út Easterwâlde en ik út Hazerswoude-Dorp yn Súd-Hollân. Ik ha 9 jierren as logopedist yn Dútslân wenne en wurke en dêr hawwe wy elkoar troch in freondinne kennen leard. Doe’t Gerard foar syn wurk fan ‘e tsiisfabryk yn Olterterp nei Workum ta gong, bin ik ek nei Fryslân kommen. Wy seagen in hûs yn Drylts en dêr hawwe wy 11 jier mei wille wenne en wy binne yn dy tiid ek troud. Mar wy sochten eins wol in oar hûs mei mear romte om’e doar en it leafste oan ’t wetter. Doe’t wy dit hûs op Funda seagen wiene wy gelyk ferkocht… en it hûs net lang dernei ek. Yntusken wurket Gerard noch graach yn Workum op‘e tsiisfabryk en ik wurkje mei in protte wille op it Audiologysk Sintrum in Ljouwert dêr’t ik as “logopedist” begûn bin, mar wêr’t ik de lêste jierren, nei in 4-jieriige oplieding as “audioloog” wurkjen mei. Us hobbies: Gerard mei graach wat ompiele yn’e garaazje en hy sammelet âlde Krystfersierings en Märklin treinen. Ik sjong graach (ik bin begûn by it kwartettenkoor) en hâld fan lekker iten siere en bakken en nije dingen útprobearje. Wy hâlde beide fan gesellichheid mei âlde en nije freonen - en fan lekker ite fansels. Sa, dat wie it wol sa’n bytsje. groetnis,  Gerard en Lisette Zijlstra


Hoe is it no mei…. Rients Rienstra? Troch Nathalie Oliveiro

Foar dizze edysje mocht ik yn petear mei Rients Rienstra, berne op 22 jannewaris 1973. Mei heit en mem, bruorren Jakob en Auke en suske Akke wenne hy op Vrijburg 2. Ek sa nijsgjirrich hoe’t it no mei him is en wat syn bynamme wie eartiids? Lês gau fierder!   Kinst wat oer dyn hobby’s fan eartiids fertelle? Ik siet by de damklup, doe dammen wy foar myn gefoel mei âldere mantsjes. Der hat yn Easterein noch in skoft judo west, dêr wie ik reedlik fanatyk yn mei myn broer. En dernei bin ik op fuotbal gongen, eins troch Peter Sybesma. Ik wie in bytsje in letbloeier en ha my der echt yn fjochtsje moatten. Keatsen ha ik ek dien, mar dêr wie ik net sa’n held yn. Tsjintwurdich squash ik fanatyk.   Wat is dyn moaiste oantinken? Fan myn jeugd ha ik hiele waarme oantinkens oan myn skoaltiid en dan foaral oan alle learkrêften. Skoalle fûn ik hiel bysûnder en dat is miskien ek wol de reden west dat ik sels learkrêft wurden bin. Elke ûnderwizer hie foar my wol wat, master Hingst bygelyks mei it sjongen en master Strikwerda mei syn skiednisferhalen. Ek ha ik hiele goede oantinkens oan Peter Sybesma, dat wie sis mar myn maatsje. As bern wiene we in soad bûten, dat fûn ik machtich: it boartsjen yn de boarterstún, beltsje drukke. We diene altiten wol wat. In seizoen beltsje drukke, in seizoen flotten bouwe, in seizoen polsstôk springe. Der siet ritme yn. En dan at der iis wie, skotske rinne.   Rients de Kening Yn it doarp wie ik altiten in soad mei bern dwaande. Wy wennen tsjinoer de boarterstún, Harm-Auke Dijkstra, Robert Gorter en de bern fan Overal sieten altiten efter my oan: “he, Rients de Kening” en dan joech ik se wer in dûbeltsje as in stoer. Doe’t ik 16 wie, trainde ik de E’tjes as F’kes en sneons wie ik oan it fluitsjen, dan wie ik skiedsrjochter. Eartiids woe ik earst kok wurde en dêr bin ik doe ek in kear west, mar dêr paste ik net echt tusken mei myn learen jekje en myn lange hier. Doe’t ik net wist wat ik woe, seine minsken al dat ik wat mei bern dwaan moast en sa is it wat groeid. Op myn achttjinde bin ik mei de PABO begûn en doe bin ik ek út hús gongen.  


Spesjaal Underwiis Nei de Pabo ha ik earst fiif jier by Visser Transporteurs yn Boalsert wurke

en dêr bin ik hingjen bleaun. Ik ha dêr yn de montaazje sitten, en moast bygelyks lânboumasinen yn inoar sette. It wie aardich om te ûntdekken dat ik ek wat mei myn hannen koe, dat wie foar hinne hielendal net sa. Nei fiif jier wie ik dêr klear mei en woe ik it ûnderwiis wer yn. Doe ha ik sollisitearre op in fakatuere yn it Spesjaal Underwiis. Ik wist eins net sa goed wat it ynhold, mar ha ik gewoan besocht. Nei it jaan fan in proefles wie ik binnen. Ik ha acht jier wurke op dy skoalle, SBO AquaMarijn yn Ljouwert. Dernei bin ik nei it sear Spesjaal Underwiis gongen, nei de Professor Grevelskoalle. Dêr ha ik mei in groep autisten wurke fan trettjin oant fyftjin jier. Doe wenne ik al yn Snits. No wurkje ik dêr alwer in hiel skoft op de Súdwester. Tuskenjier yn Afrika Der is in momint west yn ús libben dat wy tochten: wat kinne wy foar oaren betsjutte? Freonen fan ús wiene yn Zambia west. Sa kamen wy yn oanrekking mei in projekt oangeande in skoalle foar kânsearme bern. Der waard ús doe frege oft wy hjir yn Nederlân yn meitinke woene en doe tochten wy: “Oft wy echt helpe wolle, soene wy der eins hinne moatte”. Doe is der in plan makke en it beslút dat as alle dingen dy’t wy nedich hiene, sa as foldwaande jild, ûnbetelle ferlof, as de bern mei wolle, it ferhieren fan it hús, ensfh. Oft wy al dizze dingen foar inoar krije, dan gean we en oars net. Sa gong it eins super goed en ha we yn 2010 (?) in jier yn in krottewyk fan Zambia wenne.


Folle riker mei folle minder Nei Afrika binne wy hiel oars yn it libben stean gien. Ast echt libbest yn in oare kultuer dan komst der efter dat dingen ek hiel oars kinne. Dêr’t Nederlân hiel yndividualistysk is, is de soarch foar inoar dêr hiel belangryk. Wy tinke altiten dat wy it hiel goed hawwe hjir, en materialistysk sjoen is dat ek sa, mar hoe’t minsken dêr mei inoar omgean, dat hat ús de eagen wol iepene. Eins libje se dêr folle riker mei folle minder. Dat is de grutste les dy›t ik dêr úthelle ha. Dêr sjogge se echt om nei inoar. En dat is ek nedich, want oars kinne se net oerlibje.   Famylje Ik kriich hiel betiid ferkearing mei Anneke, doe’t we fjirtjin en fyftjin jier wiene en yntusken binne wy no sa’n 23 jier troud. Wy hawwe trije jonges: Thomas fan achttjin, Ruben fan sechstjin en Jesse fan tsien. We wenje no yn Snits, dêr foar hawwe wy yn Winsum en Blauhús wenne. Doe’t de bern lyts wiene, woene wy graach dat der ien by harren thús bliuwe soe. No’t de jonges grut genôch binne, is Anneke ek oan it wurk gongen. Sy is sekretaresse by in psychologenkantoar, wat se super leuk fynt.   Takomstplannen? De húshâlding is gewoan belangryk. Soargje dat dat gesellich en leuk is. Foar mysels wat it wurk oangiet, soe ik it aardich fine om op de PABO les te jaan. Dêr bin ik no mei dwaande, om miskien dy oerstap te meitsjen. Wat ik sels leard ha, soe ik graach oerbringe op oare minsken. En foar de rest sjogge wy net tefolle foarút. It is sa’t it is, it kin elke dei wer oars wêze.

Nijs fan de beukerskoalle De Poaskepôle Yn de moanne jannewaris (2017) kinne jimme de flessenbonnen (as jimme de lege flessen werom bringe) by de Jumbo yn de bus dwaan dy’t yn de winkel njonken it emballaazjeapperaat hinget. De opbringst giet yn de moanne jannewaris nei de beukerskoalle “De Poaskepôle” yn Easterein. Alfêst tige  by tige! Groetnis, it Bestjoer

nei


drive

We trekken graag een sprintje om aan uw wensen te voldoen. Uw drukwerk regelen wij vol kracht en overgave. Wij gaan ervoor en hebben er plezier in. Dat is onze kracht. Enthousiasme voedt ons bloed. Van begin tot eind werkt ons team van bevlogen, betrokken toppers aan uw product. Het eindresultaat telt, maar ook de weg ernaar toe. Prestatie vloeit voort uit passie, gedrevenheid en betrokkenheid. Wij denken graag met u mee, want samen komen we verder. Welkom bij Van der Eems.

VANDEREEMS.NL EASTEREIN / HEERENVEEN / BOLSWARD

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje Easterein - desimber 2016  

Doarpskrantsje Easterein - desimber 2016

Doarpskrantsje Easterein - desimber 2016  

Doarpskrantsje Easterein - desimber 2016

Advertisement