Issuu on Google+

gratis en fergees

nr. 01 - 2011

papa achter befalle kin de tralies hiel moai weze itensiede op skoalle

1


15 april o/m 19 juni 2011 3 meter lang, 2 meter heech en

8 bewegende p o at e n

Streekrjocht

fanút it Natural

History Museum yn

Londen. Foar it earst yn Nederlân, yn Ljouwert, yn it Natuurmuseum Fryslân: de ôfgryslik grutte Australyske Tunnelweb

Spin!

natuurmuseumfryslan.nl

de Zorg van één Kraamzus t 0513 418888 • www.kraamzus.nl


Sa heit sa soan ‘Doe’t wy trouden, krigen wy fan famylje in pear hangoordwergen kado. Dat wienen gjin raskninen mar it wie wol it begjin fan ús hobby. Kunde fan ús fokte kleurdwergen, in ras dat ús beide oanspruts. Hast kleurdwergen yn ferskillende kleurslaggen. Mar wy binne fierder gongen mei it fokken fan blaumarters, yn middenblau en donkerblau. Doe’t ik myn earste spantsje kocht, foel ik fuortendalik yn de prizen op de Waterpoortshow, de kleindieren-tentoanstelling yn Snits. Dat motivearre fansels om troch te gean. De fersoarging nimt in soad tiid en fansels moatst ek neitinke oer de foklinen. Winterdeis ha wy sa’n tweintich kninen en yn ’e simmer binne dat der wol fjirtich. Jelle fynt it moai om syn knyntsje yn ’e hús rûnhippe te litten. Sasha, de hollander, is syn favorite knyn. Thijs syn knyn hjit Pluisje, mar dy fan my ha allinne nûmers!’

Namme: André Bleeker (45) Wenplak: Snits Hobbys: kninen fokke, fuotbal (André is trainer en lieder fan de E’s), túnkje Relaasje: 13 jier troud mei Annelies, sûnt 1989 byinoar Heit fan: Jelle (11) en Thijs (9)

Hasto ek tegearre mei dyn soan of dochter in selde hobby? Stjoer dan in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl. Miskien stiesto de oare kear yn dizze rubryk fan HEIT en MEM.

3


Dieuwke van der Meer - Posthumus (29) is redakteur fan Heit en Mem en webredakteur fan de website heitenmem.nl.

De berte fan in mem Senuweftich rin ik troch de gong fan it MCL. Nei it telefoantsje fan justermiddei woe it sliepen fannacht mar min en op it wurk kaam my hjoed ek hast neat út hannen. It leafste draaf ik op myn hurdst nei har keamer ta. Hoe soe it mei har gean? Hoe hat se it belibbe? Hie se in soad pine? En hoe sjocht de lytse poppe der út? Alle senario’s spoekje my troch de holle. Nei dit momint ha wy net njoggen moanne útsjoen, mar sawat ús hiele libben. Doe’t wy eartiids noch ‘heit en memmeke’ boarten, wie myn freondinne al sa’n leave mem foar har pop - ien mei fan dat moaie reade hier. Oan- en útklaaie, iten jaan, ferhaaltsjes foarlêze en by it op bêd bringen in ferske sjonge. Se is wier in natuertalint. As ik de keamer fûn ha en de doar iependoch, sjoch ik dêr de grutske mem op bêd lizzen. It hier wat wyld op ’e holle en in sûne kleur op har wangen. Ik jou har en de grutske heit in dikke krûp en kin myn triennen noch krekt tsjinhâlde. No’t ik neist har bêd sit, wit ik net wat ik earst en lêst sizze moat, ik bin allinne mar bliid dat ik hjir einlik bin. Myn freondinne ek, sa blykt, se wol graach har ferhaal kwyt. Se freget noch wol oft ik it hiele ferhaal wol hearre wol. Sa’n befalling is nammentlik net neat. Mar dat kin my neat skele, ik wol alles witte. At se har ferhaal dien hat, jout se de poppe it boarst. In moai lyts jonkje fan goed acht pûn mei prachtich donker hier leit by myn freondinne op ’e earm. Wy sjogge elkoar oan en gûle hast fan gelok. Wat is dit bysûnder. Se is mem, myn freondinne is mem wurden! Wurdsto ynkoarten ek mem? Lês dan ris it artikel op side 40 oer in nije en hiele bysûndere swangerskipskursus. Of lit troch ús in moaie foto fan dyn dikke búk meitsje foar de rubryk ‘yn ferwachting’ op side 24.

4


Ynhâld Kolofon redaksje: Ciska Noordmans en Dieuwke van der Meer haadredakteur: Ernst Bruinsma meiwurkers: : Ate Grypstra, Dieuwke van der Meer, Aukje Mulder, Ciska Noordmans, Marrit de Schiffart, Tjalling de Vries en Nynke van der Zee korreksje: Ytsje Steen-Buwalda en Nynke Beetstra redaksje-adres/ útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Printwurk: Telenga Drukkerij BV www.telenga.nl info@telenga.nl tel.: 0517 - 38 09 80

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66 Fotografie Lydia studio foto's www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 058 - 843 37 05 Yllustraasjes: Andrea Kruis (side 27) andrea.kruis@orange.fr

Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 35.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje. Dizze Heit en Mem is it earste nûmer dat yn 2011 ferskynt fan dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl. Abonnemint Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurdt jo foar € 10,- 3 nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

nr. 01

03 Sa heit, sa soan 04 Kollum Dieuwke van der Meer 06 Heit en Mem Post 08 Sirkus 13 Swier & Swiet 14 Tomke siket om 'e kluts 16 Itensiede op skoalle 19 Berneboeken 21 Gastouderopvang? 22 Befalle kin hiel moai wêze 24 Kollum Ate Grypstra 25 Utstapkes 26 Papa achter de tralies 28 Yn ferwachting 30 Bernepraatsjes 31 Heit en Mem boeken 32 Dikke Vrienden Club 35 Kollum Tjalling de Vries 36 De húsdokter 39 Kollum Ciska Noordmans 41 Bern 42 Heit 43 Byldtinken 46 Fertriet! 47 Beppe har pop

ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia Hyves, Twitter en Facebook. Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

5


heit & mem post Yn july komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert.

Theun de strjitmakker

Grutske unsichtbere alders

Groetnis fan Trijntje Hoekstra út Makkum

Poll op www.heitenmem.nl

Heit en Mem yn Ierlan

Fáiltigh ó Éire (groeten uit Ierland, in het Iers) Kees, Wieteke, Ruben & Thirza Postma

11% âlder as 31

15 % 29-31 jier

41% 25-28 jier

Sinds maart 2009 wonen wij als Fryske Ieren in Tramore, Ierland. We werken hier via de zendingsorganisatie ECM. Thuis spreken we alleen maar Frysk, maar daarbuiten natuurlijk Engels. Gelukkig spreekt iedereen Engels en hoeven we geen Iers te leren, want dat is een ontzettend mooie maar ook moeilijke taal. In ons dorp is zelfs een volledig Ierse school, over twee-/meertaligheid gesproken :-). Dat hebben we dus niet alleen in Friesland. Ruben, onze peuter, gaat sinds september naar het ‘pjutteboartersplak’ en geniet daar volop. Hij leert allerlei Engelse opzegversjes en thuis leert hij de Fryske en Nederlandse door middel van bijvoorbeeld Tomke en Sesamstraat. Drietalig dus en wat wonderlijk om te zien hoe zo’n klein mannetje dat oppakt. Afgelopen voorjaar werden wij door een vriendin verrast met het blad Heit en Mem. We hebben genoten en doen dat nog steeds, want ‘leave beppe’ stuurt het blad nu naar ons toe. Zoveel herkenbare artikelen en columns en zoveel nuttige informatie over taal en taalontwikkeling. Dat kunnen we hier zeker gebruiken en we genieten ook gewoon erg van een blad in onze eigen ‘memmetaal’. Heel erg bedankt hiervoor!

Sanne de Haan (24) uit Dokkum

6

Mei de berte fan myn earste berntsje wie ik ...

33% jonger as 25 jier

Op 22 juni ben ik de trotse moeder geworden van een prachtige dochter Marit, maar op 24 juni hebben we haar met intens veel verdriet weer moeten laten gaan. Heel mijn zwangerschap las ik jullie blad, ik las het van voor tot achter en weer terug en vond het heerlijk! En nu? Geen blad van Heit en Mem meer voor mij. Natuurlijk zou ik het kunnen lezen maar op de een of andere manier kan ik het niet. Het blad Heit en Mem is gericht op ouders van levende kindjes, helemaal prima, maar zoals bij zo’n beetje alles vallen de onzichtbare papa’s en mama’s van een overleden kindje weer buiten de boot en dat terwijl het verlies van ons kindje niet minder ouders van ons maakt. ‘Wy binne ek grutske âlders!’ Ik zou zo graag met mijn dochter in jullie blad staan, of mijn moeder met mijn dochter, noem maar op. Maar voor ons is dat helaas niet mogelijk. Terwijl ik zo trots ben en wil dat iedereen weet dat wij een dochter hebben!

Heit Heino is dwaande om de tegels yn ús tún der yn te lizzen en ús soan Theun (17 moanne) helpt dêr graach in hantsje by. Heit is efkes om in bakje en Theun fynt it ek tiid foar skoft. It is tafallich dat Theun der sa by sit, sa moai mei in koekje en de hammer, it is krekt as sil hy de hiele befluorring der efkes yn lizze.


De bernekeamer Ik woe jim graach fertelle hoe geweldich grutsk at ik bin op myn sliepkeamer! Us pake en heit ha de hiele simmerfakânsje trochwurke om myn keamer klear te meitsjen. Ik sliep no boppe op de garaazje! Ik bin sa bliid mei myn moaie grutte keamer! Us mem hat de boel ynrjochte. Ik bin 4 jier âld en ha ek al in ynrinkast!

Babydate

Poppe fan de moanne! ok tober

novimber

Groetnis fan Esmée Wielsma út Boalsert

Bisto ek sa grutsk op de bernekeamer? Mail in foto mei ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl

DE FRYSKE SOBBER Dit is Josetta Meijer út it Hearrenfean (3 moanne). ‘We waren op visite en ze begon onbedaarlijk te huilen. Natuurlijk was ik haar speen vergeten en toen kregen we deze van de mensen waar we op visite waren. Ze was er gelijk tevreden mee en omdat het zo schattig stond, is er gelijk een foto van gemaakt.’ Dizze foto is ynstjoerd nei ynfo@heitenmem.nl en se binne útlotte foar in PraatmarFrysk-kreampakket! Fan herte lokwinske! Sjoch foar mear ynformaasje oer dizze aksje op: www.heitenmem.nl

Hidde Wilko van der Heide

Kyra Terpstra

(3 moanne) út Brantgum

(3,5 moanne) út de Gordyk

desimber

jannewaris

Thijs Mendertsma

Roos Boonstra

(6 moanne) út Boerum

(16 wike) út Boerum

febrewaris

Ruben Stam (3 moanne) út Kollum

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl En wa wit komt dyn foto as poppe fan de moanne op heitenmem.nl te stean en krijst it nijste Fryske berneboek tastjoerd! ‘Poppe’ is Fries voor baby. De baby mag niet ouder dan één jaar zijn!

7


8


Sirkus

Sneon tsien oere yn Hallum. Yn it trainingssintrum Witova toeteret opswypkjende sirkusmuzyk út de boksen. Trompetten sketterje. Yn de pyste stean Kristyn, Lisanne, Martijn, Sanne en Josselin, allegear tusken de 10 en 13 jier. Guon steane earst wat skruten achter Marlies, de skouderkes rûn. Marlies hat sels de sirkusskoalle dien en jout no tegearre mei Elize les yn it trainingssintrum Witova fan Harm Witteveen en Dini van der Meer. Witova is net samar in sintrum en dizze bern binne net de earste de bêste artysten dy’t hjir yn de pyste omstappe. Heit en Mem praat mei Dini van der Meer.

Ciska Noordmans

9


Hooggeëerd publiek! ‘Syn hiele libben lang al is Harm wei fan it sirkus. Syn hiele libben is sirkus’, fertelt Dini. Wie hy earst in act yn it sirkus fan oaren, sûnt 1988 begûn er mei Dini syn eigen sirkus. Alles yn eigen behear: de tinte, de frachtwein, de bisten en de acts. Circus Witova is foar in grut publyk yn Fryslân in begryp, mei de jonglearacts, de hûn, de guozzen en clown Carlo, Harm syn alter ego. Simmerdeis jout Circus Witova foarstellings yn ûnder oaren Stiens en Snits op de bernebuorkerij en op Flylân. No’t Harm slim siik wurden is, binne de beakens ferset en is sûnt 2009 it trainingssintrum in feit.

In goed gefoel yn de pyste nimst mei dy mei ast de doar útgieste. Dini fertelt: ‘Witova soarget foar training, oplieding en reyntegraasje foar jongeren mei in beheining. De measte jongeren sitte op it spesjaal ûnderwiis. Yn har libben binne sy al hiel wat dingen tsjinkommen dêr’t sy net goed yn binne. Wy gean hjir mei de bern oan ’e slach en litte har erfare wat sy allegear wól kinne. In goed gefoel yn de pyste nimst mei dy mei ast de doar útgieste.’ As Marlies mei de hannen yn ’e loft foarop rint oer de giele streep op ’e tsjokke matte, folgje de famkes. Lisanne har eachjes twinkelje en Sanne rjochtet har rêch. Dit giet goed! Martijn wol noch net meidwaan. Hy sit yn in hoekje, is dwaande om in sirkusstjer te meitsjen

10

fan stokjes, mar ûnderwilens ferliest hy de famkes gjin tel út it each. Him ûntkomt neat. ‘De earste kear dat hy hjir kaam’, seit Dini, ‘fûn er alles stom. “Ik kom nooit meer terug”, wie it. Mar hy is der gelokkich al wer. Net alle bern binne gelyk en guon bern ha wat mear tiid nedich.’ As nei de matte-oefeningen de ringen oan bar komme, oefenet Martijn yn syn eigen hoekje. Nei in skoftke slagget it him ek de ringen om syn earm en syn pols draaie te litten. ‘Dini’, ropt er, ‘kijk eens!’ Dêrnei rint hy achter de oaren oan mei syn rûndraaiende ringen en as hy liedster Marlies foarbykomt, sjocht er temûk nei har. ‘It is sa moai om te sjen wat dit mei bern docht! Sy groeie hjir fan’, fertelt Dini. ‘Dochs moatte net allinne de bern soms oer de streep holpen wurde, mar ek de âlders. Guon binne der ynearsten net hielendal fan oertsjûge dat dit har soan of dochter helpe sil. En fansels is it altyd in ôfwaging wêr’tst in pgb (persoonsgebonden budget, red.) foar ynsette moatst. De bern ha allegear in yndikaasje fan it CIZ, dy’t rjocht jout op in pgb. Bern dy’t ferskriklik pest wurde, falle bûten dy yndikaasje. Lokkich ha wy foar dy bern in sponsorpotsje, mar fansels rekket dat ek wol wer ris leech.’

Dit is leuk, ik ben een aap. ‘Dit is leuk, ik ben een aap’, ropt Kristyn, wylst sy op ’e kop yn ’e trapeze hinget en har lange hier foar har gesicht swipet. Der folgje mear oefeningen. Soms mei syn trijen tagelyk. Elkenien mei wat

nijs probearje, al is dat foar guon noch wat grizelich. ‘Dat kan ik niet hoor’, ropt der ien. ‘Soks is net slim’, seit Dini. ‘Bern moatte hjir neat, sy meie hjir harren eigen grinzen opsykje. Harm en my stiet foaral in doch-terapy foar eagen en gjin praatterapy. Doch de dingen mar. Problemen binne der wol, mar dy litte wy no eefkes bûten de doar. Hjir moat it leuk wêze en meist dy rjochtsje op dingen dy’t binnen dyn mooglikheden passe.’

Dochs moatte net allinne de bern soms oer de streep holpen wurde, mar ek de âlders. As it hast tolve oere is, binne de bern wurch en wurdt it tiid om út te rêsten. Hiel ferlegen seit ien fan de famkes: ‘Ik vind het hier wel leuk.’ Se laket der foarsichtich by. Yn de ûntfangstromte fan it trainingssintrum is it gesellich. De giele romte mei sabeare reekoanslach, de ynliste foto’s fan de optredens en de swarte kroanluchter mei glânzjende bingeltsjes meitsje it smûk. De bôlebakjes komme op tafel, tagelyk mei de pilledoaskes. Want it binne en bliuwe fansels hiel spesjale artysten. Mear lêze oer Circus Witova? Harm Witteveen hat dêr sels it boek ‘Ons eigen Circus’ oer skreaun. Wenje jim yn de buert fan Hallum en soe dizze training ek wat wêze kinne foar dyn soan of dochter, sjoch op www.circus-witova.nl of mail nei circuswitova@planet.nl.


11


‘t zal u bevallen!

Middenweg 14 8537 SN ECHTEN Telefoon: (0514) 547177 (06) 17338419 info@zorgburodedriehoek.nl www.zorgburodedriehoek.nl

Jouw coach rondom de kraamtijd T 088 512 2000 • www.isiskraamzorg.nl /heitenmem Isis kraamzorg was voorheen:

grutsk op wa’t wy binne

De zwangere huismus praktijk voor o.a: * Zwangerschapscursus “Dat zal bevallen!” * Zwangerschapsmassage * Cursus “Shantala babymassage” By Sisa wurkje 210 fêste en 220 frijwillige liedsters. Wykliks meitsje 5000 bern gebrûk fan de ferskate foarmen fan ús opfang. Hjirmei is Sisa in grutte oanbieder fan berne-opfang yn Fryslân. Mar grut wêze fine wy net it wichtichste: de goede dingen dwaan en grutsk sjen kinne nei it opgroeien fan alle bern dy’t oan ús soarch tabetroud binne, dêr giet it om.

* Coaching jonge ouders met onrustige prikkelbare baby’s

Voor informatie, vragen en opgave voor de cursussen kunt u terecht op de website:

Sjoch foar it oanbod fan Sisa op: www.sisa.nu

www.dezwangerehuismus.nl

berne-opfang • pjutteboartersplakken • bûtenskoalse-opfang • gastâlderopfang

Sisa-100x133.indd 1

7-1-10 14:53


Swier & Swiet Fotobehang Wil je een speciale wand in je baby- of kinder­ kamer? Een prachtig tulpenveld, een close-upfoto van je pasgeboren baby of liever je kind spelend in een sprookjesbos? Alles is mogelijk met het behang van www.behangontwerp.nl.

Fantastisch vilt Heerlijk rustgevend bij het slapen gaan, een huisje dat het liedje ‘Het Zwanenmeer’ speelt. Deze muziekdoosjes zijn gemaakt van vilt en afgewerkt met woldraadjes en lint. Aan het eind van het trekkoord hangt een gekleurde viltkraal. Vind jij vilt ook zo fantastisch? Kijk voor de vilten muziekdoosjes en meer vilten hebbedingetjes op www.oddandwoolly.nl. Muziekdoosje: € 24,95

Weetje:

Ik wurd mem!

Lytse poppen kinne yn de liifmoer (‘baarmoeder’) al rûke, priuwe en hearre. Mar kinne se ek al sjen? Dat frege de Italiaanske ûndersiker Marco Del Giudice him ôf. Hy meat hoefolle ljocht at der yn de liifmoer trochkringt. Ut it ûndersyk blykt dat sa’n 0,1 oant 1 prosint fan al it ljocht wêrmei’t de mem yn oanrekking komt, yn de liifmoer komt. Mar dan moat de búk wol ûnbedutsen wêze. Op in sinnige dei sjocht de foetus it measte. Dan is de liifmoer ûngefear krekt sa ljocht as in normaal ferljochte hûs. De poppe hat dus mear as genôch ljocht om om him hinne te sjen, mar oft er dat ek docht bliuwt noch ûndúdlik. Boarne: Scientias.nl

Bist yn ferwachting? Lokwinske! Hoe reagearre dyn omjouwing op dat nijs? Wat hast as earste foar de poppe kocht en hoe sjochst tsjin de befalling oan? Yn dit swangerskipsdeiboekje is romte foar echofoto’s, búkfoto’s en om dyn eigen erfarings op te skriuwen. Foar € 7,50 te bestellen fia www.heitenmem.nl of freegje der nei yn dyn boekhannel.

Haken is Hip! Fleurich dochs, sa’n haakt tekkentsje foar yn de bernewein, ledikant of rinstek? By www.joeperdepoepske.nl kinst dizze haakte tekkentsjes en spreien krije yn ferskate kleuren en motyfkes. Wolst sels ek haken leare? Joeperdepoepske jout ek workshops!

13


nije bernefoarstelling

tomke siket om Romke en ik ha oeral socht, mar de kluts is nergens te finen en no is de kluts noch altyd fuort. Hoe moat dat no?

Ik bin mar in h没ntsje, ik kin no ienkear net prate.

14


’e kluts In muzikale foarstelling oer de dingen, de wurden en de klanken. As beppe de wurden kwyt is, en yn stee fan kofje yn it kopke, de kofje yn ’e skuon jit, is beppe de kluts kwyt, seit pake. Tomke en beppe sjogge nei de wrâld om har hinne. Sy helpe mekoar om de goeie wurden te finen by wat sy sjogge. In foarstelling foar elkenien fan 3 jier ôf. Sjoch foar mear ynfo, foto’s, filmkes en spyldata op www.tryater.nl

Witsto hoe’t de kluts der út sjocht, Romke?

15


Itensiede op skoalle Elk bern hat syn eigen talint ‘Elk bern hat syn eigen talint’, seit juf Jannet Bosma fan de Prof. Wassenberghskoalle út Lekkum.‘Guon bern kinne goed út boekjes leare en guon ha oare talinten. Dy besykje wy ek safolle mooglik nei foaren te heljen. Dêrom meitsje wy hjir op skoalle tiid foar oare aktiviteiten, sadat elk bern al syn talinten brûke kin. Ien fan dy aktiviteiten is itensiede.’ De Prof. Wassenberghskoalle hat yn in romte dêr’t op oare tiden ek de BSO en de pjutteopfang is, in fjouwerpitter mei in oven stean. In kôkeilân op bernehichte. Bern fan sa’n 6 jier ôf kinne sels yn de pannen sjen en der yn omriere, aaien bakke of oare kulinêre mielen meitsje. Oan ’e tafel stean fiif bern te snijen: Harm en Jitse út groep 4 en Hylke, Lara

16

en Chanel út groep 5. Hjoed stiet der snert op it menu. De splitearte lizze al yn it wetter en it fleis moat noch sean wurde. Der lizze sipels, prei en knolselderij klear op it kôkeilân. Neat is noch wosken of skyld. ‘Bern kinne in hiel soad sels troch te ûnderfinen en te dwaan, sa leare sy ek nei te tinken oer hoe’t iten op tafel komt.

Bern moatte witte wêr’t it iten weikomt. Fansels begeliede wy, mar wy besykje neffens it ynsjoch fan Maria Montessori te wurkjen: “help mij het zelf te doen”.’ Jitse wol mei in tinskiler in sipel snije. Juf lit him earst gewurde, it duorret mar

eefkes of Jitse pakt in keukenmeske. ‘Bern moatte de romte krije om út te finen hoe’t de dingen wurkje, dêr leare sy in soad fan’, ferdúdliket Jannet. Hylke snijt mei in enoarm keukenmes in woartel yn hiele lytse stikjes. It giet goed. ‘Thuis help ik ook wel eens met koken, dan mag ik met het grote mes van mijn vader snijden’, fertelt hy. Jannet heakket yn: ‘Wy besykje hjir de bûtenwrâld binnen de skoaldoarren te heljen en oarsom. Wêrom silst in bern op skoalle ferbiede wêr’t hy thús al mei dwaande is? In mes is pas gefaarlik asto net witst hoe’tsto dêr mei omgean moatste.’ De bern snije fierder. Lara stekt in stikje knolselderij yn ’e mûle. ‘Dit heb ik nog nooit geproefd, maar het is best lekker.’ De oaren krije ek in stikje. As de woarst snien wurdt, moat fansels ek elkenien eefkes meipriuwe. ‘Mmm, lekker!’ is it kommentaar.


Feilich mei fjoer yn ’e buert ‘Bern moatte witte wêr’t it iten weikomt’, fertelt Jannet. ‘Mei de frijwilligers op ’e tún fan Snakkerbuorren ha wy in goed kontakt. As it hast wer tiid is om te siedzjen dan belje sy ús op en dan gean wy der mei de learlingen op ’e fyts hinne. Op in stikje grûn siedzje de bern sels de grienten. Is de simmer hast foarby, dan komme wy om it der ôf te heljen. Sa krije bern it hiele proses mei. Bern moatte leare dat dingen tiid nedich ha. As wy oan it itensieden binne, bliuwe de bern der by oant it hielendal klear is. Dat jout gjin problemen mei harren aktiviteiten yn ’e klasse want itensieden is ek rekkenjen en taal. It ûnderwiis is hjir sa ynrjochte dat bern selsstannich wurkje kinne. Wy kokkerelle net allinne mei groep 3 oant en mei 8, ek mei de beukers út groep 1 en 2 wurdt al fan alles sean en snijd. Mei

gewoane keukenmeskes. Bern fan 4 en 5 jier kinne bêst appels snije of it daai foar koekjes knede. Sy ha yn ’e klasse in eigen gasstel omdat it oare fornús noch te heech is. De bern soenen oars op stuoltsjes stean moatte en dat is fansels net feilich mei fjoer yn ’e buert.’ Ek by it grutte gasstel

Wy besykje bûten binnen de skoal­ doarren te heljen. is oan ’e befeiliging tocht. ‘It gastastel wurket pas as de wasemkap oangiet’, seit Jannet. It knopke sit sa heech dat folwoeksenen der krekt by kinne.

Under it itensieden wurde ferhalen útwiksele tusken de bern. ‘Heb jij mijn race-auto ook gezien’, freget ien. It petear fljocht alle kanten op mar nei sa’n oardel oere giet Jitse der by lizzen. ‘Mijn vingers doen pijn en ik ben moe’, seit hy en ploft del op in boartersmatte. It is pauze. De spanningsbôge is by de measten noch net sa lang en it wurdt tiid om eefkes om te fleanen. Jannet: ‘As it sop klear is, wurdt it yn bekerkes dien en ferdiele wy it yn de klasse of troch de hiele skoalle, mar krekt hoefolle at der is. Alders krije der dus net safolle fan mei wat wy hjir allegear ‘bekokstove’. Mar leuke resepten skriuwe wy op en dêr meitsje wy ek wolris in moai resepteboekje fan, sadat de bern ek thús sjen litte kinne wat sy op skoalle allegear makke ha. Faak heare wy fan de bern of de âlden dat sy thús ek nochris lekker iten ha!’

17


, Wannear spilet Tomke by dy yn e buert? datum 16-mrt 18-mrt 19-mrt 26-mrt 30-mrt 2-apr 6-apr 9-apr 13-apr 16-apr 20-apr 29-apr 7-maaie 11-maaie 14 maaie 18-maaie 21 maaie 25 maaie 27 maaie 28 maaie

plak Frjentsjer De Jouwer De Jouwer Balk Drachten Achlum Hurdegaryp Grou Boalsert St. Anne Dokkum Snits Heech Winsum It Hearrenfean Bûtenpost De Gordyk Stiens Ljouwert Ljouwert

lokaasje tinte Breedeplaats Sinnebuorren Sinnebuorren Treemterplein De Lawei De Jister Schalmeiplein Autobedrijf Kooiker Plein 1455 terrein De Waaie Kalkhúsplein Oude Veemarkt Werf t.o. It Heechhûs by MFC De Helling Burg. Kuperusplein parkearterrein De Kûpe by de Skâns skatebaan Truerderdyk Straatfestival Straatfestival

tiid 14.00 en 15.30 15.00 en 17.00 10.30 en 14.00 10.30 en 14.00 14.00, 15.30 en 16.45 10.30 en 14.00 14.00 en 15.30 10.30 en 14.00 14.00 en 15.30 10.30 en 14.00 14.00 en 15.30 14.00 en 15.30 10.30 en 14.00 14.00 en 15.30 10.30 en 14.00 14.00 en 15.30 10.30 en 14.00 14.00 en 15.30

reserveare www.theaterdekoornbeurs.nl premjêre besletten www.tryater.nl www.nutgaasterlan-sleat.nl www.lawei.nl www.tryater.nl www.tryater.nl www.tryater.nl www.tryater.nl www.tryater.nl www.theaterdok18.nl www.theatersneek.nl www.tryater.nl www.tryater.nl www.posthuistheater.nl www.tryater.nl www.skans.nl www.tryater.nl www.friesstraatfestival.nl www.friesstraatfestival.nl

0517-396363 VVV ANWB: 0513-416030 Boekhandel De Jong 0512-335050 058-2539550 0511-472126 058-2539550 Gysbert Japicxshûs: 0515-573990 0518-401627/ Expert en Jetty’s Hoeky 0519-222969 0515-430 580 0515-442593 0517-341344 0513-619494 Ek te sjen Hedera: 0511-541084 op in tal 0513-468600 skoallen yn 058-2575220

Fryslân


BERNEboeken Stip kriget in suske Eric Hill, Afûk

In nij flapkeboekje fan Stip! Stip syn heit en mem ha in grutte ferrassing foar Stip - in suske! Sjoch mar ris hoe’t dat alderleafste hûntsje en har grutte broer Stip oan ’t boartsjen binne.

€ 8,95

1+

€ 12,95

It boek fan Mijke Heit Eabele Tjepkema en dochter Mijke nimme de tiid

foar it printeboek Fan it Lytse Knyn dat BOE seit, skreaun troch Jonathan Allen.

‘Wêrom sizze jim allegear kwak?’, freget Einepyk. ‘Jim binne gjin einen.’

‘Omdat wy kwak moai fine’, sizze de bisten.

Fan it Lytse Knyn dat BOE seit Jonathan Allen, Afûk

2+

Lytse Knyn sit by boer Jongsma op it hiem. ‘Boe’, seit Lytse Knyn. ‘Boe. ’Lytse Knyn is gek op it meitsjen fan bistelûden, want in knyn makket sels net safolle lûd. ‘Wêrom seisto boe?’, freget Keal. ‘Do bist gjin ko.’ ‘Ik bin gek op boe’, seit Lytse Knyn. Lytse Knyn en syn freonen roppe boe, bêê, gnoar, ii-aa en kwak yn dit bûnte bistelûdeboek. Doch mar lekker mei!

Eabele en Hetty lêze de bern graach foar; jûns foar it

sliepen gean meie sy elk in boek út de boekekast sykje, mar ek tuskentroch wurdt der gauris eefkes lêzen.

‘De bern pakke sels graach in boekje om foarlêzen te wurden en lekker eefkes te krûpen. Wy pakke sels

gauris in boek as de bern televyzje sjen wolle en wy it dêr noch net de tiid foar fine’, fertelt Eabele. Njonken

de Nederlânsktalige boekjes slingerje der ek in protte

Fryske boekjes yn ’e hûs om. Fan it Lytse Knyn dat BOE seit falt goed by de twa jongste famkes. Wy kinne it

boekje hearlik mei syn allen lêze. It is moai fan opbou,

€ 12,95

Lytse Mûs en it Grutte Gebakje Thomas Taylor, Afûk

Lytse Mûs ûntdekt in superlekker gebakje, mar hoe krijt er dat mei nei hûs? It is fierstente swier foar him om te tillen. Ien foar ien komme Mûs syn freonen del en se wolle allegearre wol helpe, mar net foardat se in hapke nommen ha fan it hearlike gebakje. Is der oan ’e ein noch wol wat oer foar Lytse Mûs?

de werhelling is aardich. De lûden raze wy om it hurdst

mei en de ein fan it ferhaaltsje is ferrassend! Kinst moai mei de bern prate oer bistelûden, oare lûdsjes en harren favorite lûden.

De plaatsjes binne dúdlik; jonge bern sille der net

yn ferdwale. De ko en it knyntsje, de ezel, de baarch

en it oare bistespul binne dúdlik fan foarm en kleur.

‘Allinne is it net hielendal myn styl’, seit Eabele. ‘Dat sil ’m grif lizze oan de kleurkes, it is in bytsje pastel.’

Eabele en Hetty komme beide út it ûnderwiis en sjogge kritysk nei boeken. Eabele hat ek de Nederlânske ferzje

3+

€ 2,39

Slik de slang

Hugo Arends, Ipadproducties

1-3

In dit interactieve prentenboek voor de Ipad leren kinderen vormen te herkennen. De slang eet allerlei etenswaren en kinderen zoeken en slepen de juiste etenswaren bij de juiste vormen. Een stem leest het verhaal voor, onder begeleiding van een vrolijk muziekje. De spellen bestaan vooral uit het slepen van vormen en het schudden van de iPad. Uiteraard is het ook mogelijk om de muziek en de voorleesstem uit te zetten, zodat een ouder of begeleider het verhaal zelf kan voorlezen. Dit boek is te downloaden in de App Store van Apple. Oók in het Fries!

der by hân en fernuveret him somtiden oer de Fryske

oersetting. ‘Wêrom wurdt der net praat oer “by de boer op it hiem” yn stee fan “by boer Jongsma op it hiem”.

Is dat net wat âldfrinzich, sa’n achternamme der by’,

sa freget hy him ôf. ‘Hjir en dêr binne der ek wurdsjes útfallen dy’t de faart fan de tekst fersterkje sille, mar fansels kin elke foarlêzer der wat eigens ynbringe.’

Fan it Lytse Knyn dat BOE seit Jonathan Allen

€ 12,95

€ 13,95

Floddertje

Annie M.G. Schmidt & Fiep Westendorp, Querido

4+

Floddertje in bad, Floddertje bij de kapper, Floddertje in de keuken, Floddertje aan de schoonmaak, Floddertje op bezoek... wat Floddertje en haar hond Smeerkees ook ondernemen, het wordt een heerlijke puinhoop. Toch wordt Floddertje aan het eind van haar avonturen beloond met een erelint van de burgemeester.

19


De moaiste Fryske kreamkadootsjes fine jo by de Afûk

€ 10,95 € 6,95

Grieme op syn Frysk! De slabben binne der mei ferskate Fryske teksten, lykas ‘Beppe har boefke’, ‘Pake syn pop’, ‘Lytse griemer’ en ‘Ik hâld fan heit & mem’.

Badcapes Nij binne de badcapes yn it blau en rôs mei de tekst ‘leaf!’ en yn it wyt mei de tekst ‘Lytse pop’.

€ 5,95

€ 5,50

Lekker badderje! Ek Tomke mei graach badderje. Yn it Tomkebadboekje sit Tomke yn ’t bad en hûntsje Romke hellet boartersguod foar Tomke. Mar kin dat allegear wol yn ’t bad?

Mûtske mei ‘jonkje’, ‘famke’ of ‘lytse pop’ Wat stean se moai! Dizze mûtskes foar de poppen binne der mei de tekst ‘jonkje’, ‘famke’ en ‘lytse pop’.

Fryske boek- en taalwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert, tel. 058-234 30 70 no ek op sneon iepen fan 10.30 oant 17.00 oere of bestel online op www.afuk.nl


Ik bring ús berntsjes twa dagen yn ’e wike nei in gastâlder sadat myn man en ik beide trochgean kinne mei wurkjen. De bern ha it dêr poerbêst nei it sin en ik sjoch it ek as in útstapke. Foar de sosjale kontakten is it ek goed want der komme mear bern fan harren leeftiid. It is dêr altyd in gesellige boel sa meielkoar! Heit en mem én de berntsjes tefreden! Jolanda Heeringa, Holwert

Dieuwke van der Meer

gastouderopvang? Wat binne de foardielen fan in gastâlder? Hoe kom ik oan in betrouber adres by my yn de buert dêr’t ik myn bern hinne bringe kin? Kin ik ek oppas oan hûs krije? En wat as ik sels gastâlder wurde wol? Wy fregen it Louise Wiersma, direkteur fan Sisa.

‘Gastouders vangen kinderen op in de leeftijd van 0 tot en met 13 jaar. Doordat de opvang bij de gastouder thuis is, is de opvang kleinschalig, huiselijk en vertrouwd. En wil je het nog gemakkelijker, dan zijn er ook opvangouders die bij jou thuis op je kinderen komen passen.' 'Een groot voordeel van een gastouder is dat jij je kinderen op wisselende tijden kunt brengen. Het is opvang op maat, je betaalt de uren die je gebruikt, met een minimum van gemiddeld 5 uur per week, en niet zoals bij een groepsopvang per dagdeel.’ ‘Wanneer je een gastouder zoekt, kun je je aanmelden bij Sisa. Tijdens een intakegesprek proberen we erachter te komen wat voor soort gastouder bij je past en welke gastouders bij jou of bij je werk in de buurt wonen.’

‘Wie gastouder wil worden moet minstens 18 jaar zijn, minimaal in het bezit zijn van een diploma MBO-2 Helpende (Zorg en) Welzijn, en ook een cursus Kinder EHBO hebben gevolgd. De gastouders die vorig jaar de MBO-opleiding niveau 2 hebben gevolgd, waren allemaal geslaagd! Als gastouder mag je maximaal zes kinderen tegelijk opvangen. De eigen kinderen (tot 10 jaar) van de gastouder die aanwezig zijn tijdens de opvang worden hierbij meegerekend. Je kan zelf beslissen hoeveel uren per week je aan kinderopvang wilt besteden. Als gastouder ontvang je van het gastouderbureau een vaste vergoeding per uur per kind voor de geboden opvang. Bij thuisopvang ontvangt een opvangouder het minimumloon. Er is altijd behoefte aan nieuwe gastouders. Wie zelf ook gastouder wil worden kan zich melden bij Kinderopvang Sisa. Wij helpen je graag.’

Onze voorkeur lag bij een sociale opvang, dan ga je toch al snel richting de crèche. Het is alleen zo dat het werk van mijn man van 06.00 tot 14.30 uur is. En ik heb op mijn werk een wisseldag. Met deze tijden konden wij niet op een crèche terecht. En bovendien zouden we dan voor de uren betalen wanneer mijn dochter Renee (14 maanden) niet eens op de crèche zou zijn. Daarom hebben we voor een gastouder gekozen. Uiteindelijk zijn wij meer dan blij dat wij deze keuze hebben gemaakt. Onze gastouder is heerlijk flexibel. Als we eens, door bijvoorbeeld een vergadering, een uurtje later zijn is dat geen enkel probleem. Bij onze gastouder is het lekker huiselijk. Ze hebben een kat en onze gastouder vangt ongeveer tien kinderen op, verdeeld over de week. Er zijn dus altijd meerdere kinderen om mee te spelen en van te leren. Ideale combinatie dus! Lisette de Vries- Blaauw, Grou Wij hebben onze dochter van negen maanden sinds kort bij een gastouder. Daarvoor is ze twee maanden naar een kinderopvang geweest. Hoewel er niks mis was met de kinderopvang was ik toch erg blij toen Fardau terecht kon bij een gastouder. Ik vind het fijn dat ze dan in een huiselijke omgeving is en ook dat er niet zo heel veel kindjes zijn. Onze gastouder heeft zelf een aantal jaren in de kinderopvang gewerkt en heeft al het goede daarvan meegenomen in wat ze nu doet. Ze zingen, spelen, enz. Ik laat Fardau daar met een gerust hart achter. Jenny Waning, Haulerwijk Reagearje op dit artikel? Gean nei www.heitenmem.nl

21


Dieuwke van der Meer

‘Befalle kin hiel moai wêze’ In komplete swangerskipskursus

In protte froulju dy’t yn ferwachting binne kieze foar swangerskipsgymnastyk. Oaren kieze foar swangerskipsyoga, en wer oaren hâlde it by allinne in ynformaasjejûn. Kreamfersoarchster Yvonne Weijer fynt dat dat better kin. Wêrom net én yoga én massaazje én gymnastyk én ynformaasje yn ien swangerskipskursus? Yvonne Weijer is kreamfersoarchster, mar hat dêrneist ek in eigen praktyk yn Winsum. ‘Doe’t ik sels yn ferwachting wie, waard ik faak “zwangere huismus” neamd. Dat wie tagelyk ek in pakkende namme foar myn praktyk. Nei myn oplieding kreamsoarch ha ik de massaazje-akademy dien. No kinne froulju dy’t yn ferwachting binne harren hearlik troch my massearje litte. Dêrfoar ha ik in spesjale massaazjetafel mei in útsparring foar de boarsten en de dikke

22

búk. Sa’n massaazje kin helpe foar in bettere bloedsirkulaasje, of by pine yn ’e rêch, nekke of skouders. Of it kin helpe om pine yn ’e fuotten te ferlichtsjen of focht ôfdriuwe te litten. Dêrneist doch ik ek oan babymassaazje, dat kin yndividueel of yn groepsfoarm.’ Dat zal bevallen Mei de nije swangerskipskursus ‘Dat zal bevallen!’ fan seis jûnskoften wol Yvonne de minsken sjen en erfare litte dat befalle ek hiel moai en bysûnder wêze kin. En al gau blykt dat Yvonne net allinne stiet yn har tinkwize. Bregje Hamelynck, mamacoach - fan Eostra út Sibrandabuorren - wie drok dwaande om in swangerskipskursus op te setten, doe’t se hearde fan Yvonne har plannen. Se blieken op ien line te sitten en elkoar goed oan te foljen. Wêrom dan net gearwurkje?

‘In protte froulju tinke fan: befalle, dat docht ik wol even. Safolle froulju foar my dienen it ek. Mar hjoed-de-dei binne in soad froulju ferleard om nei harren lichem te lústerjen. It is sa wichtich om ûnder it befallen goed ûntspand te wêzen. As alles yn dyn lichem spand is, wol dyn liifmoer (baarmoeder) net samar iepen en kin it befallen sear dwaan. Dêrom leare wy de froulju mei ús kursus hoe’t se ûntspanne kinne en krije se in cd mei nei hús mei ûntspanningsoefeningen. Sa kinne se oefenje om te ûntspannen. En as se dan befalle moatte en se hearre de muzyk wer fan de cd, dan sil harren lichem dat assosjearje mei ûntspanning. It is ek hiel wichtich dat froulju harren konsintrearje op harren búk en it berntsje en dat se der goed mei de holle by bliuwe. Dat is in goede manier om dyn lichem en geast ta te rieden op de befalling’, sa fertelt Bregje.


Mear witte oer dizze komplete swangerskipskursus? Sjoch op: www.datzalbevallen.nl of op www.dezwangerehuismus.nl.

Dat befalle ek leuk wêze kin, litte Yvonne en Bregje harren kursisten sjen troch in oantal ferskillende befallingen te toanen, lykas in ûnderwetterbefalling en in befalling op in baarkruk. Der binne neffens harren ek froulju dy’t it foarelkoar krije om in orgasme te berikken ûnder de befalling. Dêrneist krije de swangere froulju tips foar ferskate hâldingen om yn te befallen, ynformaasje oer boarstfieding en ek de swangerskipsgymnastyk wurdt net fergetten.

om’t se dochs yn it sikehús befalle sille. Mar ek yn sikehuzen lústerje se nei dyn winsken. Wolst bygelyks graach fan in befalkruk gebrûk meitsje, ûnder de befalling nei klassike muzyk lústerje of leaver gjin rêchprik? Do kinst it allegear oanjaan. Mar it bliuwe fansels winsken.’ Neist it befalplan fertelle Yvonne en Bregje wat in oansteande mem fan de kreamwike ferwachtsje kin en fan in kreamfersoarchster. Want dêr is somtiden ek nochal wat ûndúdlikheid oer.

Befalplan Bregje fertelt dat sy en Yvonne de kursisten ek helpe om in goed befalplan op te setten. ‘Hjoed-de-dei is in befalplan al hast gebrûklik, mar it is ek tige wichtich. In protte oansteande memmen witte net goed wat se der yn sette moatte. Of se tinke dat it net hoecht,

It mei ek gesellich wêze, sa’n kursus, in lyts feestje. Want yn ferwachting wêze is en bliuwt gewoan hiel bysûnder. Je komme faak út deselde omjouwing wei en je ha allegear op syn minst ien ding gemien: in dikke búk. En op sa’n dikke búk meist grutsk wêze. Dat boadskip wolle wy ús oansteande memmen ek meijaan

en dêrom litte wy altyd in moaie foto meitsje fan de groep. En as se wolle, kinne se sels foar in lyts bedrach in yndividuele foto meitsje litte troch in profesjonele fotografe. In moai oantinken oan dy bysûndere tiid!’ Gjin pufkursus Krekt as by de measte swangerskipskursussen wurdt de man ek by dizze kursus belutsen. ‘Mar ha mar gjin noed, de manlju hoege net te puffen’, sa fertelt Yvonne. ‘Want dêr ha de measte manlju sá’n hekel oan. Se leare wol hoe’t se de frou yn de tiid fan de swangerskip en ûnder de befalling it bêste massearje kinne. Fierder leare se hoe’t de man syn frou begeliede kin ûnder it befallen, wat se dwaan kinne at de ferloskundige, om watfoar reden dan ek, net by de befalling is, en bygelyks by in weeëstoarm.’

23


Ate Grypstra

THE NEXT GENERATION Kompjûterspultsjes. Sels spylje ik se al mei in soad nocht sûnt myn tolfde. Mar by myn jonges leit dat justjes oars. Ik tink dat David op syn fjirde of fiifde oan it firtueel fertier begûn. En Jesse wie noch mar amper trije jier, doe’t syn flugge fingerkes foar it earst oer it toetseboerd fan de famyljekompjûter fleagen. Mei de mûs koe er doe al in skoftsje feilleas omgean. Echt wier? Echt wier! It binne oare tiden. It binne oare bern. Harren each-hânkoördinaasje nimt hjoedde-dei ferbjusterjende foarmen oan. Okkerdeis siet ik bygelyks foar in spultsje wêryn’t ik mei in stellen taksy troch in oan alle kanten ynstoartend New York ride moast. De ferwoasting wie enoarm.

24 24

Wolkeklauwers kamen mei in soad kabaal nei ûnderen. It asfalt kaam links en rjochts mei in protte lawaai omheech. En wat ik ek probearre, hoe faak at ik ek opnij begûn, kear op kear belâne ik mei myn oan alle kanten ratteljende taksy yn in djippe kleau. Ik tink dat ik itselde stikje wol hûndertfyftich kear riden ha. Nee, ik ûnderdriuw: it hat grif twahûndertfyftich kear west. Oant ús Jesse (no sân jier) de húskeamer binnenstapte en sei: ‘Mag ik het ook eens proberen, heit?’ Ik seach de bui al hingjen. Ik besocht noch wat te mompeljen oer dat it net foar syn leeftiid wie en sa, mar yn dy spesifike episoade fan it fierders aardich gewelddiedige spultsje siet fansels krekt gjin spatsje bloed.

Toe dan mar. Mei de nedige tsjinsin oerhandige ik him it wite betsjinnings­ bakje mei kleurige knopkes (controller moatte wy op it heden fan de consolemakkers sizze). En it gie sa’t ik ferwachte hie. Probleemleas stjoerde dat behindige keardeltsje fan my it fehikel troch de ravaazje en hy berikte yn in lyts skoftsje tiid de ein fan it level. David (wilens acht jier) seach efkes op fan syn Nintendo DS en sei: ‘Goed gedaan, Jesse!’ En ik? Ik swijde, die de kompjûter út en besleat dat ik mar ris wat dwaan moast dêr’t ik al goed yn wie. In bytsje op myn gitaar ompiele. Of in stikje skriuwe of sa.


útstapkes Flinters

Prehistoarje

In tropyske tún, in oerwâld, krekt oer de grins fan Fryslân mei de Flevopolder. Dêr fynst tûzenen soarten orchideeën, mar ek likefolle flinters, dy’t sa by dy op ’e noas of hân sitten gean kinne. Yn de Maleizyske tún fan sa’n 2.000 m² kinst oer in lange hingbrêge fan de iene pealwenning nei de oare ta. Pas op foar wiete fuotten! En ast wurch bist? Dan kinst eefkes útrêste yn in hingmatte tusken de kokospalmen. Sjoch fierder op: www.orchideeenhoeve.nl

Hoe dienen se dat yn de prehistoarje, 7000 jier lyn? Hoe kamen se oan iten en hoe fielt in echte stiennen pylk- of spearpunt? Der is noch hiel wat bewarre bleaun datst sjen en oanreitsje meist! Gean der foar sitten yn de jagershut en by de offerstien en lit dy troch ferhalefertellers meifiere yn de tiid. Op guon dagen kinst sels dyn eigen bôle oan ’e stok bakke. Lekker! Sjoch gau eefkes op www.ijstijdenmuseum.nl en nim heit en mem mei nei it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost!

Kwáák, it kikkertperspektyf! Jonge bern fan 4-6 jier kinne yn it besikerssintrum fan It Fryske Gea yn Earnewâld it lytse kikkertpaad rinne. Mei tsien fragen yn ’e hân moatte sy neitinke oer hoe’t in kikkert de wrâld besjocht. Dan binne sels reinlearskes reuseftich! Bern krije in rêchsek mei skepnetsje en opdrachten mei. Foar âldere bern is der ek in kikkertpaad mei opdrachten. Sjoch op www.fryskegea.nl foar mear ynformaasje.

Spin! Simmerkamp 10-15 jier Sikest foar dyn soan of dochter in wike fertier yn de simmerfakânsje? Sjoch dan ris op: www. folkshegeskoalle.nl.

Yn it Natuermuseum Fryslân kinst fan alles sjen, fiele en leare oer spinnen. Eng? Kom no..! ‘Spinnen, de mooiste dieren die er bestaan!’ hjit de tentoanstelling. Kom each yn each te stean mei in tarantula, in bananespin of in gefaarlike swarte widdo... huverje of fernuverje? o/m 28 augustus. Sjoch op www.natuurmuseumfryslan.nl

JazzBabar, jazz foar 2+ Frank Groothof heeft een jazzvoorstelling gemaakt voor peuters. Gerard de Bruijne tekent tijdens de voorstelling het verhaal op het doek. Hé, is dat een tak? Nee, de slurf van een olifantje. Een interactieve voorstelling voor peuters en ouders! Datum: 11 mei, om 15.00 uur in Theater de Koornbeurs, Franeker. Zie ook: www.theaterdekoornbeurs.nl

25


Aukje Mulder

Het vadergevoel blijft, ook achter de tralies In de Leeuwarder gevangenis PI Leeuwarden (voorheen De Marwei) zitten ruim 230 gedetineerden. ‘Criminelen’ in de ogen van buitenstaanders. Voor hun eventuele kinderen zijn ze gewoon papa's die aan de kant van het voetbalveld of 's avonds bij het voorlezen vreselijk worden gemist. Vaders achter de tralies en het contact met hun kinderen. ‘Juist als je in de bajes zit, moet je ze bij je leven betrekken. Je woont niet thuis, maar je bent er wel.’ Ze is zeven en ziet er mooi uit in haar feestjurk. Ze heeft trampoline-gesprongen, daarna geknutseld en ze mag snoep en cola zoveel ze lust. Ze wil nog als poes geschminkt worden en straks is er patat. Wat ze het allerleukste vindt deze middag? Er is geen moment van aarzeling. ‘Dat ik mijn papa mag zien.’ Vader-kind dag in PI Leeuwarden. Gedetineerden en kinderen leven er vier keer per jaar naartoe. Een paar uur voor hen samen. Met gezellige muziek, spelletjes, knutselen en knuffelen. De kinderen variëren in leeftijd van acht maanden tot

26

veertien jaar en krijgen in de versierde sporthal van de gevangenis alle ruimte. In een gang staat een jonge vader voorovergebogen bij een tafel waarop zijn peuterzoontje ligt. Hij geeft zijn kind een schone luier. Geconcentreerd, want het moet wel goed en dit doet hij niet zo vaak.

 ader-kind dag is V goud waard maar afscheid nemen blijft moeilijk. Als een vader achter de tralies terechtkomt en van zijn eigen omgeving wordt afgesneden, mag je dan een kind het recht ontzeggen om zijn vader te zien? Nee, zo is de opvatting, contact is in het belang van het kind. Naast de reguliere bezoektijden in de gevangenis, worden er daarom ook vader-kind dagen georganiseerd. Daar zijn Pieter Bak en Martina Meter nauw bij

betrokken. Hij als penitentiair inrichtingswerker en recreatiemedewerker, zij als medewerker maatschappelijke dienstverlening. Band opbouwen ‘Zelfs als je kind geboren wordt terwijl je vastzit, kun je een band opbouwen. Je maakt dan wel geen deel uit van het gezin maar je krijgt wel de kans om je kind regelmatig te zien’, zegt Pieter. ‘Soms zijn ze nog baby als ze voor het eerst met hun moeder meekomen. Een paar jaar later zie je ze op een fietsje rondcrossen.’ Al bij het eerste gesprek met een nieuwe gedetineerde komen eventuele kinderen ter sprake. Martina Meter: ‘Als iemand alleenstaande vader is, moet er natuurlijk voor de kinderen snel opvang worden geregeld.’ Niet altijd willen ‘de jongens’, zoals Martina ze noemt, over hun thuissituatie praten. In veel gevallen liggen de gezinnen uit elkaar en zijn kinderen uit beeld verdwenen. Maar áls een vader contact wil en de moeder stemt daarin toe, dan wordt die


Webcamproject Om schade bij kinderen door detentie van hun vader te verminderen, start in PI Ter Apel binnenkort waarschijnlijk een ‘webcamproject’. Aan de wieg hiervan staat PImedewerker Gerko. Hij vertelt: ‘Gedetineerden die meedoen aan de vader-kind dagen mogen één keer in de week via de webcam (die in een apart beveiligde ruimte staat) contact hebben met hun kinderen. Dit betekent dus ongeveer 52 visuele contactmomenten per jaar extra. Het draait ten slotte om het kind. Bijkomend voordeel: familie of voogdij hoeven de kinderen niet elke week mee te nemen naar het bezoekuur in de gevangenis. Uit onderzoek blijkt dat dit op sommige kleine kinderen een negatieve uitwerking heeft. Webcamcontact verlaagt de drempel. Op deze manier “met papa praten” is leuk en minder beladen voor kinderen. Als het project aanslaat, krijgt het mogelijk ook navolging in andere Nederlandse gevangenissen.’

mogelijkheid meestal geboden. Want hoe zwaar het vergrijp ook was, er is een vadergevoel. Martina Meter: ‘Ik ken jongens die in hun leven “buiten” er niet voor terugdeinsden om een kogel af te schieten. Maar praat je met ze over hun zoon of dochter, dan komen er emoties. Hoe macho ze ook zijn, ze zijn ook papa.’ Op zijn werk Op het wekelijkse bezoekuur hebben de kleintjes vaak geen idee waar ze zijn. Martina Meter: ‘De moeder vertelt soms dat ze papa “op zijn werk” gaan opzoeken of dat hij in dat grote gebouw “op vakantie” is. Voor die kinderen telt alleen maar dat ze papa zien. Het is soms sneu als een kind met een plakwerkje of een kleurplaat aankomt. Ze mogen hun vader geen cadeautje geven omdat dit kan worden gebruikt om “iets” naar binnen te smokkelen. Laat een kind trots een mooi rapport zien? Gedetineerden hebben geen geld op zak en kunnen hun kind nooit belonen. Dat verschil met “buiten” blijft.’ Piet* (37) ‘zit’ al drie jaar en heeft er nog

twee voor de boeg. Met zijn vier eigen kinderen en stiefzoon heeft hij goed contact. ‘Twee kinderen wonen niet meer thuis. Mijn huidige vriendin is een kanjer. Zij houdt het gezin draaiende: haar zoon, mijn dochter en samen hebben we een zoontje van acht maanden.’ ‘Ik mis de gezelligheid van thuis’, zegt Piet. ‘Hun verjaardagen en samen naar de kartbaan of Aqua Zoo. Mijn kinderen missen mijn ontbijt in het weekend. Ik stond altijd vroeg op, haalde verse broodjes en bakte eieren. Mijn dochter is aan het puberen en af en toe knalt het. Over eventuele problemen van thuis praat ik met mijn vriendin tijdens het bezoekuur. Op een tweede bezoekuur komen de kinderen mee, voor zover hun schooltijden dat toelaten. In elk geval is de kleine erbij. Ik verschoon hem en geef hem een potje voeding. Hij herkent me. Hij strekte laatst zijn armpjes naar me uit.’ Geregeld leven ‘Dat contact met mijn kinderen stimuleert me om straks een geregeld leven te leiden. Verdomme, wat doe ik ze aan, denk ik

soms. Het is genoeg zo, ze hebben al zoveel geleden. Mijn beide oudste kinderen hebben geen moeder meer en nu maar een halve vader. Ondanks deze situatie heb ik een goede band met allemaal. Omdat ik om me heen veel andere voorbeelden zie, kan ik zeggen dat ik een gelukkig man ben. Zo'n vader-kind dag is goud waard, voor iedereen. Maar afscheid nemen blijft moeilijk. “Papa wanneer kom je thuis”, vroeg mijn zoontje een keer. Hij wilde niet bij me weg. Toen wist ik even niet wat ik moest zeggen.’ Pieter Bak: ‘Op de muziek van “Dag Sinterklaasje” zingen alle kinderen bij hun vertrek “Dag lieve papa's”. Grote vaders staan dan als kleine jongens hun tranen weg te vegen. Het stoere schildje is eraf. “Sluit mij maar in”, vragen ze ons. Terug op cel, tot de volgende ochtend. Want er is dan veel om over na te denken.’ *De naam is gefingeerd. Reagearje op dit artikel? Gean nei www.heitenmem.nl

27


Namme

Trynke HuismansHoogterp (29) Wenplak

Frjentsjer Relaasje

1 1/2 jier troud mei Willem Huismans (35)

Trynke is no 39 wiken en 5 dagen yn ferwachting fan har earste berntsje.

28


‘De befalling mei om my wol komme’ ‘Doe’t wy foarich jier in reis makken nei Amearika, wie ik al wat wurch en hiel hongerich mar ik tocht dat it fan de jetlag kaam. By thúskomst die bliken dat ik yn ferwachting wie en by de earste termynecho die bliken dat ik hast al tolve wiken hinne wie. Wy hawwe it ús heit en mem ferteld troch se nei harren fakânsje op te wachtsjen op Skiphol mei op in buordsje ‘Wolkom pake en beppe!’. In hiele ferrassing fansels. En Willem syn heit en mem hawwe wy kofje jûn yn kopkes mei de tekst ‘pake’ en ‘beppe’ derop. Sy wienen ek hartstikke bliid!’ Tariedings ‘Om my ta te rieden op de befalling haw ik oan swangerskipsgymnastyk en oan swangerskipsswimmen dien. Mei it swimmen binne je lekker yn beweging, it is goed foar dyn bekken en it wie leuk om it mei myn skoansuske, dy’t ek yn ferwachting is, te dwaan. Ik haw ek ien jûn in boarstfiedingskursus folge. Ik soe it hiel moai fine, as it allegear slagget, om aanst boarstfieding te jaan.’ Wachtsje ‘Ik kin alles noch wol ite, mar spagetty mei reade saus, dêr moat ik net oan tinke. Myn emoasjes gean wat faker mei my op ’e rin. Lêst moast ik hast gûle omdat ik al sa wurch wie fan it dûsen en om’t ik myn eigen fuotten hast net mear ôfdroegje koe! Ik haw even lêst fan myn rêch en bekken hân, mar omdat ik al by de Cesartherapeut kaam, koenen wy der op ’e tiid wat oan dwaan. Sy hat

my in tal handige tips jûn wat myn bekken en hâlding oanbelanget. No, oan ’e ein, haw ik lêst fan kniesde ribben troch de druk fan it berntsje en it skoppen. Dat fielt wol ferfelend, mar fierder haw ik in hiele moaie swangerskip. Ik hâld in swangerskipsdeiboekje by en ik genietsje folop. Al wurdt it sa op it lêst wol wat dreech en wurdt it hieltyd swierder. It wie nochal spannend oft ik hjir wol nei de fotoshoot ta koe, om’t ik hast útrekkene bin. Wy hienen beide it gefoel dat de poppe earder komme soe, mar hy of sy sit blykber wol noflik yn myn búk. It is in nuvere perioade. Thús is alles oan kant en leit alles klear. Wy hoege no allinne noch mar te wachtsjen op de komst fan ús lytse sprút. Ik sjoch net tsjin de befalling oan, it mei om my wol komme. Wy witte noch net wat it wurdt, mar wy tinke dat it in jonkje is. Mar in famke is fansels ek hartstikke wolkom!’

Wolst witte hoe’t de befalling gie en hoe’t de poppe derút sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolchferhaal!

Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

29


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Yn ’t bêd falle Heit fertelt dat er wat lêst hat fan syn liif. Martine (6) freget har ôf oft heit soms fan ’t bêd fallen is. ‘Dat soe kinne’, fertelt heit, ‘mar dan bin ik ek wer yn ’t bêd fallen, want ik lei wol op bêd doe’t ik wekker waard.’ Yn ’t bêd falle? Kin dat wol? Freget Martine har ôf. ‘Ja!’ betinkt Martine, ‘je kinne wol yn ’t bêd falle as je earst oan it plafond fêstplakt sitte!’

Krystbeamen Doe’t Jelka (3) mei heit en mem troch de Veluwe ried, seach se fol ferbazing nei bûten en sei: ‘Mem, hjir steane de krystbeammen bûten!’

Skyld Kim (3) sjocht hoe’t de boer de skiepkes skeart en ropt: ‘Sjoch mem, de skiepkes wurde skyld!’

Iepengemeitsje Doe’t Simcha’s (2) âlders sawol Frysk as Nederlânsk tsjin him praten, makke hy der sels in gearmjuksel fan. Op in dei hie er in doaske boartersguod sels iepenmakke. Hy sei: ‘Mem! Ik heb het iepengemeitsjet!’

Skep net Mem en Dytmar (2) fytse nei it strân ta. Dytmar sit foarop en bellet nei alle fytsers dy’t we tsjinkomme. Dan freget er wat mem allegear mei hat yn ’e fytstas. Mem antwurdet: ‘In skep, in amer en in skepnet’. Dan begjint Dytmar te laitsjen en seit: ‘Mem makket in grapke seker, wy ha de skep wol mei!’

Sinnebrânkrêm Pieter Roel (6) sit op de boat fan It Amelân en sjocht in seehûn op in sânbank lizzen te sinnebaaien. Dan freget er himsels lûdop ôf: ‘Soe de seehûn ek sinnebrânkrêm op ha?’

Vrouw Er wordt aan Silke gevraagd hoe het kan dat je kan lezen en puzzelen tegelijk. ‘Nou, gewoon, omdat ik een vrouw ben’, zegt ze...

30

In ûngelokje Jurre (3) sit yn 'e rûnte op skoalle en fertelt oan Juf Thea dat er in ûngelokje hie op bêd (hy wie krekt te let nei it húske ta). No seit Juf Thea: ‘Dat jout hielendal neat, dat kin elkenien oerkomme.’ Wêrop’t Jurre mei grutte eagen nei juf sjocht en seit: ‘Ohhh, hat Juf Thea dat dan ik wol ris?’


heit en mem boEken De kjeld fan it noarden

€ 22,50

Durk van der Ploeg, Friese Pers Boekerij

Yn de Suderhaven leit it galjoatskip de Harlingen. Alwin Cupido fan It Amelân sjocht der mei ûntsach nei. Yn it foarjier fan 1826 beslút de jonge oan te meunsterjen op dizze walfiskfarder fan kommandeur Klaas Hoekstra. Net om’t er út is op aventoer. Hy wol oan de wraak fan syn heit ûntkomme en ûntflechtet it eilân. Dy simmer sjocht er hoe’t it skip yn it iis fan de Baffin Baai fynknypt wurdt.

Ut de boekekast fan Heleen Talman ‘Ik ha wol wat mei taal en tekst’, seit Heleen Talman, PR- en kommunikaasjemeiwurker fan berop. Sy is troud mei Johan, mem fan Eline fan twa, en parttime mem fan Wilco fan njoggen. ‘Ik hâld fan lêzen, mar dit wie de earste kear dat ik in dichtbondel yn hannen krige. Dochs bin ik wol in fan fan poëzy. Ik jou it graach wei op kaarten, kadootsjes bgl. fia plint.nl’. De titel fan de dichtbondel dy’t Heleen lêzen hat is Sân wylgen fan Baukje Wytsma. ‘Baukje Wytsma, dy namme haw ik earst mar ris eefkes googele, doe’t ik it boekje krych. Fansels, dat ken ik wol! Fierder foel my op dat dizze frou in hiel soad ferskillende dingen by de ein hat, se skriuwt lietteksten foar bekende Friezen, teaterstikken, boeken én dichtbondels dus. De bondel Sân wylgen fûn ik yn alles wat mankelyk, de tryste kant it neist’, fertelt Heleen. ‘Yn Ivich Simmer fergeliket Baukje Wytsma har mem mei de simmer, in lofsang op har mem. It gedicht Dochters spruts my ek oan en dat hat fêst te krijen mei it feit dat ik no sels mem bin fan Eline. Mar ek yn dit gedicht fernimst, njonken de leafde foar har bern, it mankelike fan it loslitten.’ Oan de ein freget Heleen: ‘Baukje Wytsma hat ek berneboeken skreaun net? Dêr gean ik ynkoarten nei op siik, ik bin no dochs wol hiel nijsgjirrich wurden nei dizze frou, dy’t sa’n soart ferskillende dingen makke hat’.

Sân wylgen, Afûk BAUKJE WYTSMA

€ 15,-

Guozzeflecht

€ 15,00

Ferdinand de Jong, Friese Pers Boekerij

De houtbult skiede de manlju fan de twa soldaten. Dy sieten mei de rêch nei har ta in sigaret te smoken en liken har net al te drok te meitsjen. Jan klamme de hân noch fûler om de kolf fan it pistoal. ‘It kin net oars, as wy it no net dogge...' Syn beslút stie fêst, neitinke moast letter mar. Guozzeflecht nimt de lêzer mei fan de ûnmjitlike Sibearyske taiga oant de sluzen fan Koarnwertersân.

Ontwikkelingsfasen van het kind

€ 19,90

B.C.J. Lievegoed, Vrij Geestesleven

In dit waardevolle boek wordt de ontwikkeling van het kind in fasen van telkens ongeveer zeven jaar beschreven. Elke fase heeft een eigen karakter, met duidelijke veranderingen op lichamelijk gebied. De psychische ontwikkeling is minstens zo belangrijk. Lievegoed beschrijft de belevingswereld van peuters, kleuters, schoolkinderen, pubers en jonge volwassenen op een begrijpelijke en herkenbare manier.

It ferset

€ 17,50

Harmen Wind, Afûk

In ynkringend ferhaal oer in heit en in soan dy't elkoar net berikke kinne. De soan besiket syn jeugdjierren troch de eagen fan syn heit te besjen. De heit is slim siik en ferset him oan it lêst ta tsjin syn dea. Yn de weromblikken spilet ek it ferset yn 'e oarloch in beskieden rol. Het verzet ferskynde yn 2002 as it Hollânsk proazadebút fan Harmen Wind by De Arbeiderspers.

Hasto ek in boek wat ast hiel moai fynst? Mail dan in foto fan dy en dyn boek mei in ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

31


DVC Aukje Mulder

DIKKE

32

vrienden

club

Foto: Jan Edwin Geertsma, MCL


Het is niet leuk en bovendien erg ongezond om als kind al dik te zijn. Bij de Dikke Vrienden Club (DVC) in het Medisch Centrum Leeuwarden krijgen kinderen met overgewicht de kans om in groepsverband een behandelprogramma te volgen. In veel gevallen met succes. Zónder dieet, maar door verandering van eet- en beweeggedrag met steun van psychologe, diëtiste, kinderarts en fysiotherapeut. Heel veel snoep at hij niet en ook patat met mayonaise stonden niet op zijn dagelijkse menu. Toch was de dertienjarige Mark van der Wal uit Dronrijp al jaren te zwaar. Door de DVC weet hij dat hij waarschijnlijk een ‘zuinig afgestelde motor’ heeft, dat zijn lichaam zuinig omgaat met energie. Bovendien hield hij niet van ontbijten en ook niet van groente, maar bijvoorbeeld wel van veel aardappelen op zijn bord. ‘Ik at verkeerd’, zegt hij nu. ‘Bij de DVC heb ik geleerd dat mijn maaltijden in balans moeten zijn.’ Op de basisschool werd hij gepest. Leuke kleren kon hij niet aan. En zijn lijf deed niet wat hij wilde zodat de gymles bepaald geen feestje was. ‘Vaak dacht ik: als ik die buik niet had, kon ik me makkelijker bewegen en aan meer oefeningen meedoen.’ De huisarts zette hem op het spoor van de DVC. ‘Het was echt leuk. Alle kinderen daar hebben hetzelfde probleem. En je leert er heel veel.’ Nu, driekwart jaar en zo'n tien bijeenkomsten van de DVC later, zit Mark letterlijk en figuurlijk beter in zijn vel. ‘Ik ben ver onder mijn startgewicht uitgekomen en kan weer leuke broeken en truien aan. Ik doe nu Havo en ik word niet meer gepest. Ben veel flexibeler geworden: met mijn teen kan ik mijn hoofd aanraken! Al vijf jaar sta ik op keep bij waterpolo maar ik ben van

Alle kinderen hebben hetzelfde probleem.

plan te gaan spelen. Meer heen en weer zwemmen dus, dat lukt me nu wel.’ Toch is de DVC geen wonderprogramma. ‘Inzet van kind én ouders is vereist’, zegt Anke Heuberger, kinder- en jeugdpsycholoog in het MCL. Zij maakt deel uit van het team dat de kinderen begeleidt. ‘We geven ze informatie over eten en bewegen. Al die informatie moeten ze omzetten in gedrag. En niets is zo moeilijk als gedragsverandering. Wij kunnen nog zo veel informatie geven maar thuis moet het gebeuren. De ouders zijn daarbij mede verantwoordelijk. Voor hen zijn er daarom speciale ouderavonden.’ Het programma van de DVC is ontwikkeld door het Sint Franciscus Gasthuis in Rotterdam en de Erasmus Universiteit. Inmiddels hebben diverse ziekenhuizen in Nederland het overgenomen omdat een multidisciplinaire aanpak van overgewicht succesvol blijkt. Oók op langere termijn. ‘We schrijven geen dieet voor en we praten niet over afslanken volgens de mode-normen. We zetten in op gezondheid en gewichtsbeheersing. Kinderen zijn nog volop in de groei en zijn na een jaar soms zes tot acht centimeter langer. Als ze op hetzelfde gewicht blijven, zijn ze dunner dan bij de start.’ Dagelijkse beweging hoort erbij. De aanzet daartoe wordt gegeven bij de DVC. De kinderen sporten onder leiding van een fysiotherapeut en krijgen aquarobics-oefeningen in het zwembad van het MCL. Ze ontdekken dat bewegen gewoon leuk kan zijn. ‘We hopen dat ze, ook ná het programma, meer aan lichaamsbeweging gaan

Bij de DVC heb ik geleerd dat mijn maaltijden in balans moeten zijn.

doen. En dat hoeft niet perse een sportclub te zijn. Dagelijks wandelen en traplopen is al belangrijk.’ Door middel van ouderavonden en een speciaal werkboek worden ouders nadrukkelijk betrokken bij het DVC-programma. ‘Want zelf een schaal met chips leegeten en je kind dit verbieden, werkt natuurlijk niet. We geven ook tips voor gezonder koken en benadrukken dat gezelligheid niet aan eten gekoppeld hoeft te worden. Je kunt het thuis ook gezellig maken door sámen naar een tv-programma te kijken, kaarsjes aan te steken en met elkaar te praten. Belangrijk is om zoveel mogelijk aan tafel te eten en niet voor de tv, om dagelijks te ontbijten en calorierijke frisdrank en tussendoortjes te laten staan. Alleen hiermee al behaal je snel resultaat.’ ‘Jezelf sterk denken’ is één van de programma-onderdelen. Oftewel: niet toegeven aan je eerste impuls, maar even wachten voordat je iets eet. En je afvragen of je dat lekkers wel echt wilt hebben. Mark geeft een voorbeeld: ‘We kregen een schaal vol friet en frikadellen voor onze neus. Met de hele groep moesten we ernaar kijken en eraan ruiken. En we bespraken wat we dachten op dat moment. Na een paar minuten rook het al niet zo lekker meer en hadden we eigenlijk geen trek meer. Het was toen helemaal niet moeilijk om niets te nemen.’ Anke Heuberger: ‘Het lijkt misschien alsof je kinderen veel afpakt. Maar ze krijgen er veel voor terug: meer zelfvertrouwen, ze worden sociaal handiger, kunnen leukere kleding aan en krijgen meer plezier in bewegen. De meeste kinderen vinden het een positieve ervaring. Wel moeten ze er, samen met hun ouders, echt voor gáán.’ Mark: ‘Ik begon met een goede instelling en mijn ouders hebben me goed geholpen. Ik heb nog een paar bijeenkomsten. Laat maar komen, ik ga door tot het einde en ik weet dat ik niet meer zal terugvallen.’

Voor informatie over de DVC: mevrouw C. van Ede (kinderarts), tel. 058 – 2863387

33


(voor)lezen

is leuk!

en bij de bibliotheek voor kinderen nog gratis ook

Cranio-Sacraaltherapie

is een zachte therapie die het zelfherstellend vermogen van lichaam en geest stimuleert en kan helpen bij o.a.:

klachten tijdens de zwangerschap en na de bevalling zowel fysiek als emotioneel, ook behandeling aan huis voor pas bevallen moeders, onrustige, overstrekte gespannen baby’s, veel huilen (o.a. na zware bevalling), bedplassen, slaapproblemen, angstige of onrustige peuters, kleuters driftbuien, onzekerheid bij kinderen en ouders, gestreste vaders.

Anna Amels Praktijk v Cranio-Sacraaltherapie & Psychotherapie Waaksens (Littens) en Leeuwarden Info en afspraken tel nr: 06-29427770 of www.craniofriesland.nl (Praat mar Frysk)

ontdekdebieb.nl

Diverse ziektekostenverzekeringen (o.a de Friesland) vergoeden deze therapie in hun aanvullende verzekeringen

Catalpa Kinderopvang Noord Nederland in Friesland !

Voor kinderen: KleiKelder, feestjes en activiteiten in de vakanties! Zie www.princessehof.nl

Met 18 kindercentra in Leeuwarden, Drachten, Heeg en IJlst èn ons gastouderbureau in Drachten, bieden wij in de provincie Friesland volop mogelijkheden voor dagopvang, buitenschoolse opvang en gastouderopvang.

Keramiekmuseum Princessehof Grote Kerkstraat 11 Leeuwarden

Interesse? Bel voor meer informatie 0800 0743 (gratis) of kijk op onze website www.catalpa.nl. Voor het gastouderbureau bel met 0900 2000 700.

20100399 Adv 100x133 Friesland v2.indd 1

23-9-2010 14:08:41

T 058 2 948 958 www.princessehof.nl Dinsdag t/m zondag 11.00 – 17.00 uur


Moeders hebben altijd gelijk!

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Een verpleegkundige van de kraamafdeling belt ’s ochtends vroeg. De moeder van Wouter vindt dat de kinderarts moet komen. Voordat ik de kamer inkom, neemt de verpleegkundige me apart: ‘Ik snap niet helemaal wat ze wil, maar ze stond erop dat jullie zouden komen.’ Als ik bij Wouter en zijn moeder kom, feliciteer ik haar eerst met de geboorte van haar zoon. Het is een mooie knul met een dikke bos haar. ‘Wat is voor u de reden dat ik moet komen?’ vraag ik. ‘Onze vorige had een infectie na de geboorte en werd ziek. Toen is me door de kinderarts op het hart gedrukt dat een volgend kind meer risico op een infectie heeft. Volgens mij moet Wouter daar op gecontroleerd worden’, zegt moeder en kijkt me doordringend aan. Ik kan het bevestigen, zo staat het in het protocol. De verpleegkundige kleedt Wouter uit en ik kijk hem na. Het is een gezond ogende jongen, alles zit erop en eraan. Hij reageert goed en ik vind geen aanwijzingen voor een infectie. We spreken af dat Wouter en zijn moeder een dag in het ziekenhuis blijven en dat ik morgen weer langskom. In de loop van de middag belt de verpleegkundige: Wouter drinkt niet zo goed. Moeder vindt dat hij warm aanvoelt. Als ik kom, hoor ik dat de temperatuur 38,1 °C is. Dat is voor een pasgeborene te hoog; het kan wijzen op te weinig vocht, maar ook op een infectie. Als ik hem nakijk vind ik eigenlijk niet veel bijzonders. Moeder zegt dat ze er toch geen goed gevoel bij heeft. Ik besluit dat Wouter moet worden opgenomen op de couveuseafdeling. In het protocol staat dat we bij dergelijke kinderen direct antibiotica geven en dat doen we dan ook. Aanvullend bloedonderzoek laat zien dat Wouter inderdaad een infectie doormaakt. Omdat we op tijd gestart zijn met de antibiotica zet de ziekte niet door. Na twee dagen is de temperatuur normaal en gedraagt Wouter zich zoals het hoort. Na nog vijf dagen behandeling gaat hij naar huis. Als hij voor controle komt, vertelt moeder dat het goed gaat. Wouter krijgt borstvoeding en groeit als kool. We bespreken nog de gang van zaken, vooral wat betreft het gevoel dat moeder had en zo duidelijk onder woorden bracht. We nemen afscheid en ik wens haar veel geluk. Als ik haar even later het ziekenhuis uit zie lopen, denk ik dankbaar aan de les die mijn opleider me meegaf: moeders hebben altijd gelijk!

35


Húsdokter Lolke Hotsma Nynke van der Zee

As midden yn ’e nacht syn tillefoan giet, krûpt Lolke Hotsma (46) sa stil mooglik út bêd. De húsarts fan Wâldsein is nedich by in thúsbefalling. Noch altyd ien fan de moaiste dingen foar in dokter, fynt er sels. ‘Ik tink wolris om trije oere nachts: wêrom no, wêrom ik? Mar as sa’n lyts hummeltsje der dan is, binne jo soks samar wer ferjitten.’

Wa’t de doar fan de sprekkeamer oan ’e Age Hylkes Trompstrjitte yn Wâldsein iepenet, kin it hoekje mei kleurich boartersguod net misse. Dokter Hotsma fleuret op as er begjint te praten oer syn allerjongste pasjintsjes. ‘Bern binne noflike pasjinten, om’t se sa swart-wyt tinke. It docht sear as it docht net sear, sa simpel is it. Mar nei de dokter gean bliuwt altyd spannend foar in bern. Dêrom al dat boartersguod, dêr geane se fuort op ôf. Ik praat earst efkes mei heit en mem, wylst it lytske drok oan ’t boartsjen is. Sa binne se op har gemak yn in fertroude omjouwing.' Fertroud gefoel Lykas boartersguod kin ek de Fryske taal soargje foar in fertroud gefoel, fernimt de dokter yn syn praktyk. Elts petearke begjint dan ek yn ’t Frysk. ‘Dat makket de drompel foar in soad pasjinten in stik leger. Dat se

36

yn harren eigen taal fertelle kinne wat har mankearret. It soarget foar in fertroude sfear. Fergelykje it mei in fakânsje yn ’t bûtenlân, dêr’tst hiel tafallich Friezen trefst. En ek al kenst dy minsken net, dochs skept de Fryske taal fuortendaliks in soarte fan bân.’

De Fryske taal makket de drompel foar pasjinten in stik leger. In goede bân is ûnmisber foar in doarpsdokter. Seker foar Hotsma, dy’t al 10 jier thúsbefallingen docht. ‘Foar swangere froulju hat it grutte foardielen wannear’t hja thús befalle yn harren eigen fertroude

omjouwing. By my kiest it grutste part foar in thúsbefalling. Op jierbasis binne dat sa’n 15 froulju dy’t thús befalle. De trend is om hieltyd faker nei ’t sikehûs te gean, mar ik stimulearje it om, as it heal kin, moai thús te bliuwen. Der wurdt in soad skreaun oer de ûnfeiligens fan in thúsbefalling, mar ik leau dy sifers net. In thúsbefalling is neffens my nofliker as in befalling yn it sikehûs.’ Hurd, hurd, hurd Der binne mear trends dy’t him as dokter opfalle yn de praktyk. Bygelyks it bestimpeljen fan drokke bern mei de diagnoazes ADHD of PDD-NOS, sa’t dat yn it ferline in soad dien waard. Hotsma skoddet betinklik syn holle. ‘Bern dy’t drok binne of net meikomme kinne, krije hiel gau in stimpel. “Dy sil wol ADHD ha”, wurdt der dan sein. Mar lit ús earlik wêze,


in echte ADHD’er is net in bytsje drokker as gewoan. Nee, dy brekt hjir de boel ôf! Wy moatte ôfgryslik foarsichtich wêze mei it jaan fan sokke swiere diagnoazes, want sa’n stimpel bliuwt in bern de rest fan syn libben efterfolgjen.’ Hoe ûntstean sokke trends, freegje jo jo ôf. De húsarts lûkt de skouders op. ‘It hat neffens my mei meardere saken te krijen. Allerearst giet it hjoed-de-dei yn ús maatskippij foaral om kwaliteit, mar it mei neat mear kostje. Dat jildt foar de sûnenssoarch, mar ek foar it ûnderwiis. Grutte klassen, in soad taken neist it lesjaan en alles hurd, hurd, hurd.’ Dokter Hotsma fynt it net frjemd dat it minsken somtiden allegearre wat te folle wurdt. ‘Drokke bern dy’t net goed meikomme kinne, wurde dêr de dupe fan. Der is gjin tiid mear foar in persoanlik

programma, dus wurde sokke bern nei it spesjaal ûnderwiis stjoerd. Wylst se dêr neffens my hielendal net thús hearre.’

It giet yn ús maatskippij om kwaliteit, mar it mei neat kostje. Ferlet fan bernepsychiaters Dêrmei wiist er op in belangryk punt: it grutte ferlet fan bernepsychiaters yn Fryslân. Sjoen nei it hege oantal bern dat de ôfrûne jierren diagnostisearre is mei ADHD of PDD-NOS, soenen der hiel wat bernepsychiaters wêze moatte. Dochs is dat

net it gefal, wit Hotsma. ‘Bernepsychiater is in spesjalisme yn ’e geastlike sûnenssoarch. Allinnich dy minsken meie in bern sa’n psychiatryske diagnoaze jaan. Wy ha in ôfgryslik ferlet fan sokke spesjalisten.’ Dokter Hotsma draait him by de doar noch efkes om. ‘Fansels bliuwe der altyd puntsjes fan krityk. Ik fyn it bygelyks tige spitich dat wy sûnt ôfrûne jier yn Wâldsein gjin eigen konsultaasjeburo mear hawwe. It moat allegearre sintraal fan ús gemeente. In goed foarnimmen, mar it is skande foar it doarp. Hoe dan ek, ik bin segene mei myn berop hear. It is prachtich om by in befalling te wêzen, te sjen hoe’t in bern opgroeit en letter wer by my yn ’e praktyk komt. Hjir yn Fryslân rint it allegearre noch net sa ferkeard’, glimket er. Op 1 april start de aksje 'Tomke by de dokter'.

37


HET BEGIN VAN IETS MOOIS

vrijdag 3 juni

Het Nationale Toneel De Driestuiversopera met o.a. Peter Tuinman

zaterdag 28 en zondag 29 mei

Macbeth Tryater

PROGRAMMA EN KAARTEN: WWW.HARMONIE.NL


Nije skuon

Ciska Noordmans is redakteur fan Heit en Mem. Se is troud en mem fan twa moaie bern, Maite (10) en Netithon (6).

‘Welke skuon moat ik no oan?’ freget dochter Maite fan 10 as wy op in sneon yn jannewaris nei de winkel sille. Der moatte in pear nije skuon komme, fuortendalik. Want alle skuon dy’t sy hat, sitte net lekker óf binne net geskikt foar dizze tiid fan ’t jier. Healwei tsienen stappe wy yn ’e auto, nei big city Ljouwert. Fan tefoaren ha wy it goed bepraat: we sille net sinnich wêze en der foaral om tinke dat de skuon lekker sitte. Meastentiids as wy yn ’e winkel stean, is it krekt oft dat hiele moaie pear skuon mei dy glimmende gespen ús taflústeret: nim ús, nim ús mei... wat hinderet it dat wy net lekker sitte! It lêste pear learzen kochten wy online. Sy binne prachtich mar rinne foar gjin meter. Ik ken myn dochter, sy liket wat skuon oangiet op har mem en de rest fan de froulike kant fan ’e famylje, allegear in oanberne skuontik. It stiet op ús printplaat dus dêr is ek neat mear oan te dwaan. Maite hat dy genen ek meikrigen; Imelda Marcos yn minyformaat. Smaak hat se wol. As earste op skoalle rûn sy op nije All Stars út La douce France. Hippe reade fitergympen! Sy dûnse as in Cinderella it skoalplein oer.

Healwei Ljouwert dogge wy Akkrum oan. Dêr binne in protte leuke winkels en winkeltsjes en ien skuonsaak. Dat hâldt de kar beheind en makket de kâns fan slagjen grutter. Fjouwer pear famkesskuon stean dêr noch. En alle fjouwer falle se yn ’e smaak. De moaisten binne in pear kleurde fiterskuon. Kleurd: de linker hat in fearnsjier yn ’e etalaazje stien en is wat ljochter as syn rjochter freon. Foar in prikje namen wy se mei en wy binne de kening te ryk. No gean wy echt los, de radio lûd en op nei Ljouwert, it skuonwalhalla. Mar earst ride wy op Grou oan. Dêr sit ek in skuonwinkel; ien saak, mar mei skuon, échte beauty’s binne derby. As wy foar de etalaazje stean, sjoch ik in loksillige glim op har gesicht. Dêr stean se te wachtsjen op Maite, in pear geweldige, griis mei rôze gympen. ‘Sokken ha ’k no altyd al ha wollen’, suchtet se. ‘Gau ynpakke’, is myn antwurd en sa ride wy foar de kofje wer op hûs oan. De moandeis hat snie de tún ferstoppe ûnder in wyt kleed. Fertwivele sjocht se my oan. ‘Welke skuon moat ik no oan?’

39


www.jokenautakindercoaching.nl

Op je bordje.nl de babyspeciaalzaak van Dokkum!

Uniek handbeschilderd servieswerk

VAN SPETTERENDE REGENLAARSJES TOT TE GEKKE TASSEN!

www.rozemarie.com

www.meer4kids.nl Het adres voor lekkere Italiaanse pasta en meer.... Gebruik code ‘HM2011’ voor 10% korting

Juulswinkeltje

Scandinavische lifestyle voor kids

accessoires voor kinderen

www.juulswinkeltje.nl

www.solsken.nl

BABY

MARKT

De voordeligste babyzaak van Friesland!

JoeperDePoepske.nl voor protters & pronkjes

Van knuffels tot babykamers... Br. De Wittestraat1a BLAUWHUIS 0515-579526 – 06-20158671

WWW.BABYSNUFFELMARKT.NL

Ook adverteren? Neem dan contact op met de Afûk: 058-234 30 84 - ynfo@heitenmem.nl


bern Naar bed, naar bed, zei Duimelot! Wie wil er nu niet slapen in dit prachtige bed? Het bed is voor € 265,- te bestellen bij de Steigeraar in Weidum. Het hartje is naar keuze en het nachtkastje zit er los bij. Zie ook www.steigeraar.nl, tel. 058-2518515. Lekker koese!

Tomkepuzel Fjouwer puzels fan Tomke yn ien doaske. It binne puzels fan fjouwer, seis, njoggen en tolve stikjes. Foar mar € 3,95 online te bestellen fia www.afuk.nl of te krijen yn de Afûk boekwinkel yn Ljouwert.

Opruimen is leuk! Ligt het speelgoed bij jou ook her en der verspreid door de kamer? Opruimen wordt hartstikke leuk met deze opbergmanden gemaakt van ‘Pip’ tafelzeil. De manden hebben een doorsnede van 30 cm. Je kunt ze voor € 10,95 bestellen bij www.kidsboppe.nl.

Spultsjes.nl Op spultsjes.nl kinne bern fan nul o/m tolve jier online spultsjes dwaan. Foar de alderlytsten is der bygelyks ‘Piba’ om hearlik tegearre mei in folwoeksene op alle toetsen te drukken en te sjen wêr’t Hessel de Húskeslak ferstoppe sit. De wat âldere bern kinne mei Sjolle Sjauffeur wurden riede, it ‘5 Letter Pret’spultsje dwaan of soargje dat Homme de Hommel net yn de problemen komt. De website www.spultsjes.nl is bedoeld om bern op in boartlike wize yn oanrekking komme te litten mei it Frysk.

Funky! Mei sa’n shirt fan it merk 4 Funky Flavours kriget elts wer sin oan de simmer! In bytsje retro en o sa funky! Foar € 39,95 te bestellen by www.somuch.nl. Mar ast foar 30 juny wat bestelst by dizze webwinkel krigest mei de koartingskoade ‘Heit&Mem’ 10% koarting op dyn bestelling!

41


he

it

heit

De Friese Fietselfstedentocht Met 15.000 man 240 kilometer fietsen langs de elf steden van Fryslân. Afzien, zweten en zwoegen van Bolsward via Harlingen, Franeker, Dokkum, Leeuwarden, opnieuw naar Bolsward en dan naar Sneek, IJlst, Sloten, Stavoren, Hindeloopen, Workum om vervolgens te finishen in Bolsward. Daar word je opgevangen door je liefsten en bedolven onder bloemen en complimenten. Wie wil dat nu niet? Je kunt natuurlijk ook komen kijken op Pinkstermaandag 13 juni. Voor meer informatie kijk op: www.fietselfstedentocht.nl

h

h ei t

ei

t

Witsto dat? De leeftyd fan de gemiddelde fideogamer is 32 jier; dy gemiddelde gamer makket 18 oeren wyks tiid foar syn favorite game! Dit is de top 3 fan fideogames: 1. Wii-sports 2. Super Mario Bros 3. Pokemon 80% fan de gamende froulju en 41% fan de manlju spylje Wii en 38% fan de gamende manlju hat in xbox 360. Bisto dêr ien fan?

www.seedykstertoer.nl Wil jij een sportieve uitdaging? Tokkelen, boogschieten of abseilen zonder bergen? Klim naar 24 meter hoogte en go! Boven in de Seedykstertoer, heb je een fenomenaal uitzicht over het Waddengebied; Terschelling en Ameland zijn zelfs in zicht. Ook voor kinderen is hier van alles te doen. Voor meer informatie en opgave kijk op www.seedykstertoer.nl

70 procent van de Nederlandse mannen maakt zich zorgen over zijn buikje

Heit Fertel!

Je wordt ouder papa!
 Zowel mannen als vrouwen stellen het ouderschap steeds verder uit. In twintig jaar tijd is de gemiddelde leeftijd waarop mannen vader worden gestegen van 27 naar 31 jaar. Karmjit geboren in januari 2011, is de zoon van Shakuntala (52) en Ramajit Raghav uit India. Hij heeft de oudste vader ter wereld: 94 !

42

Bisto heit en wolsto letter dyn sprút fertelle wêrsto mei boarte hast, doesto noch sa’n hummeltsje wiest as dyn dochter of soan no? Of watsto lekker fûnst, wêrsto har/syn mem foar it earst seachst of wat dy lokkich makket? Skriuw it op en jou it boekje dyn lytse protter letter mei! Foar € 7,50 te keap yn boekhannels en te bestellen fia www.afuk.nl


in byld seit mear as tûzen wurden Marrit de Schiffart

Eefkes de proef op ’e som nimme: doch jo eagen ticht en tink oan it wurd ‘beam’. Wat sjogge jo? De measte minsken sille de letters b-o-o-m sjen, mar der binne ek minsken dy’t letterlik in beam foar har sjogge. In echte beam mei in brune stam en griene bledsjes dy’t hinne en wer waaie yn ’e wyn. Is dat lêste it gefal? Dan binne jo miskien wol in ‘byldtinker’!

43


It begryp byldtinken is foar de measte minsken ûnbekend. Dochs sinjalearre de Haachske logopediste Maria Krabbe yn 1935 al dat guon minsken yn bylden tinke yn pleats fan yn taal. Foarich jier waard it begryp wittenskiplik ûndersocht troch Jaap Murre, neuropsycholooch oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy kaam ek ta de konklúzje dat der twa tinksystemen besteane. Sietske Zwerver-Bosgraaf wie wiis mei dat lêste ûndersyk. Einliks erkenning foar dat wat sy al jierren tocht: der binne minsken dy’t net lykas oaren yn wurden en begripen tinke, mar yn bylden. Dêr falt prima mei te libjen, mar it kin wolris foar miskommunikaasje soargje. Foar byldtinkers is it dus handich om te witten dat sy oars tinke as oaren, dan kinne se dêr rekken mei hâlde en op antisipearje. Sietske Zwerver helpt

44

byldtinkers dêrby en jout trainingen yn har praktyk Ster(k)talent yn Skearnegoutum. Doe’t Sietske har soan yn de earste klasse fan it VWO net meikomme koe op skoalle, rôp dat in soad herkenning by har op. Ek Sietske sels krige op it VWO problemen mei it learen en keldere binnen in pear jier nei it folle legere MAVO-nivo. ‘Ik hie it gefoel as kaam ik fan in oare planeet. Ik pakte de útlis net op en koe myn antwurden net goed ûnderbouwe. Myn soan hie presys itselde en dat wylst hy altyd hiel goed leare koe.’ Yn har wurk as learares en remedial teacher yn it basisûnderwiis wurke Sietske ek mei bern dy’t tsjin deselde problemen oanrûnen. Doe’t se in artikel oer byldtinken lies, foelen alle puzzelstikjes dan ek teplak: sy, har soan en al dy oare bern wienen byldtinkers.

Byldtinkers tinke mei alle sintugen. Se hearre, rûke, fiele en sjogge de beam. Se keppelje dêrnei wurden oan de bylden. It iene byld ropt in oar byld op en sa fleane harren al gau tritich bylden yn ien sekonde troch de holle. Dêrtroch kinne byldtinkers faak yn ien eachopslach ferbannen lizze en ta orizjinele oplossingen komme foar yngewikkelde situaasjes. Mar at je se freegje om dy oplossing ta te ljochtsjen, steane se mei de mûle fol tosken. Of eins mei in holle fol bylden. De wurden by dy bylden kinne se sa hurd net fine. Dat hat as gefolch dat se ynkomplete of sels ûnbegryplike sinnen formulearje. Elkenien wurdt as in byldtinker berne. In poppe ken ommers noch gjin wurden. Bern tinke yn bylden oant har fjirde jier. Dêrnei leare se yn taal te tinken en nimt


‘Bente heeft nu veel meer zelfvertrouwen’ Marike Knoppers har dochter Bente (10) is in byldtinker ‘Toen Bente 6 jaar oud was, merkte ik dat het lezen niet vlot ging. Ze sloeg stukjes over en had moeite met moeilijke woorden. Uit een dyslexietest bleek echter dat ze niet dyslectisch was. Al googelend stuitte ik op het begrip beelddenken. Toen viel het kwartje. Het verklaarde namelijk ook waarom Bente op zo’n van-de-hak-opde-tak-achtige manier vertelde en waarom ze ons soms niet begreep. Via Google kwam ik ook bij Ster(k)talent terecht. Bij het intakegesprek bleek al meteen dat Bente een beelddenker was. Vanaf dat moment begonnen wij thuis in beelden met Bente te communiceren. Als ik haar bijvoorbeeld wilde vertellen dat ik haar aan het einde van de paardrijles weer op zou halen, zei ik: ‘Zie je daar die stoelen? Daar ben ik straks weer als je aan het galopperen bent.’ Doordat wij beeldender met haar praatten, begreep ze ons beter en pikte ze ook sneller nietszeggende woorden op. Het woord ‘straks’ in de zin

die ik net als voorbeeld gebruikte, is een nietszeggend woord voor Bente, want daar kan ze zich geen beeld bij vormen. Maar doordat ik ‘straks’ gebruik in combinatie met ‘galopperen’, weet Bente dat ik haar aan het einde van de les weer ophaal, want galopperen is het laatste onderdeel van de les. Behalve dat wij ons spraakgebruik aanpasten, volgde Bente ook de Beeld- en breintraining van Ster(k)talent. In zes sessies leerde Sietske haar om structuur aan te brengen in haar verhalen. Het resultaat was een spreekbeurt op school, waar Sietske ook bij was. Een spreekbeurt heeft eigenlijk alles wat Bente moeilijk vindt: informatie verzamelen en ordenen en dat vervolgens overbrengen op anderen. De spreekbeurt ging goed, je kon echt merken dat er structuur in haar verhaal zat. Het was geen ratjetoe van hoofd- en bijzinnen. Uiteindelijk is haar leesniveau ook een stuk vooruitgegaan. Het allerbelangrijkste is echter wel dat haar zelfvertrouwen een boost heeft gekregen. Bente heeft nu veel meer zelfvertrouwen.’

Jo bern in byldtinker? it byldtinken stadichoan ôf. Dochs binne der ek minsken dy’t net ophâlde mei yn bylden te tinken. ‘Om’t ús maatskippij rjochte is op taal, kin dat wolris foar problemen soargje’, fertelt Sietske. ‘Op skoalle, yn it bedriuwslibben of yn de kommunikaasje mei oaren. Dat wol net sizze dat byldtinkers neat berikke kinne. De wei is soms wat langer, mar se komme úteinlik wol te plak. Ik ha sels ferskate HBO-opliedingen folge en myn soan sit no ek op it HBO.’ Byldtinken hat ek foardielen. Sa kinne byldtinkers bygelyks goed romtlik tinke, hawwe oersjoch, binne kreatyf, komme ta orizjinele oplossingen en fiele sfear goed oan.

• It bern hat faak konsintraasjeproblemen, en is soms wat ôfwêzich. • It bern komt mei ûnferwachte en orizjinele oplossingen foar problemen. • It bern begjint let te praten, mar as it praat hat it fuort in relatyf grutte wurdskat. • It giet net goed op skoalle. Dat hie gjinien ferwachte, want it bern is pynter. • It bern sjocht omheech, nei links of nei rjochts as it neitinke moat. • De útrop ‘it is sa fol yn myn holle’ komt faak foar. • It bern hat muoite mei technysk lêzen (letterlik lêze), mar begrypt de ynhâld (begripend lêzen) wol. • Hat muoite mei meardere opdrachten tagelyk, bygelyks: ‘poets dyn tosken, pak dyn tas foar moarn en doch dyn pyama oan’. • It bern hat in soad fantasij en deidreamt in protte.

Mear witte? Sjoch op www.sterktalent.nl en op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje oer dit ûnderwerp.

45


fertriet!

46

Der binne wer in protte foto’s ynstjoerd, dy’t te sjen binne op www.heitenmem.nl. De foto’s mei de measte stimmen ha in plakje fertsjinne yn Heit en Mem.


Namme: Willie Boonstra (44) en

Beppe har pop

Quinn Tency (1) Wenplak: Holwert Hobby: muzyk lústerje, nei konserten ta en hyve Relaasje: al 28 jier troud mei Eibert

‘Quinn is altyd bliid as er dy sjocht. Eins hie er mei pake op de foto moatten, want hy is nóch gekker mei syn pake as mei syn beppe. Wy wurkje beide, dat wy sjogge him minder as dat wy wolle soenen. Mar ienris yn de safolle wiken helje wy him op en hawwe wy ‘pake-en-beppedei’. Op sa’n dei binne wy folop oan it genietsjen. Hy is ek sa leuk! Hy hat no al humor, somtiden lit er pake skrikke en hat er de dikste wille. Myn man is wol feroare troch dat jonkje. Fan it earste momint ôf dat er syn pakesizzer yn ’e earms hie, wie der al in klik. In bysûnder gefoel By de berte fan Quinn hie Martha, ús âldste dochter, al gau folsleine ûntsluting. Om’t it sa rap gie, krige de poppe it benaud. Gau waard de ambulânse belle, dat wie in eangstich momint. Gelokkich is alles goed kommen. Om’t ik sels kreamfersoarchster by Isis bin en myn jongste dochter ferpleechkundige is, ha wy beide by de berte fan Quinn west. Mar wy ha der ek noch in oare kreamfersoarchster by frege, want yn earste ynstânsje woe ik wol beppe wêze. Ik hie tocht dat ik dêrom myn taken as kreamfersoarchster wat ferjitte soe. Mar it wie krekt oarsom. Ik die gewoan oandachtich myn wurk en dêrby moast ik betinke dat ik fan dit moaie popke de beppe wie en dat ik mei dizze wol tútsje en krûpe koe. Dat wie in hiel bysûnder gefoel. Jong beppe Ik wie sels noch mar santjin doe’t ik Martha krige. Dat wie in drege tiid. Doe moast ik trouwe en waard ik hielendal net goed begelaat. Dat is no gelokkich wol oars. Mar ik bin wol bliid dat ús dochter net sa jong mem wurden is. It foardiel is wol dat ik no in jonge beppe bin. It is sa bysûnder as dyn eigen bern in bern krijt. It gefoel komt hiel ticht yn de buert fan de leafde foar dyn eigen bern. Wy meie Quinn dêrom ek altyd graach efkes ekstra ferwenne as er by ús is.’

Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto op fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei ynfo@heitenmem.nl.

47


Speciale aanbieding voor lezers van heit en mem! Ontvang 6 edities voor  20,(Bij automatische incasso slechts  18,-) Friesland Post is hét magazine vol boeiende reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke (buiten)leven in het heitelân en interessante artikelen over bijzondere Friezen.

s 6 editie hts c voor sle Het abonnement stopt automatisch na 6 maanden.

JA

20,-

van p basis (18,- o . incasso) autom

Ik wil graag profiteren van de ‘heit en mem aanbieding’ en neem een proefabonnement van 6 maanden. Ik betaal via

incasso/ 18,00

accept-giro/ 20,00

Uw gegevens Naam

Adres

Postcode

Plaats

E-mail

Telefoon

Ik machtig Friesland Post om éénmalig het verschuldigde bedrag af te schrijven van (Post)bankrekeningnummer:

Stuur deze bon (of een kopie hiervan) zonder postzegel naar Friesland Post, Antwoordnummer 100, 8600 VB Sneek

Aanmelden? Bel 0513 - 68 33 14 of ga naar de pagina:

www.frieslandpost.nl/heitenmem


Heit en Mem nr 1- 2011