Page 1

gratis en fergees

nr. 01 > april 2009

Kidwalk Lekker b没tendoar bewege m茅i dyn berntsje

Eczeem Altijd maar jeuk en nooit mogen krabben

Adopsje Yanne Yu is in echte Friezinne


g S

r

Bibliotheken in Fryslân

g

u p J S

r

2 A u

Fryske p J tydskriften ...

A uy u y q q l l y yO O e e wA w As s D D Yg a XY gD a X D S Sa U K n U aK n Frysk lêzen E E F€ F€ P Pwie no M M Z Z K K ch noait sa x kE Q b xk Qb TSjiLL E N N C C U U V mI K J yV mI K m mzy y w C JzyY Cw j P A j YdV E x s C AP C Exs on V o n d n n G G r r o oG h R FG xl R FhiG xl G i ai ay Sj l gG i i Koai ay Sj l gG i iKo

Switsj•foar 10 oant 12 jier

LinKk•foar 13 oant 15 jier

Nim kontakt op mei: Taalsintrum Frysk Lavendelheide 21 9202 PD Drachten

Aktuele en ynformative ûnderwerpen, puzels, riedsels, moppen, in strip en mear. Alles rojaal yllustrearre en eigentiids en flitsend yn kleur opmakke.

088 0200 300 j.bangma@cedin.nl

8 kear yn ’t jier foar € 12,00 (groepskoarting by hegere oplages) www.cedin.nl

120x170Fryskkleurdef.indd 1

4-3-2009 11:43:08


Namme: Anja Rypkema (31) Wenplak: Ljouwert Hobbys: kickboksen, bootcamp, mei de bern dûnsje en nifelje en taastbere oantinkens ferkeapje fia har eigen webside www.rememberyou.nl Relaasje: al 13½ jier mei Edwin Mem fan: Amber (5) en Justin (1)

Mem har famke ‘Us Amber is in dûnsjend en darteljend sosjaal famke. In bytsje in toanielspylster is it. Se fynt it geweldich as ik har smink. Dan ferklaait se har en sjongt se de hiele middei op de muzyk fan K3 of Djumbo mei. Har pjuttejuf sei ris: ‘Har sjogge wy letter wol werom op televyzje.’ Amber is in echt famke, dy’t it leafst alles rôze hat en alle dagen rokjes oan hawwe wol. Dat kin net altyd fansels, dêrom moat se fan my ek wolris in broek oan­ dwaan. At se achter op de fyts sit, ropt se altyd tsjin elkenien ‘hoi!’. Amber hat ek in hiele rike fan­ tasy. Lêsten sieten wy yn de auto, ûnderweis fan skoalle nei hús. Se hie in briefke fan Juf meikrigen dat ik efkes lêze moast. It hie mei it krystmoarns­ iten te krijen en oer wat se meinimme moasten. Ik lies lûdop foar: ‘in beker, in board en in foarke’. Doe sei Amber: ‘Ja mar mem, wy moatte ek noch in mes meinimme. Want Juf hat it briefke op de kompjûter makke en se koe de letters fan it wurd MES net fine, dat doe hat se it sa mar tsjin ús sein.’ Ja, ja. Sjoch, dat is myn famke.’

Bisto heit of mem en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto fan dysels mei dyn soan of dochter nei: ynfo@heitenmem.nl.

3


Mem Dieuwke Posthumus

Oft ik mem bin? Nee, noch net. Mar ik fiel my al wol in bytsje mem, mem fan Heit en Mem, wol te ferstean. De website heitenmem.nl is ein 2006 berne. Sûnt syn berte groeit er mei de dei. Heiten en memmen yn, mar ek bûten Fryslân maile foto’s troch foar de ‘poppe fan de moannewedstriid’ (sjoch ek side 7). Mar ek de meast kreative bertekaartsjes, grappige bernepraatsjes en oandwaanlike foto’s sitte regelmjittich by de post of mail. Troch jim groeit heitenmem.nl út ta in súkses en dêrom wurde jimme fan ’t simmer traktearre op in noch moaiere, geselligere en mear ynteraktive, fernijde website. En dan no ek noch in blêd! Foar jo leit it alderearste nûmer. In nûmer oer heiten, lykas heit Yde, dy’t fjouwer moanne syn frou en bern misse moast om’t hy yn Afganistan stasjonearre wie foar in militêre missy. Mar ek in nûmer oer memmen as Aafke, dy’t nei de befalling hearlik oan it sporten is, méi de bernewein, yn de bosken fan Beetstersweach. En fansels giet it yn Heit en Mem oer datjinge wat alle heiten en memmen mienskiplik ha: bern. Bern dy’t gek op harren pakes en beppes binne, bern dy’t faaleangst ha, bern dy’t adoptearre binne of bern dy’t elkoar op skoalle op in wol hiel bysûndere wize massearje. Wy fan de redaksje binne wiis mei de nijste ûntjouwingen. De website heitenmem.nl hat in broerke krigen. Moannen lang ha wy ús dwaande hâlden mei de tarieding. Hoe moat it hjitte? Hoe sil it derút sjen? It wie in hiele befalling, mar wy binne bliid dat wy it no yn de hannen hâlde kinne. Tankber, grutsk en bliid binne wy mei de komst fan it tydskrift Heit en Mem.

4


Ynhâld Kolofon redaksje: Aukje Mulder, Ciska Noordmans en Dieuwke Posthumus haadredakteur: Ernst Bruinsma meiwurkers: Arjan en Elizabeth Hut, Baukje Wytsma, Gerry Hylkema, Grytsje Deinum, Jaap Mulder, Jacco de Boer, Marrit de Schiffart, Jan de Groot en Willy Bouma. korreksje: Mirjam Vellinga, Ytsje SteenBuwalda, Nynke Beetstra en Klaske Hiemstra. redaksje-adres/útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert tel: 058-2343070 e-mail: ynfo@afuk.nl www.heitenmem.nl ISSN: 1571-4241 Printwurk: Telenga’s Drukkerij BV Harlingerweg 14 8801 PA FRJENTSJER tel. 0517-380 980 Foarmjouwer: BWH Ontwerpers Emmakade 74a 8933 AV Ljouwert tel. 058-21 33 543 Fotografy: Het Hoge Noorden Eastergrêfswâl 31 8921 AA Ljouwert tel. 058-21 57 966 Linus Harms (side 11 en side 44) Blokhuisplein 40 8911 LJ Ljouwert tel. 06-171 487 63 Yllustraasjes: Anjo Mutsaars Meerweg 121 9752 JE Haren tel. 050-53 50 120 Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 37.000 eksimplaren.

nr. 01 april 2009

3 Mem har famke 4 Kollum Dieuwke Posthumus 6 Heit en Mem post 8 Fallen leart opstean 11 Fjouwer moanne nei Afganistan 13 Swier & Swiet 14 Rode plekken, huidschilfers en vooral JEUK 16 Kollum Jaap Mulder 17 Utstapkes 19 De mediator 23 Berneboeken 24 Yn ferwachting 26 Sporte mei de bernewein 28 Bernepraatsjes 29 Boeken foar heit en mem 30 Besyk oan de jeugdarts 33 Massaazje jout fertrouwen 36 Kollum Arjan Hut en Elizabeth Hietkamp 37 Bern 38 Faalangst 40 Klusse yn de bernekeamer 42 Kollum Dokter de Vries 43 Heit 44 Adopsje 46 Us pake/beppe en ik 47 Pake syn pop

Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje.

5


heit & mem post Yn novimber komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert

fotowedstriid

Us fiif wûnderkes Dit binne, lykas de bern fan eltse heit en mem, de moaiste en leafste bern fan de hiele wrâld. De jongste twa, Jesse (3) en Anthony (1), ha eins 4 memmen. Der wurdt nammentlik ek hiel goed op se past troch de grutte sussen Leanne (7), Chantal (6) en Naomi (4). It moaie fan ús grutte gesin fyn ik de gesellichheid. We fine it dan ek super dat al ús bern it sa goed mei-inoar fine kinne. Sa lêst Leanne elke jûn de oare bern foar foardat se op bêd geane. Wy wurde ek witte faak frjemd oansjoen wannear’t út ús Renault Station neist de 3 bern fan de achterbank ek nochris 2 bern út de kofferbak komme.

Doch mei oan de fotowedstriid BERN & BIST! Stjoer jim moaiste foto foar 31 july op nei ynfo@heitenmem.nl De ynstjoerders fan de trije moaiste foto’s winne it boek Gekke Greta Goes. Alle foto’s wurde pleatst op www.heitenmem.nl

Ingrid van Rootseler út Eastrum

bertekaartsje Poll op www.heitenmem.nl It berte­kaartsje yn it Frysk? ja nee nee, twatalich

64% 12% 24%

Wisten jo dat op de site www.heitenmem.nl Fryske bertegedichtsjes steane? Wolle jo sels in gedichtsje/tekst skriuwe yn it Frysk? De Afûk sjocht it fergees foar jo nei!

6

Pjutteswimmen Us Jens giet al sûnt dat er 3 moanne âld is nei swimles. En hy fynt it geweldich. Earst wie hy by juf Ankie oan it babyswimmen en fan syn 2e jier ôf swimt er by juf Barbara. In healoere yn ’e wike op tiisdeitemoarn. Yn eltse groep sitte ûngefear 12 oant 16 bern mei harren heit, mem, pake of beppe. It wetter is tusken de 60 en 90 sm djip, dus de berntsjes kinne oeral stean. Ek is it wetter wat waarmer as normaal, sa’n 32 graden. Se begjinne mei in ferske yn ’e kring sa as ‘alle eendjes zwemmen in het water’ en ‘Jan Huigen in de ton’. As de ton dan yn ‘duigen’ falt geane de berntsjes ûnder wetter, sa fier at se doarre. Nei in pear wike sjochst al dat de

measten hielendal ûnder wetter ferdwine. Dêrnei klimme en springe se op de kant en fan de kant ôf yn it wetter. Ek leare se dûken. Se sitte dan op de kant en sjonge in ferske oer dat de hantsjes yn ’e hichte moatte en it noaske yn it wetter moat. De measte berntsjes fine it hielendal geweldich en it is in grut feest om eltse wike wer swimme te meien. Pjutteswimmen is echt oan te rieden! Alles bart sûnder bantsjes en is der op basearre om de bern sa folle mooglik wetterfrij te meitsjen. By ús Jens wie dat samar klear! Petra Baarsma út Wergea.


De bernekeamer Dit is de bernekeamer fan ús Henrik Rinse, berne op 7 febrewaris 2009. Mem en mama wisten net oft it in jonkje of in famke wurde soe en hawwe dêrom keazen foar in read-wyt-blauwe keamer. Mem hat in protte dingen yn ’e keamer sels makke, sa as de kessens op de sliepbank, it oertrek fan it oanklaaikessen en net te ferjitten de beklaaiïng fan de widze. Achtentweintich jier lyn hat mem sels yn dizze widze lein. De panelen oan de muorre binne fan MDF beplakt mei behangpapier en dat is ek brûkt foar it beklaaien fan de tydskriftekassettes. Yn de bernekeamer stiet ek in sliepbank, foar as der famylje útfanhús komt. Dan mei Henrik Rinse in nachtsje by syn mem en mama op de keamer sliepe.

Bisto ek sa grutsk op de bernekeamer? Mail in foto mei ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl

Hannie en Rinskje út Hengelo

De Redressiehelm Op jullie site staat een artikel over de redressiehelm. Ook onze eerste zoon Sander heeft een helmpje gedragen. Omdat dit ons eerste kindje was, hadden we helemaal niet in de gaten dat Sander een voorkeurshouding had. Na een paar maanden viel mij op dat één kant van zijn hoofd plat werd en dat zijn oren niet gelijk zaten. Sander heeft vanaf zijn geboorte veel haar gehad, daardoor zag ik het niet eerder. Vanaf die tijd hebben wij er op gelet dat Sander meer op de ‘niet-platte kant’ ging liggen. Zo hebben we geprobeerd het hoofd weer rond te krijgen. Het mocht niet baten, zijn hoofd bleef scheef. Op het consultatiebureau gingen ze hier vrij laks mee om. ‘Het hoofd is wel een beetje scheef’, zeiden ze. Verder werd er geen actie ondernomen. Op internet kwam ik de redressiehelm tegen. Er stond aangegeven dat zo’n helm tot en met een leeftijd van negen maanden aangemeten kan worden. Bij nog oudere kinderen is bijna geen resultaat meer te halen, omdat het hoofd minder snel groeit. Omdat Sander al bijna negen maanden was, moest er snel wat gebeuren. Ik heb daarom snel een afspraak bij de huisarts gemaakt en een paar weken later had Sander een helm. Na drie maanden, met zijn eerste verjaardag, mocht de helm af. We zijn ontzettend blij. Door de helm heeft hij weer een mooi rond hoofd. Hij heeft totaal geen last gehad van de helm. Ook heeft zijn ontwikkeling geen belemmering gehad. Ook onze tweede zoon Kelvin had een voorkeurshouding. We hebben hem een tijdje in een zijligkussen gehad. Zijn hoofd is weer mooi rond en hij heeft geen voorkeurshouding meer. Dankzij onze eerdere ervaring kunnen we nu voorkomen dat Kelvin een helm nodig heeft.

Poppe fan de moanne! Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl. En, wa wit, stiet dyn foto aanst as ‘poppe fan de moanne’ op heitenmem.nl en krijsto it nijste Fryske berneboek tastjoerd! ‘Poppe’ is Fries voor baby. De baby mag niet ouder dan één jaar zijn!

jannewaris Sikke Lautenbach (9 moanne) út Bitgum

maart Senne Lucas (4 moanne) út It Hearrenfean

febrewaris Jelmer van der Zee (1 jier) út Ljouwert

april Nika Kim en Kaia Sun Franzen (8 moanne) út Balk.

Esther Terpstra út Buitenpost

7


Fallen leart opstean Grietje Deinum

Lieke stroffelet gauris. Thys lit in protte út de hannen falle. Hylke slingeret sa mei syn hannen en fuotten. Baby Jens sjocht mar ien kant út. Anna hat swierrichheden by gym. Reinder syn hânskrift bliuwt mar sloardich...

Bern leare letterlik ‘mei fallen en opstean’. Dat mei, dat is gewoan, dat heart sa. Mar bytiden bliuwt it knoffeljen. Mei doelrjochte oefenings kin dan wurke wurde oan mear bewegingsfrijheid en wille by it bewegen. Boppedat is it goed foar it selsfertrouwen fan de bern. Mensendieck- en Cesar-terapeuten yn Fryslân ha de hannen gearslein op it stik fan berne-oefenterapy. Sinjalearring Wannear’t heit of mem, juf of master, of bygelyks de konsultaasjeburo- of skoaldokter sjocht dat in bern it dreech hat op it mêd fan de motoaryske ûntwikkeling, kin hy of sy dêr kontakt oer opnimme mei de húsdokter. By babys jildt dat foar swierrichheden by it gripen, rôljen en krûpen, by pjutten by it op ien foet stean en it springen, foar beukers by it huppeljen en it fytsen en foar âldere bern by bal- en skriuwfeardichheden. De húsdokter kin by dy sinjalen trochferwize nei ien fan de berne-oefenterapeuten yn Fryslân.

8

Yn ús provinsje hâlde dy praktyk yn Balk, Bûtenpost, Drachten, Harns, Ljouwert, de Lemmer, Snits, Surhústerfean, Wâldsein en de Westereen. De Mensendieck-metoade De metoade fan Mensendieck giet út fan it selskorrizjearjend fermogen fan de minske. Bern, yn dit gefal, leare om harren bewust te wurden fan harren lichem en de sinjalen fan it lichem op te pikken. Sitst wol goed rjochtop? Hoe stjoerst de rjochterfoet goed oan? Wêrom doarst net te springen? Uteinlike doel: in goeie en bewuste gearwurking fan lichem en geast. It blykt in útkomst by bewegingsefterstân. Nei de berne-oefenterapeut Karin Stellingwerf hat de oplieding ta Mensendieck-terapeute folge. Dêrnei spesjalisearre se har mei in post-HBOoplieding berne-oefenterapy ta berneoefenterapeut. Sûnt 1999 wurket se by Therapie- en Trainingscentrum De Vesteynde yn de Westereen, wêrfan no

fiif jier as Mensendieck-terapeute. Se jout yndividuele terapy, mar ek groepsterapy/kursussen oan bern. ‘Van kop tot teen bewegen’ Karin jout tegearre mei Elbrich Lolkema de groepskursus ‘Van kop tot teen bewegen’. Elbrich studearre ôf oan it CIOS en de ALO. ‘Van kop tot teen bewegen’ liket eins wol wat op de gymnastykles op skoalle. De bern neame it dan ek gewoan ‘sport’ of ‘gymnastyk’. Eltse tongersdeitemiddei komme se nei de sporthal neist De Vesteynde, de 4- oant 8-jierrigen de earste oere, en de 8- oant 12-jierrigen de twadde oere. Dêr wurkje se boartlik oan harren basismotoryk, groffe en fine motoryk, lykwicht, eachhânkoördinaasje en lichemsbesef. Sa wurdt de bewegingsefterstân lytser, krije de bern mear aardichheid oan it bewegen en fine se mear oansluting by leeftiidsgenoatsjes. In ‘les’ yn it koart De bleate fuotsjes poatelje oer de sport-


It ferhaal fan Hessel Hessel Veendorp is 4 jier âld en wennet mei syn heit, mem en suske Doutzen yn Ie. Hy komt sûnt syn twadde jier by Karin, earst foar yndividuele Mensendieck-terapy, no foar ‘Van kop tot teen bewegen’. Mem Anneke Veendorp: ‘Hessel fynt it prachtich! Troch syn PDD-NOS hat er in bewegingsefterstân en fynt er nije situaasjes en nije minsken faak spannend, mar by ‘gymnastyk’ fielt er him hielendal thús. Tikkerke dwaan wie bygelyks kompleet nij foar him, mar net ien sjocht der frjemd fan op as it de earste kear net hielendal slagget. Dat jout him de rêst om op syn eigen wize te learen hoe’t er syn lichem it bêste brûke kin.’ Hessel fljocht yn it sirkwy oer de matten, mar as de hoepels yn sicht komme, belûkt it gesichtsje. Karin nimt him by de hân, mar Hessel stroffelet en falt. Hy drukt sels mar in tút op de earmtakke.

halflier. Entûsjast komme de bern de klaaikeamer útdraven. De oere ‘Van kop tot teen bewegen’ wurdt meastentiids begûn mei in spultsje. Dat kin bygelyks oan ’e hân fan in boekje fan Eric Carle wêze, wêrby’t de bern de bistebewegings neidogge. De flamingo heakket yn op it lykwicht, de sjiraffe op it lichemsbesef (hoe meitsje ik de nekke sa lang mooglik?). Elbrich hat in sirkwy útsetten: de grutte kast stiet yn ’e seal, mei in bank as rinplanke der by op. Dêr

leit in grutte matte ûnder, dat wurdt springen... Fierderop lizze lytsere matten oer de flier, mei in heale meter romte dertusken. Hoepels om trochhinne te hinkeljen foarmje in paad nei in twadde bank. It rûntsje is kompleet en Elbrich leit út. Karin docht it foar. Elbrich en de bern sjogge dat it hielendal misgiet, mar se ha ôfpraten Karin net út te laitsjen. No binne de bern oan bar. De romte tusken de matten is de sleat. ‘Pas op,’ ropt Karin, ‘aanst in snoek yn ’e broek!’

De les einiget mei in potsje skatsykjen: wa fynt de measte diamanten? In wedstryd, foar de suksesbeleving. De groep fan Elbrich wint. Mar de ‘diamanten’ (eins linten) moatte ek wer werom. De groep fan Karin hat dêr dus automatysk foarsprong. Sy winne dy striid dan ek. Beide groepen in kear wûn, beide groepen bliid, beide ‘juffen’ bliid. Op de tribune sitte heiten, memmen en in inkele beppe, allegear mei fleurige, tefreden gesichten. Oant oare wike!

9


all茅z! Doch mar gewoan. Lit sjen dat it Frysk wolkom is by dy troch de Praat Mar Frysk stikker op de foardoar fan dyn h没s te plakken of de button op dyn jas te spjeldzjen. Bestel se fergees op www.praatmarfrysk.nl En wy stjoere it nei dy op!


heit yde fjouwer moanne nei afganistan

Baukje Wytsma

It hûs fan de famylje Ruardia, yn it goed hûndert ynwenners tellende Idaerd, sjocht der feestlik út. Kleurrike tekeningen, feestslingers, papieren blommen en in hast al wer wat ferwylge roaske yn in sjampanjeflesse yn it finsterbank binne tsjûgen fan it blide wersjen fan heit Yde mei syn frou Geesje, dochter Mirte (12) en soan Wisse (11). Sersjant-majoar Yde Ruardia is wurksum as flightchief op de fleanbasis Ljouwert en krekt werom fan it Súd-Afgaanske Kandahar, dêr’t er sta­ sjonearre wie foar in militêre misje. ‘Ik hie der earst net folle nocht oan om dêr hinne’, sa fertelt Yde. ‘Gelokkich is it my efterôf besjoen aardich tafallen, al duorren de lêste dagen wol hiel lang.’ It wie net de earste kear dat Yde foar syn wurk op reis moast. Sa hat er bygelyks al op oefening west nei Amearika, Noarwegen, Yslân en Poalen, mar dat

duorre meastal mar in stikmannich wiken. De útstjoering nei Afganistan duorre fjouwer moanne. Boppedat mocht yn de tiid fan it ferbliuw de militêre basis Kandahar Air Field net ferlitten wurde. ‘Wy sieten yn de woastyn’, sa fertelt Yde, ‘sa’n tsien kilometer fan de stêd Kandahar, sis mar nei Kabul de twadde stêd fan Afganistan, foarhinne it bolwurk fan de Taliban. Hast dêr in lânklimaat, it kin oerdei waarm wêze en nachts hiel kâld. Op Kandahar Airfield sitte sa’n 16.000 man, fan allerhanne nasjonaliteiten. Wy sliepten yn stielen seekonteners, tsien op in rychje mei in middenpaad der tusken. Twa man yn ien kontener. Om’t wy ferskillende tsjinsten draaiden, hiest de romte ek wol faak foar dysels, dat gong prima. De famylje Ruardia wist al twa jier dat Yde hast oan bar wie om nei Afga-

nistan, mar doe’t it safier wie, hie er der net folle sin oan om sa lang by frou en bern wei te gean. Wisse: ‘Ús heit fûn it stom en ik ek. Hy sei der net folle oer doe’t it safier wie. Ik fûn it ek net fijn om allinnich mei ús mem en myn suske thús te bliuwen. Ik soe in Nintendo Wii krije, mar ik hie leaver dat ús heit thúsbliuwe soe.’ Yde: ‘Bist earst fansels allegear efkes hielendal út it libbensritme wei. Foardat ik fuortgong ha ik der foar soarge dat der in nij stik op it dak timmere waard, ik woe net dat Gees lekkerij hawwe soe as ik der net wie.’ Geesje: ‘Hast ek in soad hout kapt foar de winter.’ Wisse: ‘Ik ha, krekt foar’t ús heit fuortgong, tegearre mei him op skoalle in sprekbeurt holden oer Afganistan. Sa wisten de bern út myn klasse ek wêr’t ús heit hinne gong.’ Yde: ‘Ik hie myn desertpak oanlutsen en Wisse en ik

11


Hoi Heity, ik ha foar dy in kaart makke, sels! De knopen fan myn jas kin ik hiel goed sels tichtmeitsje. Ik mis heit, it duorret net sa lang mear, oant gau. Mei in hiele dikke tút fan my, Mirte. hawwe tegearre moai oan it fertellen west. Letter ha ik ek noch in pear kear mei de klasse e-maild. Master Arnold Bouwmeester hat Wisse goed opfongen yn de tiid dat ik fuort wie.’ Mem Geesje: ‘Wisse hat ferline jier ek in klasse oerslein en dêr hie er it ek noch wolris dreech mei, om’t er syn klassemaatsjes kwyt wie. Ik ha in hiel soad praten mei de bern yn dy moannen. Mirte, dy’t it syndroom fan Down hat, hat net sa’n dúdlik besef fan tiid mar se miste Yde wol o sa, har heit kin nammentlik hiel lekker itensiede! Mirte hat in hiele protte moaie tekeningen foar har heit makke. Wisse knipte alle dagen in stikje fan de sintimeter ôf dêr’t er noch in stikje by oanplakt hie om’t Yde langer as hûndert dagen fuort wie. Wy wiene net ûngerêst of bang want wy hiene goeie foarljochting hân op de fleanbasis. En

12

ik wist fansels dat Yde dêr net fan de basis ôf mocht en dat wie wol sa’n feilich idee. Der wiene yn dy tiid fansels ek raketbesjittingen, mar dêr fertelde er net safolle oer. It is wol moai om op sokke tiden yn in lyts doarp te wenjen. Minsken woenen my oeral wol mei helpe doe’t Yde fuort wie. De famylje ek fansels. Dat wie echt geweldich. Wy hiene om de dei telefoanysk kontakt mei Yde, de bern koene sa ek altyd harren ferhaal oan heit kwyt. En wy e-mailden ek in soad.’ Hoi heit, we hebben van Bolsward verloren het was een heel meisjesteam. We stonden in de eerste 15 tellen al 1-0 voor dankzij een goede aftrap, maar daarna ging het heel slecht. Toen hebben we met 2-3 verloren. Ik ga vandaag misschien met Jesse en Jeen naar de bios. Groetjes, Wisse Hoi Heity, ik ha foar dy in kaart makke,

sels! De knopen fan myn jas kin ik hiel goed sels tichtmeitsje. Ik mis heit, it duorret net sa lang mear, oant gau. Mei in hiele dikke tút fan my, Mirte. ‘Yde stjoerde ús in soad pakjes en foto’s sadat wy sjen koene hoe’t it der dêr allegear om en ta gong’, sa fertelt Geesje fierder. ‘Soms makke hy foto’s fan de merk dêr en sa koe ik dingen útsykje dy’t hy nei hûs opstjoere koe. Yde hat dêr ek in stik as tsien Afgaanske jassen meitsje litten. Sels ús heit hat no in moaie waarme Afgaanske winterjas oan. Wy stjoerden ek alle wiken pakjes op, dat koe fia de fleanbasis. Sa krige Yde alle wiken in bôle fan bakker Andringa út Grou. Hy fûn de Amerikaanske bôle dêr net lekker. Mei de feestdagen en de jierdeis mist mekoar wol, mar wy binne goed opfongen troch elkenien. Wy binne bliid dat Yde wer feilich thús is by ús yn Idaerd.’


Lytse griemer! Dit is lytse griemer Johannes Boomsma út Boelensloane. Hy kin mar raak grieme mei syn stoere slabbe om. De slabben mei klittebânsluting binne mei ferskate teksten te krijen, lykas Lyts & Leaf, Beppe har boefke, Pake syn pop, Ik heit en mem en Lyts mantsje. Sjoch foar alle slabben op http://boekwinkel.afuk.nl

circustrekwagen Naast de piepschuimletters om bijvoorbeeld de babykamer leuk mee aan te kleden, kun je bij Tante Tootje uit Wommels ook terecht voor vrolijk en kleurrijk speelgoed. Zoals deze circustrekwagen met vijf circusfiguren. Voor € 47,50 te bestellen via www.tantetootje.nl

Swier & Swiet Yn Fryslân wurde gemiddeld 20 poppen deis berne. Myn kreambesite Yn ferwachting? Soargje dan aanst dat dyn kreambesite in winsk efterlit yn dit leuke boekje. It stiet fol nijsgjirrige ynformaasje en moaie yllustraasjes. Foar € 7,50 te krijen yn de boekhannel.

Kompjûterwille foar de alderlytste Mei jim bûkemantsje of jongedochter op ’e skurte efter de kompjûter? Dat kin no mei dizze cdrom, spesjaal makke foar de alderlytsten. By it oanreitsjen fan elke toets feroaret der wat op it skerm. Ynienen komt Hessel de slak út syn húske, falle bern yn ’e snie of sjogge jim in flinter troch de loft fladderjen. Hoechst dy net drok te meitsjen om dyn dokuminten. As ‘Spultsjes’ opstart is, blokkearje de funksjes op dyn kompjûter en kinne de lytskes feilich de knopkes fan it toetseboerd yndrukke. Foar € 9,95 te bestellen fia http://www. boekwinkel.afuk.nl of te krijen by de boekhannel fan de Afûk yn Ljouwert.

Sis tsiis! Hoe setst no dyn poppe moai op de foto? - Meitsje de foto altyd op eachhichte fan dyn berntsje. Gean dus troch de knibbels of op de grûn lizzen! (Behalve ast in spesjaal effekt berikke wolst.) - Soargje foar in rêstige eftergrûn. - Stel de kamera skerp op it haadûnderwerp. - Nim ek ris in foto fan in detail (bygelyks allinne in fuotsje). Súkses!

13


Aukje Mulder

Rode plekken, huid­schilfers. Maar vooral

JEUK Rode plekken. Huidschilfers. Maar vooral JEUK. Het hoort allemaal bij eczeem, één van de meest voorkomende chronische ziekten op kinderleeftijd. Van alle baby’s, peuters en kleuters heeft 2 tot 5 procent er last van. Hoewel er goede middelen tegen bestaan, zijn veel ouders daar nog huiverig voor. Hierdoor worden kinderen soms onderbehandeld. Tijd om feiten en fabels op een rij te zetten. ‘Eczeem kan je helemaal in zijn greep hebben. Altijd maar jeuk en niet mogen krabben? Dat is vreselijk’, zegt kinderarts Hanneke Rijk, werkzaam in het Antonius Ziekenhuis in Sneek. Zij weet waarover zij praat: zij heeft vroeger zelf veel last gehad van jeuk. Mede om die reden heeft zij zich, toen zij kinderarts werd, gespecialiseerd in huidklachten. “Constitutioneel eczeem”, zoals het officieel heet, is een aangeboren huidziekte waarvan de aanleg bij de geboorte aanwezig is. Als beide ouders last van eczeem hebben, is er 80% kans dat

14

hun kind het ook krijgt. Ook als er astma of hooikoorts in de familie voorkomt, is de kans verhoogd. Want astma, hooikoorts en eczeem zijn allemaal het gevolg van een allergische aanleg. Hygiëne In de media doken enige tijd geleden berichten op over hygiëne in relatie tot allergische reacties – zoals astma en eczeem. Kinderen die in een te ‘schone’ omgeving opgroeien zijn vatbaarder voor allergieën, zo was de teneur. Daarentegen zouden kinderen op een boerderij, temidden van de koeien en varkens, weerbaarder worden. Met andere woorden: hoe meer contact met bacteriën, hoe sterker het afweer­ systeem. ‘Deze zaken zijn niet zo zwart-wit als ze lijken. Inderdaad hebben kinderen die in een landelijke omgeving opgroeien minder allergische reacties - en dan met name minder eczeemklachten. Maar uit

recent onderzoek blijkt dat die kinderen op volwassen leeftijd juist meer last hebben van niet-allergene astma. Dit is astma die ontstaat door prikkels als rook en kou bijvoorbeeld. Er is dus nog veel onderzoek nodig voor we hier stellige uitspraken over kunnen doen...’ Zalven In haar praktijk ziet Hanneke Rijk dagelijks jonge kinderen en zelfs kleine baby’s met eczeemplekken. Op de voorgrond staat de vreselijke jeuk. Door krabben ontstaan open plekjes en kleine ontstekingen. ‘Het is dus belangrijk om eczeem goed te behandelen. Hiervoor bestaan prima middelen, zoals hormoonzalven en vette zalven.’ Daarmee komen we bij fabel 1: ‘Hormoonzalf heeft nare neveneffecten. De groei wordt erdoor geremd.’ ‘Onzin,’ zegt de kinderarts, ‘als je de zalven op de juiste manier gebruikt, gaat het hormoon nauwelijks dieper het lichaam in dan de huid. Als


de groei vertraagd is, komt dat vaak door stress vanwege die vreselijke jeuk.’ Fabel 2: ‘Een kind kan immuun raken voor zalf en heeft steeds sterkere middelen nodig.’ ‘Niet waar. Gewenning treedt niet op. Je behandelt het eczeem tot het helemaal weg is en als je daarna voorzichtig afbouwt tot een onderhoud of stop, is de huid na een paar weken weer rustig.’ Fabel 3: ‘Hormoonzalven helpen tóch niet.’ ‘Absoluut onwaar. Wel is op de juiste manier zalf aanbrengen belangrijk. Als je dat goed doet, geeft dat mooie resultaten, wat motiveert om door te gaan.’ Duidelijke uitleg ‘Alles staat of valt met duidelijke uitleg. In onze praktijk hebben we speciale spreekuren waar kinderverpleegkundige Esther Schirm de tijd neemt om ouders uitgebreid voor te lichten. Want we beseffen dat het inzalven van je kinderen een opgaaf is. Het kost een hoop tijd en energie, zeker als je twee of drie kinderen met dit probleem

hebt. Als je in de badkamer staat met vier verschillende tubes en je weet niet goed hoe of wat, dan kun je echt wanhopig worden. Wat, hoe en waar smeer je het? Hoe moet het op vakantie, in de zon, in het zwembad, op zwemles als de bandjes over de zalf wegglijden? Die voorlichting is essentieel. In een patiëntendossier kunnen ouders thuis alles nalezen. Ook zijn we per e-mail voor vragen bereikbaar.’ De arts komt soms mensen tegen die eczeem bagatelliseren, want ‘Een beetje jeuk is toch niet zo erg?’ Verontwaardigd: ‘Maar bij astma zeggen we toch ook niet: een beetje benauwd is toch niet erg?’ Het enige nadeel van hormoonzalven is het feit dat de huid er dunner van wordt. Maar als je direct na de eerste verschijnselen smeert, is de huid binnen een paar weken rustig en kun je stoppen.’ Veel verdriet Eczeem kan veel verdriet veroorzaken.

‘Kinderen willen niet meer naar gymclubjes omdat hun eczeemplekken opvallen. Een meisje vertelde dat haar vriendinnetje haar als een tijgertje had getekend, want ze had immers allemaal van die rare plekken. Pubers lopen soms rond met wonden in hun knieholtes omdat ze hun spijkerbroek per se aanwillen - en de stof schuurt hun eczeemplekken kapot. Met zalf ingesmeerde plekken kun je maar beter goed afdekken met verband. Door tijdelijk afdekken versterk je de werking van de zalf en kun je minder krabben.’ Met de huidige middelen hoeven kinderen niet meer onder eczeem te lijden, verzekert ze. ‘We krijgen zulke mooie reacties op de poli. Vanochtend nog zei een moeder dat ze een ander kind had gekregen. Haar kind slaapt weer lekker en is zo vrolijk. En ze geniet weer van het maken van babyfoto’s, want daarop lacht een gaaf gezichtje haar toe.’

15


Jaap Mulder (1959) is kabaretier, komponist en toetsenist fan de band Seven Day Hunt én heit. Hy hat twa soannen, Sieger (10) en Jorrit (7).

NIETES-WELLES Het is weer eens oorlog in huis. Een klassieke broedertwist. Hij ontstaat zomaar. Zoals elke keer eigenlijk en met een snelheid, een verbetenheid en onredelijkheid waar ze op de Balkan nog een puntje aan kunnen zuigen. Maar deze keer is het een serieus probleem, landen hebben in het verleden om minder ruzie gekregen; het gaat over de afwas... Verbazingwekkend om te zien hoe een woordenwisseling in no time uitmondt in slaan, knijpen en huilend achter elkaar aan zitten. Ik volg de lijn van de Westerse landen bij conflicten; ik roep: ‘Hou op!’ en ‘Toe nou jongens!’ of ‘Dit hoeft toch niet zo?’ Maar als dat allemaal niet helpt, ga ik onderuit in de bank zitten, wetende dat ik er álles aan gedaan heb... Ik neem een glaasje Oostenrijkse strohrum, 60% alcohol. Vies, maar het helpt. Waarom mag je kinderen eigenlijk niet slaan? Als uiteindelijk de rust is weergekeerd en het ergste bloeden gestopt, wil ik vervolgens door middel van een plenaire zitting proberen de standpunten en argumentatie van beide partijen te doorgronden. Daar ben je tenslotte een moderne vader voor. Ik neem er nog een glaasje bij. Het draait om de temperatuur van het water. Het was gloeiend heet en dat zou de oudste expres gedaan hebben omdat de jongste bij het strootje trekken had gewonnen en toen had gekozen voor de borstel in plaats van de theedoek, alleen maar omdat hij wist dat grote broer een bloedhekel had aan afdrogen. Nietes-welles. Daar gáán ze weer. Dodelijk vermoeiend. Twee boze koppen aan tafel. Zo wil ik ze niet naar bed laten gaan. ‘Kom jongens, we drinken even gezellig wat. Zullen we nog wat doen samen, iets gezelligs, een spelletje of zo’, lispel ik, terwijl ik mijn glas in één keer achterover giet. ‘Wat dan?’ is het argwanende antwoord van nummer één. ‘Mens erger je niet, zeker?!’ roept nummer twee pruilend. ‘Ja, leuk’, kraait de ander nu pesterig. ‘Nee, echt niet! Omdat jij dat wil zeker!’ ‘Ja, en waarom zou jij dan mogen kiezen?’ ‘Omdat jij de borstel al hebt gekozen!’ ‘Ja! Leuk hoor! Dat was omdat ik het langste strootje had!’ ‘Nou, dan gaan we nu wéér strootje trekken.’ ‘Ja, en wie mag er dan het eerst strootje trekken?’ ‘Wie het getal onder de tien raadt...’ ‘Zeven.’ ‘Nee, dat is niet eerlijk? Nou ga jij als eerste roepen! Ik had ook zeven! Papa, papa!’ ‘Waar is papa?’ Ik lig in de woonkamer voor de bank onder een krant en neem kleine hapjes uit het vloerkleed. De kat komt bij me liggen. Ik begin te grommen. Dan wordt het zwart voor mijn ogen. Als ik wakker word, lig ik in bed. Mijn oude, bejaarde moeder buigt zich over mij heen. ‘Gaat het jongetje?’ Mijn mond is droog. ‘Nietes-welles’, schokschouder ik. Ze knijpt haar ogen samen. ‘Een koekje van eigen deeg’, hoor ik haar fluisteren en ze legt een nat washandje op mijn voorhoofd.

16


dekemastate Op in moaie of reinige dei kinst mei de bern dwale troch de tunen en de lange gongen fan it steatlike Dekemastate. Foar bern is der in speurtocht makke (wat stiet der eins yn ’e kelder fan in stins?) èn sy meie sneupe yn ’e ferklaaikiste. Yn ’e tún fan Dekemastate kinst in picknick- of knapzakarranzjemint nimme en dan lekker ite op in kleed mei de bleate fuotten yn it gers! Dekemastate stiet yn Jelsum, Dekemawei 5, benoarden fan Ljouwert. Sjoch ek op: www.dekemastate.nl

De Greidhoeke Wat fûgeltsje sit der yn ’e wâl? En hoe hurd kin heit peddelje? Kinst mei de kano troch de Greidhoeke peddelje en de wrâld fan in oare kant besjen. Kij lykje dan yn ienen wol megamonsters! De Swalkrûtes binne de krijen by de VVV ’s yn Fryslân en fia www.doarpswurk.nl. Der binne trije rûtes útsetten fan Burgwerd, Easterein of Makkum út. De lingte fariearet fan 5 – 25 kilometer.

útstapkes Het meer van Lenten Lekker even yn ’e sinne sitte mei sicht oer de Snitsermar wylst de bern in boat fol sân skeppe, in hindernisbaan nimme, mei har allen yn de trekkerbân skommelje of boppe op de heechste klimpeal wibelje. Kinst der ek mei de boat oanlizze! Jou dy noflik del by Het Meer van Lenten, ticht by it Kameleondoarp yn Terherne, Utbuorren 50. Sjoch ek op: www.hetmeervanlenten.nl

Aqua Zoo De waterrijke dierenwereld van Aqua Zoo Friesland; een leuke belevenis voor het hele gezin! Proef de natuur en geniet van verrassende ontmoetingen met bijzondere dieren die in en om het water leven! Aqua Zoo Friesland is dagelijks geopend. Voor meer informatie over het park en de activiteiten zie www.frieslandzoo.nl.

Glêskeunst Yn in moai âld hús yn Eksmoarre hat glêsblazer Alwin Overwater syn atelier. Hy makket keunst fan glês, kleur, foarm en fantasije. Wolsto ek sjen hoe’t it glêsblazen giet, hoe’t de moaie foarmen en kleuren ûnstean? Kom dan del (op tongersdei, freed of sneon) yn Eksmoarre op de Doarpsstrjitte 53. Sjoch ek op www.quakeltje.nl

17


Geen kind en geen gezin zijn hetzelfde Kinderen en jongeren met een verstandelijke beperking en hun ouders kunnen bij Talant terecht voor zorg en ondersteuning. Zo lang mogelijk in het eigen gezin wonen is natuurlijk het mooist. Dat lukt als de zorg en ondersteuning goed georganiseerd zijn. Talant zet zich in voor een passend aanbod! Talant biedt: • Dagbesteding (Kinderdagcentra) • Logeren en Logeerkring • Thuisondersteuning • Praktische Pedagogische Gezinsondersteuning • Wonen en Meeleefgezinnen • Ondersteuning in het onderwijs • Observatie en Diagnostiek Kijk voor meer informatie op www.talant.nl of bel met de aanmeld- en plaatsingsmedewerkers van Kind & Gezin via 0513 - 64 38 00.

$BUBMQB,JOEFSPQWBOH Ă˜Ă˜LJO'SJFTMBOE

wittenskiplik sintrum fan Fryslân

.FULJOEFSDFOUSBJO-FFVXBSEFO %SBDIUFOFO)FFHĂ’O POTHBTUPVEFSCVSFBVJO%SBDIUFO CJFEFOXJKJOEF QSPWJODJF'SJFTMBOEWPMPQNPHFMJKLIFEFOWPPSEBHPQWBOH  CVJUFOTDIPPMTFPQWBOHFOHBTUPVEFSPQWBOH /JFVXOVPPL4QPSU#40JO-FFVXBSEFO

XXXDBUBMQBOM #FMBOHTUFMMJOH #FMWPPSNFFSJOGPSNBUJFPWFS IFU$BUBMQB(BTUPVEFSCVSFBV NFU 8JMUVNFFSXFUFOPWFSPO[F LJOEFSDFOUSB  #FMEBOHSBUJT

www.fryske-akademy.nl Doelestrjitte 8 - Ljouwert - tel. (058) 213 14 14 - fa@fa.knaw.nl


Aukje Mulder

Weer verder met je leven na contact met mediator

‘Als de angel er uit is, komt er ruimte’

19


De Mediator Een echtscheiding is een drama, zeker als er kinderen zijn. Juist over de kinderen ontstaan de meeste conflicten. Een mediator probeert, door middel van gesprekken, de beide ouders in te laten zien wat de achtergronden van de conflicten zijn. ‘Als de angel er uit is, komt er ruimte om afspraken te maken. Pas daarna kunnen ouders verder met hun eigen leven.’ Ruim vier jaar geleden stapte de echtgenoot van Ria Terpstra* plotseling op. Van de ene dag op de andere verliet hij zijn vrouw, zijn zoon van twaalf en dochter van zeven. Ria: ‘Ik was verbijsterd. Persoonlijke gesprekken waren niet mogelijk, hij wilde alles regelen per mail. Toch vond ik het belangrijk om rond de tafel te gaan zitten voor goede afspraken. We hadden immers samen twee kinderen en we woonden in een koophuis.’

Juist over de kinderen ontstaan de meeste conflicten. Ria en haar man besloten, in het belang van de kinderen, een mediator in te schakelen. ‘Diep in mijn hart hoopte ik dat door de gesprekken met de mediator ons huwelijk nog een kans zou krijgen, dat alles weer goed zou komen. Maar dat werd niets. Hij liep al zoveel passen op mij voor, een verzoening zat er niet meer in.’ Koppig ‘Tijdens onze eerste gesprekken bleek hoe moeilijk ik het had met de situatie. Er was nooit ruzie geweest en ik wilde dus eigenlijk niets van scheiden weten. Terwijl

20

mijn man de scheiding soepel wilde laten verlopen, was ik koppig. Het was bij mij echt dwarsheid omdat ik me afgewezen voelde. Ik zat met mijn verdriet, woede en onmacht, maar omwille van de kinderen moest mijn huishouden doordraaien en ik moest tussen de buien door van alles regelen. In die sfeer kwam ik niet toe aan het verwerken van mijn gevoelens. Laat staan dat ik kon bedenken hoe ik de omgangs­ regeling met de kinderen voor me zag.’

Het is de taak van de mediator om helder te krijgen waar het vast loopt. ‘Het contact met de mediator bleek belangrijk. Terwijl mijn man en ik de neiging hadden elkaar met verwijten te bestoken, liet hij ons met elkaar praten. Ik zag in dat ons huwelijk niet meer te redden was. Voor wat betreft onze kinderen zaten we op één lijn: we wilden de schade voor hen beperken. En omdat ze altijd gek waren met hun vader, besloten we om voor co-ouderschap te kiezen. Zelf zou ik er nooit aan gedacht hebben want ik wist er te weinig van. Toen het uiteindelijk voor mij ook mogelijk bleek om in ons huis te blijven, kon ik me iets beter neerleggen bij de situatie.’ Geen advocaat Nadat ze de nodige informatie bij een notaris hadden ingewonnen, legden Ria en haar partner hun wensen, rechten en plichten vast in een echtscheidingsconvenant, onder het toeziend oog van de mediator. Een advocaat hadden zij niet meer nodig.

‘Achteraf gezien ben ik blij dat wij de hulp van de mediator hebben ingeroepen. Zijn begeleiding heeft me twee belangrijke dingen opgeleverd. Het co-ouderschap stelt me in staat om meer uren te werken en tijd voor mezelf te nemen. Zo heb ik weer energie voor de dagen dat de kinderen bij mij zijn. En ik ben blij dat we in dit huis konden blijven wonen. Mediation is een mooie oplossing om een scheiding te regelen. Er is daarna nog een lange weg te gaan maar je kunt in elk geval weer op een goede manier verder met je leven.’ Emoties Voor Mieneke de Beus, mediator in Leeuwarden, is het verhaal van Ria heel herkenbaar. ‘Het geeft aan dat het door hoog oplopende emoties moeilijk is om goed met elkaar te praten. De basis van die emoties ligt vaak in het feit dat één van de beide partners helemaal niet wil scheiden. Als je je nog steeds het “waarom” van de scheiding afvraagt of je voelt je vreselijk in de steek gelaten dan kom je niet toe aan het afscheid nemen van elkaar als partners. Laat staan aan het maken van afspraken.’

Ik zag in dat ons huwelijk niet meer te redden was. ‘Het is de taak van de mediator om helder te krijgen waar het vast loopt. Dat doe ik door vragen te stellen waardoor partners naar zichzelf gaan kijken. Op die manier ontdekken zij zelf met welke knelpunten of vragen zij worstelen. Pas als je die emotionele onderstroom van het probleem onderkent


en benoemt, geeft dat lucht. Dan pas krijg je een sfeer om ook praktische zaken te regelen.’ Kinderpsychiater ‘Ik heb eens een stel begeleid waarvan de moeder de kinderen bij de vader weghield. De vader begreep het niet en de spanningen liepen hoog op. Toen ze uiteindelijk samen bij mij zaten, vertelde de moeder dat één van de kinderen onder behandeling was van een kinderpsychiater. Die had geadviseerd om het jongetje even niet naar zijn vader te laten gaan omdat het te onrustig voor hem zou worden. Vervolgens had de moeder – die nog steeds erg teleurgesteld was over de scheiding - dit advies aangegrepen om alle kinderen thuis te houden. De vader wist van de psychiatrische behandeling niets af. Op mijn voorstel zijn we toen samen met de psychiater om tafel gegaan zodat die kon duidelijk maken wat de beste manier van omgaan met de kinderen was.’ Concrete afspraken De Beus heeft de ervaring, dat vijf, zes gesprekken voldoende zijn om de emotionele lagen af te pellen en te komen tot concrete afspraken. Belangrijk is dat cliënten een goed beeld hebben van de mediation. ‘Ik ben geen psycholoog en geen advocaat. Ik ben er voor de beide partijen, neutraal en niet bevoogdend. Ik blijf buiten het conflict en ik geef geen rechtstreekse adviezen. Door het stellen van vragen laat ik ouders zélf over hun problemen nadenken. Pas als de angel eruit is, komt er ruimte. En daar hebben beide ouders belang bij.’

* Om redenen van privacy is de naam gefingeerd.

21


ik

en

dan?

Tryater spilet oant ein april En ik dan? R没nom yn Frysl芒n. Sjoch foar de spyllist en mear ynformaasje op www.tryater.nl of belje fan 9.00 oant 12.00 oere op wurkdagen mei Tryater op nummer : 058- 25395 50

www.tryater.nl

IN BITTERSWIETE KOMEEDZJE OER FATSOENSRAKKERS


BERNEboeken € 12,95

€ 10,90

5+

€ 12,95

4+

10+

Fien in de hoofdrol

Grapkemakkers

Moeder nummer nul

Fien is het leukste en ondeugendste meisje van Nederland. In dit boek staan veertien eigentijdse verhaaltjes over Fien en haar vriendjes Sjoerd en Juliano. De verhalen worden met veel humor beschreven. De verhaaltjes worden verteld in korte zinnen en bevatten veel dialogen. Het boek is voorzien van een groot aantal grappige kleine zwart-wit illustraties met oranje accenten.

Fenna en har buorjonge Jisse binne twa beukers dy’t tegearre fan alles belibje en útfine. Fenna wol gymnastykje en docht dat mei mem har gerdinen, op heitedei hellet se de bus mei skearskom út ’e dûs en spuitet de koek fol skom. It binne koarte, werkenbere ferhaaltsjes út it deistige libben fan de bern. Elk ferhaaltsje hat in tema, bgl. heitedei, swimbad, fuotbal, lytse poppe.

‘Ik ben geadopteerd’, zei ik tegen de juf. Fejzo (12) weet niets van zijn ‘echte’ moeder, die uit Bosnië komt. Hij heeft ook niet zoveel belangstelling voor haar. Dat verandert als hij Maud leert kennen. De verhaallijn is simpel, maar de teksten zijn mooi en de sfeer is warm. Een prachtig boek, dat is gebaseerd op Marjolijns eigen ervaringen als adoptiekind.

Harmen van Straaten

Auck Peanstra

€ 8,05

€ 12,95

2,5+

4+

Oekebakke boem

Timen op de tegels

Ferskate ûnderwerpen út it deistige libben fan pjutten en beukers komme oan bod yn humoristyske teksten op rym: wekker wurde, ite, nei it pjutteplak, boartsje, boadskippen helje, en wer op bêd. De metryske rymjende teksten binne o sa geskikt om foar te lêzen oan bern fan sa. 2,5 jier ôf en om mei harren oer te praten, thús en op it pjutteplak. It boek is der ek yn it Nederlânsk, mei de titel: Rollebolle bom.

Timen wol graach nei bûten ta mei syn heit, mar dy hat it net oan tiid. Hy giet dan allinne, mar moat op de stoeptegels bliuwe. It is gefaarlik, seit heit, om fan ’e tegels ôf te gean. Dus Timen bliuwt op de stoeptegels, ek al wurde dy optild troch de straters, in frachtweinsjauffeur, havenarbeiders en sels in hyskraan. In printeboek oer in stoer jonkje, mei moaie grutte fleurige yllustraasjes.

Lida Dijkstra

Tjibbe Veldkamp

Marjolijn Hof

€ 19,90

7/9+

Toe no! : ferhalen foar bern dy’t derom freegje

Elizabeth Hietkamp en Arjan Hut

In boek mei fragminten fan ferhalen fan in grut tal fertellers. Guon ferhalen binne al sa âld, dat nimmen mear krekt wit wa’t se betocht hat of wêr’t se krekt wei komme. Guon binne sa nij dat se foar it earst te lêzen binne. De ferhalen binne bedoeld foar bern dy’t út de printeboeken groeid binne. It is in boek om sels te lêzen (fan sa. 9 jier ôf) en om út foarlêzen te wurden (fan sa. 7 jier ôf). In aardich boek, spitich dat de foarkant net sa útnoegjend is.

Willy Bouma (56) wurket sûnt 1991 as jeugdbibliotekaris yn de bibleteek fan Ljouwert. Sy beheart de jeugdboekekolleksje, ûntfangt groepen bern fan basisskoallen, stiet minsken te wurd by it ynljochtingsburo en organisearret, yn ’e mande mei kollega’s, de Berneboekewike, foarlêswedstriden foar de boppebou fan basisskoallen en foarlêsdagen foar pjutten.

23


‘nea allinne Ast yn fer­wachting bist’ ‘Ik wie krekt as mei de earste swangerskip al gau yn ferwachting. Wy ha der wat dat oanbelanget net in protte wille fan hân. Haha, grapke hear. Doe’t ik de test dien hie, liet ik ús Kyra de test by har papa bringe. Hielendal bliid fan­ sels. Us heit en mem ha ik it ek wol op in bysûndere manier ferteld. Ik ha se in foto fan de test sms’t, doe’t ik even by harren op it húske siet. Doe’t ik yn de keamer kaam, wisten se net krekt hoe’t se de foto ynterpretearje moasten. Mar doe’t it kwartsje ienkear foel wie it feest.’ Thús befalle ‘Myn swangerskip giet goed. Ik ha nergens lêst fan, útsein dan dat ik wol wat ferjitlik wêze kin. Mar ik ha fierder gjin lêst fan heftige emoasjes, myn man hat wat dat oanbelanget neat te kleien. It leafst soe ik wer thús befalle. Lekker fertroud yn ús eigen omjouwing. It is in stik húsliker as in sikehús en boppedat kin ik my ûnder de weeën lekker ôfsûnderje en Steven kin syn eigen gong ek noch gean. De earste befalling gie hiel goed en flot. Dus automatysk gean ik der ek al in bytsje fan út dat it mei de twadde befalling ek sa gean sil. Mis­ kien sels noch wol flotter, ús dokter sei al dat ik ditkear mar wat earder belje moast. Ik tink net dat dizze wike de befalling begjint. Myn aginda stiet foar de hiele wike noch fol pland.’ ‘Ik draach net faak posysjeklean. De moade fan no is al wat langer, dus dêr kin ik moai gebrûk fan meitsje. Ik ha gauris wat strakkere jurkjes oan. Eltsenien mei myn búk wol sjen, ik bin der grutsk op. Doe’t ik yn ferwachting wie fan Kyra bin ik tweintich kilo oankommen. Ik wit eins net hoefolle oft ik no weach, doar net mear op de weachskaal te stean. Ik sil myn búk aanst wol in bytsje misse. Ast yn ferwachting bist, hast nea it gefoel datst allinne bist, wêr ast ek bist. Mar oan de oare kant, aanst kin ik wer lekker op myn búk sliepe!’ In jonkje! ‘Doe’t wy it geslacht noch net wisten, hie ik hiel sterk it gefoel dat it in famke wurde soe. Mar dat gefoel kloppe dus net, it wurdt in jonkje! Minsken freegje ús faak oft wy it net spitich fine dat de ferrassing der no ôf is. Wy sizze dan dat de ferrassing foar ús gewoan wat earder kommen is. En boppedat is it likegoed noch in ferrassing hoe’t de befalling gean sil en hoe’t it berntsje derút sjocht. Ik fyn it eins ek wol hiel fijn dat wy no witte wat it wurdt. Ik hoeg­ de no net neutrale kleantsjes te keapjen, mar koe ik al moai stoere jonges­ klean helje. Mar foar it betinken fan de namme fûn ik it foaral hiel praktysk. By ús earste swangerskip fûn ik it ek al sa dreech om twa nammen te betinken. No hoegden wy mar op ien namme te stinnen.’

24

Wolst witte hoe’t de befal­ ling gie en hoe’t de poppe derút sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolchferhaal! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dy­ sels nei ynfo@heitenmem.nl


Namme: Marja Bouma (29) Wenplak: Balk Berop: Juf fan groep 6 yn Warkum Relaasje: 11 jier tegearre mei Steven Bouma (31), wĂŞrfan 4 jier troud Mem fan: dochter Kyra (2)

Marja is no 39 wiken en 2 dagen yn ferwachting fan har twadde berntsje

25


In pear oefenings foar thús fan Marie-Janne Claassen Foar it bekken: Probeer op vaste tijden, bijvoorbeeld tijdens elke voeding, tien keer de zogeheten liftoefening te doen: Trek je bekkenbodem in drie stappen (etages) steeds een stukje verder in en laat vervolgens in drie stappen weer los. Foar de búk en de billen: Span, als je bij de commode staat om je kindje te verschonen, je buik- en bilspieren aan. Foar de búk: Ga op je rug in bed liggen en trek je benen op tot je knieën een hoek van negentig graden maken. Leg je kindje op zijn of haar buik op je schenen en doe op deze manier buikspieroefeningen.

Sjoch foar mear ynformaasje oer Kidwalk yn Fryslân op www.kidwalk.nl

26


sporte mei de bernewein

Grietje Deinum

Yn ferwachting wêze, in befalling, soks mist syn útwurking op it lichem net. It oars sa bekende liif kin fol ferrassings sitte as it ynienen dield wurde moat. Swangerskip, befalling èn de earste tiid as ‘nije’ mem bringe ûnferwachte krêften mar ek ûnferwachte feroarings mei. Foar in part om wiis mei te wêzen, foar in part is it ek wat ûnwennich. Wêr is dat liif fan foar de befalling bleaun? Kidwalk, bewege efter de bernewein yn de sûne bûtenlucht fan de Beetstersweachster bosken, biedt útkomst. Okee, nei njoggen moannen omrûn te hawwen mei in groeiende búk, wêrfan fiif mei oars net as lycra om de nâle, wolst dyn favorite spikerbroek wer oan. Mar drekt nei de befalling fanatyk begjinne mei sporten is dan net it bêste plan. It ‘spierkorset’ fan bekkenbannen, búk- en rêchspieren is dêr noch net klear foar. Dêr sit gjin lycra yn, nammentlik. It weefsel dêr moat wer yn goede steat reitsje en de spieren moatte wer oansterkje. Ferkearde trening kin liede ta klachten. Bewege is goed, mar dan wol mei belied graach. Kidwalk Kidwalk is in rin/sportaktiviteit yn ’e bûtenlucht, spesjaal foar memmen dy’t krekt befallen binne, èn harren poppe. Seis wike nei de berte kin begûn wurde mei Kidwalk, bygelyks yn de bosken fan Beetstersweach. Dêr jout oefenterapeute

Mensendieck Marie-Janne Claassen fan april oant en mei oktober alle wiken Kidwalk. Amsterdamske Mensendieck-kollega’s setten de formule yn 2004 op. MarieJanne: ‘Kidwalk wordt gedaan in het Vondelpark, het Amsterdamse Bos, maar ook in het Wilhelminapark in Utrecht en nu dus ook in Beetsterzwaag!’ Yn Fryslân binne der neist dy yn Beetstersweach ek Kidwalkgroepen yn Stiens, Ljouwert en de Westereen. De ‘lessen’ wurde fersoarge troch Fryske oefenterapeuten Cesar en Mensendieck. Sy soargje foar oefenings om it ‘spierkorset’ wer op in ferantwurde wize te fersterkjen, mei as doel dat de mem de sport dy’t se foar de swangerskip die wer oppakke kin. Under ynfloed fan it swangerskipshormoan is it spierkorset nammentlik weak makke, as tarieding op de befalling. Mei de befalling dêr oerhinne reitsje dy spieren en bannen út har ferbân. Salang’t de mem boarstfieding jout, bliuwt it swangerskipshormoan yn it lichem en de bannen en spieren weak. Te gau en op in ferkearde wize it sporten wer oppakke kin bliuwende klachten as pine yn ’e rêch, bekkenynstabiliteit of ynkontininsje ta gefolch hawwe. Marie-Janne Claassen: ‘Er zijn vele zwangerschaps- en babycursussen als zwangerschapsyoga, babymassage of babyzwemmen, maar een cursus voor de pas bevallen moeder ontbrak eigenlijk nog.’ Dêrneist is it grutte foardiel datst lekker bûtendoar bist, méi dyn berntsje.

In les yn it koart Elke Kidwalk-‘les’ begjint mei in warming-up. Yn in rêstich tempo wurdt in iepen plak yn ’e bosk opsocht foar it dwaan fan side-steps, útfalspassen en jogging-oefenings op it plak. Under de warming-up komt ek teory oer it spannen en brûken fan búk- en bekkenboaiemspieren foarby. Nei de warming-up folgje oefenings foar de kondysje en de koördinaasje. Dy oefenings wurde stap foar stap opboud, wêrby’t de lichemsdielen dy’t it by de befalling dreech hân ha spesjale oandacht krije. Marie-Janne makket tankber gebrûk fan de omjouwing: de bankjes yn ’e bosk binne perfekt foar de squat-oefenings, grutte tûken lizze op in heale meter ôfstân faninoar as parkoers foar in sirkwy-trening. It binne koarte, mar yntinsive ‘low-impact’-oefenings: wurkje oan de kondysje, mar sûnder te forsearjen. De kondysjefuortgong wurdt byholden mei moanlikse testen dy’t de measte memmen noch wol kenne fan de gymnastykles op ’e middelbere skoalle: de Shuttle Run-test en de Cooper-test. Mar lykas oare sporten hat ek Kidwalk in grut sosjaal aspekt. Aafke Westra, mem fan Tim (3 moanne): ‘It fielt goed om wer betrouwen te krijen yn myn liif en wer kondysje op te bouwen. En it teedrinken nei de tiid is ek in grutte pree!’ www.kidwalk.nl

27


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl of set se op it foarum!

Trije minuten Anouk (3) giet by beppe op de weachskaal stean. Se sjocht nei it skermke op de weachskaal en seit konkludearjend: ‘Ja, al trije minuten!’

Wetterbêd Britt (6) leit op in jûn even mei har holle op mem har búk. Dan seit se: ‘Mem har búk liket wol in wetterbêd.’

Flinterke poept Gerrianne fan hast fjouwer sjongt op skoalle in hiele oare ferzje fan Flip Flap Flinterke: ‘Flip flap flinterke, dûnset yn ’e loft, poept op alle blomkes, rêst dan wer in skoft...’

Springtou Toen ik mijn schoenen aandeed en mijn veters zou strikken deed Janneke (3) een grote ontdekking: ‘Hee, mem hat in springtou yn ’e skuon!’

Toutsjes der om en lûke! Silke (3) wurdt ferteld dat der in baby yn de búk fan tante Hannie sit. ‘O,’ seit Silke, ‘krekt as by dy ko dy’t in kealtsje krige.’ ‘Ja, krekt sa’, seit mem. ‘O, mar dat is maklik’, fynt Silke. ‘Toutsjes der om en lûke!’

Krassen Toen ik zwanger was van de tweede en al een behoorlijk buikje had, sprong mijn neefje boven op me, waarop onze dochter riep: ‘Tink derom, sa komme der krassen op ’e baby!’

Sûnder klean Jelle (9) syn heit fokt kninen foar syn hobby. Op in dei sit de heit fan Jelle mei syn beide soannen yn ’e auto en rydt op ’e Jouwer it haadkantoar fan Fifty Six foarby. ‘Ast de i feroarest yn de e, stiet der sex’, seit Jelle tsjin syn heit. As heit freget wat seks dan wol krekt is, antwurdet Jelle: ‘No, dat is itselde as wat de kninen altyd dogge, mar dan sûnder klean oan.’

28

Krekt sa grut Op de fraach: ‘Wat wolsto letter wurde?’ antwurdet Jens (4): ‘Krekt sa grut as pake en mem!’


heit en mem boeken € 18,50

Under wetter Koos Tiemersma

Yn syn eardere romans die al bliken dat Tiemersma in orizjineel taalgebrûk hat en dat hy djipgong mei humor wit te kombinearjen. Syn nijste boek, Under wetter, is in takomstroman dy’t spilet yn it jier 2065. Fryslân is troch it wetter fuortspield, de befolking wurdt evakuearre nei East-Europa en der binne by dy’t sels oant yn Litouwen telâne komme. In lyts tal bewenners wol net wike en besiket yn Ljouwert stoef it Frysk-eigene te bewarjen. Dizze roman hat in ynhâld dy’t jo net maklik wer loslit. Utjouwerij: Friese Pers Boekerij

€ 12,-

Untdekkings fan ’e wrâld (Ferhaleroman) Aggie van der Meer

In bondel ferhalen dy’t fertelle hoe’t in bern op wei nei folwoeksenheid der sta­ dichoan achter komt hoe’t dy grutte wrâld om har hinne yninoar stekt. Dat saken net sa binne as se lykje of as se ferteld wurde, dat der in soad bart dat je no net begripe (kinne). It is it útsjen nei it âlder wurden, op syk nei wat der achter de wurklikheid fan no leit. Troch it byldzjend taalgebrûk komt de lêzer yn oanrekking mei de belibbingswrâld fan in bern mei in tige libbene fantasije en in tagelyk skerp observaasje­ fermogen. In nijsgjirrige bondel foar dy lêzers dy’t ferhalen mei in poëtyske en wat filosofyske ynhâld op priis stelle. Utjouwerij: Frysk en Frij

€ 14,95

€ 13,50

Minskebern

Margryt Poortstra

Minskebern giet foaral oer twa libbens en is tagelyk in roman oer trije geslachten. De demintearjende Maart wurdt oerbeppe fan Daan. It ferhaal wurdt ferteld út de dochter fan Maart wei. Dizze Geke har posysje, tusken it âlde en nije libben yn, jout in moai byld fan it opteine gefoel fan in beppe-sizzer-op-komst en dêrfoaroer it fertriet dat rûnstruid wurdt troch de sykte fan Alzheimer. It mei te meitsjen dat de geastlike funksjes en lichemsfunksjes fan in famyljelid stadichoan belies jaan moatte, is pynlik. Troch dit ferhaal hinne lêze we oer de lytse Daan, dy’t syn plakje yn de famylje fynt. In sterk, ynfielend minsklik ferhaal. Utjouwerij: Fryslân 2008

€ 25,-

€ 19,50

Krijg nou tieten en andere

De Kâlde Krústocht

De Hearen fan Fryslân

Claudia de Breij

Ek yn it Nederlânsk: De Koude Kruistocht In ferhaal oer echte mannen. Mannen dy’t oplibje as it frieze sil. Nêst it reedriden giet it boek ek oer skiednis, oer it lânskip. Oer ûntkomme op it iis. In hearlik boek as it bûten wer ris tsjuster is, it reint en it mar net simmerje wol. Dan jin noflik deljaan en tinke oan it kreakjende iis fan de lêste winter. En jin ynbyldzje dat dy meters kilometers wienen. Utjouwerij: Bornmeer

De earste roman fan Arjan Terpstra. As soks mooglik is dan is Terpstra in Amerikaan dy’t by fersin yn Fryslân berne is. Mei in grut gebaar skriuwt er oer it libben hjir en dêr. It ferhaal giet oer de twa bruorren Tjalling en Tjeerd. Tjeerd giet fuort, Tjalling net. Oant jierren letter troch in trageedzje Tjalling dochs noch yn Amearika bedarret. In filmysk boek dêr’t er oer grinzen en alle foarmen hinne giet. Utjouwerij: Friese Pers Boekerij

zwangerschapsverschijnselen

Claudia de Breij die een boek schrijft over zwangerschap, het moet niet veel gekker worden! Maar dat is nu ook precies wat zo leuk is aan dit boek. Geen droge kost, maar vochtige ogen van het lachen. Precies wat je van een cabaretier mag verwachten. Toch staan er best ook bruikbare tips in. Dus wilt u op een leuke manier door u zwangerschap gecoacht worden en wilt u een fris boek dat leest als een cabaretvoorstelling? Dan is dit uw boek! Uitgeverij: Nieuw Amsterdam

Hylke Speerstsra

Arjan Terpstra

Jan de Groot wurket sûnt oktober 2008 by Selexyz de Tille yn Ljouwert. Keunst is syn passy, njonken boeken fansels. Alle dagen reiziget hy mei de trein op en del tusken Ljouwert en Grins; alle tiid om te lêzen.

29


besyk oan jeugdarts kin klachten foarkomme Gerry Hijlkema

De wat âlderen ûnder ús stiet it grif noch by: bibberjend yn ’e ûnderbroek wachtsje oantst oan ’e beurt wiest it keammerke fan de skoaldokter yn te gean. Sa giet dat al lang net mear, de skoaldokter hjit no jeugdarts, âlders en bern wurde útnoege op it sprekoere en ek de oandachtspunten binne feroare. Lei foarhinne de klam op it liif en de hygiënyske omstannichheden, no giet it folle mear oer hoe’t ien him geastlik fielt en oer iten en drinken.

We doen nu zoveel meer dan alleen maar lichamelijk onderzoek. Jenny de Leeuw is al hast tritich jier jeugdarts by de GGD en hat de ûntwikkelingen allegear meimakke. “Ja, ik doe dit werk al behoorlijk lang, maar het blijft leuk,

30

óók door die veranderingen. We doen nu zoveel meer dan alleen maar lichamelijk onderzoek. Toen ik begon zag ik wel heel veel kinderen, maar hoe het statistisch zat, daar hadden we bijvoorbeeld geen idee van. Nu zijn er grafieken met de resultaten en kunnen we programma’s op maat aanbieden, zoals het Project Over­ gewicht.” Fjouwer mominten Yn prinsipe sjocht de jeugdarts it bern fjouwer kear, dêrneist op fersyk. De Leeuw: ‘Na het consultatiebureau is de eerste keer dat we een kind zien vijf jaar. Dan kun je al veel zeggen over ontwikkeling en groei. De tweede keer is in het tiende/elfde levensjaar. Dan zijn ze al veel zelfstandiger en kijken we naar de sociale ontwikkeling en middelengebruik. Ja, dat laatste is helaas op steeds jongere leeftijd aan de orde. De derde keer is als ze twaalf/ dertien zijn. De overgang van het basisonderwijs naar het voortgezet onderwijs is voor de meeste kinderen een grote stap.

De scholen zijn groter, ze moeten op die leeftijd zelf veel regelen. Hoe houden ze zich staande en hoe is de sociale aansluiting? De vierde en laatste keer is op de leeftijd van veertien/vijftien. Dan kijken we vooral naar het welbevinden en de sociaal-maatschappelijke ontwikkeling.’ It hiele plaatsje Foar de besite oan de jeugdarts wurdt in ôfspraak makke mei de âlders, se krije ek in list mei fragen tastjoerd. Die kinne se ynfolje en dêrmei alfêst neitinke oer saken dy’t se besprekke wolle. Meastentiids giet it oer opfieding, ûntwikkeling en gedrach, oer iten en drinken, sindlikheid en in protte siik wêzen. De groeikurve fan lingte en gewicht fine âlders ek altiten tige ynteressant, meldt De Leeuw. ‘Hoe groot wordt mijn zoon of dochter? En is hij of zij niet te zwaar?’ Trochdat de jeugdarts it bern mei ienige regelmaat sjocht, en de resultaten fêstlein wurde, wurde de ûntwikkelingen goed byhâlden. ‘Wij kijken naar het hele plaatje. Als het gewicht bijvoorbeeld wat


De folgjende saken kinst (ôfhinklik fan de leeftyd) ferwachtsje by in jeugdarts:

Lichamelik ûndersyk • • • • • • • • •

Mjitte en weagje In test fan it gehoar Test fan de eagen Spraak Gebit Fijne motoryk (popkes tekenje, figueren neitekenje en namme skriuwe) Groffe motoryk (op ien foet stean, hinkelje en springe) Rêch en hâlding. Algemiene yndruk as bleekheid, stean de fuotten rjocht? Luzen.

In gesprekje mei sosjale en emosjonele fragen: • • • • • •

Sit it bern lekker yn syn fel? Wat foar hobbys hat it; docht it oan sport? Hoe is de omgong mei broerkes en suskes? Boartet it bern mei oaren? Kin it him konsintrearje op skoalle? Sindlikheid, iten en sliepen wurde besprutsen.

aan de zware kant is, maar dat is steeds zo, of het zit in de familie, dan hoeft dat geen punt van zorg te zijn. En als we ons zorgen maken, verwijzen we door. Met lichamelijke kwesties naar de huisarts, bijvoorbeeld’ Oergewicht is wol in punt fan soarch, jout De Leeuw oan. Dêrom hat de GGD in spesjaal Project Overgewicht. Betiid derby wêze De maatskippij wurdt ek hieltyd yngewikkelder, fynt De Leeuw. De sosjale kohesy is yn de rin fan de jierren – seker yn de stêden – minder wurden. Âlders wurkje, gesinnen binne mear op harsels, wêrtroch’t de stipe fan buorlju en famylje minder fanselssprekkend is. ‘Ik vind daarom ons werk ook zo belangrijk, we bieden een service. Als je klachten hebt, dan ga je wel naar de huisarts, maar juist die zaken die belangrijk zijn om vroeg te signaleren, zoals een lui oog, goed horen, spraak- en taalproblemen en rugklachten, daar kun je niet vroeg genoeg bij zijn. Hoe eerder je de problemen ontdekt, hoe beter

je erop kunt inspelen met oplossingen. Daarom is voorlichting ook zo belangrijk.’ De GGD organisearret projekten op maat, sa as de ‘Kinderwinkel’, in bus dy’t nei skoallen tagiet en dêr’t bern yn ’e kunde komme kinne mei ferskate libbensmiddels en der ynformaasje oer krije.

Met tachtig procent van de kinderen gaat het goed. Soest hast tinke dat it der net bêst foarstiet mei de sûnens fan bern, mar dat byld strykt net hielendal ‘Je zou het bijna vergeten,’ stimt de jeugdarts mei. ‘Maar met tachtig procent van de kinderen gaat het goed. Ouders hebben wel vragen, maar dat is een kwestie van informeren. Twintig procent heeft in meerdere of mindere mate problemen; dat varieert van licha-

melijke klachten en gedrag tot problemen in de thuissituatie.’ Grafiken De Leeuw neamt oan ’e ein noch de goede gearwurking mei kettenpartners dêr’t nei trochferwiisd wurdt. En der is regel­­mjittich oerlis mei de gemeenten yn Fryslân. De Leeuw: ‘We hebben mooie grafieken van - anonieme – onderzoeken, die soms laten zien dat er een verschil is per werkgebied in gezondheid en welbevinden. Er komt bijvoorbeeld in een gemeente veel astma voor, of er is veel schoolverzuim in een bepaald gebied. Gemeenten kunnen hierop inspelen door er beleid op te maken.’ Der mei it ien en oar feroare wêze, ‘voorkomen is beter dan genezen’, jildt noch altyd.

31


is een maandelijks magazine voor iedereen die van Fryslân houdt. Het staat altijd boordevol items over Fryslân en de Friezen, zoals spraakmakende interviews, verrassende reportages over kunst, cultuur, natuur, sport en maatschappij. Daarnaast informatieve rubrieken als Kort & Klein, Fryslân Toen, enz.

Ga naar

www.frieslandpost.nl of vul onderstaande bon in

❏ Ik wil graag met ingang van het eerstvolgende nummer een abonnement op Friesland Post. ❏ Ik wil graag een abonnement op Friesland Post weggeven. Het adres waar het cadeau naar toe moet sluit ik hierbij in. Ik betaal via ❏ incasso/E incasso/ 39,50 ❏ accept-giro/E accept-giro/ 41,50 ❏ Ik wil graag een proef-abonnement van 6 maanden, Ik betaal via ❏ incasso/E incasso/ 18,00 ❏ accept-giro/E accept-giro/ 19,75 Naam:

Een abonnement naar het buitenland kost E 69,50 per jaar.

Adres: Postcode / Plaats: Telefoon: Bank/gironummer:

Handtekening:

Stuur deze bon (of een kopie hiervan) in een envelop zonder postzegel naar: Friesland Post, Antwoordnummer 100 8600 VB Sneek.


Marrit de Schiffart

massaazje jout fertrouwen Massaazjeles op basisskoallen, yn Sweden is it hiel gewoan. Ien massaazjesessy yn ’e wike soe nammentlik al helpe om pesten foar te kommen. Want bern dy’t mekoar op in positive manier oanreitsje, skelle elkoar net út. In simpele riddenaasje dy’t yn ’e praktyk like simpel ta utering komt, sa fertelt Nico Woudwijk fan basisskoalle De Jint yn Stiens. De Jint is de earste skoalle yn Fryslân dy’t mei de metoade fan Touching Child Care wurket.

33


Folslein ûntspannen en mei de tomme yn ’e mûle sit Anne op syn stuoltsje te harkjen nei de sêfte eftergrûnmuzyk. Efter him stiet syn klassegenoatsje Demi, se massearret syn skouders en nekke troch sabeare in sniebal te kneden. ‘Mmmm, dat kribelt’, klinkt der in eintsje fierderop. Anderson wriuwt syn hannen yn sirkels oer Daan syn rêch. Groep 2b fan iepenbiere basisskoalle De Jint krijt syn twawyklikse massaazjeles fan master Nico Woudwijk. Oan de hân fan in ferhaal oer it meitsjen fan in snieman, bewege de ‘masseurs’ har hannen oer de skouders, nekken en rêgen fan har ‘pasjinten’. Earst wurdt de snie beknypt en dêrnei rûn makke. De bern sirkelje krekt salang oer de rêch fan har klassegenoatsjes oant de holle en it lichem fan de snieman klear binne. ‘Mar no hat de snieman wol in lichem, mar hy moat fansels ek wat sjen kinne’, seit master Nico. Dat fine de masseurs ek en dus drukke se stientsjes yn de skouderblêden fan har partner. Woudwijk jout sûnt twa jier massaazjeles oan de bern yn syn klasse. Neist syn wurk as learaar is er massaazjeterapeut. Dat oanreitsjen ûntspannend wurket by minsken, wit er dus út ûnderfining. Doe’t er hearde fan it fenomeen bernemassaazje is er dan ek op eigen manneboet oan it eksperimintearjen gongen. It effekt bleau net út. ‘Der kaam mear rêst yn ’e klasse, de bern koenen har better kon­ sintrearje en hienen hast gjin spul, en at der spul wie, dan waard dat op in goeie manier oplost’, fertelt Woudwijk. In konklúzje dy’t befêstige wurdt troch wittenskiplik ûndersyk oan ferskate Skandinavyske universiteiten. Troch de ûnderlinge massaazje ûntstiet der mear fertrouwen en feilichheid binnen in klasse, wêrtroch’t pesten en ûnrêstich gedrach betwongen wurde. Bern leare respektfol mei-inoar om te gean en krije

34

mear selsfertrouwen. Allegearre moaie resultaten fansels, mar moatte bern op skoalle net gewoan leare te rekkenjen? ‘Jawis’, fynt Woudwijk, ‘mar bern kinne pas goed leare at se lekker yn har fel sitte, dat is ien fan de didaktyske basisprinsipes. At in bern him goed fielt, komt dat learen fansels wol.’ Touching Child Care Sûnt dit skoaljier is Woudwijk ferbûn oan de offisjele Nederlânske organisaasje op it mêd fan bernemasaazje: Touching Child Care. Hy hat dêr de instrukteursoplieding folge, in kursus dy’t him net allinne leard hat om massaazjelessen oan bern te jaan, mar ek om kollega’s te dosearjen yn de metodyk fan Touching Child Care. Dat lêste hat er al dien op syn eigen skoalle. De learaar hat de metodyk trochjûn oan in kollega dy’t der no ek drok mei oan it eksperimintearjen is. Woudwijk: ‘Oan ’e ein fan dit skoaljier sille wy sjen oft we de metoade yn alle groepen ynfiere wolle.’

Troch ûnderlinge massaazje leare bern better te kommunisearjen. Foar de boppebou is der in oar lespakket ûntwikkele as foar de ûnderbou. Yn de jongste groepen wurde de lessen op in boartlike wize en oan de hân fan in ferhaaltsje brocht. ‘Wy hawwe hjoed in snieman makke, mar in oare kear binne de bern in auto dy’t troch de waskstrjitte moat’, fertelt Woudwijk. De ferhaaltsjes foar de middenbou binne wat wiidweidiger en yngewikkelder as dy fan de ûnderbou. De boppebou wurket net mear mei ferhaaltsjes, dy bern leare de echte massaazjegrepen.

Touching Child Care leveret in soad materiaal by de metoade. Behalve lespakketten beskikt Woudwijk ek oer in saneamde kribelkiste, dêr’t allerhanne helpmiddels yn sitte: cd’s, knuffels, massaazjeballen, massaazjekrobben en kaarten mei piktogrammen. De dosinten kinne dus alle kanten út mei har lessen. Ek âlders binne neffens Woudwijk entûsjast oer de metoade. ‘In skoftke lyn hearde ik noch fan in mem dat har dochter ynienen sa sosjaal omgean koe mei in freontsje. En in oare mem fertelde dat har dochter har thús in hearlike massaazje jûn hie.’ Kommunisearje Troch de ûnderlinge massaazje leare bern ek better te kommunisearjen. Under de massaazje moatte de beukerkes nammentlik sels oanjaan wat se lekker fine en wat net. Dyjinge dy’t op ’e stoel sit, is de baas en dêr moat de masseur nei harkje. Woudwijk: ‘Dat hawwe wy oan it begjin fan ’e lessen dúdlik ôfpraat en dêr hâlde de bern har ek oan.’ Dat lêste docht bliken as Sanne oan Jouke freget ‘of het ietsje harder mag’. Jouke reagearret fuort en drukt de eagen fan ’e sniepop mei wat mear krêft yn Sanne har rêch. Sa, syn snieman kin yn elts gefal wat sjen. ‘Mar wat ûntbrekt der no noch?’, freget master Nico. ‘In noas’, ropt Sander, en mei syn fûsten draait er in woartel tusken de skouderblêden fan syn klassegenoatsje. At de snieman klear is, wikselje de bern fan plak en funksje en wurdt der noch in snieman yn mekoar massearre. Mei in hândruk en in lûd ‘dankjewel’ meitsje de duo’s nei in lytse tsien minuten in ein oan de massaazjesessy. Nei ôfrin freget master Nico syn groep noch wat no eins it lekkerste wie. In fraach dêr’t Eugène wol in antwurd op wit. ‘Ik vond twee dingen lekker, de kneepjes in m’n schouders en de rondjes op mijn rug die steeds groter en groter werden. Dat kietelde zo lekker.’


35


?

Elizabeth Hietkamp (1978) is hûsfrou & mem en troud mei Arjan Hut (1976), skriuwer en heit. Sy ha twa bern: dochter Line fan 7 en ferline jier desimber krigen se soan Iwan.

Elizabeth Hietkamp (1978) is hûsfrou & mem en troud mei Arjan Hut (1976), skriuwer en heit. Sy ha twa bern: dochter Line fan 7 en ferline jier desimber krigen se soan Iwan.

Doe’t Line krekt in pear moanne âld wie, briek – sa like it - de tredde wrâldoarloch út. We stienen op it balkon fan ús flat yn it Valeriuskertier en in pear kilometer fierder, op de militêre fleanbasis, wie it in leven fan komsa. Us buorman fan doe fertelde dat Amearika troepen nei Afganistan stjoerde. Wy tochten: och ús earm famke, berne yn de oarloch! No wenje we yn de Insulindestrjitte, fier fan de F 16’s. Der sitte in soad skilders, muzikanten en skriuwers, mar de streek is foaral bekend fan Auke de Sloper en syn âldizerbulten foar de doar. Yn ús hûs wie noch in keammerke oer. Dochs hienen we krekt alle âlde poppe­ klean fuort dien, doe’t der in heldere streep fan de swangerskipstest ôfspatte. Line hie fan in klasgenoat heard dat in poppe yn ’e hûs in ramp wie. ‘Sa’n bern raast de hiele nacht! We sliepe noait wer!’ Se fûn it stom en net earlik dat se in broerke krige. Se bearde dat se noait gjin pampers ferskjinje woe. Wy wisten it al nei de earste echo: in jonkje. We hienen net om it geslacht frege, mar op it skermke wie dúdlik in pimeltsje te sjen. Line har namme wie doedestiids yn ien noflik lange kuier betocht. We rûnen ûnder de beammen troch, oer de Hanzerstrjitwei. It linebloeisel waaide ús oer de hollen. Mar in namme foar in jonkje, dat wie dreech. We tochten oan ‘Tomas’. Letter wie it ‘Nijman’ (nee, stom) en eefkes ‘Johan’, in famyljenamme. Mar we soenen net ferneame. Line fûn it wol in goed idee om de poppe ‘Herman’ te neamen. ‘Herman’, dat betsjut likernôch: man fan it leger. Al witst watfoar geslacht de poppe hat, wat foar persoan it wurdt, dêr falt neat oer te sizzen. Dochs mienden wy dat ‘Herman’ net paste. Line is fan stjerrebyld in raam. Rammen, dêr sit in kop op. Har broerke soe neffens de útrekkendatum in boochskutter wurde. Yn it Spaansk betsjut de namme ‘Ivan’ boochskutter. Ivan, soe dat net wat wêze? Of moaier noch mei in ‘w’: ‘Iwan’, in Poalske namme, yn it Frysk ‘Jehannes’ of ‘Johan’. It betsjut ‘God is verzoenend’. Soe dat handich wêze? Yn de middei fan 8 desimber, it begjin fan de earste kâlde krisiswinter, liet Iwan yn it grutte MCL Súd syn earste gjalpke klinke. It wie mar in hiel lyts mantsje. In Wâldpykje. Moai dat er sa’n stoere namme krige. Line wie út skoalle wei by buorfrou Betty brocht. Dêr gedroech se har as in lilk beest, mar buorfrou hie de kriich útsitten. Yn de iere jûn kamen beide nei de ferloskeamer om de poppe te sjen. Grutte sus hie in reade kop fan it oangean en prottele noch nei. Har broerke lei as in protsje poppe yn in trochsichtich plestik bakje njonken it memmebêd. Line bleau yn de doar stean, waard wyt as in spoek en begong te gûlen. De oare deis, op skoalle, skreau se in briefke oan har freondinne Myrthe, mei in tekening fan Iwan yn de widze en in berjochtsje: ‘Iwan is best lief hoor. Maar ik schrok gewoon toen ik hem voort eerst zag’.

36


Bern en televyzje Bern sjogge yn Nederlân gemiddeld 105 minuten deis televyzje. Jonges sjogge trouwens faker televyzje as famkes. En witst wol dat de measte gesinnen al twa of mear televyzjes yn ’e hûs hawwe? Twa op de trije bern hawwe sels in eigen televyzje op de keamer. Hoe sit dat by jim thús? Reagearje op it foarum fan heitenmem.nl. (Boarne www.reclamerakkers.nl)

BERN Meertalig opvoeden Waarom zou je je kind de mogelijkheid geven om meerdere talen te spreken? Als een kind twee talen spreekt, heeft het een streepje voor. Lees op www.heitenmem.nl waarom!

Nifelfeestjes Is dyn bern hast jierdei en hast even gjin sin oan al dy drokte thús? Keunst & Kids yn Berltsum fersoarget neist ferskate workshops foar folwoeksenen ek spesjale workshops foar bernefeestjes. Skilderje op doek, sieraden meitsje, in eigen tas bedrukke, in T-shirt ûntwerpe, in placemat meitsje en gean sa mar troch. Sjoch foar mear ynformaasje op www.keunstenkids.nl

naet Hat dyn bern in allergy? Ekseem of in itensallergy? En komst net fierder mei salfkes en piltsjes? Probearje dan ris NAET (Nambudripad’s Allergie Eliminatie Techniek). NAET is in alternative behannelmetoade dy’t allergyen en itensyntolerânsjes eliminearret. Sjoch op www.naet.nl of www.allergie-weg.nl foar mear ynformaasje en foar de terapeut by dy yn de buert.

Help foar bern by skieding Helporganisaasje Fier Fryslân biedt help oan bern dêr’t de âlders fan skieden gean of binne. Bern tusken 4 en 21 jier kinne in berop dwaan op begelieding en ûndersteuning. Sjoch foar mear ynformaasje op www.fierfryslan.nl

Falle Elke dei komme der sa’n 70 bern ûnder de tsien jier op de helpôfdieling foar urginte gefallen. Lytse poppen falle foaral fan de kommoade, bêd en de fêste trep. Bern fan 1 oant 4 falle gauris fan de fêste trep, de bank en de glydbaan en komme meastal ek nochris op harren holtsje telâne. Noch âldere bern falle faak fan it klimrek en de fêste trep. Op de side www.valwijzer.nl stiet hoe’t je as heit, mem of fersoarger sa’n fal foarkomme kinne. En as it dan dochs bart, wat je dan it bêste dwaan kinne.

37


38


Aukje Mulder

Faalangst Is faalangst een probleem van deze tijd? Het lijkt er wel op. Al op jonge leeftijd moeten kinderen prestaties leveren en laten zien wat ze kunnen. Niet alle kinderen zijn bestand tegen die druk. Zij denken dat ze niet aan de eisen kunnen voldoen en worden bang om fouten te maken. Psychologe Carolijn de Beij uit De Wilgen schreef een boekje over faalangst: Ik kan het niet.

Zodra een kind het gevoel heeft te moeten presteren, kan faalangst de kop opsteken, zegt Carolijn. ‘Kleuters krijgen tegenwoordig al een soort van Cito-toetsje om hun niveau te testen. Op dat moment kan het gevoel “O jé, dit is een test, ik mag geen fouten maken” ontstaan en de eerste faalangstgedachten zijn geboren. Voor een deel zit dat gevoel in het kind zelf, de een is er gevoeliger voor dan de ander. Maar het komt ook doordat onze maatschappij hoge eisen aan kinderen stelt.’

‘Deze vrouwen zijn allemaal perfectionistisch en faalangst speelt bij hen een belangrijke rol.’ Toch was dat niet de aanleiding om een boekje over dit onderwerp te schrijven. ‘Nee, het was vanwege mijn eigen gezin. Drie van mijn vier kinderen hebben faalangst en ik had het zelf vroeger ook. Bang voor een toets, buikpijn en stress. Ik merkte dat er op basisscholen nog weinig aandacht voor is. Daarom dit boekje. Want faalangst is zo zonde. Het kan je leven verzieken.’

Meer aandacht ‘Gezinnen zijn kleiner dan vroeger. Vroeger was je één van de vele kinderen, nu ben je alleen of samen met een broer of zus. Er is dus meer aandacht op je gericht. Ouders projecteren hun verwachtingen op hun kroost en willen dat ze meer bereiken dan zijzelf. Dat voelen kinderen. Je ziet ouders die hun kind bij elke 10 voor een proefwerk vijf euro geven. Zij waarderen hun kind om zijn prestaties. Maar een 6 is ook goed genoeg, zeker als je kind zijn best heeft gedaan. Houd dus van je kind om wie hij is en niet om de cijfers die hij binnenhaalt.’

Hoe? Carolijn legt uit: ‘Als het probleem niet wordt aangepakt, kan het steeds groter worden en een eigen leven gaan leiden. Ben je aanvankelijk bang om fouten te maken bij een rekentoets, later ga je alles vermijden waarbij prestaties geleverd moeten worden. Op die manier ervaar je dus nooit dat iets mee kan vallen. Je kiest misschien niet de studie die je eigenlijk zou willen. Het kan zelfs zover gaan dat mensen blokkeren en relaties niet aandurven omdat ze denken dat ze niet goed genoeg zijn. Of ze krijgen een sociale angststoornis en blijven het liefste zoveel mogelijk thuiszitten.’

Eigen gezin Carolijn heeft in haar praktijk veel gewerkt met vrouwen met eetproblemen.

Ook in gymles ‘Mijn belangrijkste boodschap is: ga door je angst heen. Doe die test of die spreek-

beurt. Je zult zien dat je paniekverwachting niet uitkomt. Een keer uitgelachen, altijd uitgelachen? Ook dat is echt niet waar. Ouders kunnen hun kinderen hierbij helpen maar leerkrachten ook. Ik weet dat in de brugklassen lesprogramma’s over faalangst worden gebruikt. Op de basisschool zou er ook aandacht voor moeten zijn. Want daar wordt immers de kiem gelegd voor later. Zo zouden juffen en meesters niet alleen in de klas maar ook in de gymles attent op het probleem moeten zijn. Als je niet zo goed bent in gymnastiek, krijg je door faalangst een verkrampte motoriek waardoor je nog slechter wordt bij het sporten. Op die manier word je altijd als laatste gekozen als er twee teams moeten komen. Iedereen kan zelf wel bedenken wat dit met een kind doet.’ Tips Tips voor ouders en leerkrachten? ‘Als een kind iets niet goed kan, focus dan op wat hij wél kan. Door een kind te laten doen waar hij goed in is, krijgt hij meer zelfvertrouwen. En laat als volwassene merken dat fouten maken niet rampzalig is. Als je er zelf één maakt, meld dat gewoon. En praat daar op een relaxte manier met je kind over.’

39


klusse yn de bern Fentilaasje

Stikkers op de muorre

In nije trend is de stikker foar op de muorre. Se binne yn allegear soarten en maten te krijen. Hokker famke soe no net sa’n moaie rôze beam yn har keammerke ha wolle? Op www. cutitout.nl is dizze beam, dy’t makke is troch Ines Beeftink, foar € 95,- te bestellen.

40

In lytse poppe op komst? Begjin net te let mei it fervjen fan de bernekeamer. Want it is it bêste om de keamer dêrnei noch minstens 4 wike te luchtsjen, foardatst de lytse poppe der yn sliepe litst. Omdat sokke lytse bern in leech lichemsgewicht en in flugge stofwikseling ha, binne se folle kwetsberder foar skealike stoffen as folwoeksenen. Ek as it berntsje der is, is it ferstannich om de berne­ keamer eltse dei mear as ien kear te luchtsjen. It fentilearjen soarget foar in goede temperatuer, in goede luchtfochtichheid en it ferwideret sykteferwekkers. It is foaral wichtich om te luchtsjen foardat de poppe op bêd giet. De keamertemperatuer hoecht net heger te wêzen as 15 oant 17 graden.

Kleur

Wolst graach in muorre fan de bernekeamer in kleur jaan? Sjoch dan earst op hokker muorre as it ljocht falt. It is it moaist ast dy muorre in kleur joust en de oare muorren ljocht fan kleur litst. De kleurde muorre sil neffens de wikseljende ljochtynfal fan de dei ôfstrielje op de ljochte muorren. Hokker kleur ast op de muorre dochst is fansels hiel persoanlik. Ut ûndersyk blykt dat sêfte kleuren it bêste binne foar de poppekeamer, om’t dy kleuren in kalmearjende wurking ha op de poppe.


ekeamer Meubels

Fotobehang

Mei fotobehang kinst de bernekeamer ek in hiel spesjaal uterlik jaan. Lykas mei dizze ûnderwetterwrâld-foto. Te bestellen by www. kleurmijninterieur.nl. Do kinst dêr sels dyn eigen foto as wandfoljend behang bestelle!

De meubels yn in bernekeamer moatte behalve moai ek praktysk, stevich, sterk en funksjoneel wêze. Yn ferbân mei de feilichheid meie de laden fan in kast net fan de rails ôf glydzje kinne en in stoel moat stevich genôch en net wibelich wêze, sadat it bern der sels maklik op en ôf klimme kin. Tink der by it keapjen fan de meubels ek om dat de rântsjes rûn binne, sadat de bern harren der net al te bot oan beseare kinne. Hast in meubel mei skerpe hoekjes, dan kinst dêr spesjale beskermhoekjes op pleatse. Dy binne te krijen by in boumerk of babyspesjaalsaak.

Bist in echte klusser? Meitsje dan sels ris in brânspuitauto, in bolderkarre, in pakhús of in keukenblok foar de bern. Sjoch op www.hobbyhandigonlinewinkel.nl foar de boutekeningen.

Feilich boarje

Wolst even gau in skilderij ophingje? Tink der goed om wêr’tst de boar setst! Mei in digitale detektor kinst hielendal feilich boarje. Dy jout nammentlik presiis oan wêr’t de stroomliedingen rinne. Grien is feilich, read net. Hielendal handich binne de skilderij- ophingsystemen. Ast dy ienkear hingjen hast, kinst sa faak wat oars ophingje ast wolst, sûnder hieltyd wer opnij gatsjes te boarjen. Sawol de digitale detektors as de skilderij-ophingsystemen binne te krijen yn de boumerk.

Ferve

Stimmingsboerd

Hast noch gjin idee hoe’tst de bernekeamer ynrjochtsje silst? Meitsje dan earst in ‘stimmingsboerd’. Nim in grut stik papier en plak dêr ferskate kleurstalen, stofkes of plaatsjes út tydskriften op dy’t dy oansprekke. At it bern sels wat âlder is, kin dy fansels ek helpe om plaatsjes út te sykjen dy’t hy of sy moai fynt. Sa komst fansels ta in sfear dy’t dy befalt. It stimmingsboerd kinst dan as útgongspunt brûke by it ynrjochtsjen fan de bernekeamer.

Made by heit

Magneetferve

Mei magneetferve kinst in gewoane muorre ek omtoverje yn in magyske muorre dêr’t magneten op hingjen bliuwe, lykas op in kuolkastdoar. Sa hoechst gjin plakbân, nytsjes of spikers mear te brûken! Sjoch op www.magneetverf.nl foar kreative magneetmuorre-ideeën.

Kies altyd foar ferve of lak op basis fan wetter, lykas akryl- of lateksferve. De ‘EU-bloem’ of it miljeukeurlabel steane dêr garant foar. Yn sommige produkten sitte nammentlik bepaalde gemyske stoffen, dy’t skealik wêze kinne foar de poppe. Ik giet dan meastal om oplosmiddels dy’t brûkt wurde yn ferve, lak, lym, spiritus en kwastreinigers. De swangere mem mei wol fervje as der ferve op wetterbasis brûkt wurdt, mar noch better is it at se it oan de heit oerlit. Ferjit net om ek ûnder it fervjen de keamer goed te fentilearjen.

41


Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

? Elizabeth Hietkamp (1978) is hûsfrou & mem en troud mei Arjan Hut (1976), skriuwer en heit. Sy ha twa bern: dochter Line fan 7 en ferline jier desimber krigen se soan Iwan.

Buikpijn

De moeder van Jaap, de jongen van 10 jaar die tegenover me zit, gaat voorover zitten, plant haar ellebogen op het tafelblad en kijkt me in de ogen: ‘Jaap heeft nu al meer dan een jaar vreselijk last van buikpijn, daar moet echt iets aan gebeuren!’ Ik krijg een gevoel alsof ze pas weg zal gaan als Jaap geen buikpijn meer heeft. Ik knik haar toe en zeg dat ik mijn best zal doen. Jaap heeft bijna elke dag heftige pijn, midden in zijn buik. De pijn is zo hevig dat hij soms moet huilen en niet naar school gaat. Het kan zomaar komen en ook zomaar weggaan, er is geen peil op te trekken. Gelukkig wordt hij er nooit wakker van. De ontlasting gaat zonder problemen; het is niet hard en er zit geen bloed of slijm bij. Het maakt niet uit wat Jaap eet. Een buurvrouw had eten zonder suiker, geuren kleurstoffen geadviseerd en dat hebben ze een maand geprobeerd. Op de buikpijn heeft het geen effect gehad. Een dieet zonder melk heeft ook niet geholpen. Ik vraag Jaap zijn buik bloot te maken waarna ik luister en voel; het ziet er allemaal normaal uit. ‘Hoe heet je beste vriend?’, vraag ik. Na enig denken komt moeder met een naam: ‘Gerrit’. Jaap kleedt zich aan en ik vraag: ‘Word je wel eens gepest?’ Jaap kijkt naar de grond en antwoordt niet. Zijn moeder is duidelijk verrast. Haar zoon bestudeert nu zijn voeten. Schuchter kijkt hij even op. “Door wie word je gepest?” Met een zacht stemmetje noemt Jaap een paar namen, ook die van Gerrit. Fluisterend vertelt hij dat hij elke dag wordt gepest. De pauzes zijn het ergst, dan staan ze met een hele groep tegenover hem. Zijn juf heeft hij er nog nooit over verteld, dat mag niet van die jongens. Zijn moeder kijkt me geschrokken aan. ‘Ik wist helemaal niet dat Jaap gepest werd. Zou de buikpijn daar iets mee te maken hebben? ’‘Zou best kunnen’, antwoord ik. Buikpijn kan veroorzaakt worden door een lichamelijk probleem als obstipatie of parasieten, zelden is er een ernstige ziekte. Sommige kinderen echter hebben buikpijn als signaal van niet-lekker-in-hun-vel-zitten. Voor sommige ouders is dat moeilijk te begrijpen, maar gelukkig begrijpt Jaaps moeder dat de buikpijn heel goed van het pesten kan komen. We bespreken dit en ik suggereer een weerbaarheidtraining. Door zo’n training leren kinderen voor zichzelf op te komen en gek genoeg is dat al vaak voldoende om het pesten te stoppen. Zes weken later komt Jaap weer. Zijn moeder heeft met de leerkrachten en de schoolleiding gesproken en er is een klassengesprek geweest. De afspraak is gemaakt dat Jaap, als hij gepest wordt, direct naar de juf zal gaan. Ook heeft hij een training gevolgd. Het pesten is vrijwel verdwenen en als het al gebeurt, gaat hij naar juf, die meteen ingrijpt. ‘En de buikpijn?’, vraag ik. ‘Geen last meer van’, lacht Jaap.

42


Zou je het wel van de daken willen schreeuwen dat de kleine spruit geboren is? Wolst it wol útraze foar de hiele wrâld? Dan kin de ooievaar (earrebarre is in noch moaier wurd) de tún yn. Op www.plans.nl kinst foar in lyts bedrach in komplete boutekening mei seachpatroan op wiere grutte downloade. En hast nei de earrebarre echt de smaak te pakken dan kinst dyn hert ophelje oan in hobbelhynder, in koke en noch mear. Gau oan ’e slach!

heit

Waarom moeten baby’s achterstevoren in een auto zitten? Poppen en lytse bern kinne it bêste achterstefoaren (tsjin de rydrjochting yn) yn de auto sitte, om’t dat feiliger is. Soest in botsing krije, dan wurdt it berntsje mei de rêch en de holle yn it stuoltsje drukt. Oant in berntsje 18 moanne âld is, binne de wervels noch net hielendal hurd en de bannen yn ’e nekke binne noch net stevich mei de wervels ferbûn. Dêrtroch kinne jonge bern skokken, lykas by in botsing, noch net goed opfange. Eins is it foar elkenien feiliger om achterstefoaren yn ’e auto te sitten, mar yn de praktyk sil dat meastentiids net slagje. Consument en Veiligheid

advisearret om de bern sa lang mooglik ‘oarsom’ yn ’e auto mei te nimmen, ast dan mar wol foar goeie hollesteun soargest. Autostuoltsjes foar babys binne te krijen yn twa gewichtsgroepen: 0 (oant 10 kg) en 0+ (oant 13 kg). Troch Consument en Veiligheid wurdt oanret om in 0+-autostuoltsje oan te skaffen, om’t it berntsje dêr langer achterstefoaren yn ferfierd wurde kin as yn in stuoltsje foar gewichtsgroep 0. Stap pas oer op in ‘groep 1’-autostuoltsje as dyn soan of dochter swierder as 9 kilo èn âlder as 1 jier is. (Sjoch ek op: www.kinderveiligheid.nl)

Ouderschapsverlof Heiten en memmen kinne âlderskipsferlof opnimme oant harren bern acht jier âld is. Betingst is datsto minimaal ien jier by deselde wurkjouwer bist. Oant no ta binne it foaral froulju dy’t ferlof opnimme. Memmen èn heiten ha sûnt 1 jannewaris 2009 rjocht op 26 kear de wyklikse arbeidsdoer. Dat is in healjier! It ferlof kin yn ien kear opnommen wurde mar ek oer in langere tiid ferspraat wurde. Hoe’t it krekt sit, kinst lêze op www.postbus51.nl

Arjan (45) hat foar syn earste soan âlderskipsferlof opnommen; ien dei yn ’e wike hat er op Jelle past. ‘Uiteraard dacht ik eerst in de trant van een dagje helemaal voor mijzelf met natuurlijk hier en daar wat aandacht voor de baby. Eten geven, luier, ach wat neemt dat nu aan tijd! Juist ja, de hele dag!!! Gelukkig heb ik enorm genoten van Jelle als baby. Vooral omdat we met z’n tweeën waren. Echt een papa-dag. We deden alles op onze manier! MANNENDAG!!! Ik had het voor geen goud willen missen.’

43


Yanna Yu is krekt sa Frysk as oare famkes by har op skoalle.

44


se is in echte friezinne Jacco de Boer

’De earste jierdei fan ús dochter ha wy fierd mei alles derop en deroan. Der wie taart mei in foto fan marsepyn. Slingers hongen yn ’e keamer en al ús famylje kaam oer de flier. Wy ha doe rap noch in Sineeske pop kocht en yn it bernesitsje set. Gewoan yn ’e rûnte tusken de besite yn. Sa wie se der dochs in bytsje by. Sjoch, de pop sit der noch.’ Alida Kleinhuis wiist nei in hoeke fan de húskeamer yn harren wente yn Grou. Der leit allegear boartersguod op en om in berneburootsje. En in foto fan Yanna Yu oan de muorre. De dochter fan Alida en Cor dy’t har earste jierdeifeestje misse moast, om’t sy doe noch yn Sina wie. Net folle letter nei dat jierdeifeest hellen Alida en Cor Yanna Yu op út Sina. ’It hiele hûs hienen wy al klearmakke. Se koe der sa yn. Want tusken it momint dat je hearre dat je in adopsjebern krije en foardat it safier is, sit in hiel soad tiid’, fertelt Alida. ’Dat je in bern krije, hearre je oer de tillefoan fan de adopsjeferiening. It is fansels wol frjemd dat in bern, dat je krije, op dy wize oankundige wurdt. Mar wolst net witte wat sa’n tillefoantsje mei je docht. It is krekt as by elkenien dy’t in bern krijt. Fan dat momint ôf wie se fan my, siet se yn myn hert, hearde sy der hielendal by. Dêrnei krije jo ris in lyts fotootsje en hieltyd wat mear ynformaasje. Hast net in poppe yn de búk, mar de kribels en it wachtsjen en je libben omgoaie foar it bern, alles dogge je krektlyk sa.’ Yanna Yu is no fiif jier. Se freget noch wolris nei har komôf. ’Se seit dan: Mem

ik kom út Sina hè? Ja, sis ik dan, do komst út Sina. Dêr bliuwt it dan by, langer is it gesprekje meast net. By har yn de klasse sitte trouwens mear bern út it bûtenlân, dy binne ek adoptearre of dy binne mei harren heit en mem meikaam út it bûtenlân. Dan sit se hjir wolris yn de keamer en dan giet se it rychje ôf: dy komt út Irak en dy komt dêrwei en dy dêrwei. En ik út Sina. En jim binne myn heit en mem. In binne meast wat opmerkings fan har, sa tusken it boartsjen troch.’

Eins is it hielendal net oars, in adopsjebern. ’Eins is it hielendal net oars, in adopsjebern. Dochst ek net oars ast mei oare bern dwaan soest’, fertelt Cor. Bûtensteanders en oaren, dy ha faak allegear fragen. Dy tinke dat it allegear wol hiel oars wêze sil. Mar ús Yanna Yu is krekt sa Frysk as oare famkes by har op skoalle. Mei dit ferskil, dat se út Sina komt. Dêrom ha wy noch wol kontakt mei oare adopsje-âlders dêr’t wy yn ‘e

rin fan de tiid kunde oan krigen ha. Je belje wolris mei inoar. Ek al is it mar om te hearren hoe’t it mei harren bern is. Yanna Yu wie al in jier âld doe’t se yn Sina letterlik yn ‘e earms fan Alida en Cor bedarre. ’Se hat earst twa, trije oeren hiel bot gûld. Echt net te sunich’, seit Alida. ’Op ‘e hotelkeamer gie dat stadichoan oer en begûn se mei my te boartsjen. Dêrnei wie it goed en hat se noait wer sa gûld. It wie krekt as moasten alle emoasjes derút. It is fansels ek net niks. Earst in jier lang wenje yn in Sineesk weeshûs. En dêrnei wurde je meinommen troch in pear wyldfrjemde minsken.’ Cor en Alida ha noch wol tips foar min­ sken dy’t oan it begjin steane fan in adopsjeproseduere. ’It kin in hiel proses wêze foardat it safier is en lang duorje. En it wurdt hieltyd dreger. Guon lannen geane op slot foar adopsje. Moatst dy de kop net gek meitsje litte en it mar oer dy hinne komme litte. Moatst dysels bliuwe. Net forsearje of besykje dy oars of better foar te dwaan ast bist tsjinoer de adopsjeferiening. Achterôf sjoen is de beleanning sa grut. It is sa fantastysk om dan úteinlik dyn dochter yn hannen te krijen dat is hast net te beskriuwen dy emoasje.’

45


Us pake/beppe

en ik! 1.

2.

3.

4.

5.

6.

1. It hie sa folle reint wêrtroch’t de tún fol wetter stie. Pake Daam en Dennis tochten, wy kinne wol efkes mei it rubberboatsje it wetter yn! 2. Winnende foto! Jesse mei syn pake Jaap. Se binne in dei mei elkoar deropút en drinke tegearre efkes in slokje. 3. Pake Marten wol net op de foto. Pakesizzer Marten dus dêrom ek mar net. 4. Thyme helpt alle tiisdeis pake op ’e buorkerij. Se lykje op mekoar en binne tige wiis mei elkoar. 5. Redmar mei syn Pake Durk. Gek dwaan mei Pake is leuk, mar lekker krûpe en tútsjes jaan dogge wy ek hiel graach! 6. Dit binne pake Sip en Rosalie, tegearre oan it fytsen. Rosalie wennet yn Wolvegea en pake Sip yn Toppenhuzen.

1.

2.

3.

4.

5.

6.

Mear foto’s fine jo op it foarum fan www.heitenmem.nl De trije winners ha it boekje ‘Pake, fertel!’of it boekje ‘Beppe, fertel’

46

1. Winnende foto! Dit binne Lenie en Ymie. Sa sitte se faak mei Beppe achter yn it lân. 2. Mijn lieve zoon Maximilien Delfosse met zijn beppe Piety Bouma. Mijn moeder is Friezin en wij wonen helemaal in Aalter (Belgie), helaas zo’n 400 km van elkaar vandaan. 3. Jasper en beppe hebben samen een speciale band met een gouden randje. 4. Winnende foto! Jildou (net 2 jaar) drinkt een gezellig een kopje thee met oma Anneke. 5. Kees en beppe Greetje vinden van alles in het bos. Sommige dingen passen niet in de tas, maar daar heeft Kees wel een oplossing voor: hij wijst aan en beppe sjouwt.. 6. Net beppe mar omi mei Jente.

tastjoerd krigen.


Pake syn pop

Namme: Jan Teitsma (56) en Ilva Sanna (2 ½) Wenplak: Raerd Berop: Monteur yn de wettermeters Hobbys: sjonge en gitaarspylje yn de band Try Out, sportferslachjaan by in lokale omrop, keatse, aaisykje, fytse, hurdrinne en genietsje fan it libben. Relaasje: al 35 jier troud mei Patrea Teitsma-Woudstra

‘Doe’t myn dochter yn ferwachting wie fan Ilva, wist ik al wat it wurde soe. Dat wol ik in eventuele oare kear leaver net wer. Want do moatst sa op dyn wurden passe en fansels wolst it leafst it moaie nijs elkenien al fertelle. Ast it net witst, hast dy druk ek net. Doe’t Ilva der ien kear wie, libbe ik earst yn in rûs. Nei in tal oeren besefte ik pas, no bin ik pake. En ik fyn it geweldich! Ilva sliept geregeld by ús, om’t har heit en mem in drokke baan hawwe. En as se net by ús komt, no dan wip ik wol by har del. Ilva is altyd sa spontaan. As se by ús is, ropt se hieltyd ‘Pake, blokjes!’ of ‘Pake, fuotbalje!’. Se wol altyd fan alles dwaan. Wy tekenje ek in protte, tegearre. Meastal moat ik in auto tekenje mei Ilva sels achter it stjoer. Dat fynt se prachtich. En sim­ merdeis geane we fansels te fytsen en sjogge we nei de beesten. Wy stoeie ek in protte. It kin har net wyld genôch gean. Somtiden feecht se mei har rinfyts dwers troch de keamer hinne en knalt se tsjin de ferwaarming oan. Ach ja, elk bern is wolris ûndogensk. Ilva is yn elk gefal pake syn leave pop!’

Binne jo ek pake of beppe en wolle jo meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto op fan josels mei jo pake- of beppesizzer nei: ynfo@heitenmem.nl.

47


De moaiste Fryske berneboeken fine jo by de Afûk Fryske boek- en taalwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert, tel. 058 – 2 34 30 70

TOMKE JIERBOEK (mei CD)

KOESBOEK

KADOBOEKJES FOAR HEIT, MEM, PAKE EN BEPPE

Yn dit Tomke jierboek belibje Tomke, syn hûntsje Romke, Kornelia de kangoeroe en Yana Yu it hiele jier troch aventoeren.

Baukje Wytsma & Carla van der Heijde

De moaiste Fryske foarnammen

Fryske en Nederlânske gedichtsjes foar it sliepen gean, prachtich yllustrearre. In ferske foar it sliepen in ferske foar de nacht in ferske om te dreamen yn wurden waarm en sacht

wa kamen der allegearre?

Priis: € 19,50

TOMKE HÂNPOP

no ek as miny-edysje

Priis € 9,95

Myn kreambesite / Hop hop hynke /

de moaiste Fryske berneferskes Pake, fertel! /

fragen foar pake oer syn libben Beppe, fertel! /

fragen foar beppe oer har libben

Priis: € 5,00 Priis: € 7,50 it stik

OMDAT IK SA WIIS MEI DY BIN - miny-edysje Guido van Genechten

Lytse iisbear Ysbrand wit al in hiel soad. Mar der binne ek dingen dy’t Ysbrangd noch net hielendeal snapt, mar it antwurd op de alderbelangrykste fraach wit er wol...

STIP SEIT: LEKKER KOESE

IN FRJEMD AAI

Printeboek mei flapkes fan Eric Hil It is tiid om op bêd, mar Stip hat it noch fierstente drok.

Emily Gravett

Alle fûgels hawwe in aai lein. Allegearre behalve Ein. Mar dan fynt Ein in hiel moai grut aai. Wat soe dêr útkomme?

Priis: € 11,99

Priis: € 5,90

Te keap yn alle boekhannels.

Sjoch foar oare Fryske boeken op: www.afuk.nl

Priis: € 12,95

Heit en Mem nr 1 - 2009  

Meartalich tydskrift foar âlders yn Fryslân

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you