
1 minute read
Kollum Raynaud Ritsma
by heit&mem
Hast 70 prosint fan de memmen yn Nederlân jout de poppe nei de befalling it boarst, mar dat giet net altiten fansels. It berntsje hapt soms net goed of de mem hat pine troch it fieden. ‘Faak tinke minsken dat dy pine derby heart,’ fertelt laktaasjekundige Marije Bosma fan Borstvoedingscentrum Memmemolke, ‘mar dat is echt net sa.’
Advertisement
It moaiste soe fansels wêze as it berop fan laktaasjekundige hielendal net bestie. ‘Mar as it jaan fan boarstfieding problemen jout, dan kom ik om ’e hoeke te sjen. It leafst noch deselde dei.’ Faak binne memmen emosjoneel. ‘Se wolle it fieden sa graach sels dwaan en hawwe der fertriet fan dat se it berntsje net it bêste jaan kinne.’ Earst harket Marije nei wat krekt it probleem is en wat se allegear al besocht hawwe.
‘It kin wêze dat de produksje fan de molke net goed op gong komt, bygelyks as in frou in keizersneed hân hat. Mar ek de fiedingshâlding kin fan ynfloed wêze.’ Marije besiket earst de oarsaak te finen en jout dan tips foar fieden en kolvjen. ‘It is belangryk dat de noas fan de poppe by de tepel sit en de poppe dêr in sa grut mooglike hap nimme kin. De tepel moat tsjin it sêfte part fan it ferwulft (NL: gehemelte) oankomme.’ Barsten yn de tepel wurde feroarsake as de tepel tsjin it hurde part fan it ferwulft fan de poppe oankomt. ‘Nim it berntsje mear op de ûnderearm en lis gjin hân op ’e holle, want dêr sitte ek de sykrefleksen fan it berntsje.’
De poppe regelet sels yn de earste seis wiken de molkeproduksje by de mem. ‘Hoewol’t guon âlden bern it leafst op fêste tiden drinke litte wolle, bin ik der in grut foarstanner fan om se op fersyk drinke te litten. Dus as it berntsje oan it boarst wol, lit it dan drinke en hâld it lekker ticht by dy yn ’e buert.’ It is foar de produksje belangryk dat it boarst goed leechdronken wurdt. ‘Lit ien boarst hielendal goed leechdrinke en jou dan noch in neigesetsje út it twadde boarst. By de folgjende fieding dochst dat dan oarsom.’