
1 minute read
Boekstart: Baby’s houden van lezen
by heit&mem
Ferneamd Sietske
Namme: Sietske de Haan Berne op: 15 jannewaris 1967 Wennet yn: Eastermar
Advertisement
Namme beppesizzer: Sietske Elzinga Berne op: 15 jannewaris 2020 Wennet yn: Droegeham
Betsjutting Sietske: sege, oerwinning
‘It wie op myn jierdei doe’t ús dochter Rennie belle. Mar se lokwinske my net allinne om’t ik myn jierdei hie, mar ek om’t ik beppe wurden wie! Echt hiel spesjaal. In moaier kado kinne je net krije. It wie in famke en se is ek noch nei my ferneamd: Sietske. Sá bysûnder! Myn man en ik soenen gau nei lytse Sietske ta, doe’t Rennie wer belle. It gong net goed. Us dochter wie thús befallen en de poppe wie hielendal slop en blau wurden. Se sykhelle net mear. It wie panyk. De ferloskundige hat Sietske reanimearre en 112 belle. Se ha doe yn it sikehûs bloedprikt en doe bliek dat Sietske it Downsyndroom hie. Se ha noch in wike op de intensive care lein. It wie in spannende tiid, mar Sietske knapte gelokkich gau op en is no sa’n bliid famke. Wy binne strontmâl mei har. Se laket werklik altyd. Wy passe ien dei yn ’e wike op en dan bliuwt se ek in nachtsje sliepen. Dêr genietsje wy sa fan! Ik bin sels ferneamd nei ús beppe en ik fyn it ek hiel bysûnder dat lytse Sietske en ik ek deselde namme ha. Ik hie wol in bytsje in fermoeden dat it in Sietske wurde soe, om’t myn skoansoan Jacob syn mem, dy’t net mear libbet, ék fan Sietske hjitte. Tafallich no?
Sietske kin elk momint in broerke krije. No’t ús dochter Rennie mei swangerskipsferlof is, sei se dat wy net beslist hoegden op te passen, want se is ommers dochs thús. Mar wy wolle har net misse. Wy passe noch moai alle wiken op ús gouden wyfke.
Baby’s houden van lezen
