In praatsje by in plaatsje

Page 70

en sliepten doe yn de tsjerke en waarden dêrby let en set troch it kostersechtpear Roel en Japke Terpstra. Op de ôfsprutsen tiid waard it oargel oplevere. It wurk foel wat heger út as dat fan te foarren rûsd wie, mar de Grinzers wienen foar harren dwaan tige noflik en woenen de earmlêstige tsjerkfâdij net it fel oer de earen strûpe. As tank foar de noflike gearwurking krige de baas, dy’t der wakker niget oan hie, ien fan de âlde Steatebibels dy’t yn tsjerke lei. Mar hoe koe no kontrolearre wurde oft de Grinzers goed wurk levere hienen? Daar werd het volgende op gevonden. De ferneamde oargelspiler Piet Post fan de grutte tsjerke yn Ljouwert waard frege om it oargel ris út te besykjen. Dy toande him tige tefreden. En as soarte fan ôfsluter waard op 12 juny 1966 ek noch in echt konsert mei dizze oargelist op priemmen set. Der waarden oandieltsjes ferkocht om in mooglik tekoart yn de kosten 70


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.