In praatsje by in plaatsje

Page 7

ELDORADO Der moat ein 16e ieu hinne al sprake west hawwe fan ûnderwiis yn 'e Wânswerter kontrijen. Doe dûkte der yn 'e boeken in Epo Riencx fan Frentsjer op as skoalmaster fan Wânswert. En wat woe de bêste man: mear lean fansels, wat dat oanbelanget liket der yn dy 500 jier neat feroare te wêzen. No wie it oars ek gjin fetpot foar dy earste lesjouwers. Gauris moasten de ûnderwizers der noch wat by beune om in bytsje fatsoenlik troch de tiid te kommen. Sa wie dizze Epo njonken skoalmaster ek noch koster, oargelspiler en diaken en waard betelle út de saneamde kosteralia (dy tsjerklike eigendommen dêr't de ynkomsten ornearre binne foar de koster). It ûnderwiis hie doe ek noch net folle om 'e hakken. Miskien hawwe jimme it skilderij fan Jan Steen mei as titel “De Dorpsschool” (1670) wol ris sjoen. Dêrop sjocht men in skoalmaster dy't oars gjin omtinken hat as foar it slypjen fan syn guozzefear wylst de bern alles dogge wat Vadertje Cats ferbean hie; sa sil dat doe rûnom gien wêze. It hat noch oant fier yn de 19e ieu duorre dat by it skoalmasterjen net heech opsjoen waard. Der is in ferslach bekend fan de “schoolopziener” H. Wijnbeek út 1837 dêr't yn optekene wurdt hoe't it ûnderwiis der doe hinnelei yn Ferwerderadiel: “In Wanswerd trof ik slechts 24 kinderen aan, doch het lokaal zou ook niet meer kunnen bevatten. Ik vond er het onderwijs in allen opzigte achterlijk, zoodat ik mij verplicht achtte den onderwijzer, Ritske Simons Clewits, ernstig te vermanen om in den school te Ferwerd, waar hij net benoemd was, een betere leefwijze te volgen, eenen gepasten leestoon te doen erlangen, de getalleer, het rekenen uit het hoofd, de nieuwe maten en gewichten, het schrijven en het zingen beter te onderwijzen, dan hij hier deed. Het scheen dat de geringheid van het getal hem den lust benomen had.” De skoalmaster yn Ferwert dy't er opfolgje moast hie de saakjes wol aardich

7


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.
In praatsje by in plaatsje by Freerk Postmus - Issuu