In praatsje by in plaatsje

Page 39

It middel “duveldrek” waard neffens Jinse Baukes Talsma yndertiid troch de boeren wol brûkt om in bolle pystich te krijen. It waard makke fan de woartel fan de plant “wolfsmelk” (yn it Frysk 'duveldrek' en ek wol 'papekloaten') en stonk ûnhuerich. Yn 'e folksferhalen wie it in middeltsje om tsjoensters bûten de doar te hâlden. Fetsje Flittergat – dy bynamme wie sa húsriem wurden, dat men it fanke suver al net oars mear koe – wie in boerefaam as in lôge en hja lestte it libben. Hja kaam djip út 'e Wâlden fandinne, nimmen wist winliken, wêr't krekt har widze stien hie, mar hja hie de broek oan, dat mocht bekend stean. Net, dat it no sa'n haaibaai wie, al wie se dan yn it wurk de rûge kant neist, wat dat oangyng: hja wie de fatsoenlikens sels, der soe har tsjinoer de boer en de boerinne gjin ûnfertogen wurd ûntkomme. Dêrby wie hja tige fleurich op 'e tried en sterk as in manskeardel: mei kealleboarnen en it bringen fan de molkbussen nei de dyk koe se in arbeider út it stee keare en ek by de boerinne yn 'e foarein fleach it wurk har troch de hannen: hja wie in baas oan 'e wosktobbe en as hja op it stalt lei te spielen gyngen de baren suver oan 'e ein fan 'e grêft ta. Sneintejûns op 'e buorren, as hja mei de oare fammen kuiere, spile se net swak by; hja koe de opslûpen feintsjes, dy't har neipiuwe (naroepen), oer de bek slaan, dat se foar in wykmannich takochte wiene en hja mijde nimmen datoangeande. It bêste hout sit wolris in oast yn en sa wie it ek mei Fetsje. By al har goede eigenskippen hie se ek in ferkeardenien: hja hie net om 'e nocht har bynamme krige: Fetsje Flittergat. As hja it rêde koe, soe se gjin setsje of pretsje fersitte. Ek dat mocht hinnebruie, as hja mar net dy aaklike oanwenst hie om altyd by nacht en ûntiid thús te kommen. Wodan, de hiemdogge, dy't altyd oansloech as der frjemdfolk op it hoarnleger kaam, koe Fetsje mei lêze en skriuwe: hy spile mei har ûnder ien huodsje. Sadwaande hie noch de boer, noch de boerinne der rjocht weet fan, hoe let dat genachtdraaf wol net waard bytiden. Tipelsinnich wie it, dat it fanke 39


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.