In praatsje by in plaatsje

Page 22

om hear, heit is ek al ris ûnder de touwen troch flein!” It ferhaal hat gjin winner. It doarp hie in eigen trijehoek fan wol twa meter breed dêr't de baan der tusken it doarp en Tergrêft mei troch makke waard. De hynders fan Bauke Talsma hawwe der wol foar rûn en moasten dan earst by de smid de 'proppen' ûnder krije oars glysterden se op it iis alle kanten út. It reedriden op 'e feart wie oars meastentiids in spultsje fan bonkebrekken want it wurk fan de molkfarders en de skipper, winkelman en fouraazjehanneler Auke Iedema mei syn “Ora et Labora” moast trochgean kinne sa lang't it noch koe dat der sieten bytiden mânske skossen yn it iis. De Ald Piip Likernôch healweis de eardere Kleasterdyk Wânswert – Ferwert sit in brechje en dat wurdt de Ald Piip neamd. Dat Piip sil grif te krijen hawwe mei de rûne foarm fan it keunstwurk en 'âld' is fansels in relatyf begrip: doe't Jense Pieters in jier as tsien wie sei de doe 80-jierrige Ate Jongbloed (de heit fan Machiel): “Dat is de âld Piip net mar de nije!” De hjoeddeiske brêge moat sa'n hûndert jier âld wêze. De Piip hat eartiids op in oar plak sitten, likernôch op it plak dêr't no de dûker ûnder de dyk Marrum – Wânswert leit. Doe rûn ek oan beide kanten noch in feart mei fansels drok skipfeartferkear. It wie dan it gewoanterjocht dat as de skipper yn 'e fierte in hynder en wein oankommen seach dan moast er fuortdalik it seil nei ûnderen helje oars koe it hynder kjel wurde en op 'e kletter reitsje. Dat duorre guon skippers ek wol ris wat lang dat der sil ek wol ris in raar wurd spuid wêze. De Ferwerter skûtsjeskipper Sip Kok wie faak ûnderweis mei 30 ton bieten. Mar nuver wie it: sneontemiddeis healwei fiven wie er thús. Dêr koe men de klok op lyk sette. De boat kaam by de Ald Piip te lizzen en hy fytste dan fierder nei Ferwert. Doe't men him frege wêrom't er altiten sneons healwei 22


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.