In praatsje by in plaatsje

Page 20

Noch efkes oer de namme: hoewol't er him dus sels betocht hie hat it Jan alle kearen dat er der by del kaam yn 'e wei west. Der wienen yndertiid 69 ynstjoerings, guon folle moaier as sines (Honk Wodanswaert bygelyks) mar it komitee hat it grif in treftige namme fûn dêr't Wânswert mei foar de kreammen del koe. En hjoed-de-dei is it ta sa'n begrip wurden dat eltsenien wit wat bedoeld wurdt as men it oer “Eldorado” hat. Jan hat der doe in foto yn in list foar krigen en in oarkunde. “Mar op dy leeftiid hie ik fansels leaver in kadobon hân of sinten.”

20


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.