Doarpsrounte de himrik 1 2018

Page 15

PIETERNELLA. Elts jier hienen wy in moai plakje op de kamping yn Noarch. Eins wie it natuerkamping wêr de minsken foar harren rêst kamen. Net folle ferdivedaasje en tige rêstich foar ús as wat âldere minsken tusken de beamen en rûnom hevels en in grut gersfjild. Wat wolle jo no mear? In grut part fan it jier gienen wy dan ek dêrhinne mei de karavan mei de foartinte der by. Der moast wol heel wat mei foar it fêste plak dat wy der hienen dat kinne jo begripe, Wy hienen thús noch al wat húsdieren sa as in goudfisk, in kanarje en dan net te ferjitten ús grutte jachthûn Donar. Meastal hie dy in fêst plak tusken myn man en my yn thús, mar no moast hy allinne lizze, dat fûn hja wol wat frjemd, sadat hja eltse kear wer besocht tusken ús yn te kommen. Sa no en dan gienen wy wol ris wer nei hûs ta om it iene en oare thús ôf te hanneljen en faaks moasten wy ek nei de dokter ta of wat oars te dwaan. Dizze simmer soe tusken alle oare bekenden miskien ek Piet en Klaske wol wer wêze. Wy hienen se al in pear jier as bêste freonen moete en kamen dan faak by elkoar op besite en om in praatsje sieten se ek net ferlegen. Se hienen gjin bern en wy wienen al wat op jierren dat it past wol aardich by elkoar. No sieten wy dêr al wer in oantal dagen wer yn de tinte mar beiden hienen wy harren noch net wer sjoen, dat fûnen wy wol wat frjemd. Meastal sochten se ús wol op, want ik koe sels net sa bêst mear út de fuotten en myn man hie it tige drok mei syn kabouterspaad wer hy de lytse bern mei nei ta naam en fertelde oer poddestuollen en alles wat yn de bosken foar komme koe. Om de safolle meter hie hy lytse húskes en kabouters yn it grien del set om it wat oanskôglikens te meitsjen. De bern fûnen it mar wat moai en hysels hie der ek nocht oan. Doe myn man wer by de tinte kaam sei hy: ‘Moast heare ju, der is ek in nei frommes allinne op it terrein kaam, ien mei lang ljocht hier . Hja ried yn it bestelbuske en kaam my wol bekend foar, mar ik koe har net thús bringe’. Hawar ik sil har wol ris freegje wer hja wei komt. Ja, dat moatte wy wol witte as der nije minsken komme. Lit mar sei ik, straks komt de buorfrou hjir en miskien wit dy wat mear. Mei dat ik dat sei kaam dy de tinte yn en begroete ús hertlik en gie nei ús útnoeging sitten en krige in kop tee. Witte jo ek of Klaske en Piet ek op de kamping binne? frege ik. ‘No ja, sei Greta (Grytsje), sa wie har namme, Klaske net mar Piet wol. Witte jimme dan net dat dy twa út elkoar binne? ‘Út elkoar? ‘, tagelyk seinen wy dat, myn man en ik. Dat koenen wy hast net leauwe, dat op harren leeftyd !! ‘Ja’ lake Greta, ‘wier is it.’ Piet is der efter kaam, dat hy eins in frou wêze woe nei tritich jier houlik. Wol wat let, mar hy is der no efter kaam en hat it direkt mar wrâldkundich makke. Hy begon ek yn frouljusklean te rinnen en hat him in prúk oanmjitte litten. San lange ljochte prúk witte jimme wol ! Boppedat rint hy ek op hege hakken met farve fjoer reade lippen, krekt sa read as de kont fan dy froulju’s apen yn de bistetún. Klaske is sa lilk wurden, dat hja de froulju klean mei de skjirre oan stikken knipt hat . Mar it hat neat holpen Piet joech gjin belies en giet no as Pieternella troch it libben en hja binne dus no foar de wet skieden. 9


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.