Underwiis-special de Moanne

Page 38

Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen De lêste jierren is de oandacht foar minderheidstalen yn Europa tanommen. Mercator, it Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen yn Ljouwert, hat dêr oan bydroegen. Mercator hat as doel om it bewustwêzen oangeande minderheidstalen en meartalich ûnderwiis yn Europa te ferheegjen. Wat soe de Fryske boarger eins witte moatte? Fiif fragen oan Cor van der Meer. Wêr wurdt Frysk praat yn Europa? De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn NoardFryslân en Sealterlân yn Dútslân. Hoefolle minderheidstalen binne der yn Europa? Der binne ûngefear sechtich minderheidstalen dêr’t de offisjele definysje fan it language charter yn acht nommen wurdt. Der binne lykwols folle mear minderheidstalen, bygelyks dy fan de Dútske minderheden dy’t oer hiel Europa ferspraat binne. Yn Europa sprekke ûngefear 55 miljoen minsken

36

in minderheidstaal (rûge skatting). Dat is sa’n tsien prosint fan alle Europeeske ynwenners. Yn alle Europeeske lannen wurde minderheidstalen sprutsen, útsein Yslân. Wat soe de Fryske taal noch fersterkje kinne, fergelike mei Baskelân en Wales, dêr’t se it hiel goed foarelkoar hawwe? Om mei te begjinnen, de Basken en de Welsh wrakselje ek mei harren taal, it is net sa dat sy it op alle terreinen better dogge. Ut ien fan ús lêste projekten (Language Rich Europe) kaam ûnder oaren it folgjende nei foaren: Yn it basisûnderwiis yn Fryslân hawwe de measte skoallen op syn heechst ien oere wyks reservearre foar it Frysk (útsein de trijetalige skoallen); dat is net genôch om de leardoelen te heljen. Allinnich it tal lesoeren Frysk ferheegje is net genôch om dat te ferbetterjen:


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.