Underwiis-special de Moanne

Page 1

de moanne // n没mer 3 // juny 2013 // meartalich 没nderwiis

meartalich 没nderwiis algemien-kultureel opinybl锚d


kado-proefabonnemint Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar € 10,stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús: jo kinne útsykje út de boeken dy’t hjirneist steane.

2x

+

Gratis Boek

foar mar

€ 10,www.demoanne.nl


AZC Sint Annaparochie. Wachten en leren lezen. Jacob van Essen - Hoge Noorden

1


No ek noch meartalich ûnderwiis

Jo soenen begrutsjen krije mei de froulju dy’t dei yn dei út, sûnder útsjoch op in better bestean, yn de neare lucht fan lokalen sûnder airco besykje moatte ek de ûnnoazelste bern fan de ûnnoazelste âlden wat by te bringen. Dat is noch net alles. It folk foar de klasse docht neat oan it narjen. De steatssekretaris wol no in nije wet dy’t it narjen ferbiedt. Dat it safier komme moast! It slimste is wol dat it ûnderwizend folk net út de bern hellet wat deryn sit. Jo soenen sizze dat se dat dochs wol wite kinne, want de bern wurde fan fjouwer jier ôf, lykas mei de APK by auto’s, geregeld neisjoen troch toetsen en testen; en dat net ien kear yn it jier, mar minstens twa kear yn ’e wike. En dat wylst de ûnderwiisynspeksje der benammen yn Fryslân boppe-op sit, ûnder it driigjen mei it ophingjen fan buordsjes ‘tige swakke skoalle’. It is net nij. Ik bedoel it geklei oer ûnderwiis. At de bern by master Pennewip yn Multatuli’s Woutertje Pieterse in gedichtsje skriuwe moatte, skriuwt Woutertje ta ôfgriis fan master: ‘Mijn vader heeft menige os de doodsteek gegeven, maar meester Pennewip is nog in leven’. Ek de ûnderfinings fan DeboraTaconis út De Smearlappen fan Anne Wadman lige der net om. Se hat neat opstutsen fan de skoalle: De juffer is ‘... in fitse, skrale en sûre dame mei in ynkristlik sipeltsje yn ’e nekke en fan foaren like plat as fan efteren.’ En Debora hat by har de helte fan de tiid yn de hoeke stien. Master Boar is ‘in sénuwlijer mei in spitse noas en loerderige eachjes’ en as se yn de heechste klasse sit, kin er syn trilderige bleke hannen net thúshâlde

2

en sit dêrmei yn har breiden broekje as se neibliuwe moat. Op de PABO’s yn Ljouwert fan Stenden en de NHL besykje se tsjintwurdich entûsjaste famkes safier te krijen dat se, mei in soad ynspanning, de rekken- en taaltoetsen helje. No komt der ek noch de rop om meartaligens yn in meartalige oplieding foar in meartalige basisskoalle by. Dat betsjut behearsking fan it Nederlânsk mei de d, de t en de dt, en fan it Frysk en net te ferjitten fan it Ingelsk ‒ en dat moat fierder gean as it foar de helte ferstean fan de lêste popsong. It sil in hiele toer wurde om yn ús legere skoallen neist it bestriden fan it narjen, it omtinken foar de sosjaal-emosjonele ûntjouwing, it eltse dei fergaderjen en it ta de nacht út korrizjearjen fan it wurk fan de bern, neist it each foar de grutte ferskillen, it akseptearjen fan de ferskillen, it byhâlden fan dy ferskillen yn grutte digitale bestannen, it befoarderjen fan in feilige learomjouwing, fan it wolwêzen, de selsstannigens en it gearwurkjen mei oare bern, it rekkenjen, muzyk, skiednis, ierdrykskunde, biology, nifeljen, gimmestyk, de foarljochting oer de gefaren fan fjoerwurk en frachtauto’s, drugs en smoken en it byhâlden fan alles yn it persoanlike POP, tiid te finen foar meartalich ûnderwiis.


Fryske les

Yn de twadde klasse fan de middelbere skoalle koene wy kieze tusken Latyn en Frysk. Ik keas Frysk, omdat ik ûnnoazelwei tocht dat ik dêrmei fierder komme soe. En dat it handiger wie om foar in libbene taal te kiezen as foar in deadenien. Jo sjogge wat dêr fan kommen is. Ik wenje noch altyd yn Fryslân en it Frysk is op stjerren nei dea, nettsjinsteande de provinsjale striid foar in ‘status aparte’ (wêr ha wy dy útdrukking dochs wei?). No ja, ûnder ús, 192 ynwenners op in fjouwerkante kilometer, hâlde wy it noch wol in pear jier fol. Wy ouwehoere der lustich op los. Mar wy prate net frank-enfrij-Frysk-foar-it-leave-heitelân wei, nee we seure der oer. En dat geseur, dêr wurd ik stadichoan flau fan. Dat geämer oer dy bern dy’t de tiidwurden omdraaie. No en? Dat is modern taalgebrûk. Wês bliid dat se Frysk prate en dat se har dêr in bytsje thús yn fiele. Dy tiidwurden, dêr wenne jo samar oan, jo moatte gewoan meidwaan. Jo litte gean. Wêr’t jo ek wol oan sille moatte wenne is de ynfiering fan de Goaiske ‘r’, à la ‘kindejen vooj kindejen’. It wurdt dan Frysk mei in Ingelsk aksint, dat klinkt lekker ynternasjonaal (krekt sa as Eva Jinek Hollânsk praat en dy is der ek nijslêzer mei wurden). Sa heajde ik lêsten yn myn doajp Oejtejp op it skoalplein in peaj famkes tsjin mekoaj sizzen: ‘Hee skatty, giest mei nei myn hoës of sille wy by dy húswujk gean meitsjen?’ Ja, dy lange ‘oe’ yn hûs of hûd wurdt ek hyltyd dreger út te sprekken. Sa ha wy by de earste sinnestrielen dan ek ‘de sinne yn ’e hoëd.’

Op myn Fryske les learde ik tritich jier lyn dat dat allegear fouten, nee, flaters wiene. Ik helle heuge sifers omdat ik ABF prate, mei it wurdboek derby. En yn myn wurk by de Fryske radio en tv moat ik noch alle dagen om myn taal tinke, oars hingje jo daliks oan de telefoan. Mar lit ús asjeblyft net tinke dat it Frysk sa bliuwe moat as hoe’t wy it oait op skoalle leard ha. Ommers: non scholae sed vitae discimus. Tik it mar efkes yn op Google, as jo doedestiids ek foar Frysk keazen ha.

3


Ein maaie ferskynde der in entûsjaste tweet fan deputearre Jannewietske de Vries op it wrâld wide web: ‘Op wei nei de 50ste Trijetalige Skoalle: CBS De Opdracht yn ‘Oerterp, mear talen, mear takomst!’ De Vries fiert it feestje fan de 50e Trijetalige Skoalle fan herten mei. ‘Mear talen, mear takomst’ is it kredo en dat draacht de provinsje mei krêft út yn har ûnderwiisbelied. It is de bedoeling dat der yn 2015 net fyftich, mar hûndert trijetalige basisskoallen binne yn Fryslân. Mar... hoe sjocht meartalich ûnderwiis der eins út en ‒ noch wichtiger ‒ wat smyt it oan ekstra’s op? It antwurd op de earste fraach lêze jo yn dizze Moanne. Mei dit temanûmer wolle wy de lêzer in byld jaan fan meartalich ûnderwiis yn de praktyk, fan foarskoalsk oant en mei wittenskiplik ûnderwiis. It nûmer is gearstald mei help fan gastredakteur Douwe Kootstra. It antwurd op de twadde fraach ‒ wat meartalich ûnderwiis opsmyt ‒ is in ynkopperke: in hiel soad. Undersiken

rûnom op ’e wrâld wize út dat meartalich ûnderwiis positive effekten hat op de talige en kognitive ûntwikkeling fan bern. Mear as terjochte dus dat de provinsje Fryslân der in protte jild yn stekt. De fraach is oft de wize wêrop dat op ’t heden bart de goede is. Underwiisynstituten witte dat meartaligens in tige (ynternasjonaal) hot item is. Der ûntsteane dus rûnom plannen en ynisjativen dêr’t elk dan wer subsydzjes foar ha wol. Soms rinne se elkoar dêrby foar de fuotten, witte se fan elkoar net wat se dogge, ja, wurde se suver konkurrinten. Der bestiet al kilometers oan gearkomsten, gearwurking en oar oerlis, mar in noch strakkere algehiele koördinaasje soe op syn plak wêze. It gebrûk fan in taal kinne jo amper stjoere, dat is it wurk fan minsken, fan de heiten en memmen, fan it folk. Mar alles om dy taal hinne is wol te regissearjen. Faaks wurdt it dochs ris tiid foar ien taalynstitút. Marrit de Schiffart

kolofon de moanne algemien-kultureel opinyblêd (mei Trotwaer, literêr tyd­skrift sûnt 1969) Jiergong 12 // nûmer 03 // juny 2013 ISSN 0571-4020, ferskynt sân kear yn it jier, losse nûmers € 6,50 De útjefte fan de Moanne wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.

redaksje Ernst Bruinsma (haad­redakteur), Douwe Kootstra (gastredakteur) Karen Bies, Jaap Krol, Marrit de Schiffart, Sito Wijngaarden, Nynke van der Zee en Antine Zijlstra assistinsje Baukje Wytsma en Ciska Noordmans

4

ûntwerp en opmaak BW H ontwerpers korreksje Sekuer Oersetburo (Ytsje Steen-Buwalda) printwurk Van der Eems, Easterein útjouwer Stifting De Moanne redaksje-adres Lyts Blijema 8, 9001 LJ Grou, email kopij@demoanne.nl administraasje Afûk, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert, telefoan (058) 2343070, email ynfo@demoanne.nl lêzersjild € 40,- jiers, bûtenlân € 50,-, studinten en cjp-hâlders € 25,-. Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris.

In proefabonnemint foar twa nûmers kostet € 10,-. In fergees proef­nûmer is by de administraasje te krijen. Bydragen en reaksjes binne wolkom. Fan de ynstjoerders wurdt ferwachte dat se gjin beswier ha tsjin eventuele publikaasje op it ynternet. de moanne is ek digitaal te finen op www.demoanne.nl. De útjouwers hawwe besocht fêst te stellen wêr’t byldmateriaal weikomt om de fereaske tastimming foar publikaasje te krijen. Elk dy’t lykwols tinkt rjochten te hawwen op publisearre materiaal kin kontakt opnimme mei ynfo@demoanne.nl.


multilingualism mercator Jasone Cenoz Gwyn Lewis Albina Necak Lük

opiny

Eelke Goodijk Reitze J. Jonkman Pier Bergsma

ynterview Luuk Klazenga Geeske Andringa Irma van der Kruis Lieukje Leistra Goffe Jensma

43 44 45

deiboek Gellie Winkel

06 33 48

kollum

08 13 20 24 38

pabo

de lêzende mins Jacob van Essen

Cor van der Meer

Pier Bergsma Karen Bies Douwe Kootstra

Henk Wolf

ûndersyk Tsjomme Dijkstra

36

17

02 03 27

28

52

01

5


Elke skoalle yn Fryslân meartalich! Eelke Goodijk

Fryslân hat in frij lange histoarje as it giet om meartalich ûnderwiis. Sûnt de jierren fyftich yn de foarige ieu is der hjirre al sprake fan in beweging nei twatalige skoallen. En yn de jierren sechstich hawwe der sels sa’n tachtich twatalige skoallen yn Fryslân west. Meartalich ûnderwiis hat ommers positive effekten op de taalûntwikkeling fan bern en spilet ek net swak by yn harren algemiene ferstanlike ûntwikkeling. Sûnt dy tiid is de oandacht foar meartaligens yn it ûnderwiis spitigernôch wat nei de eftergrûn ferdwûn. Fakentiids wie der op dit mêd gjin sprake fan belied en waarden de ferskillende talen nei willekeur fan in learkrêft brûkt. Begjin jierren njoggentich ûntstie der lykwols in nij besef fan de mearwearde dy’t meartalich ûnderwiis hawwe kin. Yn in maatskippij dy’t him hieltyd mear ynternasjonalisearre, waard in goeie behearsking fan it Ingelsk ek folle wichtiger. Nije ûndersiken ûnderstreken it belang fan in

6

goed taalfûnemint yn ’e eigen memmetaal, as betingst foar in bettere taalûntwikkeling yn in twadde of tredde taal. Fanút dy gedachte gong yn 1997 de pilot Trijetalige Basisskoalle fan start. De positive resultaten fan dy pilot en in oantal negative rapporten oer de ûnderwiiskwaliteit yn Fryslân yn it algemien, soargen derfoar dat de Trijetalige Skoalle fan 2007 ôf de wyn yn ’e rêch krige. It ‘Netwurk 3TS’ sette útein mei sân entûsjaste skoallen en no, begjin 2013, binne dat der al sa’n fyftich. Dat is op himsels moai nijs, mar tagelyk is der ek wol reden ta soarch. ‘Netwurk 3TS’ fielt hiel dúdlik de wifeling by skoallen om harren oan te sluten. Dat hat te krijen mei in ynspeksje dy’t frijwat de klam leit op ‘opbringsten’, en in administrative ferantwurding fan taken dy’t skoallen hawwe, mar ek troch de skaalfergrutting en besunigings yn it ûnderwiis liket de enerzjy


‘ In goed taalfûnemint yn ’e eigen memmetaal is in betingst foar in bettere taalûntwikkeling yn in twadde of tredde taal.’

foar it suksesfolle trijetalige spoar de lêste tiid wer wat ôf te nimmen. Krekt no’t de skoallen yn Fryslân har yn ’e breedte kwalitatyf ferbetterje en der hieltyd mear skoallen by komme dy’t yn har taalbelied dúdlike ôfspraken makke hawwe oer meartaligens (bygelyks alle wiken in Fryske middei), soenen de meartalige skoallen harren krêften better bondelje kinne. Binnen in sterk netwurk moatte hja har ferienje om elkoar bestowe en fersterkje te kinnen. Elke skoalle yn Fryslân hat in opdracht as it giet om meartalich ûnderwiis. Oft it no allinnich giet om it ferstean en lêze wollen fan hiel ienfâldich Frysk, bygelyks yn guon streektaalgebieten, of dat it folle fierder giet, mei Frysk en Ingelsk as fak en fiertaal troch de hiele skoalle hinne, elke skoalle moat dêr oer neitinke en belied op meitsje. Utgeande fan de eigenheid en de autonomy fan ’e skoallen binne dêrom troch ‘Netwurk 3TS’ fan Cedin alternative rûtes betocht, dy’t elke skoalle yn Fryslân foarúthelpe kinne

op it mêd fan meartalich ûnderwiis. Yn it oersicht ‘Elke skoalle yn Fryslân meartalich!’ fan Ekspertizesintrum Meartaligens by Cedin, wurde fiif farianten sketst dy’t oanslute by it meartalich ûnderwiisferskaat yn ús provinsje. De brosjuere docht in berop op álle skoallen yn Fryslân om har oan te sluten by it Netwurk 3TS en te kiezen foar in fariant dy’t goed past by de eigen skoalle en dy’t de kwaliteit fan it taalûnderwiis fersterket.

Eelke Goodijk is ûnderwiisadviseur meartaligens by Cedin. Sjoch ek: www.taalsintrum.nl

7


Tomketiid mei tekener Luuk Klazenga Marrit de Schiffart

Tomke mantsje altyd blier… Luuk Klazenga, ‘heit’ en tekener fan Tomke, is wiis mei dy earste sin fan it yntrolietsje fan Tomketiid. It figuerke ‒ dat er al sûnt 1996 op papier set – is ek echt altyd blier, neffens him. ‘Tomke hat noait in min sin, laket altyd, hiel soms is er wol lilk of fertrietlik, om wat er meimakket, mar fierder is er altyd fleurich en entûsjast. Dat fyn ik ek belangryk, Tomke is in foarbyld foar in protte pjutten.’

8


foto: Linus Harms

‘Ik hâld der net fan om yn stilte te wurkjen.’ Luuk Klazenga (1964) wiist nei de televyzje út de jierren 80 dy’t op it buro stiet en it lêste nijs de keamer yn slingeret. ‘De televyzje stiet hast altyd oan, mar ik lústerje der mear nei as dat ik der nei sjoch. Sa bliuw ik op ’e hichte fan wat der bart yn ’e wrâld. Soms sykje ik moaie muzyk út op YouTube. Stil is it yn elk gefal noait as ik oan it wurk bin, ik tink dat der dan net in yllustraasje op papier komme soe.’ Tekenje docht Klazenga yn syn wenkeamer oan de Boarn yn Aldeboarn. Noch alle dagen is er tankber foar de frijheid dy’t it him jout. ‘Ik ferpleats my wolris yn minsken dy’t fan njoggen oant fiif wurkje. It griist my oan. Nee, dit libben past better by my.

Ik wurkje hurd, mar wol op eigen oere en tiid. Ik ha de frijheid heech yn it findel stean.’ Einzelgänger Dochs hat Klazenga net altyd eigen baas west. Hy begûn syn karriêre as kok by in ynstelling foar handikapte minsken. ‘Ik kaam der al gau achter dat dat neat foar my wie, alle dagen seagen der itselde út en ik koe net goed mei kollega’s omgean. Ik bin wat in einzelgänger, mei de dingen graach allinne dwaan.’ Begjin jierren 90 naam Klazenga ûntslach. Net om’t er oar wurk krigen hie, nee, hy hie der noch hielendal gjin idee fan wat er woe. ‘Ik wist allinne dat dat it net wie.’ Sûnt 1990 makke er wolris yllustraasjes foar it MSU, de Fryske

9


ûnderwiisbegeliedingstsjinst dy’t no ûnder Cedin falt. Dat wakkere de wil om te tekenjen yn him oan. Doe’t de Afûk in pear jier letter by him kaam mei de fraach om in beuker te tekenjen foar in nij taalbefoarderingsprojekt, helle Klazenga de opdracht binnen dêr’t er no al jierren in treddepart fan syn tiid oan besteget. ‘Dat wie de grutte opdracht dy’t ik nedich hie. Doe koe ik fierder mei it yllustrearjen. Sûnder dat ik dêr eins hiel bewust foar keazen hie. Ik leau ek dat dat de wei is yn it libben; dyn gefoel folgje. Jo moatte it libben nimme sa’t it komt, der net tsjinyn gean en ek net tefolle stjoere. As ik earne in soad muoite foar doch, wurdt it neat. Dêrom lit ik de dingen altyd mar op my ôfkomme.’ De passy foar it tekenjen siet der al betiid yn. As lyts jonkje makke Klazenga al graach tekeningen op de basisskoalle yn Drachten. ‘Ik sjoch myn klassegenoaten noch om myn taffeltsje hinne stean, se woenen in tekening fan my ha om yn te kleurjen. Op de middelbere skoalle siet ik by in jonge yn ’e klasse dy’t ek goed tekenje koe. Tegearre makken wy altyd karikatueren fan dosinten. Dy jonge gong nei it fuortset ûnderwiis nei de Keunstakadeemje. Ik net: it kaam gewoan noait by my op om myn jild te fertsjinjen mei tekenjen.’ Undertusken is in libben sûnder tekenjen ûntinkber wurden foar de yllustrator. ‘Ik fyn it hearlik om te tekenjen, ferjit dan altyd alles om my hinne. By tsjinslaggen wurket it suver terapeutysk. It hat my ek echt troch myn skieding hinne sleept. Yn dy tiid stoarte ik my op it papier; wat minder as ik my fielde, wat better myn tekeningen waarden. En as ik dan klear wie, gong it alwer stikken better mei my.’ Boekenbeer De alderearste Tomkeboekjes waarden makke yn oparbeidzjen mei it projekt Boekenpret. In projekt dat jonge bern en harren âlders motivearje moast om te lêzen, om sa de

10

taalûntwikkeling te stimulearjen. Tomke hie itselde doel, mar dan yn it Frysk. Boekenpret hie syn eigen personaazje yn de figuer fan Boekenbeer, in bear dy’t hieltyd wer weromkaam yn de boekjes. It Tomke-projekt moast ek in eigen gesicht ha en dus waard Klazenga frege om in bern fan in jier as fjouwer te tekenjen. Dat wie net samar klear. ‘Ik ha wol fjouwer kear in nij figuerke ynlevere’, fertelt Klazenga. ‘It persoantsje waard hieltyd ôfkard. Ik fûn it dreech om te peilen hoe’t de Afûk it hawwe woe. De fyfde ferzje wie radikaal oars as de foargeande fjouwer: ik hie it figuerke in keale holle jûn mei trije krolhierkes. Doe wie it klear!’


Tomke hat sa’n tsien jier nedich hân om te wurden wa’t er no is. Krekt lykas Donald Duck hat Tomke minimale feroarings ûndergien. De Tomke fan earder hie bygelyks in gruttere noas en in wetterholle. Fierder hat de Tomke fan no altyd sûnreade wangen. Sokke details feroarje stap foar stap, fertelt de yllustrator. ‘Dat giet net bewust, it slûpt deryn.’ It popke sil yn de takomst net mear fierder feroarje. ‘Dit is de definitive Tomke.’

Om’t it Tomkeboekje de earste jierren makke waard yn gearwurking mei Boekenpret, moast de Boekenbeer ek ferwurke wurde yn de tekeninkjes. In hiel gesoademiter, neffens Klazenga. ‘Ik mocht dy bear der net sels yn tekenje fan de yllustratrise Anjo Mutsaars. Dat snap ik wol, it wie har kreaasje. En dus fleach ik alle kearen nei Haren, dêr tekene sy de bear dan yn myn yllustraasje. Ik wie bliid dat dat nei in pear jier net mear hoegde.’ Tomke-team Klazenga genietet fan de aventoeren fan Tomke, syn hûnefreon Romke, de kangeroe Kornelia en it buorfamke Yana Yu. Neffens de yllustrator is mei dy fjouwer personaazjes it Tomke-team kompleet. ‘De fertellers kinne

alle kanten op mei dy figuerkes. Alle fjouwer hawwe se har eigen funksje en karakter.’ Tomke is it naïve, entûsjaste mantsje, hy laket altyd. Romke is it ûndogenske hûntsje en Yana Yu it allochtoane boartersfreondintsje dat altyd ferrassende ideeën hat. Kornelia past altyd in bytsje op de trije oaren. Gjinien wit wa’t Kornelia no echt is. Klazenga: ‘Guon tinke dat sy Tomke syn mem is, oaren tinke dat it in muoike is. Ik wit ek net wa’t Kornelia is en dat hoech ik ek net te witten. Wy hawwe der bewust foar keazen om dat yn ’e midden te litten. Sa kin elk it foar himsels ynfolje.’ Hast alle Tomke-tekeningen komme ta stân nei oanlieding fan in ferhaaltsje fan de auteurs Riemkje Pitstra en Auck Peanstra.

11


Sy ferrasse de yllustrator hieltyd op ’e nij. ‘Ik fyn dy ferhaaltsjes altyd wer in moaie fynst, fernuverje my deroer hoe’t se by de ûnderwerpen komme. It liket my ek dreech om op beukernivo te skriuwen. Mar dat dogge se goed, de ferhaaltsjes slute altyd oan by de belibbingswrâld fan bern. Tomke belibbet aventoeren dy’t trijejierrigen ek belibje kinne.’ Klazenga hellet de ynspiraasje foar syn tekeningen út de ferhaaltsjes. ‘As ik it ferhaal út ha, sjoch ik de tekening al foar my. Ik pak altyd in aksjemomint. Troch myn fotografysk geheugen wit ik altyd presys hoe’t guon foarwerpen derút sjen moatte.’

De edukative boekjes, tekenfilms en apps oer Tomke wurde útjûn troch de Afûk. It Tomke-projekt is in Frysk lês- en taalstimulearringsprojekt, bedoeld om pjutten fertroud te meitsjen mei de Fryske taal. It jierlikse Tomke-temaboekje wurdt by mear as fiifhûndert pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen foarlêzen. De bern krije it boekje dêrnei mei nei hûs. Ek op konsultaasjeburo’s en yn biblioteken

By it tekenjen rekket Klazenga net in kompjûter oan, hy yllustrearret op ‘ambachtlike’ wize. ‘Earst streekje ik de details út de sêne oan. Stiet der bygelyks yn it ferhaaltsje dat Tomke in jas oandocht en nei bûten giet, dan kin ik him net yn syn reade trui mei blauwe T tekenje. Ik skets de yllustraasje earst mei potlead. Dy tekening lis ik op in ljochtbak en dan tekenje ik de definitive yllustraasje mei in wetterfêste swarte stift. It ynkleurjen doch ik mei ekoline. Dy ferve jout de tekeningen de goede kleuraksinten, se wurde der libben fan. Soks soe op in kompjûter noait kinne. Dan is blau blau en read read. De flakken binne dan sa dea as in pier.’

is it Tomke-temaboekje fergees te krijen. It boekje hat in oplage fan 32.000 eksimplaren. De Tomke-wurkgroep bestiet út de Afûk, Biblioteekservice Fryslân, Cedin, Omrop Fryslân en it Sintrum foar Frysktalige Berne-opfang.

harsens en op sa’n jonge leeftiid pakke se in nije taal samar op.’ Mei in Drintske mem en in Fryske heit waard der thús yn Drachten meastentiids Nederlânsk praten. Dat is dan ek de memmetaal fan de yllustrator. Dochs praat en skriuwt er ek hiel maklik Frysk.

Yllustrearje foar pjutten is in fak apart, neffens de yllustrator. It belangrykste is dat it gjin prigelwurk wurdt. It moat sa minimalistysk mooglik. De keunst fan it weilitten is Klazenga dan ek net frjemd. ‘Dat is altyd in útdaging, mar it hâldt it ek ynteressant.’

Tomke is behalve yn it Frysk ek yn it Biltsk, Stellingwerfsk, Papiamintsk en in oantal Dútsk-Fryske dialekten ferskynd. Neffens Klazenga soe it projekt him noch folle fierder útwreidzje kinne. ‘Oare minderheidstalen soenen it yntegraal oernimme kinne, se hoege allinne de ferskes en de ferhaaltsjes mar oer te setten. Ik assosjearje Tomke net ien op ien mei it Frysk, ik stean iepen foar oare talen, dêr bin ik yn.’

Taal Hoewol’t Klazenga himsels it bêste uteret yn it Nederlânsk, stiet er fjouwerkant achter it doel fan it Tomke-projekt om de Fryske taal te stimulearjen. ‘Meartalichheid is belangryk foar jonge bern. It stimulearret de

Marrit de Schiffart (1984) studearre sjoernalistyk en Frysk. Se is freelance tekstskriuwer, oersetter en wurket by de ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin. Se is redakteur fan de Moanne.

12


Pjutteboartersplak it Pikepôltsje yn Heech

Ien mei twataligens Marieke Vinckers

Bern dy’t yn Heech nei pjutteboartersplak ‘it Pikepôltsje’ geane, krije begelieding yn it Frysk. Liedster Geeske Andringa is bliid dat it pjutteboartersplak him sa’n fiif jier ferlyn oansletten hat by it SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang). It SFBO stimulearret de twatalige ûntwikkeling fan bern. Geeske: ‘Frysk is myn memmetaal. Ik fyn it in prachtige taal, dy’t ik ek graach dageliks brûke wol.’

13


14 foto: Linus Harms


Om de foardielen goed te benutten is it fan belang om derfoar te soargjen dat de talen elkoar net bekonkurrearje, mar elkoar oanfolje. Dat jildt benammen yn situaasjes wêryn’t sprake is fan in mearderheids- en in minderheidstaal. De fêste regel is dan: konsekwint taalgebrûk en in soad omtinken foar de minderheidstaal. (Boarne: site SFBO)

It pjutteboartersplak yn Heech is ien fan de hûnderttritich pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân dy’t it SFBO-sertifikaat drage. It SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang) befoarderet de talige, sosjale en yntellektuele ûntwikkeling fan bern. De oansletten pjutteboartersplakken wurde troch it sintrum holpen by it foarmjaan fan belied en se krije begelieding yn it sertifisearringstrajekt twataligens. Dêrby wurdt foaral ek oandacht bestege oan hoe’t pjuttelied(st)ers de meartaligens fan bern befoarderje kinne. En dat is net in kwestje fan de hiele dei ‘stoef’ trochgean mei Frysk te praten, fertelt Geeske Andringa. Sûnt sân jier is sy pjutteliedster op ‘it Pikepôltsje’ yn Heech.

‘ As in taal net brûkt wurdt, dan libbet dy net en stjert er stadichoan út. Ivich skande as dat mei ús rike Fryske taal bart.’

‘It wolwêzen fan in bern stiet altyd foarop. Wy hawwe ek Nederlânsktalige bern dy’t by ús de moarn trochbringe. As ik sjoch dat sa’n bern him op de earste dei net hielendal op syn gemak fielt, dan praat ik even yn it Nederlânsk tsjin him.’ Twataligens befoarderje is wat Geeske oanbelanget dus gjin wet fan Meden en Perzen, mar in doelfêst taalbelied wêrby’t de bern har altyd noflik fiele moatte. Wol is sy ien dy’t de Fryske taal azemet en dy’t der in grut foarstanner fan is dat de taal bestean bliuwt. ‘As de taal net brûkt wurdt, dan libbet dy net en stjert er stadichoan út. Ik soe it ivich skande fine as dat mei ús rike Fryske taal bart.’ Twataligens Dat it twatalich opfieden fan bern goed is foar de ûntwikkeling, docht bliken út in protte ûndersiken dy’t oer de hiele wrâld holden binne. Ien fan de konklúzjes dy’t hieltyd weromkomme, is dat bern dy’t meartalich grutbrocht wurde, letter folle makliker in tredde of fjirde taal derby leare. Geeske: ‘Bern yn in twatalige situaasje hawwe in foarsprong yn abstrakt tinken. As je fan jongs ôf oan al leare dat der mear wurden besteane foar bgl. gers ‒ gers, gras, grass of herbe ‒, dan leare je dêrtroch fleksibel mei taal om te gean. Dêr wurdt ek de yntellektuele ûntwikkeling fan in bern mei stimulearre.’ De sosjale ûntwikkeling is ek in

15


Niet in mijn Elf steden, niet in mijn heerlijkheden ben ik het meest mijzelf, maar in mijn taal, het instrument waardoor ik ademhaal. Ed Hoornik

belangrike faktor: ien dy’t fan jongs ôf oan yn mear talen leart te praten, sil him yn de takomst maklik(er) rêde kinne yn de wrâld. ‘Je ferbreedzje de hoarizon fan it bern.’ Yn de praktyk Yn Heech sitte sa’n 35 bern op it pjutteboartersplak, mei dêrûnder ek in soad Nederlânsktalige bern. Op de fraach oft it just foar dy bern net lestich is om Frysk te hearren en te praten, antwurdet Geeske dat dat o sa meifalt: ‘Tink mar oan de fakânsje: ast mei pjutten nei Frankryk giest, dan duorret it net lang foar’t se mei allegear oare bern yn it swimbadsje sitte te boartsjen. In bern fan dy leeftiid kommunisearret mar foar tweintich prosint mei wurden, de rest wurdt dien mei lichemstaal en mimyk. Je hoege dêrom net bang te wêzen dat in bern je net begripe sil. En as ik tink dat dat echt nedich is, dan fertaal ik dingen wol yn it Nederlânsk. Wy hawwe twataligens op in hiel natuerlike manier yn ús deibesteging ferfrissele. Ik praat Frysk mei de bern en elke helpjuf praat har eigen taal. De bern pikke alles samar op.’

16

Myn taal Yn de tiid dat Geeske yn it koar fan Hindrik van der Meer song, krige sy in tekst fan de Nederlânske dichter Ed Hoornik (1910-1970) ûnder eagen. ‘Dat gedicht jout presys myn gefoel foar de Fryske taal wer. Mei it koar songen we dy tekst faak. Dat is goed tritich jier lyn, mar it is altyd hingjen bleaun. Miskien sels in part fan my wurden.’

Marieke Vinckers is tekstskriuwer, sjoernalist en jout treningen en advizen op it mêd fan kommunikaasje. Sjoch ek op: www.davinckie.nl


Meartalich ûnderwiis, in deiboek Gellie Winkel

OBS De Pôlle út Marsum is in Trijetalige Skoalle. Dat betsjut dat de learlingen les krije yn trije talen: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Yn Fryslân hawwe goed fyftich skoallen dat trijetalige sinjatuer. Gellie Winkel is taal- en kultuerkoördinator oan OBS De Pôlle en jout les oan groep 3 en 4, middeis slút ek groep 5 oan. Spesjaal foar de Moanne hold ‘juf Gellie’ in deiboek by oer de meartalige aspekten fan it ûnderwiis yn Marsum.

17


Fan ’e middei hawwe wy ús Fryske middei. De bern fine it al lang net mear bysûnder dat se in hiele middei les krije yn it Frysk. Yn tsjinstelling ta de lessen yn it Ingelsk: de Ingelske moarn is populêr by myn learlingen. Ingelsk prate fine se wakker ynteressant. Mar goed, hjoed Frysk. Ik meitsje mei groep 5 in les út it staveringsboekje. It giet oer wurden mei –aai (kaai, draai, ensfh.). Troch de wurden sjen en klinke te litten ûntwikkelje de learlingen it wurdbyld. Dêrnei geane wy fierder mei wurden mei de begjinletter s: suster, saak, seis, stream, sipel. Ik fertel yn dizze groepen noch net dat in wurd yn it Frysk altyd mei in s begjint en noait mei in z. Dat is te dreech: it ferstean, praten en lêzen stiet sintraal. De bern sprekke de wurden goed út, útsein stream, dat sprekt in famke op syn Ingelsk út. Gjinien ferbetteret har, dêrút konkludearje ik dat se dy Ingelske klank hiel gewoan fine. Under it nifeljen prate de bern Frysk tsjin elkoar. Al helje se Nederlânsk en Frysk ek wolris trochelkoar. ‘Iemand hat de bledsjes der ôf lutsen’, hear ik in famke sizzen. It bart faker dat de learlingen de talen trochelkoar helje. Dat is logysk, it heart by it learproses. Nei skoaltiid hear ik fan de beukerliedster dat guon learlingen út groep 7 by har yn ’e klasse foarlêzen hawwe. It ferhaaltsje gong oer in hazze mei de namme Hero. Nei it ferhaaltsje fregen de âldere bern oan de beukers hoe’t it haske hjitte. No, Hero fansels, wie it antwurd. Wêrop’t in jonge út groep 7 fertelde dat dat ‘held’ yn it Ingelsk is. Trijetaligens yn in nutedop.

Juster wie der in mem dy’t ús beukerliedster net sa aardich behannele. De mem fynt dat de beukers tefolle Frysk oanbean krije. Hjoed beprate wy it foarfal yn it skoft. It team is it iens: de mem mei har miening hawwe en dy ek by ús dellizze, mar it jout gjin pas om dat midden yn ’e klasse te dwaan, wylst alle beukers der by sitte. Wy rinne oars noait tsjin sokke foarfallen oan. Doe’t wy twa jier lyn op it punt stienen om ús oan te sluten by it netwurk fan Trijetalige Skoallen, hawwe wy in âlderjûn belein. Dêr hawwe de âlders massaal krityske fragen steld, mar oan ’e ein fan ’e jûn stie elk achter it konsept. Ik fyn it hiel apart dat dy âlder dêr no noch mei komt, it is al sûnt it begjin fan it skoaljier belied dat de beukers trije Fryske middeis hawwe. Groep 4 hat de moarns Nederlânske taal. In dreech ûnderdiel dêrfan: sykje yn de sin ‘wa’t it docht’. Bygelyks yn: ‘Se hawwe nei de winkel west.’ Wa hawwe nei de winkel west? Se. It is wichtich dat de bern dat ûnderdiel goed yn de fingers krije, want it komt yn alle klassen werom. It giet goed. Ik bin grutsk op myn learlingen!

Tongersdeitemoarn is ús Ingelske moarn en dus is native speaker miss Irma op skoalle. Se bepraat earst mei alle learkrêften wat se mei de bern oefenje sil. De bern witte net dat miss Irma ek Nederlânsk prate kin. Sy praat binnen de skoalle konsekwint Ingelsk. Ek mei de learkrêften, ek yn it skoft. Myn Ingelsk ferbetteret

18


dêrtroch alle wiken. Twa jier lyn hawwe wy allegearre in Refresher Course English fan Anglia hân. It wie earst wol efkes dreech om Ingelsk te praten mei de folwoeksenen, mar nei de bern ta gie it eins hiel maklik. Dochs bin ik bliid dat ik net krekt lykas myn kollega fan groep 8 rekkenjen yn it Ingelsk jaan moat. Groep 3 en 4 krije earst mûnling Ingelsk fan miss Irma. Se lit wurdplaten sjen dy’t by de maitiid hearre. Tulip, bulb, picnic table, ensfh. By it tema ‘maitiid’ hearre in grut tal wurden dy’t de bern leare moatte, neffens ús Ingelske metoade. Alle wiken krije se tsien wurden oanbean. De measte wurden ha se no ûnder de knibbel. Ik hear se praten oer in rake (harke/túnklauwer), in vegetable garden with tomatoes, lettuce and spinach en ien jonge wol graach on a picnic with a basket and a blanket. De bern fine Ingelsk fan de native speaker geweldich. Miss Irma lokket se ek hiel goed út ’e tinte en hellet se sa allegearre oer de praatdrompel. As miss Irma nei in healoere wer fuortgiet gean ik troch mei de Ingelske les. De bern krije twa bledsjes. De iene mei Ingelske wurdsjes, de oare mei plaatsjes. De bern moatte de plaatsjes en de wurdsjes útknippe en de goede kombinaasjes byelkoar plakke. Guon wurden – lykas mill ‒ ha de bern noch nea earder hân. Mar de bern fan groep 4 fine it net dreech. Groep 3 hat der mear muoite mei. Wy slute ôf mei in Ingelsk ferske.

Krekt lykas alle moarnsskoften – útsein tongersdeis – jou ik Nederlânsk. Wy brûke de metoade Veilig Leren Lezen foar groep 3 en de metoade Taal en Spelling in Beeld foar groep 4. Mei groep 4 behannelje ik behalve it lêzen ek taal en stavering. It ûnderdiel wêrby’t de bern it ûnderwerp út de sin helje moatte, komt hjoed wer werom. De middeis hawwe de groepen 1 oant en mei 4 frij.

De moarns begjinne wy mei it bepraten fan it wykein. De bern fertelle wat se belibbe hawwe. Dat dogge se yn it Nederlânsk. Mannichien tinkt miskien dat sa’n kringgesprek in moaie gelegenheid is om elk yn de eigen memmetaal prate te litten, mar dat dogge wy net. Wy skiede de talen en dêr hâlde wy ús streng oan. Dat hat as gefolch dat de bern de talen ek better skiede en werkenne. Fan ’e middei is it wer in Fryske middei. Groep 3 en 4 krije Fryske les mei help fan de metoade De Lêsbrêge. De lêste wiken hawwe wy ûnder oaren oefene mei de lûden û, â en ú. De wurkblêden hawwe de bern samar klear. De bern fan groep 4 lêze de koarte sintsjes al hiel goed. Groep 3 lûkt him oan groep 4 op en sy lêze dus ek al hiel reedlik mei. Foardat wy nei gym geane, sjogge de groepen noch in ôflevering fan It Boskwyfke, fan de Fryske skoaltelevyzje. It wurdsje ‘tobbe’ komt der yn foar en dat kenne de bern net. Dus dat beprate wy noch even. Under gymnastyk fûn ik it yn it begjin noch wolris dreech om konsekwint Frysk te praten. Dat is no oer, it ritme fan de ferskillende Fryske en Ingelske mominten sit der goed yn!

19


The benefit of native speakers ‘ The love of your language, it’s the most essential ingredient for success’ Nynke van der Zee

If you ‒ being one of the few lucky ones ‒ have had English in primary school, you will probably recall the sneaky snigger in the classroom when the teacher started to sing in his corny-English accent: “Twinkul, twinkul, liddel stàr”. But let’s be honest, teaching in English isn’t easy when it is not your first language. Therefore, many trilingual primary schools in Friesland are glad to welcome a native speaker in their classroom. One of them is Irma van der Kruis, who swapped her uptight Gooische euhr years ago for a classic British ahr. 20


21

Cartoon: Geart Gratama


Van der Kruis, that doesn’t sound really foreign, does it? Laughing: ‘You’re right. I grew up in Laren, so I’m a Gooische vrouw actually. At the age of 20 and completely in love with an Englishman I decided to move to London. Later on I met my current husband Alan, born and raised in London. After living in the urban stir for more than nine years, we decided to move to quiet and easy going Friesland. In 1990 we ended up in Oudebildtzijl, where we both immediately were struck by the peace, space and silence of the impressive open landscape. It feels like living at the end of the world sometimes; the total opposite of our life in London. But it’s just what we needed.’ After 9 years in the City of London, how rusty was your Dutch? ‘I was surprised how quickly my Dutch vocabulary recovered. In contrast to my husband of course, who had never spoken Dutch before. By sticking little post its on doors, windows, the refrigerator he learned all the words. And I must admit: he’s a natural. At home now a days we’re using a mix of English and Dutch, because our kids were born here and speak Nederlands. It’s funny to see how both languages are essential parts in my life. My job as native speaker teaching the Frisian kids English completes the circle.’ In the classroom you’re still working with post its? ‘If that were true! No, my approach is to teach children this new language by playing with words, sounds and later on writing and pronouncing it. Particularly nursery children are very capable of understanding and using a new language. Playing, singing, dancing, everything is possible. For example, I show them balls with different colours and point at the blue one. Saying: ‘That’s the blue ball’ is enough to make it clear. Then I point at a

22

child and ask him: ‘Do you have something blue?’ Immediately all these little ones are busy searching for something blue: from their jeans down to their underwear. Great to see how quickly they adapt to a new situation.’ And after the underwear comes..? ‘When the kids grow older, in group 3 and 4, I introduce little games to rehearse the words. Therefore I also use flash cards, with all kind of subjects referring to a specific theme. For example body parts, when kids learn naming their nose, ears, eyes, head. We often play a game called Simon Says, which you can compare to the Dutch game ‘Commando Pinkelen’. On my command children have to point out their body parts. It’s a playful way to rehearse words and expand their vocabulary. From group 5 up till 8 we start with writing and reading. My job is to stimulate their understanding, reading and speaking.’ And all the time - from nursery aged kids to pubescent twelve year olds - you never say a word in Dutch? ‘My method is that I don’t speak Dutch in or around the school building. Not a word. That’s weird for most of the children at first. “Kun je ook normaal praten?” one of the kids asked me a year ago. Now they are used to talking English to me. It’s just a button they need to switch. When miss Irma is around the main language is English. And after a while I notice that it is becoming natural to all of my classes. By only using English I lower the bar for the children. ‘It doesn’t matter if you make mistakes, we are all here to learn’, that’s my vision.’ And how do the teachers respond? ‘The first reaction in the teacher room is a mixed feeling of shyness and awkwardness. Most of my colleagues feel a little embarrassed because they might only speak English on holiday. But after a while they loosen up.


Wêrom native speakers It fuortset ûnderwiis hie faak klachten oer de Ingelske útspraak fan de learlingen. Dêrom binne der sûnt 2007 native speakers oan it wurk op de skoallen fan it trijetalige netwurk.

foto: Linus Harms

Behalve it oanlearen

And I must say, the majority of them are good enough to excellent. That’s the whole thing: to feel comfortable in a foreign language. Compare it to maths or history; once you get to grips with the subject matter, it gets fun.’ What’s the benefit for a school bringing in a native speaker? ‘The main reason every primary school ‒ whether it is trilingual or not ‒ should engage a native speaker is because it’s the best stimulation for both children and staff. The word ‘native speaker’ says it all: it’s in our nature to speak English. We never switch back to Dutch, because we don’t have to. We know the words to explain difficult questions, we possess the knowledge behind the secrets of our grammar and most important of all: we share the passion for our language. To really stimulate learning a second or third language, you need that

fan in goede útspraak helpe se de bern oer de taaldrompel en soargje op in natuerlike wize foar it fergrutsjen fan de wurdskat.

kind of commitment. The love of your language, it’s the most essential ingredient for success.’ And your personal success ingredient? ‘Wearing a smile every day, I suppose. My goal is making English an easy and fun second language by being an inspiring role model. I’m searching for new elements every day; ways to make my time with the kids encouraging and instructive at the same time. See them in the last grade and hear them saying: I can do it, I dare to and English is fun. That’s my ultimate reward.’

Nynke van der Zee studearre sjoernalistyk en hat in eigen tekstburo ûnder de namme Nynke txt. Se is redakteur fan de Moanne. Sjoch ek: www.nynketxt.nl

23


De earste stappen fan it Meartalich Fuortset Underwiis Jelle Bangma

It Meartalich Fuortset Underwiis (MFU) stiet yn Fryslân noch yn ’e berneskuon. De pilot, dy’t trije jier ferlyn opset is, wurdt útfierd op it Liudger yn Burgum en op twa lokaasjes fan it Bogerman, yn Wommels en yn Koudum. Mar de skoallen binne entûsjast en de learlingen net minder. ‘En de prestaasjes fan de learlingen binne prima’, sa oardielet dosinte en koördinatrise Lieukje Leistra fan it Liudger. Alle reden foar in petear mei dy pionier fan it MFU.

24


foto: Linus Harms

Yn neifolging op de suksessen fan de trijetalige basisskoallen (3TS) en yn it belang fan de trochgeande learlinen, wie in ferfolch yn it fuortset ûnderwiis in logyske stap. De provinsje woe dêr wol oan en joech yn 2010 finansjele romte foar in pilot fan trije jier foar in trijetal skoallen, mei in begeliedende en koördinearjende taak foar Taalsintrum Frysk fan Cedin. Der waard foar keazen om op hafû-nivo tenei it fak skiednis yn it Frysk oan te bieden, plus in ekstra fak yn it Ingelsk. Skiednis yn it Frysk lei foar de hân, om’t der materiaal foarhannen komme moast by de 41 finsters fan de Fryske skiedniskanon. Lieukje Leistra is skiednisdosinte en tegearre mei skriuwer Jan Schotanus stoarte hja har op it meitsjen fan lessen by de 41 finsters. Tagelyk waard der foar keazen om de Afûk te freegjen

in Fryske oersetting te meitsjen fan de skiednismetoade Memo, de meast brûkte metoade yn it FU. ‘It wie in grutte útdaging om 41 moaie lessen te meitsjen’, glimket frou Leistra, dy’t mei nocht weromsjocht op dat skriuwproses. ‘De lessen oer “wetter” en “bûter”, dy typysk Fryske saken, dat wienen de aardichste lessen om te meitsjen. Mei de politike ûnderwerpen hie ’k mear muoite.’ Wylst hja romte krige om de lessen thús te skriuwen, moast hja de koördinaasje fan de pilot op it Liudger fansels ek yn ’e gaten hâlde. ‘It wie wol logysk dat ús skoalle yn ’e pilot stapte mei ien fan syn trije hafûklassen. Wy hawwe in namme heech te hâlden wat it Frysk oanbelanget, mar tagelyk sleat it oan by de natuerlike situaasje by ús op skoalle.

25


En der wie fansels al earder oantoand dat ekstra Frysk de resultaten fan it Nederlânsk net behinderje soe.’ De dosinte wiskunde, Gryt Strikwerda, doarst it wol oan om tenei har fak yn it Ingelsk te jaan en sa sette de pilot útein. Boppedat waard foar it fak Ingelsk in nije metoade oanskaft, mei de ôfspraak dat der tenei gjin wurd Nederlânsk mear klinke mocht yn it Ingelske lokaal. ‘Wy moasten dat earste jier ekstra omtinken jaan oan de âlders en ha trije âlderjûnen hâlden. Benammen op de twadde jûn wie der in soad soarch oer de ekstra stúdzjebelesting fan dy nije kombinaasjes. Dêrnei foel it kwartsje en wie it klear. Nei it earste jier haw ik in wiidweidich ûndersyk dien en dat yn in rapport beskreaun. De resultaten wienen prima en de learlingen wienen hiel posityf. Alle reden dus om it troch te setten.’ Nei dat earste jier wie ek it Bogerman safier dat hja mei twa lokaasjes oanheakken yn de pilot. Yn it twadde jier op it Liudger kamen der nije fakken by mei de fiertalen Frysk en Ingelsk. Tenei waard ek gymnastyk yn it Frysk jûn en ierdrykskunde yn it Ingelsk. Trije kear fiertaal Frysk en trije kear fiertaal Ingelsk, en sa soe dêr in jier letter, yn it tredde jier, op ’e nij in fak bykomme. Underwilens waarden de dosinten ekstra kursussen oanbean: Ingelsk of Frysk, ôfhinklik fan it ferlet. Lieukje Leistra liet har ferliede ta in twaddegraads oplieding Frysk en sy docht foar de simmer noch eksamen. ‘Yn dy trije jier binne wy geandewei allinne mar entûsjaster wurden. Dat komt foaral troch de learlingen. Dat binne echte ambassadeurs wurden. Se fertelle graach oer har aparte “status” op skoalle oan besikers of gasten dy’t by ús komme te sjen. Se fiele har grutsk en kompetint.’ Allegear lof en blommen, dus? Och, de realiteit is dat it Frysk moai meilift op de wjukken fan it Ingelsk. ‘Alders binne geweldich entûsjast, mar der binne ek dy’t kritysk bliuwe oer “safolle Frysk” en “wêr’t

26

dat foar nedich is”. Soks hoege jo foar it Ingelsk noait út te lizzen.’ Fierder bliuwt it foarearst by ien ‘hurd’ fak – skiednis – om’t materiaalûntwikkeling foar in nij fak in kostbere saak wurde soe. ‘Mar lit ús wiis wêze mei dat iene fak dêr’t no materiaal foar is’, sa seit frou Leistra, ‘en wat soe it moai wêze as op mear skoallen yn Fryslân skiednis yn it Frysk jûn wurde soe. It materiaal leit klear en eins moast it de gewoanste saak wêze dat de skoallen skiednis yn it Frysk jouwe. Krekt troch it Frysk komt de skiednis folle tichterby. Dus, ek al wol de skoalle it trijetalige konsept no noch net ynfiere, start mei skiednis yn it Frysk!’ De ferwachting is trouwens dat it yn ’e takomst hiel gewoan wurdt dat meardere fakken yn it Ingelsk jûn wurde, yn neifolging op it feit dat it Ingelsk yn it basisûnderwiis aanst ek in steviger plak krijt. Underwilens hat de provinsje besletten de pilot mei twa jier te ferlingjen, om mear skoallen de kâns te jaan om it meartalich ûnderwiis op te starten. Op it Liudger slute de earste learlingen yn it tredde jier de syklus ôf mei modules Fryske Taal en Kultuer. Utstapkes en oare aardichheden meitsje de modules ekstra oantreklik. ‘Sa hat de Fryske topkok Reitse Spanninga by ús op skoalle west en mei de learlingen oan ’t itensieden west.’ In kantine fol mei gasten koe dêrnei priuwe fan de hearlikheden, wylst de learlingen fansels soarge hienen foar Frysktalige útnoegings en menukaartsjes. ‘De learlingen binne Frysker wurden, dat sizze se sels. Se sizze ek dat se it Frysk faker skriuwe en bewuster it Frysk mûnling brûke. No, dat binne dochs moaie resultaten, of net?’

Jelle Bangma (1955) is ûnderwiisadviseur en koördinator fan Taalsintrum Frysk, ekspertisesintrum foar meartalich ûnderwiis.


Doorzeefd

Congressen en symposia, je kunt me er altijd wakker voor maken. En ik bof, want er gaat bijna geen kwartaal voorbij of ik mag weer aantreden. Het Mercator Research Centre, opererend onder de krachtige vleugels van het Center of Excellence de Fryske Akademy, is op het terrein van meertaligheid internationaal sterk profi lerend bezig. Taalwetenschappers uit heel Europa en soms ook daarbuiten worden ingevlogen om de meest recente stand van onderzoek uit de multilinguale doeken te doen. De problematiek kent een in de loop der jaren sterk toegenomen specialistische aanpak met vragen als: Wat is de invloed van de minderheidstaal op het gebruik van het stoffelijk bijvoeglijk naamwoord in de meerderheidstaal? Hebben sprekers van een streektaal in gematigde gebieden significant minder last van hoogtevrees dan vergelijkbare groepen in de subtropen? Leidt consequent volgehouden additieve meertaligheid tot een flexibeler denken bij politici uit sterk monoglotte, overbevolkte randstedelijke conglomeraties? De uitkomsten van dergelijke relevante onderzoeken zullen over enkele decennia zeker leiden tot praktische toepassingen in het leven van grote groepen Europeanen in het algemeen en dat van de Friezen in het bijzonder. Als het een beetje meezit misschien al in 2018, wanneer Leeuwarden en wijde omgeving, hopelijk meertalig, glorieert als Culturele Hoofdstad van datzelfde Europa. Bovengenoemde congressen kennen een ijzeren structuur. Van ’s morgens negen tot ’s middags vijf krijgt elk kwartier een spreker de gelegenheid om zijn of haar onderzoek te presenteren. Dat gebeurt in allerlei variaties van soms heel verrassend Engels. Als vier-eneen-halftalige inwoner van Fryslân is dat voor

mij in principe geen probleem. Het congres wordt slechts onderbroken door korte pauzes en de dienstdoende chairmen ‒ chairwomen komen in Fryslân nog nauwelijks voor ‒ zijn onverbiddelijk. Sprekers grijpen dan ook hun kans en spuiten in de hun toegemeten vijftien minuten een snelvuur aan wetenschappelijke bevindingen de zaal in. En omdat ze altijd twijfelen aan de luistervaardigheid van de aanwezigen ‒ inderdaad en helaas een nog altijd onderontwikkeld onderdeel van ons taalonderwijs ‒ lezen de geleerde inleiders voor alle zekerheid de teksten op het scherm ook nog eens voor. U begrijpt het al: na een groot aantal van die perfect uitgevoerde presentaties springen mijn gedachten alle kanten uit. Kort gezegd, ik ga, alle goede professionele meertalige wil ten spijt, doorzeefd ten onder. Kijk om me heen, krijg hevige dirty en andere minds aangaande de spreekster en ruik steeds duidelijker de frituur die een verdieping lager wordt opgestookt ter voorbereiding op het afsluitende en vooral verlossende onderdeel ‘get-together with bites and drinks’. Ik moet tijdens zulke woordmarathons ook voortdurend denken aan het klassieke pedagogische principe dat een mens hooguit een half uurtje achter elkaar tot geconcentreerd luisteren in staat is. Iedereen op de wereld weet het, maar niemand past het toe. Behalve met de bitterballen is er nauwelijks enige interactiviteit. Ja, hooguit na afloop snel één heel belangrijke vraag want we moeten wel binnen het schema blijven. Heerlijk, zulke ouderwetse congressen. Douwe Kootstra is meiwurker fan Taalsintrum Frysk. Hy hat namme makke as skriuwer fan reisferhalen mar skriuwt ek geregeld kollums, ûnder oare foar it magazine fan It Fryske Gea.

27


Trije talen op ’e pabo Henk Wolf

Op basisskoalle Ysgol y Garnedd yn it Welske Bangor hingje de muorren fan de lokalen fol mei papierkes dêr’t wurden op steane. ‘Der is dêr wier gjin rút of muorre dêr’t neat op hinget’, seit Ewoud van der Weide. ‘Alles wurdt by alle tema’s ek wer fernijd. Wy fregen ús wol ôf oft kaartsjes op alle ruten en muorren net wat tefolle fan it goede is.’ Dy ‘wy’, dat binne tolve studinten fan de trijetalige pabostream út Ljouwert dy’t yn jannewaris op ekskurzje west ha yn Wales. Mei twa dosinten en twa gidsen ha se in wike lang ûndersocht hoe’t meartalich ûnderwiis dêr organisearre wurdt. En dat is gâns oars as yn Fryslân, sa waarden se gewaar. Al dy papierkes oeral fûnen se ryklik gaoatysk. Mar de lessen dy’t se sjoen ha, dy wienen al ôfgryslike learsum. Ewoud syn klasgenoate Janna Reitsma wie ek mei. Se merkt op:

28

‘Wat my yn Wales opfoel, is dat de minsken der in soad wurkje mei transfer. Se krije de tekst yn it Ingelsk en moatte de antwurden yn it Welsk opskriuwe. Dat fyn ik in moaie manier fan wurkjen. Dat soe ik yn Fryslân ek wol mear sjen wolle. Se neame it dêr translanguaging.’ It idee fan translanguaging giet streekrjocht yn tsjin ien fan de wichtichste prinsipes fan meartalich ûnderwiis yn Fryslân. Janna: ‘Hjirre wurdt sein dat je de talen goed skiede moatte foar de struktuer. Dêr bin ik it foar in diel ek wol mei iens, mar je moatte just ek de talen kombinearje. Want dan pas kinne je de link lizze tusken wurden yn ferskillende talen en begripe wat der stiet. Dêrom soe ik it konsept fan translanguaging wol tapasse wolle hjirre yn Fryslân. Wol soe ik de wichtichste fakken yn it Nederlânsk jaan.’


In lokaal op basisskoalle Ysgol y Garnedd yn it Welske Bangor

Ewoud is in bytsje foarsichtiger: ‘Ik soe yn earste ynstânsje lesjaan sa’t it hjir foarskreaun wurdt: de talen skiede yn deidielen. Ik ha sjoen dat der oare manieren binne, mar wit net hoe’t dy útpakke sille yn it trijetalige ûnderwiis yn Fryslân. Wol soe ik eksperimintearje mei transfer tusken talen, om te sjen hoe’t bern dat ûnderfine. Taal net oerdrage, mar bern in taal eigen meitsje litte.’ Fyftich trijetalige skoallen Ewoud en Janna dogge al trije jier mei yn de trijetalige stream, in frijwillich programma neist de besteande pabo’s fan de hegeskoallen Stenden en NHL yn Ljouwert. It riedt de studinten ta op it wurkjen oan ien fan de fyftich trijetalige basisskoallen yn Fryslân. De stream is trije jier lyn begûn mei de groep fan Ewoud en Janna

as proefknyntsje. Yn harren jiergong sitte acht studinten fan Stenden en fjouwer fan ’e NHL. Se hawwe alle opstartproblemen meimakke, mar bliuwe dêr lakonyk ûnder en fine dat se in soad nuttige saken leard ha. Ewoud: ‘Ik ha foaral in protte taalfeardigens byleard troch ekstra lessen taalkunde, Frysk en Ingelsk, mar ek troch de talen sawol skriftlik as mûnling te brûken by projekten.’ Takom jier begjint de groep oan de lêste faze fan de trijetalige stream. Se folgje dan in healjier lang in saneamde minor oer meartaligens. Dan ferdjipje se har ûnder lieding fan Alex Riemersma, de lektor Frysk en meartaligens, 840 oeren lang yn alle aspekten fan meartalige didaktyk. Se leare en lêze in soad oer it ûnderwerp, dogge in ûndersykje en guon fan harren sille sels nochris nei in oar lân ta om dêr meartalich ûnderwiis yn ’e praktyk te besjen.

29


Foar Anita Senneker is de trijetalige stream noch nij. Sy sit yn it earste jier en krijt op it stuit in soad ekstra taalfeardigens. Anita: ‘By Frysk haw ik foaral in soad nije wurden leard. By Ingelsk haw ik eins foaral in protte wurden wer ophelle dy’t in bytsje fuortsakke wienen of dy’tst by it praten net brûkst. Ik haw in jier yn Amearika wenne en dêr op skoalle sitten. It Ingelsk fûn ik altyd al in moaie taal. As bern hie ik net safolle mei Frysk, mar dat feroare yn Amearika. Doe wie ik eins hiel Frysk-nasjonalistysk. Ik prate Frysk mei ús mem en fierder Ingelsk. Doe’t ik wer yn Fryslân wie, koe ik hast gjin Nederlânsk mear skriuwe. Ik wol hiel graach Fryske les jaan.’ Anita begjint aanst mei har earste staazje op in trijetalige skoalle, op De Twamêster yn Wergea. Se sjocht der tige nei út. Janna en Ewoud ha al wat mear praktykûnderfining opdien mei meartaligens yn Fryslân. Janna: ‘Yntusken ha ik op trije trijetalige skoallen staazjerûn, yn Wommels, Feanwâlden en

30

Makkum. Oant no ta binne myn ûnderfinings goed. De skoallen sette harren der foar yn om it goed op te setten. Dat sjochst werom yn de praktyk. Fierder fyn ik it goed dat Cedin ferskillende nivo’s foar trijetalige skoallen makket. Sa kinne je sjen yn hokker stadium je sitte en hoe’t je fierder wat opbouwe kinne. Want de iene skoalle is de oare net. Feanwâlden is bygelyks al folle fierder as Makkum.’ Net wichtich genôch Ewoud: ‘Ik ha no al op hiel wat skoallen sjoen en just it ferskil tusken reguliere en trijetalige skoallen joech foar my de trochslach om de trijetalige stream te dwaan. Op reguliere skoallen wurdt faak amper Frysk jûn. Yn it begjin tocht ik dat dat faaks allinne stedsskoallen wienen, mar ik ferbaasde my deroer dat der ek in protte doarpsskoallen binne dy’t it Frysk net wichtich genôch fine. It Ingelsk komt pas yn groep 7 oan bod, wylst de bern yn de jierren dêrfoar al safolle yn oanrekking kaam binne mei dy taal. Skande


van links naar rechts: A nita Senneker (21) komt út Dokkum. Se hat yn 2010 in jier yn Amearika wenne en dêr op skoalle sitten. Anita sit yn it earste jier fan de (trijetalige) pabo op hegeskoalle NHL yn Ljouwert. Janna Reitsma (22) wennet yn Easterein. Foar de pabo hat se in oplieding ta ûnderwiisassistint muzyk folge. Se sit yn it tredde jier fan de (trijetalige) pabo op hegeskoalle Stenden yn Ljouwert. Ewoud van der Weide (21) komt út Rien. Hy hat earder in oplieding foar ûnderwiisassistint dien en sit yn it tredde jier fan de (trijetalige) pabo op hegeskoalle Stenden yn Ljouwert.

om dêr net yn te ynvestearjen, want je kinne der safolle úthelje.’ De studinten binne derfan oertsjûge dat trijetaligens allinne wurket as alle learkrêften meidwaan wolle. Janna: ‘Ik fyn wol dat trijetalich ûnderwiis soms brûkt wurdt as lêste rêdmiddel foar lytse skoallen. Se wolle bern winne en dus wurde se mar in trijetalige skoalle. Je moatte der as team foar de folle hûndert persint efter stean, want je moatte der wol aardich wat foar dwaan.’ Ewoud: ‘It is dúdlik te sjen dat de trijetalige fisy troch it hiele team droegen wurde moat. Dat rint faak mis, trochdat der fanwegen de krimp in protte mei learkrêften skood wurdt en der nije learkrêften yn it team komme. Dan begjint it eins wer fan foaren ôf oan.’ Neffens Ewoud binne der ek praktyske problemen: ‘Ein ferline jier ha wy in enkête ôfnaam ûnder learkrêften op in tal trijetalige skoallen. Dêr die út bliken

dat der twa stroffelblokken binne ‒ de taalfeardigens fan de learkrêft en fierder materialen en jild.’ Wat it earste oanbelanget is Janna fan betinken dat se in soad leard hat. Doch seit se: ‘Ik hie eins wol mear taalkunde fan it Nederlânsk ha wollen. Op de pabo krije je no allinne mar hoe’t je de bern dingen oanleare. Mar gewoan ûntleding soe ik noch wolris ha wolle.’ Dat stimt Ewoud har mei. Anita is ek wiis mei de lessen taalkunde: ‘Ik fûn de lessen oer de skiednis fan it Nederlânsk it nijsgjirrichste fan de trijetalige stream. Sokke dingen learst normaal net.’ Wat it twadde probleem oanbelanget is Ewoud kritysk: ‘It allergrutste stroffelblok binne de materialen en it jild. Om mear te dwaan mei talen binne materialen nedich. Nederlânske materialen binne der genôch, de Fryske en Ingelske materialen rinne fier efter. Tink oan lêsboeken, mar ek oan metoaden.’

31


Wat: trijetalige stream fan de pabo Wêr: NHL en Stenden yn Ljouwert Wa: 51 studinten Wêrom: om better taret te wêzen op it lesjaan op in trijetalige basisskoalle Wannear: sûnt 2010 Hoe: Jier 1: in healjier lang ekstra lessen taalkunde, Frysk en Ingelsk, mei ôfslutende eksamens by de Afûk (Frysk-A) en de Cambridge-universiteit (First Certificate of English). Jier 2 en 3: staazje op in trijetalige skoalle, ekskurzje nei Wales, stúdzjedagen oer meartaligens, yn projekten oefenje mei Ingelsk, fakken folgje yn it Frysk en Ingelsk yn stee fan yn it Nederlânsk. Jier 4: minor meartaligens, eventueel bûtenlânferbliuw.

De hiele pabo trijetalich De trijetalige stream telt op it stuit 51 studinten, ferdield oer trije learjierren. De twa Ljouwerter hegeskoallen ha de stream opstart, om’t it groeiende tal trijetalige skoallen hieltyd mear klage dat it taalnivo fan de pabostaazjerinners en fan nije, jonge learkrêften te leech wie foar it spesifike konsept fan harren skoalle. De stream hat soarge foar in yntinsive gearwurking tusken de kristlike pabo fan Stenden en de iepenbiere fan ’e NHL. En mei it fjild. De ynfolling fan it programma is ta stân kaam op basis fan advizen fan ferskate learkrêften fan trijetalige basisskoallen. Boppedat hawwe tsientallen learkrêften fan trijetalige basisskoallen en fan skoallen dy’t dat wurde wolle de ôfrûne pear jier bylessen Frysk en Ingelsk folge by de twa hegeskoallen. De trijetalige stream hat ek soarge foar nauwe bannen tusken Stenden, NHL en ferskate meartalige learare-opliedings yn it bûtenlân. Benammen mei de twatalige learare-oplieding yn it Welske Bangor wurde yntinsive kontakten ûnderholden. Underwiiskundige

32

Gwyn Lewis fan dy ynstelling hat as adviseur in wichtige rol spile by it opstarten fan de trijetalige stream yn Ljouwert. Hy hat de Fryske dosinten en studinten dit jier ek te wurd stien by harren besite oan Wales en harren de eagen iepene foar oare foarmen fan meartalich ûnderwiis. Ewoud: ‘Talen leare je dêr gewoan troch op strjitte te rinnen. Alle paadwizers binne twatalich. Se binne dêr echt grutsk op harren taal, wylst Friezen al gau yn it Nederlânsk begjinne. It Frysk soe hjir ek folle mear sichtber wurde moatte.’ Stenden hat wylst in ekstra stap set. De hegeskoalle is nammentlik dwaande om syn pabo folslein trijetalich te meitsjen; doel is dat oer in pear jier alle pabostudinten op ’e Ljouwerter fêstiging fan Stenden yn ’e praktyk ûnderfine hoe’t it is om nije kennis op te dwaan troch middel fan de talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk.

Henk Wolf (1973) is taalkundige en jout kursussen taalkunde en taalfeardigens oan de NHL Hogeschool.


Reitze J. Jonkman

Wêrom moatte der toetsen komme foar it Frysk? Toetsen is it ûndersykjen fan hoe goed oft ien wat wit of kin. Dat hat fansels alles mei learen te krijen. As ien leart, dan wit of kin er neitiid mear. Mar hoe witte wy oft ien wat mear kin of wit? Yn it ûnderwiis betinke leararen allerhanne repetysjes, proefwurken, oerhearringen, testen ensafuorthinne foar harren eigen klassen of groepen. Nei sokke toetsen rôlet dêr in sifer út dat op in rapport komt te stean en dêrmei witte de âlders dat har bern in ‘foldwaande’ of in ‘ûnfoldwaande’ hat. Elke learaar, meie wy oannimme, docht dat op in earlike wize om elke learling rjocht te dwaan. As dat net sa is, sil in team of in teamlieder yngripe. Mar witte wy ek by in yntegere toetsing troch in yndividuele learaar op watfoar objektyf nivo de learling,

de klasse of de skoalle sit? Hoe goed oft de bedoeling ek is fan dy learaar, de kritearia foar foldwaande of ûnfoldwaande binne foar in part troch de tafallige omstannichheden fan dy skoalle bepaald. Der is no yn dizze tiid fan ‘opbringstrjochte’ ûnderwiis ferlet fan nije objektivere toetsen, dy’t basearre binne op algemiene kritearia, fêststeld op grûn fan útkomsten út represintative stekproeven, ek foar it Frysk. Dêrmei kinne jildige en betroubere nivo’s fan de learling, klasse en skoalle metten wurde.

33


Objektyf nivo Foar it mjitten fan it objektive nivo foar de behearsking fan in frjemde taal hat de Ried fan Europa it saneamde Europeesk Referinsje Kader (ERK) betocht. Oan de hân fan konkrete taalprodukten lykas in ynformeel briefke, in skoalopstel oer in ienfâldich ûnderwerp, in sollisitaasjebrief, in polityk betooch of in wittenskiplik artikel kin in objektyf nivo fêststeld wurde foar de skriuwer fan sa’n produkt. Mei de saneamde Ik-kin-beskriuwingen lykas: ‘Ik kin sinnen en regelmjitttich foarkommende útdrukkingen begripe dy’t te krijen hawwe mei dingen fan direkt belang en kin prate oer simpele en deistige taken dy’t in ienfâldige en direkte útwikseling oer fertroude en deistige kwestjes fereaskje.’ Wat yngewikkelder de taaltaken dy’t ien dwaan kin, wat heger it nivo dêr’t ien sit. Toetsen foar Ingelsk as Anglia en it Cambridge Certificate hawwe soartgelikense kritearia om it nivo fan in learling fêst te stellen. Dy binne earst fêststeld nei grutskalich ûndersyk. In resinte ûntjouwing foar it ûnderwiis yn Nederlân, en dus ek yn Fryslân, binne de kritearia dy’t steld wurde troch it Nederlânsk Referinsjekader foar (Nederlânske) Taal en Rekkenjen mei de saneamde fjouwer Funksjonele nivo’s: basisskoallelearlingen moatte oan de ein fan har skoalle op 1F-nivo sitte, vmbo-TG’ers op 2F, havo’ers op 3F en vwo’ers oan de ein op 4F. Ek dêrmei wurdt it behearskingsnivo oanjûn oan de hân fan konkrete taalprestaasjes. It nije toetsen is al oanwêzich yn Fryslân of sil dat yn alle gefallen de kommende tiid wurde. Nije toets foar it Frysk Alle reden om ek foar it nivo fan de behearsking fan it Frysk sa’n soarte fan nije toets te ûntwikkeljen. It Frysk sil ommers mei de beoardieling fan oare talen ferlike wurde, benammen dy fan it Nederlânsk en it Ingelsk. Krekt dêrom moatte der objektivere en betrouberdere kritearia komme om de

34

behearsking fan in taal te beoardieljen. De fraach nei dy objektivere kritearia is al hiel konkreet útsprutsen troch de Ynspeksje fan it Underwiis. Dy hat yn it rapport Tussen wens en werkelijkheid (2009) oanjûn dat it ûnderwiisnivo fan it fak Frysk yn de basisfoarming net foldwaande is. Fierders wurdt konstatearre dat der kwalik sprake is fan in systematyske evaluaasje fan de resultaten en dat der in tekoart oan toetsen is. Haadynspekteur Rick Steur sei it lêsten nochris op in konferinsje oer toetsing fan it Frysk yn it basisûnderwiis: ‘Wy komme pas wer as wy de learopbringsten sjen kinne dy’t substansjeel binne.’ En noch wichtiger yn dit ferbân: ‘Toetsútslaggen moatte brûkt wurde by de fertaalslach nei it learen yn de klasse.’ Toetsen en lesjaan steane dus yn direkt ferbân mei inoar. De nije toetsen kinne in better ynsjoch jaan oangeande hokker ûnderdielen de learling wol yn de macht hat en hokker ûnderdielen net. De nije toetsen hingje gear mei de digitalisearring dêrfan. De nije kompjûterprogramma’s binne sa opset dat it programma ‘sjocht’ wat de sterke en de swakke punten fan ien binne. Direkt nei it ôfnimmen fan de toets wurdt foar de yndividuele learling in oersjoch jûn fan wat syn nivo is op de skaal 1F oant en mei 4F (of yn de ERK-termen A1, A2, B1, B2, C1), en wat ûnderdielen ferbettering nedich hawwe. De kompjûter kin fuort in oefenprogramma op dy ferbetterpunten oanbiede. In gruttere differinsjaasje foar elke learling wurdt mooglik makke. De learaar hoecht net foar de hiele klasse it boek fan haadstik nei haadstik ôf te rinnen, mar kin in op de learling tasniene rûte folgje. Dat is net allinnich effektiver, mar ek motivearjender foar de learling, omdat er wit wêr’t er oan wurkje moat om foarút te kommen. Foar Nederlânsk binne op it stuit fan dy programma’s op de merk. Bygelyks Diataal en Score. Ek it Cito wurket oan sa’n systeem, mei de namme Squla.


erk-nivo tiidwurd

namme

foarbyld

c1

Alle kombinaasjes (ek ypy-konstruksje

Gean hinne en tel dy appels

b2

Trije/fjouwer tiidwurden yn tiidwurdkloft

Hy fûn dat er dy appels telle moatten hie / telle moatten hawwe soe.

b1

Kombinaasje mei oare frekwinte tiidwurden

Ik ha de apels telle kinnen.

a2

Twa tiidwurden yn tiidwurdkloft

Ik tocht dat ik de appels teld hie / Ik bin de appels oan it tellen.

a1

no- en doetiid (e-)tiidwurden

Ik tel(de) de appels / Ik ha de appels teld / Tel dy appels!

Hoe moat sa’n toets foar de behearsking fan it Frysk der dan útsjen? Hjirboppe is al neamd dat der foar de beoardieling fan it Frysk benammen nei dy fan it Nederlânsk en it Ingelsk sjoen wurde sil. It sjen nei de foarbylden fan Anglia en dy fan it Referentiekader Nederlânske Taal leit dan ek yn de reden. It lektoraat Frysk en Meartaligens fan NHL-Stenden is dêrom al begûn om in saneamde Frisiatoets te ûntwikkeljen neffens Anglia-model. Foar de fêststelling fan de nivo’s wurdt sjoen nei dy fan it Referinsjekader foar Nederlânsk. Op grûn fan represintative groepen learlingen fan basisskoalle oant en mei 6-vwo sille kritearia opsteld wurde oan ’e hân wêrfan’t in algemiener en objektiver behearskingsnivo fêststeld wurde moat. Underdiel fan it ûndersyk sil ek wêze te bepalen wannear’t in learling oan beskate punten fan grammatika ta is. Bygelyks by it ûnderdiel Tiidwurden (sjoch kader), brekking, meartalsfoarming, ensfh.

Dan kin der yn de kommende tiid in toets ûntstean dy’t yn it grutte ferlet fan in objektivere en betrouberder toets foarsjen kin. It ûnderwiis kin syn foardiel dêrmei dwaan en de ynspeksje hat dan it ark om dat fêst te stellen.

Reitze J. Jonkman is lid fan de kennisrûnte fan it lektoraat Frysk & Meartaligens; dosint Frysk CVO Zuid-West Fryslân.

35


Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen De lêste jierren is de oandacht foar minderheidstalen yn Europa tanommen. Mercator, it Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen yn Ljouwert, hat dêr oan bydroegen. Mercator hat as doel om it bewustwêzen oangeande minderheidstalen en meartalich ûnderwiis yn Europa te ferheegjen. Wat soe de Fryske boarger eins witte moatte? Fiif fragen oan Cor van der Meer. Wêr wurdt Frysk praat yn Europa? De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn NoardFryslân en Sealterlân yn Dútslân. Hoefolle minderheidstalen binne der yn Europa? Der binne ûngefear sechtich minderheidstalen dêr’t de offisjele definysje fan it language charter yn acht nommen wurdt. Der binne lykwols folle mear minderheidstalen, bygelyks dy fan de Dútske minderheden dy’t oer hiel Europa ferspraat binne. Yn Europa sprekke ûngefear 55 miljoen minsken

36

in minderheidstaal (rûge skatting). Dat is sa’n tsien prosint fan alle Europeeske ynwenners. Yn alle Europeeske lannen wurde minderheidstalen sprutsen, útsein Yslân. Wat soe de Fryske taal noch fersterkje kinne, fergelike mei Baskelân en Wales, dêr’t se it hiel goed foarelkoar hawwe? Om mei te begjinnen, de Basken en de Welsh wrakselje ek mei harren taal, it is net sa dat sy it op alle terreinen better dogge. Ut ien fan ús lêste projekten (Language Rich Europe) kaam ûnder oaren it folgjende nei foaren: Yn it basisûnderwiis yn Fryslân hawwe de measte skoallen op syn heechst ien oere wyks reservearre foar it Frysk (útsein de trijetalige skoallen); dat is net genôch om de leardoelen te heljen. Allinnich it tal lesoeren Frysk ferheegje is net genôch om dat te ferbetterjen:


kinne wy wol sizze dat de Fryske taal as minderheidstaal in goeie middenmoater is yn Europa.

net allinnich de kwantiteit moat omheech, ek de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis moat better. Kwaliteit en kwantiteit geane hân yn hân. Yn it bysûnder moat de learare-oplieding fierder ferbettere wurde, sadat der mear en better kwalifisearre leararen beskikber komme, mei spesifike kennis op it mêd fan it lesjaan yn in meartalige omjouwing. ‘Content and Language Integrated Learning’ (CLIL) is in goede wize om it tal oeren dat bestege wurdt oan Frysk ûnderwiis te ferheegjen, sûnder tiid op te slokken fan oare fakken. CLIL wurdt brûkt op trijetalige skoallen yn Fryslân (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk wurde dêr brûkt as fiertaal by oare fakken); dy skoallen binne in goed foarbyld fan hoe’t mear learlingen ynteressearre wurde kinne foar twa- en trijetalich ûnderwiis. Watfoar posysje nimt it ûnderwiis yn it Frysk yn ast it fergelikest mei ûnderwiis yn oare minderheidstalen? Yn it ûnderwiis is der romte foar strukturele oandacht foar it Frysk. Jammer genôch wurdt der net foldien oan de ûndertekene ferplichtings dy’t fuortkomme út it Europeesk Hânfest foar Regionale- en Minderheidstalen. Yn in stúdzje út 2009 fan Mercator waard al dúdlik dat it oantal foar Frysk beskikbere oeren yn elts gefal tusken de fjouwer en seis oeren yn de wike lizze moat om te foldwaan oan de easken fan it hânfest. Oer it algemien

Baskelân hat in yn ferhâlding sterk meartaligensprofyl yn it basis- en fuortset ûnderwiis wat Spaansk, Baskysk en de wichtichste frjemde talen (oanfierd troch it Ingelsk) oanbelanget. Yn it heger ûnderwiis, de skreaune parse, de publike sektor en it bedriuwslibben winne meartaligensprofilen fluch oan reliëf en ynfloed. Yn ’e takomst wurdt ien en oar fêstlein en fersterke, troch by de ûntwikkeling fan it ûnderwiissysteem oan te stjoeren op meartaligens. Yn Wales wurdt der oanhâldend omtinken en muoite bestege oan de gelikense behanneling fan Welsh en Ingelsk. Op it mêd fan ûnderwiis is grutte foarútgong boekt, mar yn oare sektoaren falt noch in soad wurk te dwaan. Beide talen wrakselje mei it feit dat studinten op lettere leeftiid (nei it sekundêr ûnderwiis) harren wer folle mear rjochtsje op de nasjonale taal. Frjemde talen en ymmigrantetalen binne amper oanwêzich, sels yn ’t ûnderwiis. Is de groeiende grutskalichheid (Europa) net in grutte bedriging foar minderheidstalen? De lêste jierren is de oandacht foar minderheidstalen yn Europa tanommen. Troch de technyk en ynternet kinne de sechtich minderheidstalen goed gearwurkje en harren lûd en miening hearre litte yn Brussel. Mercator is troch syn platfoarmfunksje yn Europa dêryn in wichtige spiler. Troch de gearwurking binne de Europeeske fûnsen en ûndersyksprogramma’s makliker tagonklik en beskikber foar de lytse talen. De ekonomyske krisis is dan earder in bedriging fanwege de besunigings op kulturele saken en wichtige programma’s foar lytse talen, lykas dy op it mêd fan meartaligens. Cor van der Meer is haad fan Mercator.

37


De stúdzje Frysk, in jier letter Nienke Jet de Vries

Oeral yn Nederlân, en ek yn it bûtenlân, wurde de universitêre taal- en letterkundestúdzjes hurd troffen troch besunigings en reorganisaasjes. De stúdzje Fryske taal en kultuer liket de dûns lykwols ûntsprongen te wêzen. Dat is net fansels gien, nee, dêr is hurd foar striden, troch dosinten, studinten en Fryske polityk en organisaasjes. Der is alles op alles setten om de stúdzje better út de striid komme te litten as dat dy deryn gie. Ferline jier skreau Tsjomme Dijkstra oer de ûnwisse sitewaasje dêr’t de stúdzje Frysk yn de Moanne fersyld rekke wie. Underwilens binne we in jier fierder en nei hurd wurkjen hinget de flagge der hiel oars by. In petear mei heechlearaar Frysk Goffe Jensma. 38


Ek oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr’t de stúdzje Frysk ûnderbrocht is, wurdt flink yn de tale-opliedings snien. Wetlik wurde fakulteiten en stúdzjes ôfrekkene op it tal studinten en foar it Kolleezje fan Bestjoer en de letterefakulteit yn Grins hat dat oanlieding west ta drastyske besunigings. Heechleararen en dosinten wurde massaal ûntslein en lytse tale-opliedingen foar Deensk, Noarsk, Finsk en Hongaarsk ferdwine alhiel, wylst oaren gearfoege wurde ta de bredere stúdzje Europeeske talen en kultueren (ETK), dêr’t fan ’t jier mei úteinset is. Frysk yn Grins Foar it Frysk, dat altyd al relatyf lege oantallen studinten hie, liken dy maatregels ek fataal út te pakken, nettsjinsteande it feit dat it Frysk de twadde rykstaal is. De stúdzje drige by de brede bachelor ETK ûnderbrocht te wurden, mar bliuwt, yn in oare foarm as earder, selsstannich bestean. Heechlearaar Frysk, prof.dr. Goffe Jensma, seach de bui hingjen. Al langer wie hy dwaande de oplieding te ferbreedzjen. Nei oanlieding fan de driigjende besunigings en reorganisaasje, hat er op fersyk fan de provinsje en it bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins syn ideeën fierder útwurke yn in plan foar in nije Ingelsktalige bacheloroplieding Minorities and Multilingualism. Yn it petear dat de Moanne hie mei Jensma binne wy dêr djipper op yngien. Jensma: ‘It wie dúdlik dat der in ommeswaai komme moast. Je soene fansels sizze kinne, it Frysk is de twadde rykstaal en ek al is der mar ien studint, it fak moat jûn wurde. Yn it hjoeddeistige krisisklimaat is dat lykwols net hâldber. Je moatte soargje dat je mear studinten krije, oars wurde je weibesunige. Mar hoe dogge je dat?’ Minderheidstalen en meartalichheid Jensma jout oan dat der neffens de âlde stúdzje-opset fjouwer aksinteferskowingen nedich binne. Yn it foarste plak moat der mear omtinken komme foar de problematyk

fan hjoed-de-dei en minder omtinken foar dy út it ferline. Dat betsjut konkreet dat der wat minder skiednisfakken jûn wurde en wat mear fakken dy’t har rjochtsje op de analyze fan aktuele politike en taalkundige problemen. In twadde punt dat ferbettere wurde moast, is de falorisaasje fan de stúdzje en it dêrby hearrende ûndersyk. It belang en de wearde fan de stúdzje foar de maatskippij moat mear opsocht en ek útdroegen wurde. Treds moat it ûndersyk mear yn tsjinst komme te stean fan it ûnderwiis. Dat hâldt twa dingen yn: it ûndersyksprogramma moat oanpast wurde oan it profyl fan de oplieding as gehiel en it soe eins mear rjochte wêze moatte op ûnderwerpen dy’t it ûnderwiis en de maatskippij foarút helpe. Dêryn moatte ek de studinten en promovendi mear behelle wurde. Dat is in ûntwikkeling dy’t rûnom oan universiteiten al plakfynt. By dat alles is ek it útgongspunt feroare. Earder lei de fokus op it Frysk allinne. No leit de fokus op minderheidstalen en meartalichheid, wat him goed demonstrearje lit oan de hân fan it Frysk. It giet derom dat de studinten leare om sitewaasjes te ferlykjen en yn har kontekst te sjen. De ferlykjende slach dy’t makke wurdt, soarget derfoar dat je je eigen sitewaasje ek better op wearde skatte kinne. Dat makket de stúdzje riker. Mear studinten By de âlde stúdzjefoarm wienen de studinten benammen fan Frysk komôf. De nije foarm makket de stúdzje foar in breder, ynternasjonaal publyk tagonklik. De stúdzje sil dan ek net allinnich frisisten ôfleverje, mar boppe-al eksperts op it gebiet fan minderheidstalen en meartaligens. De stúdzje dy’t, at er ienkear draait, dochs wol tusken de 20 en 30 studinten yn it jier lûke sil, kin ek net allinnich mar frisisten ôfleverje, om’t it ferlet op de arbeidsmerk rûsd wurdt op sa’n fiif ôfstudearre frisisten yn it jier. Alle ôfstudearre studinten hawwe

39


mei de nije oplieding lykwols in reële kâns op wurk bûten de frisistyk, op gâns ferskillende mêden. De problematyk fan meartaligens en minderheden spilet ommers oeral op ‘e wrâld en sil tanimme trochdat der folle mear ferhuze wurdt. Dat mei har kennis fan saken kinne ôfstudearre studinten harren ekspertize wrâldwiid ynsette. Dêrby moat tocht wurde oan regionale en (ynter) nasjonale oerheden, mar ek oan grutte en ynternasjonale organisaasjes lykas de UNESCO en de NAVO. Ir programma It nije program is opboud út twa ferskillende dielen. It iene diel (twa fan de yn totaal trije jier) wurdt troch elkenien folge en rjochtet him op de teory en metodology fan minderheden en meartaligens, mei fakken oer taalkunde, taalkontakt, meartaligens en it bedriuwslibben, en de rol fan media. It twadde diel stiet fêst foar de studinten dy’t har eksplisyt op it Frysk rjochtsje. Yn dat diel sjogge we ek de fertroude fakken út it âlde program werom, lykas skiednis fan Fryslân, Fryske literatuer en taalfeardigens. Foar studinten dy’t har net op it Frysk rjochtsje, kin dat paad ynfolle wurde mei elke tinkbere minderheidstaal. Dat wurdt net yn Grins jûn, dat yn dat gefal sil de studint in skoft yn it bûtenlân studearje. Om dy studinteútwikseling te realisearjen, binne de dosinten drok dwaande mei it lizzen fan ynternasjonale kontakten. Jensma: ‘It program wurdt hiel posityf ûntfongen, yn binnen- en bûtenlân. Minsken dy’t je deroer hearre, binne entûsjast en fine it fernijend.’ De sinteraasje foar de bacheloroplieding is lang om let rûnkaam, wêrmei’t de stúdzje yn septimber 2013 echt úteinsette kin. Jensma: ‘It is in swiere fyts, dat it is hurd traapjen yn it begjin. We hawwe no wol tastimming om dit program út te fieren, mar der moatte noch wol allerhanne burokratyske prosedueres trochwurke wurde. Dat duorret lang en kostet in hiel soad tiid. ’

40

Nije masteroplieding yn Ljouwert Njonken de bachelor Minorities and Multilingualism sil yn septimber 2013 ek de nije masteroplieding Multilingualism úteinsette. Dy master sil jûn wurde yn Ljouwert en is dêr ûnderbrocht by de University Campus Fryslân (UCF). De UCF is in gearwurkingsferbân tusken ferskate Nederlânske universiteiten en Fryske kennisynstellings, en foarmet in nij sintrum foar wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk yn Fryslân. De master Multilingualism is in gearwurking tusken de Ryksuniversiteit Grins en de NHL hegeskoalle yn Ljouwert. Troch de lokaasje sitte de studinten midden yn har ûndersyksgebiet, de meartalige sitewaasje. Krekt lykas de bacheloroplieding wol ek de masteroplieding ynternasjonale studinten rekrutearje. Dy nije master foarmet foar studinten dy’t de bachelor Minorities and Multilingualism folge hawwe in prachtkâns om in meartalige sitewaasje, yn Fryslân of de wrâld, fierder út te djipjen. Beslút It besteansrjocht fan de stúdzje Frysk like lange tiid ûnwis, mar yn syn nije jaske is de stúdzje ryp en ree op de takomst. De studint Frysk set koers nei de wrâld, dat der sil foar de stúdzje in nij tiidrek oanbrekke, mei ynternasjonale studinten en kontakten. De tiden feroarje en de stúdzje Frysk feroaret mei.

Nienke Jet de Vries is haadfakstudinte Frysk yn Grins, se sit yn it tredde jier fan de bachelor.


41

Cartoon: Geart Gratama


MULTILINGUALISM IS HOT, WHY? Meartalichheid is feitliks gjin keunst oan. Jo krije it mei en profitearje derfan. Dat hat net altyd sa west. Feitliks fiere talen altyd oarloch mei inoar, foaral as de iene dominant is en de oare sichtber en hearber terrein ferliest. Krekt dan komme minsken – idealisten, perverselingen – yn aksje. En wittenskippers fansels. Wat hâldt it ûndersyk nei it talige fermogen fan minsken krekt yn? En hoe komt it dat meartalichheid de lêste tiid sa’n trend liket te wêzen? Trije eksperts út it fjild jouwe antwurd.

42


Jasone Cenoz Professor of Research Methods in Education, University of the Basque Country, UPV/EHU

Multilingualism has a long history and famous multilingual individuals have always been admired. Some examples are Cardinal Giuseppe Caspar Mezzofanti (1774-1849), who spoke at least 38 languages and John Bowring (1792-1872), an English politician and economist, who was fluent in 100 languages and had a basic understanding in many more. Being able to communicate in other languages has also been traditionally part of the skills of a well-educated person. Multilingualism is not a new phenomenon but there are several factors that have contributed to its spread and greater visibility in the last years. One of the most important factors is globalization including transnational mobility of the population, and the spread of new technologies. Another factor is the spread of English as a language of international communication. In fact, speakers of any other language often need English to communicate not

only with speakers of English but also with speakers of any other language. The promotion and development of some minority languages such as Frisian, Basque or Welsh also contributes to the development of multilingualism. Multilingualism has specific characteristics nowadays. It is no longer associated with some professions or social strata because the spread of education and globalization have made multilingualism more available for the whole population. Moreover, multilingualism has spread over different parts of the world and is not limited to geographically close languages and special borders or trade routes. Multilingualism is seen nowadays as a positive asset for individuals and societies. Researchers are trying to identify specific neurological, psychological and social characteristics of multilingual individuals that make them unique as compared to monolinguals.

43


Gwyn Lewis Deputy Head of the School of Education, Bangor University

In Wales of the 21st Century, bilingual education (i.e. Welsh and English) has an increasingly high profile and – alongside other countries where bilingual and multilingual education flourishes – Wales has a long and distinguished history of minority language education as it shares international leadership of bilingual education policies and practices. The advantages of bilingual education in the Welsh context have been summarized succinctly in the Welsh Government’s WelshMedium Education Strategy (Cardiff, 2010: 2.18): The advantages that bilingualism can bring are well documented. These range from the direct advantages of being able to use particular languages (for example to communicate with family members and wider social networks or to enhance career opportunities) to the more general advantages of promoting cognitive skills, increasing mental agility and broadening speakers’ range of cultural experiences. Research … reveals that bilingualism enhances attention and cognitive control in children and older adults . . . and that speakers of two languages find it easier to focus on a range of tasks,

44

blocking out potential distractions. Providing opportunities for speakers to develop their bilingual skills through education therefore makes a valuable contribution to a broad range of social and cultural experiences. Welsh-medium and bilingual education is in great demand in Wales today, as it continues to develop and flourish in the twenty-first century in accordance with the needs and aspirations of those children and parents who choose such an education. As the Chief Executive of Gwynedd County Council (a local authority in north west Wales) expressed, when its pioneering bilingual education policy was established back in 1974: ‘We bring up our children to speak Welsh and become bilingual, not for the sake of the language, but for the sake of our children.’


Albina Necak Lük Professor emeritus at the Department of Comparative and General Linguistics, University of Ljubljana

According to the Babylon legend, some 3000 years ago the mankind was punished for its arrogance and lack of humility by loosing the common language and hence the means of a perfect communication. Instead, a multitude of languages/ dialects was enforced upon man. Language diversity was installed as an universal and omnipresent feature. On the other hand, however, ‒ luckily enough – the man is endowed with an universal ability to learn any language of the world. Possible consequences of this endowment are multiple. Not only can man acquire any language that he finds useful for fulfilling his communication needs and thus overcome the »curse« of language diversity. There is an additional value in the language learning experience. Namely, when the first language competence is firmly established, any other language in the row, the second, the third, etc. is more easily grasped on account of the so called ‘common underlying language proficiency’. Even more, recent research has proven positive correlation between the individual›s bilingual competence and general intelligence, the bilinguals having surpassed their monolingual equals in comprehension and problem-solving tests. Positive correlation also seems to exist between the bi- and plurilingual competence and the speech recovery after brain stroke. However, these psycho- and neurolinguistic advantages of bi- and plurilingual competence are probably not the direct reason for the widely spread interest for language learning in Europe and also worldwide, today. I believe that reasons are mostly economical, sociological and

cultural. They are closely related to the democratization and specifically to globalization: As we know, in different periods of time, in different parts of world bilingualism/plurilingualism had different reputation among different social layers. It is safe to claim that since the ancient times it was welcomed and appreciated by higher social layers, while the so called mass or grass-root bilingualism was a reason for suspicion and even rejection. During past, let us say, fifty years the sociolinguistic perspective about bi- and plurilingualism has fundamentally changed. In most European countries they are on the way to become a mass phenomenon. To my mind, it is with the European endeavors to develop language education policies in order to support and promote the free flow of goods, people and information, that plurilingualism as a speaker›s ability ‘to learn and use more than one linguistic variety, whatever their nature – mother tongue, language learned at school, foreign language, etc.’ (Guide for the Development of Language Education Policies in Europe, p.34), has gained new value and appreciation. In this vain, plurilingualism goes along with preservation of European multilingualism, i.e. European diversified language heritage. It has become hot! Especially among young people. However, a reflection seems to be tempting: what if as the means of mutual communication among peoples only one and the same language prevails in addition to our first one? Would such a process lead to a kind of a new preBabylon era?

45


9 789062 739288

grutte pier

Wijerd Jelckama is oan it wurd. Hy smyt yn dizze meinimmende fertelling nij ljocht op it libben fan syn omke, Pier Gerlofs Donia. Wy komme te witten hoe’t in boer út Kimswert him ta in baas legeroanfierder en floatfâd ûntwikkele. Hy waard de Skrik fan de Sudersee, de Stjoerman fan de Dea en it Krús fan de Hollanners. Hy waard nimmen minder as Grutte Pier.

46

ate grypstra

www.crossofthedutchman.com

grutte pier krús fan de hollanner

‘Myn eagen dwaalden nei de râne fan it doarp en myn blik bleau hingjen by ien fan de safolste grutte reekplommen yn ’e fierte. It krong mar stadich ta my troch. Yn ’e fierte... reek yn ’e fierte... bliksem! Kjel seach ik Pier oan. Hy stie ek dy kant op te stoareagjen. En doe trof ek him it besef as de wjerljocht. “Wol alle... Dat is dochs net by ús thú... allemachtich! RINTSJE!!” rôp er en hy draafde halje-trawalje rjochting Doniastate. En ik efter him oan fansels.’

Krús fan de Hollanner Ate Grypstra


r y s l a n . nl

n .n l di

w.omro pf

ww

www.ce

F fiertF -feest 01 Studio 01 Studio Feest Studio F yn’e knipe 02 02 Studio F - Natoer 03 Studio - Taal F siketF om wurden 03 Studio 04 Studio F -werom Tiid F giet 04 Studio 05 Studio F - Technyk F siket it út 05 Studio 06 Studio F docht it oars 06 06 Studio F - Keunst doar út 0707Studio StudioF Fde - Omjouwing 08 Studio - Sport F d’rF op út 08 Studio

BACK

FRONT

47


Frysk bliuwt hjoed mar ris yn de kast Pier Bergsma

Op papier sjocht it der goed út. Oan prinsipes, lykas rekken hâlde mei alle bern, beskikbere boeken en materialen, gjin brek. Mar it stiet der net goed foar mei it Frysk op ús basisskoallen. Der binne oare belangen.

Ik haw in grut part fan myn bernejierren trochbrocht op it Fryske plattelân. Troch omstannichheden dy’t der net ta dogge, siet ik in pear jier op in legere skoalle yn Schiedam. Wy learden yn it earste jier lêzen mei in suterich boekje dat begûn mei ‘oo’ en ‘oom’. Eins wit ik net in soad mear fan it begjin. Noch wol dit. Yn ien fan de boekjes (of wie it in plaat dy’t oan de muorre hong?) stie in boer mei in seine. ‘Wie weet wat dit is?’ frege de juffrou. De bern wisten it net. Ik stuts de finger op. ‘Dat is in seine juffrou en dêr kinst

48

mei meane.’ ‘Ja, dat is een zeis’, sei se, ‘en daar kun je mee maaien.’ Yn de diskusjes fan de lêste tiid oer taalefterstannen yn Fryslân haw ik dêr oan weromtocht. Je soenen sizze kinne dat ik yn ferliking mei dy Hollânske bern om my hinne in taalefterstân hie. Ik hâld it derop dat soks net it gefal wie. Taal hat ommers benammen te krijen mei ynhâld. Der binne noch altyd minsken dy’t tinke dat bern dy’t opgroeie mei twa talen dêr neidiel fan hawwe en yn de war reitsje. Miskien tinke se wol dat der te min plak yn de harsens is. De measte


ûnderwizers wite better. Dus dat sil net de wichtichste reden wêze dat der op ús Fryske skoallen sa’n bytsje oan it Frysk dien wurdt. Prinsipes Ik tink dat de minsken foar de klasse harren lykas eltsenien liede litte troch belangen. Mar de prinsipes dan, sille jo freegje. Ommers, dêr is it ûnderwiis sterk yn. Jo hoege de skoalgidsen mar iepen te slaan om te sjen yn hokker heechdravend jargon it ûnderwizend folk de bern, learlingen en âlden dúdlik makket hoe goed at men it foar hat. It giet oer ‒ en no mar yn ús oare rykstaal, want sa stiet it ek yn dy gidsen, dy’t allinne yn it Nederlânsk skreaun binne ‒ ‘de veilige leeromgeving, de onderlinge verschillen en onderwijsbehoeften van ieder kind’, mar ek oer ‘managementsrapportages, groepssignalering, groepsbehandeling en ondersteuningsplannen’. It is folle net genôch en net te ferjitten stiet der fansels wat yn oer ‘hoogbegaafdheid’, want dat skynt tsjintwurdich omraak it gefal te wêzen. O ja, en hast noch fergetten: ‘Naast het Nederlands is het Fries een belangrijke taal op school’, lies ik hjir en dêr. Ik bin der wis fan dat se it miene, mar de praktyk wiist oars út. Prinsipes, moai, mar de deistige praktyk is de hurde werklikheid. Dan falt it net ta om mei alles wat yn dy gidsen stiet rekken te hâlden, al hielendal net at je noch tiid fine moatte om it fêst te lizzen yn de hjoeddeiske digitale rompslomp. Mooglikheden en ûnmooglikheden De oerheid freget wat langer wat mear en dêrmei krijt men in byld foarspegele dat net spoart mei wat der yn de praktyk bart. Minsken litte har ommers neist alle prinsipes liede troch de mooglikheden en ûnmooglikheden fan it deistige wurk. Alden hawwe der belang by dat harren bern goed te plak komme mei in oplieding dy’t der ta docht. De measte learlingen wolle dat ek, mar leafst mei net al te folle ynspanning. De juffen fan de basisskoallen en leararen

fan it fuortset ûnderwiis dogge grif harren bêst, mar moatte sjen te oerlibjen yn it ûnderwiisgeweld dat oer harren útstoart wurdt. It is dúdlik dat it Frysk der op ’e measte skoallen mar wat byhinget. Oan it materiaal en de metoaden sil it net lizze. Us provinsjale oerheid hat der genôch jild foar útlutsen en it Taalsintrum Frysk en de Afûk jouwe prachtige dingen út. Rekken hâlde mei de ‘onderwijsbehoeften van ieder kind’ slagget net en sil nea slagje. Men hat wol wat oars oan de holle om dan ek noch rekken te hâlden mei it Frysk. Dat hat benammen te krijen mei it uterst negative optreden fan de ynspeksje fan it ûnderwiis.

‘ It is dúdlik dat it Frysk der op de measte skoallen mar wat byhinget.’ Haachske sifergekte Koartlyn kaam it Onderwijsverslag 2012 – 2013 út. In mânsk boekwurk, want dy ferslaggen wurde alle jierren grutter. No al mear as trijehûndert siden. Dêryn wurdt konstatearre dat it der aardich foarstiet mei it ûnderwiis, mar dat it noch better kin. Fansels, oars kin dy ynspeksje wol ophâlde. Wat in soad minsken net yn de gaten hawwe, is dat de ynspeksje mar in beheinde tiid hat om skoallen te besykjen. It measte wurdt dien op basis fan wat skoallen sels oanleverje. It is dus foar it grutste part in fiktive wurklikheid. It saneamde ‘risicogerichte toezicht’ hâldt yn dat men, at de papierwinkel yn oarder is, al in ein komt. At dan ek noch de saneamde opbringsten, by it basisûnderwiis de CITO eintoets, foldwaande binne, sjocht de ynspeksje net mear nei wat der yn de

49


skoallen bart. Dan wurde skoallen troch de ynspeksje ôfrekkene op taal en rekkenjen. Us foarige opperjuffer fan ûnderwiis, minister Marja van Bijsterveldt, hie dêroer fiersichten lykas ‘de stip op de horizon’ of ‘de lat moet hoger’. Se doelde op de toetsútslaggen fan de Nederlânske taal en it rekkenjen. De Haachske sifergekte wurdt jier op jier grutter.

50

Skoallen hawwe der sadwaande gjin inkel belang by om in soad tiid te stekken yn it Frysk. It bliuwt geregeld yn de kast lizzen. De bêsten foar de klasse Dat is net alles. De opliedingen ta learaar basisûnderwiis binne tsjintwurdich benammen rjochte op de praktyk. Dat is in


foardiel. De studinten komme fuortendaliks yn kontakt mei it eigentlike wurk. Dochs is it trochslein. Jo moatte om foar de klasse te stean ek wat wite. Dêr ûntbrekt al te faak wat oan. Jo moatte jo boppedat ôffreegje at famkes dy’t trochstreame fan it MBU wol genôch yn ’e bouten hawwe om yn alle klassen fan de basisskoalle les te jaan. De PABU’s komme gelokkich sa stadichoan werom fan harren healwize ‘competentiegericht onderwijs’, mar de easken moatte omheech. Just foar de talen en it Frysk. Yn Finlân komme allinne de bêsten fan in akademyske oplieding foar de klasse. Dan ûntbrekt it by ús ek oan nei-oplieding. Men kin wol kursussen folgje, mar it is allegearre fierstente frijbliuwend. Feroarjende mienskip Skoallen en it Frysk kinne net los sjoen wurde fan maatskiplike ûntjouwingen. Troch de migraasje fanôf de midden fan de foarige ieu is de Fryske plattelânsmienskip slim feroare. In soad Friezen ferhuzen nei oare parten fan it lân, der kamen nije minsken yn de doarpen en stêden dy’t gjin Frysk praten. Mingde houliken betsjutte mar al te faak dat men de minderheidstaal farre lit. De oerheid yn Fryslân kin noch safolle jild útjaan oan de skoallen, it falt net ta om op te boksen tsjin de ‘ferhollannisearring’. Jawis, wy hawwe ús Fryske stjoerder mei radio en televyzje, it Taalsintrum Frysk, ús Fryske metoaden. Wy hawwe de Afûk, Tresoar, de Fryske Akademy, it Fryske toaniel en gean sa mar troch, mar it soe wolris net genôch wêze kinne om foar te kommen dat der op ús skoalpleinen wat langer wat mear Hollânsk praat wurdt. De Friezen sels litte it der ek by sitte. Hoe fierder? Wat stiet ús te dwaan. Salang’t der guonnen binne dy’t tinke dat je de tiid dy’t jo oan bygelyks it Frysk besteegje, better brûke kinne om wat oars te learen, moat der noch in soad útlein wurde. Wy libje yn in

globalisearjende wrâld. Dêryn sil de Ingelske taal wichtich wêze. Fansels hearre de bern de Nederlânske taal goed te behearskjen. Mar it Frysk is yn ús provinsje de earste taal fan hûnderttûzenen minsken en it seit himsels dat it Frysk dêrom in wêzenlik part fan it ûnderwiis wêze moat. Men moat dêrom trochgean mei it opsetten fan trijetalige skoallen. De provinsje moat yn elts gefal it belied fan hjoed-de-dei kontinuearje, dat de skoallen skewield wurde mei materialen. Der moatte hege easken steld wurde oan de studinten. Wa’t yn Fryslân yn it ûnderwiis wurkje wol, soe dêrom in eksamen ôflizze moatte yn de Fryske taal. Ik bedoel: gewoan sjen en hearre litte dat jo it Frysk oan alle kanten behearskje. Dus net in ‘portfolio’ of soksoarte ûnsin. Foar de sittende minsken soe men tinke kinne oan in jildlike talage at men oan dyselde easken foldocht. Fansels begjinne tsjinstanners te mekkerjen dat der dan te min studinten komme of minsken hjir net mear wurkje wolle. It soe wolris oarsom wêze kinne. Yn Finlân hawwe se de ûnderfining dat troch hege easken de oplieding oantreklik wurdt. Fryslân hat in soad te bieden. It is en bliuwt in bysûndere provinsje, just troch de eigen Fryske taal. En wat de ûnderwiisynspeksje oangiet, dy kin better ôfskaft wurde at se trochgeane op dizze wei. Se binne in bedriging foar de kwaliteit fan it ûnderwiis. Benammen yn Fryslân.

Pier Bergsma studearre nei de Kweekskoalle Nederlânske Taal- en Letterkunde. Hy wurke as direkteur fan in basisskoalle en skriuwt geregeld oer it ûnderwiis, û.o. as kollumnist fan it Friesch Dagblad.

51


Twatalich ûnderwiis bliuwt it ûndersykjen wurdich Tsjomme Dijkstra

Op de Ryksuniversiteit yn Grins docht taalwittenskipper Kees de Bot mei kollega’s ûndersyk nei meartalich ûnderwiis. De Bot sjocht benammen nei it Ingelsk as twadde taal yn it fuortset ûnderwiis. Dúdlik is wol dat de útkomsten fan syn ûndersyk net sûnder mear jilde foar it Frysk as twadde ûnderwiistaal. Elke situaasje is wer oars. It makket in soad út wat bern bûten de skoalle om fan in bepaalde taal meikrije. En dat leit foar it Ingelsk wer gâns oars as foar it Frysk. Dat betsjut fuort ek dat der noch altyd in soad te ûndersykjen falt oangeande it meartalich ûnderwiis yn Fryslân. 52


53

Cartoon: Geart Gratama


‘ Meartalich ûnderwiis wurdt hieltyd mear in bekend begryp.’

Yn it echte begjinstadium, oan it begjin fan de jierren njoggentich, wie der mar in fiiftal twatalige skoallen dêr’t meartalich ûnderwiis probearre waard. Mar sûnt de start is it tal tto-skoallen (‘tweetalig onderwijs’) foar fuortset ûnderwiis yn in rap tempo groeid, fertelt Kees de Bot. Yntusken dogge der lanlik 120 skoallen oan mei. Ungefear tsien jier lyn hat it Europees Platform in standert ûntwikkele dêr’t yn fêstlein is oan hokker easken twatalige skoallen foldwaan moatte. Ien fan dy easken is bygelyks dat 50% fan de lessen yn de ûnderbou fan de skoallen yn it Ingelsk jûn wurde moatte. Dy standert is troch it twatalich ûnderwiis algemien akseptearre as rjochtline. Byld fan it ûnderwiis Rillegau nei’t it yn de belangstelling kommen wie, waard twatalich ûnderwiis al in sukses neamd. Dat barde al sa fluch dat minsken

54

har ôffregen oft it sukses wol yn sa’n koart tiidsbestek oantoand wurde koe. Wie der hjir net sprake fan wat De Bot it Mattheuseffekt neamt? It Mattheus-effekt hâldt yn dat as der wat nijs op de merk komt, just it idee dat datjinge nij is derfoar soarget dat it yn ferhâlding te posityf ûntfongen wurdt. Om nei te gean oft dat yn it gefal fan it meartalich ûnderwiis mooglik ek bard wie, waard mei jild fan ûnder mear it Europees Platform in ûndersyksprojekt betocht dêr’t Kees de Bot en Marjolijn Verspoor har oan ferbûn hawwe: it saneamde OTTO-projekt, bedoeld om de effektiviteit fan meartalich ûnderwiis yn kaart te bringen. It doel foar Verspoor en De Bot wie om, safolle jierren nei de earste positive útkomsten, op ’e nij te ûndersykjen oft twatalich ûnderwiis bern in foarsprong jout yn in twadde taal. Se konkludearren dat de foarsprong yn Ingelsk fan de bern fan twatalige skoallen yndie noch hieltiten jildt. Meartalich ûnderwiis wurdt yntusken yn hieltyd mear rûnten in bekend begryp. Dat hat ek mei it folgjende te krijen: lang hienen minsken it gefoel dat it ynvestearjen yn it learen fan in twadde taal te’n koste gean soe fan de kennis en feardichheden fan immen syn earste taal. Yn resint ûndersyk is dy ferûnderstelde korrelaasje lykwols net oantoand. De Bot seit dêroer: ‘Het is namelijk zo dat je geen nieuw systeem leert als je een nieuwe taal leert. Je leert de nieuwe taal door het taalsysteem dat al ontwikkeld is verder uit te bouwen.’ En it learen fan in twadde taal liket om dy reden gjin skealik effekt te hawwen op de oare taal. Foarbyld fan in ûndersyksprojekt Lit ús ris in nijsgjirrich ûndersyksprojekt fan de lêste jierren besjen om noch wat mear ynsjoch yn it ûndersyk nei meartalich ûnderwiis te krijen. Yn 2007 publisearre Kees de Bot tegearre mei Marjolijn Verspoor en Eva van Rein in artikel oer taalkontakt en it learen fan Ingelsk; it artikel hie de titel


‘Binnen- en buitenschools taalcontact en het leren van Engels’. Dat artikel gie oer in ûndersyk dat niisneamde wittenskippers útfierd hienen op in reformatoaryske middelbere skoalle yn Apeldoorn, dêr’t in pear jier earder wat opfallends oan it ljocht kommen wie. Op dy skoalle (twû) hellen learlingen eineksamensifers dy’t yn alle opsichten ferlykber wienen mei dy fan oare skoallen, útsein de sifers foar it fak Ingelsk: dêr hellen de bern legere sifers foar as op oare skoallen. De ûndersyksskoalle dêr’t dat oan it ljocht kommen wie, konkludearre dat it ferskil yn de sifers foar it Ingelsk tusken dy learlingen en dy fan oare skoallen te krijen hie mei it feit dat de learlingen fan it reformatoaryske ûnderwiis op skoalle, mar ek bûten skoalle, bepaalde kontaktmooglikheden mei it Ingelsk net hienen dy’t oare bern al hienen: hja wienen troch religieuze motiven fan bepaalde Ingelsktalige ynformaasje (út films, media) ôfskerme dêr’t oare bern wol tagong ta hienen. De skoalle yn Apeldoorn gie nei oanlieding fan dy útkomst, ûnder mear om de achterstân op de iepenbiere skoallen yn te rinnen, oer op twatalich ûnderwiis (ûnderwiis yn it Nederlânsk en Ingelsk). De ûndersikers fan de universiteit yn Grins hawwe yn de perioade nei dy oergong op twatalich ûnderwiis ûndersocht hokker ferskillen der binne yn it learen en behearskjen fan it Ingelsk tusken regulier ûnderwiis en twatalich ûnderwiis en tagelyk tusken reformatoarysk en iepenbier ûnderwiis. Undersyksútkomsten De ûndersikers fan de universiteit ûntdutsen yn it ûndersyk dat de learlingen fan de reformatoaryske skoallen, nei’t dy op twatalich ûnderwiis oergien wienen, bettere resultaten hellen as earst. Se skoarden dêrnei op Ingelske wurdskattoetsen, skriuwfeardichheidstoetsen en op selsbeoardieling heger as bern fan reguliere reformatoaryske skoallen én sels heger

as bern fan reguliere iepenbiere skoallen. De ûndersikers meaten lykwols ek dat har Ingelske nivo yn it tredde jier noch wol leger wie as dat nivo fan bern fan twatalige iepenbiere skoallen. De learlingen fan de reformatoaryske skoallen rekken op in bepaald stuit yn de rin fan de earste trije skoaljierren dochs efter op dy bern. De ûndersikers konkludearren twa dingen út de útkomsten. It earste wie dat it de reformatoaryske skoallen troch it twatalige skoalprogramma glânsryk slagge wie om mei goed ûnderwiis it missen fan kontakt mei Ingelsk fia media te kompensearjen. De twadde konklúzje fan de ûndersikers wie dat wannear’t de taalfeardigens fan learlingen heger is, de effektiviteit fan it bûtenskoalske taalkontakt ek grutter wurdt. By learlingen mei in soad bûtenskoalsk taalkontakt wurdt it nivo fan it Ingelsk op ’en doer sa dochs noch heger as by learlingen dy’t dat kontakt

55


net hawwe. De ûndersikers besleaten har artikel mei te sizzen dat idealiter feroarings yn taalkontakt sa as dy yn dit ûndersyk ûndersocht waarden, kontinu metten wurde, dus langer as yn dit gefal bard wie. It Frysk yn it meartalich ûnderwiis It neamde ûndersyk lit ek sjen dat de meartalige skoallen in suksesfolle metoade ûntwikkele hawwe om der in taal by te learen. Bern op twatalige skoallen leare better Ingelsk as dy op reguliere skoallen, die bliken út it ûndersyk. Kin mei dat ûndersyk ek noch wat oer oare talen sein wurde? Oer it learen fan Frysk as in twadde taal op trijetalige skoallen yn Fryslân? As je mei de útkomsten fan it ûndersyk nei de trijetalige skoallen yn Fryslân sjogge, soenen je de hypoteze meitsje kinne dat it effekt fan it lesjaan yn it Frysk op trijetalige skoallen sa sterk noch net is as it lesjaan yn it Ingelsk op twatalige skoallen. Ommers, op trijetalige skoallen wurdt der minder lesjûn yn it Frysk as dat der op twaen trijetalige skoallen lesjûn wurdt yn it Ingelsk. Ek is it bûtenskoalsk kontakt mei it Frysk fia media foar bern dy’t de taal net fan hús út leard hawwe sa sterk net as it kontakt dat dy bern hawwe mei it Ingelsk. De Bot is foarsichtich om de útkomsten fan syn ûndersyk nei in oare taal as it Ingelsk en nei in oare situaasje as dy fan it ûndersyk troch te lûken. Dêrfoar soe fansels eins it ûnderwiis fan de Fryske trijetalige skoallen ûndersocht wurde moatte. Op dat mêd lizze der moaie ûndersykskânsen foar studinten fan de Master Multilingualism dy’t aanst nei de simmer úteinset oan de University Campus Fryslân yn Ljouwert. Eksperimint yn it basisûnderwiis De Bot is yntusken alwer mei wat oars dwaande, nammentlik it eksperimint om de effektiviteit fan twatalich ûnderwiis yn it basisûnderwiis te ûndersykjen. De Bot hat dêrfoar meiwurke oan in ûndersyk dat útfierd is yn it kader fan it FliP-projekt

56

(folút it Foreign Languages in Primary school Project). Dêryn is ûndersocht oft it goed wêze soe om meartalich ûnderwiis al yn (in betiid stadium fan) it basisûnderwiis oan te bieden. Fan it ûndersyk binne yn novimber 2012 de útkomsten presintearre yn in rapport dat oan de regearing yn De Haach oanbean is. Minister Plasterk fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip sil nei oanlieding fan it rapport de mooglikheid ûndersykje fan in eksperimint mei twatalich ûnderwiis op basisskoallen. As de eksperiminten trochgeane, dan soe it ek sa wêze kinne dat yn Fryslân eksperiminten op trijetalige basisskoallen opstart wurde, omdat dêr ek it Frysk as in ynstruktive taal brûkt wurdt. Dêrmei brekt dan wer in nije faze oan foar meartalich ûnderwiis.

Tsjomme Dijkstra (1989) folget de master sjoernalistyk oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is webredakteur fan de Moanne.


kado-proefabonnemint Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar € 10,stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús: jo kinne útsykje út de boeken dy’t hjirneist steane.

2x

+

Gratis Boek

foar mar

€ 10,www.demoanne.nl


de moanne // n没mer 3 // juny 2013 // meartalich 没nderwiis

meartalich 没nderwiis algemien-kultureel opinybl锚d


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.