Frijbûtser maart 2014

Page 1

Frijbûtser Moanneblêd fan de FNP

maart 2014, nûmer 429

Gripe de lokale en regionale partijen yn de gemeenten de macht? Kommende woansdei 19 maart binne de gemeenteriedsferkiezings. De FNP docht yn trettjin fan de 24 gemeenten mei. De fjouwer waadeilannen, Harns en Eaststellingwerf falle bûten ús berik en yn It Bilt en Weststellingwerf dogge de Frije Bilkerts en Weststellingwerf Natuurlijk mei, partijen dy’t oan de FNP besibbe binne. De ynwenners fan de weryndielingsgemeenten De Fryske Marren, Ljouwert en It Hearrenfean hawwe al yn novimber 2013 nei de stimbus west. Yn dizze spesjale ferkiezingsedysje fan de Frijbûtser fine jim dy trettjin FNP-ôfdielings op in rychje mei harren spearpunten en listlûkers. Oars as fjouwer jier ferlyn hawwe de measte ôfdielings no benammen lokale saken as spearpunt keazen. De weryndieling komt mar yn in part fan de gemeenten, benammen yn it easten fan de provinsje, oan ’e oarder. De FNP-ôfdielings dêr binne oer it generaal foar gearwurking mei buorgemeenten, sûnder fúzje. De boargers yn de measte gemeenten yn Mid- en Noard-Fryslân hawwe har al foar weryndieling útsprutsen. Dêr giet it benammen om in goede ynpassing yn de takomstige nije gemeente. By alle FNP-ôfdielings giet it om it leefber hâlden fan de doarpen, mei in goed belied op it mêd fan soarch, jongerein, taal en kultuer, rekreaasje, toerisme en lânskipsbeskerming. It behâld fan duorsume ekonomy, wurkgelegenheid en plattelânsfoarsjennings en de útwreiding fan trijetalich basisûnderwiis, binne ek wichtige ûnderwerpen. Provinsjale ûnderwerpen dy’t ek yn de measte gemeenten spylje binne dit kear de lokaasjes foar nije wynparken en de boaiemdelgong as gefolch fan gas- en sâltwinning. De FNP is sadwaande in werkenbere en konsistinte partij mei in helder lûd oer wichtige saken dy’t op dit stuit spylje. Ut it ûndersyk fan EenVandaag en de Regionale Omroppen docht bliken dat it tal lokale partijen dat oan de riedsferkiezings meidocht, wer tanommem is. Yn ferliking mei 2010 giet it om in groei fan 18%, fan 870 nei 1024. De tradisjonele Haachske filiaalpartijen binne mei 65% noch wol yn de mearderheid, tsjin 35% lokale listen. Mar yn Brabân, Limboarch en Flevolân is it tal lokale partijen al 45%. Fryslân stiet mei 38% op it fjirde plak en Grinslân mei 21% op it lêste plak. De Volkskrant foarseit, neffens in enkête fan Binnenlands Bestuur dat de lokale partijen de ferkiezings winne sille. Dat soe mei feroarsake wurde kinne trochdat de PVV net oan de riedsferkiezings meidocht. Net dat de minsken it altyd iens binne mei de stânpunten fan de lokale partijen, it soe mear te krijen hawwe mei de ôfkear fan it kabinet fan VVD en PvdA. Want nettsjinsteande dat de ekonomy wat oanlûkt, hawwe wy ûnder dit kabinet noch altyd te krijen mei ynkrimping fan bedriuwen en ynstellings, mei as gefolch tanimmende wurkleazens en lêsteferswierring. Dit kabinet wit noch altyd net hoe’t it mei de krisis oan moat. Foar de FNP jilde de foardielen fan in lokale partij ek lykas: ‘tichtby de boargers’, ‘rjochtsje op de eigen omjouwing’, ‘net bûn oan Haachske belangen’, ‘fan ûnderen op’ en ‘fan, foar en troch de ynwenners’. Wat dat oanbelanget ferwachtsje wy, krekt as by de ferkiezings yn novimber 2013, ek no wer in goed resultaat. FNP’ers, wy winskje jim allegear in hiel soad sukses en wy rekkenje op in prachtige ferkiezingsnacht op 19 maart!

Ultsje Hosper, foarsitter


Frijbûtser

side 2

Oersjoch gemeenteriedsferkiezings 19 maart 2014 Listlûkers en spearpunten

Achtkarspelen Marten van der Veen, Twizelerheide ►

Wurk en takomst Bliuwend ynsette op wurk, banen en betelbere wenten. Mear romte op eigen hiem om sels wat te ûndernimmen. Wurk en ynkeapen safolle mooglik yn eigen gemeente hâlde, dus mear kânsen foar lokale bedriuwen by oanbestegings. Mienskipssoarch Mear mienskipssoarch, foar jong en âld, ryk en earm, siik en sûn, koartsein foar elkenien! Goede soarch foar beheinden en soarch op maat, en wenten foar âlderein yn alle doarpen. Leefberens Behâld fan de foarsjennings op ’e doarpen, de basisskoalle, sportfoarsjennings, doarpshûs, kluphûs, jeugdhonk, boarterstún, pjutteboartersplak, konsultaasjeburo en de regionale foarsjennings lykas swimbad, sporthal, biblioteek en muzykskoalle.

Dantumadiel Jerrit de Bruin, De Westereen ► ► ► ► ► ► ► ► ►

In nij leefberensfûns foar de doarpen oprjochtsje. Mantelsoargers en frijwilligers yn ’e soarch royaal stypje. Sport foar eltsenien tagonklik en betelber meitsje. Pjuttewurk, berne-opfang en doarpsskoallen helpe te behâlden troch gearwurkingsskoallen en brede bernesintra te stypjen. Jongerein yn eigen doarp in ûnderkommen jaan. Kultuerhistoaryske en lytsskalige ferbliuwsrekreaasje stimulearje. Twatalich pjuttewurk en berne-opfang en trijetalich basisûnderwiis fasilitearje. Wentebou ferdiele oer de doarpen neffens fraach en ferlet. Selsfoarsjennende enerzjywinning stimulearje mei griene foarmen dy’t yn ús lânskip passe (wynmûneparken by see!).

Dongeradiel Pytsje de Graaf, Ternaard

► ► ► ►

Soarch tichtby en berikber. Gjin megawynturbines. Mear gas? Mear jild! Fergees parkearjen; râneparkearplakken Dokkum.


Frijbûtser

maart 2014, nûmer 429

side 3

Ferwerderadiel Jaap Hijma, Marrum ► ► ► ► ►

Wurkgelegenheid behâlde en útwreidzje: projekt Doniawei yn Hallum stypje. In nije skoalle foar fuortset ûnderwiis bouwe. Goede ferbinings mei oare regio’s: rûnwei om Wânswert hinne en Nijewei (MarrumWânswert). Yn alle doarpen in basisskoalle hâlde. Befoarderjen rekreaasje: oanlizzen fan (fisk)stegers en kuierrûtes.

Frjentsjerteradiel Jan Dijkstra, Hitsum ► ► ► ► ►

Doarpefûns bliuwt oerein. Kultuer en sport dêr steane we foar. Mei de ynwenners op nei de nije gemeente. Gjin fierdere boaiemdelgong, skea is foar de feroarsaker. Soarchfreger komt net yn ’e kjeld te stean.

Kollumerlân f.l.n.r. boppe Jelle de Vries (nû. 5 ), Frâns Boersma (nû. 4) ûnder Bert Koornstra (nû. 3), Tineke Bosgraaf-de Jong (nû. 2) en Wieger Rekker, Kollum (listlûker) ► ► ► ► ► ► ►

Ynsette op duorsume enerzjy. Sjen nei de mooglikheden fan in sinne-enerzjypark. Gjin wynmûnen. Betelbere hierwenten yn alle doarpen. Rekken hâlde mei de fraach. Starters helpe as se in keapwenning bouwe wolle. (Erfpacht) Omtinken foar de winsken en it ferlet fan de jongerein. Net mei de finger wize mar soargje foar ûnderdak. Omtinken foar elzesingels en beamwâlen yn de Fryske Wâlden. Sûn buorkje mei it ferstân derby. Net snije yn sosjale foarsjennings. Omtinken foar minsken dy’t it krap hawwe, senioaren en minsken mei in beheining. As gemeente de Fryske taal aktyf útdrage. Fansels sette we yn op in fjirde sit yn de Ried.

Littenseradiel Welmoed van der Werf, Kûbaard ► ► ► ► ► ►

Selsbewust en ‘fan ûnderen op’ de takomst yn. Sterke doarpen en in fitaal plattelân. In gruttere rol fan de doarpsbelangen foar soarch en leefberens. Rap ynternet yn ’e gemeente. Meartalich ûnderwiis. In goed ynpassen yn it iepen lânskip by útwreiding fan bedriuwsgebouwen.


Frijbûtser

side 4

Ljouwerteradiel f.l.n.r.

Aeltsje de Groot, Stiens Harms Hansma, Jelsum Pieter Roorda, Stiens Folkert Dykstra, Stiens (listlûker) Jan-Willem Tuininga, Stiens ► ► ► ► ► ►

Aktive ûnderhannelings mei Ljouwert. Gjin gemeentlike belestingferhegings útsein de ynflaasjekorreksje. De FNP pleitet foar in polysjepost yn Stiens. Romhertich belied foar minsken dy’t net sûnder help kinne. Omtinken foar Fryske taal en kultuer. Biblioteek yn Stiens iepenhâlde, ek as wy by Ljouwert sitte.

Menameradiel Rikus Sinnema, Berltsum ► ► ► ► ► ► ► ► ►

It Frysk stimulearje by gemeentlike organisaasjes en op ’e gemeentehiemside. Mear trijetalige skoallen. Mear brede en/of gearwurkingsskoallen mei ien direkteur. Gjin fierdergeande regionalisearring. Inisjativen stypje foar rekreaasje. Sosjale wentebou foar jongeren en âlderen. Wurkleazens bestride mei bgl. wurkgelegenheidsprojekten en/of in netwurkkafee. Byldbepalende lokaasjes yn kaart bringe en bewarje. Net meiwurkje oan fergunnings gas- en sâltwinning.

Opsterlân f.l.n.r.:

Jabob de Vries, Bakkefean (nû. 3) Evert Wilstra, Bakkefean (listlûker) Janco van der Werf, Terwispel (nû. 2) Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma, Oerterp (nû. 4) Ultsje Hosper, Olterterp (listtriuwer)

► ► ► ► ► ► ► ► ► ►

It stimulearjen fan de ekonomy en de wurkgelegenheid. It ferminderjen fan burokrasy en in positive grûnhâlding foar ûndernimmers oer. It behâld fan it Fryske lânskip en de byldbepalende doarpsgesichten. It befoarderjen fan trijetalich ûnderwiis yn alle doarpen. In lykwicht tusken lânbou, natuer en lânskip en it befoarderjen fan duorsume lânbou. It ynstekken op duorsume enerzjy, lykas ierdwaarmte en sinnepanielen. It behâld fan it kultureel sintrum De Skâns op De Gordyk. In folweardich plak fan it Frysk neist it Nederlânsk. It jaan fan kânsen oan de minsken om harsels te wêzen en te ûntjaan. De FNP is foar it behâld fan Opsterlân en gearwurking mei buorgemeenten


Frijbûtser

maart 2014, nûmer 429

side 5

Smellingerlân Durk Oosterhof, Drachten In goed sosjaal belied mei omtinken foar de minsken dy’t dat nedich hawwe. Net mear jild yn it sintrum fan Drachten, mar mear omtinken foar leefberens yn doarp en wyk. ► Net mear jild yn asfalt en beton, mar yn minsken ynvestearje. ► Mei-inoar de gemeente wêze, in gemeente dy’t net oer mar mei de ynwenners besluten nimt. ► ►

Súdwest-Fryslân Durk Stoker, Koudum ► ► ► ►

► ► ►

► ►

Better kontakt mei de boarger De gemeente is der foar de boarger, net oarsom. Grutsk op ús lânskip Wy wolle gjin wynmolens yn de Iselmar.

De minske sintraal Wy kieze foar libbene doarpen en stedswiken yn de hiele gemeente. De nije ekonomy It bêste glêsfezelnetwurk, miljeufreonlike lânbou, fiskerij en túnbou en gastfrije rekreaasje. Aktyf ûndernimmerskip bliuwt de kaai ta ús wolfeart. Gjin hegere lesten Earst kritysk nei de eigen gemeentlike organisaasje sjen. Kultuer op fytsôfstân Ferienings foar muzyk, toaniel, koaren en natuer moatte yn de eigen regio ûnderdak hawwe. In betroubere oerheid Gjin prestiizjeprojekten, gjin leger oan ekstern ynhierd personiel, mar amtners en bestjoer dy’t by de mienskip hearre wolle. Mear Fryslân en Minder Den Haach. Elkenien telt mei In sosjaal belied. Wurksikers wurde holpen mei it learen fan in fak. In duorsume gemeente By gemeentlike oanbestegings krije lokale bedriuwen foarrang. De gemeente moat sels it foarbyld jaan by û.o. enerzjygebrûk. Dus: Better Led as Net! It bêste ûnderwiis Mei 3-talich ûnderwiis binne bern klear foar de wrâld. Lytse skoallen bliuwe iepen salang’t dêr draachflak foar is en kwaliteit bean wurdt.

Tytsjerksteradiel Wijbe Postma, Eastermar ► ► ► ► ► ► ► ►

It yn stân hâlden fan ’e foarsjennings yn ús gemeente. De leefberens moat sintraal stean bliuwe. Net ien oan de kant stean litte. Soarch tichtby de minsken organisearje. Kwalitatyf sterke skoallen op basis fan draachflak en sprieding. Lokale ûndernimmers de romte jaan. Mear út ’e wei sette mei deselde euro. Noed stean foar natuer, miljeu en de kwaliteit fan it lânskip. De FNP hâldt écht fan Fryslân Fryslân mei syn prachtige doarpen, stêden, lânskippen, houtwâlen en marren is net om ’e nocht de moaiste provinsje fan Nederlân. De FNP hat respekt foar de Fryske skiednis en stiet noed foar de Fryske taal, de Fryske identiteit en it Fryske lânskip. De FNP hâldt écht fan Fryslân. (Frij nei in tekst fan FNP-SWF) Allegear in soad sukses op 19 maart en dêrnei!


Frijbûtser

side 6

Fan de provisjale PR-kommisje 19 maart: riedsferkiezings yn 13 FNP-ôfdielings Spandoek-setters, posterplakkers, kampanjekanjers, struibriefstruiers, krante-kreativelingen, aksje-aktivelingen en oare bannige bodders binne yn 13 FNP-ôfdielings oan it wurk om safolle mooglik minsken op 19 maart in fakje yn de FNP-list read kleurje te litten. As gjin oar witte de minsken út de ôfdielings wat de spearpunten yn harren eigen gemeente binne en spylje hja yn op de lokale tema’s troch in dúdlik FNP-lûd hearre te litten. Yn de ôfrûne moannen hawwe der trije gearkomsten west fan de PR-minsken fan dizze ferkiezingsôfdielings mei de provinsjale pr-kommisje. Elke ôfdieling is op syn eigen wize drok mei de tariedings en op sa’n gearkomste ynspirearje se elkoar mei ideeën en suggestjes. Prachtige ideeën en aksjes dy’t betocht wurde, fan hûs-oan-hûs ferkiezingskranten en it útdielen fan pompeblêdkoeken oant Falentynsaksjes, bustochten, byldeprojeksjes op gebouwen en sels it ynrjochtsjen fan in leechsteand gebou ta FNP-ferkiezingshûs. Digitaal binne de ôfdielings ek aktyf: op ferkiezingssiden, Facebook en Twitter. Fierderop yn dizze Frijbûtser kinne jo lêze hoe’t jo de kampanje stypje kinne troch op Facebook efkes oan te jaan op sa’n ferkiezingsside fan jo ôfdieling, of provinsjale side: ‘Mei ’k wol oer’. Jo ‘freonen’ krije dan allegearre ek fuortdaliks de FNP ûnder eagen. De snypsnaren dy’t útdield wurde kinne, binne ek wer yn alderhande farianten makke. Wat tige oanslacht binne de

stikkers mei de tekst ‘Ik Fryslân’, mar benammen dy mei it eigen wenplak derop. Sa wurdt de partij rûnom yn de gemeenten mei grutte en lytse uterings sichtber. FNP, midden yn de mienskip!

Reklamespotsjes Op de radio wurde tal fan spotsjes útstjoerd, sawol op Omrop Fryslân as ek Waterstad FM en RadioNL. ‘Minder Den Haach, mear Fryslân, stim dêrom FNP’ is de koarte en krêftige tekst. Yn Fryslân moatte we sizzenskip krije oer ús eigen saken, mei de nedige middels dêrby. Yn dizze gjalp sit ek besletten dat de FNP gjin ‘filiaal’ is fan in Haachske partij, mar hielendal frij is om op te kommen foar it bêste foar de Fryske ynwenners. Op de televyzje binne filmkes mei ferskate Friezen, dy’t deselde tekst útsprekke dy’t ek op ’e radio brûkt wurdt. Alle filmkes stean op YouTube: www.youtube.com. As jo sykje op Minder Den Haach, mear Fryslân, kinne jo alle filmkes sjen. De OSF, dêr’t de FNP by oansletten is, stjoert geregeld in reklamefilmke út mei de oprop ‘Stim Lokaal’ of yn de Nederlânske ferzje ‘Stem Lokaal’. Dat filmke is ek te sjen op de FNP-hiemside. Sjoch ek side 7

FNP-Dongeradiel iepenet eigen FNP-hûs Op Falentynsdei is yn de Waachstrjitte yn Dokkum it earste FNP-hûs yn Dongeradiel iepene. Grutte Pier wie yn heechsteigen persoan nei Dokkum kommen om mei de listlûker Pytsje de Graaf de doarren te iepenjen. Grutte Pier hat wat mei Fryslân en de FNP en hy winske FNPDongeradiel in protte sukses ta mei de kommende ferkiezings. Gean fûleindich foar in better Dongeradiel, sa wie syn sizzen. Mei spearpunten lykas soarch tichtby de minsken, talintûntwikkeling op it mêd fan sport, kultuer en ûnderwiis, behâld wurkgelegenheid en hierwenten en stean foar de gefolgen fan boaiemdelgong en de claim mear jild by winning foar de regio, giet de FNP mei goede moed de ferkiezings yn. Der wie in soad belangstelling foar it FNPhûs en in soad makken fan de gelegenheid gebrûk om efkes mei de riedsleden en wethâlder oer saken te praten dy’t harren dwaande hâlde. Mei it FNP-hûs yn it hert fan Dokkum wol de FNP ek omtinken jaan oan de leechstân fan winkels yn de binnenstêd. It FNP-hûs is iepen op woansdeitemiddeis, freedtemiddeis en -jûns en sneontemiddeis. Woansdeis en sneons is wethâlder Pytsje de Graaf oanwêzich om befrege te wurden oer alderhande saken. Moarns hienen de FNP’ers al nei in pear doarpen west om de bewenners dêr in Falentynshert oan te bieden. Dat koenen de bewenners wol wurdearje. De FNP makket it sizzen: Midden yn de Mienskip mei al syn aksjes wier.


maart 2014, nûmer 429

Frijbûtser

side 7

Sosjale Media Tip As jo tagong ta it ynternet hawwe, is it miskien wol nijsgjirrich om ris op de Facebooksiden fan de FNP te sjen. Dêr hoege jo net foar yn te loggen (dus net in akkount oan te meitsjen of te hawwen). Hjir fine jo se op it ynternet: www.facebook.com/FNPFryslan en https://www.facebook.com/FnpFerkiezings (Grutte kans dat jo eigen ôfdieling ek in Facebookside hat.)

Wol in akkount? FNP-leden dy’t wol in akkount op Facebook hawwe, freegje wy om dy siden oan te merken as ‘vind ik leuk’ (of ‘mei ’k wol oer’). Wy lizze hjir efkes út hoe’t soks wurket. It maklikst is om earst nei de hiemside fan de FNP te gean en dêr te klikken op it Facebook-ikoantsje. Mar jo kinne fansels ek it adres www.facebook.com yntype en streekrjocht nei Facebook gean en dêr de siden opsykje. Sadree’t jo ien fan de Facebooksiden fûn hawwe (jo moatte fansels wol ynlogd wêze), klik dan earst op de ‘vind ik leuk-button’. As it goed gien is stiet no in finkje foar ‘Vind ik leuk’ en ek by ‘Volgend’. Dat betsjut dat jo no ek de FNP-

berjochten op jo nijsoersjoch te sjen krije. Sjoch dêrnei ek noch efkes op de pagina sels oft der noch berjochten binne dy’t jo ek wol ‘tommeweardich’ fine. Jo binne fansels frij om oare minsken/freonen op ús siden te wizen troch harren út te noegjen fia it fjild dat Facebook dêrfoar biedt:

Wy fan de PR-kommisje sjogge jimme graach op ús Facebookside werom. Foar fragen kinne jo terjochte by gea.iedema@fnp.nl.

Gea Iedema


Frijbûtser

side 8

Fan de kaderkommisje

Fjouwer temajûnen Utnoeging oan alle leden Nei alle drokte foar de riedsferkiezingen moat de FNP him no yntiids tariede op de steateferkiezing fan takomme jier maart. Yn oerlis mei ús Steatefraksje wol de kaderkommisje alle leden de kâns biede om besprek en diskusje te hawwen mei ús eigen steateleden en deputearre. Dêrfoar binne in tal spesjale temajûnen opset. Foar alle temajûnen wurdt koart fêststeld wat no yn ús program stiet en wat dêrfan wiermakke is. Mar boppe-al giet it om wêr’t we de kommende fjouwer jier op ta wolle. Freed 4 april oer: Ekonomy, finânsjes, toerisme en rekreaasje Mei steatelid Sybren Posthumus. Fan alle mooglike ûnderwerpen wolle wy alfêst twa neame: - Brûkt de Provinsje it Nuon-jild goed? - Fierder mei it Fryske Marreprojekt? Moandei 7 april oer: Sosjaal belied en Soarch Mei • steatelid Annigje Toering oer de Jeugdsoarch, dy’t fan de Provinsje nei de Gemeenten giet, • Simeon Bruinsma, Wmo-meiwurker gemeente Ljouwert, • Rikus Sinnema, riedslid en eigener soarchbedriuw oer de nije taken fan de gemeente. - Kin de Gemeente it mei minder jild wier better dwaan as Ryk of Provinsje, omdat dy tichter by de minsken stiet? Dizze temajûn is dus net allinne op de provinsjale polityk rjochte, mar mear op de nije gemeentlike oanpak. Dat wurdt foar ús riedsleden in drege saak. Dêrom wol de kaderkommisje dizze jûn ek brûke om ta in goede opset te kommen foar in twadde jûn fan ’t hjerst oer dit tema. Freed 11 april oer: Romte, wenjen, en lânbou Mei deputearre Johannes Kramer en steatelid Jan Visser. Besprekpunten lykas: - Hoe wiis binne wy mei ús romte? - Hoe ferdiele wy krimp en groei oer de provinsje? - Hokker ferantwurdlikheid moat de moderne lânbou nimme foar natuer en miljeu?

Praat mei oer de takomst fan Fryslân! Freed 4 april Ekonomy, finânsjes, toerisme en rekreaasje Moandei 7 april Sosjaal belied en Soarch Freed 11 april Romte, wenjen, en lânbou Freed 2 maaie Fryslân en de gruttere ferbannen Alle jûnen om 20.00 oere by hotel Duhoux yn Wurdum. Graach oanmelde fia temajun@fnp.nl

Freed 2 maaie oer: Fryslân en de gruttere ferbannen Mei steatelid Sybren Posthumus en ynbring fan Tytsy Willemsma, wurksum yn Brussel. - Kin Fryslân in eigen regio wêze foar Brussel? - Wat kin de FNP as lid fan de Europeeske EFApartij? - Wat kinne wy mei IPO (Inter Prov. Overleg) en SNN (Samenwerking Noord Ned) - Hoe krije wy Fryslân losser fan De Haach? Fia dizze Frijbûtser wurde alle belangstellende leden útnoege foar ien of mear fan dizze temajûnen. De kaderkommisje rekkenet derop dat flink wat leden meibouwe wolle oan de takomst fan de FNP as in sterke provinsjale partij. Alle temajûnen binne by Duhoux yn Wurdum en begjinne om 20.00 oere. As jim komme, graach oanmelde fia temajun@fnp.nl.

Troch de feestdagen sil dizze kear de Algemiene Ledegearkomste net op in freedtejûn holden wurde mar op in woansdeitejûn: 28 maaie yn Wurdum.


maart 2014, nûmer 429

Frijbûtser

side 9

FNP op wurkbesite by Weststellingwerf Natuurlijk De Steatefraksje hat op 22 febrewaris mei Weststellingwerf Natuurlijk nei Blesdike en Boyl ta west. It wie tagelyk de kampanjestart fan de nije lokale partij. Listlûker Sippe Bron sei dat der in soad programmatyske oerienkomsten mei de FNP binne. It wurkjen ‘fan ûnderen op’ bygelyks liket ús te ûnderskieden fan de tradisjonele partijen yn de gemeente. Bron ferwachtet oars ek dat de gearwurking mei de FNP organisatoaryske foardielen hat: ‘De FNP hat in stabile partij-organisaasje dêr’t jo foar kaderfoarming en sa op bouwe kinne; dat is oars as by lokale partijen dy’t mar op in stikmannich minsken werom falle kinne.’

Gearkomstelokaasje yn de tsjerke fan Blesdike

Foar it nagelnije doarpshûs yn Boyl

Yn Blesdike gong it petear mei Doarpsbelang benammen oer it swiere lânbouferkear dat troch de streek moat, en oer de winsk foar in eigen doarpshûs. Salang’t it âlde doarpskafee dêr net foar beskikber komt, wurde gearkomsten yn it âlde tsjerkje holden. Net ideaal, want net geskikt foar ‘feesten en partijen’. In grut multyfunksjoneel sintrum in pear doarpen fierderop fynt Blesdike mei syn hechte lokale mienskip te djoer, te ‘profesjoneel’ en te min binend. It Doarpsbelang fan Boyl liet sjen dat der in hiel soad bestjoerskrêft en organisaasjefermogen yn it doarp sels sit. Doarpshûs De Tille is dêr krekt hielendal mei eigen frijwilligers ferboud. It is benammen de organisaasjefoarm mei ferskate saakkundige wurkgroepen dy’t yn it each springt. Doarpsbelang wie al goed op ’e hichte mei de nije Streekaginda fan de Provinsje Fryslân. It is saak foar it doarp om dêr no gebrûk fan te meitsjen.


Frijbûtser

side 10

Fan de EFA

De FNP en de Europeeske ferkiezings Om de fiif jier kinne de ynwenners fan de EU stimme by de Europeeske ferkiezings. Yn 2014 kin dat op 22 maaie. De leden fan de FNP hawwe fia enkêtes oanjûn dat de FNP him aktyf opstelle moat yn Europa en dat se sa út en troch ynformearre wurde wolle oer wat der spilet. Dêrom dit artikel.

Yn it parlemint hat de EFA in technyske gearwurking mei de Greens. Dat wol sizze, beide partijen foarmje ien groep, mar de EFA is by stimmings folslein frij en hat syn eigen partij-aktiviteiten en meiwurkers. Yn it Europeesk parlemint is dy groep de fjirde yn grutte en dêrom geregeld fan belang om in mearderheid te foarmjen.

Yn it foarste plak moat sein wurde dat by de ferkiezings foar it Europeesk parlemint allinnich noch mar steatsnasjonaal stimd wurde kin. Dat wol sizze, op dy partijen dy’t yn in beskate lidsteat aktyf binne. Yn Nederlân binne dat de PvdA, CDA, VVD of de SP. Transnasjonale (Europeeske) kieslisten binne noch altyd net mooglik neffens de Europeeske regels ek al wurdt dêr sa út en troch in baltsje oer opgoaid. Dat betsjut foar FNP’ers en de efterban dat wy allinnich mar de mooglikheid hawwe om op ‘Haachske’ partijen te stimmen. It ideaal dat bygelyks immen út Burgum op in Katalaan út Barselona stimme kin, echt Europeesk dus, is noch fier fuort. Troch dy konstruksje fan nasjonale kieslisten is it dus ek net mooglik om op de EFA (Europeeske Frije Alliânsje), de Europarlemintspartij dêr’t de FNP by oansletten is, te stimmen. En dat is fansels ôfgryslik spitich, want as de ynwenners fan alle regio’s lykas Fryslân mei in sterke eigen identiteit of taal en kultuer de krêften bondelje soenen, dan soenen leafst 50 miljoen minsken op de EFA stimme kinne. Dan soe in Europeeske ‘machtsfaktor’ (om sa’n wurd mar te brûken) fan komsa yn it Europeesk parlemint ta stân komme kinne. Fansels hawwe de besteande sintralistyske partijen dêr hielendal gjin belang by. Dy hâlde it leaver op lidsteatbasis.

De FNP jout syn leden gjin stimadvys, dêr is elkenien frij yn. Yn de oanrin nei de Europeeske ferkiezings hawwe ferskate partijen kontakt mei de FNP socht, fansels ek mei it each op de 40.000 kiezers dy’t no har kar noch meitsje moatte. Fansels binne dy petearen om goed fatsoen net wegere, mar de FNP bliuwt in ûnôfhinklike partij dy’t him net foar it karke fan hokker partij of beweging spanne lit.

Om’t de FNP yn it Nederlânske systeem lang net genôch stimmen helje soe (sa’n 200.000 nedich foar ien sit) hawwe HB en ledegearkomste novimber lêstlyn besletten om net mei te dwaan op 22 maaie. Hoe komt de EFA dan oan syn stimmen, freegje jo jo faaks ôf? Dat binne de stimmen dy’t de ynwenners fan benammen de wat gruttere regio’s jûn hawwe oan regiopartijen lykas de SNP yn Skotlân en de N-VA yn Flaanderen. Op dit stuit hat de EFA 7 sitten op in totaal fan 766 yn it EP. De Europarlemintsleden komme fan Skotlân (SNP, 2), Flaanderen (N-VA, 1), Wales (Plaid Cymru, 1), Korsika (PNC, 1), Kataloanje/Baskelân/Galisië (kombypartij, 1) en fan de Russen út Letlân (1). Om’t benammen de Skotten, Katalanen, Flamingen en de partij út Wales winst ferwachtsje soe de EFA nei de ferkiezings wolris mei 9 of 10 leden weromkomme kinne.

De bêste wize om de Fryske saken yn Brussel te behertigjen is it kontakt mei en de ynspannings fan de EFA sels, dêr’t de FNP al mear as tritich jier in ferbining mei hat. De ôfrûne jierren is der skrept foar Tryater, foar de Omrop, foar eigen sizzenskip oer Romtlike oardering en mynbou, it lânboubelied en gean sa mar troch. Sa bouwe wy Europa op út de minsken en de folken wei en net technokratysk fan boppen ôf. Op www.e-f-a.org is it ferkiezingsprogram fan de EFA te lêzen. As jo fragen hawwe nei oanlieding fan dit stik kinne jo kontakt opnimme mei Olrik Bouma (bestjoerslid EFA) of mei my (foarsitter EFA-kommisje yn de FNP). Adresgegevens steane op de webside fan de FNP. Sybren Posthumus


maart 2014, n没mer 429

Frijb没tser

side 11


Frijbûtser

FNP-ADRESSEN FNP-Hûs, Obrechtstrjitte 32, 8916 EN Ljouwert Antwurdnûmer 5034, 8900 VB Ljouwert (058) 213 14 22, fnphus@fnp.nl Buro: Tjibbe Brinkman, Twizel (0511) 54 22 73, tjibbe.brinkman@fnp.nl It FNP-hûs is iepen op tiisdeis en tongersdeis fan 9.00 oant 13.00 oere Bankrekken: NL21 RABO 0305 0145 28 Ynternet: www.fnp.nl HAADBESTJOER Ultsje Hosper, foarsitter, Oerterp (0512) 30 23 73, ultsje.hosper@fnp.nl Aeltsje de Groot-Zantema, skriuwer, Stiens (058) 257 38 33, aeltsje.de.groot@fnp.nl Gerrit Idsardi, ponghâlder, Twizelerheide (0511) 44 35 23, gerrit.idsardi@fnp.nl Jaap Cuperus, Dokkum (06) 2245 8322, jaap.cuperus@fnp.nl Rommert Dyk, Burgum (0511) 46 27 30, rommert.dyk@fnp.nl Jehannes Elzinga, Frjentsjer (0517) 23 45 24, jehannes.elzinga@fnp.nl Cees Nieboer, Tsjerkwert (0515) 57 96 57, cees.nieboer@fnp.nl Miriam van der Veen, Sumar (06) 47 49 47 20, miriam.van.der.veen@fnp.nl Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma, Oerterp (0512) 30 36 47, sjoerdtsje.veenstra@fnp.nl

Bûsboekje Maart 19 Gemeenteriedsferkiezings 24 Haadbestjoer – ôfdielingsbestjoeren 25 Haadbestjoer – Steatefraksje 31 Deistich bestjoer April 4 Temajûn 7 Haadbestjoer 7 Termajûn 11 Temajûn 15 Kopij Frijbûtser 430 Maaie 28 Algemiene Ledegearkomste

Troch de feestdagen sil dizze kear de Algemiene Ledegearkomste net op in freedtejûn holden wurde mar op in woansdeitejûn: 28 maaie yn Wurdum.

Post NL Port betelle

REDAKSJE FRIJBÛTSER Nynke Beetstra, Grou, Ultsje Hosper, Oerterp Jitske Zaadstra, Turns, Jan Breimer, Grou Kopij: p/a FNP-hûs; e-post: frijb.ynfo@fnp.nl STEATEFRAKSJE p/a Provinsjehûs (058) 292 58 03, fnp@fryslan.nl Janke de Vries, fraksjemeiwurkster Yde Dijkstra, beliedsmeiwurker Annigje Toering-Schuurmans, Mantgum, foarsitter (06) 51 24 71 82, a.toering-schuurmans@fryslan.nl Sybren Posthumus, Reduzum (0566) 60 29 28/(06) 30 22 66 84, s.posthumus@fryslan.nl Jan Visser, Waaksens (D) (06) 46 62 79 73, jan.visser@fryslan.nl Auke Bijlsma, Terherne (06) 50 59 00 80, a.bijlsma@fryslan.nl Liskje Flapper, Burchwert, kommisjelid (0515) 57 51 67, l.flapper@fryslan.nl DEPUTEARRE Johannes Kramer, Sibrandabuorren (06) 15 61 20 55, j.kramer@fryslan.nl WETTERSKIPSFRAKSJE Lolke Folkertsma, Dokkum, foarsitter (0519) 22 16 60, lolke.folkertsma@fnp.nl Wopke Veenstra, Boelensloane (0512) 34 27 70, wopke.veenstra@fnp.nl EARSTE KEAMER (OSF) Kees de Lange, Monnickendam (0299) 6535 07, keesdelange@osfractie.nl FNP-JONGEREIN – Ynternet: www.fnpj.nl Saapke Voolstra, Drachten, foarsitter (06) 50 81 38 96, jongerein@fnp.nl

By ferkeard adres, werom nei Obrechtstrjitte 32, 8916 EN LJOUWERT

Ynhâld fan dit nûmer Side 1

Gripe de lokale en regionale partijen yn de gemeenten de macht?

Side 2

Oersjoch gemeenteriedsferkiezings 19 maart 2014 Listlûkers en spearpunten

Side 6

Fan de provinsjale PR-kommisje - 19 maart: riedsferkiezings yn 13 FNP-ôfdielings FNP-Dongeradiel iepenet eigen FNP-hûs

Side 7

Sosjale Media Tip

Side 8

Fan de kaderkommisje - Fjouwer temajûnen

Side 9

FNP op wurkbesite by Weststellingwerf Natuurlijk

Side 10 Fan de EFA - De FNP en de Europeeske ferkiezings Side 12 - Kolofon - Bûsboekje


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.