Heit en Mem 1

Page 41

ekeamer Meubels

Fotobehang

Mei fotobehang kinst de bernekeamer ek in hiel spesjaal uterlik jaan. Lykas mei dizze ûnderwetterwrâld-foto. Te bestellen by www. kleurmijninterieur.nl. Do kinst dêr sels dyn eigen foto as wandfoljend behang bestelle!

De meubels yn in bernekeamer moatte behalve moai ek praktysk, stevich, sterk en funksjoneel wêze. Yn ferbân mei de feilichheid meie de laden fan in kast net fan de rails ôf glydzje kinne en in stoel moat stevich genôch en net wibelich wêze, sadat it bern der sels maklik op en ôf klimme kin. Tink der by it keapjen fan de meubels ek om dat de rântsjes rûn binne, sadat de bern harren der net al te bot oan beseare kinne. Hast in meubel mei skerpe hoekjes, dan kinst dêr spesjale beskermhoekjes op pleatse. Dy binne te krijen by in boumerk of babyspesjaalsaak.

Bist in echte klusser? Meitsje dan sels ris in brânspuitauto, in bolderkarre, in pakhús of in keukenblok foar de bern. Sjoch op www.hobbyhandigonlinewinkel.nl foar de boutekeningen.

Feilich boarje

Wolst even gau in skilderij ophingje? Tink der goed om wêr’tst de boar setst! Mei in digitale detektor kinst hielendal feilich boarje. Dy jout nammentlik presiis oan wêr’t de stroomliedingen rinne. Grien is feilich, read net. Hielendal handich binne de skilderij- ophingsystemen. Ast dy ienkear hingjen hast, kinst sa faak wat oars ophingje ast wolst, sûnder hieltyd wer opnij gatsjes te boarjen. Sawol de digitale detektors as de skilderij-ophingsystemen binne te krijen yn de boumerk.

Ferve

Stimmingsboerd

Hast noch gjin idee hoe’tst de bernekeamer ynrjochtsje silst? Meitsje dan earst in ‘stimmingsboerd’. Nim in grut stik papier en plak dêr ferskate kleurstalen, stofkes of plaatsjes út tydskriften op dy’t dy oansprekke. At it bern sels wat âlder is, kin dy fansels ek helpe om plaatsjes út te sykjen dy’t hy of sy moai fynt. Sa komst fansels ta in sfear dy’t dy befalt. It stimmingsboerd kinst dan as útgongspunt brûke by it ynrjochtsjen fan de bernekeamer.

Made by heit

Magneetferve

Mei magneetferve kinst in gewoane muorre ek omtoverje yn in magyske muorre dêr’t magneten op hingjen bliuwe, lykas op in kuolkastdoar. Sa hoechst gjin plakbân, nytsjes of spikers mear te brûken! Sjoch op www.magneetverf.nl foar kreative magneetmuorre-ideeën.

Kies altyd foar ferve of lak op basis fan wetter, lykas akryl- of lateksferve. De ‘EU-bloem’ of it miljeukeurlabel steane dêr garant foar. Yn sommige produkten sitte nammentlik bepaalde gemyske stoffen, dy’t skealik wêze kinne foar de poppe. Ik giet dan meastal om oplosmiddels dy’t brûkt wurde yn ferve, lak, lym, spiritus en kwastreinigers. De swangere mem mei wol fervje as der ferve op wetterbasis brûkt wurdt, mar noch better is it at se it oan de heit oerlit. Ferjit net om ek ûnder it fervjen de keamer goed te fentilearjen.

41


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.