2025 09 Koepel Oktober

Page 1


De Koepel

77e JIERGONG

no. 9, oktober 2025

Redaksje: Wim Beckers

Jellie Koops - Benedictus

Freek Algra

Adri de Vries

Gerke Terpstra

K at en Harke

As wy it no aardich fine as net, de simmer keart ús stadich oan de rêch ta en de hjerst stiet alwer ûngeduldich te wachtsjen om syn kâlde azem út te blazen oer ús gea. Blêden bedobje it gers, de beammen bliuwe eat wat neaken stean en de nachten wurde langer. Alles hat twa kanten soe ús filosoof Johan Cruyff wol sizze. En sa is it lang om let ek fansels.

Op 13 septimber wie der de Open Monumenten Dag, yn Wytmarsum wer stal jûn troch de Streekmerk en in optreden fan

Scheppingsgave en Di Goyem. Beide tige slagge! En no op nei oktober as Oars as oars wer los giet mei it organisearjen fan it Oktoberfest. Ek dit jier binne se der wer yn slagge in goed programma yn inoar te setten, dus ik soe sizze: net stinne mar der hinne.

Mar alles hat twa kanten, sa ek it libben. Njonken de berte fan nij libben is it libben ek ôfskied nimme fan dejinge wer jo fan hâlde.

Sa stoar op 25 augustus KLASKE STELLINGWERF. Op 3 desimber 1937 waard Klaske yn Wytmarsum berne as Klaasje Stellingwerf en it sechsde bern yn de húshâlding fan Hille Stellingwerf en Geiske Buma. Klaske groeide op it Keatsplein op. As jongfaam fan fyftjin jier waard hja lid fan it kristlik mingd koar Skeppingsgave. Se hat hast sechstich jier sjongend lid west fan dit koar. Sij wie ek sportyf: keatsen, reedride en tennis. Se helle ek in swimdiploma en is jierrenlang moarns nei Mounewetter fytst om in oerke te swimmen. Ein santiger jierren kocht hja it hûs oan de Van Aylvawei wer’t se in grut part fan har libben wenne hat. Se learde Ele Meijer kinnen en mei him besocht se geregeldwei de grutte keatspartijen yn Fryslân. Sels as tachtiger rûn en fytste Klaske noch hiele einen, meastal tegearre mei har freondinne Jannie Rienstra. Oant se yn 2020 yn har hûs kaam te fallen en doe begongen jierren fan dokterjen. Wy winskje de famylje sterkte ta om dit grutte ferlies in plakje te jaan.

Op 27 augustus stoar GRIET DEELSTRA-BIJLSMA. Griet waard berne op 26 febrewaris 1941 yn Stiens. Hja boaske mei Jan Deelstra, dy’t haad oan de iepenbiere skoalle wie. Ek Griet siet yn it ûnderwiis en sa kaam it geregeld foar dat de master en de juf tegearre oan it lesjaan wienen. Jan en Griet krigen trije bern, Houkje, Nynke en Janneke. Ik ha Griet kinnen leard fia de skoalle, mar mei namme troch De Koepel. Sy hat hast 20 jier sekretaris west fan ús doarpskrante en foarme doetiids in izersterk partoer mei Trynke Bijker en Jaap Jilderda. Alles waard altyd skerp en sekuer folge. It wiene doe oare tiden, want de kopy waard op papier skreaun as typt, by Griet ynlevere, wêrnei dat hiele pakket nei de drukker koe. Wat Griet ek mei hert en siel dien hat wie it dûnsjen bij De Koepeldûnsers. It moast al raar rinne woe Griet in kear oerslaan. Oan it lêst ta kaam sy trou te dûnsjen. De lêste tiid ferbleaun Griet yn It Riedshûs yn Wytmarsum. Wy winskje de bern en bernsbern de sterkte ta om dit grutte ferlies te ferwurkjen.

Op 7 septimber moasten wy ôfskied nimme fan GRIETSJE VAN DE WITTE-HAGER. Grietje waard op 8 oktober 1933 yn Wytmarsum berne. Yn har jeugd krige hja tbc en moast doe, lykas doetiids foarskreaun waard, in skoft yn in tintsje bivakkeare yn de tún. Grietje boaske mei AEbe fan de Witte. Tegearre krigen se trije bern, Jaap, Durk en Gerard. Yn 2015 waard Grietje widdo. Omdat de jierren begongen te tellen naam sij har yntrek yn in oanleunwente by Aylva State. Al rillegau bedarre sy yn de bewennerskommisje. Dizze rol wie har op it liif skreaun. Altyd folge sy skerp en kritysk it belied fan de ynstelling en hie dan ek altyd in goeie ynbring yn de kommisje. Foarich jier ha wy noch in pear oergryslik gesellige middeis hân doe’t we mei in groepke de nammen útsochten fan de minsken dy’t yn de doarpsfilm fan Wytmarsum foarkamen. Grietje hie har jonkheid wenne op de Lange Jammer, mar dy namme woe sy net hearre, nee it wie Nij Aldhúzen! Dus as jimme wer ris by de Poiesz wei komme, betink dan dat jimme it útsjoch ha op Nij Aldhúzen en net dy oare namme. Jimme hienen dêr Grietje in

soad nocht mei dien. Wy winskje de bern en bernsbern sterkte ta dit grutte ferlies in plakje te jaan

Op 12 septimber ferstoar EVERT TERPSTRA. Evert wie de tredde soan yn it gesin fan Jetse en Richt Terpstra. Evert waard op 29 oktober 1958 berne. Hy wie gek op de natoer, kuierjen, polstokspringe en net te ferjitten aaisykjen. Hy mocht ek graach gymnastykje en kaam dan ek by Froukje Gaastra yn de keurgroep telâne. Om wat by te fertsjinjen wurke hij in tal jierren yn de blommenwinkel fan Anema, wat er mei oergryslik folle plesyr dien hat. Op syn 17de gong hy nei de plysjeskoalle yn Harns en trochrûn dy mei sukses. Hy krige wurk as plysjeman en ferhúze op syn 20ste nei Nieuwe Niedorp. Letter ferhúze hy nei Kolhorn. Evert wie troud en hie ta dochters. Wy winskje de neibesteanden alle krêft ta dit grutte ferlies te ferwurkjen. En al klinkt it betiden wat hurd, it libben hâldt gjin skoft. Wy nimme ús oantinkens fierder mei op ús paad, mar fansels meitsje wy ek eltse dei wer nije oantinkens. En wat my oanbelanget geane wy dêr mei syn allen noch in hiel skoft mei troch.

Oant de folgende Koepel, Wim

S urprise Nijs,

Op 21 novimber tilt it yn Fryslân wer op fan de ferhalen en dit jier hoege jim it doarp net út, want ek yn Wytmarsum binne der minsken mei nijsgjirriche ferhalen. En dy wolle se graach oan jim fertelle. Wa’t dat binne bliuwt noch efkes geheim. Kom dus allegearre nei de kantine fan kamping “Mounewetter” op 21 novimber. De earste ferhalenferteller begjint syn/har ferhaal om 20.00 oere. De tagong is fergees, hoe moai is dat! Oant de 21ste!!

Interim bestjoer toanielferiening Surprise

F ysio Witmarsum

Nieuws van Fysio Witmarsum

Afscheid Theo en Betty de Groot

Vanaf 2006 is Fysio Witmarsum gevestigd op de huidige plek op de van Aylvaweg 16 in Witmarsum. In 2010 werd de praktijk uitgebreid met een oefenzaal en extra behandelkamers en kwam Marco Kingma (als opvolger van Tinet Tigchelaar) in dienst. In 2020 werden de Fysio en Fitness een maatschap van Theo en Betty de Groot met Marco Kingma. Per 1 januari 2025 is de praktijk overgedragen aan Marco Kingma, die met het team (Margreet, Afke, Monique, Esther, Roelof en Anke) de praktijk voortzet.

Theo en Betty hebben op 5 september j.l. feestelijk afscheid genomen van het team en kunnen gaan genieten van het pensioen.

“Hierbij wil ik alle patiënten die ons hebben bezocht en de zorgverleners waarmee wij fijn hebben samengewerkt, heel hartelijk bedanken voor het in mij/ons gestelde vertrouwen. Heel veel dank daarvoor en wij wensen een ieder een goede gezondheid en geluk”,

Theo en Betty de Groot

Groepslessen najaar 2025

Er zou in september gestart worden met de groepslessen, dat is inmiddels voor de danslessen op de woensdagen gebeurd. Maar voor de HIIT-training op de maandagavond liet de vraag wat te wensen over. De start van deze trainingen hebben we daarom uitgesteld en laten we afhangen van de aanmeldingen. Wellicht dat het mooie weer in de eerste week van september hiervan de oorzaak is en men liever begint met binnen sporten als de avonden weer donkerder en kouder worden. Mocht u geïnteresseerd zijn in de HIIT-training dan kun u ons een mail sturen naar info@fysiowitmarsum.nl of het inschrijfformulier op de website invullen. Dan starten we de serie trainingen later op. Wilt u uw kind nog inschrijven voor de danslessen dan kan dat natuurlijk ook nog. Kijk in onze advertentie in dit blad voor het actuele aanbod.

Graag tot ziens bij Fysio Witmarsum!

O VW

Nieuws van het Ondernemersfonds

De afgelopen maanden informeerden wij u regelmatig via de Koepel over het ondernemersfonds van de OVW (Ondernemers Vereniging Witmarsum).

Momenteel wordt er gewerkt aan een nieuwe website www.ondernemendwitmarsum.nl

Wij verwachten dat de website medio oktober in werking zal zijn.

Op deze website kunt u dan uw subsidieaanvraag indienen en meer informatie vinden.

Belangrijk:

Subsidieaanvragen voor projecten in 2026 kunnen tot uiterlijk 1 november 2025 ingediend worden via de mail : ondernemersfondsovw@gmail.com

Het gaat om projecten met een collectief doel, bijvoorbeeld op het gebied van sport, spel, muziek, cultuur…etc.

Wilt u een subsidieaanvraag doen, vraag dan een aanvraagformulier op via de mail. (t.z.t. te downloaden via de website www. ondernemendwitmarsum.nl).

U dient het aanvraagformulier in, met uitleg omtrent de activiteit samen met een eenvoudige kostenbegroting en welke financiële bijdrage gevraagd wordt.

Het ondernemersfonds is een pot geld wat opgebracht wordt door alle ondernemers van Witmarsum via de gemeentelijke woz belasting. Het geld wordt vervolgens jaarlijks door de OVW aan projecten in Witmarsum toegekend.

Wij willen hierbij ook nadrukkelijk alle ondernemers van Witmarsum oproepen om lid te worden van de OVW, om mee te kunnen beslissen over toekenning van de subsidiegelden voor Witmarsum.

Namens de OVW, ondernemersfondscommissie:

Theo de Groot (Fysio & Fitness Witmarsum)

Janneke Bakels (studio Yin Life Art)

Jorrit Plantenga (camping Mounewetter)

ondernemersfondsovw@gmail.com

Levering van zand en tuinaarde

Verhuur van graafmachines (groot en klein)

Voor alle andere werkzaamheden op het gebied van grondverwerking of verhuur van (graaf)machines hebben (of zoeken) we een oplossing die bij u past!

Pingjumerstraat 26 • 8748 BN Witmarsum • info@haitsmawitmarsum • (0517) 531388 Ook op zaterdag geopend! www.haitsmawitmarsum.nl

D e Mouneboulers

Zaterdag 13 september was het 15e Wûnseradiel toernooi, Georganiseerd door De Mouneboulers Witmarsum. Even leek het erop dat het cijfer 13 inderdaad ongeluk zou brengen in de vorm van hoosbuien met onweer en harde wind. We besloten het er toch maar op te wagen. En gelukkig, op één dikke bui na, was het hele toernooi verder droog met zelfs zon.

Er waren 34 deelnemers uit Schettens, Parrega en Witmarsum. De sponsor van dit toernooi was Draaierij Posthumus Burgwerd.

Prijzen waren vleespakketten van slagerij Anema Bolsward.

Ook dit gemeenschappelijke toernooi was weer een gezellige dag met zelfs een loterij met leuke prijzen.

Sietse Haitsma had zeker zijn dag niet want die ging met de poedelprijs aan de haal. Maar ja…. je komt in ieder geval toch niet met lege handen thuis. Zijn oudere broer Klaas Haitsma daarentegen mocht zich kampioen van Ald Wûnseradiel noemen met de 1e prijs! Oef… kleine familie vete, haha.

Ook onze dames lieten zich niet onbetuigd: zowel Aagje Waterlander als Antje Cuperus vielen in de prijzen!

Prijswinnaars van het toernooi waren: Poedelprijs: Sietse Haitsma

1. Klaas Haitsma (Witm.) (kampioen van Wûnseradiel)

2. Sjoerd Nooitgedagt (Witm.)

3. Johannes van Abbema (Schettens)

4. Henk de Boer (Schettens)

5. Aagje Waterlander (Witm.)

6. Antje Couperus (Witm.)

Het waren spannende partijen met weinig verschil in punten!

Graag tot volgend jaar....en onze eigen Mouneboulers graag tot het volgende toernooi op 11 november. Het paling toernooi!

Wij doen mee

V&O en SV Mulier doen mee met de Grote Clubactie!

Vanaf 20 september kunnen verkopers bij u aan de deur komen. Mocht u deze gemist hebben of via de QR-code een lot willen kopen dan kan dat natuurlijk ook. Steun onze verenigingen!

Dry Needling Fitness

Functionele Osteopathie Bedrijfsfitness

Manuele therapie Dansen 4 Kids & Teens

Medical taping HIIT-training

Valtraining Spinning

De Utskoat

Y nstjoerd

Verslag Uitmarkt-Streekmarkt en Open Monumentendag Witmarsum en Pingjum

Ondanks de slechte weersverwachtingen hadden we zaterdag 13 september 2025 een prachtige dag. De hele dag droog (tot een uur of drie) met een lekker zonnetje. Het was vanaf 10.00 uur een gezellige drukte bij de Streekmarkt in Witmarsum. Naar schatting bezochten ongeveer 250 bezoekers de kramen en de exposities in de Doopsgezinde kerk. Omdat het bij het maken van de plannen onzeker was of er bij de kerk al dan niet bouwwerkzaamheden gaande zouden zijn, was er vergunning gevraagd om een deel van de kramen in de Bewaarschoolstraat te zetten. Er waren verkeersborden en verkeersregelaars besteld om dit veilig mogelijk te maken. Echter toen bleek dat het terrein nog beschikbaar was, is op basis van de slechte weersverwachtingen (regen en harde wind) besloten om alle kramen en verdere activiteiten toch in en rond de DG kerk te concentreren. In de kerk kon men een kijkje nemen bij het werk van de Wolkeamer, de beeldend kunstenaar Jehannes Hibma en een kleine expositie van de quiltgroep, die elke woensdagmiddag in de kerk te vinden is. Ook waren in de kerk babykleertjes te koop van Maaike Zijlstra. Buiten was een 20-tal kramen met de meest uiteenlopende producten. Zo kon er o.a. biologische zuivel, kaas van de Oerboer, brood van mevrouw de Molenaar, biologische groenten, pompoenen, jam, honing en speciaal bier worden gekocht, alsmede glazen sieraden en kleine cadeautjes. Ook waren er de kramen met quiltwerk en kaarten, overbodige spullen uit de kerk en koffie, soep en cake en kon er een knoopje worden gelegd aan de quiltdeken. De opbrengst van deze kramen en de deken was bestemd voor Oekraïne en het Mennohûs. Bij de kunstenaars Joris en Gerdi kon een groot doek worden beschilderd en de hele dag was er muziek van een accordeonist, een doedelzakspeler en ’s middags een optreden

van de gitaristen René en Joost. Alleen de ijscokar en het rondreizend gezelschap van Atrium on Tour lieten vanwege het weer verstek gaan. De open monumenten trokken eveneens veel bezoekers (de Koepelkerk telde overdag 50 bezoekers) en een mooi gevulde kerk kon vanaf 15.30 uur genieten van een vrolijk concert van het koor Scheppingsgave en Di Gojim. Dit concert is nog te beluisteren via YouTubekanaal: pgwitmarsum. In Pingjum werden de Victoriuskerk en it Skûltsjerkje bezocht door zo’n 60 mensen. Een deel van hen nam de moeite om de 45 minuten durende film De Pionier te bekijken en enkelen deden de wandeling door het dorp met historische foto’s. Ook de korenmolen De Onderneming was open voor publiek. Kortom een zeer geslaagde dag, een evenement om te koesteren en jaarlijks te herhalen. Namens de organisatie van de Streekmarkt en Tsjerkepaad.

V &O

UITNODIGING JUBILEUMUITVOERING – 100 JAAR

Beste leden, oud-leden, oud- leiding, oud- bestuursleden, verenigingen en belangstellenden, Gymnastiekvereniging V&O bestaat 100 jaar – en dat vieren we graag samen met jou! Daarom nodigen we je van harte uit voor onze feestelijke jubileumuitvoering.

• Datum: zondag 12 oktober 2025

• Locatie: Feesttent Oktoberfest Witmarsum – van St. OarsAsOars

• Adres: Scheef tegenover Mulierlaan 2A

• Inloop: vanaf 12:30 uur

• Start uitvoering: 13:30 uur

• Eindtijd uitvoering: 17:00 uur – tap open

Wat kun je verwachten?

• Een warm welkom met een kopje koffie

• Muzikale ontvangst door Muziekvereniging Nij Libben

• Een feestelijk programma met optredens van onze eigen groepen, waarbij de jeugdleden iets moois laten zien

• Tussendoor zijn er bijdragen van speciale gasten, zoals burgemeester Jannewietske de Vries en wethouder Bauke Dam, de springgroep uit Lemmer, Tjalling v.d. Berg en Indy Veltman (Ritmische Gymnastiek)

Het exacte programmaboekje ontvang je bij binnenkomst. Na afloop van de uitvoering neemt St. OarsAsOars het programma weer over.

We hopen dat je nog even gezellig blijft napraten onder het genot van een drankje, met muzikale ondersteuning van Sytse Haima, die zorgt voor een sfeervol optreden!

Praktische tips:

• Woon je in de buurt? Kom dan lopend of op de fiets i.v.m. beperkte parkeergelegenheid

• Wil je in de pauze of na afloop een drankje? Haal dan direct bij binnenkomst munten om wachtrijen te vermijden

Voor vragen kun je mailen naar: info@venowitmarsum.nl

Samen maken we er een onvergetelijke dag van. We hopen je te zien op deze bijzondere mijlpaal!

Met vriendelijke groet, Jubileumcommissie en bestuur Gymnastiekvereniging V&O

Remco Gaastra, Anja de Wild, Merlandi Krol, Aagje Sijbesma, Dirk Dijkstra, Jaap de Vries, Aukje Hibma, Saloni Nicolai en Anneke de Valk

24 uur per dag, 7 dagen per week

Wij staan voor u klaar!

Thuis als het kan, in het ziekenhuis als het moet. Welke zorg u ook nodig heeft, wij zijn er voor u. Antonius, voorheen Thuiszorg Zuidwest Friesland, biedt alle soorten zorg aan huis, zoals verpleging, persoonlijke verzorging, nachtzorg én gespecialiseerde zorg.

Dankzij de korte lijnen met ons ziekenhuis kan er thuis heel veel. En als zorg thuis niet kan? Dan helpen we u in ons ziekenhuis in Sneek.

0515 - 46 18 81

TeamWitmarsum@thuiszorgzwf.nl mijnantonius.nl/thuiszorg

Wij zijn er voor u, zodat u langer thuis kunt blijven wonen óf eerder uit het ziekenhuis weer naar huis kunt.

Annemarie Hannema is wijkverpleegkundige in uw buurt Welke zorg u ook nodig heeft, zorgteam Witmarsum is er voor u en uw naasten. Annemarie komt graag bij u langs voor een vrijblijvend gesprek. Want ook u verdient optimale zorg, precies op maat.

I epenloftspul

Iepenloftspul Wytmarsum 2026

Yn de lêste Koepel ha wy jimme ferteld oer it iepenloftspul dat wy fan 2 oan te mei 7 juni 2026 opfiere wolle. De lokaasje is in prachtich smûk plakje by it contourentsjerkje op it Fliet. Yn de Koepel fan novimber kinne wy mear sizze oer de ynhâld fan it stik, wer’t skriuwer Eelco Venema no hast klear mei is.

Workshop aktearje

Sûnder spilers gjin stik. Wolst earst wolris witte of aktearjee wat foar dy is? Dat kin! Yn novimber organisearre wy in workshop wêrst yn’e kunde komme kinst mei aktearjen. Underfyning is net nedich. De workshop stiet ûnder lieding fan Sjoerd Blom, dy’t ek de rezjy docht fan ús iepenloftspul. Sjoerd is ek akteur en jout syn workshop mei in soad entûsjasme. Ynkoarten sille wy de datum foar de workshop bekend meitsje. Mar kinst no ek oanjaan of’asto ynteresse hast troch in mailtsje te stjoeren nei: iepenloft.wytmarsum@hotmail.com

No al ynteresse om mei te dwaan mei it stik?

As spiler, om mei te helpen mei it dekor as mei oare aktiviteiten? Stjoer dan in mailtsje nei iepenloft.wytmarsum@hotmail. com Kinst ek kontakt opnimme mei ien fan de leden fan de projektgroep.

De projektgroep Iepenloftspul Wytmarsum 2026

Aline Euser (Scheppingsgave), Willem Veninga en Foppe van der Velde (Nij Libben), Corrie Nota en Esther Schippers (Popkoar Wytmarsum), Tineke Algra (tonielferiening Surprise), Henk Jan van Dijk (projektlieder), Menno de Vries, Lisette Visser en Gerke Terpstra (Ekspedysje Wytmarsum)

Z wembad Mounewetter

Op zaterdag 6 september hielden we de traditionele “Glij ‘m d’r in” middag en daarna waren we nog een week lang open. Vele (baantje-) zwemmers hebben hiervan genoten en ook de scholen kwamen nog een keer langs. De slotmiddag op 13 september trof wat wisselvallig weer, maar er waren stoere deelnemers bij het “spijkerbroekhangen” en natuurlijk ook zwemmers, voor de laatste keer dit jaar. In september is ook mevrouw Elgersma uit Wûns in het zonnetje gezet. Zij is 85 jaar, zwemt al 35 jaar bij ons en doet mee aan groepslessen. Ze komt met vriendinnen op de fiets en heeft deze zomer niet één keer overgeslagen.

Nog meer diploma’s

Bij Mounewetter haalden in juli veel kinderen hun diploma, die stonden al in de Koepel. In de zomervakantie gingen de zwemlessen ook door en deze leszwemmers zijn allemaal geslaagd op 11 september:

Diploma A: Merlen Bos, Jorn Gietema, Lion Niermeijer, Gerbrig Huitema, Jillis Tilstra, Tijs Willems.

Diploma B: Ate Jan Leijendekker, Tijs Willems, Liz Terpstra, Foss de Jong, Mara Tilstra, Noah Gerritsma, Jetze Reitsma, Yde Engelsma, Hans Falkena, Jayden Rienstra.

Diploma C: Ninte de Jong, Deef Helmus, Nevah Rosenau, Ties Reinsma, Bjorn Lootsma, Lev de Boer, Abby Hiemstra.

Allemaal van harte gefeliciteerd!

Vliegende badmeester

Badmeester Arjen was veel aan de rand van het bad te vinden

deze zomer en nu en dan toont hij zijn eigen zwem-, duik- en zweefkunsten. Truida maakte er een mooie foto van.

Oant sjen

We hebben dit seizoen bijna 46.000 bezoekers gehad, een aantal om trots op te zijn. Mooi dat we dat als bestuur, medewerkers en niet te vergeten alle vrijwilligers kunnen ‘runnen’. Wij gaan nu de winter in, met alweer zin in om op te starten in voorjaar 2026.

Een goede winter en oant sjen!

Badmeester Arjen zweeft boven het bad (foto door Truida Sluiman)

N ij Libben

Muziek uit de regio

Wij nodigen u uit voor een regioconcert.

Uitvoerenden zijn: de muziekverenigingen, Nij Libben Witmarsum, Wubbenus Jacobs uit Arum, OKK uit Kimswerd en Harmonie uit Pingjum.

Deze vier orkesten spelen eerst hun eigen programma en daarna wordt het concert afgesloten met een gezamenlijk optreden.

Een prachtige gelegenheid om mooie fanfare muziek uit eigen regio te beluisteren. Datum: 22 november. Aanvang 19.30 uur. Locatie Pier’s Stee in Kimswerd.

Kerstconcert

Wij maken u alvast attent op ons kerstconcert. Datum 14 december in de Koepelkerk. We beginnen om 15.30 uur. Aan dit concert wordt meegewerkt door Trûbadoer Adri de Boer.

Wilt u meer weten over onze vereniging of donateur worden mail dan naar info@nijlibben.nl

G RAACH DIEN

(foar eltsenien)

Wy fernimme noch al gauris dat men tinkt dat “Graach Dien” der allinne is foar âldere ynwenners fan Wytmarsum.

Dat is net sa, eltsenien dy ’t ferlegen sit en net in berop dwaan kin op famylje, kunde of buorlju, helpe wy graach. Wy hawwe gjin web-side, gjin face-book, dogge net oan twitter mar binne gewoan te berikken op tillefoannummer:

06-52046445

op alle wurkdagen tusken 9 en 10 oere. As it kin op syn minst 2 dagen yn ’t foar efkes skilje, wy kinne dan op tiid foar in frijwilliger soargje.

Wy binne der foar:

- Ferfier en begelieding foar in besite/behanneling yn it sikehûs

- Ferfier nei de fysioterapeut

- Ferfier yn mar ek bûten it doarp

- In boadskipke dwaan

- Gau efkes medisinen helje

- Hulp by in putsje

It is fergees, allinne moatte wy in kostenfergoeding rekkenje. Dit is € 2,00 yn it doarp. Foar ferfier bûten it doarp € 0,25 de kilometer, ôf te rekkenjen mei de sjauffeur/frijwilliger.

Wolle jimme oare ynformaasje, skilje dan:

Geartsje Verhoeve-Akkerman 0517-531392

Y n’t ferline

Wy kamen dit stik tsjin yn de Ljouwerter van 9 oktober 1925, it giet oer hoe men eartiids mei ôfstân omgong.

Wat moasten de minsken harren alear al behelpe en wat hawwe de lju fan de tsjintwurdige tiid in ein foar by de pakes en beppes út ‘e tiden fan foarhinne. Nim yn it earste plak mar it ferkear. Och, in soad minsken fan no, witte it noch hiel skoan dat mannichien, om fan ’t iene plak nei it oare te kommen, derta oars gjin middel fan ferfier hie as syn eigen fuotten en dy wist men dan ek sadanich te brûken dat men tsjin in ôfstân fan in oere as acht, alhiel net op seach.

It wiene foaral de wâldlju dy’t it yn ’t stik fan rinnen fier brocht hiene en as er bygelyks yn Wytmarsum in boerefeint frege waard, dan wie ’t neat gjin wûnder dat immen fan Haulerwyk kuiere om him foar dat wurk oan te jaan. Sa’n ôfstân koste hinne en wer in dei en in nacht, mar men fûn dit normaal, omdat men net better wist as dat it sa hearde.

Doe’t de fyts mear ferkocht waard, wiene der al minsken dy’t tochten dat dit de ein fan de tram wurde soe. Mar no binne we sa fier hinne dat it fytsen de minsken ek al te swier wurdt. Wa’t hjoed-de-dei in pear oeren fan hûs moat, nimt tsjintwurdich de bus. Mei dit ferfiermiddel komme je sels op efterôf plakjes, it liket op freeds wol oft der yn Ljouwert jild te heljen is, sa drok is it dan. De sakelju yn de stêd meie de autobus wol tankber wêze, want yn de stêd ha se frijwat mear oanrin.

Mar yn de doarpen is dat sa roaskleurich net, want de klandyzje wurd foar in grut diel ferlein nei de stêd, trochdat de minsken ek al graach in kear fuort wolle.

Mar de measten sille wol ferjitte dat it net allegearre winst is, al is it wier dat it yn de stêd soms wat goedkeaper is as je de reiskosten der net by rekkenje.

Miskien hie it dan thús goedkeaper west en hiene jo de pleatslike winkelman hjir mei holpen.

Oant safier it ferslach út de krante; wat soe de skriuwer skreaun hawwe as hy dizze tiid foarsein hie.

Op de terskmasine fan links nei rjochts: dochter en soan fan Jarig Werkhoven, Jaap Koopmans en Jan Oosterhof. Steande Jarig Werkhoven.

Minsken as jimme no ek mei sa wat sitte, lit it ús dan efkes witte. Evert Zwier Verlengde Oostend 17 8748AP (532147), Geertje Verhoeve (531392), Titia Banga (531572) e-mail: evertzwier@ outlook.com

A genda oktober 2025

3 oktober

Floralia…Vol avontuur

16.45-19.00 uur, OBS De Utskoat

10 t/m 12 oktober

Oktoberfest

Tent Mulierlaan

11 oktober Mouneboulers

13.30 uur, Palingtoernooi

12 oktober

100 jarig jubileum V&O

Tent Oktoberfest, Mulierlaan

12.30 inloop. 13.30 uur, start programma

26 oktober

Strúnroute/Garagesale

10:00-17:00 uur

K olofon

Útjefte fan de gearwurkjende ferienings:

PCOB Wûnseradiel

PKN Wytmarsum

St. Oars as Oars

Popkoar Wytmarsum

Gymnastiekver. ”V. en O.”

Muziekver. ”Nij Libben”

Toneelver. ”Surprise”

Perm. Commissie”

Kaartclub “Elk wat Wils”

E.H.B.O.

Bejaardensoos

K.V. “Pim Mulier”

Sportvereniging ”Mulier”

Ver. voor Dorpsbelangen

Ondernemersvereniging Witmarsum

Tennisclub

IJsclub

Sticht. Zwembad ”Mounewetter”

Zangver. ”Scheppingsgave”

Vogelwacht

Graach Dien

Jeu de Boules ver. “De Mouneboulers”

Begr.-Crematiever. “De laatste Eer”

Triatlon Witmarsum

ZorgcentrumAylva State

Stichting Ekspedysje Wytmarsum

MFC It Fliet

Loopgroep Witmarsum

Trekkerdei Witmarsum

Stichting Gouden Land

Doopsgezinde Gemeente

Til. nr sekretariaat: 0517-531205

De kopij foar de november Koepel moat uterlik 17 oktober ynlevere wurde fia de mail: redactie@dekoepel.frl en famyljeberjochten ek byAdri de Vries, Tsjerkelân 38, 8748 BJ, Wytmarsum.

Adreswizigingen en opsizzingen skriftlik oan boppesteand adres of fia de mail.

Berjochten foar de agenda nei: agenda@dekoepel.frl

Tariven 2025

Meidielings/advertinsjes 1 bledside e50,-

Meidielings/advertinsjes 1/2 bledside e30,-

Famyljeberjochten/betank-advertinsjes e15,-

Bertekaartsjes e15,-

De Koepel komt 11 kear yn it jier út, it earste wykein fan de nije moanne.

Post-abonnees dy’t net lid (mear) binne fan in by De Koepel oansletten feriening betelje in minimale bydrage fan e15,- it jier. Wytmarsummers en oare lêzers om utens dy’t lid binne fan boppesteande ferienings binne ús neat skuldich; in frijwillige bydrage is fansels altyd wolkom en wurdt troch ús tige op priis steld!

Rabobank rek.nr. NL 23 RABO 03715.56.201

Internet

Homepage: www.dekoepel.frl

E-mail adres: redactie@dekoepel.frl

Facebook: webmaster@dekoepel.frl

Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.