1 minute read

wrâld

Mei boeken reizgest troch de wrâld. Soms letterlik, as lêzer mei in koffer fol lêsfoer of as skriuwer op residinsje. Faak ek figuerlik, omdatst al skriuwend of lêzend yn dyn holle rûnom komme kinst. Oersette boeken litte dy boppedat sûnder barriêre yn ’e kunde komme mei oare lannen en kultueren. Dyn boek as reisgids, hoe geweldich.

Hast de helte fan de Nederlanners grypt wykliks nei in boek. Yn trochsneed lêze wy 5,7 drukte en 3,3 digitale boeken yn it jier. Frije tiid, lykas fakânsje, stimulearret lêzen en lêzen draacht op har bar by oan it ûntstressen!

Advertisement

De measte minsken lêze boeken út eigen lân of taalgebiet. De Britske skriuwster Ann Morgan ûntduts har bline flek foar de wrâld dêrbûten. Yn in jier tiid lies se in boek út alle 196 lannen fan ’e wrâld. Untdek har lêsreis: go.ted.com/readtheworld

Boekhannels en biblioteken kinne op harsels al bysûndere bestimmingen wêze. Wat tochtest fan de kleasterbiblioteek fan El Escorial (UNESCO-wrâlderfgoed) yn Spanje en de strakke stedsbiblioteek yn Stuttgart? Of ferjit de tiid yn de seis ferdjippingen fan Cărturești Carusel yn Boekarest, de Harry Potter-style Livraria Lello yn Porto of Leakey's Bookshop grôtfol twaddehâns boeken yn Inverness.

Faaks komst op sa’n plak wol oerset wurk tsjin fan Nederlânske skriuwers. De kâns op ‘in’ Cees Nooteboom of Harry Mulisch is it grutst. Berneboekeskriuwer Edward van de Vendel is populêr yn Súd-Afrika en Dick Bruna’s Nijntje is al jierren big in Japan . En Fryske skriuwers? Op de Faeröer eilannen fynst de oersette berneboeken fan Mirjam van Houten. De gedichten fan ûnder mear Tsead Bruinja, Elmar Kuiper en Eeltsje Hettinga binne der yn ferskate talen.