Skip to main content

Keats! oktober 2025 pag 46 tm 49

Page 1

Afscheid Fokke van der Veen & Jan Winkel Er zijn te weinig kaatsscheidsrechters om de wedstrijden in goede banen te leiden. Een probleem waar de sport al langere tijd mee worstelt. En ondanks alle inspanningen van de scheidsrechterscommissie lukt het maar niet om de groei erin te krijgen. In 2025 is het scheidsrechterskorps uitgebreid met drie nieuwe arbiters en die hebben het volgens Pier Minnema naar behoren gedaan. ,,Se hawwe it ridlik oant goed dien. Dêrfan sil Joop Dijkstra, in twaddejiers, trochstreame nei de haadklasse. De oare twa sitte noch by de froulju, mar dy ha it ek goed dien.’’ Stilstand is achteruitgang, weet ook de 72-jarige Minnema. Maar de secretaris van de vierkoppige commissie is blij dat het korps voor volgend seizoen in elk geval gelijk is gebleven. ,,Ik ha even teld en foar dit seizoen stie de teller op tweintich. Dêrfan hawwe der twa siik west, ien is healwei opholden fanwege it ferbale geweld en dan is der noch ien fuortfallen fanwege in ûngelok.’’ Met de zestien overgebleven scheidsrechters was het een hele klus om de wedstrijden te bemannen. ,,Dy fjouwer wiene wol yndield, dus moasten we in nije yndieling meitsje. Foar guon betsjutte it dat se boppe de tweintich wedstriden útkamen. Dat is net sûn’’, vindt Minnema, die een aantal van zestien partijen op jaarbasis redelijk noemt. ,,Se moatte ek gjin twa wedstriden yn in wykein hawwe. Dat is tefolle, want se hawwe ek noch in priveelibben.’’

‘Ha in soad kunde oerhâlden oan it keatsen, dat fyn ik rykdom’ Met het stoppen van scheidsrechter Fokke van der Veen (69) raakt de kaatssport na 37 jaar een gewaardeerde en ervaren kracht kwijt uit het korps, dat de laatste jaren toch al aardig is uitgedund. ,,Ik wurd takom jier santich. Moatst dochs earne in einstreek ha. Dan hat it moai west’’, vindt Van der Veen, afkomstig uit Burgum, maar al 45 jaar woonachtig in Tzum. Daar in de gemeente de Waadhoeke maakt hij kennis met de sport als ledenkaatser in de toenmalige CFK. ,,Hjir bin ik mei it firus besmet en fanatyk wurden. Woe net belies jaan.’’ En dat maakt Van der Veen af en toe ook verbaal kenbaar. ,,Ik oerrule in skiedsrjochter, dy't fûn dat de bal oan wie. Hy joech úteinlik syn ûngelyk ta en doe sei er tsjin my, dat ik wol skiedsrjochter wurde koe.’’ Tekst: Bert Kalteren Foto’s: Henk Bootsma en Lieuwe Bosch

46 | Keats!

Dat was halverwege de jaren de tachtig en in 1994 lift hij als scheidsrechter na de fusie mee naar de KNKB. ,,Der waard my te ferstean jûn: helje mar in pak by Roel


als scheidsrechter KNKB it moaie fan it keatsen. Ik bin in Wâldman en ik bin tankber dat ik in soad kunde oerholden haw oan it keatsen. Dat fyn ik rykdom.’’

‘Ien kear de PC tegearre mei Henk van der Zee’

Fokke van der Veen

van Dijk, de heit fan Johannes van Dijk. En doe hie ik in swart pak’’, vertelt Fokke van der Veen, die vanaf 1988 ook veertien jaar floot voor de voetbalbond KNVB. Daarnaast zat hij drie jaar in het bestuur van KF Wêz Wis en twintig jaar bij voetbalvereniging Tzum.

‘Je seagen der altiten nei út as it wer begûn’ Van der Veen is een sportliefhebber in de breedste zin van het woord. ,,Ik hâld fan in soad sporten. By it fuotbal binne je faak net sa lang ûnderweis en by it keatsen binne je samar njoggen oeren ûnder de pannen. Mar sadree't it keatsen úteinset, dan bin ik der. Dat stiet by my op nûmer 1. It bliuwt in moai spultsje en je seagen der altiten nei út as it wer begûn.’’ Dat ervoer ook zijn vrouw al die jaren. Zonder één onvertogen woord. ,,Myn frou hat der altyd achter stien, mar se hat noait mei west. Se hat der neat mei. En se hat nea klage, miskien ynwindich’’, zegt Van der Veen met een kwinkslag. ,,Ik wie altyd op it keatsfjild. It wie gjin flecht, mar omdatst it leuk fûnst. Do bist begien mei it spultsjes. It firus hat dy te pakken. Doe't ik myn klean nei it bûnsburo brocht, fregen se my oft ik wol sneinske klean hie.’’ Het kost Fokke van der Veen weinig moeite om elk weekeinde één keer en soms wel twee keer te moeten aantreden. ,,As ik op it fjild kom, dan is it earst in bakje kofje en in praatsje mei dizze of jinge. Dat is

Hij heeft geen speciale herinneringen aan een bepaalde partij, al blijft de PC van 2009, zijn enige, het hoogtepunt. ,,Ik ha ien kear de PC dien, tegearre mei Henk van der Zee. Der wiene yn dy tiid seis of sân A-skiedsrjochters. En ast boppe de fyftich/sechstich wiest, dan krigest him net mear’’, vertelt Van der Veen. ,,Mar ik ha in prachtige tiid hân en de iene wedstriid wie moaier as de oare. Ast de hiele dei yn 'e rein stiest, dan is der net folle oan. Mar as it prachtich waar wie, dan mocht ik graach yn de koarte broek op it fjild stean.’’ De partij op 30 mei 2010 in Dongjum is nog altijd een dissonant in zijn loopbaan. Fokke van der Veen had toen de twijfelachtige eer om als eerste scheidsrechter bij het kaatsen een rode kaart te trekken voor Martijn Olijnsma, die hem tot twee keer toe een duw geeft. ,,Dat fûn ik freeslik, mar it oerkomt je. Do hast ien à twa sekonden betinktiid. It wie terjochte. Hy moast fan my ôfbliuwe en hat ek fuort syn ekskuzes oanbean. Mar de media makket der dêrnei sa’n opskuor oer.’’ Zijn broer Walter maakte er een pentekening van. Fokke van der Veen heeft er een kopie van gemaakt en die hing altijd bij de ouders van Martijn Olijnsma in de kamer. ,,Dat binne de emoasjes fan it spul. Dat heart derby, mar it giet wol oant safier’’, vindt Van der Veen. ,,Yn de earste klasse akseptearje de keatsers folle mear. It is gemoedliker. Yn 'e haadklasse spylje se oft it om in buorkerij giet.’’ Na het incident met Olijnsma stopte hij een jaar. ,,Mar ik miste it. En sân jier lyn bin ik nochris in kear opholden. Doe belle Lieuwe Brandsma. Hy hie noch trije wedstriden. Oft ik ’m ‘út de stront’ helpe koe. En ‘hoe komt it takom jier?’, frege er. ‘Doch mar fiif of seis’, sei ik, mar ik krige wol fyftjin wedstriden. Omdat der gewoan te min skiedsrjochters wiene.’’

Keats! | 47


Een scheidsrechterlijke beslissing blijft arbitrair. Dat weet hij als geen ander. ,,Je krije de skiedsrjochters ek noait op ien lijn. De iene docht it wol en de oare net, dat sil noait feroarje’’, weet Van der Veen. ,,Der komme mei Joop Dijkstra en Jurian Rijpstra twa goede arbiters oan. En Boukje Houtsma komt der ek wol. We meie bliid wêze dat der skiedsrjochters bykomme. It moat je hobby wêze en je moatte it leuk fine. Dat gefoel haw ik noch altyd.’’

op syn plak te setten. Ek omdat net elkenien sechstjin wedstriden liede wol. De haad- en earste klasse krije wol skiedsrjochters, mar foar de rest is it in gok’’, zegt Minnema. ,,Ik stean net te jûchheien.’’

‘De hiele dei ûnderweis, mar ha ek genoaten’ De laatste jaren was Van der Veen nog actief als B-scheidsrechter. ,,Dan krijst gjin klassikers mear. Mar dat wie foar my gjin reden om op te hâlden. En ik ha alle keatsfjilden yn Fryslân sjoen. De kategory makke my net út, mar yn de haadklasse bist wat skerper. Dêr hast mar twa perken. By de jonges soms wol fiif en dat kinst net allegear yn 'e gaten hâlde.’’ Na 37 jaar stopt Fokke van der Veen definitief. ,,Der is net ien dy't it sa lang folhâlden hat. Ik ha ôfrûne seizoen njoggentjin wedstriden hân. En dan ha ik ek noch ien ôfsein. Je wiene faak de hiele dei ûnderweis’’, vertelt Van der Veen. ,,Mar ik ha ek genoten! Fan de opslachballen fan Chris Wassenaar. Dat wie prachtich om te sjen. Of fan it útslaan fan Taeke Triemstra of fan Gert-Anne van der Bos. Ik haw in prachtige tiid hân.’’

Vier nieuwe scheidsrechters Komend seizoen komen er weer vier nieuwe scheidsrechters bij. Die krijgen een gedegen opleiding en worden, daar waar mogelijk, begeleid door de commissie. ,,Se binne takom jier ynsetber. We besykje se safolle mooglik te begelieden, mar alle wiken wurdt dreech. Jaap Adema liedt se op en hat mei se op paad west om se priuwe te litten. Dan witte se wat se te wachtsjen stiet.’’

Jan Winkel wordt door de organisatie van de Frouljus PC bedankt voor zijn diensten als scheidsrechter Halverwege het kaatsseizoen was Jan Winkel (60) er al uit. Dit zou zijn laatste jaar als scheidsrechter worden. Na een jaar of tien was het mooi geweest voor de zestigjarige arbiter uit Sint-Annaparochie. ,,Ik fyn it goed sa. It is klear.’’ Maar voor Winkel tot die slotsom kwam, heeft hij de beslissing goed overdacht. Want er is meer in het leven dan kaatsen. Zo mag hij met z’n vrouw Baukje heel graag wandelen. ,,Mar it belangrykste is dat ik net de motivaasje hie om noch in jier troch te gean. Ik hikte der soms al in wike tsjinoan om der hinne te gean. It wurdt allegear minder en dat wie foar my de reden om te sizzen: Ik hâld der mei op.’’

Jan Winkel: ‘hie net motivaasje noch in jier troch te gean’ Met het stoppen van Van der Veen en Winkel en de terugkeer van Henk van der Zee levert de aanwas nauwelijks ‘terreinwinst’ op. ,,Dan komme we op tweintich út en dan is it wer in útdaging om alles goed

48 | Keats!

Hij schopte het in Hijum niet verder dan verenigingskaatser, maar kwam later via dochter Anke serieus in aanraking met het kaatsen. Via haar kwam hij in de TC terecht. Dat heeft hij tot volle tevredenheid een jaar of


twaalf gedaan, alvorens Winkel door Pier Minnema werd gerekruteerd voor het korps. ,,Ik bin begûn yn de jongeskategory. En dan stadich oan nei boppen.’’

‘Doe ha ik daliks sein: noait wer manlju haadklasse’ En zo kwam hij uiteindelijk in de hoofdklasse terecht. Maar dat was een korte vreugde voor de arbiter, die net was verhuisd naar-Sint Annaparochie. ,,De earste wedstriid yn Seisbierrum ha ik meirûn mei Murk de Jong. Dat gie hartstikke goed. Dêrnei it trochinoarlotsjen yn Bitgum allinnich dien en yn Sint Anne ha ik sa'n trammelant hân. Neffens my gie it om in bal by de kweapeal. Se kamen op my ta en makken my foar alles en noch wat út. Doe ha ik daliks sein: noait wer manlju haadklasse!’’ ,,Gelokkich wie Murk der ek. Hy hat it even oernaam en ik ha even oan 'e kant sitten mei Peter (De Bruin, red.). Dêrnei ha ik de partij noch wol ôfmakke en sein dat dit myn lêste yn de haadklasse wie.’’ Een beslissing waar hij tot het einde volledig achter stond. ,,Mar it muoide my wol. Ien fan de redenen om skiedsrjochter te wurden wie om sa heech mooglik te kommen. En de PC dwaan te meien. Mar dêr hie ik echt gjin belang mear by’’, aldus Winkel. ,,Ik stean dêr ek frijwillich en op myn frije dei. Ik ha doe sein: doch my mar de earste klasse en de haadklasse fan de froulju. Dat binne foar my de moaiste wedstriden. En dat fyn ik noch altyd.’’ Afgelopen seizoen kreeg Winkel zeven wedstrijden toegewezen. ,,De Ald-Meiers fûn ik wol in hiele moaie partij mei in moaie tradysje. Dy ha ik twa of trije kear dien. En de Frouljus PC ha ik fjouwer kear dien en dêr wie ik dit jier de earste man. Dat binne de partijen dy't der echt útspringe.’’ Twee jaar geleden overwoog Winkel al eens te stoppen, maar kon toen binnenboord worden gehouden. ,,Ik ha moaie jierren hân. De wille yn it spultsje is it belangrykste. Dat wy mei syn allen, ek de keatsers, elkoar respektearje. Dat jildt ek foar de karmasters, allegearre frijwilligers, want dy hawwe je keihurd nedich.’’

Net als de scheidsrechters. Maar Jan Winkel verwacht dat ook dat goedkomt. ,,We reitsje in oantal kwyt, mar der komme gelokkich in oantal goede jonge skiedsrjochters oan, lykas Joop Dijkstra en Erwin Kortendijk út Marsum. It is ek goed dat der wat nije gesichten bykomme. Dat is wichtich foar de kontinuïteit.’’ Want het scheidsrechterskorps is wel een van de dingen die hij gaat missen. ,,En dan benammen de ûnderlinge ‘saamhorigheid’. Elkenien is ree om even foar dy yn te fallen. En dan dogge je dat ek foar harren. Dêr ha ik gjin probleem mei’’, vertelt Winkel. ,,Ik tink wol dat ik fêst noch wolris in kear nei it keatsen gean. Mar ik sil it net ien, twa, trije misse.’’

‘Aktyf dwaande bliuwe’ De commissie is voortdurend bezig om nieuwe scheidsrechters te zoeken. ,,We moatte aktyf dwaande bliuwe, want in oantal is âlder as sechstich jier. It hâldt in kear op en takom jier stopje der wer twa. Wy binne hieltyd dwaande mei de fraach: Hoe krije wy mear skiedsrjochters?’’ Maar dat blijkt niet zo eenvoudig, ontdekt de commissie. ,,Der binne klupskiedsrjochters, dy't je sa ynsette kinne yn de haadklasse. Mar dy hawwe dêr gjin nocht oan of se hawwe in drokke baan. Hiel spitich.’’ Een bijkomend probleem is de toename van het verbale geweld. ,,De minsken wurde mondiger en de skiedsrjochter krijt in hiele hoop shit oer har hinne. En wat de karmasters allegearre nei de holle slingere krije, is net normaal’’, vindt Minnema, die bijna twintig jaar in de commissie zit. ,,It finen fan frijwilligers is ek by it keatsen in probleem. Je komme wol partijen tsjin dêr't net genôch karmasters binne. En as skiedsrjochter kinst ek net alles sjen.’’ Het vak van scheidsrechter moet niet onderschat worden, zegt Pier Minnema. ,,Want it binne lange dagen. In jongespartij yn Makkum bygelyks begjint om njoggen oere. Je moatte der as skiedsrjochter in oere earder wêze om it fjild te ynspektearjen, mei it bestjoer te praten, de karmasters te ynstruearjen en der oant de ein fan de dei by de priisútrikking by te wêzen. Moatst wol in bytsje gek fan it spultsje wêze.’’ 

Keats! | 49


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Keats! oktober 2025 pag 46 tm 49 by KNKB - Issuu