documents with unrelated content Scribd suggests to you:
O dyn Skutter is net dea.
Fiel, dou hest him by de hân, Dy syn trou dy joech to pân.
Ryd den det it gûlt en giet:
Nin faem dy allinne stiet; Alles rit wer pear oan pear, Saske, is dyn ark al klear?
Liz’ nou oan, in tútsje ta, Nin poepinne scil him ha.
Foi dat wier nin wachtsjen ljea!
Sûnder Skutters wier ’k ljeaver dea.
IN PEAR FERSKES UT DE
QUICKBORN.
(Platdútske rymkes, Klaus Groth) 1857.
Dr. E. HALBERTSMA.
JOUNFREDE.
De wrâld is o sa sêftkes, As laei hja yn ’e slom, Men heart nin sucht, nin laitsjen, Hja libbet, mar is stom.
It sûzet troch ’e blêdden, Sêft as in bernesliep; Dat binn’ de widzesankjes
For kij en ’t froede skiep.
It doarpke laeit yn ’t tsjuster,
In nevel laeit ’er oer; Twa ljeafsten heart men lústrjen, As ’t frjeonlik dou-gekoer.
Men heart de kijkes snuven
Yn ’t lange, griene krûd, Dat houwen en dat snuven
Dat is it ienichst lûd.
Dat ’s wis de Himelfrede, Nin haet, nin niid, nin spot; O! ’t is de tiid fen bidden,—
Hear my, o goede God!
SNEINSREST.
De stille rêst is yn it hûs, oer ’t fjild is nin getier, En op ’e delle laeit it skaed, de sinn’ skynt op ’e wier.
Dêr is in plak for frede en rêst, binêst de jonge frou!
Hja triuwt hjar berntsje oan it boarst, sa ljeaflikjes en sa trou. Nin wolk is yn ’e blauwe loft, op ’t wêzen nin fortriet, Nin lûd is oer it stille fjild, as ’t plechtich klokgelied.
ALD-JONG.
Wy gongen togearre yn ’t fjild, myn Hans, Wy gongen togearre to rêst, Wy sieten togearre oan ’e disk, Sa waerden wy griis op it lêst.
Trep op sa licht, trep ôf sa traech, Sa mannich, mannich jier— ’k Ha dochs myn Hans yette krekt sa ljeaf
As do mei ’n kroes kop hier.
NIJJIERS-WINSK FOR 1841.
DE WACHTMAN.
Toalf slacht de klok yn de âlde toer,
It winter-waer is kâld en sûr.
Ik wol mar út it wachthús gean:
Mar sjen ’k dêr jinsen immen stean?
Dêr komt in skynsel op my ta;
Hwet wol dy faem mei blommen ha?
De klean dy binne wyt en rea,
Dy flodderje hjar om de lea.
Ei, ljeafke! siz, ho lakest’ sa?
En rikst’ my moaije blomkes ta?
Dat is sa nuver hjir op strjitte, Dat mei wol tsjoenderije hjitte.
IT NIJE JIER.
Ik bin ’t Nijjier, sa is myn namme;
Ik bin yet fen in âlde stamme:
Myn mem wier Hertha, de Godinne, Fen alle minsken mem en minne;
Dy al hwet libben hat op ierde
De segen en ’t gelok ta fierde.
Kom, wachtman, lit my hjir hwet bliuwe;
It lykje hjir wol tsjeppe ljuwe,
En lit my einling hinne rinne,
Dêr al myn sisters gongen binne.
DE WACHTMAN.
Men acht hjir sokke fammen net, Dy nachts op strjitte omrinne as slet.
IT NIJE JIER.
Ik kom fen God hjir yn it lân,
Om goed to dwaen mei ’n mylde hân;
Dêrom lit my mar feilich binnen,
Om ’t goede dalik to bigjinnen.
DE WACHTMAN.
Wel, bistou sa’n fornamen frou?
Kom, wolkom den yn ’t âlde Grou;
En strui den út, nei east en west, Hwetstou fen God ontfinsen hest.
Jow sinneskyn genôch en rein
For ’t sie, dat yn de groun wirdt lein;
Jow de earme ljuwe wirk en brea
En berntsjes mei gesoune lea.
Jow rike ljuwe in edel hert
To heeljen earme ljuwe smert;
Biskerm de Keuning en syn hûs,
Jow frede yn paleis en klûs.
Stjûr ús in nije Grytman oer,
Dy de âlde liket yn ’t bistjûr;
En meits ek de âlde, as Gouverneur,
Der Friezen eare en freugde en fleur.
Skink ek de boarger goed gewin
En frede yn it húsgesin;
De keapman, skipper en de boer
Lit dy it goed gean op den djûr;
En ljue, dy tsjiere om in strie,
Bisêftsje dy mei goede rie.
Dy noait genôch ha, skink dy neat,
Dy binne dochs oan de earmesteat,
Mar bring forleeg’ne ljuwe treast
En de earme siken aldermeast.
En mennich faem, dy kreunt en stint,
En ’t wetter oer de wangen rint,
Jaen dy yn ’t ein hjar hertewinsk, Jaen dy in keardel as in stins.
IT NIJE JIER.
Dat alles kin ik jimme bringe, Mar ien ding wirdt ’er by bitinge: Pas jimme op! De Grouster ljuwe Moatte altyd âlde Friezen bliuwe. En as hja ’t jier forkeard bigjinne, Den koe it yet wol earsling rinne.
Wêz’ wirksom, kloek, mar ek pleizierich, Den bliuwt ’t âld Grouwergea woltierich: For loaijens bring ik mei in roede, Dêrom wêz’ elk mar op syn hoede.
DE GROUSTER ROTTELWACHT.
E. H.
GROUSTER ROTTELWACHTS
NIJJIERS-WINSK FOR 1842.
Ho fljocht de tiid dochs foart!
Sa blaest de stoarm de weagen
Yn skom en bûrlen wei.—
In skynsel foar ús eagen!
Der ’s wer in jier ten ein;
Ho fol fen soarch en lêsten!
En mennich goede frjeon
Kaem yn it grêf to rêsten.
Wy libje yet, Godtank!
Kin men ’t wol libjen neame?
Hwent mennich fljocht ’er troch
As ’t foaltsje sûnder teame.
En mennich droamt ek mar;
Hy wit net det er libbet.
In oar is ’t libben sêd, Dy klaget ef dy kibbet.
Is dat de tankberheit
For ’t goede dat wy krije?
“For ’t kwea”, ropt mennich licht: O, lit ús dêr fen swije!
Hwet de iene ôfnimd wirdt, Hat de oare wer oerfloedich:
De rykdom bringt syn soarch; Dy soarch hat wirdt swiermoedich.
En de earme hat mar soarch
For klean en for hwet iten, Dat faek fen rike ljue
Oerdedich wirdt forsmiten.
Syn greatste fyand is
De bittre kjeld en honger, In hûsfol earme bern, En ’t jamm’re brea-gelonger.
Sa hat elts hûs syn krús, Syn swierrichheit en lêsten.
Is ’t op in sekfol goud
Wol altyd swiet to rêsten?
De nijjiersdei is dêr!
In dei fen lanterluijen.
De winsken heart m’ oeral
Sekfollen for ús struijen.
De ljuwe fen de stôk
En fen de âlde rottel, Dy komme ’er ek wer oan Mei hjar nijjiersgekwattel.
Elts rymt sa goed er kin; Wy rime neat as winsken
For boer en edelman, For goede en kweade minsken.
Us jonge Grytman earst
Wirdt winske heil en segen, Gesontheit en gelok, En elts him tagenegen.
De ljuwe fen ’t Bistjûr, De Tsjinners fen de leare,
De keapman en de boer
En dy de bern meneare;
Mar de earme minsken ek,
Dy sa nei wirk forlange, Bifelle wy elts oan, As kjeld en earmoed strange.
Dy winskj’ we in tankber hert
For alle goede dingen, Dy ús de Himel jowt
Yn túzen segeningen.
Us Grouster fankes ljeaf,
Dy sa nei frijers wachtsje!
De hoop dy libbet yet: Wol dêr foaral op achtsje.
Nou binne ús winsken út, Wêz’ nou den ek tofreden.
Wêz’ bliid op dizze dei, Mar mei forstân en reden.
E. H. GROUSTER WEACHBRIEFKES 1839. I.
In wird fen de Weachmasters oan de Merkegasten yn Groustermerke.
Forline jier tochten wy: nou is ’t for ’t lêst det wy jimme hifkje, frjeonen! Under de greate heap, dy ús de flesksek joegen to weagen, wieren rju dy ’t ús skeetsk oanseagen, krekt eft se sizze woene: “Jimme ha de skelm spile, feinten!”—Det dêr neat fen oan wier scille
wy net sizze; mar, minsken! it koe net oars om it stik brea. Der binne folle, dy gean mei in moed fen hûndert poun op ’e skealjen, en as wy hjarren den mei ús wichten bitsjutte, det se to licht binne, den smite se ús noartich it skrokke weachlean nei de kop en woene der ús wol in mep by jaen. Der binne oare, dy ’t jier op jier tsjin wille en tank in poun mannich oplizze. Dy tinke: nou bin ’k lykwol net groeid. En as de punt fen de evener den yet altyd op hjar tawiist, den is ’t: “Hawar, ik wol net wer.” En as wy dat hearre, den giet ús de moed yn ’e hakken sitten. Noch hiene wy ljue, dy ’t keken op ’e wichten wieren, en wy brûkten gûds dy ’t yn saun jier net by de itigmaster wêst hiene, —net omdet wy dy man net bitrouden, mar omdet it sa’n ougrysliken jild kostte. Wy bigripe net hwêrom se de eveners ek net itigje,— hwent dat is in goudmyn for de biskiters. Mar ho stilder ho better.
Al dy minsken ha wy om ús eigen bilang hwet bigûchele en sa ha wy de iene hwet jown en de oare hwet ontnomd, sûnder det wy it mês der by hoefden.
Om nou dy noartige ljue ta klanten to hâlden, wolle wy hjarren bitsjutte, det it gjin skande is al dript hjarren it fet ta de boksen út, ef det men se mei in kearse fen efteren trochljochtsje kin. Dêrom ha wy in list fen de Weachmasters út Ingelân en Frankryk komme litten, dêr ’t wy jimme de útrinders fen opjaen scille.
George de Twade foun op in reiske yn ’t greefskip Lincoln ûnder syn ûnderhearrigen ien, dy woech 583 poun. Hy wier om ’e mil 10 foet en 4 tomme tsjok, hy wier 6 foet en 4 tomme heech. Dy man syn iten waerd net folle, mar hy pluze deis 18 poun flesk op, bûten ’t byspil. Hy stoar yn syn tritichste jier. Ien fen syn saun berntsjes, in jonge fen fiif jier, krige in pakje klean út ien fen de mouwen fen heite jas.
Eduard Brimet, in Ingelsk keapman, stoar op dyselde âlderdom to Mader yn Essex, dy woech 609 poun. Saun ordintlike mânljue koene tagelyk yn syn jas biknoopt wirde. In forwoechsen skroar, dy ’t graech in slok mochte, naem oan om for in skelling troch ien fen de mouwen fen Brimet syn ûnderbaitsje to wramen. It keareltsje kaem der troch, mar mei folle skreppen.
Michel Sponer, yn de prowinsje Warwich, wier de baes fen alle bealchseinen. Hy woech fjouwer wike foar syn dead 649 poun. Hy wier 57 jier en koe net gean, mar ried alle dei yn in wein dêr ’t er krekt yn koe en dêr ’t er út en yn takele wirde moast. Nei syn dead wier er fen ’t iene skouder oan ’t oare 4 foet en 3 tomme. Op ’e jiermerke to Atherston krige er rûzje mei in smous, dy him mei in pinmes yn de termen rippe woe. Mar Abram koe mei it lytse mês net troch ’t fet rikke; oars hie Michelom do in lyk wirden.
De Fransken dije sa goed net. De heechste dy dêr bikend is woech 385 poun.
Nou hwet fen de lichte ein.
In sweedsk skoenmaker woech op syn tritichste jier, mei ’t skoatsfel foar, 43 poun en wier dôch 5 foet en 4 tomme heech. Hy is mei in simmertwirre to Stokholm fen ’e strjitte ôf op ’e tsjerkegoate set.
In dounsmaster to Rouaen woech mei fyoele en strykstok 33 poun en in lead mannich. Hy wier 5 foet en 2 tomme heech. Hy naem ienkear oan om in deuntsje to dounsjen op tûzen skriesaeijen. Hy die dat al, mar twa aeijen, dy ’t net goed op ’t ein stiene, rekken stikken. Sa forlear de man de weddenskip en do skeat er him sels foar de kop.
In skroar út Hamboarch, fen amper 5 foet heech, woech nei iten 32 poun. Hy iet folle fisk. By hirde wyn droech er lead yn ’e skoen om fêst to stean.
Dit binne mar inkelde út de greate heap. Nou kinne wy jimme fortelle fen ljue, dy ’t op in biezemstôk troch de loft fleane ef op aeisdoppen nei Eastynjen reisgje. Mar dat binne tsjoensters, sokke telle wy net. Bikreun der jimme mar net mear oer, det de iene in hûndert poun mear hat as de oare. Wy woene ’t wol hwet liker ha yn de wrâld. Mar wy wolle der ek net mear oer falle, al krije wy se as salmen sa fet ef sa toar as stokfisken. Om’t it ús om jildfortsjinjen to dwaen is, hâlde wy ús fen alle rie ôf. It giet en bliuwt dôch lyk as in glûpert fen in jonge tsjin syn mem sei:
De iene pronket sûpt en set,
De oare neat to bikken het.
De iene giet yn sydne klean,
De oare nei de lappen flean.
De iene laeit yn fear en plom,
De oare hat noch yn noch om.
De iene hat linnen yn ’e kast,
De oare hat neat oan ’e bast.
De iene yt dat hy graech mei,
De oare beane alle dei.
De iene yt tsjokke rizenbrij,
De oare keallesûpen lij.
De iene dy drinkt bier en wyn,
De oare slacht ’er wetter yn,
De iene kin fen fet net rinne,
De oare springt der ribskien hinne.
De iene hat neat yn ’e bûs,
De oare gounen by de rûs.
De iene nimt in wiif yn ’t bêd,
De oare is froulju wêrs en sêd.
Us heit dy skrept en docht syn bêst,
Us mem dy sûpt en fret fen ’t bêst.
“Kinste oars net, loebis?” sei syn mem. En hy striek út.
Nou farwol yn ’e merke! Wachtsje jimme for brân en snijen, en foaral for de smouzen.
Grou, 24 Oktober 1839.
H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.
Wy winskje jimme gelok mei ús nije Goeverneur. Jimme kenne Sytsma as in Fries yn mirch en bien, dy it lân, dat er regearje scil, ken en ’t der bêst mei mient. En nou sizze wy: Wolkom yn de merke, folkje! de iene sa wol as de oare. Mei rokken en stokken, mei prûken en broeken, mei jakken en pakken, mei linten en flinten, garren en harren, allegearre wolkom!—Wy binne der wer mei de weagerij. Us úthingboerd is net great en wy mjitte it nut en de lof fen ús wirk net by Nederlânske jellens út, lyk as gelearde en ongelearde swetshanzen. Wy mochten oars ris minder dwaen as sizze, en as stadige lju den seine: “It feilt wol ’ris” ..... dat scoe ús searder dwaen as det in lûdropper ús for biskiters útrachte. Mar wy wolle graech det de ljue ús flitiger bisiikje, om ús en hjar eigen bêst. Wy habbe folle bêste mingers, dy ’t ús jier op jier de rompslomp op ’e skealjen bringe; mar der binne ek folle, dy der noait om tinke, eft se mei hjar breasek foar- ef efterút gean: It griist ús!
Groustermerk sjen wy se ús foarby kuijerjen, dy de hele dei oars neat dien habbe as hjar ierdske tabernakel goed to dwaen, mei kofje en klontsjes as bargehokken, mei smoken en snuven, mei bittere, kleare en swiete sûpkes, ef mei al hwet de tapkast for nektar to pronk set mei forgulden letters,—mei gebradens, det it fet ta de hoeken fen ’e mûle út rint,—mei appelsmots en bofferts, det de knopen fen ’e klean boarste, en den soms yet de hoekjes en herntsjes mei rinnend gûd fol jiette, sûnder det se witte eft se der hwet mei bidijd ha. Hja kinne sadwaende út de liken groeije, ef, as ’t forkeard gong, scoene se ’t hele grim kwyt wêze ear ’t se ’t tochten. En ho den to rie?
It is nuver! tinke wy wol ris. Ho faek sitte de ljue to rekkenjen mei de pong, en as der in knoarke jild oerfortsjinne is, o! ho nochlik wirdt den de kast op dien. En dat hearlike liif, dêr ’t safolle yn en om dien wirdt, dêr ’t nachts en deis op arbeide wirdt om it goed to dwaen: dat net to weagen om to sjen eft it helpt ef net; it is skande! Sadwaende rinne de knapskrinkels gefaer om libbens-liif in stokfisk to wirden, en de wyndrinkers, det de learen sek út it fetsoen tynt en hja gjin minsken lyk binne. Dat kin sa net langer.
Wy scille de nije kening (hwent de âlde hear hat de effearen oerjown; och! koene wy it ek sa fier bringe mei de weagerij!) forsiikje
om in wet, det eltse jongkearel, dy ’t in wiif ha wol, op eltse foet hichte 26 âlde pounen swier wêze moat, en dêrfen in sertefikaet nimme fen de weachmasters. O hwet scoene se faek op ’e skealjen komme, as se hwet lichtliddich wieren, en hwet scoene de breiden hjar faek hifkje, eft se ’t wicht hast hiene. En wy, wy hiene kâns op in stikelpingje as wy in trije for in fjouwer oanseagen. En it scoe spanne ef wy biswieken lyk as folle, dy ’t offysjes habbe. As der gjin twang komt, sjen wy net út, det it yn ’e heak to krijen is. Sa liket it wol, det de minsken twongen wirde moatte, lyk as de baerch fen ’t âld wiif.
Hwet in gegnoar tsjin alles hwet om bêst dien wirdt. Hwet in gegei oer de djûrte fen ’t skoallegean! Mar hja bigripe net, det it saunris sa goed is as dat âlde ge-ab eb ib ob ub, en den wer ba be bi bo bu. Hwet hiene de lju dy dat opsizze moasten, in wirk om troch ’ e wrâld to kommen, hwent hja wieren en bleauwen kouwedom. Hja tochten oer ’t forstân fen ’e bern lyk as oer hjar greiden,—det ús ljeaven Hear beide grienje liet as ’t tiid wier, om ’t dy iere gêrskes dôch net strieken. En sa tochten se noait om ontwikkeling! Ho dom, net? Hwet is der do al in forstân forroaste en forwirden, omdet men net wiste fen ontwikkelen! Nou leare se ommers fen alles yn in amerij. Ja, al wolle jimme de bern ta kinsteners for Franconi opliede, in leksum mannich yn ’e gymnastyk, en klear is ’t as in klontsje! O, as jimme dy sprongen seagen!
Jimme binne oars ek dwersdriuwerich. Jouns wolle jimme net út de herbergen ef jimm’ moatte der troch de frouljue ef brijleppel wei tokke wirde. En den doare jimm’ ek yet sizze, det de foetten sear dwaen, om ’t wiif hwet wys to meitsjen. Jimme wolle de wichten net itigje litte al is ’t noch sa. Sokke stjonkerts wieren der op ’e 1e Oktober yet 19 en dêr yet in dûbeldjerre ûnder. Jimme ..... mar hou! wy binne weagers en wolle net yn de sek kypje. Mar men docht wol rimpen in taest as men immen oansprekt.
Forline jier joegen wy in register fen swiere en lichte ljue, nou scille wy it jaen fen greate en lytse. Dat is wol bûten ús fak, mar wy dwane ’t om ’t bêst,—om sokke, dy ’t as in Itaeljaenske popelier yn ’e hichte sketten binne, en sokke dy ’t men proppen ef kannestoppen
neamt, to bitsjutten, det se de greatste en de lytste net binne en hjar dêrom net skamje moatte om by ús op to stappen.
Yn ’t jier 1735 wier yn Parys ien to bisjen út Finlân, fen 6 foet en 8 tomme. Thoresbey yn Ingelân wier 7 foet en 5 tomme Ing. In tsjinner by de hartoch fen Wurtemberg 7-1/2 foet Rynl. Ien yn Ingelân 7 f. 6 t. Yet ien 7 f. 7 t. Id. 7 f. 8 t. Ing. Cajanus yn Finlân 7 f. 8 t. Rynl. ef 8 f. Sweedsk. In boer yn Sweden allike heech. In soldaet fen de garde fen de hartoch fen Bronswyk-Hanover 8 f. 6 t. Amsterdamsk. De reus Gilli fen Trente, yn Tyrol, 8 f. 2 t. Sweedsk. In Sweed ûnder de garde fen de kening fen Prussen 8 f. 6 t. Sw. Goliath fen Geth 9 f. 4 t. To Rouaen is in reus to sjen wêst fen 8 foet en in mannich tomme. In Fries, Britsanus Joulsma, fen Britsum, dy yn ’t jier tûzen libbe, wier tsjiendeheal foet lang, do men syn geramte foun. Garapius seit, dat hy in reusinne sjoen hat fen 10 foet.
Plynjus forhellet, det Orestis 10-1/2 foet wier, Funnam de Skotsman 11 f. 6 t. Ingelsk.
Dat binne bazen, net? As sokken in sigaer yn ’e mûle hiene, den koe men sizze: dêr is in man mei in sigaerke. Mar nou sjucht men jonkjes mei in ontwikkeld forstân, sigaren smoken; dêr kin men fen sizze: sjen! dêr giet in segaer mei in mantsje hinne. De geramten fen Secondella en Pusio, biwarre yn de tunen fen Sallustus, wieren langer as 10 foet.
Nou is ’t oan ’t gnob ta.
Bibé, by de kening fen Polen, Stanislaus, 33 tomme Franske mjitte, is 23 jier âld wirden. In lyts forstân as de man. In Poalsk edelman, dy men to Parys sjoen hat op syn 22ste jier, wier 28 tomme. In moai mantsje dy forskate talen spriek. Syn âldste broer wier 34 tomme. Ien to Bristol wier op syn 15de jier 31 Ing. tomme. Dy wier mar 13 poun swier en p.... dôch sa heech as de Gr.... brânspuit. In Fries, dy him yn Amsterdam bisjen liet (lytse Wybren) wier op syn 26ste jier 29 tomme Amst. In kibich rimpen mantsje. In dwerch fen Norfolk liet him it selde jier to Londen bisjen. Hy wier op syn 22ste jier 38 tomme en woech 27-1/2 poun Ing. Der is ûnder it kroas ien wêst, dy
wier op 37 jier 16 tomme. Sa’n frijer wier net ongeryflik, fammen! Dy koene jimme by jimm’ yn in doaske ef koerke stekke.
Dy ’t ús nou net leauwe wol en tinkt, det wy jimme hwet op ’e mouwe spjeldzje, dy kin ús neisjen hy: Schreber, Histoire des quadrupèdes, en yn l’Histoire naturelle de l’homme & de la femme, d’après Buffon, Cuvier, Lacépéde, Viret etc.
Nou yet in lytse, mar âlde rie. Snij net en lit jimme net snije, fen bisneine noch onbisneine. It jouwe smetlappen yn ’e bûse, en dy onthâldt men langst. Nim tsjin de kâlde loften hwet út ’e flesse, mar safolle net, det jimm’ âlje lyk as de âld boer. Nim gjin oandiel yn ’e lotterij by Abram, Izak en Jakob. Dat is ’t paed nei de rúchskerne.
Groustermerk 1840.
H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.
GROUSTER WEACHBRIEFKES 1841.
Ik tochte to nacht: dou komst’ noait wer yn Groustermerke. Ik droomde, det ik mei in boat yn ’e Pikmar laei to angeljen, en sa kaem der in âld earn oan, dy ’t my by de krage pakte, en dat wier hâld. Do mei my en de angelstôk, dêr’t in pouns bears oan sparle, yn de hichte. Ik fleach as in sweal by de wolken lâns, wol helte hirder as de kening troch Akkrum flein is. En do ’k in stik nei Ingelân ta wier, kaem der yet in earn oan, dy ’t in weachmaster fen domenijs yn ’e flecht pakt hie. “Hwêr scille wy it soadtsje biplúzje, makker?” frege dizze. “My tinkt”, sei myn sipier, “wy fleane mar efkes nei Amerika, op ien fen de Cordilleras. Ik hâld fen ’e hichte. Den kin de tsjiissloft der hwet ôfwaeije, en dines rûkt ek al nuver.” Yn ienen heakke myn snoer oan de Sint-Paulustsjerke to Londen fêst. Ik mei in hoart los en bigoun sa oeribel to gûlen fen “hein my, minsken, hein my!” det myn wiif kjel to wekker waerd en sei: “Sit dy de weagerij wer yn ’e holle?
Jimme wirde yet stapelgek mei jimme mirakels.” Ik sei: “Wyfke, as ik
1400 goune krige, sa lang as wy gjin grytman habbe, den woe ’k net weage en den joech ik elts lid fen ’t bistjûr frij klontsje-iten op ’e heap ta. Mar nou praktisearje ’k nachts en deis om frede mei myn mage to hâlden. Nacht Jikke!”
Wy winskje jimme in plezierige merk ta, frjeonen! Himmen en hjarren, sa ’t se ride en farre.
Oan de hirdsilers—in feger fen in koelte, det se de hânnen allegearre fol habbe. Op it ein hwet tsiere en flokke oer lavearjen, fen de wyn, silen, loeven, ôfhâlden, gybjen, knipgongen dwaen en elkoar op ’e seilen farre,—det de romers op ’e tafel dounsje yn de wolken fen tabaksreek. Mar de rûzje net langer as ien joun, en de oare deis forgetten.
“Ljeafhabbers fen de pluzerij—smaeklik iten! Wêz’ net to haestich en to roppich. Flij it goed, lyk as de hantsjemieren, hwent it merkjen en ’t meanen komt op ’e hûd oan.
Ljue dy ’t it grim fen de tapkast ljeaver ha as hjar eigen, as hjar bûse en forstân,—winskje wy safolle swiete swolgen, det se de Boarnster toer for in útpluzer oansjen. Op in ljedder nei hûs, in trochrookt noas, mei snijwirk en forguld, en den goenacht! yn ’e hirddobbe, mei in wiet dweil om ’e hals.
De fjuchtersbazen—in dûbeld purgaesje om hwet oanslach to habben, en oars neat as lij wetter to drinken. Helpt dat net, den nei master Kloppenboarch om trochgeande fûstsâlve, en in moanne nei Ljouwert útfenhûs.
De feinten en fammen winskje wy nochlike, ynnochlike, trochnochlike, troch-enwertrochnochlike tútsjes, triuwkes, grypkes en knypkes.
De âlde feinten—in dikkop brandewyn mei sûker en in tige griene rite, det it hjarren yn ’t liif omkrâllet as in libben iel. Dêrmei yn ’e Govert en op ’t lêst in âld slydtsje op ’e skette en mei Douwe Japiks yn kennis.
Oan alle fammen, jonge sawol as útwiksele, hipskroarren en tipskroarren, lapskroarren en knipskroarren, winskje wy in frijer, en
is er hwet licht ef in knoffeler,—den twa. Mochten der gûds foarby reitsje,—dy keapje for in botsen taeimantsjes en geane dêr mei to bêd.
Pake en beppe—moai skimerjen mei in romerfol brandewyn mei sûker. Net folle kleije en kibje. Jimme habbe ek merke. Nacht pake! nacht beppe! Goed bistopje!
Jonges en famkes winskje wy yntiids mei in liif fol poatstrou ef brij op bêd. Den flokke se skraech safolle as fen tabak en jenever en den heart men gjin wirden fen de ontwikkelde en gevormde jeugd, det yen de grize oer de grouwe rint,—en hoeft men net eang to wêzen for in geslacht, dat troch de âlden forlitten liket en oan de divel oerjown is.
De kastleinen winskje wy folle pongen, mar gjin jild dêr ’t de mage neijerhân wrake oer ropt. In sekfol pipermintsjes en in fetfol kâld wetter by de doar, for de berntsjes, dy ’t miene det se jenever- ef brandewyntoarst habbe.
Oan ljeafhabbers fen dounsjen—alderfreeslikste hege sprongen, op de wize fen: “Ik scil dy wol krije, krije krije!”—Ef:
Rommert laeit by Tryn yn ’t hea
En Doekele is biskonken,
Harke laeit yn ’t baergehok,
De hele boel is dronken.
De baergen rinne yn it nôt.
Hwet is ’t in rare wrâld!
Hea! sjen ús jonggûd springen;
De keallen dounsje om ’e toer.
Hwet sjucht men nuvre dingen!
De wrâld is sûnder stjûr.
Oan ljue, dy to heech by hjar sels opsjugge, riede wy de stoarje fen David Ipes to lêzen. En dy to rom mei hjar spil omslingerje, forwize wy nei Japik fen ’e Geast. Neijer ynljochting by ús oan hûs, for fiif stûren de man.
Nou moatte wy jimme yette in âld wierheit fornije, lyk as Ulespegel oan alle skroarren fen Prússen dien hat.
Pas op it âlde folkje, net om de ljue, mar om hjar streken. As jimme praten hearre fen lotterij, nim den de pong en set der in knoop op, net in knoffel- ef âldwiveknoop, mar ien dy’t fêst sit.
Wy scille jimme takomme jier in priuwke jaen, ho ’t ús bûrlju de Fransken oer dat spil tinke. Troch dat hele greate ryk habbe se de ienfâldige ljue de lantearne opstitsen yn in boekje: La Loterie dévoilée. Mar ien bitingst: jimme earst net earm lotsje.
Nei de merk binne wy to sprekken by Hindrik Bearenboarch. Wy jaen rie for alle lek en brek, mar net for in útlibbe merkepong. Us eigen wier yn ’e tarring; dy ha wy, op rie fen goede frjeonen, nei ús Hindrikje-moai to Berlyn stjûrd. Mar wy ha oars neat as in doaskefol linten werom krige, mei in knipbriefke, det de ljue yn Nederlân dêr bjuster mei tsjinne wieren. As hjar dat oan ’e rôk spjelde waerd, den stiene se krekt eft se molken waerden ef det men hjarren lij wetter ta de klompen yn geat. En den gûlden se “Hoera!” det se altyd heas bleauwen.
Grou, 21 Oktober 1841.
H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.
GROUSTER WEACHBRIEFKES 1842.
IV.
As ’t Grouster merk is, den tinke jimme oan ús, mar oars yn ’t hiele jier net, ef jimme moatte in lek tsjettel, in smoarch klok ef in stikken broek ha. Fen jier ta jier stean’ wy hjir to weagen, en for in cint twa trije jaen wy jimme op de heap noch in goe’ rie mei; mar jimme tinke: it is koartswyl, oars neat as koartswyl. Wier en net wier: koartswyl en âld earnst troch eltsoar mjokse, en, om ’er rjocht foar út to kommen, sit de koartswyl om de âld earnst hinne, lyk as it silver
om de stjonkene pillen, dy de dokters fen allerlei kjitte by eltsoar klieme. Dat sanikjen en eameljen fen dy Grouster weagers, sizze jimme, wirdt ientoanich. Ja, it is sa, frjeonen, mar lang sa ientoanich net as de tsjusternis yn Lâns- en Gritenij-kassen. Wy scille it lykwol oars probearje, en kinne it allike goed weagje en noch better as baes Oene. Baes Oene mei syn fet swolm oan ’t wang kaem by in snijersbaes yn ’e stêd om rie en help. Dokter naem it him ôf en Oene waerd genêzen. “Man, sei de master, dat was een waagstuk: van de 100 geen 10 dat lukt.” Nei nijjier kaem de rekkening fen Ljouwert, mar Oenebaes sei: “lyk om lyk: hy hat ’er my oan weage, nou weagje ik ’er him oan”, en bitelle net. Wy weagje it om jimme in stealtsje fen ús filosofy to jaen. Bitelje ef net, dat litte wy oan jimme sels oer.
Hark:
Hwerom giet in apel, dy fen de beam falt, net krekt sa goed nei boppen ta, ef hwerom bliuwt er net sweven twiske himel en ierde, lyk as de Sint Jans triedden? hwent der is neat dat him foartstjit ef driuwt. Hwerom fljucht in koegel, dy út in roer sketten wirdt, net altyd foart as de foarsje fen it boskrûd him net mear driuwt? Hy is dêr boppe ommers frij; dêr is ommers neat as de loft, dat him keart?
Ja, jimme scille sizze, omdet er swier is; mar hwerom is er swier? Wy scille it jimme sizze: it is omdet alle lichamen hjir op ’e wrâld troch it middelpunt fen de ierde oanlitsen wirde. Dat is de natûrkindige oantrekkingskracht, heel ûnderskieden fen de natûrlike oantrekkingskracht twiske feint en faem. Ho greater, mar boppe al ho tichter in ding yn eltsoar sit, ho greater dy oantrekkingskracht nei it middelpunt fen de ierde is, dat is, des to swierder is it. En dochs giet dit yn alles net troch: hwent izer is hirder en tichter as lead, en it is dochs lichter, en dat neame se specifyk gewicht. Dat dwane de gelearden altyd, as se in ding net goed forklearje kinne; den bigjinne se latyn to sprekken, om in boargerman yn de mist to fieren. Sa is goud specifyk swierder as silver, wetter is specifyk swierder as oalje, ensf.
Sa hawwe de minsken ek in ûnderskieden gewicht, en yn dat opsicht is er ek al in stien ef in blok gelyk: ho greater en tichter de minske is, ho swierder. En yn de rigel binne de minsken ek al de
bargen gelyk: ho better foer, ho loaijer libben, ho mear pounen; mar dêr is ek al nin sizzen fen: hwent ús Dokterom, dat nin oerdedich iter is, is meast de swierste klant, dy wy op ’e skealjen krije, en dy man bokselt yet al frij hwet yn ’t fjild om, dy is folle op ’e soalen. Mar ús nachtwekker, dy de minsken moarns út it bêd bûket, en dy in goed bout skiepflêsk mei in kynsen ierdappels mei glâns yn trije miel opfret, dy sjocht ’er út as in forlijd hjerstkeal: der sit nin groede yn.
It komt der ek net folle op oan ho swier in minske lichem weagt, as er mar net to folle smoar hat, nei det er in beest is. Men sjocht minsken mei in slach yn de rêch, mei lekkenske rokken en gledde learzens, dy hawwe mear smoar as hjar takomt, en dat hearde eigenlik yn de ierdappels, dy se ite. Al to swier is ek mar ongemaklik, mar al to licht makket de minsken al to fluch, binamen de frouljue, dy wirde den koart fen hakken. Swier en swier is twa; in swiere pampus sit net altyd oan in gewichtich persoan: hwent in gewichtich persoan moat eigenlik in man wêze, dy in great forstân hat en dy it goed brûkt.
As der twa ljue om in ding forsiikje, in lichten en in swier man, en as se beide op ’e skealjen komme, en de lichte man hat hûndert goudstikken yn de bûsen, den wint er it; dat is: omdet it goud swierder is as minskeflêsk en minske forstân.
Oerwicht is ek net goed by de minske; mennich minske wirdt oerwichtich as er by in folle flesse sit ef in moai jongfaem, en den forliest er it wiere gewicht. Oerwicht fen flêsk makket loai, mar oerwicht fen forstân makket gek; oerwicht fen wille makket droefheit; oerwicht fen fortrouwen makket skelmen; oerwicht fen jild makket gjirrich ef geweldich. Koartom, de middelwei is hjir ek al wer it bêste, en wy weage jimme flêsk en bloed mar; ho swier jimme oars weage, dat moatte jimme sels witte. Wy sizze it jimme: skat jimme net al to swier boppe in oar; it komt ornaris oars út. Warachtich, de ûnderfining leart it: as immen al to folle sin oan him sels kriget, den hat gjin minske op it lêst sin mear oan him: en dy in oar op ’e kop sitte wol, dy rekket sels ûnder de foetten, lyk as...... mar wy scille mar swije.
Tawicht hoeve wy net to jaen; dêrom, as lytse baes op ’e skealjen komt, den scil er de bom ôfsette; hy hoeft him syn lichtens net to skamjen; hy is krûdigernôch for syn gewicht.
Nou yet in wirdtsje oan de merkegasten. Troude manljue! bliuw mar net by de rollebol stean to spyljen; dat kinne jimme frouljue wol ôf, nei ’t der forhelle wirdt: dy sette jimme jild al yn ’t aventûr: fen de lotterijbriefkes wol to forstean, as jimme net thús binne, en sa kinne jimme, sliepende wei, bûten jimme witten om, ryk wirde ef deaearm, sa it mar útkomt.
Dêrom, merkje ljeaver in bytsje mei fatsoen; den kinne jimme ’ris laeitsje for jimme jild yn pleats fen skrieme.
Gean de jouns mei in dikkop Hubert en Wopke ûnder tekken, den sliepe jimme as roazen, en nim de moarns twa romerfollen
Berenborch om ’t forstân op to skerpjen; mar pas op, det it stiel der net ôfgiet: jimme smid kin ’t der net wer op lizze, lyk as op de tjoksels.
H. Epema, Weachmaster, S. de Vries, Scriba.
Grouster Merk, 1842. E. H.
GROUSTER
WEACHBRIEFKES 1843.
V.
Wy binne forline jier oan de filosofije west: dêr scille wy nou mar net oan dwaen, hwent by filosofen en de dichters sjocht it ’ er troch de bank lang sa moai net út yn hjar huzen as yn hjar boeken. Wy scille nou mar wer oan ’t weagen gean, en wy hoopje mar net, det jimme ’er sa bang for wêze scille as dy man, dy for gjin kynsen bûter der in foet opsette scoe. Hy hoefde it him oars noch net to skamjen; hy is yet sa meager net as in skroar, dy in jier oan ’t liifrinnen west is.
As jimme der sa bang for binne, den krije wy gjin jild yn de pong, en by gefolch gjin ierdappels yn de kelder. In lege pong is dochs in heislik ding, al sit ’er ek noch sa ’n moaije oranjestrik oan; ’t is dêrby in twangneil, dy keuningen ta smouzen en de smouzen ta keuningen makket.
Wier it det jimme forstân ef jimme jild hjir op de skealjen lein waerd, den scoe mennich ien al foar de skealjen opstûke, dat koe dochs bjuster ôffalle: hwent mennich ien hat yn de eagen fen him sels en yn it each fen oare ljue in great forstân, en as dat op ’e skealjen kaem, koe it ôffalle. Sa scoe it ek wol mei it jild gean, en dy ljue, dy hjar jild afterbak hâlde, om net to heech yn de doarpsomslach to kommen, wierne der it minste oan. Mar wy weage mar flêsk en bloed, en dy him sels to licht achtet, dy kin sa folle lead yn ’e bûsen stekke, as him sels goedtinkt, om mei fatsoen op ’e skealjen to kommen; wy scille it der net úthelje, mar wy moatte dochs ien ding sizze, wy scille alleman op ’e skealjen litte; wy hawwe ljeaver jonge fammen op ’e skealjen, dy oan de lichte kant binne as âlde wiven, dy hwet licht binne: hwent jonge frouljue binne trochstrings de plezierichste merkegasten, en as âlde frouljue yn ’t gewicht ôffoelen, den koene lichtgelovige ljue hjar for tsjoensters oansjen, en den hiene wy de flok op ’e hals. Jonge ljue! bitrouwe jimme ús net, en wolle jimme elkoar ’ris neihifkje, taest eltsoarren dêr oan, dêr it jimme minst sear docht; wy kinne it net helpe as ’er yn sa ’n drokte mistaesten dien wirde. Jimme sjonge allegearre: “Hoog om hoog, de keel is droog.” Binne jimme den smids wirden? dy hawwe allegearre in fonk yn de kiel, dy moatte se eaze ef forbarne; bakkersfeinten, dy foar de oun fordroegje, dy moatte hjar wol ’ris útweakje. “Hoog om hoog!” toe mar, de foet fen de romer mar nei de wolken ta; de kastelein moat ek libje; tink mar net det it sûpe is: haw hjoed wille sa folle as jimme opkinne, mar liz it sa oan, det jimme moarn gjin birou hawwe.
Plezierige merke, frjeonen! en wachtsje jimme for de knyflokiters. Grouster Merk.
1843. E. H. It gewicht fen is Ned. Pounen. ” Oncen.
H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.
IN NIJ LIET OP GROUSTER MERKE.
Voys: Het zal wel gaan, wel gaan, wel gaan van avond in het schuitje.
To liz’ mar, liz’ mar, liz’ mar oan, Us mem dy wol ’t wol lije.
Hja sei tsjin heit: “wy ha ’t wol dien; Us Tryn mei ek wol frije.
Strak scille wy skotse,
Trala, la la, tra lalderala; Strak scille wy skotse, It keallebout ropt ús ta.
Us omke hat it jak al oan; Dêr sit de man to bazen; Hy hat it by syn wiif fordoarn; O, wé, hwet scil se raze! Mar omke en moeike
Dy bruije ús allebeide net, Wy scille mar skotse, Hwet ha wy hjoed in pret.
In âlde, âlde, âlde prúk Mei nou noch gnoarje en stinne,
De faem en feint dy krûpe oan;
En litte it gleske rinne.
Kom litte wy sjonge,
Trala, la la, la lalderala.
Kom, litte wy stampe;
De hospes wol ’t wol ha.
Nou romte, romte, romte mar!
Wy fleane nei de bûrren,
Dêr stean’ twa feinten yn it grien
To fjuchtsjen en to skoerren.
Wy sjonge ljeaver
Trala, la la, la lalderala.
Wy patsje de fammen
En sûpe astrinta.
J. H. H.
DE BRUNE EN DE BLES OP TRIJE
ROMERS.
Brune: Ho! bist’ dou dat, bleske? Wel, ik koe dy net goed langer, dou sjochste der gammel út, ju, sa meager det men alle ribben wol yn ’e bealich telle kinn, en de stirt by ’t gat ôf? Fiterlokken ôfknipt? Dat stiet der skean foar. Fij man, it griist my as ik dy goed bisjoch, en hwet rint dy mâl gûd ta de noasters út. Ik wit net eft Frentsjer dyn lêste merk net is, en den it baitsje nei de loaijer, feint; dou hast yn rare hânnen west.
Bles: Ja, Brune, yn rare hânnen west. Ik bin nou trettsjin jier âld, mar ik haw nuvere bazen hawn. Op myn tred jier for fyftich dikketonnen to Eastermar forkoft, bin ik nei Wergea komd. Myn nije baes sei, ik hie in stap út tûzen, dêrom moast ik oan ’t hirddraven. Dat selde jier learde ik sa folle, det ik in priis to Weidum woun. Dat klonk de hiele Zwette lâns, it wier oars safolle gerop net wirdich, it like sulver, mar ik wit net hwet it wier. Myn baes dy in goed wird dwaen koe, gong ’er lûd oer út, oeral wier ’t, as wy by in herberch kamen: “dêr ha jy in aerdich bleske, keapman”.—“Ja, it spil stiet der op sa it heart, der sit in puggel oan”. (Ik hie do oars in bealich as in wynhoun.) “Rint it ek hwet oan?”—“Hwet oanrinne? Fleane, det it yen grien en blau foar de eagen wirdt. To Weidum hat it de priis woun, mar it like neat.” (Ik hie do oars sa folle as ik hysje koe).
Myn twade baes wier in stedman, dêr kaem ik yn ’t gasthús. Trije Romers en ’t Swarteweister tolhûs wierne de fierste einen, mar dat libben dûrre net lang, lyk as ’t mei folle moaije dingen giet. Myn baes teach Freedtomiddeis al ier nei de Okse, om mei syn ljue oer hirddravers to praten, yn pleats det er mei in skerldoekje foar, lyk as to foaren foar syn toanbank stie, om in poun kofjebeane to weagen. De mingers bleauwen wei en de nearring teach de doar út. Do by in tsjok lân-notaris mei in liif as in hjerstkeal, dy wend wier, det de hynzers it paed jouns sochten, as hysels it sûr hie; mar mei my koe it treddeheal flesse minder lije; dat wier in great gat yn in minskemage, en skolpere al to folle. Dêrom moast ik nei in oare baes en dat wier Gleone Wiltsje. Do feije, det de stront fen de dyk fleach. As wy ta in stêd útrieden, gong it sa hird, det de poarten ús fen de swang hast efternei fleagen. De ljue bliid, det wy foarby wierne en de kreamers alderbliidst. Dit dûrre sa lang, det ik stôkmeager wier en op trije
foetten sprong, en myn baes syn bûsjild op wier; hy hie de rekkening net goed makke. Wy krigen beide rêst, ik op ’e stâl, en Wiltsjebaes útfenhûs by in stêds rekkenmaster.
Do ik wer sahwet opfoerre wier, rekke ik by in keapman dy folle hyngsteried. Dêr moast ik de telstap leare, mar dat gyng lyk as mei ús skoalmaster: dy man wier gjin útrinder mei de pen, en do der in frjemd poehaen yn ’t lân kaem mei in nije mode fen skrift, scoe master yn in amerij in prefester yn ’t skriuwen wirde.
Mis wier it! Nin minske koe it nije skrift lêze, en do siktaris in brief krige fen master, det it wiif yn ’t waerm bêd laei, lies notaris, det er in kou slachte hie mei hûndert poun smoar, en sei hy: “Zoo, zoo, dat meestert goed.”
It gyng my neat better fen de hirddraversstap ôf en springe lyk as de eksters.
Bleske kriget in slach mei de swipe en tsjocht hinne.
Takommende jier komme se wol wer byinoar.
DE GRYTMAN.
Ik woe wol, det ik Grytman wier, Sa’n ampt stiet my wol oan.
Dat baentsje is ek gâns net swier
En it fortsjinnet skoan.
It rjuchtshûs sit it hearlik op, Men smookt en drinkt der ta.
En jowt Mynhear in foarstel op,
Den knikt Assessor: “ja”.
Wol er ljeaver swije, Nigen is genôch.
O, hwet binn’ dy Hearen
Bargen oan ’e trôch.
Hjar feinten hawwe se ek goedkeap, Hwent d’ earme Gritenij
Jowt jild, en den noch op ’e keap
In moaije liverei.
En hat Mynhear it podagra, Wol hy fen reisgjen frij, In rinner bringt him tiding ta, Dy skikt de Gritenij.
Wol Mynhear út jeijen, Boeren sjagglje mei.
Sizz’, hwa lykje dy sloven?
Lammen oan ’e wei.
En moat Mynhear it wird ris dwaen, En falt it praet him swier: Siktaris hat er by de hân, Dat is syn offisier.
En is ’t forstân net al to great, Is him de saek net klear,—
Dy leit him alle dingen bleat, En sprekt mar for Mynhear.
Fjirtsjinhûndert goune
En sa’n tsjerkfoudij—
Is in akkefytsje, ’t Komt ’er aerdich by.
Mar komt der soms hwet jild to koart, Hy skriuwt in omslach út, En eft de boargerij al moart, Biteljen is ’t bislút.
Hwer, sizz’ wy, is yn ’t hiele lân,
Sa’n hear as Grytman is?
Hwa komt sa maklik oan it jild? Net ien, dat is gewis.
Kom, myn goede Friezen, Sjen mar ta en swij, Wêz’ mar tige fleurich, ’t Sjongen is yet frij.
’k Woe dochs net, det ik Grytman wier, Fen ’t brea fen d’ earme man, Sok jild misgun ik him gjin hier, De flok dy kleeft ’er oan.
Sa’n hounebaes fen ’t heech Bistjûr, Op ’t great lâns tichelwirk, Is der by alle Friezen oer, Dy heart nou by de Turk.
E. H.
FOEKE SKUTTER EN HOSPES-TRYN.
De Sneins op de neidei kaem Foeke yn de jachtweide stappen. Dêr siet syn fryster Tryn to sliepen. Hja sprong einling fen ’e stoel, en sei tsjin him: “Biste dêr, Foeke? Kom, ik bin bliid, det ik dy sjuch—en dou griiste my ek mei dy heislike knevels. Kom, dat trefste goed; ús Grytman hat hjir in flesse wyn stean litten, dêr is mar ien romerfol út, en as er werkomt, den wol er dochs wer in nije hawwe”.—“Ja, mar hwer is baes Abe?”—“Dy laeit op it noflik ear oer de matten yn ’t keammerke”.—“Kom”, sei Foeke, “dat wier fiks! Den scille w’er in sankje by hawwe,” en do songen se by elts romerfol in ferske, lyk as hjir to lêzen stiet.
Do wier de flesse leech, en hospes Abe kaem opljippende lilk út syn fjouwerkant springen. “Hat dat sjongen en balten langer nôch dûrre? Skear jimme der út, as jimme langer wolle. Nin minske kin rêste”, sei er.
“Abe-baes”, sei Foeke, “is de holle tizich fen de moarns-slok? Haw ik dat nou fortsjinne? Ik haw altyd in goed minger fen jo wêst; jy hawwe mannich fen myn stûrkes yn ’e bûse. Ik stap ’er út, man!”—en
Tryn lei him de foarste finger oer de knevels, en joech him in tútsje yn ’t foarhús—en do wier ’t út.
1831
EELTSJE HIDDES FEN GROUWERGEA.
DE BESTE FREED YN LJOUWTER MERKE.
Voys: De bochel die pareert altyd.
To, Nies, ik wol de merk bisjen.
Hwet is it folk oan ’t djoeijen!
Der is gjin âld wiif by de wiel, Nin boer tinkt om syn ploeijen.
Oeral yn ’e stêd
Is ’t minsken tsjep en glêd, En lâns dy rygle kreammen
Frjemde ljue fen fier en hein, Bern by hiele teammen; De stêd is hjoed oerein.
Gleone Koen dy stiet ’er al Mei syn forskimm’le koeke,