in nije Heit
Mei tank oan Yorick Ypma
in nije Heit © 2014: Thys Wadman Yllustraasjes: Gerrit de Jong Foarmjouwing: Studio Graps - www.studiograps.nl Afûk, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert ISBN 978 90 6273 454 2 NUR 283 Neat út dizze útjefte mei op hokker wize dan ek fermannichfâldige wurde sûnder dat dêr skriftlike tastimming fan de útjouwer oan foarôfgiet. www.afuk.nl
in nije Heit
Foar Marthys
Ljouwert 2014
1. De Bugatti Veyron Super Sport. It nijste model. Ik hie der noch net earder fan heard. Ja, wol fan in Bugatti fansels, mar net fan dizze Veyron Super Sport. Wat in machtige sportwein is dit! Mei 1200 pk! En hurd dat er kin! Yn twa tellen sit er al op 100 kilometer! Op syn hurdst kin er wol 429 kilometer yn ’e oere! No, da’s dus écht hurd..! En dan hat er yn tolve minuten de hiele tank leech! Net goedkeap trouwens, dizze Bugatti. Hat 40 liter benzine nedich foar sa’n 100 kilometer en hy kostet hast twa miljoen euro! “No Gerke, do meist it sizze! Wat sille wy hjoed dwaan?” Ik skrik en klap myn autoboek ticht. Mem stiet neist myn bêd. Ik ha net iens heard dat se myn keamer ynkommen is. Troch dy Bugatti fansels. Mem sjocht my oan. Se hat har winkbrauwen in bytsje oplutsen. “Dogge we jûn in ferhaaltsje? Of wolst foar de feroaring hjoed wer ris even oer de dei prate? Oer skoalle? Oer it fuotbal?” Se is even stil. “Of dogge wy jûn dochs gewoan mar wer de fraach? Lykas juster?” Ik doch krekt oft ik neitink. Fansels wit ik it al. Dochs sis ik neat en lit har even wachtsje. Mar it wachtsjen duorret har te lang, dat kin ’k wol sjen. Se sjocht al op har horloazje. “No Gerke, jong, wat wurdt it? Moatst in bytsje opsjitte, hear! Heit sit ûnder te wachtsjen mei de kofje!”
It is sa njonkenlytsen in fêst ritueel wurden. Ik lis al ûnder de tekkens. Toskboarstele, hannen wosken en myn pyama oan. Klear foar de nacht. Mar dan moat earst de dei noch even ôfsluten wurde. Dat hat myn mem sa betocht. Kinne wy noch even oer de dei prate. Sý fynt dat wol leuk, mar ik dus net. Ik wol leaver net fertelle wat ik op skoalle dien ha. Of wat der by it fuotbaljen bard is. Myn mem wol my ek wol foarlêze. As ik dat wol. Mar dat wol ’k alhielendal net! Dêr fyn ik niks mear oan, dat foarlêzen. Ja, doe’t ik yn groep 5 siet noch wol. Doe wie in ferhaaltsje jûns wol leuk. Mar no? No fyn ik dat foarlêzen mar stom. Ferhaaltsjes foarlêze, dat is foar lytse bern. Nee. Ik ha no folle leaver in fraach. In fraach út myn eigen boek. Ut mýn autoboek. Dat autoboek is in selsmakke plakboek mei allegear ynformaasje oer auto’s. En ek mei foto’s fan auto’s fansels. Ha ’k sels allegearre opsocht, útknipt en ynplakt. Ut kranten en út tydskriften. En ik ha der ek sels dingen by skreaun. Al mear as twahûnderttritich bledsiden hat it boek no. En as wy jûns de fraach dogge, betinkt myn mem altyd in fraach út myn boek. It leafst ha ik dan in drege fraach. Dan kin ik mysels moai even teste. Want dat testen, dat fyn ik leuk. Om te sjen wat ik wit. Want ik wit der ek in hiele protte fan. Fan auto’s. Folle mear as myn mem yn elts gefal.
5
7
Dy wit net iens it ferskil tusken in Opel en in Toyota. Of tusken in Porsche en in Ferrari. En se wit ek net wêr’t dy auto’s makke wurde. En alhielendal net hokker motor at deryn sit. Myn heit wit der ek niks fan. Dy hâldt trouwens hielendal net fan auto’s. Mar hy hâldt ek net fan fuotbal of fan oare sporten. Ja, it is miskien wol stom, mar ik kin eins niks betinke dat hy wól leuk fynt. No ja, okee, syn angel en syn fiskspullen. En syn stomme fiskersboatsje, mei dat lichte 2 pk-motorke derachter. Már 2 pk! Want wat kinst no mei 2 pk? Nee, dan dy Ferrari 599 GTB Fiorano. Stiet ek yn myn boek, bledside 49. Tolve silinders en 620 pk ûnder de kap! Ja: 620 pk! Dát is nochris wat! Dat binne wol 310 fan dy stomme fiskersboatmotorkes! En no sjoch ik krekt dizze Bugatti. Mei syn 1200 pk! Hast twa kear sa swier as dy Ferrari! Myn heit bringt my ek wolris op bêd. As myn mem fuort moat. Nei it koar of nei de yoga. Dan docht myn heit it. Mar dy is altyd samar klear. Oer de dei prate, dat wol er net. It kin him, tink ik, ek net safolle skele wat ik dien ha. En in ferhaaltsje foarlêze, dat dócht er gewoan net. Dat kin er net. Seit er. Of hy seit dat syn bril noch yn ’e keamer leit. Dus dan docht er ek meastentiids mar gau in fraach. Hy hellet dan gjin fraach út myn autoboek, mar betinkt sels ien. Yn hokker lân at de Citroën makke wurdt of de Mercedes. Maklike fragen. Stom, niks oan.
Mar dan is er wol moai gau klear. “No Gerke, no móatst it sizze, hear!”, seit mem. Se pakt my foarsichtich it autoboek út de hannen en leit it op it fuottenein fan myn bêd. Ik sjoch mem oan. No móat ik it sizze. Sil ’k it no sizze? Soe ’k it doare? Mem suchtet. Har winkbrauwen binne no wer sakke. Mar soe dit wol it goede momint wêze, freegje ik my ôf. “Ik wol it wol even hawwe oer myn jierdei”, begjin ik. Ik sjoch har net oan. “Oer dyn jierdei?”, freget ús mem ferbaasd. “No al? Dat duorret ommers noch wol trije wiken?” “Ja, dat wit ik ek wol,” sis ik, “ik wit echt sels wol wannear’t it myn jierdei is, hear!” It is even stil. Ik twifelje. Sil ik it no wol dwaan? Op dat stuit hear ik myn heit roppen. Hy stiet yn de gong, ûnder oan de treppen. ”Wêr bliuwst no, Hieke? Ik ha de kofje al ynskonken! Is Gerke noch net klear mei syn autoboek? It duorret my oars lang genôch! Altyd itselde! Hy moat him no deljaan!” Ik hear de doar fan de keamer tichtslaan. Mei in hurde klap. En dy klap fan de doar, dat is foar my in teken. Ja, ik bin der nó wis fan! Ik twifelje net mear. Mem strykt my even troch it hier. “Ik tink dat ik wol wit watst freegje wolst,” seit se, “wêr’tst op traktearje meist! Op skoalle!” Ik sis neat. ”Of wa’t der op dyn feestje komme meie.” Ik skodholje.
9
“Nee. Ik hoech gjin feestje en ik wol ek net traktearje!” Myn mem sjocht my ferbaasd oan. Har winkbrauwen binne no wer oplutsen. ”Gjin feestje? Net traktearje? En wêrom dan net? Of wolst soms ek gjin kadootsjes hawwe?” Gjin kadootsjes? Hielendal neat? Ik skrik derfan en moat even neitinke. “Nee,” sis ik dan, “ik hoech gjin kadootsjes. No ja… ien kado mar. Mear net.” Ik sjoch har oan. No kin ik net mear werom. Ik móat it no wol sizze. Mem laket even. “Ien kado? No, dan bin ik hiel benijd wat dat is”, seit se. It is even stil. Ik hear de wekker tikjen op it nachtkastke. Nó moat ik it sizze! Dit is it momint! En ik doch it. ”In oare heit,” flústerje ik, “ik wol in nije heit!” Dan lûk ik gau de tekkens oer de holle.