Page 1

gratis en fergees

kinderen met down verliefd tot over mijn oren

nr. 02 - 2011

bysundere foarnammen


t/m 28 augustus 2011

SPINNEN De zwangere huismus praktijk voor o.a:

de moaiste bisten dy ’t der binne!

* Zwangerschapscursus “Dat zal bevallen!” * Zwangerschapsmassage * Cursus “Shantala babymassage” * Coaching jonge ouders met onrustige prikkelbare baby’s

Voor informatie, vragen en opgave voor de cursussen kunt u terecht op de website:

www.dezwangerehuismus.nl

de Zorg van één Kraamzus t 0513 418888 • www.kraamzus.nl

Jouw coach rondom de kraamtijd T 088 512 2000 • www.isiskraamzorg.nl /heitenmem Isis kraamzorg was voorheen:


Hasto ek tegearre mei dyn soan of dochter in selde hobby? Stjoer dan in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl. Miskien stiesto de oare kear yn dizze rubryk fan HEIT en MEM.

Namme: Gerard de Witte (47) Wenplak: Feanwâlden Hobbys: fytse op de racefyts, atb of cyclecrosser én túnkje Relaasje: hast 19 jier troud mei Wiepkje Heit fan: Annemijn (11) en Meike (9)

Sa heit sa dochter ‘Fytsen en túnkjen binne myn grutste hobbys. Yn ’e simmer mei ik graach racefytse en winterdeis sit ik op de cyclecrosser of de atb. Sûnt oardel jier gean ik sneintemiddeis tegearre mei dochter Meike op stap. Meike is in stoere meid mei stoere hobbys; sy mei graach drumme en hâldt der fan om op ’e atb troch sân- en ruterpaden te raggen en goed smoarch werom te kommen. Meastentiids fytse wy sa’n 15-20 kilometer yn ’e omkriten fan Noardburgum, Jistrum en Feanwâlden. Mar it leafst fyts ik yn de bergen. Foar’t ik troude ha ik tegearre mei in freon in toertocht fytst fan Amsterdam nei Istanbûl, dwers troch Roemenië. It wie in geweldige erfaring. Doe’t in redakteur fan it Friesch Dagblad belle om in reportaazje te meitsjen, tochten wy oan in goeie grap. Mar Wiepkje wie de redakteur! Sa sjochst: fytsen bringt in soad gelok!’

3


Ciska Noordmans is redakteur fan Heit en Mem. Se is troud en is mem fan twa moaie bern, Maite (10) en Netithon (6).

I need you Middeis komme de bern út skoalle wei draven, swit om ’e holle, snot foar d’eagen en altyd yn in battle om wa’t it earste thús is: Maite op har waveboard of Netithon op syn nije blauwe simmerskuon. Thús sitte wy mei in glês limonade, tee en koekjes wat nei te praten oer har dei op skoalle. Om beurten fiskje wy in koekje út it trompke. Dizze kear ha wy fan dy lytse rûne kofjekoekjes mei teksten derop. Yn it Ingelsk. ‘Mem, weet jij wat “I need you” betekent?’ freget de jongste. ‘Ik kan niet zonder jou’, sis ik, frij fertaald, tusken de letterlike tekst en de werklike betsjutting yn. Mar dan begjint dochs myn gefoel te sprekken en fyn ik dat ik tichter by de tekst bliuwe moat.‘Eigenlijk betekent het: ik heb je nodig’, sis ik, ‘ik heb je nodig om gelukkig te zijn.’ Dat klinkt ferskuorrend heechdravend mar him ûntgiet dat teatrale fêst, dat ik freegje him: ‘Heb jij mij ook nodig?’ en ferwachtsje stikem in leafdesferklearring. ‘Ik heb je nodig om eten voor mij te koken en mijn kleren te wassen.’ ‘En nog meer?’ freegje ik hoopfol. ‘Nou, je rijdt ons naar hockey’, antwurdet hy praktysk. Ik wit myn plak, set de limonadeglêzen yn de ôfwaskmasine en pak de kaaien fan de auto. Mei twa bern achteryn op nei de bibleteek. In mem foar needsaak. Yn dizze simmerske Heit en Mem kinst lêze hoe’t it krekt sit mei freonskip en fereale bern (ben jij op mij?). Hoe litte bern dat oan in oar witte en wat binne de sinjalen foar heit en mem? Fierder: simmer yn Fryslân, de nijste berneboeken, boeken foar folwoeksenen en noch folle mear!

4


Ynhâld Kolofon redaksje: Ciska Noordmans en Dieuwke van der Meer haadredakteur: Ernst Bruinsma meiwurkers: Ate Grypstra, Fokje de Jong, Aly van der Mark, Dieuwke van der Meer, Aukje Mulder, Ciska Noordmans, Marrit de Schiffart, Tineke Smidt, Tjalling de Vries en Nynke van der Zee korreksje: Ytsje Steen-Buwalda en Nynke Beetstra redaksje-adres/ útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Printwurk: Telenga Drukkerij BV www.telenga.nl info@telenga.nl tel.: 0517 - 38 09 80

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66 Fotografie Lydia studio foto's www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 058 - 843 37 05 Yllustraasjes: Andrea Kruis (side 8) andrea.kruis@orange.fr

Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 35.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje. Dizze Heit en Mem is it twadde nûmer dat yn 2011 ferskynt fan dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl. Abonnemint Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurdt jo foar € 10,- 3 nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia Hyves, Twitter en Facebook. Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

03 04 06 08 10 11 12 15 16 18 19 20 24 25 26 28 30 31 33 34 36 40 42 45 46 47

nr. 02

Sa heit, sa dochter Kollum Ciska Noordmans Heit en Mem Post De nanny Kollum Ate Grypstra Utstapkes Bysûndere foarnammen Berneboeken Yn ferwachting Bernepraatsjes Swier & Swiet Kinderen met Down Guerilla-art foar begjinners Heit en Mem boeken Stayokay in Snits De boat Tjalling de Vries Bern Heit Fuortrinne Cranio­synostose Bern en wetter Verliefd Wat wurd it? Kollum Dieuwke van der Meer Pake syn pop 5


heit & mem post Yn oktober komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert.

Onze wereldreis Ik ben vandaag met Fleur (2) op de fiets naar een vriendin in Marsum geweest. Hoewel het voor mij al een hele reis was, maakte Fleur er een ware wereldreis van. Het begon al met de apen die op de watertoren wonen. Toen kwamen we langs een rivier met schildpadden (lees: een boerenprutsloot). Achter die rivier lag een heuse woestijn (lees: pas gemaaid maïsveld). In plaats van koeien en schapen zag Fleur olifanten en tijgers. Er lagen allemaal enge slangen en vleermuizen op de weg (van die zwarte lijnen waar de weg gerepareerd is). We hebben een heel eind over kruimels gefietst (kleine steentjes op de weg), die konden de vogels wel opeten. Op de terugweg moesten we uiteraard even ‘fiets-tanken’, volgens Fleur. Je leest het wel, de wereld rond in tachtig dagen is zóóóó de vorige eeuw. Met Fleur voor op de fiets ben je de wereld rond in 26 km! Marieke van Assen-Abbink Frjentsjer

6

Babyboom

2010 was voor ons een bijzonder jaar. Van onze vriendengroep raakte ongeveer de helft zwanger. Eind 2009 gingen we met de meiden nog een weekendje weg, en nu, een jaar later, zijn we de trotse moeders geworden van zes gezonde baby’s! Er zijn drie jongens en drie meisjes geboren. Tussen de geboorte van Tieme en die van Fardau zaten precies zes dagen, en zes dagen na Fardau werd Evi geboren. We zijn allemaal in het ziekenhuis bevallen. Op de foto zien jullie v.l.n.r: Jesper (ongeveer 1 jaar), Mare (9 maanden), Tieme, Evi, Fardau (6 maanden), Julian (3 maanden). Ellen Dikland, De Knipe

Ik wurd heit! Bij deze biljartclub in Oudemirdum zitten heel veel vrienden van ons en wij vonden het een origineel idee om op deze manier alle vrienden te vertellen dat we heit zouden worden. Iedereen was ook verrast toen ze de tekst lazen. Inmiddels zijn Geert Muizelaar en Douwe Jaarsma beide al heit. Geert (rechts) heeft een dochter gekregen op 11 november, ze heet Eline. Douwe (links) heeft een zoon gekregen op 30 oktober, hij heet Daan.


Eén groot feest Dit zijn van links naar rechts Marrit, Ivar, Wilco en Ryan. Het zijn neefjes en nichtjes van elkaar en ze hebben samen altijd erg veel plezier. Ook logeren ze iedere vakantie bij elkaar. Altijd één groot feest. Jolanda van der Zee

Poppe fan de moanne! ma art

april Kayra Stam

Dionne Arends

(5 moanne) út Kollumersweach

(1 dei) út De Westereen

ma aie

Bertekaartsje Ik ha mei kreatyf terapeut / tekenlearares Issi Borgers út Ljouwert sels it bertekaartsje ûntwurpen en mei in soart kryt makke. It is wier hiel moai wurden!! In oanrieder foar elke heit of mem dy’t wat spesjaals foar it berntsje én foar himsels dwaan wol!

Matheo Andersen-Sijtsma (± 8 moanne) Noarwegen

Thea Dijkstra út Ljouwert

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl, en wa wit stiet dyn foto skielk as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krijsto it nijste Fryske berneboek tastjoerd! ‘Poppe’ is Fries voor baby. De baby mag niet ouder dan één jaar zijn!

De bernekeamer Na veel wikken en wegen hebben we uiteindelijk deze babykamer gemaakt voor onze tweeling. Omdat we al wisten dat we een zoon en een dochter zouden krijgen, wilden we een kamer die geschikt zou zijn voor beide kinderen. Het thema is ‘Holland’ geworden. We hebben een goede hulp gehad aan Marnete,

onze oudste dochter van 7. Samen hebben we behang gescheurd, de plinten geschuurd en spullen gekocht. En het resultaat mag er zijn, dacht ik zo! Onze tweeling is geboren op 30 december 2010 en ze heten Feline Freya en Bjarne Benjamin Ruiter.

Bisto ek sa grutsk op de bernekeamer? Mail in foto mei ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl

Conny Ruiter-Dölle, Balk

7


Nanny nedich? Nei in advertinsje, in yngeand sollisitaasjepetear en it neigean fan referinsjes, fûnen Joukje de Graaf-Greidanus en har man Frank Jan de Graaf yn 2008 harren nanny Chantal de Jong. In boppeslach, want se binne no noch hieltyd bliid mei Chantal. Sa bliid, dat Joukje har wurk makke hat fan it wervjen fan nannys. Under de bedriuwsnamme ‘Nanny in het Noorden’ helpt sy âlders by it finen fan in geskikte oppas oan hûs. 8


Marrit de Schiffart

Freedtemoarn, 8.15 oere. Chantal komt binnen by de famylje De Graaf. De famylje is noch net hielendal op regel en dus helpt Chantal harren mei it moarnsritueel. Se rommet it moarnsiten dat noch op ’e tafel stiet op en set kofje. Eefkes letter bringt Joukje har âldste twa bern nei skoalle en kin Chantal har oandacht rjochtsje op de jongsten: Froukje en Loes. Om’t Froukje noch mar twa jier is, is sy altyd thús. De oare bern – Hylke (9), Hester (7) en Loes (5) – geane nei skoalle, mar om’t it hjoed freed is, hat Loes ek frij. Gesellich, fynt Chantal. Se kin goed mei de bern opsjitte en fynt har wurk geweldich. Chantal (24) is zzp’er en wurket troch de wike by trije húshâldings as net-ynwenjende oppas oan hûs. Doe’t se 20 wie, begûn har karriêre as nanny by Frank Jan en Joukje. Se hie har oplieding - SPW nivo 3 mei as spesjalisaasje Berne-opfang krekt ôfmakke doe’t se reagearre op Joukje har advertinsje. ‘Ik wie eigentlik op syk nei in oppasbeppe’, fertelt Joukje, ‘it wie dan ek net de bedoeling om sa’n jong famke sûnder libbens- en wurkûnderfining oan te nimmen. Dêr kaam by dat se hiel oars wie as wy. Se praat Nederlânsk en is folle drokker as wy. Mar se wie leaf en betrouber

Ik wie eigentlik op syk nei in oppasbeppe. en ik koe oan alles merke dat se sljocht wie op bern. Boppedat hie se in goede oplieding en doe’t ik har staazje-adres belle foar in referinsje, wienen se dêr ek hiel posityf oer har. Wat woe ik noch mear?’ Werving en seleksje As Joukje in intake hâldt mei âlders, freget se nei harren winsken. Dêrnei giet se op syk nei in nanny. Se hat har eigen netwurk, mar as dêr net in geskikte kandidaat tusken sit, set se advertinsjes op har webside en yn ’e krante. Nannys

dy’t sollisitearje, komme earst by Joukje op gesprek. ‘By in sollisitaasjegesprek foar in nanny stelle jo fansels oare fragen as by in sollisitaasjegesprek foar in baan as akkountant. Ik freegje net allinne nei diploma’s en wurkûnderfining, mar ek nei hobbys, fakânsjes en it sosjale libben. As in persoan bygelyks hiel ûndernimmend is, is

Ik moast wol eefkes slokke doe’t ik hearde dat Froukje by de nanny op ’e skurte yn ’e sliep fallen wie. dat in pluspunt, want dan sil se foar de bern ek leuke aktiviteiten betinke.’ As de âlders graach yn kontakt komme wolle mei in nanny dy’t Joukje útsocht hat, regelet se in moeting. Is der in match, dan betelje de âlders in bepaald bedrach. Ek foar de syktocht moatte se betelje. Dêrnei moatte de âlders en de nanny harren noch oanslute by in gastâlderburo, want oars komme se net yn oanmerking foar subsydzje op de berne-opfang. Chantal hat ûndertusken eefkes om in boadskipke fuort west mei Loes en Froukje en hinget no de wask fan ’e famylje De Graaf op. Froukje fynt it machtich om har te helpen en jout har de wask oan. Loes is ûndertusken binnendoar oan it puzeljen. Chantal fynt it wurkjen as nanny folle moaier as har staazje by in bernedeiferbliuw. ‘Omdat ons contact heel intensief is, bouw ik nu veel meer een band op met de kinderen. Op een kinderdagverblijf zijn 15 tot 20 kinderen. Dit werk is bovendien een stuk vrijer. Als het mooi weer is, kan ik bijvoorbeeld spontaan beslissen dat we gaan picknicken. Ik zit niet vast aan een bepaald schema dat iedere

dag moet worden afgewerkt.’ Chantal docht by de famylje De Graaf ek wol húshâldlike putsjes. Sa rommet se de ôfwaskmasine út, set it jûnsiten klear of hinget de wask op. ‘Mar’, beklammet Joukje, ‘se is der yn earste ynstânsje foar de bern.’ Foardielen It hawwen fan in nanny hat neffens Joukje in hiele protte foardielen. Ien dêrfan is dat de bern thús binne en dus har gewoane ritme oanhâlde kinne. De bern kinne yn har eigen buert boartsje en freontsjes

In goede nanny betinkt leuke aktiviteiten foar de bern. binne wolkom. Fierder soarget it by de âlders ek foar in protte rêst, om’t sy de bern net op oere en tiid op hoege te heljen by in bernedeiferbliuw of in bûtenskoalske opfang. De âlders kinne harren winsken oangeande de opfieding fan har bern ek trochjaan oan de nanny. Frank Jan en Joukje wolle bygelyks graach dat Chantal mei de bern bidt foar it iten. Chantal: ‘Ik ben niet gelovig, dus dat vond ik wel spannend. Ik sta ervoor open, maar laat de kinderen het initiatief nemen. Zij zoeken een versje of een gedichtje uit een boekje en dat gaan we dan zingen of opzeggen.’ Ek de fertrouwensbân dy’t in nanny mei de bern opbout, sjocht Joukje as in foardiel. ‘Myn bern hawwe net te meitsjen mei hieltyd wikseljende liedsters, mar mei ien nanny dy’t se goed kenne en fertrouwe.’ Dat lêste kin soms ek wol konfrontearjend wêze foar âlders. Joukje: ‘Ik moast lêsten bygelyks wol eefkes slokke doe’t Chantal fertelde dat Froukje by har op ’e skurte yn ’e sliep fallen wie. Dat docht se by my noait. Letter besefte ik dat ik soks just sjen moast as in goed teken.’

9


Ate Grypstra

WURDEWÛNDERS EN PLANKMERAKELS Neffens my is it in populêr blêd, Heit en Mem. Ik krij yn alle gefallen gauris reaksjes op myn stikjes. En ek op de dêrby ôfprinte foto trouwens. In goekunde fan my sei okkerdeis: ‘Do en dyn berntsjes binne yn in jier tiid ek werklik gjin spat feroare!’ Dat wie fansels in subtile prip rjochting de byldredaksje fan it tydskrift, dat der wol wer ris in up-to-date plaatsje fan my en it kroast komme mocht. En Heit en Mem soe Heit en Mem net wêze at se dêr net fuortendaliks wurk fan makken. It risseltaat hawwe jo no ûnder eagen. En yndie: dan falt op dat der yn in foech jier tiid in hiel soad feroare is. Dochterke Sanne breidet wilens mear as twa wurden oaninoar en komt ta ferbale keunststikjes as ‘nog een PIEP’ (wat mei it produsearjen fan mear as ien pyplûdsje fan hokker elektroanysk apparaat dan ek te krijen hat)

10

en ‘ik wil OE-PUH-JUH’ (wat har mem en ik as beukerswahily-eksperts wilens ûntsifere ha as ‘ik wil snoepje’). Wy binne der wis fan dat wysels foar ús twadde libbensjier net ta sok wurdegeweld yn steat wienen. Mar dat is net de iennige oanwizing dat der wol degelik noch evolúsje plakfynt op ús planeet. It grutste bewiis wurdt levere troch ús jongste soan Jesse. Ferline simmer helle er my nei lang oanhâlden oer om in waveboard foar him te keapjen. In skoftlang hienen wy de oanskaf fan sa’n terreur-op-tsjiltsjes en fraktuer-feroarsaker-nûmer twa (numero uno is fansels de trampo) keare kinnen, om’t de kostpriis fan sa’n 100 euro in te grutte oanslach op ús húshâldpotsje wêze soe. Mar op in simmerske braderydei yn Bûtenpost bea in trochtrape merkkeapman dy kringen oan foar noch gjin trije tientsjes.

Fuort budzjettêre arguminten. Jesse koe fan syn bûsjild al in part betelje en de rest soe er mar al te graach as jierdeikado beskôgje. Tsja, wat moatte je dan as bonkebreuk-frezende fader? Tajaan fansels. Mar de jongbaas yn alle gefallen noch al efkes fyntsjes wize op it feit dat de kâns bysûnder grut wie dat er de motorike genen fan syn heit oererfd hie. Mei oare wurden: súkses mei dyn Wankele Lea op dy Planke fan Dea. Mar nee. Ik haw ûngelyk krigen. Darwin hie it by de rjochte ein. Der is natural selection. En survival of the fittest bestiet wol degelik. HampelHeit mei dan op it WibelBoerd in gefaar foar himsels en syn omjouwing wêze, de folgjende generaasje fljocht op it momint fan skriuwen fan dit stikje bysûnder soepel it asfalt by ús foarhûs op en del. It kin hurd feroarje.


útstapkes Tomke fiert feest by Aqua Zoo Mei Tomke in speurtocht troch Aqua Zoo, op de foto mei Tomke, foarlêzen en noch folle mear op 23 septimber 2011 fan 13.00 oant 18.00 oere. De kaartferkeap start fan 1 septimber ôf. Sjoch op www.tomke.nl. Komsto ek?

boartsje mei wetter By de bernebuorkerij it Bûthús yn Snits is in ruïne boud, ferstoppe yn it grien. Soe it in Fryske stins wêze? Der leit in beek mei keardammen en opslachbekkens dy’t bern sels betsjinje kinne. De bernebuorkerij is krekt ferboud. Fansels binne de bisten altyd bliid mei in leaf aaike oer de snút! Harste 11b, 8602 JX Snits, tel. 0515-425908. Moandeis ticht.

Berne-iepenloftspul It Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum spilet fan 24 juny oant 10 july de foarstelling Swart/Wyt, basearre op de film en it boek ‘Lang leve de Koningin’. In foarstelling foar bern en troch bern mei moaie dekors en kostúms! Kaarten te krijen fia info@berneiepenloftspul.nl.

Laarzenpad Twijzel Veenklooster Wolsto dyn bern wat fertelle oer pingo’s, libellen en kikkerts? Rin dan ris oer it ‘laarzenpad’, troch it wiete gers en ûnder oaren by de pingo Bootsma’s Poel, elzesingels en houtwâlen lâns. Pas op datst net útglidest yn in kowepankoek! Reade pealtsjes stean by de rûte fan it 1 of 2 km lange rinpaad fan De Wedze nei Tsjerkebuorren yn Twizel. Mear ynfo by de gemeente Achtkarspelen.

Het geheim van Elfbergen In het boek ‘Het geheim van Elfbergen’ staat een spannend verhaal over een verdwenen Slot dat ergens in het bos van Elfbergen stond. Aan de hand van een schatkaart bij het boek en gedegen speurwerk vind je de weg en wordt het geheim ontrafeld. Geschikt voor kinderen van 10-12 jaar. Kosten kaart en boekje € 7,50. Meer info op: www.marenklif.nl

11


Bysûndere foarnammen

Kin de namme Fokje net mear? Ik kwam het artikel met deze vraag tegen in de Leeuwarder Courant van 8 februari jl. Mijn naam is Fokje. Ik ben in 1933 geboren, dus heb ik wel persoonlijke ervaringen met die naam. Ik ben in Oost-Groningen geboren. In ons dorp kwam die naam verder niet voor. Mijn opoe van vaderszijde heette Fokje. Zoals toen gebruikelijk werd ik vernoemd. Mijn moeder probeerde er nog iets mooiers van te maken: mijn geboortenaam is Fokjeline Kristine. Ze probeerde de naam Fokjeline ook als roepnaam te gebruiken, maar mijn opoe ging daar fel tegen tekeer. Dus werd mijn roepnaam gewoon Fokje. Mijn eerste negatieve ervaring met mijn naam was direct na de bevrijding. Er waren veel Canadese militairen in ons dorp. Hun legervoertuigen

12

stonden overal geparkeerd. Ze zochten contact met de bevolking. Ik was een nieuwsgierig meisje van twaalf. Als die militairen, meestal stonden ze in groepjes bijelkaar, mij naar mijn naam vroegen, noemde ik die heel argeloos. Vaak begonnen ze dan hard te lachen en deden verder heel besmuikt. Ik snapte er niks van en niemand hielp me uit de droom, in die tijd praatte je niet echt. Wel heb ik mij er zeer ongemakkelijk bij gevoeld als kind. Veel later kwam ik natuurlijk wel achter de betekenis in het Engels. Ik ben verder gewoon als Fokje door het leven gegaan, kwam ook in Friesland terecht en dat scheelde een stuk. Maar ik heb ook jaren in Nunspeet gewoond en daar was ik ook gewoon Fokje.

Wel heb ik mijn kinderen gevraagd mij niet te vernoemen. Er is dan ook geen nieuwe Fokje bijgekomen in onze familie. In deze tijd, die veel internationaler is dan de tijd waarin ik opgroeide, kan dat niet meer, is mijn mening. Eind 2010 ben ik met mijn oudste zoon naar New York geweest. Ik had hem mijn verhaal wel eens verteld. ’Zou je de naam Fokje daar wel gebruiken mam?’ vroeg hij me. In New York heette ik dus Kristien en dat voelde heel goed! Hier in Friesland is er niets mis met de naam Fokje, maar ja… de wereld is groter geworden hè? Met vriendelijke groet, Fokje K. de Jong-Snoek, Heerenveen


Op de ‘Heit en Mem Hyv nei de bysûndere nammes’ fregen w y âlders en fan harren bern. Us jonkje hjit Sverre, in Noarske namme! Wij hebben twee dochters. De oudste heet Gerritje Antje, roepnaam Gerrianne, afgeleid van de namen van haar beppe Gerritje en haar oerbeppe Antje. De jongste heet Dirkje Berber, roepnaam Deborah, ook afgeleid van de namen van haar beppe en oerbeppe.

Jolene, nei in nûmer fan Dolly Parton.

Us famke hjit Marridt. Wy hawwe it mei ‘dt’ dien omdat sy ferneamd is nei har beppes Maria en Detje.

Mijn dames heten Mercedes Liquenda en Djenischa Tamara.

Onze meid heet Lara Amélie, Lara omdat we dat een mooie en stoere naam vonden, Amélie naar mijn favoriete film ‘Le fabuleux destin d’Amélie Poulain’. Geweldige film en een geweldige naam voor een geweldige meid.

Wij hebben gekozen voor Destin. De naam is afgeleid van het Engelse Destiny - wat bestemming/het lot betekent. Bij mij was het een groot wonder dat ik zwanger raakte, dus het moest echt zo zijn!

Fan Aarn oant Zwopkje troch Aly van der Mark Yn april 2003 lies ik yn in rou-advertinsje de namme Heiltje de Boer-Oosterbaan. Heiltje is 96 wurden en se hat 54 jier widdo west. De namme Heiltje hie ik nea fan heard, ik knipte him út. It waard it begjin fan in frjemde samling. At ik yn de krante yn de rouadvertinsjes in namme seach dy’t ik net koe, knipte ik him út en no ha ik 200. De betingst wie dat it Fryske nammen wêze moasten, of yn alle gefallen nammen fan minsken dy’t lang lyn yn Fryslân berne binne. Ik die se yn in doaske neist myn stoel en seach der fierder net nei om. Ferline jier wie it doaske fol, ik wie benijd hokker nammen oft der yn sitte soene, want de measten wie ik al lang wer fergetten. Ik wie ferrast troch de bûnte samling en wat wie it in tref dat it Meertens Ynstitút

net allinne de achternammen mar ek alle foarnammen fan Nederlanners op de webside setten hie. Dêr stiet by hoe faak oft in namme noch foarkomt yn Nederlân en doe ha ik de grins lein by 75. Dat betsjutte dat ik in pear fuortgoaie moast, mar fan de measten wie yndied noch mar in hantsjefol oer. Der binne in pear by dy’t sa goed as útstoarn binne, lykas Frietske, Froatsje en Jilkjen by de famkes en Geue en Oukert by de jonges. Dus heiten en memmen: at jim orizjineel wêze wolle, kies dan net in bûtenlânske namme, mar ien dy’t hast útstoarn is. Ik bin fan doel noch ris in boekje te meitsjen mei alle advertinsjes deryn, om’t de foar- en achternammen faak hiel moai byelkoar passe. No alfêst in seleksje fan nammen

dy’t net faker as 20 kear yn Nederlân foarkomme: Aarn, Aeger, Aetske, Alofje, Ame, Beeuw, Betze, Binke, Bintsje, Bleike, Boeije, Boeke, Brienen, Broor, Djoerdtje, Dju, Doedertje, Doite, Doyke, Dwotsje, Dubbeld, Eentje, Eertsje, Eeuwkjen, Elbe, Ete, Fake, Finne, Froodtje, Geugje, Gôtske, Guitsche, Haakje, Hankje, Hate, Hipkje, Holkje, Igle, Jaatje, Jilje, Jilkjen, Jookje, Jotje, Judigje, Lume, Luurtze, Maije, Makke, Naentske, Namke, Obtje, Oept, Oktjen, Olke, Peepke, Pooi, Reenske, Remmeren, Rode, Schoutje, Setsche, Sjerpje, Taetze, Taekeltje, Tapke, Teetse, Thae, Tiertje, Wate, Wikke, Winkje, Wolke, Ygje en Zwopkje. It earste pear dat syn lytse poppe ien fan dy nammen jout, krijt myn boek Fan roazen en framboazewyn as beleanning.

13


Speciale aanbieding voor lezers van heit en mem! Ontvang 6 edities voor  20,(Bij automatische incasso slechts  18,-) Friesland Post is hét magazine vol boeiende reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke (buiten)leven in het heitelân en interessante artikelen over bijzondere Friezen.

s 6 editie hts c voor sle Het abonnement stopt automatisch na 6 maanden.

JA

20,-

van p basis (18,- o . incasso) autom

Ik wil graag profiteren van de ‘heit en mem aanbieding’ en neem een proefabonnement van 6 maanden. Ik betaal via

incasso/ 18,00

accept-giro/ 20,00

Uw gegevens Naam

Adres

Postcode

Plaats

E-mail

Telefoon

Ik machtig Friesland Post om éénmalig het verschuldigde bedrag af te schrijven van (Post)bankrekeningnummer:

Stuur deze bon (of een kopie hiervan) zonder postzegel naar Friesland Post, Antwoordnummer 100, 8600 VB Sneek

Aanmelden? Bel 0513 - 68 33 14 of ga naar de pagina:

www.frieslandpost.nl/heitenmem


BERNEboeken

€ 9,95

Tsien kikkerts / Tien kikkers Quentin Blake, Afûk

In prachtich yllustrearre boek oer getallen en bisten. Tel de hûnen, de einen, de mûzen en de fisken en lear hoe’t we dy sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk neame yn dit prachtige boek fan ien fan de meast favorite hjoeddeistige yllustrators.

2+

€ 19,95

Hessel telt fan 1 – 10 Hessel Santema, in moai mantsje fan 3 jier, kin goed telle: Hy hat ien heit, Jehannes, ien mem, Petra, en

twa broers, Berend fan 5 en Thymen fan 4,5 moanne.

Meielkoar wenje sy yn Easterein. Telle docht Hessel ek

De trein

Yllustrearre troch Stephen Cartwright, Afûk

3+

Yn dit prachtige ynteraktive boek steane ferhaaltsjes om te lêzen en in trein om mei te boartsjen. Wyn de trein op en sjoch hoe’t er oer it spoar raast.

mei it boek Tsien kikkerts / Tien kikkers fan Quentin Blake. Mem Petra fertelt: ‘Hessel en Berend fûnen it in moai bisteboek. Sy ha de plaatsjes goed besjoen,

mar guon plaatsjes wienen wol wat lestich. De krie wie foar de jonges in fûgel en de tweintich mosken

hienen deselde kleur as de bledsjes, dat doe moasten

de jonges goed sjen en telle! Op ’e lêste side fan it boek stean hûndert ealjebijen, dat is fansels wat te folle om

€ 12,95

Wy geane op bearejacht

Michael Rosen & Helen Oxenbury, Afûk

4+

De hiele famylje giet op bearejacht. Soenen se wol in bear fange?

te tellen ast trije jier bist, mar wol wurdt dúdlik dat

100 in hiele protte is. As Hessel it Nederlânske wurd brûkt, fertelle wy it Fryske wurd derby en oarsom: ealjebijen binne dan wespen en in krie is in kraai.

Handich dus, sa’n twatalich boek! It plaatsje mei de seis fisken jout net allinne oanlieding om te tellen

mar ek om te praten oer de kleuren en de foarmen fan de fisken.’ ‘Dy griene slangefisk hat in snaffelbek’, seit Hessel, wylst er de iel oanwiist.

Yn de húshâlding fan Jehannes en Petra wurdt in soad tiid frijmakke om te lêzen, jûns foar it op bêd gean

lêze sy in boek, mar ek oerdei wurdt regelmjittich de tiid nommen om meielkoar in boek te lêzen. ‘Hessel

€ 9,95

Het geheim van de afgebeten vingers Rindert Kromhout, Leopold B.V.

‘Heb je het al gehoord? Die stenen mond bijt de vingers van meisjes af.’ ‘Van welke meisjes?’ ‘Van meisjes die liegen.’ ‘Alleen van meisjes?’ ‘Nee, ik geloof ook van jongens.’ ‘Wat vreselijk! Die stenen mond, zeg je? Hoe kan dat nou?’ ‘Lees dit verhaal maar, dan weet je er alles van.’ Dit spannende en griezelige verhaal is een van de populairste boeken van Rindert Kromhout. De Mond van de Waarheid bestaat echt! Als je in Rome bent, kun je er je hand in steken. Maar ik zou dat maar niet doen, als ik jou was...

fynt it hearlik om foarlêzen te wurden, mar hy kin

€ 8,95

ek tiden sels yn de boekjes omblêdzje. Geduldich en

konsintrearre nimt hy alles yn him op. Tusken Frysk

en Nederlânsk meitsje de bern neffens my noch gjin ûnderskied. Fryske en Nederlânske boeken stean

hjir rêch oan rêch yn ’e boekekast en ek op de opfang

wurde beide talen praat. Nederlânsk is de taal fan juf

Sandra en Frysk fan juf Rixt. Sa krije sy fan beide talen wat mei.’

Tsien kikkerts / Tien kikkers Tekst en yllustraasjes fan Quentin Blake

8+

Hoe overleef ik (wild) breien?

Francine Oomen, Em. Querido's Uitgeverij

10+

Hou je van knutselen? Van street art? Ben je op zoek naar een nieuwe hobby? Verveel je je tijdens het tv-kijken? Wil je de wereld (en jezelf) vrolijker maken? Lijkt het je leuk onbekenden een goed humeur te bezorgen? Heb je veel fantasie? Dan is wild breien zeker iets voor jou! In dit boek vind je een minicursus breien en haken, mails van Rosa, Esther en Neuz, een stripverhaal, inspirerende foto's, EHBBO (Eerste Hulp Bij BreiOngelukjes), leuke patronen en natuurlijk veel survivaltips.

15


Namme

Hennie Nicolai (29) Wenplak

Drachten BEROP

Toskedokterassistinte Relaasje

3 jier troud mei Simon Nicolai MEM FAN

Hidde Jan (1,5 jier)

Hennie is no 26 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje.

16


‘Ik hoopje op in thúsbefalling’ ‘Ik wie sels hielendal net dwaande mei it yn ferwachting reitsjen. Om’t wy hieltyd faker hearre dat stellen muoite hawwe mei it bernkrijen, soenen wy it der rêstich op oankomme litte. Op in dei frege myn kollega oft der wat mei my wie. Ik antwurde har dat ik ûngesteld wurde moast en dat dat grif de reden wie dat ik net sa lekker yn myn fel siet. Doe’t se in pear dagen letter wer frege oft ik al ûngesteld wurden wie, waard ik suver in bytsje lilk. Yn ferwachting? Nee, dat kin noch net! Op wei nei hûs ha ik in swangerskipstest helle, gewoan om myn kollega te bewizen dat ik echt net yn ferwachting wie. Mar se hie wol gelyk.’ Test mei pipernuten ‘It wie om Sinteklaastiid hinne, dat ik ha de swangerskipstest mei sinteklaaspapier ynpakt, mei pipernuten deromhinne. Sa ha ik him op de tafel dellein foar myn man. Doe’t dy thús kaam begriep er der neat fan. Uteinlik foel it kwartsje. Wy soenen wer heit en mem wurde! De famylje hawwe wy it al gau ferteld. Wy hienen in gedichtsje, sabeare troch de poppe skreaun, yn in listje dien. Mei as lêste sin ’wil jij over negen maand mijn pake/beppe zijn?’ Fansels woenen se dat! Eltsenien wie hartstikke bliid!’ ‘Wy witte net wat it wurde sil. De foarige kear hie ik sterk it gefoel dat it in jonkje wurde soe en dat is it ek wurden. Mar ditkear ha ik hielendal gjin foargefoel en dus bin ik ekstra nijsgjirrich! Ien kear, doe’t ik it ledikantsje oan it oppimpen wie, woe ik dochs wol hiel graach witte wat it wurde soe. Gewoan omdat ik dan better wist hoe’t ik it ledikantsje moai meitsje moast. Hoewol’t de ferlieding grut wie, ha wy de rôze en blauwe sokjes yn de slúf sitte litten, it bliuwt dus lekker in ferrassing.’

‘Ik ha de foarige kear mei myn man in kursus “samen bevallen” dien en in hiel soad lêzen. Ditkear doch ik net safolle om my op de befalling ta te rieden. Ik bin no mear kreatyf dwaande mei de naaimasine. Bygelyks om lekkentsjes en flachjes te meitsjen en, sa’t ik al sei, it ledikantsje op te pimpen. Ik bin no 26 wiken yn ferwachting en ik fiel my goed. Myn man fûn dat ik oan it begjin fan myn swangerskip wol faak in min sin hie. Dat is no gelokkich oer. No krij ik wer wat mear lêst fan swangerskipsdemintens: ik lit myn kaaien yn in pashokje lizze en ferjit myn tas mei yn de auto te nimmen. Ek begjin ik my stadichoan wer wat lomper te fielen. Somtiden freegje ik my sels ôf hoe’t ik yn de goedichheid út in stoel wei komme moat.’ Thúsbefalling ‘Ik hoopje op in thúsbefalling. It hat my de foarige kear hiel goed foldien dat ik de weeën thús opfange koe. Lekker omrinne troch je eigen hús en tún, boekje lêze op je eigen bank en dûse yn je eigen badkeamer. Dêr fiel ik my dochs it fijnst en it meast ûntspand by. Spitigernôch moast ik de foarige kear op it lêst dochs noch nei it sikehús, ik hoopje dat ik no thús befalle kin.’

Wolst witte hoe’t de befalling gie en hoe’t de poppe der út sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolchferhaal! (online fan augustus 2011 ôf)

Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl.

17


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Dat doe ik nooit! Mark (3) pakt een ui van het aanrecht en pelt deze een stukje af. Mama zegt: ‘Doe dat maar niet, lieverd. Want als je een ui pelt, dan doet dat zeer aan je oog!’, waarop Mark zijn hoofd schudt en zijn moeder geruststelt: ‘Ja maar ik doe de ui niet in mijn oog! Dat doe ik nooit!’

In skiep! Marith (3) ropt gauris: ‘Ik WOL....’ Mem seit dan: ‘Wol sit op it skiep.’ At Marith op in dei hiel bot oan it seuren is om wat lekkers, seit mem tsjin har: ‘Meisjes die vragen worden...’ Marith: ‘In skiep!’

Broeksmouwen Jorian (4) freget mem: ‘Wol mem de broeksmouwen by myn learzen yn dwaan?’

Spijkers? Op een morgen help ik Bram (5) zijn nieuwe spijkerbroek aan te trekken en zeg tegen hem: ‘Wat heb jij een mooie nieuwe spijkerbroek!’ Waarna hij me een beetje verbaasd aankijkt en zegt: ‘Waar zitten die spijkers dan?’

Stompe prijzen Roemer (7) rijdt met zijn moeder langs een benzinepomp, waar te lezen staat ’Scherpe prijzen, en toch heel Shell’. Na een korte uitleg van moederskant over wat er met ‘scherpe prijzen’ bedoeld wordt, volgt na enig nadenken de opmerking: ‘Zijn er dan ook stompe prijzen?’

It wie God net As beppe oan Jorrit (5) freget wa’t op de ‘foarlêsdei’ op skoalle west hat te foarlêzen, moat Jorrit even hiel goed neitinke. Wa wie it ek al wer? ‘It wie net God, mar uhmmm, de pastoar!’

Lytse poppe Doe’t Marije (5) fan heit hearde dat der in lytse poppe komme soe, frege se ferbjustere: ‘Wit mem dat wol?’

18

Net dove Mem hat ris oan Janne (3) útlein dat pake en âlde beppe wat doof binne en dêrom in apparaatsje efter it ear hawwe. Op in dei giet it petear tusken heit en mem oer in persoan dy’t lang net doocht. Janne heart dat en seit: ‘Krekt as pake en âlde beppe, dy dove ek net!!’


Swier & Swiet De Fryske sobber Dit binne Mathis en Kay. ‘Mathis is helemaal dol op zijn speen. Hij wordt zo vaak gebruikt, dat de tekst inmiddels al helemaal vervaagd is.’ Dizze foto is ynstjoerd nei ynfo@heitenmem.nl en de opstjoerders binne útlotte foar in PraatmarFrysk-kreampakket! Fan herte lokwinske! Sjoch foar mear ynformaasje oer dizze aksje op: www.heitenmem.nl.

Bertekrâns Is der in lytse poppe berne? Dan kinst fansels in earrebarre yn de tún sette, mar kinst ek ris tinke oan in moaie unike bertekrâns foar oan de foardoar of op it rút. Kinst him spesjaal troch Grietsje de Vries út Jirnsum meitsje litte, sadat er foldocht oan dyn eigen winsken. Besjoch mear foarbylden op www.bestwelanders.nl.

Bellypaint

Kraamfeest

Yn ferwachting? Lit dan dyn prachtige bolle búk ris beskilderje troch Miranda Tamminga út Ljouwert. By har kinst terjochte foar symboalyske, spirituele of keunstsinnige búkskilderingen. Ek leuk om dyn swangere frou of freondinne kado te jaan! Sjoch foar mear ynformaasje op www.bellypaint.webklik.nl of mail nei mirandt@yahoo.com.

Heb je geen zin in wekenlang kraamvisite? Dan kun je er ook voor kiezen om een kraamfeest te organiseren óf het laten organiseren door Lizelot! Lizelot organiseert het feest van begin tot eind. Hierdoor kunnen jullie volledig van de belevenis genieten. Meer weten? Kijk op www.lizelotjoure.nl.

Eigenwiis Is it net eigenwiis? Dy klean mei Fryske teksten fan it merk ‘Pjut’? Dizze klean binne yn de Afûkwinkel yn Ljouwert te krijen of te bestellen fia www.afuk.nl. Sjoch foar mear Pjut-klean op www.pjut.nl.

19


Aukje Mulder

Eén op de 650 kinderen wordt geboren met het syndroom van Down. Voor veel ouders is het een complete verrassing. Hoe

ga je hiermee om? Stort je wereld in? Sylvia en Peter Blaauw uit Drachten kregen na hun dochter Kaylee (7) een tweede dochter, Aaliyah (3). Zij heeft Downsyndroom. ‘We kijken

naar haar mogelijkheden en niet naar haar beperkingen.’

‘Kind met Down kan vaak meer dan je denkt’ 20


Downsyndroom is een aangeboren aandoening. De oorzaak is een geheel of gedeeltelijk 'extra' chromosoom. Dit komt doordat er tijdens de bevruchting iets anders is gelopen.

Hoewel bekend is dat de leeftijd van de moeder een rol speelt bij de kans op het krijgen van een kind met DS, is de gemiddelde leeftijd van de moeders 31 jaar.

Soms lijkt het of je, al dan niet geholpen door de medische wereld, een kind op bestelling kunt krijgen, liefst met het IQ van pa, de looks van ma en het muzikale talent van pake. Bovendien is – vóór de abortusgrens van 24 weken - in te schatten of het kindje gezond zal zijn: door middel van bloedonderzoek, 20 weken-echo, nekplooimeting, vlokkentest en vruchtwaterpunctie.

 ij kijken naar haar W mogelijkheden en niet naar haar beperkingen. Voor Sylvia en Peter Blaauw niets van dat alles. Niet uit principe maar omdat ze helemaal niet bezig waren met kansberekening op afwijkingen. ‘We zijn allebei nogal nuchter’, zegt Sylvia, die net als haar man als pedagogisch medewerker bij justitie werkt. ‘We woonden indertijd nog in Augustinusga en onze huisarts begeleidde mij tijdens de zwangerschap. Ik heb hem gevraagd

Bijna de helft van de kinderen met Downsyndroom wordt geboren met een hartafwijking. Soms is er bij de geboorte een maag-darmafwijking aanwezig.

Stichting de Upside van Down zet zich in voor een positiever beeld van Downsyndroom.

Ongeveer 1 tot 2 op de 1.000 kinderen heeft Downsyndroom. In Nederland worden per jaar ongeveer 275 kinderen met Downsyndroom geboren.

Feitjes over het downsyndroom

naar de 20 weken-echo maar hiervoor bleek ik al te laat. Daarna heb ik het hele onderwerp naast me neergelegd. Omdat ik 34 was, kwam ik niet in aanmerking voor een test. Vond ik ook niet erg. We waren niet met doemscenario’s bezig. Het komt zoals het komt. Zo zitten wij in elkaar. Achteraf ben ik blij dat we die 20 weken-echo niet hebben gedaan. Want wát als er iets gevonden zou zijn? We hadden het zeker niet weg laten halen.’ Redelijk nuchter Aaliyah werd geboren met een keizersnede. Peter: ‘Ik was erbij toen de kinderarts werd opgeroepen. Die had een sterk vermoeden van het syndroom van Down. Dan sta je op de derde etage van het ziekenhuis en heb je het gevoel dat je met je hoofd naar beneden stuitert. Ik had gedachten over beperkingen en invaliditeit. Kende “mongooltjes” alleen van tv en van dansen bij het draaiorgel.’ Sylvia: ‘Ik was nog suf toen de gynaecoloog het mij vertelde. Het ging het ene oor in, het andere uit. Maar al snel kon ik er redelijk nuchter op reageren. Ik heb gewerkt met jongeren met een

verstandelijke beperking. Down was me niet vreemd.’

Wij zetten Aaliyah zo normaal mogelijk in het leven. Operatie Veel kans om over Down te piekeren kreeg het stel niet. Aaliyahs slokdarm bleek niet aan haar maag maar aan haar luchtpijp gekoppeld en ze moest in Groningen worden geopereerd. Peter: ‘Deze specifieke slokdarmafwijking bleek gewoon “pech” en kan bij alle kinderen voorkomen. Aaliyah is nu drieëneenhalf, heeft geen ernstige klachten en ontwikkelt zich goed. Ze heeft een achterstand van een jaar vergeleken met gezonde kinderen. Je kunt kijken naar die achterstand, wij kijken liever naar de groei die ze laat zien.’ Samen met Aaliyah en Kaylee, die dol is op haar zusje, vormen ze een gewoon

21


muziek, film, theater, strand, eten & drinken in De zuidlanden theater in De openlucht en in een grote opBlaastent Tryater speelt “Fan de stêd en it libben” in de buitenlucht en “Tomke siket om ‘e kluts” in een opblaastent.

BeachcluB paDDy o’ryan Een gezellig terras aan het strand waar je kunt genieten van de lekkerste hapjes en koele drankjes.

nog veel meer... Zandkastelen bouwen, kanovaren, vliegeren, fierljeppen, frisbeeën, beachvolleyballen en pierebadjes!

BijzonDere films Heerlijk! Op een zwoele zomeravond achterover naar een mooie film kijken onder de sterrenhemel.

Kom met het hele gezin

genieten van De zomer in techum. WWW.simmerynDezuiDlanDen.nl

S C H AT T E N VAN LEEUWARDEN Informatie en tentoonstellingen Activiteiten en onderwijs

ONTWERP: WWW.BUROKLEI.NL

S C H AT T E N VAN LEEUWA

Eerste twee weekenden van juli

live on stage Muziek op het strandpodium met o.a. De Kast + Three Ality, Billy Benton & The Birddogs, Captain Darling, Fries Symfonie Orkest, elske DeWall en vele anderen!

N E T TA H C S WUEEL NAV

ADV

programma: www.simmerYnDeZuiDlanDen.nl


Bron: www.syndroomvandown.nl, www.erfelijkheid.nl, www.deupsidevandown.nl

Downsyndroom is geen ziekte of een aandoening, maar een genetische conditie, die verantwoordelijk is voor een ontwikkelingsvertraging, maar ook - net als bij rood haar - van invloed is op het uiterlijk.

Verschillende onderzoeken hebben aangetoond dat mensen met Downsyndroom veel meer kunnen leren wanneer ze in een zo gewoon mogelijke omgeving worden opgevoed en opgeleid.

gezin met bezoekjes aan familie, vakanties en uitstapjes. ‘We zetten Aaliyah zo normaal mogelijk in het leven. Om haar hoeven we niets te laten. Deze zomer staat Italië op ons programma.’ Zij beseffen dat geen kind met Down gelijk is. Net als bij kinderen zonder verstandelijke beperking zijn er verschillen in IQ, in karakter en temperament. Soms hebben Down-kinderen Down-gerelateerde klachten zoals hart-, darm- en gehoorproblemen, staar en stoornissen op het gebied van motoriek en spraak.

Soms lijkt het alsof Down-kinderen alles maar moeten kunnen. Down-poli Vanwege de vervolgbehandelingen aan haar slokdarm, maar ook voor amandelen pellen en buisjes plaatsen, is Aaliyah vorig jaar twintig keer in het ziekenhuis

De kansen en mogelijkheden voor mensen met het Downsyndroom zijn gelukkig de afgelopen 15 jaar zeer verbeterd.

In tegenstelling tot wat vaak wordt gedacht, lijken mensen met Downsyndroom veel meer op hun eigen ouders, broertjes en zusjes dan op elkaar.

De zwakste plek bij de meeste mensen met het Down­syndroom is de actieve taal en spraakontwikkeling. Tegenwoordig weten we dat ze veel meer begrijpen dan ze zelf in woorden kunnen uitdrukken. Vroege stimulering van lezen blijkt een sterk positief effect te hebben op het zelf actief gaan praten.

geweest. Haar ouders hopen met haar op den duur terecht te kunnen in het Martini Ziekenhuis in Groningen, waar een speciale Down-poli is. ‘Op dat gebied is alles goed georganiseerd. Voor de rest moet je veel dingen zelf uitzoeken. Via via hoorden we bijvoorbeeld over een TOG-regeling voor extra kinderbijslag en een speciaal kinderdagcentrum (KDC). Voorheen wisten we van het bestaan daarvan niets af.’ ‘Aaliyah gaat twee dagen per week naar KDC It Bijehûs in Drachten en twee dagdelen naar een “gewone” peuterspeelzaal, Het Peuterkonijn, hier in de buurt. Dat gaat goed, op alle fronten. Dus als ze het aankan, komt ze na de zomer op een school voor regulier basisonderwijs, ’t Foarhûs, bij haar zus en neefjes. De schoolleiding vertelde dat ze de eerste leerling met Down zal zijn, maar men ziet het als een uitdaging. We blijven realistisch: als het niet loopt, leggen we ons daarbij neer. We gaan niet met haar leuren.’

Tv-soap Zij hoeden zich voor te hooggespannen verwachtingen. Want soms lijkt het tegenwoordig alsof Down-kinderen ‘alles’ maar moeten kunnen, vinden ze. De reden om de tv-soap ’Downistie’ te maken met uitsluitend acteurs met het syndroom van Down begrijpen zij niet. ‘Je kijkt naar mensen die doen alsof ze gewoon zijn en die het hebben over liefde, overspel, bedrog en abortus. Dat is – in de meeste gevallen – hun wereld niet.’ Peter: ‘Tijdens een interview met een van de actrices kreeg ik zelfs het gevoel dat zij toneel en realiteit niet kon scheiden.’ Veel beter vonden zij ’Down met Johnny’, waarin Johnny de Mol een dag optrok met een Down-jongere en ’Upside Down’, waarin Down-jongens geintjes met volwassenen uithalen. ‘Laat Downkinderen in hun waarde. Ze kunnen vaak meer dan je denkt, maar het blijven kinderen met een chromosoom te veel. En dus zijn ze anders.’

23


It is dúdlik dat wy sels de wrâld moaier meitsje moatte. Dêrom hat de redaksje fan Heit en Mem my frege jim yn te lieden yn de “guerilla-art”. As elkenien meidocht, dan gean wy aanst gnizend en glimkjend de dei troch, om ‘t wy oeral ûnferwachte ferrassings tsjinkomme. Oan ‘e slach dus! Earst mar in simpele:

Knip it komplimintebriefke hjirnêst út. Hingje it by de oare “aangeboden/gezocht” bryfkes yn ’e supermerk dêrst faak boadskippen dochst. Sjoch geregeld even oft der in komplimint meinommen is.

FERGEES 4 moaie kompliminten. sa goed as nij. kies mar út!

tr

o ch

Lysbeth

st Ze i n

ra

tsjong, wat in stoere bril do rûkst hearlik, sis! do bist in echte trochsetter jo binne wier in leave man

en dan no it:

Knip de bûsebryfkes los. Moai sa. Jo binne der wer..

Alles komt goed. Echt.

Nim se mei ast op stap giest. Stop in bryfke yn ’e bûse fan in jas of broek yn de sportskoalle, de biblioteek, in gearkomste.

En no lekker nei hûs. Der binne wurden dy’t te min brûkt wurde. Ik tink oan: blinder, hawar, aveseare, sabeare. Sa krije wy se wer werom: Ynspireard rekke? Moai sa. Alle ideeën hjirboppe meie pikt wurde en oer hiel Fryslân ferspraat wurde. Mear? Googelje op “guerilla art”.

Skriuw dyn eigen prachtwurd yn ’e tekstballon.

Knip de fûgel-mei-tekstballon út.

Plak ‘m op ’e kuolkast mei sa’n magneetsje en brûk it wurd eltse dei in kear. Of, better noch: lis it papierke earne del dêr’t in protte minsken lâns rinne.

Moai? Myn guerilla-art-boekje en oar wurk is te keap fia www.ietsvanlys.nl. Aansichtkaarten mei myn yllustraasjes binne te keap fia www.praatmarfrysk.nl. 24


heit en mem boEken Mijn vrouw is uitgenaaid – Frisismen

€ 4,95

Samengesteld door Dieuwke van der Meer, Afûk

Het valt voor een Fries niet altijd mee om zich goed in het Nederlands te uiten. In dit boekje zijn de leukste, de grappigste en de meest voorkomende frisismen verzameld.

Ut ’e boekekast fan Hessel de Haan

Misschien was je vandaag wel geboren...

Dúnroas is in ienfâldich, gastfrij hierhûs op in Waadeilân. De tydlike bewenners yn de fiif ferhalen ha gjin kunde oaninoar. Sûnder it te witten en hast ûngemurken beynfloedzje se inoars libben en foarmje se ien ferhaal, mei dêrby de tinzen fan de húshâldster, dy’t har siel en sillichheid yn it himmeljen fan Dúnroas leit. Inkeld de lêzer is tsjûge fan alle dreamen en geheimen dy’t har ferskûlje achter de skreaune wurden yn it gasteboek. Fryske oersetting troch Corry Boelens. Hessel de Haan hat foar Heit en Mem it boek Eilângasten lêzen en is foaral rekke troch de húshâldster. ‘Troch it boek sjochst it hieren fan in hûs troch de eagen fan de ik-persoan yn it ferhaal. Hoefolle muoite oft sy docht om it húske ynoarder te krijen, dêr stiesto as hierder fan in fakânsjehús net by stil. Ut de langere ferhalen wie it ferhaal fan Leo, de middle-aged man oangripend. De man plent alles om syn selsmoard in fersin lykje te litten. Mar by eintsjebeslút fernimt er dat hy bliid is mei it libben. Lytse dingen as in skulpedoaske foar syn dochter en in lekkere spekpankoek bringe him op oare ideeën.’ Foar Hessel is lêzen kleare ûntspanning. ‘Ik fyn it hearlik om my yn te libjen yn it boek en te ûntsnappen oan it deistige. Dêrom binne by my science fiction en thrillers favoryt. Mar Eilângasten fûn ik ek in moai boek. In oanrieder. De ferhalen binne werkenber foar elkenien. It boek is moai skreaun, it hat dy fuort yn de besnijing. It wie de earste kear dat ik in Frysk boek lêzen ha, mar it hat my goed foldien. It hat my oer de streep holpen; ik bin der wis fan dat ik faker Frysk lêze sil.’

Eilângasten

Vonne van der Meer Hasto ek in boek wat ast hiel moai fynst? Mail dan in foto fan dy en dyn boek mei in ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

€ 16,-

€ 24,95

Yvonne Gebbe, Uitgeverij d’jonge Hond

Misschien was je vandaag wel geboren... vertelt het aangrijpende verhaal van een jong stel – Yvonne Gebbe en David Rozemeyer – dat er bij de 20–weken-echo achter komt dat hun kindje een ernstige afwijking heeft. Ze besluiten de zwangerschap te beëindigen. Samen ervaren ze dit ieder op hun eigen manier. Yvonne door dagboeken bij te houden en David als fotograaf, beeldend. Later werd dat dit boek. Een prachtig document over het rouw- en verwerkingsproces.

De Reüny – In rock ’n roll roman

€ 17,00

Freddy Scheltema, útjouwerij Elikser

Jacob hat al jierren net mear oan syn jeugd yn Fryslân tocht. Oant der op in dei in brief troch de bus rûgelet oer in reüny. De inisjatyfnimmers binne syn jeugdleafde, de ûnbegryplike Maria, en twa oare bandleden. Sy wolle de ‘wereldband’ Splitz, dy’t yn har jonge jierren sa’n sukses hie yn Hollum, op âldjiersnacht opnij ta libben bringe mei in fantastysk konsert. Jacob hat der earst net folle sin oan. Hy is wrantelich omdat alles blykber al regele is en hy der mei goed fatsoen net mear ûnderút kin. Mar geandewei krijt er de geast en komme de âlde ferhalen fan dy bysûndere tiid wer by him boppe.

How2talk2kids / Broers en zussen zonder rivaliteit

€ 17,50

Adele Faber & Elaine Mazlish, How2talk2kids

Het voortdurende gekibbel en geruzie tussen broers en zussen kan je als ouder tot wanhoop drijven. Toch kun je er wel degelijk iets aan doen! How2talk2kids Broers en zussen zonder rivaliteit biedt concrete en direct toepasbare vaardigheden om kinderen te coachen bij hun onderlinge communicatie en eventuele conflicten. Hierdoor leren kinderen zelf hun meningsverschillen op te lossen, respectvol met elkaar om te gaan en elkaar de ruimte te geven om verschillend te zijn. Het boek bevat bruikbare communicatievaardigheden, praktijkvoorbeelden en strips.

25


Ciska Noordmans

Stayokay yn Snits Stayokay hostels fynst allinne yn Nederlân. Yn it bûtenlân binne se ek, mar dan hjitte se ‘Hostelling International’. Allegear ha sy it bekende trijehoekje mei it wite hûske en it spjirrebeamke yn it logo. Utsein it logo hat it neat mear te krijen mei eartiids, doe’t de gasten noch sliepten yn ’e sliepsealen fan de ‘jeugdherberch’ en de behearders ‘heit en mem’ neamd wurde moasten. Heit en Mem praat mei Anne van der Velde, hostelmanager fan de Stayokay yn Snits, ien fan de fiif hostels yn Fryslân; allegear ha sy wat mei wetter en de kust. ‘Tegenwoordig is de Stayokay een modern bedrijf waar je voor een budgetprijs goed kunt slapen, eten en recreëren’, fertelt de hostelmanager. Eins is it in foarm fan trendy ‘glamping’, glamourous camping. Sliepst op lekkere bêden, op keamers fan 2 of 4, 6 of 8 persoanen, mei in dûs en in wc op ’e keamer. Moatst it bêd wol sels eefkes opmeitsje! Der binne ferskate gongen mei keamers dy’t elk mei in eigen chipkaai iepene wurde kinne. Famyljes wurde byinoar op in gong pland en joalige studinten sitte op in oare gong, ‘vanwege het verschil in dagritme’, leit Van der Velde út. De Stayokay leit oan it wetter, is yn 2007 hielendal op ’e nij boud en wurdt no dreaun as in ‘serious business’. It eaget fris en eigentiidsk. De geitehierren sokken hearre al lang ta it ferline mar de gesellichheid is bleaun. Noch altyd stiet

‘ontmoeten, delen en beleven’ heech yn it findel. ‘In de vakanties hebben we veel families op bezoek. Voor 26 euro kun je hier al slapen en ontbijten, en voor 14 euro heb je een lekker driegangendiner in ons restaurant. Maar er zijn meer redenen om een korte vakantie door te brengen in een Stayokay. De Stayokay kan eveneens gebruikt worden als uitvalsbasis om de omgeving te ontdekken. We zitten op 15 minuten wandelen van het centrum, zodat de gasten kennis kunnen maken met Sneek en een beetje van de Friese cultuur kunnen opsnuiven. Musea en de Watertoren liggen op wandelafstand. Vanaf de Stayokay zijn er genoeg mogelijkheden om Fryslân vanaf het water te verkennen. Er liggen valken, een sloep, waterfietsen en een drijvende barbecue voor families en kleine groepen aan de steiger. Gezinnen kunnen er ook voor kiezen afwisselend twee nachten Sneek, Heeg en Grou te boeken. Ze worden dan per valk, skûtsje en sloep over het water naar de andere locatie gebracht’, seit Van der Velde. Dat wurdt dan mei ferskillende húshâldings tagelyk dien. Sadat de minsken gesellich mei-inoar de oerstek meitsje kinne. Want it ûnderlinge kontakt tusken de minsken en de bern is ek ien fan de spearpunten fan in Stayokay. ‘Voor gebroken gezinnen is dit ook een goed alternatief; kinderen én ouders ontmoeten gelijkgestemden. Ondertussen brengen ook bedrijven hun gedetacheerde werknemers hier onder en slapen hier regelmatig gasten met familieleden in het

Antonius Ziekenhuis. Het is een bedrijf dat economisch gerund wordt zonder de sfeer te verliezen. Bovendien proberen we dit aspect zoveel mogelijk te combineren met “groen”. Het skûtsje is hier een goed voorbeeld van; de dieselmotor is vervangen door een elektromotor en door de waterweerstand laadt de dynamo op, zodat hij zelfvoorzienend is.’ De famylje Elbers út Voorschoten komt twa kear yn ’t jier by de Stayokay yn Snits. Yn it pinksterwykein farre heit en mem Elbers mei harren trije bern fan 7, 9 en 10 tagelyk mei trije oare húshâldings op skûtsje ‘De Weduwe’ troch Fryslân. Sy kenne inoar fan it skoalplein. Fiif jier lyn ûndernamen sy de reis foar it earst. Underwilens kamen en gongen der húshâldings en groeie de bern op. De âldste is no 13, de jongste krekt 2. ‘We hebben áltijd mooi weer in Friesland met Pinksteren. Overdag helpen we met het hijsen van de zeilen en het lichten van het anker. Het is heel gezellig aan boord en de schipper en z’n zeilmaat zijn inmiddels goede bekenden geworden.’ Jûns siket elk syn eigen ûnderkommen op. Guon sliepe op ’e kemping, mar Marijke Elbers giet mei har bern yn in Stayokay: ‘De luxe van een hotel, en het comfort geeft de doorslag: geen gesleep met spullen.’

27


28


Tineke Smidt

De boat glydt flústerjend oer it glêde wetter. Bern laitsje. De boat leit stil. ‘Ien, twa, trije... SPRING!’ It wetter kriget ribbels. De bern lizze yn it wetter. De boat en de eintsjes skommelje. De sinne besjocht it allegear út de blauwe loft wei. Syn strielen strike oer it ribbeljende wetter, de laitsjende bern, de flústerjende boat en de skommeljende eintsjes. It is in moaie simmerdei... Ek op in moaie simmerdei in boatsje hiere? Sjoch foar boatsjeferhieradressen op www.heitenmem.nl

29


Spugen en diarree

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

30

Een huisarts belt en vraagt of hij een meisje mag sturen, ze lijkt uit te drogen. Even later komt Nienke met haar bezorgde ouders. Vader draagt haar in zijn armen en legt haar zorgzaam op de onderzoekbank. In al haar drie levensjaren is ze niet zo ziek geweest, zegt hij. Het begon twee dagen geleden met een beetje spugen en dat wordt steeds erger. Nu heeft ze ook diarree, het komt om het uur en is waterdun. Drinken lukt niet echt, ze spuugt alles meteen weer uit. Ze plast niet meer. Op de crèche zijn meer kinderen ziek. Ik kijk Nienke na: ze is bleek, haar ogen liggen diep. Ze reageert slapjes. De ogen en slijmvliezen zijn nog vochtig. Ik leg de stethoscoop op haar buik en hoor een overdreven druk borrelen. De diagnose is duidelijk: een matig ernstige uitdroging bij buikgriep. We brengen Nienke naar de afdeling en bieden haar een beetje zout- en suikeroplossing (‘ORS’) aan. Ze drinkt een paar slokjes maar spuugt het na een paar minuten weer uit. Ze krijgt daarom een sonde en daarmee geven we haar die suikeroplossing: de eerste uren voldoende om de uitdroging op te heffen en daarnaast wat ze gewoon aan vocht nodig heeft. Voor elke keer dat ze diarree heeft krijgt ze extra. Al met al is het een aardige hoeveelheid maar ze verdraagt het goed. Slechts een keer spuugt ze. Na een paar uur komt een plas, dat betekent dat ze niet verder uitdroogt. Als ik even later kom kijken tref ik haar alleen. ‘Waar is je moeder?’ vraag ik. Nienke wijst naar de WC. De deur gaat open en moeder komt eruit: ze ziet er bleek en beroerd uit. ‘Ik geloof dat ik er ook last van heb,’ zegt ze, ‘ik ga maar naar huis.’ Zo gaat dat vaak. Buikgriep wordt veroorzaakt door virussen die de vervelende eigenschap hebben makkelijk te besmetten. Niet alleen kinderen op school of op de crèche worden ziek, maar ook andere gezinsleden worden besmet. Jonge kinderen hebben relatief meer vocht nodig en kunnen daarom makkelijk uitdrogen. Voor de ouders is het vooral vervelend: hun kind ziek en zelf zijn ze ook niet lekker. Gelukkig duurt zo’n buikgriep maar een of enkele dagen en voelt de patiënt zich snel weer de oude. De volgende ochtend kom ik moeder tegen. Ze heeft weer kleur op de wangen. En Nienke? Zij zit te kleuren en eet een boterhammetje. Haar ontlasting is nog dun maar ze is niet meer uitgedroogd. Zij gaat weer lekker mee naar huis.


bern Drinken of laten braken? Wat als je kind ergens pijn heeft, lelijk is gevallen of iets verkeerds heeft ingeslikt? De iPhone app ‘Binkie’ is ontwikkeld om op die vraag direct antwoord te geven. De applicatie begint bij het symptoom: dat is te vinden in een alfabetische lijst, maar ook door te klikken op een lichaamsdeel van Binkie. Hierna stelt Binkie vragen en toont foto’s van de diverse symptomen waardoor de juiste aandoening kan worden herkend. De ouder krijgt te horen wat hij zelf kan doen en wanneer er een huisarts moet worden geraadpleegd. Voor € 3,99 te koop in de App Store.

Simmer! Hearlik, dy simmer mei al dy fleurige berneklean! By Petit Moi yn Drachten hinget de hiele winkel der fol mei! Dizze kleurige bermuda (€ 84,95) en stoere polo (€ 69,95) binne fan it merk Gant en yn de winkel te krijen of te bestellen fia www.petitmoi.nl. En ast by it besteloersjoch de koartingskoade ‘heitenmem’ ynfollest krigest ek noch 10% koarting op alle jonges-, famkes- én babykleantsjes!

Krûpe en koese Is it in kessen of knuffel? Beide! Earst efkes lekker krûpe en dan lekker koese mei ûle. Dit ‘knuffelkessen’ is fan it merk Ferm Living en is te krijen foar € 39,- by ûnder oaren www.dekleinegeneratie.nl. De ûle is 40x30 sintimeter grut.

Katrein Kunst Fan bernefeestjes oant folwoeksene­ workshops, Katrein Kunst fertoant har keunsten op in eksintrike wize. Foar de bern binne der kreative aktiviteiten as fûgelhûske pimpe en servys skilderje. Katrein fersoarget ek keunstsinnige workshops foar folwoeksenen. De feestjes en workshops wurde hâlden yn De Lachende Koe yn Snits, mar in feestje op maat en lokaasje is yn oerlis mei Katrein ek mooglik. Mear ynformaasje is te finen op: www.katreinkunst.nl

Met twee dochters ideale gezin Het ideale gezin bestaat uit twee dochters. Een huishouden met twee meiden is het gelukkigst omdat meiden niet vaak ruzie zouden hebben. Dat zorgt voor minder irritatie bij de ouders. Ook de combinatie van een zoon en dochter zorgt voor de juiste harmonie, stelt 86% van de gezinnen. Wel zorgen verschillende interesses voor een struikelblok tijdens het opgroeien. Op de derde plaats staat een gezin met twee jongens. Doorgaans hebben ze voldoende aandacht voor elkaar en groeien ze op als goede vrienden. Nadeel is wel dat ze elkaar minder vertrouwen schenken. Volgens het onderzoek, uitgevoerd door de Britse website Bounty.com, bestaat het minst ideale gezin uit vier dochters.

No 10% koarting op in workshop by fermelding fan ‘Heit en Mem’!

31


(voor)lezen

is leuk!

en bij de bibliotheek voor kinderen nog gratis ook

‘t zal u bevallen!

Middenweg 14 8537 SN ECHTEN Telefoon: (0514) 542177 (06) 12338419 info@zorgburodedriehoek.nl www.zorgburodedriehoek.nl

ontdekdebieb.nl

www.keunstenkids.nl Nieuwe outlet kinderkleding nieuwe outlet Bitgumerdyk 7A 9041 CB Berlikum 0518-461943 kinderkleding

Catalpa Kinderopvang Noord Nederland in Friesland !

Bericht voor oppasoma’s en opa’s ViaViela Sneek en ViaViela Leeuwarden bieden u: • Gratis opleiding thuis in 6 weken • Gratis kinder EHBO Check www.viaviela.nl voor alle info! U bent er voor de kinderen. Wij zijn er voor u!

Drachten, Met 19 18 kindercentra kindercentra in in Leeuwarden, Leeuwarden, Sneek, Drachten, Heeg en IJlsten ènIJlst onsèn gastouderbureau in Drachten, biedenbieden Heeg ons gastouderbureau in Drachten, wij in de de provincie provincie Friesland Friesland volop mogelijkheden voor voor wij in volop mogelijkheden dagopvang, buitenschoolse opvang opvang en en gastouderopvang. gastouderopvang. dagopvang, buitenschoolse Interesse? Bel voor meer informatie 0800 0743 (gratis) of kijk op onze website www.catalpa.nl. Voor het gastouderbureau bel met 0900 2000 700.

20100399 Adv 100x133 Friesland v2.indd 1

23-9-2010 14:08:41


he

it

heit

h ei t

h

ei

t

Priuwe ‘Buorren bier’ of ‘Twels speciaal’: lekker bier út Boalsert. En in eigen single malt whisky fan it heitelân: ‘Frysk Hynder’. Kinst se yn it selskip fan dyn freonen priuwe yn it museum en priuwlokaal yn Boalsert, séls ûnder it genot fan in moaie sigaar. Sjoch op www.usheitbier.nl

Op zoek naar je betovergrootvader Jankende motoren in Drachten

Dyn pake hast faaks noch wol kennen. Mar bist nijsgjirrich nei dyn foarfaars út 1700 of dêromhinne? In protte ynformaasje út berteregisters en tsjerkeboeken is fêstlein op mikrofilm yn Tresoar. Op www.genealogy-yn-fryslan.tk krijst tips en trúks om handich te sykjen en dyn eigen privee-argyf op te bouwen.

Hast al ris by de dragraces yn Drachten west? In akseleraasjewedstriid út steande start wei oer in ôfstân fan ¼ myl: 402 meter skeure om it hurdst. Auto’s en motoaren, jankende masines en hyt rubber. Wolst der ek hinne? Sjoch op www.explosiondragracing.com foar de data yn july en augustus.

Oefenje mei de app ‘Vader in spé’

Meten is weten Hoe sterk is een ei? Hoe maak je een regenboog? Op welke kant valt een boterham met pindakaas? En kun jij zeepbellen in zeepbellen blazen? Een leuk tijdverdrijf voor jou en de kids, thuis of op vakantie. Kijk op www.proefjes.nl voor de werkwijze en de uitleg van deze en andere proefjes.

Met de gloednieuwe app ‘Vader in spé’ krijgt de aanstaande vader iedere week een update, niet alleen over wat er in de buik, maar ook over wat er in het hoofd van zijn zwangere vrouw gebeurt. Ook leert de app babyboertjes op te wekken en een baby in slaap te zingen. Voor € 2,99 te koop in de App Store.

33


Fuortrinne Nynke van der Zee

Lêste rêdmiddel of spannende tocht nei it ûnbekende?

PLEASE RT vanmorgen vermist Lilian, 14 jr, 165 cm. 0900-8844, afgesproken via Hyves, 09:30, met 18 jr jongen favorite

Wa’t aktyf is op Twitter komt regelmjittich dit soart oproppen tsjin. Jonges en famkes dy’t sûnder wat te sizzen fan hûs fuortrinne, neidat se in ôfspraak makke ha op ynternet. ‘Mei ien druk op de knop ha bern hjoed de dei kontakt mei freonen. Dat makket fuortrinnen in stik makliker’, fertelt Bianca, pedagogysk meiwurker fan in jeugdsoarchynstelling yn Fryslân.

 k de kick fan it stikeme, E it ûnwisse is foar bern soms oanloklik. Hieltyd mear jongeren rinne fuort út jeugdynstellingen. Ut ûndersyk fan de Ynspeksje Jeugdsoarch docht bliken dat it ôfrûne jier sa’n 780 bern as wei opjûn waarden, tsjin 490 in jier earder. In stiging

34

fan 60 prosint. Bern dy’t sûnder wat te sizzen útnaaie en pas nei ynset fan ’e plysje of Burgernet weromfûn wurde. Is fuortrinne in lêste rêdmiddel of in spannende reis nei it ûnbekende? ‘It kin in flecht wêze, mar ek de kick fan it stikeme, it ûnwisse is foar bern soms oanloklik’, fertelt Bianca. Nije sosjale media as Hyves, Facebook en Twitter spylje dêryn in belangrike rol, tinkt se. ‘Bern ha de hiele dei troch kontakt meiinoar. Harren sosjale netwurk is folle grutter as tsien jier lyn. It risiko dat in bern yngiet op moaie ferhalen en úteinlik yn in hiele oare situaasje fersyld rekket, is in grutter gefaar wurden. As bûtensteanders kinne wy dêr net folle fet op krije.’ Leech plakje by de iterstafel Sa no en dan is it rekke en bliuwt der jûns in stoel leech by de iterstafel yn de

retweet

reply

ynstelling. ‘De kearen dat hjir ien fuortrûn is, kinne wy net mear op ien hân telle’, seit Bianca. Ek Danique (16) is de tel sels sa stadichoan kwyt rekke.

Fuortrinne is it gefolch fan in kombinaasje fan faktoaren. ‘Ik weet al niet eens meer hoe vaak ik ben weggelopen. Maar vaak genoeg.’ Sûnder skamte fertelt se oer de earste kear dat se fuortrûn. ‘Ik was net twaalf en woonde bij mijn vader en zijn nieuwe vriendin. Thuis was het op z’n zachtst gezegd niet echt gezellig. Op een avond liep het helemaal uit de hand. Ik heb een goede vriend gebeld en hem gevraagd me op te halen.


Wat te dwaan as in bern fuortrint? • Bliuw rêstich en belje buorlje, famylje en de skoalle • Bring de plysje op ’e hichte • Sykje op Hyves, MSN of Facebook nei oanwizings • Freegje freonen oft sy wat witte

Impulsief, als ik er nu over nadenk. Zonder wat te zeggen ben ik weggegaan. Een dag of drie, vier heb ik niets van me laten horen. Totdat de politie kwam, toen moest ik wel terug. Fytstocht nei pake en beppe Danique neamt yn har ferhaal de klassike oarsaken om fuort te rinnen. ‘Fuortrinne is it gefolch fan in kombinaasje fan faktoaren’, leit Bianca út. ‘Sit in bern net lekker yn syn fel, is it thús net sa gesellich, hat er it net nei it sin op skoalle. Al dy faktoaren spylje in rol foar’t in bern der ta komt om fuort te rinnen. Kinst it fergelykje mei in hegedrukpanne. Der wurdt in spanning opboud en op in bepaald stuit knalt de boel. Fuortrinne is op dat momint noch de ienige útwei dy’t it bern sjocht.’ Is fuortrinnen troch âlders foar te

kommen? Mei oare wurden: kinst it oankommen sjen? Bianca skoddet har holle. ‘Dat is hast ûnmooglik. Elk bern hat in oare reden om fuort te rinnen. By lytse bern is it wer oars as by pubers.

Flechtsje is soms de ienige oplossing dy’t in bern sjocht om út in situaasje te kommen. Lytskes oant in jier as njoggen rinne net bewust fuort. In fytstochtsje nei pake en beppe sûnder wat tsjin heit of mem te sizzen, wurdt dan ek net troch de plysje klassifisearre as fuortrinnen. Sa’n bern is efkes kwyt en wurdt njoggen fan de tsien

kear deselde deis noch weromfûn by in buorfrou, omke, muoike as klasgenoatsje.’ Noait de oplossing Elk bern wol it leafste gewoan thús wenje. Mar as dat net langer giet, is flechtsje somstiden de ienige oplossing dy’t in bern sjocht om út dy situaasje te kommen. Danique knikt. ‘Het is een laatste redmiddel. Wanneer je alles hebt geprobeerd en niets helpt, dan voelt weglopen voor mij als een verademing.’ Danique nimt noch in slokje fan har tee. ‘Het gaat de laatste tijd goed met me. Ik zie nu in dat weglopen op de lange termijn niets oplevert. Weglopen is nooit de oplossing van je problemen.’ Bianca glimket grutsk op ’e eftergrûn. ‘Sjoch, dêr dogge wy it dus foar.’ De namme Danique is om privacyredenen fingearre.

35


Je bent niet de enige als je nog nooit gehoord hebt van craniosynostose. Zelfs artsen en verpleegkundigen zijn vaak niet op de hoogte van deze aandoening waarbij de schedelnaden van een baby zich te vroeg sluiten en de hersenen te weinig ruimte krijgen om te groeien. Annemarie en Reinder Jelsma uit Beetsterzwaag weten inmiddels door ervaringen met hun zoontje dat het goed te verhelpen is, mits op tijd wordt ingegrepen.


Aukje Mulder

Nog veel onbekendheid rond cranio­synostose

Rick Jelsma is geboren met craniosynostose waardoor hij een afwijkende schedelvorm had. Na een ingrijpende operatie in Rotterdam herinnert alleen een groot litteken onder zijn blonde haar nog aan die periode. Rick is verder een gezond kereltje dat zonder restverschijnselen opgroeit. Dat is voor een groot deel te danken aan het feit dat hij op tijd werd behandeld. Zijn moeder Annemarie kent ook kinderen met deze aandoening die – door de onbekendheid – láát werden geopereerd en een ontwikkelingsachterstand opliepen. Daarom wil ze meer bekendheid geven aan craniosynostose.

‘Direct na de bevalling zag niemand iets aan Rick. Mij viel na een paar dagen al op dat hij een punthoofdje had. Zijn voorhoofd liep iets naar voren uit en je kon een richeltje op zijn voorhoofd voelen.

 et loont om je H moedergevoel te volgen. De consultatiebureau-verpleegkundige heeft het - bij navraag achteraf - wel gezien, maar dacht: “dat trekt wel weg”. Toch hield ik het gevoel dat er iets niet

helemaal klopte. De consultatiebureauarts verwees ons, toen Rick drie maanden was, naar de kinderarts in Drachten. Nadat er röntgenfoto’s waren gemaakt kregen we een verwijzing voor het Sophia Kinderziekenhuis in Rotterdam.’ Na de eerste schrik, vooral omdat duidelijk werd dat Rick aan zijn hoofd geopereerd moest worden, bezocht Annemarie de site van het Erasmus Medisch Centrum (EMC), waar het Sophia Kinderziekenhuis deel van uitmaakt. Bij de pagina ‘craniosynostose’ herkende ze op de internetfoto’s de schedelvorm van Rick. ‘Meteen was ik al iets gerustgesteld, want er bleek veel aan te doen. Vijf maanden

Wat is craniosynostose? De schedel is opgebouwd uit een aantal botten. De naden tussen de botten maken de schedel enigszins beweeglijk. Hierdoor kan het hoofdje tijdens de geboorte het baringskanaal goed passeren en kunnen de hersenen uitgroeien zonder bekneld te raken. De groei van de schedel moet gelijke tred houden met o.a. die van de hersenen. De voorhoofdsnaad sluit zich meestal in de loop van het eerste levensjaar, maar andere naden sluiten zich later. De groei vanuit de naden is meestal voltooid rond het achtste levensjaar. Bij craniosynostose sluit een schedelnaad zich te vroeg, meestal al vóór de geboorte. Hierdoor

stagneert op die plek de groei. Ter compensatie zal extra groei plaatsvinden bij naden die nog open zijn. Afhankelijk van de naad die te vroeg sluit, ontstaat dan een typische schedelvorm. Meestal is de oorzaak van het te vroeg sluiten niet bekend. Aanwezige afwijkingen herstellen zich niet spontaan. Meestal is een schedeldakreconstructie nodig. Deze operatie wordt meestal vóór het eerste levensjaar uitgevoerd. (Bron: EMC) Ook in de universiteitsziekenhuizen in Amsterdam, Nijmegen, Utrecht en Maastricht wordt craniosynostose behandeld.

Voor informatie: ouderforum: www.cranio.yourbb.nl www.erasmusmc.nl

37


ADV Juulswinkeltje accessoires voor kinderen

Kids Boppe

De mooiste handgemaakte hebsels voor hippe kids!

www.juulswinkeltje.nl

www.kidsboppe.nl • info@kidsboppe.nl

www.gipsbuikje.hyves.nl

speelt beweegt ontwikkelt

Scandinavische lifestyle voor kids

www.hout-speeltoestellen.nl professioneel en particulier

www.solsken.nl

=ZiVYgZhkddg aZ``ZgZ>iVa^VVchZ eVhiVZcbZZg### <ZWgj^`XdYZÂť=B'%&&Âźkddg &%`dgi^c\

kids

fashion

|

71 RL Harich dyk 14 â&#x20AC;˘ 85 443 Harichster 00 2 Tel. 06 29

%Ă&#x2026;  %

Tast-baar-baby

Op je bordje.nl

www.lizelotjoure.nl

ps â&#x20AC;˘ scholi

ho

â&#x20AC;˘ babymas

kraamfeest met kinderhoek wij organiseren het feest van begin tot eind

ng

begeleiding op maat voor u en uw baby â&#x20AC;˘ begeleidi ng

â&#x20AC;&#x153;Ervaar de belevenisâ&#x20AC;?

Uniek handbeschilderd servieswerk

farm

|

e â&#x20AC;˘ works sag

l

Âż ¿¿ Âż  Âż Ă&#x2026; ÂżdÂż

Âż

Âż Âż 

jos-en-ko.nl

Steiger 11 â&#x20AC;˘ 8502 CG Joure â&#x20AC;˘ Tel. 0513-880797

www.tast-baar-baby.nl

BABY

MARKT

De voordeligste babyzaak van Friesland!

Van knuffels tot babykamers... Br. De Wittestraat1a BLAUWHUIS 0515-579526 â&#x20AC;&#x201C; 06-20158671

WWW.BABYSNUFFELMARKT.NL

de babyspeciaalzaak van Dokkum! www.rozemarie.com

Ook adverteren? Neem dan contact op met de AfĂťk: 058-234 30 84 - ynfo@heitenmem.nl


oud was Rick, toen we met hem bij het Sophia terecht konden. In de wachtkamer zagen we allemaal kindjes met dit soort schedelafwijkingen. Het eerste dat de arts over Rick zei was: “Een klassiek geval van craniosynostose.” ‘Het was een onzekere tijd tot aan de operatie. Blijft alles goed gaan? Wordt de hersendruk niet te hoog? Hoe ziet hij er straks uit? Al die vragen speelden door ons hoofd.’ Twee dagen voor zijn eerste verjaardag werd Rick geopereerd. Door middel van een snee van oor tot oor opende een neurochirurg de schedel, die daarna door een plastisch chirurg gedeeltelijk werd gereconstrueerd. De operatie duurde drie uren. Na vijf dagen mocht Rick naar huis. ‘Hij leek op een kleine alien’, zegt Annemarie. ‘Zijn gezichtje was opgezwollen, zijn ogen zaten dicht door wondvocht. Maar dat was allemaal buitenkant. Het belangrijkste was dat hij prima herstelde. De operatie was op tijd en de hersenen

hebben weer alle kans om te groeien.’ Want dat is het grootste probleem, weet Annemarie inmiddels. ‘Doordat bepaalde naden zich te snel sluiten, kunnen de hersenen geen kant op. Ze zoeken een richting waar wel ruimte is, waardoor een afwijkende schedelvorm ontstaat. Ben je er niet op tijd bij, dan kunnen de hersenen beperkt worden in hun groei, waardoor een kind fysieke en mentale problemen kan krijgen.’

Ach mevrouw, het trekt wel bij. Zij is lid geworden van het Cranioforum, waar ouders hun ervaringen delen. ‘Daar zag ik dat het niet altijd zo goed afloopt als met Rick. De onbekendheid rond deze afwijking is groot, terwijl toch één op de zestienhonderd baby’s hiermee wordt

geboren. Nog steeds krijgen bezorgde ouders van artsen te horen: “Dat trekt wel bij”, of: “We zien het nog even aan”. Een moeder die haar kindje herkende in foto’s van het EMC kreeg van haar kinderarts te horen: “Wat denkt u wel. U heeft meteen het ergste uitgezocht.” Toen ze later met haar zoontje in Rotterdam kwam, kon in de eerste minuut de diagnose worden gesteld. Het loont dus je moedergevoel te volgen.’ Annemarie wil andere ouders de zorgen besparen. Met haar verhaal hoopt ze de bekendheid over deze aangeboren afwijking te vergroten. ‘Niemand in mijn omgeving kende dit probleem, maar het kan alle kinderen overkomen. Gelukkig is Rick op tijd verwezen. En dat gun ik iedereen.’

Reageren op dit artikel? Kijk op www.heitenmem.nl

39


Bern & Wetter!

40


Der binne wer in protte foto’s ynstjoerd, dy’t te sjen binne op www.heitenmem. nl. De foto’s mei de measte stimmen ha in plakje fertsjinne yn Heit en Mem.

41


V-v-verliefd, tot over m’n oren Niet te geloven ’k Stotter d’r van Liefde is ......... Liefde is je vader en moeder knuffelen. Liefde is iemand een kusje geven. Liefde is de kleur rood, roze & zelfs misschien lichtpaars. Liefde is iemand een bos bloemen geven. Liefde is met iemand trouwen. Liefde is samen op vakantie gaan en leuke dingen doen. Liefde is op Valentijnsdag je vriendin iets geven. Liefde is iemand ten huwelijk vragen. Liefde is liefde Britta de Groot groep 8

42

Vlinders in je buik Drukte in je hoofd Niet kunnen slapen Niet willen eten Dit betekent allemaal xxx Soms duurt het lang Soms duurt het even Fearle Nijp groep 7

verliefd lief zijn. rood van liefde. in een groot hart. zoenen. verliefd iemand verrassen. met een kado. of met een kus. liefde. Anja Lieuwes groep 7


Trouwe yn de boarterstún Marrin (4) is fereale op Renik (3), har buorjonkje. De trouplannen binne al wittefaak trochnommen. Marrin hat dan in prinsessejurk oan en Renik in prinsejurk. Se sille trouwe yn de boarterstún en op in wyt hynder ride. En wy meie lokkich ek komme, as âldelju, broerkes en suskes, en ek alle bern fan de buert. It sil in prachtdei wurde! Nynke Abma

In lekker kuk! Us Margryt is krekt twa wurden, ien kear yn ’e wike giet se nei beppe Saapke, dy hat in gastâlderopfang oan hûs. Dêr is Melle ek. Margryt is smoar op Melle. Se ropt de hiele dei: ‘Melle is in lekker kuk (stuk)!’ Melle en Margryt moatte neist elkoar sitte mei it iten en se hellet him mei beppe út skoalle. En letter? ‘TOUWE!’ seit se.... We sille it sjen. Petra Woudwijk

It gefoel datst in enerzjybom opiten hast, en de hiele wrâld draait om dyn fantastyske flam. Do moatst wol laitsje want dyn leafste is sa grappich, sjarmant en cool! Kinst de eagen net fan dyn ôfhâlde en dochst alles om dat dúdlik te meitsjen. Dan bist wol echt ‘verliefd’, ferleafd of fereale. Makket net út. Kinst bergen fersette, allinne de gedachte oan har/him is genôch om fan te switten. Sa wurket it by grutten, mar hoe sit dat krekt mei bern? Sijtske Deinum is ûnderwizeres op basisskoalle De Flambou yn Easterbierrum en hat har eigen ‘Onderwijspraktijk Mid-Fryslân’ yn Grou. Se fertelt oer har ûnderfinings mei bern dy’t ferleafd binne. Wat moatst dêr eins mei as heit en mem? Wat heb jij een mooie jurk aan! ‘Kleuters binne écht ferleafd. In kleuter op skoalle sei tsjin my: “Ik voel Sonja in mijn hart”. Dan docht it hast sear, sa leaf fynsto de oar. Kleuters binne earlik en oprjocht en fine it hiel gesellich om by dy spesjale persoan te wêzen. Dat kin ien út de klasse wêze mar likegoed kin in kleuter “op juf”

wêze. Se jouwe elkoar in hantsje, slaan de earms ominoar hinne en sûnder te ferblikken jouwe sy in komplimintsje wei: “Wat heb jij een mooie jurk aan!” Trouwe mei Niels of mei Freek? ‘Mei groep trije en fjouwer wurdt dat alwer oars. As sy út de kleuterklas komme, binne it noch fan dy lytse pykjes, mar nei de hjerstfakânsje hast ynienen hiele oare bern. Sy uterje har net mear streekrjocht mar begjinne nei te tinken oer hoe’t it allegear wurket. “Ik kin noch net kieze oft ik no letter mei Niels of mei Freek trouwe sil”; twa flammen tagelyk is noch gjin probleem. Famkes falle as in

blok foar jonges en vice versa. Se kieze meastentiids neffens it rolmodel fan thús.’ In kleur as reade piper ‘De bern út groep fiif en seis wurde har bewust fan de ynhâld fan “leaf” en “ferleafd”. Dan seist it net mear lûdop ast op de oar bist mar makkest it stikem dúdlik. Soms wurdt in freontsje ynskeakele om út te fiskjen oft sy dy wol sitten sjocht of joust har wat leuks, oft dat no in Webbie fan Super de Boer is of in moaie boster, dat makket net út. Komt meester der bygelyks achter, man, dan krijst in kleur as reade piper!’

43


Gjin ferkearing mear Us soan Jurre is al fan hiel lyts ôf dwaande mei fereale wêzen. Earst op in dochter fan freonen fan ús. Se wienen doe in jier as fjouwer. As ik frege wat se boppe dien hienen dan kaam der allinnich mar gegychel út. Doe’t Jurre healwei it skoaljier 2008 oerpleatst waard nei in oare skoalle, kaam hy neist in famke te sitten dat ek nij wie. Fan dy tiid ôf is hy op har. En sy ek op him. Mar it moaiste wie syn oankundiging fan lêsten: ‘Mem, heit, ik ha gjin ferkearing mear mei har. Ik moat earst mar ris sjen hoe’t se der út sjocht as se âlder is.’ Ferstannige jonge, dy Jurre fan ús. Noch wol fereale, mar gjin ferkearing mear.

Helemaal verliefd! Onze dochter Rianne, 7 jaar, is echt heel erg verliefd op een collega van mijn man. Wanneer ze hem ziet is ze ontzettend verlegen, maar zodra hij weer uit het zicht is zegt ze: ‘De volgende keer ga ik hem kussen.’ Wanneer je zijn naam noemt krijgt ze gewoon een rood hoofd. Ze heeft hem ook al een aantal keer op hyves opgezocht en berichtjes op zijn hyves gezet. De desbetreffende jongeman verwijdert deze berichten en geeft helemaal geen reactie. Hier wordt ze dan weer verdrietig van, maar ze zet gewoon door. Dit gaat nu al meer dan een halfjaar zo en ze is er niet vanaf te brengen. De jongen is geloof ik iets van 24 jaar, maar niet al te groot. Ze is echt helemaal verliefd. Janny Zeinstra

Carla van Hoorn-Bos

Ik sta in brand! Herre (3) en Elske (4) zijn neef en nicht van elkaar. Herre zei op een dag: ‘Ik ben zo verliefd op Elske, ik sta bijna in brand. Maar de brandweer hoeft niet te komen hoor!’

Ferskil wurdt grutter ‘Yn groep sân en acht begjinne de hormoanen in serieuze rol te spyljen. Famkes klaaie har hieltyd mear konform de clips op tv en YouTube, sy eksperimintearje mei make-up en de deo’s gean mei yn ’e gymtas. Guon wurde ûngesteld, mar dêr wurdt net oer praat. Hat ien neillak of in taske dan kin dat it begjin fan in wiere raazje wurde. Famkes binne bewust dwaande mei de wrâld om har hinne en sykje rolmodellen. “Wat hat Femke oan en wat fyn ik dêr fan?” Social media wurde hot. Sy sitte op MSN, guon ha in mobyltsje en it liket dat hast elkenien in side op Hyves en Facebook hat, dy’t fansels regelmjittich uploaden wurdt mei de nijste

44

filmkes en foto’s, meastentiids foar de bekende freonen fan skoalle, sport of fan de camping. Jonges dogge wol in bytsje mei yn dy “gekte”, mar binne folle mear dwaande mei kompetysje en boartsjen. Computergames en lekker fuotbalje op it skoalplein is “fét”. Famkes en jonges yn dy groepen fine inoar ek net sa cool mear.’ ‘Foar heiten en memmen is it soms fertederjend, soms hilarysk om te sjen: de ferleafde dochter of soan is de spegel fan ússels. Fansels, yntroverte bern reagearje oars as ekstroverte, mar hoe’t thús praat wurdt oer de leafde makket wol ferskil. Ast dyn bern helpe wolst om syn of har gefoel te begripen en ûnder wurden te bringen,

kinst dyn soan of dochter freegje wêrom’t hy/sy de oare sa leuk fynt, wat der ta docht en hoe’t it fielt. Besykje as heit en mem dúdlik te meitsjen dat ferleafd wêze hiel leuk is; neat om dy foar te skamjen. Ek al tinkst as mem en heit “wat moat dy moaie dochter fan my mei Mr. Brillemans of Kninetosk?” Of “sjochst dan net út wat húshâlding at dy komt!?”, it makket neat út. Yn ’e wet fan LOVE jildt: leaf leaver leafste. Wa kin him no net mear syn allerearste leafde foar de geast helje?’ Mear lêze fan Sijtske Deinum? Sjoch alle moannen op www.heitenmem.nl foar in nije kollum.


Wat wurd it?

applikaasje foar smartphones

Wolst witte wat it wurd ‘rûgeltsjes’ betsjut? Of hoe’tsto it Nederlânske wurd 'vogel' oersetst yn it Frysk? Download dan no de fergese applikaasje 'Wat wurd it?' út de ferskate appstores! De app is geskikt foar ûnder oaren de iPhone, Blackberry en ferskate androïdtelefoans. It wurket as in oersetter. Typst in Nederlânsk of Frysk wurd yn en dêr krigest de oersetting fan, eventueel oanfolle mei ekstra betsjuttingen. It Fryske wurd kinst kopiearje en yn in sms-berjocht plakke.

Kinst guon wurden ek ôfharkje om de útspraak te hearren. As brûker fan de applikaasje krigest eltse dei automatysk it 'wurd fan de dei' tastjoerd. It 'wurd fan de moanne' krigest eltse moanne tastjoerd yn de foarm fan in filmke. Hast in suggestje, sjochst in flater as binne der ûndúdlikheden? Dan kinst dy trochjaan fia in funksje yn de applikaasje. Sjoch foar mear ynformaasje op www.praatmarfrysk.nl

Witsto it goede antwurd? 1. Hoe skriuwst de 'u' yn it wurd 'onze' yn it Frysk? –ú–û–ü

6. Hoe skriuwst 'computer' yn it Frysk? – computer – komputer – kompjûter

2. Wat is 'nuver' yn it Nederlânsk? – vreemd – mooi – nevel

7. Hoe skriuwst 'deze' yn it Frysk? – disse – dizze – deaze

3. Wat is de betsjutting fan it wurd 'wiet'? – wit – nat – wijd

8. Hoe skriuwst it wurd 'samen' (2 minsken) yn it Frysk? – tejerre –tejeare – tegearre

4. Wat is 'schaar' yn it Frysk? – skierre – skaar – skjirre

9. Wat betsjut it wurd 'slim' yn it Nederlânsk? – slim – erg – vals

5. Hoe skriuwst ' zoeken' yn it Frysk? – siikje – siekje – sykje

10. Hoe skriuwst 'ik schreef' yn it Frysk? – Ik skriuw – Ik skreu – Ik skreau

Antwurden: 1-ú 2-vreemd 3-nat 4-skjirre 5-sykje 6-kompjûter 7-dizze 8-tegearre 9-erg 10-ik skreau

45


Dieuwke van der Meer - Posthumus (29) is redakteur fan Heit en Mem en webredakteur fan de website heitenmem.nl.

Nammen Jildou, Fardau, Jente, Rinse, Rindert, Wytze en Silke. It is mar in lytse greep út de prachtige nammen dy’t ik as webredakteur fan HeitenMem.nl regelmjittich foarbykommen sjoch. Sommige freondinnen fan my wisten doe’t se sels noch bern wienen al hoe’t se harren bern letter neame soenen. Mar as ik hjoed mem wêze soe fan trije bern, hie ik se leau ’k mar nûmere. Want in namme foar in bern útsykje liket my echt net maklik ta. Syn of har hiele libben moat sa’n bern it mei dy namme dwaan. Wat is dan wiisheid? In moderne namme, mei it risiko dat der yn de klasse fan dyn bern noch in pear binne mei dyselde namme? Ferneame, mei de kâns dat dyn bern letter tinkt dat heit en mem net goed by de holle wienen? By myn húsdieren ha ik it mar gewoan by Fryske nammen hâlden, dy’t trouwens hjoed de dei ek wer hielendal hip binne. De fiif rotten dy’t ik hie as studinte hieten fan Jelmer, Krelis, Hannes, Jeldert en Romke. Allegear ferneamd nei myn freonen. En ús kat? Dy hat allinne in Fryske achternamme: ‘Frou Dykstra’. Sels bin ik ferneamd nei ús beppe Dieuwke. Mar beppe Dieuwke waard

46 46

troch de measten Djoke neamd. By my is it gewoan Dieuwke bleaun. Alhoewol, der hawwe genôch fariaasjes op dy namme west, sa troch de jierren hinne. Elts hat wol sa’n eigen ‘koosnaampje’ foar my. Foar myn nichtsje wie ik Djoes, foar myn freondinne Joekie, foar myn broerke Toete en myn man neamt my steefêst Djoekeloeris. Mar ek Joekte, Djoekie en Joeksel binne foarbykaam. Op www.heitenmem.nl is te finen dat de namme Dieuwke ‘beskermer fan it folk’ betsjut. Fan de 141 Dieuwkes dy’t lid binne fan de Dieuwke-hyves komt trouwens mar 31% út Fryslân. Yn 2010 hawwe der sân heiten en memmen west dy’t harren dochter de namme Dieuwke joegen. En dit jier is der op syn minst al ien famke berne mei de namme Dieuwke. It kaartsje waard nammentlik opstjoerd foar HeitenMem.nl en hinget no boppe myn buro. It is in moai rêstich bertekaartsje mei twa bearkes en yn in kaderke stiet de namme ‘Dieuwke’. Sa no en dan sjoch ik der even nei en hoewol’t ik as bern altyd graach Simone hjitte woe, betink ik my no dat ik best grutsk bin op myn namme. Tankjewol heit en mem!


Pake syn pop Rindert is myn allerearste pakesizzer, hy is de soan fan dochter Nynke, mar der binne ek noch twa ûnderweis: myn âldste dochter Charlotte krijt yn july in twaling. Ik fyn it prachtich om pake te wêzen. Rindert is in hiel leaf mantsje. Altyd blier. Ik sjoch Rindert op syn minst ien kear yn ’e wike en somtiden ek wol faker. Sneins kuierje wy mei ús twaen faak in eintsje om, mar it leafst binne wy tegearre oan ’t gekjeien. Hoe mâler, hoe moaier. Rindert sit graach by my op ’e skouders, of ik lit him troch de loft fleane as in fleantúchje. As it mar hurd giet mei in soad gekke lûdsjes, dan is Rindert op syn bêst! In echte ‘mannejonge’ is Rindert, gek op wylde spultsjes en hy is graach by pake en by heit, (en mem fansels!) mar hy is ek nijsgjirrich nei grutte jonges. Dan sjocht hy fan in ôfstantsje hoe’t it giet en wat sy dogge. Rindert mei graach rêstich observearje foar’t hy him der sels yn smyt.

Namme: Gooitzen van der Hoek (55) en Rindert (1 jier en 2 moanne) Wenplak: Wergea Hobbys: klaverjasse, seefiskje, aaisykje en lêze Relaasje: 33 jier troud mei Botina

De namme, in earbetoan Rindert is midden yn ’e nacht berne. Ik kaam út de nachtploech en lei krekt op bêd doe’t de tillefoan gie. Ik kriich as earste it moaie nijs. Wy wisten wol dat it in jonkje waard, mar net wat namme oft hy krije soe. It is Rindert Aan wurden. Rindert is ferneamd nei de beide pakes fan mem Nynke en heit Menze, as in earbetoan oan dy mannen. Dat wie wol wat emosjoneel fansels. Pake Rindert wie in man dy’t mei in iepen fizier de wrâld temjitte gie, altyd fol ynteresse foar wat oare minsken beweegde en hy woe graach mei dy it petear oangean. Oftst no hindoe wiest of moslim, hy wie altyd benijd nei it ‘wêrom’. Pake Aan, in echte heidepyk, wie in pake dy’t altyd klearstie foar oaren en altyd alle tiid makke foar de ferhalen fan syn pakesizzers. Ek al gie it him soms fier boppe de pet. It soe moai wêze as Rindert dy eigenskippen ek meikrigen hat.’ ‘Noch ien ding’, seit pake Gooitzen as de fotoshoot hast dien is. ‘Kin de rubryk ek wat oars hjitte? “Pake syn beste vriend”, of noch better: “Pake syn stoere bink”?’ Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto op fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei ynfo@heitenmem.nl.

47 47


De moaiste Fryske berneboeken fine jo by de Afûk

De Traveliers

Tsien kikkerts / Tien kikkers Quentin Blake

In searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ’e hoeke leit.

In prachtich yllustrearre boek oer getallen en bisten. Tel de hûnen, de einen, de mûzen en de fisken en lear hoe’t wy dy yn it Frysk en yn it Nederlânsk neame.

€ 9,95

Fûgelfrij yn de Canyon Jan Schotanus

€ 12,50

Heit Marten Travelier moat nei Amearika foar syn wurk, flakby Grand Canyon. In pracht kâns foar soan Hidde en syn freon Jelle om mei. Mar it giet der net sa fredich om en ta.

In flitsend hûntsje Anny de Jong

€ 12,50

De Traveliers reizgje nei famylje yn Skotlân. Sheepdogs en sheepdogtrials meitsje der in aventoerlike reis fan. Want in goede sheepdog is hiel wat wurdich...

Stip nei de pleats Eric Hill

€ 8,95

Lytse mûs en it grutte gebakje Thomas Taylor & Jill Barton Lytse Mûs ûntdekt in superlekker gebakje, mar hoe krijt er dat mei nei hûs? In printeboek oer dielen en freonskip mei oandwaanlike yllustraasjes.

€ 12,95

Fakânsje tip!

Yslik aktyf

€ 12,50

Stip is by syn heit, dy’t op ’e pleats wurket en fynt dêr allegear jonge bisten. Kartonboek mei flapkes.

Anny de Jong

Mûske sil te kampearen Cousins Lucy

Heit Travelier moat nei Yslân. In groep miljeu aktivisten hat oanjûn it wurk sabotearje te sillen. Dêrtroch rekket de famylje belutsen by gefaarlike situaasjes.

It is in prachtige dei en Mûske en har freonen sille te kampearen, mar se komme der al gau achter dat it net tafalt om in tinte op te setten. En is der wol genôch plak foar Mûske, Sjouke, Frederike, Sibbele en Eppy?

€ 9,95

Fryske boek- en taalwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert, tel. 058-234 30 70 ek op sneon iepen fan 10.30 oant 17.00 oere of bestel online op www.afuk.nl

Heit en Mem nr. 2 - 2011  

Heit en Mem is in tydskrift wat 3 kear jiers fergees ferspraad wurdt troch hiel Fryslân.

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you