Page 1

gratis en fergees

nr. 01 - 2010

groep 8 kiest De eindtoets bepaalt?

yn ferwachting ‘Gjin rôze wolk’

stiefmoeder ‘Ik sta aan de zijlijn’


R LANG A A J F L EEN HA ND POST A L S E I R DE F  18,– S T H C E L VOOR S

is een maandelijks magazine voor iedereen die van Fryslân houdt. Het staat altijd boordevol items over Fryslân en de Friezen, zoals spraakmakende interviews, verrassende reportages over kunst, cultuur, natuur, sport en maatschappij. Daarnaast informatieve rubrieken als Kort & Klein, Fryslân Toen, enz.

Ga naar

www.frieslandpost.nl of vul onderstaande bon in

❏ Ik wil graag met ingang van het eerstvolgende nummer een abonnement op Friesland Post. ❏ Ik wil graag een abonnement op Friesland Post weggeven. Het adres waar het cadeau naar toe moet sluit ik hierbij in. Ik betaal via ❏ incasso/ 45,50 ❏ accept-giro/ 47,50 ❏ Ik wil graag een proef-abonnement van 6 maanden, Ik betaal via ❏ incasso/ 18,00 ❏ accept-giro/ 19,75 ❏ Ik wil graag een abonnement naar het buitenland,  75,50 per jaar. Naam: Adres: Postcode / Plaats: Telefoon: Bank/gironummer:

Handtekening:

Stuur deze bon (of een kopie hiervan) in een envelop zonder postzegel naar: Friesland Post, Antwoordnummer 100 8600 VB Sneek.


Namme: Kirsten Wissman (22) Wenplak: Ferwert Berop: ‘schoonheidsspecialiste’ Hobbys: autocross

Bisto heit of mem en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto op fan dysels mei dyn soan of dochter nei ynfo@heitenmem.nl.

Relaasje: 4 jier mei Daniël Mem fan: Dominique (4 moanne)

Mem har famke ‘Ik hie in moaie swangerskip, allinne die mei 36 wiken bliken dat Dominique oerdwers lei. Gelokkich koenen se har noch draaie. Ik woe hiel graach yn bad befalle. Alles stie ek al klear. Mar spitigernôch hie Dominique yn it fruchtwetter poept en moast ik yn it sikehús befalle. Nei de lange befalling fan 23 oeren, wie Dominique mislik om’t se smoarch fruchtwetter binnen krigen hie. Dêrom slagge de boarstfieding yn earsten net. Gelokkich gie de mislikheid nei in pear dagen oer en jou ik no boarstfieding sûnder problemen. Dominique har doopnamme is Domenica Giulia. Se is ferneamd nei in freondin fan my yn Itaalje en dêrneist is Giulia ek noch in type auto fan Alfa Romeo, de auto dêr’t Daniel sa wei fan is. Dominique is in hiele maklike, rêstige poppe dy’t in soad sliept. Wa wit is se wol sa rêstich om’t se lyk as har heit hiel min heart. Se reagearre hast hielendal net op de gehoartest, dy’t alle poppen tagelyk mei de hylprik krije. De skok wie net hiel grut, we wisten dat it erflik wêze koe. Wy binne al lang bliid dat se net hielendal dôf is en boppedat is mei dôvens yn dizze tiid goed te libjen. Dominique krijt oer twa wike har earste gehoarapparaatsjes. Se sil wol wenne moatte as se foar it earst dúdlike lûden om har hinne heart.’ Sjoch op side 24 foar ynformaasje oer it audiologysk sintrum. Hasto ek bern mei hearproblemen? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl. Kirsten en Daniel komme graach mei dy yn kontakt.

3


Hertsjes

Dieuwke Posthumus Leafde is fan alle tiden, mar hertsjes binne echt fan no. Hertsjes op klean, hertsjes fan reid, hertsjes fan hout, hertsjes op kessentsjes, op kasten en op krukjes. Hertsjes binne hot! In bytsje wenaccesssoire-webwinkel hat sels in aparte ‘hertsjesôfdieling’. Ik moat earlik tajaan, yn myn hús binne ek hieltyd mear hertsjes te finen. Sterker noch, ik lit ús heit se útseagje wêrnei’t ik se sels ‘oppimp’. Moai wyt spuitsje, in leuke tekst derop sette of in read ruten stofke derop plakke. Hartstikke hip! In hert foar op it húske, ien foar oan de doarkruk, de foardoar, de sliepkeamer, de badkeamer en ien foar it rút. It moat kinne, fyn ik, sa rûn Falentyn kinne wy wol wat ekstra symboaltsjes fan de leafde om ús hinne sjen. Dêrom yn dizze Heit en Mem op side 43 in side fol hertsjes! Dieuwke Posthumus (28) is redakteur fan Heit en Mem en webredakteur fan de website heitenmem.nl. Se sil septimber dit jier trouwe.

Ciska Noordmans is redakteur fan Heit en Mem. Se is troud en is mem fan twa moaie bern, Maite (9) en Netithon (5).

Abonnemint op Heit en Mem

Mar der is mear leafde yn dit blêd te finen. Sa foel Pamela as in blok foar Albert, wylst er út in eardere relaasje al bern hie. Hoe gean sy, Albert en syn eksfrou dêr mei om? Ek Kirsten is smoar op har eigen lytse poppe Dominique, dy’t lyk as har heit net goed hearre kin. Mar yn dit nûmer ek in protte bisteleafde, ûnder oare foar fûgels, sa’t bliken docht as wy in dei meirinne mei de jeugdfûgelwacht. En oan de ein fan it blêd de oerweldigjende leafde fan in pake foar twa prachtige lytse famkes dy’t gek binne op dûnsjen! Koartom Love is all around yn dit nûmer. Om noch even werom te kommen op de hertsjes. It hert fan HeitenMem.nl is transplantearre nei in nij lichem! Wolst it hert klopjend hâlde, kom dan gau ris op besite by de fernijde www.heitenmem.nl.

Dit formulier graach folslein werom stjoere nei ús antwurdnûmer. In postsegel is net nedich. Wy winskje jo fêst in protte lêswille ta. Afûk / Antwurdnûmer 5003 / 8900 VB Ljouwert Machtiging (oant it wer opsein wurdt) Hjirby machtigje ik de Afûk om dit jier € 7,50 fan myn rekken ôf te skriuwen

Wolle jo it tydskrift Heit en Mem tenein thús stjoerd krije? Folje dan dizze bon yn en stjoer him nei ús op.

foar ferstjoers- en administraasjekosten fan trije Heit en Mem tydskriften. It abonnemint wurdt oan de ein fan it jier automatysk ferlingt nei € 10,- foar de fjouwer tydskriften yn 2011.

Foar € 10,- (€ 15,- foar abonnees yn it bûtenlân) krije jo 4 nûmers fan it tydskrift Heit en Mem tastjoerd. Wurde jo healwei it jier abonnee, betelje jo allinne de nûmers dy’t dat jier noch ferskine. (€ 2,50 it tydskrift)

Adres: Postkoade en wenplak:

Wy kinne pas it jild ôfskriuwe as jo dêr tastimming foar

E-mailadres:

jûn hawwe. It abonnemint wurdt troch ús as akseptearre

(Post)banknûmer:

beskôge nei ûntfangst fan dit formulier en bliuwt jildich oant it opsizzen fan jo kant. Troch ûndertekenjen ferklearje jo ek akkoart te gean mei de ôfskriuwing.

4

Namme rekkenhâlder:

Datum: Hântekening:


Ynhâld Kolofon redaksje: Aukje Mulder, Dieuwke Posthumus en Ciska Noordmans haadredakteur: Ernst Bruinsma meiwurkers: Karen Bies, Ate Grypstra, Aukje Mulder, Ciska Noordmans, Dieuwke Posthumus, Marrit de Schiffart, Hedwig Terpstra, Tjalling de Vries, Sito Wijngaarden en Nynke van der Zee korreksje: Ytsje Steen-Buwalda, Nynke Beetstra en Mirjam Vellinga redaksje-adres/ útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Printwurk: Telenga Drukkerij BV www.telenga.nl info@telenga.nl tel.: 0517 - 38 09 80

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66 Linus Harms (cover, side 3, 22 en 47) www.linusharms.nl info@linusharms.nl tel.: 06 - 17 14 87 63 Yllustraasjes: Anjo Mutsaars (side 26, 28 en 45) takkenbos@home.nl

Advertinsje-eksploitaasje: Breuker Telemarketing & Meer Tel.: 0515 - 41 21 11 www.breuker.nl Wolle jo advertearje yn Heit en Mem, nim dan kontakt op mei info@breuker.nl Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 35.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Yn 2010 ferskine der fjouwer nûmers. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspiedingslist op www.heitenmem.nl. Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei ynfo@afuk.nl ISSN: 1878-4437 Heit en Mem hat in eigen webside! Sjoch gau op www.heitenmem.nl Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

nr. 01

03 Mem har famke 04 Kollum Dieuwke Posthumus 06 Heit en Mem Post 09 Noch mar sa lyts en no al sûkersykte 12 Chatten met tienermoeders 14 Kollum Ate Grijpstra 15 Swier & Swiet 17 Bern & Bist 18 Thialf 21 Berneboeken 22 Yn ferwachting 24 Mei in auditieve beperking nei Wapper 26 Bernepraatsjes 27 Heit en mem boeken 28 Groep 8 kiest! 30 It poppefokabulêre 31 Jim wurde pake en beppe! 32 Fleanende drok mei de jeugdfûgelwacht 36 Kollum Karen Bies 37 Bern 38 Heechsensitive bern 40 Kollum Tjalling de Vries 41 Heit 43 Sljocht op hertsjes 44 Als je partner al kinderen heeft 46 Utstapkes 47 Pake syn pop 5


heit & mem post Yn maaie komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert.

Op de Cover Op de foarkant fan dit blêd steane Finn (3) en Micah (5) Gerbrandy, twa ûndogenske broerkes út It Hearrefean mei prachtige ljochte krollen. It wie by de fotoshoot wol in bytsje dreech om stil stean te bliuwen en om hieltyd nei de fotograaf sjen. Tuskentroch fûnen se it leuk om lekkere gekke bekken te lûken. It minder leuke, fûn Micah, dat se harren omklaaie moasten. Mar doe’t se de klean ienkear oanhienen, fûnen se dochs wol dat it hiel moai stie. De klean binne beskikber steld troch Kooter & Kooter fan de Foarstreek 60 yn Ljouwert. V.l.n.r. Douwina met Indy, Marije met Lotte, Tanja met Stijn en Tim en Jelly met Wytse

Njoggen Op 09.09.2009 is ús jonkje Teake berne. In dei dêr’t guon minsken graach op trouwe, mar in berte op dy dei falt net te plannen. Dêrneist is Teake ek noch ris om njoggen oere en fjouwerentweintich minuten berne en wie er njoggen pûn swier. We wenje op nûmer njoggen en it oantal letters fan de foar en de achternamme fan Teake komt ek út op njoggen. Mar wat ik eins hast noch wol it meast bysûnder fyn is dat Teake mei oan de iene kant fiif generaasjes en oan de oare kant fjouwer generaasjes ek noch ris njoggen pakes en beppes hat. Jantsje Jellema

6

Vier vriendinnen, vijf babys In 1995 ben ik gezakt voor de havo, tegelijk met Tanja, Jelly en Douwina. We zijn in dat jaar erg naar elkaar toegegroeid en vormden samen het 6HAVO clubje. Gelukkig slaagden we het jaar erop wel en we zijn nadien altijd contact blijven houden. Jelly werd als eerste moeder, ze beviel van een meisje en noemde haar Marije. Helaas lukte het in 2005 bij Tanja en mij niet om onze kinderwens in vervulling te laten gaan. Na een hele reeks onderzoeken belandden we beide in de medische molen. We ondergingen zowat tegelijkertijd alle onderzoeken en konden elkaar hierin goed steunen. Op een dag raakte Tanja toch spontaan zwanger, maar helaas eindigde die zwangerschap in een miskraam.

IUI was het volgende traject voor ons allebei. Bij mij slaagde geen enkele van de vier pogingen en dus werd ik op de wachtlijst voor IVF gezet, in de tussentijd mocht ik nog één IUI poging doen. Al wachtende hierop bleek ik spontaan zwanger te zijn geraakt! Wat een wonder! Toen ik Tanja belde met het goede nieuws, had zij ook een nieuwtje. Haar tweede IUI poging was geslaagd, ze was zwanger van een tweeling! Later bleken Tanja en ik niet de enige te zijn die zwanger waren. Op een verjaardag bleek dat ook Douwina en Jelly in verwachting waren. We waren allemaal in de zomer uitgerekend, sterker nog, Tanja en ik zijn op de zelfde dag bevallen! Marije Merkus


Poppe fan de moanne! novimber

BERNEKEAMER Dit is mijn slaapkamer! De vloerbedekking en het behang heb ik zelf uitgezocht! Het was niet moeilijk om te kiezen. Mijn oma An heeft geholpen met de gordijnen. Voor het raam zitten witte gordijnen van verduisteringsstof, lekker donker! Op de gordijnen daarvoor is een stof met een roze en witte ruit gezet. De matras heb ik zelf uitgepakt en samen met mijn papa heb ik het bed in elkaar gezet. Mijn mama heeft een sprookjesboom op de muur geschilderd, en roze met witte ruitjes naast het behang bij de deur. De vogels in de boom heeft ze uit oude stukken behang geknipt en op de muur geplakt. Heel mooi allemaal, alleen jammer dat mijn kast voor het behang staat!

Marjet Faas

Lyanne van der Veen

(6 moanne) út Dronryp

(8 moanne) út Noardburgum

jannewaris

Jesper Pepijn

Groetjes van Isa Stam (4)

desimber

(6 wike) út Feanwâlden

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Gean dan nei heitenmem.nl, upload de foto en lit dyn hiele famylje en kunde stimme op dyn poppe! En wa wit, stiet dyn foto dan as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krijsto it nijste Fryske berneboek tastjoerd!

Bisto ek sa grutsk op de bernekeamer? Mail in foto mei ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl

Sssst!

HEITENMEM.NL FERNIJD!

Op tongersdeitemiddei passe wy altyd op Nynke en Yorick. Wat ús bern eartiids net mochten, oerdei televyzje sjen, meie de pake- en beppesizzers wol. In minske kin feroarje. As pake dan ek efkes nei de televyzje sjocht, falle de lûkjes nei ûnderen. In lust om nei te sjen.

Heitenmem.nl is de meartalige webside foar heiten en memmen fan bern fan 0 oant 12 jier. Op de fernijde webside kinst: • Fryske foarnammen mei betsjutting opsykje • reagearje op ferskate artikels oer bygelyks opfieding, sûnens en opfang • stimme op de poppe fan de moanne • berte-, rou- en trougedichten útsykje • leuke Fryske gadgets bestelle • ynformaasje fine oer meartalich grutbringen • kleurplaten downloade • noch folle mear as boppesteande...

Nieske Hoogland Tjerkstra

7


Friese musea & archieven organiseren volop activiteiten

Help

Pake

23 t/m 26 februari 2010

& Beppe de

vakantie door

Gratis entree voor kinderen

op vertoon van Pake of Beppe

www.helppakedevakantiedoor.nl


Nynke van der Zee

Noch mar sa lyts en no al s没kersykte 9


Stadich giet de doar iepen. In eigenwiis glunderjend holtsje stekt krekt boppe de grutte knuffel út. ‘Koesmûs is stikken.’ It lytse mantsje wiist op de skuor yn de stoffen búk fan de knuffel. ‘Beppe moat him mar efkes meitsje.’ Wa’t net wit dat Bjorn (2) sûkersykte hat, soe der neat fan fernimme. It mantsje draaft troch it hûs en hat it smoardrok mei fertellen. Pas as mem Geeske van der Wal him freget nei de ynsulinepomp, hellet er foarsichtich it pompke út ’e bûse. It blauwe apparaatsje hat noch it measte wei fan in mobile tillefoan. ‘It is in útkomst’, laket syn mem. Krekt op ’e tiid Doe’t Bjorn 9 moanne wie, waard er hiel slim siik. Hy wie sleau en hie hast gjin enerzjy mear. By de húsarts waard búkgryp konstatearre. Mar doe’t er nei trije dagen noch hieltyd net better waard, begûn Geeske har ûngerêst te meitsjen. ‘Ik kaam dy moarns by syn bedsje en en skrok fan wat ik seach. Bjorn wie sa slop as in dweil en draaide nuver mei de eagen. Ik wist fuort: dit is net goed.’ Yn it sikehûs yn Drachten besochten se Bjorn syn bloedsûker te prikken, mar it apparaatsje koe it gehalte net ôflêze. It die bliken dat syn bloedsûker sa heech wie

10

dat it net mear metten wurde koe. Mei de ambulânse fleagen se nei it UMCG yn Grins. ‘Wy wienen der krekt op ’e tiid by. Hy wie noch mar sa lyts, en dan al sa slim siik.’

 jorn wie sa slop as B in dweil. Ik wist fuort: dit is net goed Soarch op maat ‘Herkenbaar’, reagearret Ineke Kruizenga, ferpleechkundich konsulint op de bernepoly fan it Antonius Sikehûs yn Snits. Neffens har is de ôfrûne jierren in tanimming fan it oantal diabetespasjinten te sjen by dy jonge leeftydskategory. ‘Type 1 komt steeds vaker voor bij kinderen onder de 5 en van 10 tot 12 jaar. Helaas hebben we nog geen goed beeld van waar dit precies door komt.’ It Antonius Sikehûs hat in spesjaal bernediabetesteam. Twa dokters, in diëtist en in psycholooch wurkje nau gear om

de jonge pasjinten soarch op maat te jaan. Ineke begeliedt âlders en bern by it omgean mei de deistige gefolgen fan sûkersykte. ‘Diabetes is een ziekte waar je elke dag mee moet dealen. Daarom is het belangrijk dat je het een plek geeft.’ Nei it stellen fan de diagnoaze hienen Geeske en har freon it smoardrok. ‘Fan de diabetesferpleechkundige krigen wy les yn prikken. Fingerprikjes, mar ek echt ynsuline prikke. Wy oefenen op in sinesappel of in teddybear. Ik fûn it yn ’t begjin ferskriklik om Bjorn te prikken. Mar it went úteinlik wol.’ Hypo’s en hypers Om syn sûker goed ûnder kontrôle te hâlden, hat Bjorn no in ynsulinepomp. It apparaatsje sit fia in slankje mei in nuddel yn syn bille. Geeske is ôfgryslik wiis mei de pomp. ‘Dit is echt in útkomst. Ik kin presys byhâlde hoefolle ynsuline oft er krijt.’ Ek Ineke sjocht foardielen. ‘De laatste 7 jaar wordt er bij kinderen steeds vaker voor deze optie gekozen.


Sa’n 200 bern yn Fryslân ha diabetes type 1. By dat type makket de alfleisklier hielendal gjin ynsuline oan, en dêrtroch kin it lichem allinnich goed wurkje as der ynsuline spuite wurdt. Sûkersykte wurdt noch faak sjoen as in sykte fan âlde minsken, mar neat is minder wier. Foar mear ynformaasje: www.diabetesfonds.nl

Hoe kin ik sûkersykte werkenne by myn bern? In hypo • • • •

Wikseljend humeur Pine yn ’e holle Wurch Blekens

In hyper • • • •

Switte Honger Dûzeligens Trilje

• • • •

Slieperich Droege tonge Faak pisje Toarstich

Het scheelt enorm dat je niet meer vier keer per dag hoeft te spuiten.’ Regelmjittich moat in fingerprikje dien wurde om hypo’s (te leech bloedsûker) en hypers (te heech bloedsûker) foar te kommen. Bjorn hat ûndertusken sels ek útfûn hoe’t it allegear wurket. ‘Lêsten lei ik him jûns op bêd en doe sei er: ‘Mem, ik moat in snoepke ha, ik ha in hypo.’ Dêr kin ’k ek wol wer om laitsje.’ It mantsje giet sûnt septimber nei de pjutteskoalle. ‘Ik bin de earste dagen mei gongen om te sjen hoe’t it gie. Hy boartet de hiele moarne en docht net ûnder foar oare bern. Dêr bin ’k hiel bliid om.’

Mem, ik moat in snoepke ha, ik ha in hypo Sûn en gelokkich ‘De impact van diabetes is groot’, wit Ineke. ‘Je moet als kind iedere dag rekening houden met wat je eet en doet. Dat is een grote verantwoordelijkheid, die van nature niet bij kinderen hoort. Maar, diabetes is niet je leven, je leeft met diabetes.’ Dêr is Geeske it hielendal mei iens. ‘Ik ha it der somstiden drok mei. Mar as Bjorn mar sûn en gelokkich is, dêr giet it om.’ Wolle jo reagearje op dit artikel? Dat kin op www.heitenmem.nl

11


Nacontrole met appeltaart

Chatten met tienermoeders

Aukje Mulder

Petra Kortekaas is verloskundige in Oosterwolde. Speciale aandacht geeft zij, samen met haar collega Annelies Sollie, aan tienermoeders. Voor hen heeft zij een website en een MSN-chatproject opgezet. ‘De laatste woensdag van de maand is hier een begrip. Dan zien we ‘onze meiden’ in een restaurantje voor een kopje thee met een appeltaartje. We willen ze een beetje vasthouden.’ Problemen met familie, ongepland zwanger, wel of geen abortus. De onderwerpen van de mailtjes en sms’jes naar Petra en Annelies zijn divers. Een mailtje van Missdaisy91 over de ruzie met haar vriendje. Een vraag van Discosletje92, of oraal bevredigen een zwangerschap kan veroorzaken. Een sms’je om elf uur ’s avonds: ‘Ik heb zin om mijn baby in mijn buik te zien, mag ik een echo?’ Petra vindt niets gek. Het hoort bij dit werk, dat ze zo bewust heeft gekozen. Want als je het over een roeping hebt, dan is dat begrip van toepassing op Petra. Van makelaar werd ze verloskundige. ‘Het mooiste beroep van de wereld ook al kan ik niet eens naar de wc zonder de telefoon mee te nemen.’ Petra zat al twaalf en een half jaar in het vastgoed in Zwolle toen ze zwanger werd en voor controle bij een verloskundige

12

binnenstapte. ‘Ik dacht meteen: wat een geweldig vak. Dat wil ik óók. Terwijl ik altijd bang was voor ziekenhuizen, dokters en bloed.’ Droom Aanvankelijk schoof zij haar enthousiasme op de zwangerschapshormonen. Maar het gevoel liet haar niet los. Na de geboorte van haar tweede kind volgde zij haar droom. ‘Spijt heb ik geen seconde gehad, ook al verdien ik minder dan vroeger en werk ik soms op tijden dat anderen slapen. Ik kom op boerderijen, in rijtjeshuizen en in een asielzoekerscentrum. Heerlijk, die afwisseling.’ Samen met Annelies heeft zij een duo-praktijk. ‘Bewust voor gekozen omdat je dan alle cliënten kent.’ Lachend: ‘Je loopt wel het risico dat boodschappen doen je drie uren kost. Een praatje hier, een praatje daar. Je bent openbaar bezit.’

‘Het begeleiden van tienermoeders is een leuk onderdeel van ons werk. Meiden van 14 tot 21 jaar, vaak alleenstaand. In ons gebied wonen er veel maar qua voorzieningen is hier niets. In de grotere steden wel, maar daar kunnen deze jonge moeders niet komen. Ze hebben geen rijbewijs, geen auto en weinig geld. Ze beleven de zwangerschap anders want vaak is die niet gepland. Bij de ‘oudere’ moeders op de reguliere zwangerschapsgymnastiek voelen ze zich niet thuis.’ Hyves en MSN Redenen genoeg voor Petra om een groep op te zetten. ‘We zijn begonnen met een website met verwijzingen naar de Fiom (voor hulp aan alleenstaande ouders, red.) en andere nuttige instanties. We zijn bereikbaar via Hyves en we bieden ze een chat-site via MSN. Een groot succes. De meiden praten met elkaar en kunnen


mij anoniem vragen stellen. Er komen reacties uit heel Nederland. De behoefte aan contact blijkt groot.’ Soms koppelen de verloskundigen een tienermoeder aan een ‘maatje’, een wat oudere moeder die steun, tips en adviezen geeft. Bijvoorbeeld over voordelige winkels. De jonge en oudere moeders ontmoeten elkaar ook op de maandelijkse na-controle. Bij de thee met een appeltaartje. ‘We prikken dan terloops het Hb, want bloedarmoede komt veel voor. De voedingstoestand bij die jonge meiden is vaak slecht. En we kijken even naar de baby’s, of ze veel huilen en of er problemen zijn.’ Spullen Petra en Annelies geven ook praktische hulp. Net als de asielzoekersvrouwen hebben tienermoeders altijd behoefte aan spullen. ‘Iedereen in de buurt weet

dat. Er staat geregeld babykleding op de stoep. Of een Maxi-Cosi of kinderwagen. Afzender onbekend. Wij weten er altijd een bestemming voor. Laatst meldde zich een meisje, twee weken voor ze zou gaan bevallen, omdat haar moeder dacht dat ze zwanger was. De verbazing was groot, ze had zelf nergens erg in gehad. Samen zijn we de kelder ingedoken en kon ze uit de voorraad een keuze maken voor haar baby-uitzet.’ ‘Over zwanger worden of zwanger zijn en over de bevalling kan nooit genoeg voorlichting worden gegeven. We zeggen altijd: als je vragen hebt, bel of sms ons. Gelukkig doen ze dat. Pas nog kreeg Annelies laat op een avond een sms’je van een zwanger tienermeisje. ‘Ik heb zo’n buikpijn maar ik denk dat het mijn darmen zijn.’ Annelies belde haar terug en begreep direct dat het weeën waren. Ze was er net op tijd bij. Het meisje,

verbaasd: ‘Ik ben pas 34 weken zwanger.’ Dat de baby ook wel eens eerder kon komen, had ze niet verwacht.’ Kroketten Om de spanning tijdens de bevalling te doorbreken, doet Petra wat haar gevoel haar ingeeft. ‘Ik heb ooit kroketten meegenomen naar een meisje dat ging bevallen. Ik had trek, dus ik nam ook iets voor haar mee. Dat ze dit grappig vond en het niet vergeten was, bleek toen ze mij laatst een Hyves-berichtje stuurde. ‘Heb je weer zin in kroketten?’ Ik begreep meteen dat ze haar tweede kindje verwachtte.’ Verloskundigenpraktijk De Vroedschap Quadoelenweg 3 8431 LM Oosterwolde poppenvanger@hotmail.com voor tienermoeders: jongemoedergroep@hotmail.com

13


TAKOMSTMUZYK? Us beide jonges geane sûnt dit skoaljier alle wiken nei de muzykskoalle ta. Dat kinne se rinnend dwaan, want it gebou fan De Wâldsang stiet himelsbreed in meterke as hûndertfyftich fan ús hûs ôf. It is alle kearen wer in aardichheid om de mantsjes nei te stoarjen, wylst se sa selsstannich omslepe mei harren ynstruminten en muzykboeken. Jesse docht oan Algemiene Muzikale Foarming en spilet blokfluit oant er âld genôch is om syn drumsteldreamen te ferwêzenlikjen. Syn broer David, dy’t in jier âlder is as hy, mocht it blaasstadium oerslaan en fuortendaliks oan de snaren fan in gitaar omplôkje. Jim moatte goed begripe dat soks út evolúsjonêr eachpunt wei fergelykber is mei in sprong fan ameube nei minskaap. Tritich jier lyn soe in Grypstra mei in ynstrumint yn syn of har hannen nammentlik beskôge wêze as neat minder as science fiction. Takomstmuzyk, sis mar. Nee, it mei dúdlik wêze: ik kom net út in muzikaal nêst. Dêr kin ik wier neat oan dwaan. En myn âlders trouwens ek net, want dy kamen ek bepaald net út melodyrike omjouwings. By myn frou thús lei dat der justjes oars hinne. Har heit spile saks. Har mem gitaar. Har suske dwersfluit. Har iene broerke keyboard en fluit. Har oare broerke drums. En sysels hat jierren sjongles hân. Hear ik dêr it wurd ‘Kelly Family’ fallen? No, dêr hie it yndie in soad fan. Ik waard der sels in bytsje troch besmet, want ik begûn myn gitaar, dy’t ik op myn sechtsjinde yn in flaach fan selsoerskatting kocht hie, hieltyd better te bespyljen. Ik kin my in hiel soad mominten tebinnenbringe dat ik mei leden fan myn skoanfamylje muzyk makke en ik ha my doe earlik sein wolris wat te min realisearre hoe bysûnder oft dat eigentlik wie. Doe’t Bertina en ik sels bern krigen, wie it yn wêzen hielendal gjin fraach oft we dy muzikale tradysje fuortsette soenen. Want wa wol no net in hûs fol muzyk ha? En dus bestookten wy ús kroast al yn de memmeskurte mei klankrykdom dy’t fariearre fan Mozart oant Mama (live!). By ús jonges hat dat fertuten dien. Se ha gefoel foar ritme en melody en se belibje in soad wille oan it bespyljen fan harren ynstruminten. Jûns nei iten geane se út harsels nei boppen ta om te oefenjen.

14

Yn de húskeamer hearre wy dan flarden fan ‘Mieke heeft een Lammetje’, ‘Au Clair de la Lune’ en oare Greatest Hits foarbykommen. De omslingerjende learboekjes, blêdmuzyk en kleurige oefen-cd’tsjes nimme we op de keap ta. In bytsje troep heart ommers by in muzikaal nêst? En hoe soe it aanst mei baby Sanne komme? At har grutte broers harren keunstjes op de gitaar en de fluit fertoane, skatterlaket se it út en wy ferbyldzje ús bytiden dat se besiket om mei te sjongen. Wishful thinking? Takomstmuzyk? Wa wit, wa wit...

Ate Grypstra is learaar Ingelsk en skriuwt wolris wat yn it Frysk. Hy is troud mei Bertina en is heit fan David (7), Jesse (6) en Sanne (0). Sjoch foar mear ynformaasje op: www.freewebs.com/ ategrijpstra


Babygebaren Wist je dat je al vanaf acht maanden met je kind via gebarentaal kunt communiceren? Op deze dvd legt Lissa Zeviar uit hoe je met babygebaren aan de slag kan gaan. Aan de hand van voorbeelden laat ze zien dat het gemakkelijk en met veel voordelen te gebruiken is in het dagelijks leven, maar dat het vooral erg leuk is om zo vroeg al met je kind te kunnen communiceren. Je bent je er namelijk vaak niet eens van bewust hoeveel je kind eigenlijk weet en wat het allemaal begrijpt. € 16,95

Swier & Swiet Drie op de honderd kindjes liggen op de uitrekendatum in een stuit.

In knuffelauto In auto om oan te krûpen! Hy is lekker grut (37 x 25 x 20 sm), stevich en hy stiet superstoer op it bernekeammerke! Hast leaver in fleantúch of in tekkel? Dy ha se ek! Yn ferskate kleuren te krijen by www.olijk.nl. € 34,95

Sock Ons Sokjes bliuwe selden sitten by de lytse poppen. Of se sakje ôf, of de lytse poppe lûkt se sels út. Mar dêr is no wat op betocht. Sock Ons binne lytse iepen sokjes, dy’tst oer de sok fan dyn poppe skoost. Troch it ûntwerp bliuwt it sokje altyd sitten, sûnder te knipen. De Sock Ons binne útfûn troch in mem fan fiif bern dy’t harren sokjes ek altyd kwyt wienen. De Sock Ons binne der yn seis ferskate útfieringen. Under oaren te bestellen fia www.L10.nl

Bertekist Massage voor de aanstaande mama Ben je in verwachting en wil je je wel eens laten verwennen? Ga dan eens naar de massagepraktijk ‘de zwangere huismus’ in Winsum. Zij hebben een massagetafel die speciaal voor zwangere vrouwen is ontworpen. In de tafel is namelijk een buik- en borstuitsparing aangebracht. Naast massages voor zwangere vrouwen geven ze ook massages aan baby’s én aan mama’s! Kijk voor meer informatie op www.dezwangerehuismus.nl

In orizjineel kreamkado is de persoanlike bertekiste foar bygelyks de earste skuontsjes, in bearke, foto’s en it kreambesiteboekje. Op www.lytseskat.nl kinst fan € 87,50 ôf sa’n unike kiste bestelle én bedrukke litte mei bygelyks in moaie foto of in gedicht.

15


(voor)lezen

is leuk!

en bij de bibliotheek voor kinderen nog gratis ook

Jouw coach rondom de kraamtijd T 088 512 2000 • www.isiskraamzorg.nl Isis kraamzorg was voorheen:

ontdekdebieb.nl

BABY

MARKT

DE VOORDELIGSTE BABYWINKEL VAN FRIESLAND

LET OP! Deze advertentie is geld waard! Neem mee naar Blauwhuis en profiteer! Bij een autostoel een knuffel t.w.v. 12,50 gratis! Bij een babykamer dekens en lakens met 50% korting! Bij een kinderwagen een pakket t.w.v. 40 euro gratis! Bij een kinderstoel een verkleiner gratis! aanbieding geldig tot 1 april 2010

Autostoelen, accessoires, kinderstoelen, babykamers, boxen, kinderwagens en nog veel meer!

Br. De Wittestraat1a BLAUWHUIS 0515-579526 – 06-20158671 WWW.BABYSNUFFELMARKT.NL

Nu ook behang! r e d in k D 3 kinderkleding in de maten 56 t/m 176 Dijkstraat 33-35 8801 LS Franeker tel. 0517-394488 www.lytseprotter.nl


bern & bist De pineut

Is dyn bern hielendal entûsjast oer in húsdier? Bern sizze fansels al gau ta dat se de soarch hielendal op harren nimme sille. Mar bisto bang datst mei de tiid sels de troebele fiskkom oan it skjinpoetsen bist, de hûn útlitst yn de rein en datsto ek dejinge bist dy’t de knyn alle dagen fretten jaan moat? Tink der dan nochris goed oer nei en besprek de foar- en neidielen fan it hawwen fan in húsdier mei dyn bern.

Tips • Lytse bern tôgje somtiden mei in bist

om as wie it in pop. Ek wolle lytse bern noch wolris harren frustraasjes op it bist ôfreagearje. It bist kin dan fan him ôfbite, wês dêr alert op. • Lit lytse bern noait allinne mei in hûn of in kat. Fertrou it bist net samar, ek al hat er noch nea ien kwea dien. • Nim jim bern mei as jimme op puppykursus geane. • Meitsje dúdlike ôfspraken mei jim bern oer de fersoarging. In wat âlder bern kin wat mear taken ha as de lytsere bern. • Besprek mei jim bern op hokker plakken yn ’e hûs oft de hûn of kat wol en net komme mei. Bygelyks wol yn de wenkeamer mar net yn de sliepkeamer. • Sis de bern net samar in húsdier as beleanning ta. Jo en jo bern sitte dan wol in hiel skoft oan dy ‘beleanning’ fêst. • Behannelje in húsdier ek as in húsdier en net as in mins.

Leuk!

It kontakt mei in bist en it fersoargjen dêrfan kinne bern in protte wille jaan. Sommige minsken fine dat bern ek in grutter ferantwurdlikheidsgefoel krije at se mei in húsdier opgroeie. Mar eins is it hawwen fan in húsdier gewoan gesellich en leuk!

Wy fregen de besikers op heitenmem.nl

Binne húsdieren wichtich yn de opfieding fan jim bern?

Poll Nee

JA

82%

18%

Húsdieretest

Elk jier komme der sa’n 80.000 bisten binnen yn it asyl. Do silst dus net de earste wêze dy’t in ferkearde ynskatting makket oer it hawwen fan in húsdier. Foar de measte húsdieren moat aardich wat jierren soarge wurde. In knyn wurdt tusken de 6 en de 8 jier âld, hûnen tusken de 10 en de 14 jier (ôfhinklik fan it ras) en katten kinne wol sa’n 20 jier wurde! Twifelest noch om in húsdier oan te skaffen? Doch dan de húsdieretest op www.dierenbescherming.nl/ huisdierentest. Mear as de helte fan alle húshâldens hat in húsdier. Yn hast 40 prosint fan dy húshâldens is in hûn of in kat oanwêzich. Yn Nederlân wurde mear as 5 miljoen hûnen en katten hâlden.

Heit en mem, ik wol in hûn!

17


‘Reedriden is in echte famylje­ sport. Ien fan ’e seldsume.’ Famylje Horjus út Burgum

‘Ik fyn it leuk om mei syn allen te riden.’ Janna (7 jier)

‘Ik heb eigenlijk nog een hobby. Voetballen.’  Mark (6 jier)

‘Ik bin hielendal gjin sportman.’ Heit fan Jildou (Ale Jan Pijlman fan Nijhoarne)

‘Ik oefenje hjir noch gau even foar it reedriderskamp.’ Jildou (9 jier)

18


‘Met schaatsen leer je al jong wat doorzetten is.’  Ingrid Miedema (mem fan Julia, Ruben en Mark)

‘In de winter gaan we zeker iedere week even de ijsbaan op. Daar neem ik graag vrij voor.’ Age Miedema (heit fan Julia, Ruben en Mark)

‘As wy hjir mei heit binne, sjogge wy him de hele middei net mear. Dy is op ’e grutte baan.’ Geertsje (9 jier)

‘Takom jier krij ik echte noaren.’  Johan (11 jier)

Stiet dyn bern dizze winter foar it earst op redens? Mail dyn foto nei ynfo@heitenmem.nl. Besjoch de foto’s en mear reedriidferhalen op www.heitenmem.nl

19


DE STEIGERAAR w w w. d e s t e i g e r a a r. n l

DE STEIGERAAR, VOOR AL UW STEIGERHOUT & SLOOPHOUT MEUBELEN! Wil je langskomen? Dat kan dagelijk tussen 8.15 - 17.00 uur en op zaterdag tot 12.30 uur. Tel: 058-2518515 of 06-42764252 Wielsterdijk 33, Weidum (tussen Jellum en Weidum in de oude kaasfabriek)


BERNEboeken sk Fry oek teb prin it jier fan

Krûpelhintsjes

Auck Peanstra, Afûk

It Nederlânske wurd ‘lieveheersbeestje’ hat in hiel

€ 9,95

3+

soad oersettingen yn it Frysk, dêrûnder it prachtige wurd ‘krûpelhintsje’. Krûpelhintsjes is in prachtich yllustrearre boekje, mei grappige gedichtsjes. Op eltse side stiet in krûpelhintsje. Kinsto it fine?

€ 11,95

Marith har boek

Marith Posthumus (2) is sljocht op boeken en boekjes. ‘Marith lêst altyd en oeral’, seit har mem Tiny

Aagtjes. As Marith moarns eefkes wachtsje moat dan krijt sy in boekje op bêd. Boekjes lizze troch it hiele

hûs hinne. Boppe hinget in grutte boekeplanke mei printeboeken foar Marith en ûnder yn de kast stiet

ek in grutte foarried. Dêr kin Marith sels by. ‘Marith

In echte jonge / In echt famke Guido van Genechten, Afûk

Twa moai yllustrearre boekjes oer in jonkje en in

famke dy’t fan alles wêze kinne. De jonge kin in echte

astronaut wêze, in kening fan in grut lân of in superstoere cowboy. En it famke kin wol in prachtige prinsesse wêze,

in knappe sjirurge of in bekende sjongeres. Mar wat se yn

alle gefallen al binne, is in ECHTE jonge en in ECHT famke.

is hiel wiis mei har boeken,’ seit Tiny, ‘se rommet se

€ 13,95

sels wer op en set se allegear mei de rêch nei foaren werom yn de kast.’ De boeken foar Marith wurde

regelmjittich wiksele en oanpast oan in tema. ‘No ha wy de winterboeken yn de kast stean. Dikkie

Dik, ijskoud fan Jet Boeke is op ’t heden ien fan de

favoriten, mar Dikkie Dik, het dikke verjaardagsboek wurdt ek graach lêzen.’

Ta eare fan de 30e jierdei fan Dikkie Dik binne de tritich

3+

Kranen, kypauto’s en folle mear Wolfgang Metzger, Afûk

2+

In prachtich grut en stevich (38x34 sm) kartonboek

foar alle lytse en grutte fans fan ferfiermiddels. Wat

gebeurt der allegearre op it bouplak, it fleanfjild, by

it útriden fan de brânwacht of yn ’e haven? De platen binne ryk oan details.

moaiste Dikkie Dik-ferhalen bondele yn in dik boek.

De grutte platen mei in pear rigels tekst meitsje it foar heiten en memmen fan pjutten ek hiel geskikt om

€ 9,95

foar te lêzen. It omslach fan it boek is bysûnder troch

Dikkie Dik – Poezesirkus

besiket yn de hingmatte te klatterjen mar falt der like

In nij ferhaal fan Dikkie Dik dy’t mei syn freontsjes

in hologram dat in hiel ferhaaltsje fertelt. Dikkie Dik

Jet Boeke, Afûk

hurd ek wer út.

in sirkusfoarstelling jout. In sirkus mei bysûndere

Heit Wierd Jan lêst Marith ek graach foar. Syn beurt

gefallen in protte wille.

3+

artysten, mar net alle trúkjes slagje... Sy hawwe yn alle

komt jûns as Marith op bêd giet. Hy pakt net in

printeboek fan Dikkie Dik, mar de sammelbondel fan Jip en Janneke. Tiny: ‘Ik fertink him der fan dat hy de

€ 16,50

ferhaaltsjes stikem sels ek noch hiel leuk fynt!’

Baas boven baas

Dikkie Dik, het dikke verjaardagsboek

In Baas boven baas is Roy zijn ouders de baas. Dat

Troch Arthur van Norden en Jet Boeke. Jet Boeke makke ek de yllustraasjes.

Yn it Frysk binne der ek Dikkie Dik-boeken útbrocht.

Hat jim bern in boek dat hy of sy it alderleafste lêst? Mail in foto (wêrop at dyn bern en do in boek oan it lêzen binne) mei in ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

Jorien de Bruijn, Nieuw Amsterdam

6+

begint al vroeg. Zijn zachtaardige moeder Jet kan hem

eigenlijk niets weigeren. En ook zijn vader geeft snel toe. Voor Jet en Luuk is het leven met een verwende Roy niet leuk. Als hij jong is vinden ze het vooral vermoeiend,

maar als Roy ouder wordt, komt er een moment dat het ondraaglijk wordt.

21


Namme

Marjanna van der Hoek (26) Wenplak

Stynsgea Relaasje

11 jier tegearre mei Aalzen (25)

Marjanna is no 40 wiken en 3 dagen yn ferwachting fan har earste berntsje.

22


‘Myn swangerskip wie gjin rôze wolk’ ‘Myn swangerskip wie no net echt in rôze wolk. Doe’t ik krekt yn ferwachting wie, wie ik sa beroerd as in kat. Doe’t ik njoggen wike yn ferwachting wie gienen wy nei in bradery, dêr’t se poffertsjes oan it bakken wienen. Ik koe net oer dy lucht en fielde my freeslik mislik. Elkenien tocht dat ik in min sin hie, dus doe haw ik it ús heit, syn freondinne en myn broerke mar ferteld. Us mem libbet spitigernôch net mear. No’t ik yn ferwachting bin, is dat in ekstra grut gemis. Wat hie ik graach wollen dat ik dit mei har diele koe.’ Te betide weeën ‘Myn mislikheid gie net oer. Ik koe neat binnenhâlde en gjin lucht ferdrage. Dus krige ik mei tolve wiken swangerskip dêr medisinen foar. Doe’t ik njoggenentweintich wiken yn ferwachting wie krige ik lêst fan hurde buken. By de ferloskundige die bliken dat ik al weeën hie. Doe moast ik in wike yn it sikehús bliuwe en krige ik weeëremmers. Mei ienentritich wiken moast ik alwer in wike nei it sikehús om’t ik wer te betide weeën hie. Ik hie graach in swangerskips- en in boarstfiedingskursus dien, mar om’t ik sawat de hiele swangerskip thús plat lizze moast, kaam dat der spitigernôch ek net mear fan.’ ‘De reden fan de te betide weeën, wie de GBS baktearje. GBS stiet foar Groep Bacterie Streptokok. Ien op de fiif froulju binne draachster fan dy baktearje. Meastal is de baktearje ûnskuldich, yn inkele gefallen kin men dêr blaasûntstekking fan krije of siik fan wurde. Om’t

ik dy baktearje haw, moat ik yn it sikehús befalle. Ik moat nammentlik ûnder de befalling al oan de antybioatika, omdat ik oars de poppe ek besmette kin mei de baktearje. De kâns bestiet dat hy of sy der dan slim siik fan wurde kin. Us berntsje moat sowieso noch 1 of 2 dagen yn it sikehûs bliuwe foar observaasje.’ In stoere mem ‘Gelokkich giet it no hiel goed mei my, ik fiel my super. Ik kin net wachtsje oant de poppe der is. Hy lit ús al in hiel skoft yn spanning. No mei it komme en no komt it net! Ik hoopje dat de befalling aanst in bytsje flot giet. Mar ik haw sa’n fermoeden dat de befalling, lykas myn swangerskip wol net probleemleas gean sil. Wy sille it sjen. It geslacht is by ús noch net bekend. Myn freon hopet op in jonkje, in lytse reedrider. Aalzen wurdt tink ik in sportive heit dy’t aanst graach mei ús berntsje te reedriden of oars te sporten giet. Ik tink sels dat it in famke wurdt. Ik tink ek dat ik wol in stoere mem wêze sil, strang mar rjochtfeardich. As ús berntsje aanst nei de boarterstún giet, klim ik like graach mei yn it klimrek.’

Wolst witte hoe’t de befalling gie en hoe’t de poppe derút sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolchferhaal! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels, mei in koart ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

23


Ciska Noordmans

Mei in auditive beperking nei Wapper Trije kleurige jaskes en in blauwe pampertas hingje oan de kapstok. Wachtsjende âlders yn in keamer en achter de doar fiif moaie berntsjes. Dêr yn it lokaal binne trije begelieders dy’t mei har oefenje, prate en ferskes sjonge. Berntsjes tusken de oardel en trije jier, gewoan en dochs bysûnder. Allegearre ha sy in gehoarbeperking. It binne de bern fan de pjuttegroep Wapper foar audityf beperkte bern yn Ljouwert. Wapper heart by de Stichting Gesinsbegelieding en sit yn it gebou fan it Audiologysk Sintrum oan de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert.

24

In dôve meiwurker hat in foarbyldfunksje

Fryslân mei in gehoarbeperking nei Swolle ta. In ein fleanen. Foar heiten en memmen wie dat slim te kombinearjen mei wurk.’ De pjuttegroep is op 1 novimber 2009 úteinsetten en op it stuit komme de pjutten ien kear yn de wike nei Ljouwert. Elke tiisdeitemoarn geane twa pedagogyske meiwurkers en in logopediste mei de bern oan it wurk. No binne dat trouwens noch twa hearrende pedagogen mar ynkoarten sil der in pedagogysk meiwurker komme dy’t sels ek in gehoarbeperking hat, of dôf is. Sa’n pedagogysk meiwurker is net allinne hiel handich omdat dy krekt wit wat de bern ûnderfine, hy hat boppedat ek in foarbyldfunksje: ast audityf beperkt biste, kinst krekt as alle oaren meidraaie, in húshâlding en in baan ha, en hoechst dysels neat te ûntsizzen!

Froukje Klijnstra, maatskiplik wurkster by de Stichting Gesinsbegelieding, fertelt: ‘Earst moasten alle bern út

‘By Wapper is foar elk bern in eigen plan fan oanpak makke, dat de liedsters goed yn de gaten hâlde. Somtiden wurdt der ien op ien mei de bern boarte, somtiden

binne der mominten foar de hiele groep’, fertelt Froukje Klijnstra. ‘Bygelyks as der in ferhaal foarlêzen wurdt, is der ien liedster dy’t fertelt mei har stim, in oare liedster dy’t it ferhaal mei gebaren sjen lit, en de tredde kin de bern observearje. Hoe reagearje se, krije se alles mei fia it sprutsen wurd, de mimyk, de gebaren, of riede sy de helte? Oan de hân fan har befinings kinne de plannen dan wer bysteld wurde, sadat de bern wer in stapke fierder komme.’

Bern brûke alle sintugen foar de betsjutting fan in wurd ‘Net allinne de bern komme yn in wrâld fan herkenning. Ek foar de âlders is de pjuttegroep yn Ljouwert in hiele winst. Alders bliuwe wachtsjen


yn de keamer njonken it lokaal. Dêr kinne sy erfarings útwikselje. Want bern mei in gehoarbeperking binne yn de minderheid, by de measte oare heiten en memmen fynst net in soad herkenning. En dat wylst âlders wol hiel graach tips, trúks en ferhalen útwikselje wolle.’ Foar de âlders wurde ek tema-moarnsskoften organisearre dy’t te krijen ha mei kommunikaasje en opfieding fan bern mei in gehoarbeperking. Dat giet ûnder begelieding fan in logopedist of in psycholooch. Mar ek de heiten en memmen sels krije les! De gebaren dy’t de bern op de groep leare wurde oefene, lykas de rymkes en de ferskes. In ko wurdt ferbylde troch de hoarnen op de kop en by de bal meitsje beide hannen in heale sirkel, en ûndertusken wurdt it wurd dúdlik artikulearre, sadat de bern mei alle sintugen de betsjutting meikrije. Taal komt makliker op gong mei gebaren ast de wurden sichtber meitsje kinst.

Wat net helpt is hiel lûd prate. Fergelykje it mar mei in stereoblaster. Alles is der op rjochte om de bern in feilich plak te jaan yn it deistich libben. Sy moatte feardichheden leare mar ek genôch selsfertrouwen krije. Meastentiids binne it mar lytse dingen dy’t krekt wat oars geane, ast mei dizze bern praatst. Froukje Klijnstra: ‘Belangryk is datst de oandacht hast, ast begjinst te praten. Tikje de bern earst eefkes op it skouder of neam se by de namme. Praat net te fluch en sjoch de bern oan. It jout in befêstiging asto yn dyn ferhaal gebaren brûkst. (‘Ja hoera, it ferhaal dat ik hear/sjoch kloppet mei de gebaren.’) Wat net helpt is hiel lûd prate. Fergelykje it mar mei in stereoblaster dy’t hiel lûd stiet, dan hearst ek neat mear, útsein in soad kabaal.’

Lytse oanpassingen kinne in soad rêst jaan. Rêst en regelmaat binne ek foar dizze bern belangryk. Rêst, om’t it in grutte ynspanning freget om alles te folgjen. Sy moatte sa no en dan it batterijke wer oplade kinne troch eefkes allinnich te boartsjen. Regelmaat is fansels goed foar alle bern, mei of sûnder auditive beperking. By Wapper knipperje se bygelyks altyd mei it ljocht as it tiid is foar fruititen. En alle moarnsskoften wurde de bern wolkom hjitten troch Wapper, de hânpop, en oan de ein fan de moarn swaait Wapper de bern wer út. It is foar de bern, de âlders en de minsken dy’t profesjoneel belutsen binne by Wapper in unyk projekt. It komt oan op de gearwurking en de kommunikaasje tusken dy groepen. ‘Wy binne der bêst grutsk op,’ seit Froukje Klijnstra, ‘dat wy dit allegearre foarelkoar krigen ha yn Fryslân.’

25


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Even roppe! Jesper (5) freget buorman wat er oan it dwaan is yn de tún. Buorman leit út dat hy tulpebollen yn de grûn docht, wêrtroch’t yn de maitiid moaie tulpen út de grûn nei boppen komme. De oare deis freget Jesper, dy’t fassinearre is troch de tulpen, oan buorfrou oft de tulpen der al binne. As ek buorfrou útleit dat it dan earst noch winter wurde moat en dat se dêrnei pas boppe komme, freget Jesper, ‘wol buorfrou my dan even roppe?’

Frouwepoep! Mem is Marjet (heal jier) oan it ferskjinjen. Jorrit (3) stiet derby en sjocht nei de poeppamper. Dan seit er: ‘Bah, frouwepoep!!’

Frisbys Jorn Lars (5) freget oan syn suske Ilse Marije (4) oft se ek fereale is. ‘Ja’, seit se, ‘op Femke’. ‘Ha ha’ laket Jorn Lars, ‘dan binne jimme frisbys!’ (lesbysk)

Bonken Aniek (6) sjocht yn in boek in bonke fan in hûn. ‘As wy letter dea binne, dan ite de hûnen ús bonken op.’ ‘No dat hoopje ik net’ seit mem. ‘Oh, dan komme ús bonken letter yn in museum!’

Krintebolleboer Teije (2) is mei mem oan ’t boadskipjen. Se hawwe earst al by de grienteboer west en no binne se by de bakker om krintebollen. As se ôfrekkene hawwe, swaait Teije noch even nei de bakker en ropt: ‘dohoo, krintebolleboer’.

In kudde fûgels Famke (6) sit te iten. Underwilens sjocht se nei bûten. Dan ropt se mei folle mûle: ‘Sjoch, in kudde fûgels!’

De Ale Doe’t ik swanger wie hienen wy it thús mei ús trije soannen altyd oer ‘de’ baby. Yn augustus is ‘de’ baby berne, in jonkje, Ale. Op de dei dat Ale berne waard, kaam Tjitte (3 jier) entûsjast oanstoarmjen en rôp: ‘Heity, heity, kom gau! ‘De’ Ale is wekker.’

26

Tarzan Jens fan 3 is hjoed grutte neef wurden fan in lyts nichtsje. Har namme is Tara mar neffens Jens hjit se Tarzan.


heit en mem boEken Potstro Fongers

€ 17,50

Sietse de Vries, Friese Pers Boekerij

Dizze misdiedroman giet oer trije manlju fan middel-

bere leeftyd dy’t besykje wat fan it libben te meitsjen. Snackbarhâlder Cor Fongers dreamt fan in potstro, in

bistro mei allinne Fryske gerjochten. Aptekersassistint en keapman Marten Bok siket om in belizzing foar

syn swarte jild. Resjersjeur Arjen Witteveen begjint

op terapeutyske basis oan it ûndersyk nei de moard op dyselde Marten Bok.

Uut de boekekaaste van Attie Nijboer Attie Nijboer van De Fochtel het in de kaaste een protte boeken staon daor ze wies mit is, mar iene van de mooisten komt van Kluun Komt een vrouw bij de dokter. ‘Et is een autobiografische roman van Raymond van Klundert,’ vertelt Attie Nijboer. De kwetsbere opstelling van die schriever sprekt heur an en et verhael maekt een boel emosies los. ‘De heufdpersoon is an de iene kaante een hufter, een klootzak, en maekt je verschrikkelik lelk. An de ere kaante gaot hi’j hiel liefdevol omme mit zien vrouw, die bostkanker het. Dat maekt him weer sympathiek.’ Attie het et verlös van femilie deur disse ziekte meer as ienkeer mitmaekt. De herkenning van de emosies is groot. ‘Welke mem wil now niet zien hoe as heur kiender opgruuien? Vanzels vecht ie deur! Mar ok de andacht die an de verzorger veurbi’j gaot, is goed an te vulen. De heufdpersoon wil vechten, vot van de dood naor et leven toe. Aj’ et boek lezen, kommen alle meenselike emosies veurbi’j, mar juust daoromme weet ik niet as ik de film ok zien wil!’ Komt een vrouw bij de dokter is it ferslach fan in hippe Amsterdamske heit dy’t alles hat; hy en syn frou ha beide in eigen bedriuw, sy ha tegearre in dochter, in soad jild, freonen en in moai hûs. Yn de bloei fan syn libben komt as in mokerslach by heldere himel de diagnoaze oan dy’t syn frou krijt: sy hat boarstkanker. Mei humor, rou en tagelyk mei in soad gefoel hat er de rollercoaster fan emoasjes beskreaun dêr’t er yn belâne is. Hy nimt dy mei yn de wrâld fan it sikehûs, kinst lêze hoe’t er foar de sjarmes fan in oar falt, mar ek mei hoefolle leafde oft er syn frou fersoarget. Kluun (1964) ferlear syn frou op 36-jierrige leeftyd oan kanker.

Komt een vrouw bij de dokter kluun

NS Publieksprijs 2006 Uitgeverij Podium BV

In beferzen mar

€ 18,50

Durk van der Ploeg, Friese Pers Boekerij

Op in dei komt der in man by Lochman Raven oan ‘e doar. It blykt syn broer Teves te wêzen. Hy wie in healjier doe’t syn mem stoar en fiif moanne letter hat syn heit him

weijûn. Teves wol witte wêrom’t heit him as poppe oan frjemde minsken weijûn hat. Dy fraach groeit by Loch-

man út ta in inerlik konflikt, dat er earst mei himsels en dan mei syn broer útfjochtet.

SOS! Hulp voor ouders

€ 19,50

Lynn Clark, Bohn Stafleu van Loghum

SOS! Hulp voor ouders reikt je praktische handvatten aan om ongewenst gedrag van je kind te veranderen. Het

gaat hierbij om vaardigheden, procedures en strategieën die direct toegepast kunnen worden en waarvan in de alledaagse opvoedpraktijk bewezen is dat ze effectief zijn. Ouders krijgen met deze stap-voor-stapmethode

meer zelfvertrouwen, de sfeer in het gezin wordt meer

ontspannen en het kind blijer en gelukkiger. Geschreven door een kinderpsycholoog en moeder.

€ 15,00

Als vaders doen wat moeders willen

Trisha Ashworth, H.J.W. Becht’s Uitgevers-Maatschappij

Veel stellen komen na het krijgen van kinderen in een heel andere fase van hun relatie. Die leuke, spontane vrouw is veranderd in een gestreste moeder en die

knappe, zorgeloze man is nu een drukbezette en afwe-

zige vader. Kortom, een moeilijke periode, waarin men Hasto ek in boek wat ast hiel moai fynst? Mail dan in foto fan dy en dyn boek mei in ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

worstelt met alledaagse dingen. Hoe houd je het nog een beetje leuk samen?

27


Groep 8 kiest!

Groep 7 Entreetoets. De learkrêft bepraat de resultaten fan dizze toets mei de âlders. Op dy manier is yn groep 7 al bekend op hokker ferfolchnivo de learling en de âlders har rjochtsje moatte.

28

Groep 8 – jannewaris De learkrêft fan groep 8 bepraat it takomstich nivo fan de learling mei de âlders en jout dêr in advys yn. De learkrêft fertelt ek oer de ferskillende middelbere skoallen en de iepen dagen fan dy skoallen.


It lêste jier fan de basisskoalle is in spannend jier foar learlingen fan groep 8 en harren âlders. Want op hokker nivo sil it bern aanst fierder gean op de middelbere skoalle? Wurdt it VMBO, HAVO of dochs VWO? En sadree’t dy kar makke is, komt de folgjende der alwer oan: hokker skoalle is it geskiktst om dat type ûnderwiis te folgjen? Deskundigen fertelle oer groep 8 en de kar foar ferfolchûnderwiis. Richard van der Beek stiet al sa’n fjirtich jier foar groep 8 oan de Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. Wêr sjogge jo nei as jo in advys útbringe moatte foar it type ferfolchûnderwiis? ‘Het allerbelangrijkste zijn de prestaties van de leerling van het hele schooljaar. Daarnaast kijk ik naar de resultaten van de drempeltoets, de variant van de Citotoets die wij gebruiken. Verder is ook de wens van de ouders van belang, want uiteindelijk hebben zij het laatste woord.’ Advisearje jo by in twivelgefal it hegere of it legere nivo? ‘Dat hangt van het kind af. Als het kind serieus en gemotiveerd is en veel doorzettingsvermogen heeft, adviseer ik het hogere niveau. Een voordeel van de drempeltoets is dat deze ook zaken

als doorzettingsvermogen, zelfbeeld, secuurheid en ruimtelijke oriëntatie test. De drempeltoets kan bij een twijfelgeval dus helpen om de juiste keuze te maken. Verder vraag ik mezelf bij zo’n geval altijd af of het kind plezier in leren heeft of niet.’ Dan is op in stuit it nivo bepaald, mar dan moat ek noch foar in skoalle keazen wurde. Wat spilet der mei by dy kar? ‘Vanuit Feanwâlden kunnen de kinderen heel veel kanten op, want onze leerlingen kunnen terecht in Burgum, Leeuwarden, Buitenpost, Drachten en Dokkum. Bij de keus voor een school wordt er gelet op de afstand, vervoersmogelijkheden en de identiteit van de school. De kinderen zelf gaan graag daar naar toe waar hun vriendjes naar toe gaan. Verder vinden

Tineke Bosma wurket al hast tsien jier as dekaan op it Dockingacollege yn Dokkum. Lês har antwurden op dizze fragen op www.heitenmem.nl

De kar yn skema Basisskoallen hâlde it nivo en de hâlding­ fan learlingen yn ’e gaten troch it wetlik ferplichte Leerling- en onderwijs­ volgsysteem (LOVS). It LOVS bestiet ûnder oaren út leerlingvolgsysteemtoetsen. Dat is in toets dy’t de learling twa kear jiers – yn novimber en maart – makket. De toets biedt ynformaasje oer: funksje-ûntwikkeling, lêzen, hollerekkenjen, staverjen, rekkenjen en begripend lêzen. De boppebou krijt de Entreetoets der noch by. Dat is in toets

dy’t al advys jout oer de rjochting fan it fuortset ûnderwiis. Groep 8 makket dan noch de Eintoets Basisûnderwiis. De Cito-toets is wol de bekendste fariant fan in eintoets. Yn Fryslân meitsje de measte basisskoallen lykwols gebrûk fan de drompeltoets, in alternatyf fan de Cito-toets. De Cito-toets test benammen kennis, mar de drompeltoets giet ek yn op trochsettingsfermogen, selsbyld, krektens en romtlike oriïntaasje.

Groep 8 – febrewaris/maart De learlingen meitsje de Eintoets Basisûnderwiis. De learkrêft bepraat de resultaten dêrfan mei de âlders.

Groep 8 – foar 1 april De learling oanmelde op de nije skoalle. Soms ferstjoert de learkrêft fan groep 8 de oanmeldingsformulieren, soms moatte de âlders dat sels dwaan.

veel ouders het eng om hun kind meteen naar een grote stad te sturen. Ze kiezen vaak eerder voor een dorp.’ Fernimme jo ek wat fan de ‘zesjescultuur’ dy’t hjir yn Fryslân skynt te hearskjen? ‘Nee, dat valt wel mee. Ouders kunnen het niveau van hun kind over het algemeen goed inschatten. Ik merk dat ouders in het Westen van het land hun kind vaker en sneller naar bijles sturen, omdat ze graag willen dat hun kind op een hoger niveau verder gaat. Wat dat betreft zou je kunnen zeggen dat westerlingen juist te hoog inzetten in plaats van wij te laag.’

De ferskillende foarmen fan fuortset ûnderwiis VMBO (Voorbereidend Middelbaar beroepsonderwijs) It VMBO hat de folgjende learwegen: basisberoepsgerichte leerweg, kaderberoepsgerichte leerweg, gemengde leerweg en theoretische leerweg. Dy ûnderwiisfoarm duorret fjouwer jier. VWO (Voorbereidend Wetenschappelijk Onderwijs) It VWO bestiet út twa farianten: Ateneum en Gymnasium. Dy ûnderwiisfoarm duorret seis jier. HAVO (Hoger Algemeen Voortgezet Onderwijs) Dy ûnderwiisfoarm duorret fiif jier. Groep 8 – april/maaie De talittingskommisje fan de middelbere skoalle lit de learlingen dy’t har oanmeld hawwe, ta op in bepaald nivo.

29


Marrit de Schiffart

It poppe-fokabulêre Krekt lykas in protte oare froulju, bin ik ien kear yn de fjirtjin dagen by H&M te finen: eefkes sjen at de nije foarjierskolleksje al binnen is. Of soe dat iene blauwe jurkje no al ris by de útferkeap hingje?... Lêstendeis wie der lykwols wat raars oan ’e hân. Ik betrape mysels derop dat ik it blauwe jurkje foarby rûn en fierder strúnde... Ik fûn mysels werom tusken de romperkes op de berneôfdieling. De ber-ne-ôf-die-ling, of all places, ik ha noch noait wat hân mei minsken dy’t lytser binne as in meter. Dat is no oars. Alles is oars. Net om’t de biologyske klok him oppenearret, safier is it noch net. Nee, ik ha in lyts neefke krigen. Hy is prachtich en hyt Finn. Sa hjitte de kening fan de Friezen oan it begjin fan de fyfde ieu ek, teminsten dat stiet yn guon âlde geskriften. Hoewol’t Finn foar my no al in kening is, is er net ferneamd. Teminsten net nei kening Finn, wol nei ús heit, mar dat komt om’t syn twadde namme Jehannes is. Mar hawar, dêr woe ik it no net oer ha. Ik woe fertelle dat it wat mei jo docht, dat muoike wurden. Jo ûntdekke de berneôfdieling fan de Hennes, mar dat is net it iennige, in hiele nije wrâld teart him iepen foar my. Sa is de Quinny de Mercedes ûnder de berneweinen. En in tafelstoel? Dan moatte je de Stokke ha, dy groeit mei it berntsje mei en is dus foar it hiele libben! Allegearre ynformaasje dy’t ik – sûnt Finn berne is – yn my opnommen ha. De grutste ûntdekking dy’t ik lykwols dien ha yn dit poppeoan-it-dûnsjen-proses, is fan in wat oar kaliber. Want in lyts neefke krije en de Fryske taal, dat is net in goeie komby. Sa wie myn skoansuster bygelyks net ‘swanger’, nee neffens it wurdboek moast dat ‘swier’ wêze. En se hat gjin ‘baby’ krigen, mar in ‘poppe’. En dy poppe leit net te sliepen yn de ‘wieg’, mar yn ’e ‘widze’. En wat moat ik mei wurden as speen en pamper? Gek wurd ik derfan, dat ûnmooglike en ûnnatuerlike Fryske poppe-fokabulêre. Guon wurden binne maklik op te lossen, sa meitsje ik fan ‘poppe’ gewoan ‘lytse’ en ‘swier’ wurdt ‘yn ferwachting’. Dochs binne der ek drege by. De alderdreechste oppenearre him doe’t ik de berte fan lytse Finn wrâldkundich meitsje woe. Entûsjast folle ik by myn ‘wie, wat, waar’ op Hyves yn: ‘tante wurden fan in moai jonkje!’. Wrong! ‘Tante’ moat ‘muoike’ wêze. Mar ‘muoike Marrit’, dêr kin ik dus neat mei. Moaie alliteraasje, mar dat is dan ek alles. Ik wegerje om assosjearre te wurden mei âlde froutsjes dy’t oan ’e hege tafel sitte te hantwurkjen. Want dat is wat muoikes dogge, toch? Ik wol in hippe, frisse, jonge tante wêze en dêr past dat wurd ‘muoike’ net by. Dus leave Finn, asto my no gewoan Marrit neamst, dan bliuwsto foar my kening Finn.

30

30


Jim wurde pake en beppe! Grieme op syn Frysk!

Stip en syn pake en beppe

Watfoar waar it ek is, Stip en pake fine tegearre fan alles út. Se binne dan ek o sa wiis mei elkoar. Stip fynt it ek moai om beppe te helpen en beppe kin ek hiel moai foarlêze. Stip en beppe binne dan ek o sa wiis mei elkoar. Foar € 6,50 te bestellen fia http://boekwinkel. afuk.nl of te krijen yn de boekhannels.

Foar € 7,50 te bestellen fia http://boekwinkel.afuk.nl of te krijen yn de boekwinkel fan de Afûk.

Pake en Beppe, fertel no!

Hoe seach pake syn keammerke der eartiids út? Watfoar boartersguod hie beppe? Wa wie pake syn earste freondinne en wat makket beppe gelokkich? In boekje fol fragen foar pake of beppe en in moai oantinken foar de pake- en beppesizzers. Dizze boekjes binne foar € 7,50 te bestellen fia http://boekwinkel.afuk.nl of te krijen yn de boekhannels.

Hoe hawwe jimme it ferteld? EHBO

Ik ha in kofferke makke foar ús âlders mei de letters EHBO derop (earste help by oppassen). Yn dat kofferke haw ik allegear berneguod dien, sa as in slabke mei Ik (hertsje) pake en Ik (hertsje) beppe, in Frysk foarlêsboekje, in knuffelbearke en noch wat oar guod. De reaksjes wienen ûnferjitlik... Grytsje Bakker

Sinteklaasgedicht

Fjouwerentweintich jier lyn, mei Sinteklaas wie ik krekt 3 moanne yn ferwachting. Doe haw ik ús heit en mem in gedichtsje skreaun dêr’tr yn stie dat der oer 6 moanne wat barre soe. Us mem wie drok oan it lêzen mar se snapte der neat fan. Oaren fleagen my al om de hals en lokwinsken my. Doe’t ús heit en mem nei it âldereinhûs ferhuzen, krige ik fan ús mem it gedichtsje werom. Se hie it bewarre. Atsje Bouma

T-shirt

Doe’t ik yn ferwachting wie fan ús twadde berntsje woenen wy dat op in orizjinele wize oan ús heiten en memmen fertelle. We ha in t-shirt meitsje litten foar ús jonkje Wietse Jochum. Op de foarkant stie: Hoera!!! (z.o.z.) en op de achterkant: Ik krij in broerke of suske!!!! De reaksjes wienen geweldich! Anna Bijlsma út Jorwert

Kaart

Wy woenen it grutte nijs oan myn skoanmem op in spesjale wize fertelle, om’t sy ek al beppe wie fan fjouwer beppesizzers. Dat wy hawwe wachte oant har jierdei. Wy hawwe har in kaart jûn mei ‘Hoera, in beppesizzer op komst!’ Se makke de kaart iepen en it wie hielendal stil. Se seach ús oan en begûn sa te gûlen fan bliidskip, prachtich! Dit ferjitte je net wer. Sonja Land út Holwert

Chocolade BABY

Vorig jaar in de week van 5 december 2008 was ik precies 12 weken zwanger. Een mooi moment om het te vertellen. We zouden Sinterklaas gaan vieren met familie. Ik heb 4 chocolade letters (de letters B A B Y) per stuk ingepakt. Ik had voor iedereen (mijn ouders, mijn broer en z’n vrouw) een letter en een klein gedichtje. Ze hebben het tegelijk uitgepakt. Mijn broer snapte niet wat hij met een Y moest, maar het kwartje viel wel direct bij mijn moeder en schoonzuster. De avond kreeg een hele leuke wending met een kado dat nog een paar maanden op zich liet wachten.... Bouke en Trijntje de Jong

Echo

Wy ha myn skoanâlders ferteld dat ik yn ferwachting wie mei in echo. Wy binne nei skoanheit en -mem tagien mei oranjekoek en in slúfke mei de echo deryn. Hielendal út de skroeven fansels. Al hie skoanmem it al sjoen oan myn eagen. Antje Castelein

31


Fleanende drok mei de Jeugdf没gelwacht Marrit de Schiffart

32


In blaumieske (pimpelmees) is lytser as in blokfink (koolmees) en in

spjocht brûkt syn sturt om op te leunen. De jeugdleden fan Fûgelwacht De Zwaluwwand op It Hearrenfean komme hiel wat te witten op in

kuiertocht troch natuerreservaat it Ketliker Skar. De Jeugdfûgelwacht is populêr, net allinne op It Hearrenfean, mar troch de hiele provinsje.

In konstatearring dy’t basearre is op it groeiende oantal jeugdleden.

33


‘Luister eens, wat is dit voor vogel?’ Nei dizze opmerking fan Jaap Veenstra hâlde de bern har pas yn en harkje nei it lûd dat boppe alle oare bosklûden útkomt. ‘In Boomklever!’ ropt Jens Tamminga dan lûd. En yndied, it hege lange lûd is it lûd fan in Blauspjocht, sa’t de fûgel op syn Frysk hjit. Yn in groepke fan sa’n tweintich man rint de jeugdôfdieling fan Fûgelwacht Hearrenfean/Oranjewâld troch it Ketliker Skar, in natuergebiet fan it Fryske Gea, flakby Mildaam. De kuiertocht - opset troch jeugdlieder Veenstra – is ien fan de tsientallen aktiviteiten dy’t De Zwaluwwand foar de jeugd organisearret. Dat binne meast aktiviteiten mei in edukatyf karakter, mar foarop stiet dat de bern nocht krije oan de natuer. Der is dan ek net allinne oandacht foar fûgels, mar ek foar alle oare aspekten fan de natuer, lykas beammen, planten en bisten. Hjoed sammelje de bern de blêden fan de ferskillende beammen. Al strunende troch de bosk komt it pûdsje dat se meikrigen hawwe hieltyd foller. Corné Osinga fynt mei it tamme kastanjeblêd in wol hiel bysûnder blêd. De tamme kastanje libbet

34

sa’n 500 oant 1500 jier. ‘Toch komen die rimpels niet door de ouderdom,’ fertelt Veenstra, ‘deze boom heeft gewoon rimpels van zichzelf.’ Grutsk stoppet Corné it blêd yn syn pûdsje. Corné is mei syn 8 jier ien fan de jongste leden

De passy foar fûgels ha ik fan myn pake. fan De Zwaluwwand. Hy is al syn hiele libben gek op fûgels. Oer de fraach wat er it leukste oan de Jeugdfûgelwacht fynt, hoecht er net lang nei te tinken: ‘It ringjen. Troch de rinkjes dy’t wy om de poaten fan sweltsjes dogge, witte se yn Amearika dat it fûgeltsje út Fryslân komt. Dat fyn ik hiel bysûnder.’ Ek Patrick Hindriks (12) is bliid mei syn lidmaatskip. De passy foar fûgels hat er fan syn pake, fertelt er. ‘Wy hawwe hjir by de Fûgelwacht in sweltsjewand, flakby ús keet It Skûlplak. Dy wand ûnderhâlde wy sels. Ik fyn it moai om te sjen hoe’t de sweltsjes dêr gebrûk fan meitsje. It nêst fan in sweltsje kin wol oardel meter djip

wurde! Spitich genôch meie wy net nei binnen sjen, want dan fersteure wy it briedgedrach.’ Ûndertusken ûnderbrekt de delegaasje fan de Jeugdfûgelwacht syn kuiertocht by in beam fol mei gatten. Dat hat it wurk fan in spjocht west, witte de bern. Veenstra kloppet op de beam en konstatearret dat er hol is. ‘Spechten nemen bijna altijd een zo goed als dode boom om hun nest in te maken’, fertelt de begelieder. ‘Dode bomen zijn hol en daardoor kan de vogel makkelijker gaatjes in de boom maken. Wisten jullie trouwens wel dat spechten niet alleen op bomen tikken om een nest te maken, maar ook om andere beesten weg te jagen?’ De bern skodzje fan nee. ‘Door het tikkende geluid laat de specht andere vogels weten dat ze uit de buurt moeten blijven.’ It lêste ‘spjochtfeitsje’ fan Veenstra is wol hiel bysûnder. Hy fertelt dat de spjocht syn foarholle meifearret as it bist op de beam om hakt. ‘En dat is maar goed ook, want anders zou het beestje een schedelbasisfractuur oplopen.’ De bern sjogge Veenstra fernuvere oan en begjinne dan te gnizen. Wer wat leuks leard hjoed!


It Bûn foar Fryske Fûgelwachten It oerkoepeljende orgaan fan alle fûgel­ wachten – en dus ek de jeugdfûgelwachten – yn Fryslân is it Bûn foar Fryske Fûgelwachten (BFVW). It bûn bestiet sûnt 1947 en hat likernôch 27.000 leden. De belangrykste taak fan it bûn is de neisoarch foar de greidefûgels. De lêste tiid is der binnen de ferskillende ôfdielingen hieltyd mear omtinken foar de jongerein en ûntsteane der jeugdôfdielingen. In goeie saak, neffens Johan van Aalsum, foarsitter fan de jeugdkommisje fan it BFVW: ‘Ek wy as Fûgelbûn ûntkomme net oan de fergrizing, dêrom dogge wy alle war om de jongerein te beheljen yn it wurk fan de Fûgelwacht. De jongere generaasjes binne ommers de neisoargers fan de takomst.’

De jeugdkommisje ûnderstipet de jeugd­ fûgelwachten troch it oplieden fan jeugdbegelieders, it organisearjen fan jeugdfûgelwachtdagen en it beskikber stellen fan It Sulveren Polske, de priis foar de finer fan it earste jeugdljipaai. Dêrneist giet de kommisje op besite by basisskoallen om bern te entûsjasmearjen en stelt lesmateriaal beskikber. Van Aalsum: ‘Dy wiidweidige oanpak docht blykber fertuten, want de jeugdfûgelwachten groeie noch hieltyd. Op it stuit hawwe wy sa’n 500 jeugdleden.’ Ek lid wurde fan de jeugdfûgelwacht? Sjoch op friesevogelwachten.nl. De Zwaluwwand hat ek in eigen webside: dezwaluwwand.nl.

35


Karen Bies wurket by Omrop Fryslân, is troud mei Maarten en is mem fan Pim (14), Fieke (8) en Hans (6).

Us knyn is dea Wy ha him begroeven yn in kistje yn de tún. Nee, hàr. We witte hast seker dat it in ‘sy’ wie, en boppedat hjitte se Janneke. Myn dochter hie de namme betocht, trije jier lyn. De jonges fûnen ‘Rambo’ moaier, myn man koe neat betters betinke as Earste of Twadde Krystdei, mar ik ha falsk spile mei it lotsjen en liet myn dochter winne. ‘Mar in flink ein ûnder de grûn’, sei buorfrou. Meastal wurde kninen opiten om krysttiid hinne, mar uzes like de Heare Jezus sels wol, sa moai lei se derby yn har krêbke mei strie. It wie ek in prachtich knyntsje, donkerbrún, mei in wyt halske en koarte earkes, krekt wat grutter as in dwerchknyn. Sa nuet wie se net, as de bern besochten har te aaien koene se samar in feninige gnau krije. Ik wie de iennichste dy´t har oppakke mocht. By my siet se dan op ´e skurte, op it bankje yn de sinne. As ik har oer de rêch streake en achter de fluwielen earkes, knypte se har eachjes ticht fan hearlikheid. Se wist fansels ek dat se fan my altyd in dikke bak foer krige. Eins wie dat nergens foar nedich, want Janneke rûn altyd los yn de achtertún en fûn har fretten sels wol. Gers, mar leaver noch de bledsjes fan de akkelei of de friswite fioeltsjes. As Janneke omheech stie by de blompot op, as se har hielendal útstrekte en har sa lang mooglik makke, wol tritich sintimeter fan de achterpoatsjes oan it snútsje ta, dan koe se krekt de blommen snippe. Dat seach der sa skattich út, fûnen wy allegear, dat wy seine der neat fan. Se lústere trouwens ek net goed. Se groef gatten, as dat no krekt tusken myn blommen wie, dat koe har neat skele. Ek dat seach der sa leaf út, as de grûn achter har omheech spatte, mei dat lytse sturtsje it alderskattichst. Of as se lekker yn it sintsje tsjin de klimop oan lei. Doe´t we juster de fytsen pakten om nei skoalle te gean kaam Janneke net oanhippen. We ûntdutsen har, stiif

36

achter yn har stjelp. Dêr´t se sa yn en út rinne koe, in feilich sliepplakje ûnder it gaas, tsjin katten en eksters. Mar no lei se dêr samar dea. Myn dochter begûn te skriemen. ‘Nou is mijn eerste huisdier dood!’ En doe stie myn soan ek yn triennen. Ik krûpte se even oan. ‘We gaan allemaal een keer dood.’ Ik bedoelde it as treast, mar it holp net echt, se gûlden noch hurder. Wierskynlik is Janneke deagien oan in hertoanfal, betocht ik doe. Of gewoan fan âlderdom. Dat fûnen se al akseptabeler. Hoe âld oft ús knyn wie wisten we ommers net. Se kaam op in dei oanrinnen út de bosken fan Bakkefean. Hoe moasten wy witte wat se dêr allegear al meimakke hie. Noch snokkerjend giene de bern nei skoalle. It like my goed foar it rouproses as wy de middeis mei-inoar de knyn bedobje soene, yn in gat yn de tún. Mar se kamen allebeide fleurich thús mei dat se mei dy-en-dy boartsje woene. It grutste fertriet wie al oer. Myn dochter hold harsels foar dat Janneke by libben echt net altyd like leaf west hie, want se hie har ommers wol trije kear biten. En myn soan wist seker dat Janneke leaver begroeven as kremearre wurde woe; se mocht dochs altyd sa graach yn ´e tún omwrotte. Mar hy woe der leaver net by wêze. Dus ik stie dy middeis allinnich te dollen ûnder de pergola, krekt foardat it tsjuster waard, en it begraffenisritueel ha ´k allinnich belibbe. It kistje, it strie, it knyntsje op ´e side, it swarte each wiid iepen sûnder dat it my oanseach. Doe´t it grêf klear wie bin ik noch even sitten gien, mei it kistje op ´e skoat. It lyfke fielde kâld oan mar de earkes wiene noch altyd sa sêft, krekt fluwiel. De krêbe foarsichtich deryn, in flinke bats strie deroerhinne en dan de grûn. In nije pot lekkere winterfioeltsjes der boppe-op. Har bakje mei kninefoer set ik der ek del. De oare moarns binne it allegear moskjes.


Oftelle Hoefolle nachtsjes sliepe noch, mem? Bern kinne faak net wachtsje oant it safier is. Mei de fleurige ôftelkalinders fan www.molenwiekjes.net kinne de bern sels byhâlde hoefolle nachtsjes sliepen oft harren jierdei, de fakânsje of bygelyks de earste dei nei de basisskoalle noch is. De kalinders binne € 1,- it stik.

Hip briltsje Muziek maakt slim Muziek maken is leuk en heeft een zeer positieve invloed op de intelligentie en de sociale vaardigheden van kinderen. Door zelf muziek te maken wordt het IQ van kinderen verhoogd en vooral het abstractievermogen en het analytisch denken sterk verbeterd. Samen musiceren versterkt het groepsgevoel en de discipline, evenals de sociale en emotionele vaardigheden. Bovendien leidt dit tot een positiever zelfbeeld. Meer weten? www.muziekmaaktslim.nl

Zo één op de tien kinderen in Nederland draagt een bril. En als je dan een bril draagt, wil je natuurlijk wel een stoere. Deze ‘Mr. Bump’ bril is o.a. bij Specsavers in Leeuwarden verkrijgbaar. Bij Specsavers krijg je, bij aankoop van een montuur vanaf € 99,-, altijd twee complete brillen voor de prijs van één!

BERN

Foar op de rêch Én op de fyts Superstoer en superswiet binne dizze Basil Boys en Jasmin rêchtassen. Se binne wetterôfstjittend en achterop sit in ritsfak mei dêryn fytsheakken, sadat se ek as fytstassen brûkt wurde kinne. De skouderbannen binne ferstelber en ôfnimber, mar de tassen binne ek handich te dragen troch it hingsel oan de boppekant. Oan de sydkant sitte refleksjeflakken. De tassen binne € 27,50. Sjoch foar dizze en mear moaie tassen op www.meer4kids.nl.

Sprookjesklean Fiert juf har jierdei of ha dyn bern in oar ferklaaifeest? Toverje dyn bern om yn Assepoester, Tinkerbell, Peter Pan of Kapitein Haak! Fantasy wurdt werklikheid mei de ferklaaiklean fan www.sprookjesjurken.nl. Der binne ek jurkjes te krijen foar breidsfamkes.

Sjonge mei Tomke Einlik binne de ferskes út de Tomkefoarstellings op cd set. Te bestellen foar € 7,95 fia http://boekwinkel.afuk.nl.

37


Heech­ sensitive bern Hedwig Terpstra

Albert Einstein: ‘De yntuïtive geast is in godsgeskink; it rasjonele ferstân in tsjinner. We ha in maatskippij makke dy’t de tsjinner ferearet en it geskink fergetten is.’

We sjogge de dingen net sa’t se binne, we sjogge de dingen sa’t wy sels binne.

38


Der is gjin bern gelyk, gjin âlder gelyk, gjin learkrêft gelyk. It giet om ôfstimming, oanslute op, kontakt meitsje mei. Hoe’tst ek bist; do meist wêze sa ast bist.

Baukje Mulder-Postma en Marike Gunnink-­­Kok hawwe yn april 2009 harren Master SEN Gedrachs­ spesjalist helle yn Drachten. Harren ôfstudearskripsje giet oer heechsensitiviteit yn it basisûnderwiis. Marike is learkrêft yn de ûnderbou. Baukje wurket sûnt fiif jier as ynterne begelieder op in basisskoalle en dêrfoar wie se ek learkrêft yn de ûnderbou. Marike fertelt: ‘15 tot 20% van de mensheid is hoogsensitief. De laatste tijd komt dit onderwerp meer in de belangstelling. Mensen worden zich ervan bewust dat ze zelf hoogsensitief zijn of dat ze een hoogsensitief kind hebben. Het is beslist geen stoornis, maar een temperament. Uit onderzoek is gebleken dat bij hoogsensitieve mensen de rechterhersenhelft beter doorbloed is, wat aangeeft dat die helft meer gebruikt wordt. Hoogsensitieve mensen voelen, zien, horen en proeven meer dan anderen en voelen dingen daardoor dieper. De intuïtie is bij deze mensen vaak beter ontwikkeld. Prikkels dringen bij hen dieper door, waardoor ze meer tijd nodig hebben om deze prikkels te verwerken. Er komt als het ware te veel informatie binnen. Het hoogsensitieve kind heeft moeite om al die binnenkomende informatie te ordenen, wat zich kan uiten in huilbuien, angsten, onderpresteren of driftbuien.’ Baukje follet oan: ‘Sjochst by dieren dy’t yn groepen libje ek dat der altyd guon binne dy’t mear sjogge, hearre of fiele as de oaren. Dat binne yn wêzen de

warskôgers fan de groep by gefaar. By minsken is it krekt sa. Heechsensitive minsken binne eins de warskôgers fan ús hektyske maatskippij. It doel fan ús ûndersyk wie it finen fan mooglikheden om learkrêften yn it basisûnderwiis te helpen om it heechsensitive bern te sjen, dêrmei om te gean en om har kennis oangeande heechsensitiviteit út te wreidzjen.’ Neffens in ûndersyk fan it lanlik ynformaasjepunt foar heechsensitive bern, it LiHsk, binne de kenmerken fan heechsensitive bern yn fjouwer kategoryen te ferpartsjen: lichaamlik (it fysike lichem, ynklusyf de sintugen), emosjoneel (gefoelens, omgong mei oaren), mentaal (tinke, leare, ynformaasjeferwurking) en spiritueel (besef fan sinjouwing en ienheid). Heechsensitive bern sjogge in soad en hawwe in skerp each foar lytse feroarings. Se fiele stimmings en emoasjes fan oaren goed oan, ha faak in goed geheugen, in grutte wurdskat en in goed gefoel foar taal. Faak folgje se de eigen wei en hechtsje se sterk oan de wierheid. It komt ek geregeld by heechgefoelige bern foar dat se paranormale ûnderfinings hawwe.’ Marike: ‘Je ziet vaak dat hoogsensitieve kinderen zich terugtrekken van de groep. Soms wordt zo’n kind ten onrechte bestempeld als iemand met een stoornis in het autistisch spectrum. Het tegenovergestelde komt ook voor: dat ze heel druk zijn. Dan wordt er al gauw

het stempel ADHD op gedrukt, wat dus ook vaak ten onrechte is. Soms krijgen kinderen medicijnen voor een stoornis die ze helemaal niet hebben. Tips voor de leerkracht zijn: respect tonen, interesse tonen en goed luisteren, uitnodigende vragen stellen om de oorzaak van angst, woede of verdriet te achterhalen, begrip tonen, de situatie samenvatten en/of uitleggen, structuur bieden en grenzen stellen. Het kind weet zelf wat het nodig heeft om te kalmeren of weer tot zichzelf te komen.’ ‘Heechsensitive bern binne fisueelrûmtlik ynsteld: se libje en tinke yn bylden’, seit Baukje. ‘Dêrom is it goed dat de learkrêft in kombinaasje makket tusken in wurd en in ôfbylding. By rekkenjen kin dat in stroffelstien wêze, om’t yn de rekkenmetoades by de sommen faak plaatsjes setten wurde dêr’t de bern fan alles by assosjearje kinne. Ek is it in goed ding om de bern te freegjen nei ûnderfinings en belibbing. Dêrom sprekt belibjend lêzen mear oan as begripend lêzen. Wy wolle skielk graach in boek útjaan oer heechsensitiviteit, rjochte op learkrêften yn it basisûnderwiis. Wy hoopje dat we op dizze wize de doar iepensette kinne nei mear begryp en help foar heechsensitive bern.’ Binne jo of is jo bern ek heechsensityf? Of wolle jo graach reagearje op dit artikel? Dat kin op www.heitenmem.nl.

39


Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Geweld De chirurg belt: een kind heeft een arm gebroken en de vraag is of dit het gevolg is van huiselijk geweld. In de onderzoekkamer zit Carla, 3 jaar oud, met haar vader en moeder. Carla zit bij haar moeder op schoot. Moeder huilt. Er is gips aangelegd en de arm hangt in een draagdoek. Ik stel me voor, pak een krukje en ga zitten. Moeder snuit haar neus en Carla kijkt me met grote, bange ogen aan. ‘Hoe is dit zo gekomen?’ vraag ik. Moeder kijkt naar vader: ‘Zeg jij het maar.’ ‘Nou, dit verhaal hebben we nu al drie keer verteld. Moet het echt?’ Het komt er nors uit. ‘Het hoeft niet,’ zeg ik, ‘maar ik heb van de chirurg gehoord dat de arm gebroken is en men vraagt zich af of dit een ongeluk is geweest of niet.’ De vader stuift op: ‘Jullie denken zeker dat ik Carla mishandeld heb, nou mooi niet. Ze was ontzettend aan het schreeuwen en ik heb haar een duw gegeven waardoor ze viel. Oké, ze viel ongelukkig, maar dat is toch geen mishandeling?’ ‘Wat heeft u gedaan toen het gebeurd was?’ vraag ik. Het blijft stil. ‘Gebeurt zoiets vaker, of is het eerder gebeurd?’ Moeder kijkt me aan en wil wat zeggen, maar de vader staat op en komt dreigend op me af. ‘Ik weet niet wat jij wilt, maar als je mij gaat melden bij de kindermishandeling sleep ik je voor de tuchtrechter!’ Ik spreid mijn handen open en zeg: ‘Ik zou graag eerst rustig met u willen praten, want ik ga inderdaad een melding doen bij het Advies- en Meldpunt Kindermishandeling. Ik adviseer u te gaan zitten en me te laten uitleggen waarom ik dat ga doen.’ De vader pakt de arm van zijn partner en trekt haar mee. ‘Kom, we gaan.’ Ik herhaal wat ik zei, maar de drie gaan de kamer uit. De deur slaat met een harde klap dicht. Met enige regelmaat worden kinderartsen geconfronteerd met huiselijk geweld zoals kindermishandeling. De kinderarts doet dan een melding bij het Advies- en Meldpunt Kindermishandeling (AMK). De bedoeling hiervan is om de ouders hulp te bieden. We gaan ervan uit dat geen enkele ouder met opzet mishandelt. Vaak is er een onderliggend probleem wat zoveel spanning oplevert dat de ouders zichzelf niet meer in de hand hebben. Het AMK zoekt dan, samen met de ouders, naar een oplossing. Enkele maanden later: ik sta bij de bakker en zie Carla, ze zit bij vader op de arm. Ze ziet er goed uit. Vader ziet me; hij buigt zich naar me toe en fluistert: ‘U herkent me nog wel, hè? Ik zat in een crisis. Problemen op het werk en ruzie met mijn baas. En ook ruzie thuis, en eigenlijk ook met mezelf. Het AMK heeft me geholpen. Ik werk nu ergens anders en heb weer plezier, ook met Carla. Het gaat goed met ons.’ Hij betaalt, pakt het brood en loopt de winkel uit.

40


Hingje oan de cliffs fan ’t Fean

Sniewyt Hasto ek noch nea op ’e lange latten stien mar soest dat wolris besykje wolle, sûnder no earst hielendal nei Chamonix of Davos ôf te reizgjen? Sûnder dy earst it jild de bûsen út te skodzjen oan skys en in bypassende outfit? Besykje ris in yntroduksjeles op de skyskoalle by dy yn de buert. Yn Fryslân sitte der guon yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en op ’e Jouwer. Kinst sels mei de hiele húshâlding tagelyk in les boeke, foar € 20 de persoan! Sjoch ris op www.skischoolleeuwarden.nl. Nei trije lessen witst oftst in echte Tomba la Bomba bist.

Ik

Wat dochsto op sneontemoarn? Wolst wol ris wat oars, skriuw dy dan yn foar in Mountain Network proefles. Spesjaal foar folwoeksenen én bern fan 7 jier ôf binne der lessen om út te finen oft klimmen ek wat foar dy is. In les duorret twa oeren. Fansels krijst earst ynformaasje oer it ‘sekerjen’ en de klimtechnyk. Dêrnei meist sels de held úthingje! Der binne maklike rûtes foar begjinners mar echte klimgeiten kinne de wrâld fan ûndersteboppen besjen. Fiel de adrenaline dy troch de lea gean! Alle sneonen fan 9-11 oere en yn ’e fakânsjes ek op de woansdei, € 12,50 ynklusyf begelieding, fersekering en in drankje. Sjoch op www.mountain-network.eu

heit

heit!

Einlik binne se der. Fryske sobbers mei Ik heit! en Ik mem! Sjoch foar de ferkeapadressen op www.heitenmem.nl. Ast in foto fan jim berntsje mei de sobber mailst nei ynfo@heitenmem.nl, makkest kâns op in Praat Mar Frysk – kreampakket! De foto wurdt pleatst op www.heitenmem.nl, dêr fynst ek mear ynfo oer dizze aksje. Priis € 3,50

Strak yn ’t pak? Ûnderguod dat te strak sit kin de kwaliteit fan it sied negatyf beynfloedzje. In bokser oan en in broek dy’t in bytsje rom sit, kin helpe!

In fyts foar heit & co De mamafyts wie der al mar no is der ek spesjaal in fyts foar heit! In stoere swarte fyts mei in lyts sadeltsje op de stang. Gesellich mei dyn prinseske of piraatsje in eintsje te fytsen. De fuotsjes kinne op spesjale steuntsjes, dy’t op ’e stange montearre binne en de beskermers soargje derfoar dat der gjin teantsjes yn de tsjillen komme! Sa wolsto der dochs altyd wol op út? De fyts is fan Sparta en hjit Papazone. Ynformearje by de fytshannel by dy yn ’e buert. Priis € 849,-

41


Catalpa Kinderopvang óók in Friesland! Met 15 kindercentra in Leeuwarden, Drachten en Heeg èn ons gastouderbureau in Drachten, bieden wij in de provincie Friesland volop mogelijkheden voor dagopvang, buitenschoolse opvang en gastouderopvang.

www.solideverzekerd.nl

de online verzekeraar met een vertrouwde adviseur erachter die ook thuis is als u schade heeft!

voor al uw verzekeringen 0515 58 04 02

Nieuw: nu ook Sport BSO in Leeuwarden!

www.catalpa.nl Belangstelling? Bel voor meer informatie over het Catalpa Gastouderbureau met 0900 2000 700. Wilt u meer weten over onze kindercentra? Bel dan gratis 0800 0743.

grutsk

Kwalitatyf goed ûnderwiis is fan grut belang. It ûnderwiisûndersyk fan de

Fryske Akademy

op wa’t wy binne

spilet in wichtige rol by it yn kaart bringen en ferbetterjen fan dy

kwaliteit.

By Sisa wurkje 210 fêste en 220 frijwillige liedsters. Wykliks meitsje 5000 bern gebrûk fan de ferskate foarmen fan ús opfang. Hjirmei is Sisa in grutte oanbieder fan berne-opfang yn Fryslân. Mar grut wêze fine wy net it wichtichste: de goede dingen dwaan en grutsk sjen kinne nei it opgroeien fan alle bern dy’t oan ús soarch tabetroud binne, dêr giet it om.

wittenskiplik sintrum fan Fryslân

www.fryske-akademy.nl | fa@fryske-akademy.nl Doelestrjitte 8 | Ljouwert | tel. (058) 213 14 14

Sjoch foar it oanbod fan Sisa op: www.sisa.nu berne-opfang • pjutteboartersplakken • bûtenskoalse-opfang • gastâlderopfang

Sisa-100x133.indd 1

7-1-10 14:53


sljocht op hertsjes! Waarm read

Dit leave reade shirtsje mei in hert op de foarkant is te finen op www.modevoorkids.nl. It shirt is fan it merk Me Too en foar € 20,95 te bestellen.

Leaflike lampe

Kin de bernekeamer wol wat fleurichs brûke? Dizze leaflike lampe fan Cottonbaby is foar € 69,50 te bestellen by www.yurada.nl

Hert fan reid

Mear as moai om oan de foardoar, foar it rút of oan de muorre te hingjen. Dit fergrize hert fan rotan (25 sm) is foar € 4,95 û.o. te bestellen by www.aleshiastrends.nl

Waar komt het hart-symbool vandaan?

Het hart is het symbool van allerlei menselijke gevoelens omdat het onder invloed van gevoelens in ritme kan veranderen. Door dit verband tussen hartslag en emoties dacht men van oudsher dat het hart de bron was van menselijke gevoelens. De vorm van het hart stamt uit de middeleeuwen. De oude Grieken hadden een vrij accurate kennis van het hart. Verschillen in interpretatie van de Griekse en Romeinse auteurs leidden echter tijdens de middeleeuwen tot verwarring, wat merkwaardig genoeg uitmondde in het ontstaan van de ons welbekende icoon. In de loop van de middeleeuwen begon men deze gestileerde hartvorm te gebruiken als symbool voor de liefde, welk symbool tot op de dag van vandaag nog volop wordt gebruikt.

HARTstikke hip!

Bij madeliefwonen.nl maken ze unieke kasten, zoals deze prachtige meidenkast met hartjes. Ook leuk voor op een meidenkamer is dit mooie én handige kussen. Je kunt namelijk in het hart je pyjama netjes opbergen. Hij is 40 x 40 cm en uitwasbaar. Inclusief binnenkussen. Te bestellen voor € 24,95 bij www.madeliefwonen.nl.

Rammelen

Bij www.2wish.nl vind je vrolijke spulletjes om je huis nog gezelliger te maken. En het leuke is, ze hebben alles op kleur gerangschikt. Tussen de roze artikelen vonden wij deze schattige hartvormige rammelaar. Te bestellen voor € 9,95.

Bron: www.faronet.be ‘Het hart als populair symbool.pdf’

43


Aukje Mulder

Als je partner al kinderen heeft... Je begint aan een toekomst samen maar je nieuwe partner heeft al kinderen. Hoe ziet je rol als stiefouder eruit? En hoe verloopt het contact met ‘de ex’ op de achtergrond? ‘Je kunt van tevoren nooit alles overzien.’ ‘Weet je wel waar je aan begint?’ vroegen familieleden aan de Brabantse Pamela, toen ze een relatie startte met Albert Cuiper uit Bantega. Daarbij ging het niet om de geografische afstand maar om het feit dat Albert drie kinderen had. Pamela dacht dat ze de situatie goed in kon schatten. Ja, ze wist waar ze aan begon. Maar nu, ruim vier jaar later, moet ze bekennen dat ze zich er toch op verkeken heeft. ‘Je kunt nooit alles overzien. Ik heb heel wat tranen vergoten. Maar onze relatie is sterker dan ooit.’ Pamela is 28 en stiefmoeder van Kevin (10), Damian (8) en Charissa (6). Ze is getrouwd met Albert en samen hebben ze een zoontje van 15 maanden, Tieme. Ze wonen in Son. ‘De afgelopen zomer waren we met zijn zessen op onze boot in Friesland. Alberts kinderen zijn zó lief en ik was zó trots op het hele stel. Iedereen was blij met elkaar en we hoopten allemaal dat deze week snel een vervolg zou krijgen. Helaas denkt hun moeder daar anders over.’ Contact Zij maakt namelijk een regelmatig contact tussen Albert en zijn kinderen onmogelijk.

44

Tot verdriet van Albert maar ook van Pamela, die vanaf minuut één helemaal werd geaccepteerd door zijn drietal. ‘Een goede omgangsregeling is nooit van de grond gekomen. En Albert wilde niet een officiële procedure opstarten. Daar worden de kinderen niet beter van, denkt hij. Als je naar de rechter stapt en de moeder verzet zich, dan stagneert zo’n regeling toch. Dus hoopt hij dat zij gaat inzien dat ze haar kinderen nu tekort doet.’ ‘Albert en zijn vriendin gingen uit elkaar omdat zij met iemand anders verder wilde. Ik kende Albert uit de kennissenkring en na verloop van tijd kregen wij iets met elkaar. Maar haar relatie liep stuk en ze wilde Albert terug. Toen hij daar niet op inging, stelde zij hem voor de keuze: je nieuwe vriendin óf de kinderen.’ ‘Vaak heb ik gezegd: kies voor je kinderen. Maar Albert wilde zich niet aanpassen aan háár. Zij vertrok met Kevin, Damian en Charissa voor maanden naar familie in Nieuw-Zeeland en ook wij besloten een lange reis te maken. Twee maanden na onze thuiskomst mocht hij zijn kinderen zien. Op een kinderboerderij in Drachten.

Het voelde meteen weer vertrouwd. We hoopten op betere tijden. Maar helaas. Sindsdien is er nog steeds geen regelmatig contact mogelijk.’ Spijt Albert heeft spijt dat hij het ouderlijk gezag niet officieel heeft geregeld. Hij heeft zijn kinderen erkend, ze dragen ook zijn achternaam, maar voor de rest staat er niets op papier. ‘Een tip die ik iedereen wil geven voor als je ongetrouwd aan kinderen begint: vul de benodigde formulieren in. Het voorkomt zoveel gedoe. In zijn geval moest hij bij de school dreigen met juridische stappen, omdat hij geen informatie kreeg over zijn kinderen. Hij werd behandeld als een crimineel. Gelukkig heeft de directeur later zijn excuus aangeboden. Ze zien inmiddels wel hoe betrokken Albert als vader is. Voor de tien-minuten-gesprekken rijdt hij rustig de tweehonderd kilometer naar Friesland.’ ‘We zien de kinderen voornamelijk op het voetbalveld als de jongens een wedstrijd spelen. We zijn blij met die korte momenten. Omdat dit wekelijkse op en neer reizen met ons zoontje van een jaar


‘Ondanks vele tranen is onze relatie sterker dan ooit’

onrustig is, willen we naar Friesland verhuizen. Er zijn de afgelopen jaren veel vervelende dingen gebeurd. Ook Albert heeft fouten gemaakt: waar twee kijven, hebben twee schuld. Maar ik blijf het onbegrijpelijk vinden dat een moeder haar kinderen het recht ontzegt om hun vader regelmatig te zien. Bovendien zijn ze dol op mij én op hun kleine broertje.’

ik zie hoe lief en zorgzaam hij is. Ik zie zijn verdriet omdat hij zoveel leuke momenten met zijn kinderen moet missen. Hij kan niet regelmatig lekker gek doen met ze, hij kan ze niet voorlezen voor het naar bed gaan. Ik sta aan de zijlijn en het maakt mij verdrietig dat ik zo weinig kan uitrichten. Gelukkig worden ze ouder en geven ze zelf aan dat ze ons willen zien.’

Verdriet ‘Wat dit met mij doet? Ik zie mijn man niet alleen als partner maar ook als vader. En

‘In onze relatie zullen de kinderen altijd voorgaan. Als partner moet je daar tegen kunnen. Mij lukt dat want ik houd ook

veel van ze. Aanvankelijk wilde Albert met mij geen kinderen meer. Hij zou het niet aankunnen om eventueel nóg een keer van ze gescheiden te worden. Maar het vertrouwen in elkaar is alleen maar gegroeid, onze basis is sterk. In mei verwachten we onze tweede. Kevin, Damian en Charissa vinden het geweldig. We hopen dat ze snel naar hun broertje of zusje kunnen komen kijken. Het zal mijn mooiste geboortecadeau zijn.’

45


De Schemerschim van Appelscha De Skimerskim ken alle geheimen fan it donkere DrentsFriese Wold. Yn it skimertsjuster nimt hy dy mei it bosk yn. Wat tikket dêr yn ’e beam, en risselet yn de ikebledsjes om? Net foar bangeskiters! Jou dy op fia www.staatsbosbeheer.nl en soargje datst derby bist op 25 febrewaris.

Wêr is dat knopke foar?

Willy Wonka in Aeolus!

Waarvoor is dat knopje? En waarvoor is het knopje waar een sticker op zit met de tekst: Niet drukken. Wat zou er gebeuren als je juist wel drukt? De voorstelling ‘Waarvoor is dat knopje’ is een uitnodiging om te experimenteren, om te doen wat lekker niet mag. Heel spannend voor kinderen: het overtreden van een verbod en kijken wat er dan gebeurt. Een familievoorstelling door Peter Zegveld, speciaal voor kinderen vanaf 5 jaar. 24 maart in schouwburg De Lawei in Drachten, Kaarten: € 6. www.lawei.nl

Aeolus is yn de Grykske mytology better bekend as de god fan de wyn mar it is ek in hot spot yn Seisbierrum foar Willy Wonka’s of Willy Wortels. Yn it Experimentarium steane fyftich natuerkundige opstellingen dêr’tst mei eksperimintearje kinst. Slagget it dy om dyn eigen skaad fêst te hâlden, en hoe sit dat krekt mei de Lorentzslûzen oan de Ofslútdyk? Dyn bern fertelle dy hoe’t it krekt sit nei in middei boartsjen en strunen yn Aeolus. Sjoch op www.aeolusfriesland.nl foar mear ynformaasje!

útstapkes Kabouters bestaan niet Hasto noch noait kabouters sjoen? Gjin dan flean nei Aldemardum. Dêr kinst se rûnom fine op it Kabouterpaad yn it bosk by Elfbergen. En ûnderwilens kinst fertelle hoe’t har poddestuollehúskes groeie, dat kabouters pypkes meitsje fan ikeltsjes en reinmûtskes fan esdoarnbledsjes. En hoe’t de feeën jûns yn it heldere moanneljocht dûnsje op de feeëbankjes... Wat? Hasto ek noch noait feeën sjoen? Foar € 2 is by it ynfosintrum in boekje te keap by dizze edukative rûte dêr’t alle sintugen by oansprutsen wurde. www.marenklif.nl

46

De Geheime Tuin Yn it Natuermuseum Fryslân is oant en mei 28 febrewaris De Geheime Tuin te bewûnderjen, nei it boek fan Frances Hodgson Burnett. De tún is ôfsletten. By tafal ûntdekke trije bern de tagongspoarte. Sy sjogge de oerwoekere tún en dogge har stjonkende bêst om der wer wat moais fan te meitsjen. It is in tún om te fielen en yn wei te krûpen, mei stoffen, ljocht en muzyk. Wolst der hinne, nim dan perfoarst in rûnlieder yn ’e earm! Ast der bist, meist fansels it hiele museum troch. Sjoch foar iepeningstiden op: www.natuurmuseumfryslan.nl


PAKE SYN POP ‘Ik wie al pake fan Luc (9) en Cor (7), twa prachtige jonges. En no bin ik sûnt twa jier ek noch pake fan in geweldich leave twilling. Wat in rykdom, dy famkes binne echt as goud. Se lykje sprekend opelkoar, mar wy witte net oft it in ien- of in twa-aaiïge twilling is, dat sykje se tsjintwurdich net mear út. Inez is krekt wat foller yn har gesichtsje, se wie mei de berte ek in kilo swierder. Se is hiel iepen, wylst Lieke leaver de kat wat mear út de beam sjocht. Wy wenje yn itselde doarp, ik sjoch de famkes sa’n twa à trije kear yn de wike. Ik bin sûnt 1 desimber mei de fut, dat ik ha no fijn tiid foar myn pakesizzers. Wy passe wolris op mar wy binne net fêste oppassers. Dat wolle wy bewust net, om’t wy pake en beppe bliuwe wolle en net meiopfieders. Boekjes oer hynders wurde fersliten, dat ha se fan harren mem en beppe, dy binne ek sa gek op hynders. Wy ha in lyts dieretúntsje yn de buert, dêr rin ik gauris mei se hinne. Fierder mei ik graach mei se puzzelje, kuierje en dûnsje. At Inez en Lieke it ferske ‘I gotta feeling’ fan de Black Eyed Peas hearre, giet der in knop by se om en steane se as gekken te springen. Prachtich om te sjen!’

Namme: Klaas de Jong (63) en Inez en Lieke Bakker (2) Wenplak: Wommels Hobbys: klusse, kuierje en fytse Relaasje: al 40 jier troud mei Piem de Jong

Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto op fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei ynfo@heitenmem.nl.

47


De moaiste Fryske berneboeken fine jo by de Afûk Fryske boek- en taalwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert, tel. 058 – 234 30 70

no ek op sneon iepen fan 10.30 oant 17.00 oere en altyd op www.afuk.nl

,95 € 11

95 € 9,

,95 € 11

Dikkie Dik – Poezesirkus Jet Boeke

In ECHTE jonge Guido van Genechten

In ECHT famke Guido van Genechten

In nij ferhaal fan Dikkie Dik, dy’t mei syn freontsjes in sirkusfoarstelling jout. In sirkus mei bysûndere artysten, mar net alle trúkjes slagje... Se hawwe wol in protte wille.

Ik kin fan alles wurde: in astronaut of in brânspuitman, in kening of in cowboy, in treinmasinist of in piraat…, mar no bin ik al in echte jonge! In kartonboek foar stoere, leave, earsteklas jonges fan trije jier ôf.

Ik kin fan alles wurde: in astronaute of in plysjefrou, in hekske of in sjirurge, in yndianefrou of in prinsesse…, mar no bin ik al in echt famke. In kartonboek foar stoere, leave, knappe famkes fan trije jier ôf.

,95 € 11

95 € 4,

95 € 7,

Hoi, Stip! – buggyboekje Eric Hill

Wêr is Stip? Eric Hill

Tomke – CD

Dit stevige kartonboekje fan Stip kin oan de buggy hingje en ûnderweis foar in protte wille soargje.

Stip soarget al tritich jier foar in protte lêswille. In jubileumútjefte fan syn alderearste flapboekje. Wa sitte ferskûle achter de flapkes?

Mei 16 ferskes út de foarstellings: ‘Hiperdepyp Hoera’, ‘Dit bisto en dat bin ik’ en ‘Tomke siket in pake’.

95 € 4,

50 € 6,

95 € 6,

Tomke – leafste bisten yllustraasjes fan Luuk Klazenga

Tomke nei de toskedokter Der wie ris in âld wyfke Geartsje Douma, yll. Luuk Klazenga Nynke fan Hichtum, yll. tjeerd bottema

Blokboekje fan Tomke, dy’t by syn leafste bisten lâns giet.

Tomke moat nei de toskedokter. Hy giet yn de grutte stoel sitten en dan… In nij dieltsje yn de rige Tomke-printeboekjes op rym.

Te keap yn alle boekhannels.

Sjoch foar oare Fryske boeken op: www.afuk.nl

De ‘âlde’ útjefte fan it ferneamde steapel­teltsje fan Nynke fan Hichtum oer de baarch dy’t net nei hûs ta woe…

Heit en Mem nr. 1 - 2010  

Twatalich tydskrift Heit en Mem

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you