Page 1

84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 7

13-FEB-14

WÊROM

41 ?

OF

11

EN

30

SA’T BOPPE ELK HAADSTIK

STIET? FROEGER WIENE DER ALVE STÊDEN EN TRITICH

GEMEENTEN (GRITENIJEN WAARDEN DY NEAMD) YN

FRYSLÂN.

DY MOASTEN MEI-ELKOAR DE PROVINSJE BESTJOERE. EN BESLUTEN NIMME MEI JINS IEN-EN-FJIRTIGEN, DAT

GIET NET SA HURD FANSELS. DÊR IS IN ÚTDRUKKING ÚT

ÛNTSTIEN: ‘OP SYN ALF-EN-TRITICHST’, DAT BETSJUT

DAT IT HIEL LANG DUORRET.

WOLST MEAR WITTE?? SJOCH DAN EK RIS OP WWW.11EN30.NU

hoi

7


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 8

13-FEB-14

1

De ko

fan oerokse oant Us Mem 0

200

400

600

800

1000

1200

1400

1600

1800

2000

O m e n d e b y 3 4 0 0 fo a r K r i s t u s Yn de rin fan de tiid hawwe der alderhande kij yn Fryslân omstapt: fan grut, lyts, readbûnt, mûsgriis, swart-wyt en blierkop oant en mei de Blonde d’Aquitaine. Kij hawwe der altyd west, al tûzenen jierren lang, ek doe’t der noch gjin sprake wie fan Fryslân. Ek hjoed-de-dei kinst dy it Fryske lân net foarstelle sûnder kij. Net foar neat stiet der yn de haadstêd in libbensgrut stânbyld fan in ko: Us Mem!

Y

n oerâlde tiden stapte de oerokse hjir yn it

wyld om, mar as wy it no ha oer kij dan ha wy it ek oer boeren. In ko heart by in boer.

De boeren op ’e sângrûn holden fee en hienen ek wat boulân. Hoeders lieten yn de maitiid en simmers it fee weidzje oan de râne fan it sân of op de klaai.

Mear as 5000 jier lyn wennen der al boeren op de hegere sângrûnen, dêr’t wy no de Wâlden

Om it jier 600 foar Kristus hinne – dan binne

fine en Gaasterlân. Spoaren fan ierdewurk hawwe se neilitten en om dat ierdewurk

wy al wer tûzenen jierren fierder – setten de boeren mei it fee nei de fruchtbere kwelders

wurde se trechterbekerminsken neamd.

yn it noarden. Yn de striid tsjin it seewetter bouden se terpen om op te wenjen. In terp bouwe wie net ien-twa-trije klear. Wêrom dienen se safolle muoite om yn dat wrede kweldergebiet te wenjen? Om’t it dêr foar it fee folle better wie. Om genôch fretten te finen hie in ko yn it kwelderlân oan ien hektare grûn genôch, tsjin wol seis hektare op ’e sângrûn. Kij koenen net rekkenje, mar boeren wol!

E , ARK FAN D FÛSTBILE E S K Y R F EARSTE S. HÂLDER MOLKFEE

Fan dy earste boeren is by Bakkefean noch in grêfheuvel te sjen en yn de Rysterbosk yn Gaasterlân leit in stienkistgrêf. It lêste hat wat fan in hunebêd. Dat is net sa frjemd, want hunebêden bouwe wie ek ien fan harren hobbys.

8

gek op skiednis

! ÚS MEM

no


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 9

13-FEB-14

Molke en fleis De kij út de terpetiid seagen der oars út as ‘Us Mem’. Se wienen in stik lytser en mûsgriis of readbûnt. Mar lykas de measte kij no hienen se ek doe al in ‘dûbeldoel’: se waarden holden om de molke en om it fleis. YNTERESSANT... DAT WIE SLIM FAN DY

MINSKEN! BIN SELS EK SLJOCHT OP MOLKE.

Hoe witte wy dat de minsken yn de prehistoarje al molke dronken? Troch ûndersyk fan de potdiggels mei de nijste technyk binne noch restanten fan molke te finen op it âlde ierdewurk. It is sels te sjen dat dy molke hyt west hat. De minske wist doe dus al datst molke siede moatst om him langer goed te hâlden.

Oant nei de midsieuwen wienen de kij yn dizze kontreien meast readbûnt. Mar doe barde der in ramp. Yn 1713 briek de feepest út, in deadlike sykte ûnder de kij. En it soe net by ien kear bliuwe. It grutste part fan de feesteapel yn Fryslân gong deroan. Om it ferlies wer oan te foljen waarden kij út Denemarken helle. Dat wienen swartbûnte bisten. Dy kij soenen de foarâlden wurde fan wat wy no it meast om ús hinne sjogge yn de greide: it Frysk-Hollânske swartbûnte fee. (sjoch ek  Haadstik 28) DAT BYLD KIN IK,

DAT STIET YN LJOUWERT!

de ko

9


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 10

13-FEB-14

2

De Hludana-stien

Yn kontakt mei de Romeinen 0

200

400

600

800

1000

1200

1400

1600

1800

2000

no

1 2 fo a r K r i s t u s o a n t 4 0 0 De rivier de Ryn foarme de noardlike grins fan it machtige Romeinske Ryk. Dêrboppe lei it gebiet fan de Friezen. Dat rûn by de hiele Noardseekust lâns fan de Ryn ôf oant de Iems ta. De Romeinen hienen in bulte kontakt mei de Friezen. Se diene hannel mei harren en besochten de baas te spyljen oer de Frisii. Dat lêste is harren net hielendal slagge. Dat de Romeinen hjir wol in grutte ynfloed hienen, bewize de fynsten fan ierdewurk, brûnzen goadebyldsjes, munten en bysûndere objekten, lykas de Hludanastien. YN N KAAM ANASTIE DE HLUD YN G N I V A ÔFGR 1888 BY IN E GRÛN. BOPPE D BITGUM

De Hludanastien

H

ludana wie foar de Friezen

in belangrike goadinne. Se offeren fisken oan har

De Friezen bleaunen trou oan harren eigen goaden, mar

en fregen om gelok foar de famylje. De stien mei

se namen ek wol inkele populêre Romeinske

har ôfbylding is makke nei it foarbyld fan in

goaden oer. Der binne nochal wat brûnzen byldsjes fûn yn de

Romeinske alterstien. Spitigernôch binne no allinnich har fuotten

terpen, lykas dy fan de oarlochsgod Mars

noch te sjen… De Romeinen hienen respekt foar it leauwen

en de hannelsgod Mercurius. Dy lêste

fan de Friezen.

hie altyd in jildponge yn ’e hân. Hy brocht

Se brûkten dizze stien

gelok yn de hannel.

om in ôfspraak fêst te lizzen, in gelofte. Sa

Dat woenen de Friezen ek wol ha, dat in bytsje ferearing koe gjin kwea…

waard it in geloftestien. De Romeinen makken ek bylden fan harren eigen goaden. It byldsje op side 15 fûnen bern yn Harich (Gaasterlân) op it lân. Hoe’t it dêr telâne kaam? Lês it ferhaal oer It Apollobyldsje.

gek op skiednis

Saxones Chauci

Frisii Maiores

10

EROBV

De Friezen en de Romeinske har buorfolken yn tiid

Frisii Minores Cananefates

Frisiavones

Batavi

Ems

Amsivarii

GERMAANSK E STAMMEN Rhine

Chamavi

Bructeri

Cheruski


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 11

13-FEB-14

AKT FAN IN KONTR EINEN. M O R E D

De Romeinen skreaunen sels ek oer de Friezen. Ien fan harren, Plinius, fûn it mar neat, sa’n folkje dat libbe op terpen yn in sompich gebiet.

Hannel Yn Tolsum dûkte dit skriuwtaffeltsje op út de terpmodder. It bestie út twa plankjes dy’t opinoar bûn wienen. Utholle plankjes bestrutsen mei waaks (was) fan bijen brûkten de Romeinen om op te skriuwen. Nei krapoan 2000 jier kinne wy no noch lêze

De Friezen en de Romeinen dienen oan ruilhannel, mar der waard ek wol betelle mei gouden en sulveren munten. De Romeinen kochten stoffen, hûden, bûter, tsiis, sâlt en fisk. Foar de Friezen hienen se ark, ierdewurk en sieraden om te ruiljen.

dat de iene de oare noch jild skuldich is. Oft Mercurius dêrby holpen hat, wurde wy net gewaar. Dizze ‘akte’ komt út it jier 29. It is dêrmei de âldste skreaune tekst dy’t yn ús lân fûn is.

Friezen koenen mei de Romeinen lêze en skriuwe…

De Friezen kochten ek nôt (graan) fan de Romeinen. Op de terpkes lei mar in lyts hoekje

Fan de Romeinen learden de Friezen lêzen en skriuwen. Dêrmei kaam in ein oan de

bougrûn en it boulân om de terp hinne stelde

prehistoarje. G YN MIENIN PLINIUS S . N E Z E I R OER DE F

et in wenn n e oed p r e et . By fl ‘…op d kkich folk ken op o s ûngel krekt min pt i er ski d e j r k a e ly b e , by in skip lingen. och it e k ’t se tr wûn brek r a e n n r En wa ske folk oe t ek noch n a i e d e m es Ro neam binne, nij…’ slaver

net folle foar. It hie in minne ôfwettering en as de see der winters oerhinne spielde, dan wie de opbringst de oare simmers min. Dat der moast doedestiids al nôt ynfierd wurde en dat kaam foar it grutste part út it Romeinske Ryk. Miskien ite wy dêrom hjoed-de-dei noch altyd graach in pizza… MMM... NOCH

TIGE TANK ROMEINEN!

de hludana-stien

11


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 12

13-FEB-14

oksehûd

De Fries op ’e terp wie net allinnich boer; hy wie ek fisker, skipper en hannelsman. Yn it jier 12 f.Kr. kamen de Romeinen mei harren legioenen foar it earst yn it Fryske lân. De rivier de Ryn foarme eins de grins fan it Romeinske Ryk, mar se setten hjir ek leger-

Olennius, in Romein dy’t hjir yn it jier 27 de baas spile, fûn de hûden fan Fryske kij te lyts. Hy woe gruttere ha. Oeroksen moasten se mar fange. Dy libben doe noch yn it wyld yn de bosken. Mar dat ferpoften de boeren. Bosken hiest hjir net yn ’e buert. Doe naam Olennius net allinnich de hûden, mar ek wat deryn siet yn beslach: it fee sels. Ek froulju en bern waarden meinommen en as slaaf ferkocht. Mar doe wie it út mei de leafde. De Friezen kamen yn opstân (28 n.Kr.). Romeinske amtners dy’t de belesting opeasken, waarden pakt en oan de beammen ophongen. Olennius en syn mannen waarden it lân útjage. Dy flechten nei harren castellum, in soarte kastiel yn de buert fan it hjoeddeiske Velsen

kampen op. It grutste kamp lei by Winsum. De Romeinen hienen it goed mei de Friezen

yn Noard-Hollân. Dêr rôpen se net allinnich om har mem, mar ek

foar. Se soenen de Friezen beskermje tsjin oanfallen fan oare folken en oarsom koenen

om help. Dy krigen se. It iene nei it oare legerke waard op de Friezen ôfstjoerd. Mar winne…?

de Friezen de Romeinen helpe. Se wisten bygelyks de wei op it Waad. Der wienen ek

Ho mar. Sels in grutte legermacht fan 900 man waard troch de Friezen ôfslein of, better sein,

Friezen dy’t tsjinst namen yn it Romeinske leger. De Romeinen koenen dy Fryske

deaslein. Troch it winnen fan dy grutte slach krigen

fjochtersbazen wol brûke. Se waarden rûnom hinne stjoerd.

de Friezen in goeie namme ûnder de oare Germaanske folken. Dy seagen tenei heech by harren op.

De Romeinen leinen de Friezen belesting op. ‘Voor wat hoort wat’, seinen se yn it Latyn. De Friezen hienen in bulte fee, dat se koenen wol

Yn it jier 47 rôp de Romeinske keizer syn

kowehûden leverje. De Romeinen spanden

soldaten werom út it Fryske terpegebiet. Hy

dy hûden oer de skylden en nei in gefjocht

hie se yn Ingelân noadich yn de striid tsjin

hienen se wer nije noadich.

opstannige folksstammen. Likegoed bleau de hannel tusken de Friezen en de Romeinen noch in tal ieuwen bestean. . KOWEHÛD

Yn de fjirde ieu rekke it Romeinske Ryk yn ferfal. De Romeinen taaiden ôf. En de Friezen? Dy ek… Nei alle gedachten sochten se in better bestean op de hegere

12

gek op skiednis


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 13

13-FEB-14

grûnen. Stadichoan rekke it Fryske terpegebiet – dêr’t se sa hurd foar skrept hienen – ûntfolke. Letter soenen oare folken, lykas de Angelen en de Saksen, it lân wer yn besit nimme. Dat wurdt wol de grutte folksferhuzing neamd.

‘Dit is gjin fiver,’ skamperje ik, ‘dit is in dobbe. Us drinkdobbe.’ ‘Hm…’, gnúft Lucius, ‘wy ha in put by ús yn it kamp, in hiele djippe. Ast dêryn falst… dat is pas gefaarlik. Mar ditte? Wat is hjir no gefaarlik oan?’ ‘Us heit.’ ‘Hin?’ ‘Ja, ús heit. As dy sjocht datsto hjiryn swimst, dan brekt er dy de bonken!’ Lucius sjocht eefkes achterom nei ús hûs. ‘Wêrom dan?’ ‘Omdat dit ús drinkwetter is, dat moat skjin bliuwe. Sjoch dêr…, sjochst dy glinsterjende streep dêr yn ’e fierte? Dêr kinst swimme. Dat is de see.’

ferhaal

‘Mare’, knikt Lucius. ‘Mar eh…? Wat no mar eh… Wat woest sizze?’

It Apollobyldsje

‘Mare, sa neame wy de see’, laket Lucius. ‘Mare Nostrum… ús see.’

D

jip? Lucius krijt in stien fan ’e grûn en wiist

nei de dobbe. Ik skodholje. ‘Nee… net dwaan!’ Hy draait him om en goait de stien de oare kant op. Mei in sierlike bôge ploft er yn de

‘Pfff… jim see? Dat soest wol wolle… Nee jonkje, de see is fan ús allegearre. Dêr hawwe Romeinen neat oer te sizzen.’ Lucius kin der net goed oer as ik wat better wit as hy. Ynienen is er hastich om nei hûs ta. ‘Ik sil it Drusus freegje, de baas fan ús kamp.

rûchte ûnder oan de terp. In pear fûgels

Dy wit wol fan wa’t de see is’, seit er, as er de

fleane kjel omheech. Lucius sjocht se laitsjend nei.

terp ôfrint. ‘Komst moarn wer?’, rop ik him noch nei. ‘Miskien… as it mei!’

‘Djip… ja, djip en gefaarlik.’ ‘Gefaarlik? Hoesa?’ Der klinkt wat fan spot yn

wat in rivier is?’

Ik sjoch him nei as er oer it keale lân rint op wei nei it Romeinske legerkamp fier yn ’e fierte.

Ik lûk oan de skouders. Hy sil wol wer mei in swetsferhaal komme.

Dêr soe ’k ek wolris sjen wolle. Lucius hat my

‘De Tevere is wol fyftich kear sa breed as dizze

fan alles ferteld oer hoe’t se dêr wenje en wat

fiver. Hjirwei wol hast oan dy oare terp ta.’ Hy wiist nei de lytse hichte yn ’e fierte.

se dêr allegear oan dingen ha fan brûns en fan

syn stim. ‘Ik kin wol swimme, hear. Ha ’k yn Rome leard. Yn de Tevere, de rivier. Witst wol

izer. Hy is fansels wol wat in opskepper en oft

de hludana-stien

13


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 14

13-FEB-14

alles wier is wat er fertelt, dat wit ik net. Mar dat it dêr hiel oars is as by ús op ’e terp, dat

‘Wy gean op reis,’ himet er, ‘nei it suden. Se binne it kamp al oan it opbrekken!’

wit ik wol.

‘Mar dat betsjut… datsto…’, stammerje ik. Ik kin fan skrik net mear út de wurden komme.

Lucius syn heit komt hjir ek wolris, mei oare Romeinen, om molke te keapjen en fisk en

Lucius knikt. ‘Ja, wy sille elkoar noait wer sjen.’ Syn lûd klinkt heas. Hy slokt in pear kear, dan

kowehûden. Fan alles kinne se brûke en se betelje der goed foar mei echte munten fan

flústeret er: ‘Ik ha wat foar dy meinaam, as oantinken.’

sulver en goud. Se moatte wol smoarryk wêze, tink ik. Sa sjogge se der ek út. Prachtige klean

No begryp ik wêrom’t er de hân sa stiif foar it boarst hâldt. Hy hat wat ûnder it himd.

ha se oan, glimmende helmen op ’e kop en izeren wapens om ’e middel. Mar dêr dogge se neat mei. Se litte ús gewurde. Allinnich om te

Lucius sjocht om him hinne. It is stil op ’e terp. Gjin pottekikers yn de buert. ‘’t Is geheim,’ flústeret er, ‘ik ha it stikem

hanneljen komme se hjir út en troch. Sa haw ik Lucius ek kennen leard. Hy mocht

meinaam.’ ‘Dus dêrom kaamst net by ús thús…’

in kear mei mei syn heit op it hynder. Ik ha him doe de hiele terp sjen litten en wy binne

Ik rin foar him út nei de dobbe. ‘Hjirre,’ knik ik, ‘hjir kinne wy wol eefkes sitte, falt net op.’

freonen wurden. Fan dy tiid ôf komt er hjir

Lucius hâldt de hân noch altyd foar it boarst,

geregeld.

hy suchtet. Dan wiist er nei de grouwe balstiennen dy’t fierderop lizze. It offerplak.

As ik de oare deis nei de dobbe rin om wetter

‘Do hast my ferteld fan Wodan en Donar en

te heljen, sjoch ik him al wer oankommen. Hy

fan al dy oare goaden fan jim’, begjint er. ‘Dêr

draaft, hy koe wol hastich wêze. Frjemd. Ik ha de krúkjes mei wetter noch mar krekt by

hie ik noch noait fan heard…’ Opnij sjocht er om him hinne, gjin minske te sjen. Dochs be-

ús mem brocht, of dêr komt er de terp al op.

gjint er te flústerjen: ‘Mar wy hawwe hiele oare

Der is wat mei him, sjoch ik, hy docht oars as oars. Meastal komt er by ús thús, no bliuwt er stean. Hy winkt my.

goaden, sjoch…’ Hy taastet ûnder it himd en hellet in lyts swart byldsje foar it ljocht. ‘Apollo,’ flústeret er, ‘dit is Apollo, de god dy’t alles

As ik op him tarin, sjoch ik dat de triennen

wit fan it ferline, it no en de takomst.’ Hy set it

him oer de wangen rinne. ‘Lucius… wat is der oan ’e hân?’

byldsje op ’e râne fan de dobbe en sjocht my oan. No springe my de triennen yn de eagen,

14

gek op skiednis


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 15

13-FEB-14

OC EINEN BR DE ROM ES MEI. J S T L U P S

HTEN EK

ik kin gjin wurd útbringe. Sá moai, soks ha ’k noch noait earder sjoen. It byldsje is hielendal fan brûns mei in pear eachjes dy’t my echt oansjogge! ‘Sa sjogge ús goaden der út,’ flústeret Lucius, ‘gjin wylde fjochtersbazen, lykas dy fan jim…, nee, uzes hâlde fan muzyk en wyn en feesten. En sjoch…’ Hy sil it byldsje omdraaie om de achterkant sjen te litten en dan bart it. Apollo

glydt út syn hannen en plûmpt sa it wetter yn. ‘Hâlde se ek fan swimmen?’ Ik flap it der út foardat ik der erch yn ha. Lucius wurdt wyt om ’e noas fan ellinde, opnij rinne him de triennen oer de wangen. Hy grabbelet ferwoest yn it wetter om, mar de dobbe is te djip. Apollo leit al op ’e boaiem en hy kin him net mear rikke. Ik slach de earmen om him hinne, tegearre stoarje wy in skoftlang nei it donkere wetter. ‘Ik ha him sjoen,’ flústerje ik op it lêst, ‘ik sil him noait wer ferjitte. En dy ek net.’ Tusken de triennen troch komt der in glim op it gesicht fan myn freon. ‘Apollo moat hjir no foar altyd bliuwe op ’e terp,’ seit er, ‘miskien wie dat wol de bedoeling.’ ‘Ja,’ knik ik, ‘foar altyd. Allinnich wy beide witte dit. It is ús geheim, ús oantinken oan elkoar. Foar altyd.’

Foar altyd? Leit Apollo noch altyd op ’e boaiem fan de drinkdobbe? Nee, hy stiet no te pronk yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Do kinst him sûnder gefaar besjen, fan beide kanten. Hoe’t er wer foar it ljocht kommen is, wolst witte? Ek troch bernehannen! Fan dy drinkdobbe wie allang neat mear oer yn de tweintichste ieu. De dobbe wie tichtgoaid mei klaai, dong en ôffal. Meielkoar wie dat fruchtbere grûn wurden. Sa fruchtber wie de grûn yn Gaasterlân net. De terp die gjin tsjinst mear, dus koenen se him wol ôfgrave en de grûn ferkeapje oan in boer yn Harich (Gaasterlân). Dy boer goaide de terpierde oer syn lân. Mar de modder út de terp siet fol mei stiennen, bonken en diggels. Net echt handich op in boulân. Dus stjoerde dy boer syn bern it lân op om de rommel op te sykjen en op in bult te goaien. Bern dienen doe noch braaf wat heit sei en bravens wurdt beleanne, dat witst wol. Want wat fûnen se…? Tusken alle ôffalresten lei dêr dy lytse, bleate Apollo te bibberjen. Einlings, nei hast 2000 jier, wie er wer werom ûnder de minsken.

de hludana-stien

15


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 16

13-FEB-14

3

Hegebeintum

Fryslân yn de terpetiid 0

200

400

600

800

1000

1200

1400

1600

1800

2000

O m e n d e b y 6 0 0 fo a r K r . o a n t 1 0 0 0 n e i K r . Oan ’e ein fan de terpetiid leinen der yn Fryslân mear as tûzen terpen, guon mei hiele doarpkes derop. It wurd ‘terp’ komt fan it Aldfryske wurd foar doarp. Yn Grinslân wurde se ‘wierden’ neamd (hichten). Yn plaknammen fynst it noch werom : Oerterp, Holwert, ensfh. Doe’t om it jier 1000 hinne seediken oanlein waarden, wienen de terpen net langer noadich om droege fuotten te hâlden. Fan 1850 ôf binne in bulte terpen ôfgroeven. Dy’t der no noch oer binne, wurde beskerme as monumint, mei Hegebeintum as heechste en ien fan de moaisten.

Hoe seach Fryslân der út, sa’n 3000 jier lyn?

Oer droechte hawwe se hjir net te kleien, de grûn is fruchtber en it lân fan gjinien. Mar dy

L

eech. It is in keal lânskip, rûch, mar sûnder beskutting. Oanslike lân, foarme troch eb

en floed, in kweldergebiet dêr’t de see frij spul hat en dêr’t gjin minske wat te sykjen hat. Of dochs?

ivige see… As de hjerststoarmen komme, is der gjin hâlden oan. Dan sykje se harren heil Ja, dochs. Feeboeren binne op syk nei

wer op de hegere sângrûnen. Yn de maitiid komme se werom. Jier út, jier

fruchtber lân en weagje har yn dit sompige kustgebiet.

yn. Se weidzje hjir it fee en bewurkje it lân.

Wêrom ferlitte se it hegere, droege gebiet yn it easten om har hjir te fêstigjen? Dêrom! Om’t it dêr te droech is. Te droech om wat te

Soms bliuwe stille getugen achter yn it slyk: in stiennen bile, sikkels en potten, sels in

ferbouwen en te droech foar it fee dat dêr gjin

net allinnich de manlju dêr komme mei it fee,

fretten mear fynt.

mar de hiele húshâlding.

16

gek op skiednis

rammeler fan in lytse poppe… In teken dat

no


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 17

13-FEB-14

Earst nei hûnderten jierren komt der in ein oan dy simmertrek. Dan beslute se hjir te bliuwen. Om it droech te hâlden sykje se de hegere plakken yn it lânskip op en bouwe dêr wenninkjes. Binne dy plakken fan natuere net heech genôch, dan méítsje se se heger. Klaai genôch, en oars wol dong en ôffal. De jiske-auto komt noch lang net del.

TWA HITSUM, ERP FAN BY DE T TSJES, N N E E I T T S S N FY WA SPIN SJES, T T O P R N IN E E U MINIAT ELDEN) NTELSPJ LAE (MA . L O T TWA FIBU N I R IN SP ULLE FOA BIENEN N

Dit is it begjin fan ús terpelân, sa’n 600 jier foar Kristus, ek al is it earst mar hiel beskieden. Elk hûs in eigen terpke, mar wol ticht by

Letter, as de terpen grutter wurde, krijt hast

elkoar. Wol sa gesellich en wol sa feilich. Net echt handich. Nei ferrin fan tiid meitsje se fan

elk hûs in eigen wetterput. Dy putten feroarje stadichoan yn skat-

in pear lytse terpkes ien grutte. En se gean troch mei it opheegjen, laach foar laach, byts-

keamers… want wat yn it wetter falt, bliuwt op ’e boaiem achter. Spitich foar de terpbe-

je by bytsje, want altyd bliuwt der dy driging fan de see mei it sâlte wetter…

wenners, mar moai foar ús. Want al dy ‘verloren voorwerpen’ fertelle ús no, twatûzen jier

Ien ding ferjit de terpbewenner dan ek noait:

letter, fan alles oer it libben fan de terpbewenners.

swiet drinkwetter foar himsels en foar syn fee. Midden op ’e terp komt in wetterdobbe. Dy is

It ierdewurk bygelyks lit sjen dat it betûfte

fan libbensbelang. As dêr seewetter yn komt, is de ramp net oer te sjen. Dêrom bouwe se der noch in ferheging omhinne fan balken,

pottebakkers wienen en dat se wol in potsje brekke koenen... Gouden en sulveren munten getuge fan han-

klaai en seadden. Al soe de see no ek oer de

nel en net allinnich mei de neiste buorlju. Ploechizers en oar ark fertelle fan it wurk dat se dienen. Boeren wienen it en fiskers.

hiele terp hinne spiele, it drinkwetter is yn elts gefal feilich.

Sels redens dûke op. Ja, fansels! De Romeinen sprieken al fan ‘Friezen’. En reedriden sit de Friezen fanâlds yn it bloed, ek al moasten se it yn it begjin dwaan op kowebonken.

hegebeintum

17


84370-1_T_v1_Skiednisboek_1_Trimboxes_ipp Page 18

13-FEB-14

De fynsten yn de terpmodder litte ek sjen hoe’t de bewenners derby rûnen. Ferjit it byld mar dat se as ûnbeskaafde Germanen noch yn bistehûden omfleagen. Dat binne fabeltsjes.

klean fan wol en fan linnen. Se kjimden it hier, droegen sieraden fan brûns, kralen fan glês en barnstien, tefolle om op te neamen. Koartsein: se stienen der kreas op!

De terpbewenners koenen spinne en weve en droegen klean nei de moade fan de tiid,

ÚT BULA IN FI IEU. NDE Â S DE

18

gek op skiednis

Yn de terp fan Winaam is sels it ark fan in goudsmid fûn en in prachtige mantelspjelde, in fibula. Ferskil yn status wie der yn de terpetiid ek al. De fibula waard net droegen troch de earste de bêste boer, mar moat fan in tige foarnaam persoan west ha, miskien wol ien fan keninklike status.

Profile for Dieuwke Posthumus

Gek op skiednis  

Inkijkexemplaar

Gek op skiednis  

Inkijkexemplaar

Advertisement