
6 minute read
Fuort mei de sobber
from heit&mem nr. 2 2022
by heit&mem
Berber Spliethoff is skriuwster, logopedist en Taal-Spraakpatolooch.
‘It is ek wier net frjemd dat heiten en memmen begjinne mei in sobber’, besykje ik har del te bêdzjen. ‘Babys hawwe dat ferlet no ienkear. It jout in gefoel fan feiligens. De keunst is om der op tiid mei te stopjen. Mar ik begryp datsto dêr tsjinoan sjochst. Wier, it stopjen mei de sobber liket no hiel dreech, mar meastal falt it ta’, fertel ik har. ‘Al hasto miskien de earste nacht en miskien wol de earste wike wat koartere nachten. Mem sjocht my betinklik oan en knikt. ‘Ik haw wol in pear tips. Ik app se dy daliks efkes*’, sis ik. ‘Ek ried ik dy oan om in ôfspraak te meitsjen mei in logopedist. Dy kin mei alles helpe. It komt allegearre goed.’
Advertisement
In pear wike letter tref ik de mem fan Aafke wer op ’t plein. ‘Do hiest hielendal gelyk’, ropt se noch foardat se by my is. ‘It foel tige ta. Ik haw dyn tips daliks opfolge. In beleanningssysteem en oerdei net mear de sobber’, seit mem. ‘Ofrûne freed hawwe we alle sobbers op de bus dien. Aafke hat jûns mar in oerke ûnrêstich west en no hear ik har der net mear oer’, fertelt se ferbjustere. ‘Ik seach der as in berch tsjinoan. Dat hie ik earder dwaan moatten’, seit se. ‘Gelokkich’, sis ik. ‘En de logopedist is hiel aardich’, seit mem. ‘Se hat allegearre mûlmotorykoefeningen meijûn. Minsken kinne har no al better ferstean’, fertelt mem bliid.
Dêr giet de skoalbel. Aafke komt hân yn hân mei har nije freontsje nei bûten draven. Se laket har tosken bleat!
*Tips om fan de sobber ôf te kommen
• Stopje sa betiid mooglik mei de sobber as it ferlet fan sobjen ôfnimt. Om de 1 oant 1,5 jier hinne. Stekt dyn berntsje daliks de tomme of wat oars yn de mûle? Dan kinst better noch efkes wachtsje en it letter noch in kear besykje. Foar de leeftiid fan twa jier moat it eins wol dien wêze mei de sobber. Hoe earder, hoe makliker it giet. • Brûk in beleanningssysteem (foar de wat âldere bern). Bou it oantal oeren sûnder sobber op. Of praat ôf dat de sobber op bêd bliuwt en allinne noch mar foar nachts is. • Treast net mei in sobber. Treast it bern sels of bied it in alternatyf, bygelyks in koeser. • Freget it bern hieltyd om de sobber?
Soargje dan foar ôflieding. Bygelyks heit/mem helpe. • Meitsje in nij ritueel by it op bêd gean.
In ekstra ferske of in boekje foarlêze, sadat it bern alfêst leare kin om te ûntspannen sûnder sobber. • En, wichtich, bliuw konsekwint, hoe dreech dat somtiden ek is. • Nim ôfskie fan de sobber!
Doch de sobbers op de post. Begraaf se yn de tún. Swaai se út, jou se oan
Sinteklaas foar de babypiten, ensfh.
Doch dat op in dei dat der genôch rêst is yn de húshâlding en heit/mem der sels ek de romte foar hawwe.
Guon minsken slaan alle boppeneamde stappen oer en nimme daliks ôfskie. Dat kin bygelyks as it bern de sobber allinne op bêd brûkt. Spilet de sobber oerdei in grutte rol, dan kin ôfbouwen in bettere kar wêze. Dêroer binne de mieningen ferdield.


Van speen tot kinderwagen, van romper tot babykamer... Laat je bij BabyPlanet inspireren door de mooiste babyspullen!

Wist je dat onze gróóóte winkel in Drachten 7 dagen per week open is? Dus ook elke zondag! Een ideale dag om (samen) te shoppen voor je kleintje.

3.000m2 baby-spullen-geluk bijBabyPlanet Drachten!




Oh baby, it's shoppingtime! En wij nemen je aan de hand in deze nieuwe wereld.

Word GRATIS BabyPlanet Family Member en spaar voor korting! 500 punten = €20,- en 1.000 punten = €50,-
Op Instagram laten we de mooiste setjes baby- en kinderkleding zien. setjes baby- en kinderkleding zien. Scan de QR-code en vlieg direct naar Instagram. :-) Kleding shop je in onze winkels van maat 50 t/m 110.

BabyPlanet's favorites



1. Stokke Tripp Trapp black 235,- dé design kinderstoel • 2. Jollein Dinnerset caramel 34,99 mooi op tafel en handig met zuignap • 3. Sophie de Giraf 20,99 een klassiek babycadeau • 4. Little Dutch Baby Walker Little Goose 69,95 de eerste stapjes leren wordt een feestje! • 5. Studio Noos Mom Bag Holy Cow 59,95 alle babyspullen in deze super shopper • 6. Feetje pyjama v.a. 14,95 al meer dan 25 jaar dé musthave pyjama Onze babywinkels vind je in Drachten, Sneek, Assen, Meppel en Groningen • Shop online op babyplanet.nl
Zelf vogelvoer maken met kinderen
Nu het steeds kouder wordt, is het voor de vogels lastiger om eten te vinden. Je kunt ze een handje helpen deze winter. Ik laat zien dat je heel eenvoudig samen met je kinderen zelf vogelvoer kunt maken, zodat je de vogels deze winter goed kunt verwennen!
Wat heb je nodig?
• Vet (bijvoorbeeld kokosolie of frituurvet) • Zaden (zoals maanzaad, pompoenpitten of zonnebloemzaden of gewoon kanten-klaar vogelzaad) • Uitsteekvormpjes • Bakpapier • Draad • Rietje

Ga aan de slag
1. De verhouding vet en zaden is ongeveer fiftyfifty. Ik heb voor deze drie vormpjes 75 gram kokosolie en 75 gram vogelzaad gebruikt. 2. Smelt het vet in een pannetje op laag vuur (maak het vooral niet te heet). 3. Voeg de zaadjes toe aan het warme vet en roer het door. Merk je dat het te vet is? Voeg dan nog wat zaadjes toe. 4. Verdeel het mengsel over de vormpjes en druk zacht aan met de achterkant van een lepel. 5. Knip een rietje in drieën en steek in elk vormpje een stukje. Zo krijg je straks een gaatje waar je ze aan kunt ophangen. 6. Laat ze goed afkoelen (bijvoorbeeld in de koelkast). 7. Als alles hard is geworden, verwijder je voorzichtig de rietjes en vormpjes.
Nu is het tijd om het vogelvoer, samen met de kinderen, buiten op te hangen, of een ander plekje te geven in de tuin.
Hi, ik ben Cheryl (34 jaar), getrouwd en mem van Wisse (6 jaar) & Carice (3 jaar). Met z’n vieren wonen we in Kollum. Op mijn mama- en lifestyleblog Ps. Cheryl (www.pscheryl.nl) vind ik het geweldig leuk om inspiratie voor vrouwen/moeders te delen. Van moederschap tot lekkere recepten. Leuke DIY’s of tips voor uitjes met het gezin.

Tip: Om de vogels helemaal te verwennen, zou je er ook nog een aantal doppinda’s aan kunnen rijgen.
Variaties Het is niet alleen leuk om vogelvoer met uitsteekvormpjes te maken, je zou het bijvoorbeeld ook kunnen maken met: • een oud kopje dat je nog in de kast hebt staan • de onderkant van een melkpak • cupcake-vormpjes
