1 minute read

Tomkeferhaaltsje

Next Article
Thúswurden

Thúswurden

Noflik fanalles & in lokkich altyd!

Advertisement

Reedride Noch ien ferhaaltsje

Auck Peanstra

‘Sa, Tomke’, seit Kornelia. ‘No sliepe.’ Se leit it boek op it kastke. ‘Noch ien ferhaaltsje!’ seit Tomke. ‘Dan is it boek út.’ Kornelia laket, se pakt it boek wer. ‘Goed, mar dat is dan écht it lêste.’ Kornelia lêst it ferhaal foar. ‘Uterdepút!’ seit se en docht it boek ticht. Se jout Tomke in tút. ‘Lekker sliepe, Tomke.’ Se aait Romke oer de kop. ‘Lekker sliepe, Romke.’ Kornelia wiuwt noch eefkes, dan is se fuort. Yn ’e keamer ploft se op ’e bank. Se krijt in boek en begjint te lêzen. It is hiel stil yn ’e hûs. Mar... in skoftke letter net mear. Wat heart se dêr dochs? Krekt of prate der minsken. Kornelia sjocht troch it rút. Der is net ien bûten. Wêr komt it praten dan wei? Se rint nei de gong. Hjir heart se it noch better. It komt fan boppen! Hiel foarsichtich slûpt se by de trep op.

It praten komt fan Tomke syn keamer. Kornelia harket oan ’e doar.

Wolsto ek FERGEES moaie printables, wurdkaarten, ferhaaltsjes, kleurplaten, ferskes en nifelwurkjes foar pjutten yn dyn mailbox krije? Sjoch dan op www.tomke.nl en meld dy oan foar de nijsbrief!

It is Tomke, hy lêst in ferhaaltsje foar. Stadich docht se de doar iepen. Tomke sit op bêd mei Romke njonken him. En Tomke lêst Romke foar. Tomke laket as er Kornelia sjocht. ‘Ik kin sels ek wol foarlêze’, seit er. ‘Prachtich!’ glimket Kornelia. ‘Dan meisto my moarn in ferhaaltsje foarlêze.’ Se krijt him it boek út ’e hannen. ‘Moarn! Mar no sliepe, hear.’ Tomke krûpt ûnder it dekbêd. ‘Okee,’ seit er, ‘fan foarlêzen wurde je wol wurch.’ Dan falt er yn ’e sliep.

This article is from: