FR Sintboek Bas ISSUU_preview

Page 1

Bas Ragas & Esther Leeuwrik

Haadpyt fertelt

Dizze útjefte makket diel út fan de rige nationale sinteklaasboeken, mooglik makke troch FrieslandCampina.

Tekst

Bas Ragas

Yllustraasjes

Esther Leeuwrik

Fryske oersetting

Anneke Burgy en Martsje de Jong

Einredaksje

Gerard van Midden

Grafyske fersoarging

Leoniek de Hoop

Drukwurkbegelieding

Eric Daams

Konsept en produksje

Blue in Green BV, Eric Holman – Amsterdam

Utjouwer

Blue in Green Publishing

ISBN 9789083277189

NUR 273

© 2023 Blue in Green BV. Tekst: Bas Ragas. Yllustraasjes: Esther Leeuwrik. All Rights Reserved.

Foar mear ynformaasje: www.sinterklaasprentenboeken.nl

Bas Ragas & Esther Leeuwrik

‘Haadpyt, asjeblyft, fertel noch ien kear dat ferhaal fan doe’t stoute berntsjes noch yn ’e sek fan Sinteklaas mei nei Spanje moasten?’

Soe de Haadpyt deryn traapje?

‘Wy kinne echt noch net sliepe, dat ferhaal dat jo…’

‘Okee,’ prottelet Haadpyt, ‘mar dêrnei moatte jim op bêd.’

‘Jaaa,’ sizze alle Pytsjes ynienen hiel braaf. Dan begjint Haadpyt te fertellen.

Yn Haarlim is it sa kâld as it allinnich lang lyn wêze koe. De snie waait troch de strjitten en slacht tsjin de ruten fan it stedhûs.

Moarn is it Sinteklaas en de koks, sûkelademakkers en banketbakkers hawwe it der mar drok mei. Elk skrept om mar gau nei hûs ta te kinnen, behalve in lyts jonkje en syn rûchhierrige tekkel Sigaar, sy dangelje mar wat om.

‘Hee, dogeniet, opdonderje. Do stiest yn ’t paad,’ raast in koetsier dy’t mei de koets oer de klinkerts fan de Grutte Merk kletteret.

Ek al hat Dogeniet gjin heit en mem en broerkes of suskes, hy fielt himsels noait allinnich. Want Dogeniet hat Sigaar, syn leave trouwe kammeraat. Se hearre nergens by, mar wol by elkoar.

‘Sjoch, Sigaar, hast ek sin oan in broadsje woarst? Of wolst wat farske molke?’

Jûns smokkelet Dogeniet syn hûntsje de sliepseal yn

fan it weeshûs. Want tegearre op bêd is folle geselliger as allinnich.

‘Kom, Sigaar, krûp mar ûnder myn jas. Sstt, net blaffe hear, oars wurdt elkenien wekker.’

As de direktrise fan it weeshûs, frou Heksema, it mar net yn ’e gaten kriget…

‘Lûk dyn sturt ûnder de tekkens, Sigaar, oars…’

‘Hûûûûûûûn!’ ropt Pelle, de pestkop fan ’e sliepseal.

‘Stil no!’ systeret Dogeniet.

‘Der leit hjir in hûn yn ’t bêd!’ raast Pelle.

Elkenien skrikt wekker.

Frou Heksema ek.

De direktrise stoot de sliepseal yn. ‘Wat is hjir te rêden?’

‘Net bewege, Sigaarke,’ flústeret Dogeniet mei triljende stim.

‘Mefrou, der leit in fize rôt yn dat bêd!’ raast Pelle.

‘Grrr, ik bin gjin rôt en al hielendal net fiis,’ grommelet Sigaar krekt wat te lûd.

‘Do wolst ek net doge, hin, jonkje. Derút mei dat fize bist!’ seit frou Heksema lilk.

Sigaar moat nei bûten, de kâlde nacht yn, allinnich.

‘Psst, Sigaarke, hast ek honger?’

Sigaar stekt de earen op en kwispelet bliid as er syn freontsje sjocht.

Dogeniet fuorret him lytse stikjes sûkerbôle troch it iepen finster.

Sigaar skrokt de bôle op, knypeaget nei Dogeniet en falt dan yn ’e sliep, wylst de snie sêft op syn kopke falt.

Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.