Page 1

GEMEENTEPROGRAM 2014 – 2018 FNP ACHTKARSPELEN

FNP : De krêft fan de mienskip 1


Ynhâldsopjefte

side

Foaropwurd

3

Kearnwearden fan de FNP

4

Bestjoer,Demokrasy,Tsjinstferliening,Partisipaasje,Gearwurking

5

Programplan 1. Mienskip en WolwĂŞzen

6

2. Wurk en Ynkommen

10

3. Feiligens

11

4. Leefomjouwing

12

5. Untwikkeling en Ekonomy

14

6. Tsjinstferliening en Jildsaken

16

De kandidatelist fan de FNP-- Achtkarspelen

17

Koarte skiednis fan de FNP yn Achtkarspelen

18

Adressen FNP Achtkarspelen

19

2


It program FNP Achtkarspelen 2014-2018 Foaropwurd De FNP wol him as politike partij ynsette foar alle ynwenners yn ús gemeente. De FNP is gjin filiaal partij fan de Haachske partijen en kin sa yn alle frijheid opkomme foar de belangen fan ús ynwenners yn Fryslân. De FNP is likegoed wol fertsjinwurdige yn De Haach troch gearwurking mei oare partijen yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie), dy‘t in sit yn de Earste Keamer hat. Fierder wurket de FNP yn de EFA (European Free Alliance) ek gear mei oare regionale partijen yn Europa. Foarop stiet lykwols, dat de FNP útgean wol fan de eigen krêft fan Fryslân. De FNP wol stride foar in libbene mienskip, takomst fan jongerein behâld fan natuer, iepen romte en kultuer. De tiden fan automatyske groei fan de ekonomy, befolking en finânsjes lizze efter ús. Op fergrizing fan de befolking moat antisipearre wurde. Kreativiteit is nedich om de kânsen dy't der binne te gripen. De ekonomyske krêft fan de gemeente sit him yn it MKB (midden- en lytsbedriuw), yn de lânbou, de rekreaasje en it toerisme. In aktyf belied moat op stimulearring rjochte wêze. It opromjen fan oerstallige regels en prosedueres is de FNP flak foar. It ynkeap- en oanbestegingsbelied moat profesjoneel wêze en sa regele wurde dat lokale en regionale bedriuwen de foarkar krije. Winkelstrjitten en winkelsintra foarmje it hert fan ús gruttere kearnen. Se binne fan grut belang foar de leefberens. It fergees parkearen is in grut pluspunt. In goede digitale ûntsluting is belangryk. De FNP is foarstanner fan inisjativen om te kommen ta in digitale ‘snelweg’ (glasvezel), ek yn it bûtengebiet. De FNP fynt it wichtich dat ynwenners dy’t ûnevenredich swier troffen binne en wurde troch it ryksregear op it sosjale mêd goed holpen wurde moatte. Mei-elkoar en foarinoar mei fleur en faasje yn hechte (doarps)mienskippen de kommende jierren in leefbere mienskip behâlde en opbouwe. Dêrby is it fan grut belang dat de foarsjennings yn de doarpen bliuwe. Dat is it stribjen en wol de FNP berikke as selsstannige gemeente Achtkarspelen yn goed oparbeidzjen mei de buorgemeente.

FNP

3


Kearnwearden fan de FNP Demokrasy De macht leit by it folk op basis fan it prinsipe fan betrouwen. It bestjoer kriget de folmacht fan it folk en mei it betrouwen dêrfan net beskamje. Federalisme De FNP stribbet nei in bestjoersfoarm dêr’t it foech dellein wurdt by de leechste oerheden, om’t dêr de bining mei de boargers it grutst is. De FNP kiest derfoar om it foech sa folle mooglik binnen Fryslân te lizzen. Solidariteit De FNP is in mienskipspartij, kenmerke troch in sterk solidêr tinken. Wy leauwe yn de krêft fan ferskate mienskipsfoarmen om mei-inoar ynfolling te jaan oan ús libjen meiinoar. Foar de opbou fan de mienskip is it wichtich dat der solidariteit is tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik en dat nimmen oan de kant komt te stean. Duorsumens De FNP wol de wrâld goed neilitte oan de kommende generaasjes. We meie net potfertarre, mar moatte sykje nei ekonomyske besteansfoarmen dêr’t lykwicht is tusken konsumearjen en konservearjen. De FNP sil dêrom as it giet om it behear fan natuer, miljeu, de romte en finânsjes in lange termynpolityk fiere. Ynternasjonalisme Nasjonale steaten hearre yn ús eagen ta it ferline. De FNP siket nei wat minsken bynt, net nei wat harren útinoar driuwe kin en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Om wrâldproblemen de baas te kinnen, sille dy mienskippen op foet fan lykweardigens mei-inoar gearwurkje moatte. Dêr leit ek de takomst fan Fryslân. Undernimmerskip De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen. Taal en kultuer Taal en kultuer drage yn hege mate by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken en mienskippen. De FNP stribbet nei in Fryslân dêr’t ferskil yn taal en kultuer respektearre en wurdearre wurdt en makket him dêrneist yn it bysûnder sterk foar de takomst fan de Fryske taal en kultuer as mienskiplik erfguod fan Fryslân.

4


Bestjoer, Demokrasy, Tsjinstferliening, Partisipaasje en Gearwurking Utgongspunt fan ús stribjen nei in federalistyske steatsynrjochting is in struktuer dêr't elke mienskip, dus ek de doarpen, mear en mear it foech en de middels krije om har mei har eigen saken te rêden. In federale opbou, dus fan ûnderen ôf, betsjut dat de doarpsmienskippen safolle mooglik sels har takomst bepale kinne, fasilitearre troch de gemeente en passend binnen it gemeentlike ramt. Fan de gemeente wurdt ferwachte:  Folsleine iepenbierens fan bestjoer.  Dat der harke wurdt nei de mienings en stânpunten fan yndividuele boargers, doarpen en pleatslike belangen.  Iepen doarren en lege drompels.  It korrekt en mei faasje ôfhanneljen fan saken.  In oanpak dy’t rjochte is op de klant, mei as biedwurd: "As it heal kin, giet it hielendal troch".  Romme en dúdlike foarljochting en ynspraak oer alle gemeentlike saken, dy't foar de ynwenners fan belang binne, foardat besluten nommen wurde.  Dat safolle mooglik minsken, belanghawwenden en pleatslike belangen yn in ier stadium by de planûntwikkeling belutsen wurde.  Dat besjoen wurdt hokker taken troch de doarpen sels oppakt wurde kinne, en dêr wêr’t nedich jild foar dy taken beskikber komt.  Dat hja in tsjinstferlienende ynstânsje is en iepen- en klearstean sil foar al har ynwenners.  Helder, dúdlik en betrouber te wêzen rjochting de boarger.  Dat yn it ramt fan it dualisme de Ried as orgaan de doarpen opsiket. Fierders is de FNP fan betinken dat; o Achtkarspelen as gemeente selsstannich bliuwt. o Der gearwurke wurdt mei gemeente Tytsjerksteradiel, mei as útgongspunt dat it belied by de gemeente sels bliuwt en útfiering, dêr’t it foardiel opsmyt, mienskiplik. o It kolleezje foarme wurdt op basis fan program oerienstimming. o De befolking it foech krijt om har eigen boargemaster te kiezen. o Enkêtes en referindums binne passende foarmen fan in direkte demokrasy. Mei yn acht nimmen fan de wetlike regels sil de gemeente dat fia in feroardering regelje moatte. o Gemeentlike taken yn gearwurking mei oare gemeenten útfierd wurde kinne as it mearwearde hat, kostebesparjend wurket en de ynfloed fan boarger en gemeenterieden fersekere is.

5


Program 1.

Mienskip en Wolwêzen

De gemeente krijt mear taken fan it ryk op it mêd fan wurk, WMO en jeugd. De gemeente krijt foar dy taken lykwols minder jild. Der wurdt in grutter berop dien op selsredsumens, mantelsoargers en frijwilligers. It fanselssprekkende dat de gemeente alles regelt en bekostigt is foarby. Wy sille mei-inoar oparbeidzje moatte om derfoar te soargjen dat der gjin minsken tusken wâl en skip reitsje. Doarpen moatte elkoar fersterkje, net bekonkurrearje. In goed doarpenbelied is ûnmisber. It meast sprekkende fan Fryslân is de taal. Taal is by útstek it middel om kultuer oer te dragen. De gemeentlike oerheid moat alle war dwaan om it brûken fan it Frysk te stimulearjen. Goed meartalich ûnderwiis is fan essinsjeel belang foar it yndividuele bern, mar ek foar de takomstige wurkgelegenheid yn Achtkarspelen. Skoallen dy’t wurkje neffens in bewust taalkonsept, (bygelyks de trijetalige skoallen), helje goede resultaten.

Underwiis      

Foar alles moat foarkommen wurde dat de lêste skoalle op in doarp tichtgiet. Inisjativen út in doarpsmienskip wei om ta in gearwurkingskoalle te kommen, fertsjinnet stipe. De gemeente set him yn om de doelstellings fan it taalbeliedsplan ta in sukses te meitsjen. Skoallen hearre belied te hawwen foar meartaligens en foldwaande oandacht foar de Fryske taal. De gemeente jout fasiliteiten oan de basisskoallen dy’t dielnimme oan it netwurk “trijetalige skoalle”. Foar pjutteboartersplakken en berne-opfang is goed taalbelied basearre op de meartalige situaasje Frysk en Nederlânsk in betingst. Op dy wize wurdt effektyf taalûnderwiis kombinearre mei it trochjaan fan de memmetaal. It is dêrom fan it grutste belang dat op de pjutteboartersplakken de bern yn de eigen memmetaal opfongen wurde en as der toetst wurdt, sil de toets yn’ e eigen memme taal ôfnommen wurde moatte.  Ek fan hûs út oarstalige bern hearre fanút de twatalige situaasje it Frysk mei te krijen  Inisjativen/projekten dy’t der op rjochte binne om it ûnderwiis en it bedriuwslibben better op inoar oanslute te litten, wurde stipe.

Taal  Útfiering jaan oan nota Frysk taalbelied Achtkarspelen 2013.  It brûken fan it Frysk sil yn ús gemeente fanselssprekkend wêze as taal yn de omgong en by formele gearkomsten. De gemeente sil om it eigen taalgebrûk te stimulearjen it Frysk posityf benaderje troch de minsken út te noegjen Frysk te praten en te skriuwen en konsekwint tapasse.  Amtners dy’t streekrjocht yn kontakt stean mei de boarger, behearskje it Frysk aktyf en brûke dat as earste taal.  Foar beropskrêften yn tsjinst by ynstellings dy’t subsidiearre wurde troch de gemeente, wurdt de gelegenheid jûn om in kursus Frysk te folgjen.  Behearsking fan it Frysk is in pree by sollisitaasje nei in baan by de gemeente of gemeentlike ynstelling of ree wêze om de taal te learen.  De uteringen fan de gemeente sille twatalich wêze. Dat jildt ûnder oaren foar saken as it webstek, ferwiisbuorden en drukte media.  Yn Gerkeskleaster en Stroobos wurdt it Kleasters brûkt en ek dy taal freget omtinken.  De gemeente sil in (trochferwiis) loket ynrjochtsje om boargers en bedriuwen te helpen by saken oangeande it Frysk.  De gemeentlike oerheid hat in foarbyld funksje foar it brûken fan it Frysk.  De gemeente stimulearret de sichtberens fan it Frysk yn in pear doel sektoaren,sa as de soarch foar de âlderein.  Om’t in grut part fan ús ynwenners de eigen taal it Frysk net goed lêze en skriuwe kin, is it fan belang om leechdrompelige en koart duorjende kursussen Frysk oan te bieden.

6


Soarch 

Trije desintralisaasjes: AWBZ, Jeugdsoarch en Partisipaasjewet.

De trije D‘s binne de grutste útdaging foar de gemeente de kommende jierren. It is nij, it moat oars en ek noch mei folle minder sinten. It giet lâns twa linen. Minder soarch, de minsken moatte harsels mear rêde en de organisaasje moat ienfâldiger en dus doelmjittiger en tichterby de minsken. Ien sintraal loket foar helpferliening, en ien yntegraal plan foar in húshâlding mei ien helpferliener as oansprekpunt. Der moat útgien wurde fan wat de minsken sels kinne, fan harren eigen krêft. De selsredsumens moat safolle mooglik stimulearre wurde en yn oerlis mei de minsken oanfoljende stipe yn 'e soarch fasilitearje dêr't dat nedich is. De minsken dy't soarch nedich hawwe moatte dêrby minder as kliïnt en mear as partner sjoen wurde. Misbrûk fan budzjetten dy't bûn binne oan de persoan moat safolle mooglik foarkommen wurde, wy sjogge mear yn in budzjet dat de persoan folget: byspringe dêr't it nedich is, mar ek meikedize oer de besteging fan it jild. De útjeften moatte al passe by it te realisearjen soarchdoel. Wat kinne de minsken en har omjouwing sels en wêr moat de helpferliening stypje. Mei it each op grutte finansjele risiko's sil de gemeenteried de budzjetten skerp yn ‘e gaten hâlde moatte, de riedsleden moatte tafersjoch hâlde oft it jild doelmjittich bestege wurdt. Earste prioriteit sil it fangnet foar de swaksten wêze moatte, de oaren sille har safolle mooglik sels rêde moatte. It tichterby de minsken organisearjen fan de soarch troch de desintralisaasje sil ek in fysyk plak ha moatte. Doarpshuzen kinne dêrta breder ynsetten wurde.       

Minsken belûke troch budzjetten tichteby te bringen en doelmjittiger te wurkjen. Operaasje 3D budzjet stjoere, goed fangnet en sober mei berop op selsredsumens. Frijwilligers en mantelsoargers binne ûnmisber en moatte royaal stipe en stimulearre wurde. Doarpshuzen duorsum meitsje en ynsette as fysyk plak yn it ramt fan de desintralisaasjes. Tichtby de boarger yn it doarp. De gemeente moat noed stean foar befolkingsgroepen dy’t yn ‘e knipe komme. Minsken dy’t finansjeel, lichaamlik of geastlike problemen hawwe, moatte altyd telâne kinne by it gemeentlik loket en de sosjale tsjinst yn ús gemeente. De doelgroepen sille bliuwend op’ e hichte brocht wurde fan harren rjochten, plichten en mooglikheden. Yn ‘e doarpen is it fan belang dat der soarchteams komme dêr’t de eigen doarpslju it foar’t sizzen krije mei deskundige stipe.

Alderen en Beheinden Alderen en beheinden foarmje in hieltyd grutter part fan ús mienskip. It belied moat derop rjochte wêze dat minsken har salang mooglik thús rêde kinne. Geskikte soarch wenningen foar de âlderen en beheinden ferspriede oer de doarpen.

 Om te kommen ta yntegraal âlderenbelied is it fan belang dat dizze groep belutsen wurdt by de planfoarming.  De groep âlderen dy’t feriensumet en mei psychyske problemen sit, wurdt hieltyd grutter. Dit is in ûnderskat probleem en sil wat oandien wurde moatte.  It belied foar âlderen en beheinden sil der op rjochte wêze moatte dat hja har sa lang mooglik, mei passende help, thús rêde kinne  It in goede saak dat de minsken yn eigen doarp wenjen bliuwe kinne. û.a fia oanpast bouwen (kangeroewenten)  Thússoarch en soarch op maat, moat yn alle doarpen oanbean wurde.  Foar beheinden en âlderen is it wichtich dat de gebouwen goed berikber en tagonklik binne.

7


Jongerein Foar de leefberens is it in goede saak dat de jeugd him ûntjaan kin yn eigen doarp of stêd. Jongeren ha dêr net allinne rjochten, mar ek plichten. Jeugd- en jongerenklups dy't yn de ferskate doarpen fan de grûn komme, fertsjinje ús stipe. Datselde jildt foar aktiviteiten, dy't befoarderje dat de jongerein ek mear yn de mienskip behelle wurdt.  De gemeente moat romte biede foar inisjativen dêr't de jongerein sels mei komt.  Yn prinsipe moat de jeugd yn elk doarp in ûnderkommen ha, sadat se net oanwiisd binne op bars, kafees of de strjitte.  In keet foar de jeugd op eigen hiem fan de âldelju moat kinne, foarsafier der foldien wurdt oan de gemeentlike betingsten.

Sosjaal Kultureel Wurk 

It sosjaal kultureel wurk hearre oan te sluten by it ferlet fan de minsken en tagonklik foar elkenien, fasilitearre troch de gemeente.

Foarsjennings   

De FNP wol har ynsette om de foarsjennings op de doarpen yn stân te hâlden. De mienskippen binne yn it foarste plak der sels ferantwurdlik foar en de gemeente fasilitearret. Klup- en doarpshuzen binne tige wichtich foar de mienskip en it mienskipslibben. Nije inisjativen dy’t út de mienskip weikomme en draachflak foar is, kinne rekkenje op in positive ynstek. Pjuttewurk en opfang moat yn elts doarp behâlden bliuwe. .

Yntegraasje 

De yntegraasje fan allochtoanen, de âldere allochtoan likegoed, moat mear omtinken krije sûnder it ferlies fan identiteit. De gemeente moat soargje foar kwalitative en goede kursussen Nederlânsk en Frysk, dy't folslein op 'e situaasje fan de minderheidsgroepen berekkene binne. Nije boargers en bedriuwen bûten Fryslân wei hearre troch de gemeente foarljochte te wurden oer de twatalige situaasje.

8


Kultuer ’Dy't de eigen kultuer net leaf hat, kin in oar sines mar min wurdearje en respektearje’.  Om't taal by útstek it middel is om kultuer oer te dragen, kinne taal- en kultuerpolityk net los fan inoar sjoen wurde.  In taalpolityk, dy't rjochte is op in lykweardige posysje fan it Frysk is in betingst foar in folweardige Fryske kultuer yn al syn uterings.  Kultuer lit him foar it grutste part net stjoere troch de oerheid. Wêr't de oerheid wol meistjoert, nammentlik troch it beskikber stellen fan subsydzjes, sil rekken hâlden wurde moatte mei it belang fan benammen Frysktalige kultueruteringen foar it yn wêzen bliuwen fan de mienskipsidentiteit.  Algemiene muzikale foarming wurdt breed ynset yn it basisûnderwiis.  De ôfspraken t.o.f. de regionale gearwurking fan de biblioteek wurde respektearre.  Troch it digitalisearjen wurdt der skielk minder boeken liend. It yn gong setten fan de digitale biblioteek mei faasje opsette.  2018, Achtkarspelen 680 jierrich jubileum, freget om ûntwikkeling fan inisjativen, yn relaasje ta kulturele Haadstêd Fryslân.

Sport  Sport is wichtich as binende faktor yn it mienskipslibben en foar it befoarderjen fan de folkssûnens.  De gemeente stipet initiativen oangeande sport om lyts en grut yn aksje te krijen en te hâlden.  Sportfoarsjenningen moatte safolle mooglik evenredich oer de doarpen ferspraat bliuwe en tagonklik foar elkenien.  Fierdere privatisearring en/of oerdracht fan sportfoarsjennings moat mooglik makke wurde.  Selsbehear fan (sport-)akkomodaasjes en sportterreinen stimulearje.  Partisipaasje regeling yn stân hâlde.  Kânsen ta sportsstimulearring wurde stipe.  Neist de oare sporten sil ek de sportfiskerij omtinken krije.

9


Program 2.

Wurk en Ynkommen

Yn de grûnwet leit ferankere dat elk it rjocht hat op in selsstannich en minsweardich bestean. Alle minsken binne lykweardich en moatte dêrom op in goede wize folweardich oan de maatskippij dielnimme kinne.

Bystân Yn it ljocht fan de kommende besunigings moatte wy hoeden omgean mei ús minima.       

It jierferslach fan de sosjale tsjinst (WMO) heart in goed ynsicht oer de ferliende tsjinsten te jaan. Dêr’t de wet en de finansjele romte fan de gemeente mooglikheid biedt ta it ferlienen fan yndividuele stipe docht de gemeente Achtkarspelen dat, mei each foar eigen ferantwurdlikens fan de kliïnten. Foarop moat stean dat foarkommen wurdt dat minima yn in sosjaal isolemint reitsje. Fan minsken dy’t in útkearing fan de gemeente krije en dy’t by steat binne ta wurk, mei ferwachte wurde dat hja (in part fan har tiid) nuttich besteegje oan de maatskippij. De doelgroepen sille sa goed mooglik op’ e hichte brocht wurde moatte fan harren rjochten en plichten en mooglikheden, tink oan de skuldhelpferliening, en de bysûndere bystân. Fraude mei foarsjennings en útkearings moatte konsekwint opspoard wurde. By (in diels) ûntmanteling fan Caparis wurdt der noed stien foar de wurknimmers by de Sosjale Wurkfoarsjenning. (WSW-ers)

10


Program 3.

Feiligens en Folksûnens

De FNP fynt dat de boarger him feilich fiele kinne moat: it fan belang is dat de polysje altyd goed berikber is, it polysje-apparaat him primêr mei de iepenbiere oarder en it feilich fielen heart te rêden. De FNP bliuwt fan betinken dat it polysje-apparaat rjochtstreeks ûnder demokratyske kontrôle komt fan de provinsje Fryslân             

De polysjepost yn it gemeentehûs as oansprekpunt yn stân hâlde. De polysje sil alert wêze moatte op plakken dêr’t oerlêst him foardocht. It gemeentlike rampeplan sil oan-ien-wei aktualisearre en oefene wurde moatte. De brânwacht moat goed tarist wêze om har taken optimaal útfiere te kinnen. De boargemaster hâldt tafersjoch op feilichheidskwestjes en krisisbehearsking. Dêrby rjochtet er him benammen op de feilichheid yn ús gemeente. De gemeente soarget derfoar dat bedriuwen foldogge oan de wetlike noarmen foar miljeudruk, hinder en feiligens. De gemeente jout fergunnings oan bedriuwen en hâldt tafersjoch. By problemen of it net neikommen fan de wetlik foarskreaune noarmen, sil de gemeente yngripe. De hanthaving moat him mear rjochtsje op oertrêders en minder op dy’t it goed foarmekoar hawwe. Geweld yn gesinnen hat bliuwend oandacht nedich en mei klam bestriden wurden. Mei in plan fan oanpak it geweld yn iepenbiere romten en hingplakken bestride. Pesten op skoalle en it pesten fia ynternet, mobile tillefoan planmjittich oanpakke.

Folkssûnens  It brûken fan harddrugs, softdrugs, alkohol en smoken binne skealik foar de sûnens sawol foar brûkers as maatskippij, dêrom moat der goede en realistyske foarljochting bliuwe en mear en better tafersjoch.  It persintaazje fan minsken mei oergewicht leit te heech. De yngong setten projekten tuskentiids evaluearre en sa nedich bysteld en fuortsetten wurde.

11


Program 4.

Leefomjouwing

Ferkear De feiligens fan it ferkear moat foarop stean. It ferkear mei de leefberens yn ús gemeente net oantaaste. It autowegenet yn ús gemeente is yn syn algemienheid ticht genôch. De klam moat lizze op it ferbetterjen en oanpassen fan besteande wegen en net sasear op it oanlizzen fan nije wegen.        

By ûnderhald fan wegen sil nei prioriteit sjoen wurde moatte. It swiere trochgeande frachtferkear mei, wêr mooglik, gjin tagong krije op ‘e lytsere slûpwegen. Alle ynwenners fan ‘e doarpen moatte gebrûk meitsje kinne fan it iepenbier ferfier. De nije ûntslutingswei fan Skûlenboarch nei Droegeham moat mei faasje oanlein wurde. By 80 km wegen sûnder fytspaad der neist, is it gaadlik om dy oan te passen as 60 km wegen. De provinsjale wei fan Koatstermûne ôf nei Koatstertille, sil gau oanpast wurde moatte. Op provinsjale wegen trekkers en fytsers skiede. In nije Skieding, sil yn oerlis mei omwenjenden, goed ynpast wurde moatte yn it lânskip.

Libbensromte By it oarderjen fan de beskikbere romte giet it benammen om it wolwêzen fan de minske. Dat betsjut dat ynrjochting fan de romte ta stân komme moat op in wize dy't :  sa goed mooglik oan it ferlet fan 'e minsken foldocht,  in reedlik bestean mooglik makket,  it natuerlike fermidden beskermet,  it eigen aard fan it gea fuortsterket,  plak jout foar ûntspanning en rekreaasje,  De ûntjouwing fan Achtkarspelen, de groei fan wenjen en wurkjen, foaral rjochtsje op it ferlet fan de eigen befolking.

Natuer en lânskip  De boer is in wichtige skeakel yn de foarming en it behâld fan it ferskaat oan lânskippen.  De typyske lânskipsstruktuer fan dykswâlen en elzesingels moat bestean bliuwe.  Dykswâlen net sljochtsje in ekstra daam kin in oplossing biede, mei elzesingels leit dat oars, dy kinne faaks sûnder problemen ferpleatst wurde.  Gjin lânskip fersmoarging troch hege wynmûnen. Hege wynmûnen kinne op see, dan wol by de ôfslútdyk lâns.  By de ferkaveling en werynrjochtingsplannen sil de ferdroegingsproblematyk oandacht krije moatte.  Doarpsgesichten, lânskiplike, natuerwittenskiplike en kultuerhistoaryske wearden meie allinnich yn uterste needsaak oantaast wurde.  Op de troch de provinsje oankochte lân fan “De Winter” oan de Alde Dyk, sil ekstinsyf- buorkjen yn de mande mei greidefûgel behear mooglik bliuwe moatte.  Oankeap fan boerelân foar natoer heart net by ûnteigenjen, mar op basis fan frijwilligens.

12


Miljeu Soargje foar in sûn miljeu, betsjut soargje foar de trije wichtige eleminten dy 't it miljeu útmeitsje: wetter, grûn en lucht. It stribjen is om yn de takomst selsfoarsjennend te wêzen op it mêd fan elektrisiteit. .  It noed stean foar wetter, grûn, lucht en leefberens is it útgongspunt foar alle fergunningsprosedueres. Dy prosedueres moatte betrouber en sa koart mooglik hâlden wurde. Boppedat moatte de foarskriften by it ferlienen fan fergunningen doelmjittich hanthavene wurde, om’t de doelstelling fan wetten en regels fan mear belang is as de formele tapassing.  It miljeubeliedsplan anneks wurkplan moat praktysk, breed droegen en op it miljeurendemint rjochte wêze.  It opslaan fan radio-aktyf en gemysk ôffal moat keard wurde.  It winnen fan (skaly) gas tsjingean. .

Wetter Wetter is fan grut belang foar in soad funksjes: rekreaasje, lânbou, natuer, mar ek as oanklaaiïng fan wenjen en wurkjen. Om dy reden moat de miljeukwaliteit fan it wetter in hege prioriteit ha. In gemeentlik wetterplan sil hjir hannen en fuotten oanjaan kinne.

Grûn  By gefaar foar fierdere fersprieding fan fersmoarging moat der sa gau as mooglik sanearring ta stân komme. Foar fersmoarge grûn fan fearten en sleatten jildt itselde. Nije grûnfersmoargings meie net mear foarkomme; dêr't it al bart, moat dat daliks troch de feroarsaker opromme wurde.  Fersmoarge grûn moat sa gau as mooglik en nedich is, skjinmakke wurde. Dêr’t soks mooglik is, moatte de kosten ferhelle wurde op de fersmoarger.

Lucht  Foar safier as mooglik is, moat der meiwurke wurde oan de realisaasje fan nasjonale en ynternasjonale ôfspraken om de lucht suverder te krijen.  Der moat hoeden omgien wurde mei bedriuwen mei ekstra risiko's foar folkssûnens en dy moatte goed yn de gaten holden wurde. As it giet om risiko’s oer de gemeentegrinzen hinne, moat der oerlis wêze en moatte der ôfspraken komme en útwikseling fan gegevens. Tink oan giftich fynstof en geurhinder.

Enerzjy  It brûken fan “griene” foarmen fan enerzjy stimulearje. Dêrby foaral tinke oan sinne-enerzjy mei sinnepanelen, mar ek ierdwaarmte, biofermesting, enerzjy út ‘e rioelstelsels, oaljefanten gers, ensfh.  Yn de mande mei de Pleatslike Belangen, sportferienings, SWA en oare belanghawwenden, plannen ûntwikkelje om te kommen ta safolle mooglik selsfoarsjennendheid yn enerzjywinning.

Húshâldlik ôffal  Der moat stribbe wurde om hússmoargens safolle mooglik by de bron te skieden en te ferwurking ta wer te brûken produkten. Bedriuwen moatte stimulearre wurde om har eigen bedriuwsmiljeuplan op te stellen.  Boargers moatte harren eigen túnôffal om ‘e nocht nei it stoart bringe kinne.

13


Program 5.

Untwikkeling en Ekonomy

Rekreaasje en Toerisme Útwreiding fan rekreaasjemooglikheden sil mei faasje oppakt en stimulearre wurde moatte, útwreiding fan nije rekreaasjefoarsjennings kin allinnich dan, as mienskip, doarp, natuer en lânskip it oan kinne. De kânsen dy’t It Nasjonaal Lânskip “De Noardlike Fryske Wâlden” foar rekreaasje en toerisme biedt, as spearpunt fan it belied oppakke.  It kultuertoerisme sil yn gearwurking binnen de stichting Kultuer en Toerisme en de provinsje Fryslân, ekstra stimulearre wurde moatte. Mei it each op kultuerhistoaryske rekreaasje is it wichtich om folle mear te dwaan mei musea, monuminten, doarpsgesichten, lânskipseleminten ensfh.  De opfearten yn ús gemeente sille, foar safier mooglik, foar de pleatslike rekreaasjefeart geskikt makke wurde moatte. Allyksa wurdt stribbe nei oanlismooglikheden yn dy fearten.  Utfiering jaan oan it faarplan om Surhústerfean en De Harkema oan iepen wetter te krijen.  De kuier- en fytsmooglikheden wurde útwreide dat safolle mooglik troch âlde tsjerke-, fyts-, en jaachpaden wer op te knappen, yn ôfstimming mei oare gemeenten.  De Krûdhôf, mei de grutste genêskrêftige krûdekolleksje fan West Europa, is fan belang foar it toerisme yn ús gemeente.  Utwreiding fan lytsskalige ferbliuwsrekreaasje is fan grut belang en moat stimulearre wurde.  Op lytse skaal kampeare by de boer fan 1 april oant 1 oktober sil net oan te strakke regels bûn wêze moatte.  In evenemintenkalender is fan belang om de regionale eveneminten op elkoar ôf te stimmen.  Rekreaasje plannen by Skûlenboarch ûnder Droegeham ta ûntwikkeling bringe.

Wenjen en bestimmingsplannen It 12 doarpebelied is en bliuwt útgongspunt en spearpunt fan belied. De ferskate doarpsmienskippen, lyts en grut, ek nei de takomst ta moatte de kans hâlde libbene mienskippen te bliuwen, dêr’t jong en âld him/har thúsfielt. Wat it bouwen fan wenten oanbelanget binne fraach en ferlet bepalend by de ferdieling oer de doarpen. Ekstra omtinken foar goedkeapere starterswenten en goede âlderein- en soarch wenten op dy doarpen, dêr’t hja ûntbrekke. It opkreazjen fan ferâldere wenten en buerten is grut ferlet fan en freget om in yntegrale en duorsume oanpak.              

Nije âlderein-soarchwenten bouwe en spriede oer alle doarpen. Alle doarpen de mooglikheid biede om starterswenten te bouwen. Mooglikheden biede foar it bouwen fan in need/tydlike wente foar startende jongerein. Oanbou of bygebou, yn alle doarpen fan ús gemeente befoarderje, sadat immen langer thús fersoarge wurde kin. Dêr’t wenten sloopt wurde, yn itselde doarp nije bouwe. De nij te bouwen wenten ferdiele nei fraach en ferlet oer de doarpen.. De eigen ynwenners fan in doarp hearre by tawizing fan hierwenningen foarrang te krijen. De hichte fan ‘e bouleezjes basearje op de werklike kosten, Miljeufreonlik en duorsum bouwen befoarderje. Werstrukturearring fan âldere wenwiken moat yn alle opsichten yn goed oerlis in kwaliteits-ferbettering ta stân bringe. Nij belied foar gemeentlike karakteristike en byldbepalende panden útfiere. In goed lykwicht tusken keap- en hierwenten is fan belang, dêr’t de fraach en it ferlet bepalend by wêze moatte. Belangstellingsregistraasje kin bliuwend ynsicht biede. Fan belang is dat alle doarpen in út- dan wol in ynwreidingsplan hawwe; dêrby giet ynwreiding foar útwreiding. Foar in doarp mei lintbebouwing hat it fuortsetten fan dat patroan de foarkar boppe nije útbou. Útwreidingsplannen moatte yn prinsipe linich fan opset wêze. Gemeentlik grien wêr’t mooglik ôfstjitte nei omwenjenden.

14


Ekonomy en Wurk De FNP giet derfan út dat it ekonomyske systeem mei in frije merkwurking, mar tagelyk mei in goede regeljouwing troch de oerheden, de bêste garânsje biedt foar in wolfeartsnivo foar elkenien. De gemeente moat har ynsette dat útwreiding, dan wol ferpleatsing fan bedriuwen, as it heal kin yn eigen doarp syn beslach krijt. It Midden- en Lytsbedriuw as motor fan de ekonomy stypje. Kultureel selsbewustwêzen kin in faktor wêze foar de Fryske ûndernimmersgeast en in driuwende krêft foarmje foar kwalitative ekonomyske groei en mear wurk. De finansjele –en ekonomyske krises hâldt hjoed de dei in soad minsken yn’ e besnijing. Der is ferlet fan:  De ûntwikkeling fan de rekréaasje bliuwt in wichtich spearpunt.  Ynnovative projekten kinne rekkenje op stipe.  Lytse- en hobbymjittige aktiviteiten by wenbestimmingen, foar safier der gjin sprake is fan oerlêst en fersmoarging, sille stimulearre wurde.  Frijkommende boerepleatsen en wenten by foldwaande hiemgrutte, romte jaan foar nije passende bedriuwsfestigingen ûnder beskate betingsten.  Yn’ e mande mei Tytsjerksteradiel mei faasje útwreiding fan it yndustryterrein Skûlenboarch/Westkern mei mooglikheden foar wetterbûne bedriuwen.  It opkreazjen fan winkelsintra en bedriuwsterreinen mei help fan subsydzje en mei help fan kofinansiering oanpakke.  Yn de mande mei de wenningkorporaasjes goede ôfspraken meitsje oer in yntegrale oanpak fan fertutearze wennings en buerten en renovaasje befoarderje.  Gemeentlike oerlis mei Keamer fan Keaphannel en banken foar goede foarljochting oan startende ûndernimmers.  Plattelânsprojekten, dy’t goed foar de leefberens binne en wurk opsmite wurde stimulearje.  Koplopersprojekt ‘duorsumens en ynnovaasje’ rjochting safolle mooglik bedriuwen breder fuortsette.  Brede oanlis fan glêsvezel yn de hiele gemeente mei faasje oppakke en útfiere.

Lânbou         

It stribjen is in goed lykwicht te finen tusken de lânbou, rekreaasje, natuer, lânskip en leefberens. Biologyske en streekprodukten fertsjinje stipe. In earlike priis foar de produkten dy’t levere wurde. De komst fan nije grutte yntinsive feehâlderijen is net winsklik. Útwreiding fan besteande molkfeehâlderij bedriuwen kin, as foldien wurdt oan it nije bestimmingsplan bûtengebied. It agraryske bouflak yn it nije bestimmingsplan bûtengebied biedt dêrta de romte. Utwreiding fan besteande yntinsive feehâlderij beheind him ta bistewolwêzen en hokrômte foar ark en reau. Utwreiding fan bisten net tastean. Ferromming fan geurnoarmen foar yntinsivefeehâlderij is net winsklik. Ofstimming binnen it Nasjonaal Lânskip de “Noardlike Fryske Wâlden” is fan belang. Agrarysk natuerbehear, troch VANLA leden, befoarderje. Dêrby sil de bydrage oan de natuer kompensearre wurde moatte oan de boeren. Goed agrarysk natuerbehear is fan belang ek foar de rekreative ûntjouwing.

15


Program 6.

Tsjinstferliening en Jildsaken

Tsjinstferliening Gemeente Achtkarspelen is ferantwurdlik foar it boargjen fan de kwaliteit fan it lokaal bestjoer. It giet der dan benammen om dat de gemeente no en yn de takomst op adekwate wize harren wetlike en autonome taken, harren ambysjes en de tsjinstferliening oan harren ynwenners útfiere kin.  Opskjinjen fan de regeljouwing en de amtlike burokrasy.  Bliuwend goede gemeentlike tsjinstferliening nei de ûndernimmers.  By oanbesteden fan wurken safolle mooglik (mearfâldich) of ûnderhânds oanbestede oan lokale ûndernimmers.

Jildsaken De gemeentlike oerheid sil de eigen finansjele húshâlding goed op oarder hâlde moatte. De FNP stiet dêrby in sunich en deeglik belied foar. De kommende jierren, mei minder ekonomyske groei, moat lesteferswierring boppe de ynflaasjekorreksje foarkomme..      

De gemeentlike útjeften en ynkomsten moatte ynsichtlik en kontrolearber wêze. De gemeente moat sa min mooglik eksterne saakkundigens ynhiere. Gjin reële belestingferheging, oars net as by uterste needsaak. Útgongspunt by nij belied: nij foar âld. In ferantwurde reserve yn acht nimme. It heffen fan precariobelêsting op “nutsbedriuwen”

16


De kandidatelist fan de FNP Achtkarspelen 2014 – 2018 De earste 10 kandidaten foar de FNP Achtkarspelen: 1. Marten van der Veen, Twizelerheide 2. Sjoerd Groenhof, De Harkema 3. Tjibbe Brinkman, Twizel 4. Sake van der Meer, Koatstertille 5. Maaike Dotinga-van der Veen, Bûtenpost 6. IJde van Kammen, De Harkema 7. Wietske Poelman, Gerkeskleaster-Strobos 8. Wopke Veenstra, Boelensloane 9. Rein van der Wal, Surhústerfean 10. Marianne v/d Heide-Stienstra, Stynsgea

17


Koarte skiednis fan de FNP yn Achtkarspelen Yn de sechstiger en santiger jierren wie de FNP altyd it sterkst yn it hert fan Fryslân: de greidhoeke en de súdwesthoeke. Yn de santiger jierren twivelen guon FNP-ers noch wolris oft it oait wat wurde soe mei de FNP yn’e Wâlden, sa grut wie de trou oan de tradisjonele partijen. Yn 1974 die de FNP- Achtkarspelen foar it earst mei oan de riedsferkiezings, mar der waard krekt gjin sit helle. Listlûker wie Wibe Bergsma fan Bûtenpost. Yn 1978 waard it op’e nij besocht en wie Marten van der Veen foar it earst de listlûker. It slagge doe wer net. Fjouwer jier lang waard der doe benammen troch Marten van der Veen, Broer Terpstra, Sytse van der Werf, Jan de Boer en Sip Bouma polityk aksje fierd bûten de ried. Yn 1982 liede dat ta súkses en Marten van der Veen waard doe it earste riedslid fan de FNP yn Achtkarspelen. Yn 1986 wie der wer súkses, de FNP helle 2 sitten en Marten krige selskip yn de ried fan Broer Terpstra. Yn 1990 wie der winst en kaam ek Rinske Vogel foar de FNP yn de ried. Yn 1994 gie it súkses op’e nij troch mei 4 riedsitten. Njonken Marten en Broer waarden ek Atty Sietzema en Jan Benedictus keazen. Marten waard wethâlder yn in koalysje mei de PvdA en de RPF/SGP en Broer waard de nije fraksjefoarsitter fan de FNP. Yn 1998 foel de ferkiezingsútslach ôf, fan 4 nei 3 sitten. Grif de priis, dy’t betelle waard troch fan opposysjepartij bestjoerderspartij te wurden. Nei twa jier stapte Marten van der Veen op as wethâlder fanwegen it feit dat de oare partijen it 12 doarpebelied sûnder mear ôfskaffe woenen. Yn 2002, mei Marten wer as fraksjefoarsitter, koe de FNP wer frijút opposysje fiere tsjin it kolleezje en behelle de FNP safolle stimmen as noch noait tefoaren. Hast in ferdûbeling fan sitten, krekt gjin 6. In boppeslach dus. Njonken Marten en Atty trije nije gesichten, Willem Schievink, Minke Adema en Joop van Houten. Spitigernôch waard de grutte winner FNP bûten it kolleezje hâlden. Yn 2006 in lytse tebeksetter fan 5 nei 4 sitten. Njonken Marten en Atty twa nije gesichten, Sjoerd Groenhof en Tjibbe Brinkman. Yn 2010 op ‘e nij 5 sitten, it skeelde net folle of wy wienen de grutste partij. Marten waard wethâlder yn in koalysje mei it CDA en CU en Sjoerd de nije fraksjefoarsitter. De basis fan it FNP súkses hat altyd berêst yn it goeie kontakt mei de befolking. Der wêze foar de minsken, boarch stean foar de mienskip en opbouwe fan ûnderen wei op.

FNP stimmen yn Achtkarspelen Jier 1974 Ried Achtkarspelen 1978 Ried Achtkarspelen 1982 Ried Achtkarspelen 1986 Ried Achtkarspelen 1990 Ried Achtkarspelen 1994 Ried Achtkarspelen 1998 Ried Achtkarspelen 2002 Ried Achtkarspelen 2006 Ried Achtkarspelen 2010 Ried Achtkarspelen

Tal stimmen n.b. 379 813 1.512 2.112 2.499 2.063 3.610 2.483 2.791

% stimmen n.b. 2,8% 5,8% 9,4% 14,3% 17,2% 14,9% 25,2% 18,3% 23,88%

Tal riedssitten 0 0 1 2 3 4 3 5 4 5

18


Adressen FNP Achtkarspelen Redaksje en administraasje fnp nijsblêd de Bodder: Broer Terpstra, Tsjerkepaed 47, 9287 LR Twizelerheide Tillefoan: 0623166020 Email: e.gterpstra90@freeler.nl Foar mear ynformaasje, sjoch ek op ús webside: www.fnp.achtkarspelen.nl

Bestjoer: Foarsitter: Geart van der Velde, Tillefoan: 0651228551 Email: m_van_der_velde@hotmail.com Skriuwer: B. Terpstra, Tillefoan: 0623166020 Email: e.gterpstra90@freeler.nl Bestjoerslid: Rinske Vogel, Tillefoan: 0511-541468 Email: r.vogel31@chello.nl Ponghâlder: Wiebe Buruma, Tillefoan: 0512-352528; Email: Wiebe.Buruma@fnp.nl Bankrekken FNP Achtkarspelen: 16.10.41.019

Gemeenteriedsleden: Marten v/d Veen, Tillefoan 0511-444795 Email: m.vanderveen@achtkarspelen.nl Sjoerd Groenhof, Tillefoan 0512-364818 Email: s.groenhof@achtkarspelen.nl Tjibbe Brinkman, Tillefoan 0612288092 Email: t.brinkman@achtkarspelen.nl Sake v/d Meer, Tillefoan 0512-331780 Email: s.vandermeer@achtkarspelen.nl Maaike Dotinga-van der Veen Tillefoan 0511-542932 Email: m.dotinga@achtkarspelen.nl Skriuwster: H.K.H. Wietske Poelman Tillefoan: 0512-352966 Email: wietskepoelman@hotmail.NL

19


Program achtkarspelen 2014 2018 v12 definityf  
Advertisement
Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you