Page 1


Fan de redaksje

Sels wolle en dwaan

By it simmernûmer fan Swingel

Geart Benedictus

In pear jier lyn wie ik ien fan de foarstanners om Swingel fjouwer kear yn it jier út te jaan yn stee fan trije kear. Dat liket te slagjen. Soarch oer kopij is der oant no ta net. It betsjut fansels wol dat Swingel net in aktueel tydskrift wêze kin. Dy aktualiteit hawwe wy wol mei ús moaie side It Nijs.nl. Eins binne dêr op it stuit te min skriuwers foar. Wy hawwe gelokkich mei Kees van der Beek in goed driuwende krêft. Mar nochris: mear help is needsaaklik. Opjefte op de side fan de Ried.

As dit lêzen wurdt dan is de Wet brûken Fryske taal oannommen troch de Twadde Keamer en is de posysje fan Omrop Fryslân by de behanneling fan de Mediawet ek dúdlik woarn. Yn dizze wet is spitigernôch allinnich it brûken fan de Fryske taal regele yn de rjochtspraak en it bestjoersrjocht. Mar it earste begjin is der en dat is in stik bûter yn `e brij. By my is de flagge hise. Yn de Twadde Keamer waard sein dat de Taalwet eins in streekrjocht gefolch is fan Kneppelfreed. Dat sjoch ik oars. Mei de Taalwet wurdt in flater by de oprjochting fan ús keninkryk nei 200 jier wer goed makke. Dat nije keninkryk hie ommers ferlet fan ien taal foar ûnderwiis, bestjoer, it rjocht. De emansipaasjestriid fan it Frysk is úteinsetten mei de Romantyk yn de 19e ieu. Dus gjin 60 mar 160 jier tebek. It hat lang duorre en dreech kealle. Dizze wet hat sa om ende by 3 jier ûnderweis west mei trije ministers yn twa ferskillende regearingen. Wat ha wy hjir fan opstutsen? Der is net ien yn ús lân dy`t foar de Fryske rjochten opkomt. Net ien! Dat moatte wy sels dwaan: Fryslân en de Friezen. By de Taalwet sjogge wy dat mei ienriedigens it noadige by de wâl op is te krijen. Oer de grins moat it hottefyljen en kreauwen dien wêze. Oars kinne wy allinnich mar tsjin in leech blikje oan skoppe. Troch gearwurking tusken de ferskate partijen yn de mande mei it bestjoer fan Fryslân hat is dit foar inoar bokst. Mar ek troch wach te wêzen by it ferrin fan de wet yn De Haach- der wienen in protte stroffelstiennen dy`t fan it paad helle wurde moasten. Om de selsstannigens fan Omrop Fryslan yn stân te hâlden it selde. Foar Fryske saken hawwe wy in “coördinerend” minister: de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Dy docht op in fêst mêd de koördinaasje as it mear as ien departemint omfiemet. Mar it liket mear op de minister fan Troch- en Ôfskowe. Wêrom? De minister wol net in ferbân lizze tusken it yn stân hâlden fan Omrop Fryslân en de ferplichtings dy`t ús lân oangien is mei it ûndertekenjen fan in pear ynternasjonale ferdraggen. It Ramtferdrach Beskerming Nasjonale Minderheden hat it sels oer it befoarderjen fan de minderheidstaal. De koördinearjend minister moat sels de leie nimme en stean foar de Fryske saak. Dat it net syn mêd is roait igge noch seame. Wy moatte sels foar ús saken op komme- en yn ienriedigens oanhâlde as storein. Bûten Fryslân hoege wy gjin stipe te ferwachtsjen: wy moatte it sels wolle en sels dwaan.

Fan dit simmernûmer ôf wurdt de opmaak fersoarge troch Chantal de Jong. In definitive redaksje fan Swingel is der noch net, omdat wy yn de hjerst earst in nij statút fêststelle wolle. De redaksje bestiet op it stuit út Lútsen Bakker dy’t in soad wurk ferset op it mêd fan korreksjes, Siem de Vlas en de niisneamde Kees van de Beek, wylst iksels de koördinaasje doch. Wy hawwe just Kees der by frege om Swingel breder en tagonkliker te meitsjen. It leit yn de bedoeling om geregeldwei artikels fan It Nijs op te nimmen yn in Swingel-nûmer. Dat sil dizze kear net slagje, omdat der in grut oanbod fan al lang yn ‘e wacht steande artikels is, mar grif wol yn de folgjende jefte fan Swingel dy’t begjin oktober ferskynt. De útjeftemoannen wurde dan begjin oktober, jannewaris, april en july. Kopij foar it folgjende nûmer graach foar 1 septimber. Yn it folgjende nûmer komt der fansels rom omtinken foar it ôfskiesympoasium fan Jaap van der Bij. Mei de nije opmaak fan Swingel besykje wy mear lêzers te berikken. Wy hoopje dat dat slagget. Reaksjes binne mear as wolkom. Pier Bergsma Hurdegaryp juny 2013


Ynhald 2 Fan de redaksje 2 Sels wolle en dwaan 6 Nei 20 jier Fryske Reklamepriis… 12 ‘Fryslân op histoarysk kearpunt’ 14 De Feriening Frysk Underwiis 25 jier! 16 Stavering oereidzje 17 Underfinings mei Frysk yn kranten 18 Nije wurden, 708 19 Steaten! Bliuw fan de stavering ôf! 20 De kening is foar guon ‘gewoan’ in koaning 22 It wurdt in hiele toer 26 Fine jo de media gauris te hyperich? 3


Wat der omgiet by de Ried Renze Valk

Hjirby in koart oersjoch fan saken dêr’t de Ried by belutsen wie en him mei dwaande hâlde yn de ôfrûne moannen, troch skriuwer. Yn de rin fan de tiid komme der by de Ried nochal wat fragen binnen. In pear foarbylden. Meastal geane se oer ien ûnderwerp lykas: ”Ik bin studint en skriuw op dit stuit oan myn bachelarskripsje oer ferskate aspekten fan Fryske fûgelnammen. Ik haw dêrta in online ênkête makke. Ik moat noch in stikmannich respondinten hawwe en freegje my ôf oft it faaks mooglik is dat der op jimme webside in link pleatst wurdt nei myn enkête.” Fansels is soks mooglik en soarget Kees van de Beek dat mei in ynliedend ferhaaltsje sa’n link der komt. It kin ek in fraach wêze fan in hiel oare oarder. ”By wa kin ik ynformaasje krije oer de reis nei de Upstalbeam en Hilgelân?” Op sa’n fraach wurdt fansels ek antwurd jûn. Mar der binne ek hiel oare saken dêr’t de Ried him mei dwaande hâldt. Efkes in oersjoch. Aksje tsjin de plannen om ta in Noordelijk Landsdeel te kommen. De Ried is it dêr net mei iens en lit benammen by de polityk dat stânpunt hearre. Troch de organisaasje fan it Greideoerlis besiket de Ried wegen te finen dy’t foar it behâlden en it stimulearjen fan de ûntjouwing fan it Frysk foar de ynset

4

fan de Ried fan belang binne. Yn it ramt fan it krekt neamde opkommen foar it Frysk moat ek neamd wurde de aksjes dy’t de Ried oppakke wol yn ûnderskate doarpen ûnder de titel Fan ûnderen op. De earste aksje is organisearre yn Achlum. Dat hat tige súksesfol west. Yn Achlum sels wie men der ek tige goed oer te sprekken. It hat sa’t it liket in tal ferfolchaksjes opsmiten. Ien dêrfan is it folgjen fan in Afûk kursus Frysk in oaren it krewearjen foar in trijetalige skoalle. Dit barren yn Achlum is in prachtich foarbyld foar oare doarpen dêr’t oerlis mei is om soks ek te organisearjen. Fansels is gjin doarp gelyk en kin der net kopiearre wurde, mar de ynset en oanpak dy’t ek barde yn ‘e mande mei oare ynstellings dy’t aktyf binne foar it Frysk kin as eksimplarysk foarbyld brûkt wurde yn it opsetten foar ferlykbere aktiviteiten yn oare plakken. De Ried fielt net foar in referindum ûnder de Friezen om dêrút de konklúzje te lûken hoe’t it fierder moat mei it Frysk. In oanpak as Fan ûnderen op dy’t útgiet fan de besteande sitewaasje en dan it Frysk as in folslein normaal útgongspunt kiest sil yn direkte sin mear effekt hawwe. Yn in gearwurking mei de Freonen fan Omrop Fryslân binne der mear as 12.000 hantekenings foar it behâld fan in selsstannige Omrop Fryslân. Dizze hantekenings binne oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries dy’t se fierder yn De Haach wer oanbiede sil yn it ramt fan it stribjen fan de Provinsje mei itselde doel. Troch de Ried is in brief stjoerd nei Arriva oer de ynkonsekwinsjes by de berjochten yn bussen en treinen en in fersyk of it net mooglik is de om de stasjonsnammebuorden twatalich te meitsjen. Omt dat lêste de ferantwurdlikens is fan de NS sil

Arriva dat mei de NS beprate en mei de Provinsje as har opdrachtjouwer. Arriva fielt him regionaal belutsen en wol seker meiwurkje. Ek de Provinsje is, neidat se troch de Ried op ‘e hichte brocht binne fan it stânpunt fan Arriva, ynnaam mei dizze opstelling en sil har dêr foar ynsette. In moai momint wie ek it oanbieden fan de Fear oan de Ortodonsypraktyk yn Ljouwert, dy’t hiel bewust it Frysk nei bûten ta as de gewoanste saak fan de wrâld brûkt. Mei de Fryske Akademy en Tresoar hat de Ried as ferfolch op inselde soart inisjatyf ek dit jier wer in oersetkriich foar nije Fryske wurden organisearre. Der wiene 61dielnimmers op 15 febrewaris hat de priisútrikking west. De winner wie Henk Wolf mei de oersetting fan bezorgbromfiets nei bringbrommer. De útjefte fan It Nijs it deiblêd fan de Ried op ynternet ûntwikkelt him op it stuit goed. It is te sjen dat Kees van der Beek de deistige soarch foar It Nijs ûnder syn hoede naam hat. De Ried hat stiet efter Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Yn in oerlis mei boargemaster Crone is dêrta besletten. De Ried sil him ynsette om it Fuen kongres yn 2018 nei Ljouwert ta te krijen. Yn itselde oerlis is ek ôfpraat dat Crone by minister Opstelten der op oantrúnje sil dat it Frysk by de plysje, benammen de meldkeamer yn Drachten yn de kommunikaasje in likense behanneling kriget as it Nederlânsk. De resultaten binnenoch net bekend. Yn ‘e mande mei Fryske Akademy, Afûk, Tresoar, Cedin en Omrop Fryslân is der in rapport skreaun oer Fryske kultuer en Fryske ekonomy. In fernijende relaasje. It giet dêryn om de besteging fan de Nuonjilden.


5


Nei 20 jier Fryske Reklamepriis… Tom Dykstra, âld-kommisjefoarsitter

Nei de 15e priisútrikking yn maart 2012 hat de kommisje Fryske Reklamepriis besletten om it roer om te goaien en de opset kritysk te besjen. Ut de evaluaasjepetearen kaam nei foaren dat in op himsels steande útrikking te min effekt hie op it taalgedrach fan reklamemakkers en harren opdrachtjouwers yn ús provinsje. Soene net better it hiele jier troch - mei help fan de moderne media - bedriuwen stimulearre wurde moatte om it Frysk foar kar te nimmen yn harren advertinsje-aktiviteiten? Reden om de gong fan saken oan in ferjonge kommisje oer te litten en de hantearre strategy ris te hifkjen.. Oanlieding As de Frysktalige Omrop Fryslân yn 1992 mei radio-reklameboadskippen úteinset, wurdt soks eins allinne yn it Hollânsk dien. Op inisjatyf fan foarsitter Minne Vis fan de Ried fan de Fryske Beweging komt op 23 oktober 1992 in tal minsken byinoar foar mooglike aksje op dat mêd. It wurkgroepke bestiet út in bestjoerslid fan de Freonen (fan Omrop Fryslân), de direkteur en it haad reklame-ôfdieling fan de Omrop en twa bestjoersleden fan de Ried sels. Besletten wurdt om mienskiplik te kommen ta it útrikken fan in stimulearringspriis

foar it (faker) brûken fan it Frysk yn reklameboadskippen. Om foar de priis yn ’e beneaming komme te kinnen, moat it Frysk wol fan in goed nivo wêze. Ien fan de earste aktiviteiten is it hâlden fan in enkête ûnder advertearders en reklameburo’s om nei te gean hoe grut oft harren belangstelling is foar in Fryske Reklamepriis. De respons op de 170 ferstjoerde brieven hâldt net oer. Fan de 21 reaksjes binne 14 posityf en 7 jouwe oan dat it om harren net hoecht, se kieze foar kwaliteit (!) of se binne der op tsjin. De Ried soe him mei soks net ynlitte

moatte, omdat sa’n priis foar it Frysk neffens ien fan de skriuwers kontraproduktyf wurket. Yn it taalsosjologyske ûndersyk Taal yn Fryslân op ’e nij besjoen (1995) komme Gorter en Jonkman ta in soartgelikense konklúzje oangeande it Frysk as reklametaal op ’e radio: “der is net op foarhân ferset tsjin mear Frysk, mar der falt dêrta út de befolking op dit stuit ek gjin oantrún te ferwachtsjen” (s.51).

H.B. Reinders (rjochts), siktaris Kamer van Koophandel Friesland langet oarkonde en sjek fan de Fryske

De Reklamepriis-radio 1995 foar it Regionaal Bureau

Reklamepriis 1995 oer oan de hear H. Sikkema fan it winnend Regionaal Bureau Arbeidsvoorziening yn

Arbeidsvoorziening

Ljouwert.

6


Belangstelling foar de feestlike priisútrikking yn de Ljouwerter Harmonie

Sykjen nei in gaadlike foarm It is yn ’t earstoan de bedoeling om de priis al yn 1993 út te rikken. De tarieding ferget mear tiid sa as bygelyks it sammeljen fan Frysktalige reklameboadskippen, it gearstallen fan in saakkundige sjuery en de foarm fan de priis. Foar it earst wurdt de Reklamepriis útrikt op 14 maart 1995 yn it FEC as de Ljouwerter Bedriuwekontaktdagen holden wurde. Hoewol’t sa’n fyftich belangstellenden de útrikking bywenje, litte ûndernimmers en fertsjintwurdigers fan reklameburo’s it fierhinne ôfwitte. Hja steane op itselde momint fan útrikking yn harren stand op de beurs. De kommisje – lykas de wurkgroep him no fierder neamt – sil de priis mear bekendheid jaan moatte. Op 17 maart 1997, de earste dei fan de Ljouwerter Bedriuwekontaktdagen, wurdt de priis foar de twadde kear útrikt. No net yn in aparte seal, mar op de beursflier sels en mei in apart hoekje yn de stand fan Omrop Fryslân om it de doelgroep makliker te meitsjen de útrikking by te wenjen of om foar ynformaasje del te kommen. Rients Gratama is ynhierd as presintator en hat foar dy gelegenheid in passend liet skreaun. It radioprogramma ‘Wurktiid’ fan de Omrop jout omtinken oan de útrikking yn in direkte útstjoering.

Kommissaris Nijpels rikt op 10 maart 2003 de Fryske Reklameprizen út

Spitigernôch is de belangstelling foar de útrikking noch net folle grutter. Fan it begjin ôf oan wie it dreech om te soargjen foar optimale (betelbere) publisiteit. Publisiteit om de doelgroep te ynformearjen oer it hoe en wêrom fan de Reklamepriis en om de doelgroep te ynteressearjen om de útrikking by te wenjen. Yn al dy jierren lykwols hat nimmen fan de priiswinners de priis wegere. Alle kearen wer joegen opdrachtjouwer en útfierend reklameburo oan bliid te wêzen om as bedriuw yn it sintsje set te wurden. Eksperimintearje Hoewol’t de priisútrikking altyd sintraal stien hat, is alle kearen wer besocht om it barren wer oars oan te pakken en ek wol fan plak te wikseljen om foar te kommen dat de belangstelling ôfnimme soe. Op de feestjûnen yn De Harmonie slagge dat it bêste, mei’t de kommisje rekkenje koe op de (finansjele) meiwurking fan de Omrop en de kontakten fan de kommisje mei de Ljouwerter ûndernimmersferiening. It neikommende oersjoch jout in byld fan hokfoar foarmen sa al besocht binne om de priis(útrikking) foar de doelgroep oantrekliker te meitsjen: • It plak fan de útrikking ôf te wikseljen: net allinne op de Ljouwerter

Bedriuwekontaktdagen, mar ek yn it gebou fan de Omrop, in tal jierren yn de Ljouwerter Harmonie (mei sa’n 400 gasten), yn in seal fan Tresoar of yn de showroom fan it winnende bedriuw (lykas by garaazje Haaima yn Wurdum). • De priis net langer om it jier, mar alle jierren út te rikken. • It ferheegjen fan it bonusbedrach om de priis mear ‘gewicht’ te jaan. • Op de útrikking ek in sprekker oan it wurd te litten dy’t wat bestekliks sizze kin oer de relaasje (minderheids) taal en reklame (sa as bygelyks prof. Pellenbarg fan de RUG). • In bekende persoanlikheid de priis útrikke te litten lykas de Kommissaris fan de Keninginne Nijpels en Jorritsma, de deputearren Mulder en De Vries, ús waarman Piet Paulusma of Femke út Dokkum (fan in bekend tillevyzjeprogramma). • In eigen webside op te setten mei mear ynformaasje oer de Reklamepriis en de mooglikheid om de reklameboadskippen oan in breed publyk te presintearjen. • Neist de kar fan de faksjuery ek in publykspriis ta te kennen. • It publisearjen fan it sjueryrapport om de kwaliteit fan Frysktalige reklameboadskippen te ferbetterjen.

7


• Oare stjoerders as allinne Omrop Fryslân te ynteressearjen foar partisipaasje yn de kommisje Fryske Reklamepriis. Dat is allinne slagge mei WaterstadFM út Snits. De skriftlike media holden de boat ôf en kamen net fierder as in berjocht oer de priisútrikking. • Reklametiid op de beide stjoerders (Omrop en Waterstad) te keapjen om it publyk meistimme te litten. • De priisútrikking te keppeljen oan oare eveneminten foar deselde doelgroep sa as de ûndernimmer fan it jier. In slagge foarbyld is de útrikking yn 2011 yn ’e mande mei de Afûk (priisútrikking Gastfrij Frysk). • De priiswinners njonken in bonusbedrach in hânsume replika ta te kennen fan it byld fan Grutte Pier mei ynskripsje en in oarkonde ûndertekene troch byldhouwer Anne Woudwijk. It beskikbere budzjet joech de finansjele romte foar de kommisje om ien en oar organisearje te kinnen. De provinsje Fryslân hat fan it begjin ôf oan de kommisje skewield mei in bedrach yn it ramt fan de promoasje fan it Frysk. Fierder stipen de inisjatyfnimmers en de beide stjoerders de kommisje mei in

beskieden finansjele bydrage. Yn 2012 slagge it ek in tal fûnsen ree te finen mei in jildlike bydrage om de kommisje út de reade sifers te hâlden. Effektiviteit Fan it begjin ôf oan hat der diskusje west oer it effekt fan de priis. Sa stie de provinsje der by de kommisje wol op oan om mjitbere doelstellings te formulearjen om sadwaande better neigean te kinnen oft it tal Frysktalige reklameboadskippen ek tanimme soe. De kommisje hat lykwols gjin direkte ynfloed op de kar foar de taal fan in reklameboadskip. De foardielen fan in Frysktalige kommersjal kinne nei foaren brocht wurde (unique selling point), mar de klant, de opdrachtjouwer, is ‘kening’ yn it ferkeappetear fan reklameboadskippen. De neifolgjende tabel jout in oersjoch fan alle Frysktalige reklameboadskippen, dy’t de reklame-ôfdielings fan Omrop Fryslân en WaterstadFM de lêste jierren oan de sjuery foar beoardieling takomme lieten. De saneamde ‘tag-ons’ (folchspots) binne meiteld, sadat it tal opdrachtjouwers en haadspots yn guon gefallen wol wat lytser is.

2005

2006

2007

2008

2009

2010

2011

6

12

13

17

14

10

4

Radio (Omr. Fr.)

54

89

91

110

124

181

227

Tillevyzje (Omr. Fr.)

24

62

86

184

88

109

140

Radio (Wa.)

Ut de tabel docht bliken dat it tal Frysktalige reklameboadskippen stadich tanimt. By WaterstadFM is dat earst ek it gefal, mar sûnt 2008 sakket it tal ôf. Mooglik is der in relaasje mei de resinte finansjeel-ekonomyske krisis. De tabel jout gjin ynformaasje oer hoe grut oft it oanpart is fan de Frysktalige reklameboadskippen yn it totaal fan alle útstjoerde kommersjals, sawol by Omrop Fryslân as by WaterstadFM. De sifers wienen net pasklear foarhannen, mar ek út kommersjeel eachpunt wei wienen de stjoerders ôfhâldend om sokke sifers te jaan. Undersyk Yn 2005 frege it Berie foar it Frysk de kommisje om ûnder de besikers fan de útrikking fan de Fryske Reklamepriis op 14 maart yn De Harmonie in enkête hâlde te meien. Yn de provinsjale publikaasje Frysk yn marketing (2007) wurdt de útslach fan dat ûndersyk jûn. Reklamemakkers jouwe oan dat se fan it Frysk gebrûk meitsje as de klant derom freget of dat it past by it produkt/ profyl fan it bedriuw. Dat it brûken fan it Frysk de omset ferheegje soe, wurdt net as argumint neamd. Wol jouwe in tal reklamemakkers oan dat der gjin fraach

Tabel fan de yn de jierren 2005 oant en mei 2011 útstjoerde en it jier derop oan de sjuery foar beoardieling oanbeane Frysktalige reklameboadskippen foar de priisútrikking.

In replika fan it byld fan Grutte Pier foar de winners fan de Fryske Reklamepriis

8


De útnoeging foar de útrikking fan de Fryske Reklameprizen 14 maart 2005

nei it brûken fan it Frysk is en dat se sels it Frysk net behearskje. Lykwols is de konstatearre ûnfoldwaande behearsking fan it Frysk gjin reden foar de measte reklamemakkers om ynvestearje te wollen yn in kursus Frysk. Ek de animo om mei te dwaan oan in eksperimint nei de effekten fan Frysktalich materiaal is lyts. De ûndernimmers jouwe oan dat se gjin negative reaksje krigen hawwe as sy yn it Frysk kontakt makken mei harren klanten. Likemin spilet it argumint, dat it Frysk de omset fergruttet. Wol besiket it grutste part te kommunisearjen mei de klant yn dy syn/har eigen taal. Op de fraach oan de groep ûndernimmers, dy’t gjin gebrûk fan it Frysk makken, komme antwurden as: it is tefolle muoite, it smyt te min op, meiwurkers behearskje it Frysk net, it

Frysk past net by de doelgroep (hiel faak neamd) en ‘ik wol net bekend stean as in Frysktalich bedriuw’. Fan alle ûnderfrege ûndernimmers is mar in fyfte part ree om mei oaren ideeën út te w ikseljen oer it Frysk yn de bedriuwskommunikaasje. De konklúzje kin wêze dat de doelgroepen net daliks negatyf foar de Fryske taal en kultuer oer steane, mar yn mearderheid it brûken fan de taal net nedich fine of der ferantwurdlikheid foar drage wolle. Der bestiet in fanselssprekkende ‘Hollânske tradysje’ - wat feardichheden, taalhâlding en taalgedrach oanbelanget -, dy’t him net maklik feroarje lit, omdat soks mar ûnwissichheid meibringt. Unwissens oer eigen saakkundigens by it brûken fan it Frysk as reklametaal en ek oer wat de klant en it publyk der fan fine sille. It brûken fan it Frysk soe as oerdreaun (taalaktivisme) en

as ‘on-Nederlands’ oerkomme kinne. Nee, dan leaver mar ‘gewoan’ dwaan. It giet om ‘kommunikaasje’ en net om it Frysk! Dat it Frysk krekt in better kommunikaasjemiddel is, omdat reklame yn it Frysk de Frysktalige emosjoneel mear rekket en it de netFrysktalige better opfalt, ûntgiet de measte advertearders noch altyd. Ferliede... Sawol de provinsje as it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging hawwe de lêste jierren by de kommisje oanstien op feroarings. Smite de ynvestearrings yn jild en wurk goede resultaten op? It organisearjen fan in priisútrikking freget lykwols in protte tiid en ynspannings en men kin gjin tiid útsparje foar oare aktiviteiten troch bygelyks mar in heale útrikking te organisearjen.

9


Fragen nei de effektiviteit fan de Frysk Reklamepriis ropt ek fragen op nei de effektiviteit fan de saneamde ferliedingsstratezjy. In stratezjy dy’t ek de provinsje Fryslân yn syn nijste yntegrale beliedsnoata kultuer, taal en ûnderwiis Grinzen oer (2013) as wichtichste hantearret. No kin de provinsje ek net folle oars - en de Ried fan de Fryske Beweging al likemin -, want de provinsje hat gjin foech om (wetlike) maatregels te nimmen oangeande de posysje fan it Frysk yn taaldomeinen as bygelyks it ûnderwiis, de oerheden en de ekonomy yn Fryslân. It útrikken fan de Fryske Reklamepriis past oars perfekt yn sa’n stratezjy; minsken en organisaasjes útnoegje om it Frysk foar kar te nimmen troch de foardielen derfan oan te jaan. It winnend bedriuw wurdt konkreet yn it sintsje set en mei in bonus beleanne. De

ferwachting is dat it wedstriidelemint mooglik oare bedriuwen stimulearje sil om ek (mear) Frysk te brûken yn de kommunikaasje mei de klant.

oanjouwe wêrom’t de priis de beswieren fan de doelgroep net weinimt. Frysktalige reklame wurdt noch net as in foardiel sjoen:

De oast sit him wierskynlik yn it wurdsje mooglik. It winne kinnen fan de priis skynt foar advertearders gjin sterke stimulâns te wêzen. Oan de oare kant kin ek net sein wurde dat alle aktiviteiten fan de kommisje omdôch west hawwe. Ien en oar wie yn 2008 dan ek reden foar de provinsje om in enkête hâlde te wollen ûnder de advertearders fan Omrop Fryslân en Waterstad nei it brûken fan it Frysk en it Hollânsk yn harren reklamekampanjes. It ûndersyk is troch oare drokten net útfierd.

a. bedriuwen sjogge it brûken fan it Frysk net as in unique selling point; a. der is gjin motivaasje om it Frysk (better) te behearskjen; a. benaud wêze om as taalaktivist bekend te stean.

Lykwols wienen út de niisneamde Berie-enkête fan 2005 al in stikmannich wichtige saken nei foarren kaam, dy’t

In part fan in grutte advertinsje fan Jägermeister yn it Friesch Dagblad fan 19-12-2003

10

Foar it Hollânsk jilde dy saken net. De kar foar it Hollânsk – ek yn it Fryske taalgebiet – is in neutrale en akseptearre kar yn tsjinstelling ta dy foar it Frysk. In kar foar it Frysk is noch in bewuste died, dy’t oanlieding jaan kin ta diskusje oer it al of net brûken fan it Frysk of ta argewaasje.


Boppedat is it brûken fan it Frysk foar bedriuwen gjin ekonomyske needsaak. Mar in inkeld bedriuw seach en sjocht it foardiel fan it brûken fan de taal en tinkt der profyt fan te hawwen (sa as dat wol tocht wurdt troch bgl. Lippe Lap of Jansma, Burdaard). De mearderheid fan de advertearders lit him net maklik ferliede as soks ekstra ynspannings foar harren betsjut en hja hawwe der gjin ferlet fan om oan ‘taalpolityk’ te dwaan. Dat it kiezen foar it Hollânsk likegoed taalpolityk is, wurdt ûnder ynfloed fan opfieding, ûnderwiis en de hollânske taaloerhearsking net as sa belibbe. Hoe fierder? Net foar neat stelt de noata Grinzen oer (op side 23), dat it wurkjen oan in proses fan it jin bewust wurden fan it belang fan Frysk- en meartaligens ‘in kwestje fan lange azem is’. Der is bliuwende ynset foar nedich. Mar wat is lang? Is it 20 jier lang krewearjen foar Frysktalige reklame troch it jierliks takennen fan de Fryske Reklamepriis lang of koart? Of is de priis in te swak of folslein ferkeard middel? In ekonomyske oanpak yn kombinaasje mei in priistakenning is bygelyks: Frysktalige reklameboadskippen (tydlik) folle goedkeaper te meitsjen as de Hollânsktalige yn kombinaasje mei it betingst dat de meiwurkers fan it oanbelangjende reklameburo in (fergeze) kursus Frysk folgje as soks nedich is. Mar foar sa’n oanpak freget in grutter subsydzjebudzjet en dêr is ek wer foldwaande politike wil foar nedich.

is it net realistysk om te tinken dat in isolearre ferliedingsstratezjy oanwiisber effekt hat op it taalgebrûk. Men kin gjin izer mei hannen brekke. De lange tradysje fan efterstelling fan it Frysk wurdt beskerme troch de wetten en regeljouwing foar it Hollânsk. It swakke punt is de frijbliuwendheid foar it Frysk oer. It útrikken fan de Fryske Reklamepriis as aktiviteit yn it ramt fan ‘ferlieding’ kin in positivere hâlding foar it brûken fan it Frysk yn reklameboadskippen befoarderje, mar sûnder de feardichheden om flot Frysktalige reklame meitsje te kinnen hat men fuortdaliks al te krijen mei in earste handikap. De skoallen hawwe sûnt de ferplichting fan it Frysk yn it ûnderwiis dy taak net botte serieus nommen en wurkje yn mearheid noch net oan in better taalklimaat en oan it oanbringen fan de needsaaklike taalfeardichheden. Foar emansipaasje - it trochbrekken en opromjen fan de ûngelikense taalmachtsferhâldings yn Fryslân - is mear nedich as in op himsels steande ferliedingsstratezjy. Emansipaasje freget benammen om it ôfskaffen fan maatregels dy’t de ‘Hollânske tradysje’ yn stân hâlde. Yn kombinaasje mei oare

taalpolitike maatregels kin ‘ferliede’ pas echt effektyf wurde. Yn 2012 nimt in ferjonge kommisje de stap om mei in oar konsept te kommen. Sûnder no daliks de priisútrikking falle te litten, wurdt der wurke oan in útwreiding mei oare aktiviteiten lykas gearwurking mei oare ynstânsjes, it in grutter plak jaan fan it Frysk yn de sosjale media en op it ynternet, it hiele jier troch mear dwaan mei goede foarbylden en it beheljen fan it publyk by de saak. It doel is om yntinsiver en mei mear ferskillende aktiviteiten de doelgroepen en de publike opiny te bewurkjen. Mar de aktiviteiten fan de kommisje sille no likegoed de advertearders ta it Frysk ferliede moatte en dat bliuwt in stratezjy dêr’t it winsklike effekt ûnwis fan is troch de oerhearsking fan it Hollânsk en de tige iensidige regeljouwing yn ús taalgebiet. It útrikken fan de Fryske Reklamepriis op 20 maart 2012 foar de radiokommersjal Simmer yn Fryslân en it tvreklameboadskip mei Femke en boer Gijsbert wie foarearst de lêste yn in rige fan 1995 ôf.

Beliedsmjittich is der neat mis mei it wurkjen neffens in ferliedingsstratezjy, mar mei it Hollânsk yn in monopoaljeposysje yn ús provinsje is der gjin lykweardige twatalige situaasje. Yn de Fryske kromwoeksen taalrealiteit

Deputearre Jannewytske de Vries rikt op 18 maart 2008 yn it FEC de Fryske Reklameprizen út foar radio en tillefyzje

11


‘Fryslân op histoarysk kearpunt’ Bert Looper

De Friezen steane op dit stuit foar in wichtige kar oer hokker kant it mei harren op moat, sa hold Bert Looper, de direkteur fan Tresoar, ferline wike foar oan de Ried fan de Fryske Beweging: “ien fan de ynstitúsjes dy’t dêr de rjochting by oanjaan moatte sille”. Hy ferdútste yn syn lêzing dat sa’n kearpunt him trije kear earder foardien hat yn de Fryske skiednis. Hjirûnder Loopers eigen gearfetting fan syn ynlieding mei dêrnei, fan de hân fan de Nijsredaksje, in koarte werjefte fan de diskusje dy’t op de ynlieding folge.

De 4 Fryske takomstfazen 1200-2100 Yn de skiednis fan Fryslân binne trije fazen oan te wizen dêr’t de Friezen har yn oriïntearje moasten op in nije takomst: Wa binne wy, wat bynt ús, hokker wearden en symboalen binne wichtich, ensafh.? Yn alle trije fazen binne steatkundige feroarings de katalysator fan it proses fan identiteitsfoarming. It liket derop dat wy Anno 2013 oankommen binne yn in nije, útdaagjende fjirde faze dêr’t de Friezen har in takomst oanmjitte moatte.

12

Faze 1: It konsept fan de Fryske Frijheid, 14e/15e ieu Yn de trettjinde ieu ûntwikkele him yn Fryslân in foar Europa útsûnderlike steatkundige situaasje. It lânshearlik, greeflik gesach rekke wei en Fryslân waard in gebiet mei autonome, frije ‘republykjes’. Dizze unike, mar ek slim kwetsbere en bedrige politike situaasje – tink oan de Slach by Warns – twong de Friezen om harsels te ‘laden’ mei in sterke frijheidsideology. It konsept fan de Fryske Frijheid waard de basis fan de Fryske identiteit yn de lette Midsieuwen, stipe troch it Fryske rjocht en de Fryske taal.

Faze 2: Fryslân yn de Republyk mei de Nassaus, 17e/18e ieu Yn 1498 waard Fryslân ferovere troch Albrecht van Saksen en kaam der in ein oan de Fryske frijheid, it Fryske rjocht en úteinlik ek oan de posysje fan it Frysk as skreaune taal. Om 1600 waard Fryslân in autonoom gewest binnen de Republyk fan de Feriene Nederlannen. Yn dat steatkundich ramt moasten de Friezen foar harsels in nije takomst skeppe. Dat dienen sy troch yn it foarste plak in skiednisbyld te meitsjen dêr’t it Fryske folk fan hege âlderdom en status yn wie, om dêrnei mei dy status in foaroansteande posysje ôf te twingen binnen de republyk. De ynternasjonale yntellektuele en ekonomyske posysje fan Fryslân (Universiteit fan Frjentsjer, Noard- en Eastseehannel) en in sterk selsbewustwêzen mei in stevich plak foar de steedhâlders, de Fryske Nassaus, droegen boustiennen oan foar de foarming fan in nije en moderne takomst. Yn dy nije Fryske identiteit spile de Fryske taal gjin dominante rol, mar bleau de Fryske Frijheid in fitaal begryp. Faze 3: It Fryske Fryslân, 19e/20e ieu Yn de njoggentjinde ieu, nei de fal fan Napoleon, ferlear Fryslân syn autonomy en waard in provinsje fan de ienheidssteat der Nederlannen. It politike ferlies waard kompensearre troch de


Bert Looper

De eardere universiteit fan Frjentsjer

opbou fan in nije, krêftige identiteit dêr’t skiednis, mar no benammen de taal en it lânskip de dominante skaaimerken yn wienen. De idealen fan de yn de njoggentjinde ieu ûntstiene Fryske Beweging binne omtrint yntegraal nei de Twadde Wrâldkriich troch de provinsjale polityk oernommen, yntinsivearre nei Kneppelfreed yn 1951. Yn de njoggentjinde ieu keazen de Friezen in takomst dy’t basearre wie op in agrarysk-arkadysk en ientalich Frysk ideaal. Dy identiteitskonfiguraasje is ek no noch dominant, mar der ûntstiet in dúdlike en krêftige streaming dy’t net mear it Nederlânsk steatsferbân, mar Europa en de regio’s as nij referinsjeramt kiest.

Faze 4: Fryslân as Europeeske regio, 21e ieu Fryslân is in provinsje fan Nederlân, mar der fynt, yn mentale takomstoriïntaasje, in dúdlike ferskowing plak. Fryslân wol him net mear allinnich in plak jaan yn de Nederlânske takomst, mar ek tige dúdlik yn de Europeeske takomst. Der fynt in aksintferskowing plak fan nasjonale steaten nei it Europa fan de ekonomyske en kulturele regio’s. Fryslân ferbyldet him al op in soad punten in takomst yn dy nije ferhâldingen, tink oan de trijetalige skoallen, Fryslân as sintrum fan Europeeske meartalichheid, in festival as Explore the North en de direkte oriïntaasje op Europeesk belied. Der fynt in nije konfiguraasje plak fan Fryske identiteitskaaimerken, dêr’t it begryp Fryske Frijheid op ‘e nij by laden wurdt, de Fryske taal net isolearre wurdt mar presintearre wurdt as eksponint fan Europeeske multykulturaliteit en dêr’t de ‘net-Frysktalige’ 17e en 18e ieu einlings by opnommen wurden yn it kollektive Fryske bewustwêzen, mei de Universiteit fan Frjentsjer as ynspiraasjeboarne foar de nije universitêre takomst mei de University Campus Fryslân.

Diskusje It beskreaune byld dat it Fryske wêzen net statysk is – “dé Fryske identiteit bestiet net” – mar dynamysk en mei syn tiid meigiet, sprekt guon tige oan. “Eat om noch ris oer troch te prakkesearen, al makket it wol ûnrêstich” wylst oaren de redenaasje “frijwat dizenich” fine. Want hokfoar konkrete nije skaaimerken ha wy it dan oer dêr’t in fernijd konsept fan Fryslân mei te realisearjen is? ‘Meartaligens’ soe faaks wichtiger wurde kinne foar ‘it Frysk’ oer. Mar, sa wurdt opmurken, as men mear talen har gerak jout, is de ûnderfining dat de dominante talen (Nederlânsk, Ingelsk) foar master opslaan en de lytse talen weiwurde. Dêr sitte alle taalminderheden yn Europa mei oantangele. Dan moat der dochs foar dy lytse taal opkommen wurde, bygelyks troch direkteuren lykas Looper dy’t, krekt as de oanwêzige eardere skoalbestjoerders eartiids dienen, it goeie foarbyld jaan kinne oan harren organisaasjes. Looper stimt harren mei dat de Fryske taal ien fan de eleminten bliuwe moat fan it op ‘e nij stal te jaan Fryslânkonsept. Mar neffens him moatte wy ôf fan it perspektyf fan ferlies, dat al fierstente lang dominearre hat, en op ús eigen wize de takomst treast wêze.

13


De Feriening Frysk Underwiis 25 jier! Tom Dykstra

By gelegenheid fan it 25-jierrich bestean hat de de Feriening Frysk Underwiis immen yn it sintsje set, dy’t in protte foar in ûnderwiis yn it Frysk dien hat. Op de stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 9 op 8 novimber 2012 yn Drachten hat FFU-foarsitter Th. Dykstra Hans de Haan, direkteur fan de iepenbiere basisskoalle De Tsjelke yn Holwert, mei wurdearjende wurden tasprutsen en in oarkonde oerlange. Yn 1987 is der yn Fryslân feest fierd mei as ynset 50 jier Frysk op skoalle. Mei Sipelsop en sûkelade en bygelyks mei de útfierings fan de musikal Joazef master dreamer troch studinten en dosinten fan de doe noch besteande Snitser Pedagogyske Akademy ‘De Him’. Feest, omdat yn 1937 de LÛ-wet fan 1920 sa feroare waard dat yn it leger ûnderwiis (no basisskoalle) by de fakken lêzen en Nederlânske taal ek ûnderwiis yn it Frysk jûn wurde mocht. It Frysk waard noch net by namme neamd, mar oantsjut as ‘streektaal in levend gebruik’ en dy libbene streektaal waard net ferplichte, mar krige in fakultative status. Mar dochs feest yn 1987! Feest mei in rourântsje fansels, want de ynfiering fan it ferplichte fak Frysk yn 1980 gie ek net as slydjaget. Tefolle skoallen, benammen yn de gruttere plakken, besochten om oan de ferplichting te foldwaan mei in oerke Fryske les yn ’e wike, in ferske, in ferhaaltsje of it folgje litten fan in Frysktalich radio- of tillevyzjeprogramma. Wêr koene âlden, learkrêften en ek oare belanghawwenden stipe krije as it Frysk op skoalle syn gerak net krige? Yn dy situaasje en kontekst is de Feriening Frysk Underwiis oprjochte. It idee efter de oprjochting wie om mei-inoar sterker

14

te stean en sa de skoallen yn Fryslân Frysker te meitsjen. Yn de praktyk foel dat lêste ôfgryslik ôf. In skoalle is wat soks oanbelanget in ynstitút dat it mier hat oan potsjegnuvers. Men hat dêr in moai begryp foar: relative autonomy. Bûten de wetlike ferplichtings fan de oerheid hat de skoalle in stik frijheid om it ûnderwiis neffens eigen ynsjoch stal te jaan op grûn fan eigen pedagogyske útgongspunten en/of libbensskôging. No moat it fansels ek net sa wêze, dat as in âlder wat ropt it skoalwurkplan samar oer de kop helle wurde moat. Yn de gefallen dat wy as FFU kontakt socht hawwe mei in skoalle, hawwe wy de keninklike wei folge: kontakt sykje mei bestjoer en meisizzenskipsried fan de skoalle. Mar de FFU hie ek noch oare izers yn it fjoer. Yn al dy jierren is oanhâldend besocht om de steatsnasjonale en ek de provinsjale oerheid by de les te hâlden as it giet om wetjouwing en de ymplemintaasje fan it Frysk yn it ûnderwiis yn Fryslân. Hege ferwachtings wiene der by de ynstallaasje fan de kommisje-Hoekstra yn de diskusje oer desintralisaasje fan ûnderwiisfoech nei de provinsje, mar der kaam gjin echte trochbraak. It ministearje fan OC&W hold en hâldt de boat ôf. En de provinsje dan? It hâldt ek noch altiten net oer.

De FFU is in ûnôfhinklike belangeorganisaasje. Friezen binne gauris benaud om harren te organisearjen as it om it hoedzjen en noedzjen fan de eigen taal en kultuer giet. En om har lûd helder en klear hearre te litten. Bang as hja ornaris binne foar de skerpe tonge fan de Hollânsktaligen en de Friezen dy’t harren bekeard hawwe ta it Hollânsk. Sa’n ûnderdienige, ûnderhearrige hâlding is in skaaimerk fan efterstelde minsken. Dêrom is de FFU ek net sa grut wurden yn de ôfrûne 25 jier. Mar dat wol út noch yn net sizze dat de FFU net fan betsjutting is as in lûs yn ’e pels. Yn de ôfrûne tiid is der in soad bard. Sa is der troch de provinsje in sympoasium organisearre om ús Oanfalsplan Frysk hinne. Der is in kanon foar de Fryske skiednis gearstald op inisjatyf fan de FFU en nei 25 jier striid komme der no einlings kearndoelen foar it Frysk yn it spesjaal (fuortset) ûnderwiis. Boppedat is der in begjin makke mei goede toetsmiddels Frysk foar it basisûnderwiis. As yn 1997 it projekt fan de trijetalige skoalle úteinset, dogge sân basisskoallen mei. Gjin skoalle út Ljouwert of ien fan de oare gruttere plakken, mar sân lytsere plattelânsskoallen – sân it hillige getal fan de folsleinens. Soe it Frysk no meiliftsje kinne no’t de wrâldtaal, it Ingelsk, ek as fak en fiertaal foet oan ’e


De oarkonde

grûn kriget? Soe de hege status fan it Ingelsk by skoalbestjoeren, learkrêften en âlden foar in omslach yn tinken oer ûnderwiis yn it Frysk soargje kinne? En as nei 8 jier wurkjen de resultaten fan dy skoallen ris ferkeard foar it Hollânsk útpakke? Lykwols gie skoallieder Hans de Haan fan basisskoalle De Tsjelke yn Holwert net út fan ‘eerst zien en dan geloven’, mar hy leaut der daliks al yn. Men moat lef hawwe om in protte benaude, ûnderhearrige Fryske âlden en ek Hollânsktalige âlden dy’t it net sa op ûnderwiis yn it Frysk foar harren bern stean hawwe, oer de streek te krijen. “Is it Frysk dan net skealik foar de takomst fan de bern?”, sa’t altyd frege wurdt. Foar de skoalle wie it ek net maklik. It frege om in oare wize fan wurkjen: Wat dogge wy yn it Frysk? Wat dogge wy yn it Hollânsk? Hoe jouwe jo yn de boppebou Ingelsk as fak en as

De Haan krijt oarkonde en de tekst fan de Laudatio

fiertaal? Pionierswurk dus, krekt as yn de begjinjierren fan de twatalige skoalle yn de jierren ’40 en ’50. Stúdzjereizen nei Baskelân, stúdzjedagen yn it wykein op ’e Folkshegeskoalle op Skylge, tiimoerlis mei de oare skoallen yn it projekt. De Haan wie der by. En fitere oan. Soks freget in grutte ynset en in soad entûsjasme. De Haan hat de jefte om dat ek op it tiim oer te bringen. Altyd posityf bliuwe. Problemen binne der ommers om oplost te wurden. Neist in iepen hâlding nei oaren en behelpsum is hy ek de man dy’t as wachter fungearret. Wat hiene wy ek al wer ôfpraat? Is ús ynformaasje foar de âlden goed? Hawwe wy de bêste materialen foar alle trije taalfakken? Want foar alle trije de talen moatte der goede resultaten neistribbe wurde.

Mar net allinne op de eigen skoalle is er aktyf. Provinsjaal docht er mei yn de kearngroep fan it Netwurk 3TS. en is mei syn kollega’s altyd ree om wer wat op priemmen te setten foar it trijetalich ûnderwiis. Altiten beskikber, ek yn syn frije tiid, as klankboerd en help by nije ûntwikkelings. Sa wurket men mei oan de emansipaasje fan de Friezen en it Frysk en rommet men ferkearde maatskiplike (taal) beheinings mei op. It giet dan om mear as it klearmeitsjen fan de bern foar de besteande maatskiplike (taal) machtsferhâldings mei harren trends. As FFU hawwe wy grutte bewûndering en in protte respekt foar sokke minsken. Dat moat ek ris útsprutsen wurde. Nei it yn ûntfangst nimmen fan ús eareoarkonde, krige De Haan noch efkes it lêste wurd.

15


Stavering oereidzje Romke Grijpstra

De praktyk wiist it út dat it Frysk yn ‘e lytse loege sit, sa ha ik ûnderfûn. Neffens Romke Grijpstra is de stavering te kompleks en net altyd begryplik is. Ik bin der mar ris mei begûn om jir en dêr de sprektaal te folgjen. Omtrint liet ik de moedfearren hingje. Ofrûne jest yn in doarp oan ‘e ein fan in strjitte belle ik bij it safolste hûs oan om myn boek oan ´e frou of man te bringen. Bij sawat elk hûs krige ik itselde ferhaal: “ik praat wol Frys, mar ik kin it net lêze en ik moat earlik sizze, dat ik mij der ek net foar ynspan, de stikjes Frys yn de krante lês ik ek net, want it is mij te dreech”. Doe, mar winliken jierren dêrfoar ek al, frege ik mij ôf,: “wat is der dochs mei ús skoandere taal te rêden? Is it no wier sa dreech?“ Fansels fyn ik dat it tige tafalt, as men jin der mar ta set. Nei’t ik mei pensioen gien wie krige ik de driuw om saken oangeande myn wurk as letselskeabehanneler fan mij ôf te skriuwen. Yn de “Flapút”- it doarpsblêd fan Jelsum, Koarnjum en Britsum- bin ik begûn mei in rige ferhalen. Ik hie der tige nocht oan. Guon minsken seine dat se de ferhalen wol nijsgjirrich fûnen en trunen mij oan om de epistels te bondeljen. In pear joegen oan om it benammen yn it Hollâns út te jaan, want yn it Frysk soe wol tige swierrichheden jaan mei útjouwers. Dat woe ik perfoarst net, ik soe wol sjen hoe’t it ferrinne soe. Dy minsken krigen gelyk, it flotte net sa mei útjouwers. Ik begryp dat, want de omset yn frysktalige (dochs mar mei in k) boeken leit no ien kear net heech. Ik ha doe mar besletten om it boek sels út te jaan. Dêr ha ik gjin spyt fan. Net dat it mij wat opleveret, mar it is in rykdom om it yn al dy bjusterbaarlik moaie doarpen en strjitten oan de frou of man te bringen. Wat in moaie petearen en wat in goede ûntfangst bij frijwol alle minsken (in inkeling stelt der gjin priis op).

16

Tidens it skriuwen gie der yn mij om hoe’t it kin dat it Frysk net sa maklik as lês-en skriuwtaal akseptearre wurdt. Dêrbij krige ik it gefoel dat de stavering wolris te kompleks en net altyd begryplik is. Ik bin der mar ris mei begûn om jir en dêr de sprektaal te folgjen. Skriuwe is oars neat as de ôfspraak om mei elkoar de fonetyk (klank en letters) fan in taal te fisualisearjen. Sa ienfâldich is it yn prinsipe. As earste ha ik alle letters mei de “y”klank (sa as my) dy’t troch in (grut) part fan de Friezen sein wurdt as ij-klank feroare yn “ij”, (sa as mij). Ek ha ik de letter “k” achter de “s“ skrast, sa is “komysk” wizige yn “komys”. Wêrom? Omdat nimmen dizze “k’ brûkt (útsûndere yn toanielstikken). De “k”is dêrom folslein oerstallich! Wêrom soene wij ek net skriuwe jest en joed (it soe ek wol “joet” skreaun wurde kinne) –ik ferwiis nei it nijsgjirrige artikel fan Anne Dykstra yn de Swingel fan desimber 2012– ynstee fan “hjerst”en “hjoed”. Sa skriuwe wij hjoed de dei “juster”? Dêr stiet dochs dy stomme “h” ek net foar ek al soe dat tige konsekwint wêze! En dan dy hopeleaze “ch”: wij skriuwe in hege beam, mar de beam is heech. It kin likegoed “heeg”. En wat te tinken fan: bewege, beweging, mar beweechlik. Wol: mooglik! Lis it mar út hoe’t it sit. Wêrom net gewoan: beweeglik. It kin like goed en liket mij boppedat logys. Soe “âld” ek net “ôd” wurde kinne? De klank is net oars as yn “ôfgeand” (ôgeand)! En wat te tinken fan “útnoeging” en “oertsjûging”, deselde klank mar dochs ferskillend skreaun, dat noeget net út ta opteinens, want it raast gewoan oan ‘e protters.

Guon minsken sille jir grif wat bryk tsjinoan sjen, mar ik foarsis dat it tige gau went. It Frysk is nei myn betinken op grûn fan myn praktykûnderfining net maklik en net altyd te fetsjen. Der sille grif noch wol mear ûnbegryplike skriuwwizen wêze. Us Frysk is yn kompetysje mei it Hollâns en it Ingels en omdat ús taal te kompleks is, sil it dêrtroch op ‘e doer belies jaan moatte. De keunst is om it Frysk net te dreech te hâlden en dêrbij kin in ferienfâldiging fan de taal it ek tagonkliker en akseptabeler meitsje. Taalgefoeligen en taalkundigen sille der net safolle muoite mei ha, mar ik slút net út dat de measte minsken, dêrmei wol ik de minsken perfoarst net ûnderskatte, dat net binne en dêrtroch wat it Frysk oanbelanget ôfheakje. De praktyk wiist it út dat it Frysk yn ‘e lytse loege sit, sa ha ik ûnderfûn. Lit it dúdlik wêze, dat myn miening net basearre is op analyse of wittenskiplike ûnderbouwing, mar dochs doar ik wol in konklúsje te lûken op grûn fan myn koarte (ek wolris lange) petearen mei tûzenen minsken. Ik bin mij der tige fan bewust dat stavering arbitrêr is en dat myn miening fêst net troch elkenien dielt wurdt. Etymologys sil it mei it joeddeise Frysk wol ynoarder wêze, mar tagelyk tink ik dat de kommende generaasje dêr gjin boadskip oan hat. It soe in goede set wêze as de Provinsje Fryslân in oanset docht om in kommisje gear te stallen dy’t har dwaande hâlde sil mei in nije folle ienfâldiger (it kin noch ienfôdiger) stavering. Om mei Pieter de Groot (sjoch de Ljouwerter fan 28 desimber 2012 yn syn


artikel “dwers”) te sizzen: “It is fiif foar tolven”. Der sil net wachte wurde moatte oant dy fiif minuten foarbij binne, oars wurdt it heate(r)skjen. No is it grif noch net te let. Hoe is de joeddeistige posysje fan it Frysk? Jabik van der Bij jout yn de Swingel fan desimber 2012 oan dat er him net weaget oan útspraken. Dêr hat er gelyk yn, want neat is frustrearjender as útspraken dy’t efternei net alhiel blike te klopjen. Dochs weagje ik mij der hiel foarsichtich wol oan en as ik dêrmei yn de fout gean, dan is it net oars. It komt mij foar, dat it Frysk noch tige libbet. Yn kwantitative sin sil it noch wol

wat tafalle. It Frysk wurdt bedrige, mar ik tink, dat it grutte gefaar net fan bûten komt. Terjochte merkt Van der Bij yn syn artikel op, dat op de skoallepleinen njonkelytsen mear hollâns praat wurdt as eartiids. Ik ha dat fenomeen al faker heard en dat liket mij ek fêst te stean. It gefaar komt fan de Friezen sels út. Wat is it spitich dat wij sels ús taal fersloarkje litte. It tal wurden út benammen it Hollâns ferdriuwt stadichoan ús rike taal. Ryk oan klank, oan útdrukkingen, siswizen, esfh. As foarbylden neam ik in pear: “langsamerhân yn stee fan njonkelytsen of stadichoan”, “rustich (= roestig) yn stee fan rêstich”, “frynd yn

LINUM túnfoarmjouwing en advys

túnûntwerp

stee fan freon” en gean samar troch, der komt omtrint gjin ein mear oan. Op grûn dêrfan doar ik te sizzen, dat der hast gjin Frysk mear praat wurdt. It tal Friezen dat har noch ynset foar ús taal is beheind. O ja, it tal Friezen dat seit dat ús taal net ferdwine mei is tige grut, mar deselde minsken litte ús taal der wol mei ûnderstrûppe, omdat der hieltyd mear fryske wurden ferdwine. Soene der noch wol fiifentweintich tûzen Friezen wêze dy’t har tige ynsette foar it behâld fan it Frysk en de taalsuverens? Op himsels is dat respektabel, mar dy basis is te smel. It soe bysûnder moai wêze as in oanpassing fan de stavering it tij keart. Dêrnei is, nei myn betinken, it ûnderwiis oan bar.

bestrjittingsplan

beplantingsplan

detaillearrings

tafersjoch tidens de oanlis

Siem de Vlas - Gysbert Japicxstrjitte 58 - Ljouwert - (058) 2166002 - www.linum.nl

Underfinings mei Frysk yn kranten De Ried fan de Fryske Beweging is op syk nei ûnderfinings mei it pleatsen fan Frysktalige artikels yn de streekkranten fan ús provinsje. Dat nei oanlieding fan klachten dat in tal Fryske streekkranten wegeret om Frysktalige stikken op te nimmen. Inkele klachten binne frij konkreet: Frysktalige ynstjoerde stikken waarden yn guon kranten net pleatst mei as iennichste reden dat se yn it Frysk skreaun binne. Dy reden waard somtiden ek iepen en

bleat oanjûn. Dêrneist komt it foar dat foar it pleatsen fan Frysktalige stikken jild frege wurdt, wylst Hollânsktalige fergees binne. Frysktalige advertinsjes wurde al pleatst om’t dat jild opsmyt. Ûndúdlik is hoe wiidferspraat soksoarte praktiken foarkomme. Neamd binne û.o. de Drachtster krante en Actief mar der wurdt grute dat it der folle mear binne en dat de measten útjûn wurde troch de NDC. Om’t ditsoarte geroften hieltyd mar oanhâlde, wol de Ried fan de Fryske

Beweging graach mear ûnderfinings garje, sowol negative as positive en as it heal kin mei bewizen. In fraach is fierder wat der oan te dwaan is. It liket taaldiskriminaasje te wêzen, mar oan de oare kant is in krante kommersjeel en sels baas. Dat, ideeën foar eventuele aksjes om de kranten op sok hâlden en dragen oan te sprekken binne ek wolkom. Reaksjes kinne jo stjoere nei: ynfo@fryskebeweging.nl.

17


fryske nijenije fryske wurden wurden fryske Nije wurden, 708 fryske nije nije wurden wurden fryske nije ije fryske wurden nije fryske ije wurden wurden ke nije fryske nije fr wu den wurden fryske nije fryske wurden nije yske wurden fryske nije urden wurde fryske nije f wurden nije w fryske fryske wurden nije wurden fryske fr nije nije wurden w fryske nije fryske wurden je wurdennije fryske wurden nije fryske G. Hoekstra

Yn febrewaris is de priis útdield foat it moaiste nije Fryske wurd. Der binne hiele moaie wurden betocht. De fraach is no, hoe krije jo it safier dat dy wurden ek brûkt wurde? Eartiids wie it in spultsje om nije Fryske wurden te betinken. Wy kinne dan tinke oan sidendonderdeldoekje foar parachute(valscherm); izerenloekbealich foar locomief, leech by de grûn ite foar picknikke, ensfh. Mar dat wie foar de grap en op soksoarte wurden sit it Frysk echt net te wachtsjen. Nije wurden? Mar hoe krije we it safier dat dy nije wurden dan ek brûkt wurde? Sels sit ik mear te tinken om de noch besteande Fryske wurden te behâlden en te behoedzjen foar de ûndergong, want as wy net oppasse bestiet meikoarten it Frysk foar de helte út Hollânske en Ingelske wurden. Yn de rin fan de jierren hat it Frysk, en trouwens ek it Hollânsk al hiel wat wurden út oare talen oernaam, sa as út de Latynske, Grykske en Frânske taal. Dy wurden binne sa stadichoan hiem wurden yn ús talen. Ik tink dan oan wurden as auto(mobiel), locomotief, dominee, pastoor, paraplu, telefoon, televisie, toilet, elektriciteit, neuroloog

ensfh. De Dútsers binne wat grutsker op harren taal en ha it oer Fernsehen en Fernsprecher as se it oer tillevyzje en tillefoan ha. Hjoed de dei sjogge wy dat by name yn guon winkels klean net mear te keap mar to sell binne en op it stasjon keapje jo net mear in kaartsje mar in ticket. En litte wy mar ophâlde. Nije wurden, moai! Mar litte wy dêrnjonken ek ús bêst dwaan om de wurden,dy’t noch troch guon brûkt wurde te bewarjen en opnij ûnder de oandacht te bringen. Hoe maklik nimme wy net wurden oer út it Hollânsk en Ingelsk ? Ik neam in pear foarbylden dy’t jo sa tsjinkomme: it meast beruchte ynsloepsel is wol kleinkinderen. Okkerdeis hearde ik immen sizzen, myn beppesizzer komt nije wike by ús útfanhûs. Wat hearde my dat woldiedich yn ‘e earen. Wat ik dizze winter ek hiel faak heard ha, is it wurd schaatsen, werom net gewoan redens/ reedride?. Werom ek net gewoan toskedokter, eachdokter, bernedokter yn ’t plak fan tandarts, oogarts; kinderarts; poppe

yn ‘t plak fan baby; kaaien yn ‘t plak fan sleutels. Sûnder der by nei te tinken, nimme we soms mar gewoan Hollânske en Ingelske wurden oer. Ik tink dan ek oan wurden as, slecht yn’t plak fan min; bijna yn’t plak fan hast; boven, beneden yn ’t plak fan boppe, ûnder; bezig yn ’t plak fan dwaande; trots yn ‘t plak fan grutsk: Fries yn ’t plak fan Frysk, ; weinig yn ’t plak fan in bytsje ensfh. No soe ik der graach wat fan sizze wolle as minsken in Hollânsk of Ingelsk wurd brûke, mar dat doch ik mar net te folle, want je kinne wol oan de gong bliuwe. Mar wa moat it de minsken dan wol oan it ferstân bringe? De leararen op skoalle? Mar prate dy sels wol geef Frysk? Persoanlik ha ik der by guon wol myn twifels oer. As jo dy Fryske wurden brûke, sjogge de minsken je soms mar gek oan. Ek minsken dy’t harren der op foarsteane echte Friezen te wêzen betraapje ik wolris op sleau taalgebrûk, sels in omropper foar Omrop Fryslân hie it okkerdeis oer syn lytsbern yn ’t plak fan syn pakesizzer, en ik sels betraapje my der ek wol op dat ik Hollânske/ Ingelske wurden, sûnder der by nei te tinken, oernim.

Grif, wy witte dat der wurden binne dy’t wy net mear brûke. We ha it net mear oer ús sydsulver as wy it oer ús frou ha. En wa wit noch wat wurden as jister, ûngetiid, golle, rûchskerne, tuolle betsjuttte? Wurden dy’t eartyds brûkt waarden op de greidbuorkerij. Ik wit wol, libbene talen binne yn beweging en dat moat ek. Wy prate oars Frysk as 150 jier ferlyn, mar dat betsjut net, dat we mar sûndermear wurden út in oare taal oernimme moatte. It ferearmet de taal.

Piet Voordes

18


n e

ryske Steaten! Bliuw fan de stavering ôf! urden Feie Fonyk

Der binne fan dy ûnderwerpen dy’t steefêst oanlieding jouwe ta emoasjes en geharrewar: wol of net de deastraf, hoe moast oan mei pedofilen, kin Pyt Paulusma, it KNMI, it waarberjocht net dúdliker oanjaan hoe at it derút sjocht foar de kommende tiid, de sintrale as, Thialf, fuotbalfandalisme, jongerein en drank, sûpketen yn ús boerelân, smoke yn kafees, moatte froulju allegearre oan it wurk bûten de doar om sels harren eigen brea te fertsjinjen of moatte se thús sitte om de harren leave bern op te heinen nei skoalletiid mei in bakje tee en letter har leave man mei in pot bier, binne Cambuur en Hearrenfean net te folle foar Fryslân, binne der te folle Moslims, Poalen, Hollanners yn Fryslân en gean sa mar troch.

n e en fryske wurden ryske wurden

Koartlyn kaam der gelokkich in nij ûnderwerp op it kleed. De stavering. De steaten wolle de stavering fan it Frysk feroarje. Se hawwe dat foarlein oan de saakkundigen fan de Fryske Akademy. Miskien wienen it ek wol de saakkundigen fan de Fryske Akademy dy’t tsjin de Steaten seinen dat de

stavering feroare wurde moast. Dat wit ik net, want ik haw my der net yn ferdjippe. It skynt benammen te gean oer de “oe” en de “û”, at ik it goed begrepen haw. No is de útspraak fan de oe yn “sûpketen” fansels wol oars as de oe yn “boerelân”. Dat hat te krijen, hawwe se my eartiids leard, mei de” r” dy’t folget op de “oe”. Men neamt soks yn wittenskiplik jargon regressive assimilaasje fan plak, of labialisearring, of multilaterale opposysje fan de frikative konsonanten, dat wit ik net mear. Hawar, jo begripe wol dat de minsken dy’t har hjir mei dwaande hâlde net fan de strjitte binne. Mar werom eins feroarje. Ek yn it Nederlânsk geane der sa no en dan stimmen op om de stavering te feroarjen. De tiidwurdstavering is foar guon minsken net te begripen. Dy is gelokkich lyk bleaun, mar wy hawwe yn it ferline wol “pannekoek” hân en no is it “pannenkoek” of oarsom. Sjoch, sa kom ik by myn grutste beswier tsjin staveringsferoaring. Yn it ferline wist ik wol wat it wie. No net mear. Dan komt omdat stavering te krijen hat

mei wurdbyld. Dy earme Sineeske bern hawwe tûzenen wurdbylden yn harren lytse Sineeske holtsjes en dy wurdbylden feroarje se net, want dan witte dy bern net mear wat se skriuwe moatte: “hinnehok” of “hinnenhok”. Ik bin dus tsjin eltse feroaring. Wa’t net by steat is om Frysk of Nederlânsk te skriuwen sa at is no is, kin dat ek net nei de feroaring. Miskien skriuwen sokken wol helendal nea in Frysk of Nederlânsk wurd. Boppedat krije wy fan de Akademy ommers, nim ik oan, in nije staveringshifker en at wy de minsken fan de Steve Jobsskoallen leauwe meie, hat eltsenien aanst in tablet yn de bûse dy’t alhiel automatysk de stavering oanpast. Fuort mei pennen en papier. Ta beslút: Sjoch nei Frankryk en Ingelân. Dy feroarje de stavering ek net. Dat betsjut dat je in tekst út foarige ieuwen lêze kinne sûnder dat je tinke “wat stiet hjir no wer”. Boppedat hawwe se yn it Ingelsk wol acht skriuwwizen foar de “oe”: do, crew, June, moon, soup, blue, shoe en fruit. Ik wurd der hast emosjoneel fan.

19


De

is foar guon

Ed Knotter

Ein april 2013 stie op www.taalbaas.nl in stikje op it tema kening – koaning – keuning. It wie de tiid fan ‘abdikaasje’ fan de âlde kening en ‘ynhuldigjen’ fan de nije; de alderheechste yn it keninkryk. Dy âlde kening wie nammers in frou, in keninginne yn ús taalgebrûk, mar dat makket yn de sin fan de wet neat út. Foar de wet wie sy de kening. Kening, koaning en keuning Yn de sprektaal brûke wy foar it Nederlânske wurd ‘koning’ meast ‘koaning’: Willem Alexander wurdt de nije koaning. Yn de skriuwtaal is it almeast kening. En dan bestiet ek noch de wat ûnbekendere foarm keuning. Kening hat âlde papieren, want yn it

Aldfrysk bestie dy foarm ek al. Mar yn it Aldfrysk komt de foarm koning likegoed foar, en der bestie ek in foarm kuning. It liket derop dat hjoed-de-dei de betsjutting útmakket hokker foarm brûkt wurdt: kening, koaning of keuning. De (skriuwtaal) foarm kening wurdt dan foaral brûkt foar de foarst dy’t oer ús steld is. De winner fan in keatspartij wurdt keazen ta koaning en net ta kening. En de foarm keuning komt yn efternammen foar en wurdt yn it Frysk ek brûkt foar it aailizzende froulik ynsekt by in bijefolk. Sjoch ek it Wurdboek fan de Fryske taal, by kening. (foar it folsleine artikel in finkje sette by ‘subbetekenissen’ en ‘citaten’) Opmerkings: Anonym 25 april 2013 19:29 In keuning dy’t aikes leit? It is al like bryk as de Nederlânske wet: de kening kin in man of in frou wêze, wat in keninginne nèt kin...(?) In froulik bist sil dochs in keninginne wêze moatte?! Keuning komt as famyljenamme foar, mar stiet net yn it hânwurdboek. De oare fariant fan kening, koaning, stiet al yn it hânwurdboek, mar foar my is it in misbaksel. Kening is moai geef Frysk; wat oars hawwe wy net nedich (“noadich” is ek net nedich).

Us ‘kening’ Willem-Alexander

20

C. Veenendaal, Trimbeets Taalbaas 2 mei 2013 14:40 Yn it Wurdboek fan de Fryske Taal komt de foarm ‘keuning’ foar yn de betsjutting ‘bijenkoningin’. It mei frjemd lykje dat in ‘manlik’ wurd brûkt wurdt foar in froulike aktiviteit, mar it is wol út de faktaal fan de bijkers. Blykber tsjutte sy de ‘bijenkoningin’ sa oan. Yn it Frysk wurdt de foarm ‘keninginne’ likegoed ek wol brûkt. Noch in oare namme is ‘moer’. Anonym 4 mei 2013 11:51 Dy bijkers wolle faaks harren saakkundigens oantoane mei in eigen faktaal en dêrmei bûtensteanders op in distânsje hâlde (dy binne sa dom dat se net iens witte dat in bijekeninginne in keuning is...), mar logysk besjoen doocht it net. It komt nammers wol faker foar dat taalflaters de saakkundigens op in beskaat mêd oantoane moatte... Noch in tal wurden dy’t mei de troanwiksel en ús nije kening te krijen hawwe. Troanwiksel It hiele feest wurdt gearfetsjend mei ien wurd troanwiksel neamd, ‘troonswisseling’, wat letterlik besjoen net doocht. It is net de troan dy’t ynruile wurdt, mar dejinge dy’t derop sit. Lykwols is keningswiksel (‘koningswisseling’)


‘gewoan’ in Oer in folksbreed minderweardichheidsgefoel en min ûnderwiis...

net in gongbere term en sil net ien dy as krektere oantsjutting fan it barren ynfiere wolle. Mar dat sa sydlings. Aldfrysk Foar it begryp ‘koning’ hat de Fryske foarm ‘kening’ de âldste rjochten, seit Taalbaas. Yn it Aldfrysk kaam ek it wurd ‘kuning’ foar. Op de ien of oare wize binne by ús de farianten ‘keuning’ en ‘koaning’ ûntstien of út oare talen/ dialekten oernommen. Keuning komt as famyljenamme foar en koaning wurdt foar ‘t meast as útspraakfariant fan it Hollânske ‘koning’ beskôge. Min en geef Yn in reaksje op dy Taalbaas (net yn de Ljouwerter Krante sptigernôch, mar al op it ynternet) waard de term ‘koaning’ in misbaksel neamd. Dat hâldt nochal wat yn. As fariant fan ‘koning’ wurdt ‘koaning’ besjoen as in regionale, dialektyske (dus ferkearde) útspraak en oan ‘e oare kant stiet ‘koaning’ te fier ôf fan de geef Fryske foarm ‘kening’. De trochsneed Fries docht it dus altyd ferkeard. Om’t er him wol as Fries identifisearret, is ‘koning’ him te kreas (“Praat mar gewoan Fries”), mar ‘kening’ is wer te eptich Frysk (“Je moatte ek wer net oerdriuwe”). Dy hâlding tsjûget fan in freeslik minderweardichheidsgefoel en liedt ta (fer)minderjende twatalichheid.

Underwiis De ynstjoerder fan dy reaksje op Taalbaas sil de stedstalen yn Fryslân ek wol mishipte ferskynsels fine. Dy binne ommers ek troch in ûnwinsklike rin fan ‘e Fryske skiednis (tink oan Albrecht fan Saksen) ûntstien; foar taalsosjologen faaks hiel nijsgjirrich, mar ûngeunstich foar de kultivearring fan de eigen taal. De gefolgen fan de bestjoersherfoarmings yn 1498 en de ûnderdrukking fan it Frysk yn de ieuwen dêrnei binne noch altyd te fernimmen. De steatsnasjonale druk op ûnderwiis en media is grut en it ûnderwiis yn de eigen taal en kultuer is marzjinaal. Mentaliteit Dy gefolgen komme nei foaren yn de mentaliteit fan in protte ynwenners fan Fryslân dy’t de eigen identiteit wol serieus nimme, mar de ynfloed dêrfan en benammen de taal sels lyts hâlde wolle. Der is foar it Frysk al aardich wat berikt; der binne goede ûntjouwings yn bygelyks it ûnderwiis en der is in Frysktalige omrop. Wy kinne, om mar ris wat te neamen, it waarberjocht yn it Frysk hearre en lêze. Mar as de waarman de wyn út it ‘oasten’ waaie lit, omdat it ‘easten’ te Frysk wêze soe, dan is wer dat selde misbaksel fan in mentaliteit te fernimmen. Us ‘Keuning’

21


It wurdt in hiele toer Koen Zondag

Freedtemiddei, de lêste lesoere: in les oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis, yn it Frysk, sûnder plaatsjes. De klasse is tige heterogeen. It wurdt in hiele toer. Yn de jierren dat wy as meiwurkers fan it Paedagogysk Advysbureau ús domisily hiene op de Fryske Akademy, fertelde de adjunkt-direkteur fan dat ynstitút, de bekende skriuwer Ype Poortinga, yn it kofjeskoft in kear oer it ûntstean en it skriuwen fan syn roman Duveldei op Grienlân. It boek hie him sa yn ’e besnijing dat er thús ûnder it iten mear tocht oan de ytgewoanten fan de Eskimo’s as oan it miel dat syn frou klearmakke hie. Poortinga ûndergie de ‘historische sensatie’ ‘een direct, en haast zintuigelijk sensatie’, contact met het verleden’ verleden’. Ik sitearje dy wurden út De vreugden van Houssaye, in yn 1992 ferskynd boekje fan de Flaamske histoarisy Tollebeek en Verschaffel. It giet oer bygelyks de wearde fan de poëzij en de filosofy. Koart sein; alles wat boppe it gewoane, it deistige nut út stiget. Mar it giet ek om en oer de geur en kleur fan argyfstikken. Ik haw my by myn lange syktocht yn argiven nea ôffrege wat it nut fan myn boek wêze kinne soe. Ik belibbe de wille by it finen fan ûnbekende óf al wer fergetten stikken en it ûntdekken fan patroanen. Ik neam in foarbyld. Yn 1937 naam de folksfertsjintwurdiging op útstel fan minister Slotemaker de Bruïne in wetsfoarstel oan dat it mooglik makke om ûnder ‘lezen en Nederlands’ omtinken te besteegjen oan in streektaal. In hoedene formulearring. It mei namme en tanamme neamen fan it Frysk soe politike en finansjele konsekwinsjes hawwe kinne. Yn in by gelegenheid fan dat feit ferskynd nûmer fan it blêd It Heitelân skreau de minister dat dy bepaling bedoeld wie ‘om de mogelijkheid te openen, dat ook de

22

lagere school dienstbaar kan worden gemaakt aan het aanleeren van het Friesch, een oude schoone taal’. By it sykjen en neigean fan de boarnen hie ik in tal fragen foar eagen: wa die wat, wannear en wêrom? Letter koe ik de fragen skerper definiearje. Sa kaam ik bygelyks op it begryp pleitkoälysjes, groepen dy’t it Frysk op skoalle befoarderen of opkearden. In oar aspekt wie it ferrin yn de tiid. Nei in soad ynspannings slagge it om it Frysk yn it ûnderwiis in plak te jaan, mar der hoegde mar in haad fan in skoalle te ferdwinen of alles feroare wer, meastal yn negative sin. Yndied: Lange oanrin, koarte sprong. Twatalich ûnderwiis is in yngewikkeld fenomeen. Ik meitsje in ferliking mei it keatsen. De spilers rinne, sa’t it liket mar wat trochelkoar, sa no en dan hâlde se efkes op om te sjen hoe’t in beslissende slach fan in oar partoer ôfrint. Skiedsrjochters nimme soms net nei te kommen beslissings, it publyk bemuoit him mei de gong fan saken en men hat der gjin aan fan hoelang’t in wedstriid duorret. Keatsen is de lêste jierren yn it neigean. Der wurde beliedsplannen ûntwikkele en saneamde ‘clinics’ moatte it spul, sa’t dat hjoed-de-dei hyt, wer op de kaart sette. Is it keatsen te rêden mei sokke aksjes? Ik haw myn twivels. Ik wol fan ’e middei in priuwke jaan fan de ynhâld fan it boek. Oan ’e ein fan myn bydrage sjoch ik efkes foarút. Ik neamde de pleitkoälysjes: de ynspeksje fan it ûnderwiis is dêr in

dúdlik foarbyld fan. It dwaan en litten fan de ynspekteurs is oan te jaan mei de folgjende wurden: opkearders, bekearlingen, regisseurs en registrearders. Yn de 19de ieu hiene de skoalopsjenners it oer de ‘mooie, oude Friese taal’. Mar yn it ûnderwiis moast it Hollânsk de fieren ynstruksjetaal wêze. Mei it Hollânsk kamen de bern fierder as mei it ‘vriesch boersch’. It Frysk wie in skopstien, in stroffelstien om it Hollânsk goed yn ’e macht te krijen. Dat argumint wurdt noch altyd brûkt. Ferline jier sette in meiwurker fan it ûndersyksburo Sardes yn Ljouwert dy âlde, skurve plaat noch in kear op. Fan de bekearlingen neam ik de yn Nes berne Luitjen Freerk Kleiterp, haadynspekteur foar it leger ûnderwiis. Doe’t er nei de Twadde Wrâldoarloch yn dy funksje beneamd waard, hiene guon twivels oangeande syn Fryskens en syn hâlding foar it twatalich ûnderwiis oer. De sjoernaliste en dichteres Tiny Mulder fertelde dat se mei oaren op Skiermuontseach foar syn ‘bekearing’ soarge hie. It wie foar it oare al sa dat in haadynspekteur it him yn de earste jierren nei 1945, doe’t de Fryske beweging o sa libbe, ek net permittearje koe om him tsjin it Frysk op skoalle te kearen. Der kaam noch wat by. Doe’t Kleiterp frege waard om it kongres fan 1948 yn it Frysk te iepenjen, wied er idel genôch om dy útnoeging en útdaging oan te nimmen. Ta syn eare moat sein wurde dat er fierder hiel loyaal meiwurke hat oan it twatalich ûnderwiis. Twatalich wol sizze:


Understeande ynlieding hat Koen Zondag op in sympoasium útsprutsen dat op 9 desimber 2011 op de Fryske Akademy holden waard ta gelegenheid fan it ferskinen fan syn boek Lange oanrin, koarte sprong. Twatalich ûnderwiis yn Fryslân tusken 1800 en 1980 (Ljouwert, 2011). Zondag is âld-beliedsmeiwurker twataligens fan it eardere skoalbegeliedingsynstitút GCO/MSU Fryslân (hjoedde-dei it Cedin mei syn Taalsintrum Frysk). It boek is opdroegen oan Geart Vledder (âld-direkteur fan it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy). De earste eksimplaren binne oanbean oan Geart Vledder en oan dr. Geart Benedictus (âld-lid fan Provinsjale Steaten en Earste Keamerlid foar it CDA).

de skoallen dy’t nei 1950 yn de earste twa klassen it Frysk as fiertaal brûkten. Frysktalige bern learden yn dy skoallen lêzen, skriuwen en rekkenjen yn har eigen taal. Mei-elkoar hawwe der 94 fan sokke skoallen west. Ik haw fan alle skoallen dy’t fan twatalich wer ientalich waarden, de oantekens fan de gemeente- en skoalbestjoeren neigien. Yn party gefallen bestie de freze dat omtinken foar it Frysk neidielich wêze soe foar it Hollânsk. Ynspekteur Sipkens waard dat gewaar op in âlderjûn fan in kristlike skoalle. Hy bepleite it belang fan twatalich ûnderwiis. Oan de ein fan de jûn sei in mem dat de ynspekteur dochs ek wol wist dat men mei it Frysk net fierder kaam as Wolvegea. Sipkens wie daliks beret. Hy sei: “Ik bin hjir op in kristlike skoalle, as it my net mist moatte jimme mei it Frysk oan de himel ta.” Yn de fyftiger en sechtiger jierren fan de foarige ieu wiene de ynspekteurs - ik neam de nammen fan Boelens, Elzinga en Sipkens mei grut respekt foarstanner fan twatalich ûnderwiis. It wiene regisseurs. In foarbyld dêrfan is te finen yn de oantekens fan it bestjoer fan de kristlike skoalle yn Feanwâlden. Op de bestjoersgearkomste fan 6 juny 1956 sei in lid ‘dat wij niet in alles achteraan moeten komen’. Hy doelde op it feit dat de iepenbiere skoalle yn dat doarp twatalich wurden wie. It haad krige fan it bestjoer de opdracht om ynljochtings yn te winnen. Nei it hoartsje kaam syn antwurd. Net sa’t men ferwachtsje soe, in pedagogyskdidaktysk ferhaal, mar de meidieling dat

de gemeente Dantumadiel meiwurking jaan woe ‘voor het aanschaffen van leermiddelen inzake het Fries’. It ferhaal krige in ferfolch yn juny en july 1958. Ynspekteur Krine Boelens prate doe yn in bestjoersgearkomste oer it twatalich ûnderwiis. Yn de notulen stiet: “[...] hij is geen propagandist [...] voor het Friesch op school. Maar dat hij het wel noodzakelijk acht in het belang van het kind en dan niet in klas 5 en 6 maar in de klassen 1 en 2.” De ynspekteur stelde út om in gearkomste mei de âlden te belizzen. As it bestjoer sa’n gearkomste útskriuwe soe, woed er ‘gaarne een uitnodiging [...] ontvangen’. De âlderjûn, yn bywêzigens fan de ynspekteur, fûn plak op 10 july 1958. Mei yngong fan it kursusjier 19581959 wie de skoalle twatalich. No is dy skoalle, lykas de iepenbiere skoalle yn Feanwâlden, trijetalich. De argumintaasje dy’t Boelens brûkte, wurdt yn de literatuer oanjûn as de stapstien, de minderheidstaal as brêge nei de nasjonale taal. Der is noch in tredde útgongspunt: de hoekstien. Yn dat model wurde beide talen as fak en fiertaal brûkt en hawwe de eigen regio, de lieten yn de streektaal en de skiednis in yntegraal plak yn it ûnderwiislearproses. Yn de troch my ûndersochte perioade haw ik gjin foarbylden fine kinnen fan skoallen yn Fryslân dy’t neffens dat model wurken. De hâlding fan de tsjintwurdige ynspeksje foar it Frysk oer soe ik oanjaan wolle mei it wurd registrearje. De ynspekteurs observearje wat der yn

de skoallen bart en lizze har befinings, mei help fan fjouwerpuntsskalen, yn rapporten fêst. Hja hawwe ynfloed. Mar soene se it Frysk op skoalle út in yntrinsike motivaasje, út it hert wei, bepleitsje? Yn it yn 2010 ferskynde rapport fan de ryksynspeksje stiet dat de resultaten oangeande it Frysk ûnder de mjitte binne. Wêrom falt it alle kearen wer ôf? Doge de materialen net? Hawwe de learkrêften net genôch kennis fan it Frysk? Meitsje de âlden beswieren? Spoeket it foaroardiel dat omtinken foar it Frysk skealik is foar it Hollânsk, noch altyd in rol? Of sit De Haach ús noch altyd dwers? Of hawwe Friezen, sa’t it rapport seit, in tekoart oan ‘taaltrots’. By it ynfieren fan it twatalich ûnderwiis, 1950 en fierder, spilen de haden fan skoalle in krúsjale rol. Ik haw harren posysje neigien. Hja wiene net allinne skoalmaster, hja sieten yn de tsjerkeried, wiene foarsitter fan de ôfdieling fan in politike partij, skriuwer fan it Griene Krús, spilen yn it korps of op it oargel. It wiene minsken mei gesach dy’t net allinne op skoalle foar master opsloegen. Tsjintwurdich hawwe wy direkteuren, meastentiids wenjend yn in oar plak. Harren ynfloed en rol is folslein oars. De haden fan skoallen wiene faak behelle yn de Fryske beweging. Dat lêste hie syn foar en tsjin. As sa’n haad foar twatalich ûnderwiis pleite, krige er te hearren dat er sa foar it Frysk wie. Syn miening wie, fûnen de oaren, te ideologysk. As it him slagge om de ientalige skoalle te feroarjen yn in

23


Jan Jelles Hof (1872-1958)

twatalige skoalle; ûndergiene oaren dat as druk. Yn Jiskenhuzen sei in juf dat it twatalich ûnderwiis der yndertiid troch inkelde topfigueren trochdrukt wie. Yn de ynnovaasjeteoryen komt alle kearen nei foaren dat it slagjen fan feroarings yn it foarste plak bûn is oan minsken en yn it twadde plak dat feroarings har beslach krije moatte yn dizze skoalle, krekter sein yn dizze groep. De skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân is in dúdlike yllustraasje fan sokke teoryen. It ynfieren fan fernijings ferrint yn in tal stadia, It begjint mei de inisjaasje, it ûntwikkeljen fan plannen en it buorkundich meitsje dêrfan. Yn de folgjende faze folget de ymplemintaasje yn de praktyk. As alles slagget, krijt de fernijing in plak yn de hollen en herten fan minsken. Yn de literatuer wurdt it wurd ‘borgen’ brûkt. Nei it bestudearjen fan de skiednis fan it Frysk op skoalle, moat ik konstatearje dat it by de earste faze bleaun is en oer it generaal net fierder kommen is as de leechste groepen. In fernijingsproses is o sa kompleks. En as der dan, lykas by it Frysk, ek noch in emosjonele kant meispilet, is it twa kear sa dreech. By it keatsen is it fan grut belang dat de gersmatte der kreas by leit. Ik bedoel mei dy matte, de taalkaart: it tal minsken dat Frysk praat en, noch wichtiger, hoe’t se mei har taal omgeane. Op grûn fan in ûndersyk út 2007, in saneamde fluchhifking, sizze guon dat it tal praters fan it Frysk net mear

24

tebekrint. Dat is lykwols de fraach. Wy witte dat by sa’n ‘quick scan’ de minsken dy’t foar binne, earder ree binne om it formulier werom te stjoeren as de tsjinstanners. De foarstanners binne faak oerfertsjintwurdige. It ûndersyk dat Jehannes Wynstra en ik yn 2007 diene nei it brûken fan it Frysk troch bern fan de basisskoallen, lit sjen dat der yn dy âldensgroep in geweldige eroazje plakfynt. It soe fan grut belang wêze om by bern fan dy jierren in yngeand ûndersyk te dwaan. Wat is de thústaal fan de bern, hokfoar taal brûke se mei de kammeraatskes en maten en sa fierder? Yn 1956 ferskynde De taal van het schoolkind in Friesland, in taalkaart oangeande de thústaal fan de bern, de learkrêften en it Frysk as fak yn hiele Fryslân. It gie om goed 64.000 bern, 1961 learkrêften en 540 skoallen; 215 skoallen joegen oan 6.017 bern Fryske les. Dat is goed 9%. Ik wol jimme de konklúzje fan de auteurs fan dy taalkaart net ûnthâlde. Hja sizze: “Aandachtige beschouwing van de gegevens zal trouwens de conclusie wettigen, dat noch de taalverhoudingen noch de daarmee samenhangende onderwijskundige problemen tot op heden bepalend zijn geweest voor de omvang van het onderwijs in het Fries.” Soene wy, nei it troch my bepleite ûndersyk, wer ta sa’n konklúzje komme? Der moat ek wat sein wurde oer de kwaliteit fan it Frysk. Wit hoefaak fûn ik publikaasjes dêr’t yn sein waard dat

de skoalle in bydrage leverje moatte soe oan it ferbetterjen fan de kwaliteit fan it Frysk. Douwe Tamminga hie it oer wanskepen taal en ferkattemalke Frysk. Syn hope op ferbettering wie de twatalige skoalle. Hy moat slim teloarsteld west hawwe oer it resultaat. Oan it begjin fan myn boek stiet in fers fan Jan Jelles Hof út 1901oer it Frysk op skoalle. It lêste kûplet giet sa: It Frysk op skoalle... ’k Woe wol dat wy ’t hiene En inkelde Friezen sa’n tsjinwar net diene. Mar ’t driuwt sa slim net as ’t Frysk yn ’e hûs: De skoalle jowt krûmkes, ’t giet thús by de rûs.

No’t it Frysk in swakke faluta wurdt, sille de skoallen it hieltyd dreger krije. De kearnfraach is oft de skoalle de tebekgong fan it Frysk keare kin. Mei de taalsosjolooch Fishman bin ik fan betinken dat soks amper it gefal wêze kin. Fjouwer wike lyn waard yn dizze romte it 25ste en lêste diel fan it Wurdboek fan de Fryske Taal oanbean. Ien fan de sprekkers wie prof. Van Sterkenburg. Oan de ein fan syn taspraak sei er dat it Wurdboek no kompleet wie, mar net ôf. Sa belibje ik it ek. Lange oanrin, koarte sprong hat jierrenlang myn reisgenoat west, mar it lit my net los. Fan ’e wike haw ik noch ik kear de yn 1947 ferskynde bondel De yogi en de volkscommisaris fan de essayist Arthur Koestler lêzen. Ik helje de earste rigels oan:


“Ik mag me graag een instrument voorstellen, dat het mogelijk zou maken de voorbeelden van het sociaal gedrag te ontbinden, zoals de natuurkundige een bundel stralen ontbindt. De hele warboel [van alle menselijke levenshoudingen] zou ordelijk, helder en begrijpelijk worden.” Lit ús dat ynstrumint ris op Fryslân rjochtsje. Ik kies in doarp, ik neam it Wynterp. Om 1950 hinne wie it doarp homogeen Frysktalich, op inkelde notabelen nei, prate elkenien Frysk. Yn de santiger jierren ûntstie troch de tanommen wolfeart it forinsisme. Stedslju setten har ta wenjen yn Wynterp. De taal fan de ynkommelingen, it Hollânsk, waard de noarm, ek op it skoalplein. De twatalige skoalle fan Wynterp bestiet al lang net mear en de yn 1980 ynfierde ferplichting wurdt ‘vederlicht’ útfierd. Wat moat der dien wurde om dy ‘kromwoeksen realiteit’ te feroarjen? ‘It is simpel’, seit de kommissaris, ‘alle kwalen moatte genêzen wurde troch feroaring fan bûten. Byneed mei twang!’ De yogy redenearret folslein oars: ynfloed en twang helpe net, it giet om de ynderlike feroaring fan minsken. Koestler fynt beide opfettings iensidich: de werklike útwei bliuwt ‘tussen de fundamentele opvattingen van Verandering van Buiten-af en Verandering van Binnenuit’. As ik Koestler tapas op twa- en trijetalich ûnderwiis yn Fryslân dan is myn konklúzje dat it net sûnder de

kommissaris kin. Wy hawwe ferlet fan bygelyks beliedsplannen en it hifkjen fan de resultaten. It leannet de muoite om oan te hâlden as storein. ‘Allinne troch druk op ‘e molke’, seit de Spreukedichter, ‘komt der bûter’. Wy moatte ús lykwols realisearje dat beliedsplannen en kontrôle net mear wêze kinne as helpstikken, protezen dy’t nea alhiel passe en maklik skrine kinne. It liket wol oft de yogy yn ús tiid ôfwêzich is. Soene wy him én it bern mei it ûnderwiiskundige waskwetter fuortsmiten hawwe? Bepleitsje wy twa- of trijetalich ûnderwiis net te folle mei taalkundige, taalpolitike en ûnderwiiskundige arguminten? Mei redenearjen en abstrahearjen. Soene wy, hjir ek, net de beide helten fan ús brein brûke moatte? Boppedat is it goed om te betinken dat it om basisûnderwiis giet. Dat ferûnderstelt in brede foarming, wêryn’t it muzysk-kreative aspekt in wêzentlike rol spylje moat. Ik bedoel ûnder mear ferhalen, gedichten en lieten. It is net om ’e nocht dat hjir fan ’e middei songen wurdt, in fjouwertalich programma mei berneferskes, folksaardige lieten, mar ek parten út oratoaria en as lêste in jûnsliet oer in moanne dy’t aloan heger komt. Oan de ein fan myn boek pleitsje ik der foar om ús argumintaasje foar it Frysk op skoalle te ferbreedzjen en te ferdjipjen mei help fan dichters, romanskriuwers en wiisgearen. Hja kinne ús helpe om fierder te kommen as it deistige en it gewoane. As foarbyld neam ik it troch de mystisy ynspirearre gedicht ‘Aan

het Reitdiep’ fan C.O. Jellema. It is in prachtige ferdigening fan it lokale. Ta beslút. It ynfieren fan it Frysk op skoalle wie dreech, der wiene altyd in soad stroffelstiennen. De situaasje fan hjoedde-dei, tink oan de taalkaart, makket it net maklik om fierder te kommen. It wurdt in hiele toer. Mar dat is gjin reden om moed farre te litten! Libbene fisken, sa sei de kultuer-filosoof Han Fortmann, swimme yn de stream op. Lit ús dat mar dwaan. Wa wit belibje wy it dan noch dat der in frije, Fryske skoalle komt. Literatuer • Han Fortmann (19718), Wat is er met de mens gebeurd? Bilhoven: Amboboeken • Arthur Koestler (1947), De yogi en de volkscommisaris, Amsterdam: De Bezige Bij • Koen Zondag (2011), Lange oanrin, koarte sprong, Ljouwert: Fryske Akademy

25


Fine jo de media gauris te hyperich? Of tinke jo dat de echt wichtige nijsûnderwerpen te min oan har gerak komme? Of binne de sjoernalisten jo fakentiden net sekuer en dúdlik genôch? Of witte jo mear fan guon ûnderwerpen as jo krante? Of fine jo just te min fan de djipgong fan in printe krante op it ynternet? En wolle jo ek mear nijs yn jo eigen taal? Help ús dan mei it meitsjen fan ús Frysktalige ynternetkrante en wurdt frijwilliger by It Nijs!

 

26

De webside It Nijs (www.itnijs.nl) siket skriuwers (frijwilligersfunksje). It Nijs is in webside dy’t nijs bringt út de wrâld, Nederlân en Fryslân en dat allegearre yn it Frysk. It Nijs is justjes oars as oars. Foar it meitsjen fan nijsartikels sykje wy minsken dy’t: • der niget oan hawwe om yn it Frysk te skriuwen en it moai fine om te boartsjen mei de taal; • goed op ‘e hichte binne fan it nijs fan hjoed-de-dei en/of fan in spesifyk ûnderwerp; • trochstrings minimaal in pear artikels wyks skriuwe wol foar de side.

 

It Nijs is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. De Ried is de belangeorganisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje as koepel fan tolve oansletten organisaasjes en goed fiifhûndert stipers (donateurs). Sprekt dizze frijwilligersfunksje jo oan, stjoer dan in e-post nei: ynfo@itnijs.nl.


De Ried fan de Fryske Beweging yn it koart

Kolofon

Wa’t yn Fryslân libbet en wennet, hat wat mei Fryslân. Foar de iene is

Swingel is in útjefte fan de Ried fan de Fryske Beweging en ferskynt

dat it lânskip, foar in oarenien de mentaliteit, de taal, it keatsen, it fee, it

fjouwer kear yn it jier: yn maart, july, septimber en desimber.

silen en neam mar op. Al jierren is der yn Fryslân in organisaasje dy’t him ynset foar it karakter fan Fryslân: de Ried fan de Fryske Beweging.

Redaksje- en administraasjeadres Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert

Wat is de Ried fan de Fryske Beweging?

E-post: ynfo@fryskebeweging.nl

De Ried fan de Fryske Beweging is as oerkoepeling fan in grut tal

tillefoan en faks: 058-213 89 13

bewegingsorganisaasjes de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en dy’t har ynsette foar romte foar it Frysk en de

Meiwurkers oan dit nûmer

Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje.

Geart Benedictus, Pier Bergsma, Tom Dykstra, Feie Fonyk, Romke Grijpstra, G. Hoekstra, Ed Knotter, Bert Looper, Renze Valk, Koen Zondag.

Politike lobby foar it Frysk Op provinsjaal en lanlik nivo wurde allegeduerigen wetten opsteld en

Redaksje

regels útfurdige dy’t streekrjocht of mei in omwei ynfloed hawwe op it

Lútsen Bakker, Sytze Hiemstra, ynfo@fryskebeweging.nl

Frysk. Al is it somtiden dreech wurk, dêr moat op reagearre wurde yn de foarm fan skriftlike reaksjes of ynspraak. Sa hat de Ried yn it ferline mei

Foarmjouwing

sukses it omtinken fan de polityk frege foar it beroerde plak fan it Frysk

Jonge Helden, Chantal de Jongh en Siem de Vlas

yn it taalûnderwiis oan beukers. Printer Fear yn ’e Broek

Drukkerij Weissenbach BV, Snits

Alle jierren rikt de Ried, yn gearwurking mei de Fryske Rie, de Fear yn ’e Broek út oan in persoan of in ynstânsje dy’t him opfallend ynset hat foar

Advertinsjeprizen op oanfreegjen by de administraasje, ynfo@

de Fryske taal of kultuer. Yn 2006 waard de minsken fan ‘Aaipop’ de Fear

fryskebeweging.nl

yn ’e broek stutsen, om’t dy organisaasje mei de muzykfestivals yn Nijlân de Fryske kultuer op in bysûndere wize stimulearret, en yn 2007 Frivius

Stiperskip/lêsjild

Enerzjy, fanwegen har Fryske útstrieling. Yn 2008 gie de Fear nei Danijel

Stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging krije Swingel fergees yn ’e

Dizda-revic en Rick Steur, twa nije Friezen dy’t de Fryske taal har gau

bus.

eigen makke hawwe en op in treflike wize brûke. De Fear wie yn 2009

Stipersjild: € 20,00 jiers.

foar it Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum foar it al jierren leverjen fan in wichtige bydrage oan de Fryske kultuer.

Rekken 1123454 o.n.f. Ried fan de Fryske Beweging, Ljouwert

De Fryske Reklamepriis It brûken fan it Frysk yn radio- en televyzjereklame wint geandewei

ISSN-nûmer: 15679632

mear terrein. Om dat te stypjen hat de Ried fan de Fryske Beweging it inisjatyf nommen om alle jierren in priis út te rikken oan in bedriuw dat him dêryn fan de bêste kant sjen lit. Swingel Mei Swingel, it tydskrift oer Fryske taal en kultuer, krije jo fjouwer kear jiers in skat oan ynformaasje yn ’e hûs. Aardige ynterviews, nijsgjirrige Wolle jo it wurk fan de Ried stypje?

berjochten, pittige kollums. Yn Swingel fine jo ynformaasje oer tal fan

Jou jo dan op as stiper!

Fryske organisaasjes. Underskate websiden

It stiperskip kin op elk stuit yngean. Wa’t stiper wurde wol kin har/him

Behalven www.fryskebeweging.nl, mei ynformaasje oer de Ried sels en

skriftlik – ek fia e-mail – oanjaan by de administraasje fan de Ried fan de

oer de oansletten organisaasjes, ûnderhâldt de Ried:

Fryske Beweging,

www.itnijs.nl, mei in ferskaat oan nijs yn it Frysk,

Keetwâltsje 1, 8921 EV Ljouwert, ynfo@fryskebeweging.nl.

www.goedfrysk.nl, foar help om skreaune teksten flaterleas te krijen en

It lêst útkommen nûmer fan Swingel wurdt jo as befêstiging tastjoerd.

www.euregua.com, mei ynformaasje oer it selskipsspul Euregua! dat by

Foar it beteljen fan it stipersjild wurdt ien kear yn it jier in akseptgiro

de Ried útkommen is.

stjoerd.

27


Rinsma HiFi = Muzyk = Genietsje Al 48 jier spant Rinsma HiFi him yn om opnommen muzyk sa geef mooglik wer te jaan. Yn it earstoan waard dat probearre mei merken út Japan. Oriïntaasje yn Ingelân wiisde lykwols út, dat it Ingelske HiFi wurde moast! As jo der nocht oan hawwe om thús nei muzyk te harkjen, dan komme jo by Rinsma HiFi oan jo gerak. Dêr giet it yn it foarste plak om de muzyk en benammen om de lûdskwaliteit, en net sa lyk om de technyk of de namme fan it guod. Jo kinne jo dêr noflik deljaan en harkje nei in grut ferskaat oan audio-apparatuer. Jo hawwe kar-út! Doch it jo oan tiid, dan komme jo grif út ’e ried. It is Rinsma HiFi nammers allinne nei ‘t sin, as jo tefreden binne. Rin efkes by ús oan. Dan sille jo in HiFi-saak fine dy’t syn wjergea net hat. Pinigje jo earen net langer en stin der net mear oer, want...

it bêste stik húsrie is in goede lûdsynstallaasje fan Rinsma HiFi!! Rinsma HiFi De Buorren 27, 8408 HG LIPPENHUZEN tillefoan (0513) 46 15 54 e-post: info@rinsmahifi.nl


Swingel juni 2013  
Advertisement
Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you