Doarpskrantsje Easterein febrewaris 2016

Page 32

De Lytse Leane yn folle gloarje mei oan de rjochterkant smid Joh. Dekker, dêrneist it hege hûs fan Wander Bruinsma, dan folget de winkel fan frou Kuipers en dêrneist ha wy yn it earste fan de twa puntdakken de slachterij fan Rouke de Jager. Dêrnei komme der trije huzen ûnder ien kap en yn it lêste dêrfan hie Jan Wybrandy syn winkel. Yn it hûs mei it stekje nei de doar hie Foekje mei Gabe de lapkewinkel en troch de beammen is ‘De Oude Zaak’ fan skuonmakker Murk Okkema noch te sjen. Sels de muzyktinte is der noch! Hidaarderdyk Wy geane no earst wer werom nei it Plein en dan rjochting Hidaard: de Hidaarderdyk. Oan de rjochterkant oer de brêge stie it hok fan smid Dekker mei de ‘hynstestâl’ wêryn de ‘wylde’ hynders beslein waarden. Dêrnjonken hie Durk ten Dam syn slachterij. Yn it grutte hûs dat dan komt wenne ‘grutte Rients’ (Rients Rienstra) dy ‘t in foeraazjehannel hie en yn 1950 mei de hiele húshâlding nei Amearika ferfear. Oan de linkerkant (it twadde hûs) wiene de grientewinkel fan Jeltsje Feenstra en dêrnei it bedriuw fan elektrisien en pomphâlder Thomas Houtsma. No ha wy sa ûngefear de helte fan it doarp hân en telle al 21 ûndernimmingen. By al nammen hearre gesichten en in grut tal dêrfan binne te finen yn it boek ‘Easterein’ troch Marten L. de Boer, Klaas Kooistra en Folkert K. Reitsma dat yn 1995 útjûn is troch Van der Eems. Sykje it ris op en sneup der ris trochhinne. Yn maart gean ik dan fierder fierder mei de oare helte fan it doarp.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.