Doarpskrantsje novimber 2016

Page 20

Wilhelminanijs Alderearst wolle wy jimme tige tank sizze foar it keapjen fan de pipermuntsjes. Sa ha wy wer wat jild yn’t laadsje. No op nei 5 novimber, dan ha wy in konsert yn’e Martinitsjerke yn Easterein om 19.30 oere mei as tema: Reis rûn de wrâld. It jeugdkorps sil hjir ek wer fan harren hearre litte. De tagong is frij, wol ha wy in kollekte bij de doar. Minsken graach oant 5 novimber. En dan op snein 18 desimber hawwe wy ús krystkonsert, middeis om 16.00 oere yn’e Martinitsjerke fan Easterein. Meiwurking dêr ek wer fan ús jeugdkorps de Wilhelminis en fan in saxefoankwartet, wer’t twa fan ús leden byspylje. Oan’t sjen, Korps Wilhelmina


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.