Doarpskrantsje Easterein - july 2016

Page 33

De Slachtemarathon – ferhaal fan in draver De hiele húshâlding oan de Slachte Fanôf jannewaris ha ik traind foar de Slachtemarathon 2016. Ik soe de Slachtemarathon mei de twa soannen Jildert en Remco en skoansoan Bertus drave. Myn frou Afke en dochter Femke soene mei te rinnen. Dus de hiele famylje die mei. Yn maart ha ik my mei Bertus oansluten bij de training fan Louke en Anke yn Wommels. Elke sneintemoarn hiene sy wer in moai programma foar ús. Dat wie altyd prima foar inoar en gesellich. Fierders hiene je steun oan elkoar en je koene sjen wêr›t je stiene. Ik hiel wichtich fansels. Koartôf troch de spanning Yn de wike fan de Slachtemarathon wie ik wat koartôf neffens myn húshâlding. De spanning wie oanwêzich. Nei ±600 km training koe it 4 juny oangean. Moarns 4 oere ha de jonges en ik noch in board makaroany mei in bytsje tsjinsin nei binnen wurke en doe nei Easterbierrum mei de soannen en skoansoan. Sweager Friso brocht ús der mei in rotgong hinne en hy befoarriedzje ús ek ûnderweis. Tidens de training hie ik al besocht wat foar iten mij goed befoel en wat net. Ik hie seis taskes oan Friso jûn en die soe hij op twa plakken oan ús oerhevelje. Wize wurden It wie moarns direkt al waarm. Tsjin dizze waarmte is hast net te trainen. Dus de tiid die ik yn´e holle hie ha›k mar fan mij ôfsetten. De trochkomst op 10, 20 en 30 km wiene noch best te dwaan mar dernei waard it minder. Bij Reahûs trof ik myn âldste soan Jildert wer. Mei him ha ek it lêste ein draafd en meastal rûn. Yn 4.45 oere wie ik oan, twa minuten letter kaam Jildert ek oer de finish. Drekst oer de meet moast der oerjaan en de EHBO kaam der efkes bij te sjen as it fierders wol goed gie. Sij seine de wize wurden: «Jo ha makaroany hân....» Spesjale dei We wiene bliid dat we der wiene en nei in pear gleskes kola en bierkes herstelden we wol wer aardich. In spesjale dei wer ik mei nocht op werom sjoch. Wouter Hijlkema


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.