Doarpskrantsje juny 2019

Page 27

Beide leden spylje sa’n trije jier bij it jeugdkorps, sûnt jannewaris ek by Wilhelmina. Wat wie it momint dat jimme tochten: “Dat wol ik ek!”? Hessel: “Ik fûn dat by it grutte korps wol hiele moaie muzyk spile waard en dat wol ik ek graach leare”. Tjitske: “Neidat ik op skoalle 6 wiken muzykles hân hie. Ik fûn it leuk en woe der graach mei troch gean”. Wat fynst it leukste stik om te dwaan? Tjitske: “Liquido fan Narcotic, omdat ik dêr in grutte rol yn spylje, en útdaging ha.” Hessel: “Ik fyn Innocent Condemned dat wy no spylje it moaiste stik, want der sit echt in ferhaal yn datst werom hearre kinst yn de muzyk.” Wat is dyn moaiste momint as oantinken by Wilhelmina? Hessel: “Ik sit noch net sa lang by it grutte korps, dus myn moaiste momint is no it konsert yn Boalsert. Dit wie yn in grutte tsjerke mei in soad publyk.” Tjitske: “It earst konsert dat ik meispylje mocht.” Besikest wolris popferskes te spyljen? Tjitske: “Ja, mar dat fyn ik wol muoilik omdat it net op papier stiet.” Hessel: “Ja, ik ha it ferske Happier fan Marshmellow hielendal útsocht en yn noaten op skreaun. Mei it jeugdkorps spylje wy no Liquido fan Narcotic. Fierder ha ik in boek mei muzyk út de film Pirates of the Carribean en dêr spylje ik ek graach út. “ Tjitske en Hessel ha der nocht yn! Tjitske sjocht no it meast út nei it gala konsert en Hessel nei it kampingkonsert op kamping Gouden Plakje: “Dêr meie wy nei it konsert ek sliepen bliuwe yn tintsjes.” Wolle jim’ noch wat kwyt? Tjitske: “Wilhelmina is in leuk korps, der wurde ek in soad grapkes makke, en de dirigint belûkt ús der ek by en de oaren ek.” Hessel: “It grutte korps hat in hiele leuke dirigint, Anne van den Berg. Hy is hiel aardich, fertelt grappige ferhalen en is posityf. It jeugdkorps hat ek in superleuke diriginte, nammentlik Joke Krist. Wy hawwe mei har altyd in hiel soad wille. Je moatte wol oefenje foar it spyljen by it korps, mar dat is altiid wol sa. As’t al goed spylje kinst of as’t it noch wat better leare wolst, dan is it wol hiel fijn om mei in groep minsken muzyk te meitsjen. Want mei-elkoar spylje, dan klinkt it altyd wol hiel cool.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.