__MAIN_TEXT__
feature-image

Page 1

Alles wat der spilet


Dêryn kinst miskien ek

persoanlikheid weromsje

IN RITME DAT PAST BY DE DEI Ingrid Spijkers

2


k ús

en.

Foarwurd De ôfrûne oardel jier ha we mei in hiel soad minsken praat, yntern en ekstern. Mei trouwe harkers en minsken dy’t ús noch net sa goed kenne. Want we wolle ús noch mear ferbine mei jim, ús publyk. Yn maaie 2020 sette in groep meiwurkers útein om nei te tinken oer de radioprogrammearring. Dêryn is bygelyks mei-inoar neitocht en ûndersocht op hokker mominten of dagen ús harkers nijs of muzyk hearre wolle. Of wannear der tiid is foar in goed petear. En no, in jier letter, is de puzel klear. Mei-inoar begjinne we 31 maaie mei in nij, mar foaral ek fertroud lûd. Mei de bekende stimmen en programma’s, mar soms krekt efkes wat oars. Mei ferhalen dy’t ynformearje en ferdivedearje. Romte foar nijs, nijs fan tichtby en somtiden wat fierder fuort en romte foar ferdjipping. Mei it waar en sport. En fansels is der alle romte foar (Fryske) muzyk. Alles yn in ritme dat past by de dei. Jimme dei mei alles wat der spilet. Yn jimme provinsje en oer jimme provinsje.

Kom fierder! Ingrid Spijkers, haadredakteur Omrop Fryslân

3


Kom fierder!

6

12

14

4

20


8

Foarwurd 3 Ingrid Spijkers

Fryslân fan ‘e moarn 6 3 prikkeljende fragen oan Jacob en Jantine

Freon fan de harker 8 Harm oer No derfoar!

No yn Fryslân 12 boppe op it Fryske nijs

Goeiemiddei 14 hokker spultsje draaisto?

Radio sit yn ús DNA 16 achtergrûnen by it nijs

Noardewyn 20 muzikale doarpsplein fan Fryslân

Op & Ut 22 kultuertips fan Douwe en Roelof

It nije lûd 24 835 nije jingles

16

Simmer yn Fryslân 26 op nei Fryske doarpen en stêden

Sifers & sa 28

5


3

prikkeljende fragen oan Jacob en Jantine

Fryslân fan ’e moarn Jacob Stelwagen Jantine Weidenaar

6

06:00 09:30


1

7

Wat hopest oait nochris as ‘breaking news’ bringe te kinnen yn Fryslân fan ’e moarn? Jacob: “Dy fraach is fansels hiel lestich. Breaking news is sa moarns betiid meastentiids net it meast fleurige nijs, dus om dêr no op foar te sortearjen... It is wol sa, dat it ien fan de saken is dy’t it wurk moai makket om te dwaan. Ymprovisearje, minsken byprate oer wat se noch net witte. Dat is it wichtichste. Oft dat nijs dan ‘breaking’ is of net, is net de haadsaak foar my, tink ik.” Jantine: “Litte wy hjir goed nijs fan meitsje, want dat is it moaiste om te bringen. Ik hâld fan goeie searjes en films, dus it soe my tige bliid meitsje as ik oankundigje mei dat hjir yn Fryslân de nije megahit fan Netflix of Disney opnaam wurdt. De folgjende Game of Thrones of Marvel-film,

2 3

dat soe dochs wat wêze!?”

Wêr meie wy dy foar wekker meitsje? Jacob: “Leaver nergens foar, want dat kin altyd tsjin my brûkt wurde. Mar foar it meitsjen fan radio mei ien my yn prinsipe wol wekker meitsje. No begjint myn dei by de Omrop om fiif oere. Dat is betiid, mar net slim as je op dat stuit wurk dwaan meie dat eins ek noch altyd in bytsje hobby is.” Jantine: “Nergens, ik hâld fan in goeie nachtrêst.”

Wat witte minsken noch net fan dy? Jacob: “It hat noait myn doel of ambysje west om radio te meitsjen. Ik bin eins sûnder idee begûn by de lokale omrop Radio Eenhoorn yn Menaam. Dat wie ein 1996, begjin 1997. Twa jier letter wie radio myn wurk wurden. Ik hie der gjin oplieding foar en ik hie der noait oan tocht as mooglikheid. Mar hast 25 jier letter meitsje ik noch altyd radio en mei likefolle wille.” Jantine: “Foar de kollega’s is dit wol bekend, mar miskien noch net sa bot by de rest fan de minsken: ik bin supporter fan Bayern München. Yn safier dat ik foar de coronakrisis meardere kearen yn it jier yn it fleantúch nei Súd-Dútslân siet om de ploech oan te moedigjen. Ik haw no al twa jier net mear yn de Allianz Arena sitten, en ik tel de dagen ôf oant dat wer kin. Mei freonen en in pot bier yn de sinne, dat is dochs it moaiste?”


Harm oer No derfoar!

8


Freon fan de harker No derfoar! is de namme fan it nije programma tusken 09.30 en 12.00 oere. Nei tweintich jier in ‘nijsman’ west te hawwen, ferhuzet presintator Harm Weistra fan de middei nei de moarn. Syn nije radioprogramma bestiet foar it grutste part út muzyk.

9


N 10 16

Wat kinne we ferwachtsje?

Nij is de striid tusken Martine en my yn de rubryk

“Dy muzyk kin fan alles wêze. We bringe in brede

‘mynt of dynt’. We kieze beide in nûmer dat we dy

miks. It is radio foar de boufakker op de steiger en

dei hearre wolle. Fan elkoar witte we net wat dat

foar de kofjedrinker yn de keuken. Dat komt ek

is. Harkers meie kieze. Dat fyn ik ien fan de leuk-

yn de titel werom, dy’tst op twa manieren útlizze

ste ûnderdielen, de ynteraksje mei it publyk.”

kinst. Sa fan: it is no op de radio en fan: no ophâl-

De bedriuwen, ynstellingen of ferieningen út

de mei eameljen en hup, oan it wurk.”

it eardere Muzyk yn Bedriuw komme yn oare

In belangrike rol is weilein foar de producer. Fjou-

foarm werom. “Moandeis dogge we de kwis

wer dagen yn de wike is dat Martine van der Stee-

dêr’t in bedriuw mei in oar bedriuw de striid

ge. “Se riedt de ûnderwerpen ta en praat mei yn de

oangiet. De winner mei dy wike alle dagen in

show. Eins makket sy it programma en meitsje ik

plaat útsykje en it in wike letter opnimme tsjin

it ôf. De producer is de batterij fan de presintator.

in nije kandidaat. En we dogge noch in kwis. By

Martine jout de foarset, en ik sjit him deryn.” Neist

‘meitsje it ôf’ pakke we in fragmintsje út

muzyk bringt Harm ek nijs dat tsjin de aktualiteit

Fryslân fan ’e moarn, bygelyks in sitaat fan boarge-

oan sit. “Dat giet net om ‘hurd nijs’. As Mark Rutte

master Buma. Dêr litte we in diel fan fuort en harkers

bygelyks syn speech ferjit en in black-out hat, dan

kinne de sin ôfmeitsje troch út trije opsjes te kiezen.”

ha wy kontakt mei ien dy’t wat oer black-outs fer-

En, gelokkich foar alle fans: de skrabber bliuwt ek.

telt. Wy sykje dus nei in oare ynstek.”

Fan middeis nei moarns, hoe silst dat ha?

Watfoar rubriken hast yn it programma?

“Myn hiele libben giet oer de kop. Alles wie der-

“Guon ûnderdielen fan Weistra op wei nim ik mei

op ynrjochte dat ik middeis oan it wurk wie. Us

nei, lykas de ‘Pietplaat’. Hy is der alle dagen mei

dochter Sjoukje Thirza, se wurdt alve, is dat al

syn waarpraatsje om 10.20 oere. Ek mei gean de

jierren sa wend. Alle middeis binne famylje en

muzikale útsmiters as ‘wylde woansdei’ en ‘ferget-

freonen by ús thús. As ik jûns thúskom, bring ik

ten favoryt’ dêr’t harkers suggestjes foar oandrage.

har op bêd en nimme we de dei troch. Bern binne earlik: se fynt it stom dat it oars wurdt. ‘Komme

No derfoar! Harm Weistra

09:30 12:00

dy minsken noch wol dy’t hjir altyd binne?’ frege se. Oaren seinen al foar de grap tsjin my dat ik gau itensiede leare moast.”


IK HA DER SIN OAN EN FYN IT IN ÚTDAGING OM WAT NIJS DEL TE SETTEN Harm Weistra

Wannear is dyn dei slagge?

útdaging om wat nijs del te setten. Ik wol in freon

Nei tweintich jier sjoernalist west te hawwen, is

fan de harker wêze. Net út de hichte wei, tichtby.

Harm no programmamakker. “Dat jout wat in dû-

Mei in grap, mar it mei ek serieus wêze. Ik wol alle

beld gefoel. Ofskied nimme fan it nijs docht my

dagen fluitsjend nei it wurk en mei myn team in

sear. Ik ‘bin’ nijs, mar tagelyk bin ik ek in muzyk-

moai programma meitsje. Hoe sizze se dat ek al-

man. Yn myn hert bin ik in radioman. Yntimer as

wer? As ien doar tichtgiet, giet in oare iepen. Kom

radio wurdt it net. Ik ha der sin oan en fyn it in

mar op.”

11


wurkdagen

sneon

snein

06:00 Koperkanaal FM

07:00 Fryslân fan ’e moarn 08:00 No yn Fryslân 09:00

Prelude No yn Fryslân

10:00 No derfoar!

Op & Ut

No yn Fryslân

No yn Fryslân

Mei Douwe

11:00 12:00

Buro de Vries

13:00 14:00 Goeiemiddei 15:00 Sneon yn Fryslân

Snein yn Fryslân

16:00 17:00

Underweis

18:00 Noardewyn 19:00 20:00 21:00 Buro de Vries

22:00 De dei foarby

De dei foarby

Met het oog op morgen

Met het oog op morgen

23:00 00:00

12

Met het oog op morgen


13

BOPPE OP IT FRYSKE NIJS SITTE EN ÚS HARKERS DÊR YN IEN OERE OER BYPRATE, DAT IS IT MOAISTE DAT DER IS! Tiete Sijens en Simone Scheffer

No yn Fryslân

Underweis

Tiete Sijens en Simone Scheffer

12:00 13:00


14 16

Klik op it rêd en besjoch de spultsjes op it nije prizerêd Goeiemiddei Diana de Groot Johan Terpstra

13:00 16:00

Underweis


Fan ‘Hee, dat wist ik net’ oant ‘Wauw, wat in hearlike plaat’ en fan ‘Haha, dat is grappich’ oant ‘Dêr kin ik wat mei!’ Foar sokke reaksjes dogge wy it yn it nije programme Goeiemiddei. Diana de Groot en Johan Terpstra nimme dy alle wurkdagen fan 13.00 oant 16.00 oere mei yn trije oeren nijsgjirrige radio. Foar ast thús bist, oan it wurk, mei de bern dwaande of ûnderweis. Der is altyd wol in momint om by Goeiemiddei yn te tunen. ‘‘Wy ha der in hiele protte nocht oan’’, sizze presintatoaren Diana de Groot en Johan Terpstra. ‘‘Moai om no op in fêst plak en oan in fêst programma te wurkjen.’’ Diana nimt foar Goeiemiddei moandeis, tiisdeis en freeds foar har rekken. Johan presintearret woansdeis en tongersdeis.

re

om-om

iet

sei dit?

ele mm fro Fer

ysk

iet

ed w êr

Ri

it s t

Alle dagen dogge we in moaie priis yn de ferrastas. Dy kinst winne troch mei te dwaan oan ien fan de spultsjes op it nije prizerêd. Wy hâlde de spanning deryn foar dy, en foar ússels.

’t

barriê

Taal

re

om-om

Oars-

Fr

Wa

Goeiemiddei

sei dit?

Wa

ele

it s t

Rie

omm

k

s Fry

barriê

Oarsfr Fer

dw êr’t

Taal

15


16

Underweis Eric Ennema Jan Dirk de Haan

16:00 18:00


Eric en Jan Dirk oer Underweis:

Radio sit yn ús DNA

Underweis is de namme fan it nije programma tusken 16.00 en 18.00 oere. Presintatoaren Eric Ennema en Jan Dirk de Haan bringe hiel wat jierren oan ûnderfining mei.

17


Weromgean nei de earste leafde, sa sjocht Eric Ennema dizze nije stap yn syn lange karriêre by Omrop Fryslân. “Dy âlde leafde is it nijs. Ik rin hjir al fjirtich jier om, mar bin noch altyd like nijsgjirrich. Ek Jan Dirk de Haan hat der nocht oan. Yn de

Dirk. “Oan dat sukses feroarje we wat nei eigen

tweintich jier dat er by Omrop Fryslân wurket,

ynsicht en jouwe we ús eigen kleuring. Wy hâlde

hat er him neist presintaasje en ferslach ek mei sa-

der beide fan om djippere ynterviews te hâlden,

ken achter de skermen dwaande hâlden lykas nije

dêryn wat te prikkeljen, en we ha beide ûnderfi-

jingles. “Ynterviewe fyn ik it moaist om te dwaan,

ning mei muzykprogramma’s.” “Om’t we beide al

om écht goed te lústerjen. Datst tusken de regels

in moai skoft meirinne, kinst dingen ek yn in his-

troch fielst wat der mei in sprekker bart en dêr

toaryske kontekst pleatse, hooplik wurket dat yn

dan de finger op lizze om sa de laach, dy’t derûn-

ús foardiel”, follet Eric oan.

der sit, te pakken krije. Ast dat goed oanfielst, binne dat moaie mominten yn sa’n petear.” Watfoar programma kinne we ferwachtsje? It programma is in miks fan nijs en ferdjipping,

YNTERVIEWE FYN IK IT MOAIST OM TE DWAAN, OM ÉCHT GOED TE LÚSTERJEN

mar ek de muzyk spilet in belangrike rol. “Wy prate dy by oer it nijs fan de dei” leit Eric út. “En we pleatse dat nijs yn in kontekst en bringe sa in breder ferhaal, keppele oan in aktuele oanlieding.” It programma bout fierder op it programma Weistra op wei. “De formule dêrfan hat him bot bewiisd, mei de bêste miks tusken nijs, muzyk en ferdivedaasje. Soms licht fan toan, dan wer wat swier-

18

der, mei koart nijs en achtergrûnferhalen”, seit Jan

Jan Dirk de Haan In fêst ûnderdiel fan Weistra op wei bliuwt yn it nije programma: it slotstik. Beide fine it in belangryk elemint yn de show. “Dêrmei hâlde we ynteraksje mei it publyk. We sykje trije platen út by in aktualiteit fan dy dei en harkers kinne stimme


watfoar plaat oft se hearre wolle”, ljochtet Jan Dirk

gles, tunes en bumpers om, sadat it in moai en

ta. “Dêryn kinst miskien ek ús persoanlikheid

soepel gehiel wurdt fan nijs en muzyk. Dat fyn ik

weromsjen. Ik sil earder muzyk út de jierren tach-

moai om te dwaan en dat kin hjir by útstek. Om in

tich kieze en Eric miskien noch wat âldere nûmers

serieuze toan ôf te wikseljen mei in kwinkslach.”

of krekt wat progressivere muzyk. It jout ek de

Radio is tichtby, dat sprekt Eric bot oan. “Ik praat

mooglikheid om ris wat oare muzyk te draaien.”

echt tsjin dy. Dat is in magy dy’t hast net út lizzen

Underweis, hoe bedoele jim dat? “It programma nimt de harkers mei, oft se no letterlik ûnderweis binne fan wurk nei hûs, mar kinst it ek yn oerdrachtlike sin sjen. Dat se thús

is, mar dy fiel ik wol hiel sterk. En ik fyn it leuk dat ik mear fan mysels kwyt kin, fansels wol hieltyd mei de harker yn de holle.”

weging”, follet Eric oan. “We prate de harkers by,

IK PRAAT ECHT TSJIN DY. DAT IS IN MAGY DY’T HAST NET ÚT TE LIZZEN IS, MAR DY FIEL IK WOL HIEL STERK.

soms nimme we de tiid foar in ûnderwerp, soms

Eric Ennema

dwaande binne, oan it itensieden bygelyks, ûnderweis nei de jûn”, ferklearret Jan Dirk. “It is in oergongstiid, de bern komme thús, je binne yn be-

komt it yn in koart sitaat fan earder op de dei werom. Oan de ein fan it programma bist bypraat en kinst oan tafel.”

Wêrom moatte wy harkje nei Underweis? “Wy rjochtsje ús op alle Friezen dy’t hâlde fan noflike radio, en dy’t witte wolle wat it nijs yn Frys-

Wat is foar jim de útdaging?

lân is. By Underweis biede we dy ynformaasje,

Eric en Jan Dirk ha in soad nocht oan dit nije

prate we troch oer it nijs en dat kombinearre mei

aventoer. “Ik fyn it wol in útdaging om mear de

lekkere muzyk. It is it bêste fan beide kanten”, nef-

muzyk te omearmjen en in oare kant fan mysels

fens Jan Dirk. “En fansels ús passy dy’t we deryn

sjen te litten”, leit Jan Dirk út. “Hoe giest mei jin-

goaie, noch altyd”, heakket Eric deroan ta. “Radio sit yn ús DNA.”

19


Noardewyn: tenei alle wurkdagen It populêre radioprogramma Noardewyn is tenei alle wurkdagen tusken 18.00 en 19.00 oere te hearren by Omrop Fryslân. It muzikale doarpsplein fan Fryslân kin dêrtroch noch faker besocht wurde troch artysten en muzikanten.

Electric Hollers “Willem heeft ons door middel van Noardewyn Live een podium op regionale radio & televisie gegeven. Voor ons is dit erg belangrijk geweest in het begin van onze carrière. We krijgen altijd veel leuke reacties als we bij Noardewyn zijn geweest en het is een feest om te gast te mogen zijn.”

Lotte Broersma “Noardewyn jout muzikanten, bands, sjongers en sjongeressen de kâns om harren talinten sjen te litten oan Fryslân. Hoe’t Willem eltsenien dy kâns jout, fyn ik hiel bysûnder. Dit hat foar my as sjongeres ek in hiel soad betsjut.”

20


21

Adri de Boer “Noardewyn is foar my in enerzjyk muzykprogramma dêr’t ik faak myn nijste nûmers yn spylje koe en kin. Solo, mar ek mei myn koar en projekt-muzykprogramma’s. It moaie oan dit programma is foar my dat Willem oer alle muzyksoarten yn syn entûsjasme elk in posityf gefoel meijout. Ek yn syn fraachpetearen kinst fernimme dat hy wit wat de muzikanten dwaande hâldt. Hy sil noait ien fernimme litte dat hy guon muzyksoarten minder leuk fynt. De passy en de fleur dy’t Willem yn it programma leit, makket it ta in unyk format.”

Wiebe Kaspers “Wat in machtich moai programma! In prachtich poadium om dy as artyst sjen te litten, en hoe’t Willem eltsenien, mar dan ek echt éltsenien entûsjast oankundiget, geweldich. Wat my oanbelanget ûnmisber!”

Noardewyn Willem de Vries

18:00 19:00

Underweis


16 22

Op & Ut Op & Ut Douwe Heeringa Roelof Lousma

sneon 09:00 12:00


WY BINNE IT KULTUERPROGRAMMA FAN FRYSLÂN Roelof Lousma

Yn it filmke lizze Douwe en Roelof út wat se dogge yn it fernijde Op & Ut.

Diel ek ús gifkes

23


Klik op de ikoantsjes en lústerje nei de jingles

YN TOTAAL HAWWE WE 835 JINGLES Martijn Engbrenghof

It nije lûd 24


Martijn Engbrenghof wurket as audiospesjalist by Omrop Fryslân en soarget mei tal fan oare technisy foar goed lûd by radio- en telefyzje-útstjoeringen. De lêste tiid hat er foaral drok west mei de foarmjouwing fan de nije radioprogrammearring, want sa’n nije audiofoarmjouwing is der net samar. Dêr giet in hiel proses oan foarôf. Hoe sjocht dat der eins út? En wannear is in jingle no in goeie jingle? Martijn leit it út. Wat is nedich foar in goeie jingle? “Yn it foarste plak moat it noflike muzyk wêze. Boppedat moat it werkenber wêze dat it fan Omrop Fryslân is. En, ek net ûnbelangryk: der moat in dúdlik boadskip ynsitte datst mei de jingle útdraachst.”

Hoe komst ta in goeie jingle? “Dêr is hiel goed oer neitocht. Eins komt it allegear fuort út Kom fierder. Ut dat boadskip wei binne wy begûn te tinken. Dêrnei hawwe wy kontakt socht mei it bedriuw dat de jingles foar ús fersoarget. Se krije in flink boekwurk mei al ús ideeën en winsken en op grûn dêrfan meitsje sy allegear unike komposysjes. Mar, mei jingles allinne binne wy der fansels noch net, want wy hawwe ek ús rubriken en ‘stationvoices’. Wy, ek kollega Jan Dirk hat hjir in hiel belangrike rol yn, binne wat dat oanbelanget it einstasjon dêr’t alles yn byinoar komt. Wy soargje derfoar dat de ynsprutsen teksten fan de stationvoices ûnder de muzyk set wurdt, en dat alles in gehiel wurdt. It jinglebedriuw bout dus eins it hús, en wy dogge de ynrjochting.”

Hoefolle nije jingles binne der no? “Dat binne der echt hûnderten. Wy meitsje fan de jingles ek faak noch twa of trije ferzjes. Mei-inoar binne wy sa’n trije wiken dwaande om alles hielendal klear te krijen. Yn totaal hawwe wy 835 jingles.”

Hoe wolst de nije foarmjouwing op radio omskriuwe? “Tagonklik. Us format is, miskien no mear as oait, in noflik pakket. Wy kieze echt ús eigen wei dêryn. Yn de ‘jinglewrâld’ rint men elkoar somtiden in bytsje efternei. Fansels hawwe wy wol in pear foarbylden fan hoe’t wy it hawwe wolle, mar wy hawwe dêr altyd in bytsje eigenwiis yn west. En ik tink dat wy dat ek bliuwe.”

25


Simmer yn Fryslân

26


Lykas ferline jier hellet Omrop Fryslân ek dizze simmer wer de moaiste ferhalen op út Fryske doarpen, stêden en stedswiken. Wat is opmerklik foar dat plak, wat spilet der, hoe is it dêr simmerdeis en watfoar minsken wenje der? We besykje yn ien dei in byld te jaan fan it plak dêr’t we binne. Dit dogge we troch moaie, bysûndere ferhalen te bringen yn alle radioprogramma’s, jûns yn it telefyzjeprogramma ‘Simmer yn Fryslân’ en online yn in Simmerblog. It simmerske spektakel begjint op 12 july en rint oant en mei freed 3 septimber. Wy hawwe der in hiel soad nocht oan om al it moais fan Fryslân op te sykjen én sjen te litten. Op nei in prachtige simmer!

27


86.974

8.760

platen draait Omrop Fryslân jierliks

oeren radio makket Omrop Fryslân yn it jier

8.00-9.00

oere harkje minsken it meast nei Omrop Fryslân

Radio yn sifers

835

nije jingles makke foar nije radioprogrammearring

68.000

20%

Friezen harkje alle dagen nei fan alle muzyk op Omrop Fryslân radio Omrop Fryslân is Frysktalich

Sifers en sa Kolofon Redaksje en foarmjouwing: Omrop Fryslân Foto’s: Erikjan Koopmans

28

© Omrop Fryslân 2021


29


Kom fierder

Profile for omropfryslan

Alles wat der spilet magazine  

Omrop Fryslân

Alles wat der spilet magazine  

Omrop Fryslân

Recommendations could not be loaded

Recommendations could not be loaded

Recommendations could not be loaded

Recommendations could not be loaded