Untwikkelje
skriuwersfakskoalle.frl

![]()
skriuwersfakskoalle.frl

Wolst literêre teksten skriuwe yn it
Frysk? En wolst dy dêryn ûntwikkelje?
Dan bist fan herte wolkom op de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan
Leeuwarden UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool.
De Skriuwersfakskoalle biedt trajekten foar begjinnende en betûfte skriuwers. De basis is in mearjierrige dieltiidoplieding, oanfolle mei losse kursussen dy’t ek foar net-studinten tagonklik binne.
Krijst twawykliks les fan skriuwers, dêrneist wurkest selsstannich oan opdrachten. Yn de lessen bepraatst mei elkoar de tekst en praatst oer it skriuwproses. Joust én krijst opbouwende feedback.
De mearjierrige oplieding hat in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken A giest troch nei Skriuwtechniken B. Beide binne oriïntearjend en bedoeld om yn de kunde te kommen mei de skoalle. Oan de hân fan ferskillende skriuwtechniken ferkenst dyn eigen talint en kreativiteit. Dêrnei kinst trochstreame nei it folgjende nivo mei lessen yn de sjenres poëzy, proaza, essay en toaniel.
It stúdzjejier rint fan septimber oant en mei juny en is opdield yn twa semesters. Makkest sels út yn watfoar tempo oftst de nivo’s trochrinst. Oer it algemien folgje de studinten ien fak yn it semester, soms twa. De lessen op nivo 1, 2 en 3 en fan de losse kursussen binne klassikaal, om’tst net allinne fan de dosint learst, mar ek fan dyn meistudinten. Op nivo 4 krijst yndividuele begelieding en wurkest oan dyn ôfstudeartekst.
1e nivo 2e nivo
3e nivo
4e nivo
It hiele jier spesjalisaasje binnen Poëzy, Proaza, Essay of Toaniel
Aktiviteiten bûten de fakken om dy’t de ûntwikkeling stypje
It hiele jier spesjalisaasje binnen Poëzy, Proaza, Essay of Toaniel
Yndividuele begelieding
Begjinst mei de twa blokken
Skriuwtechniken (A en B).
Untwikkelest in skriuwritme en learst materiaal te garjen troch te observearjen, te lêzen en foaral troch in hiel soad te skriuwen.
Skriuwtechniken A
Dosint: Arjan Hut
Yn Skriuwtechniken A leit de klam op de ûntwikkeling fan dyn kreativiteit by it skriuwen en op basisprinsipes as it ynsetten fan dyn sintugen, gedachten, gefoelens en assosjaasjes. Ek learst feedback te jaan en te ûntfangen. It giet net om de útwurking yn de ferskillende sjenres, mar om it eksperimint, om de oefening, sadatst learst om te lêzen watst skriuwst.
Skriuwtechiken B
Dosinten: Sytse Jansma, Jetske Bilker, Doeke Sijens, Bouke Oldenhof
By Skriuwtechniken B oefenest dyn
skriuwtechniken oan de hân fan de literêre sjenres poëzy, proaza, essay en toaniel. Sa learst dialogen te skriuwen foar teäter en oefenest by de lessen essay it oanbringen fan struktuer yn dyn teksten. Dizze feardichheden komme ek by de oare sjenres fan pas. Boppedat stimulearret dizze oanpak dy om breder te sjen en boppe sjenres út te tinken en te wurkjen.


“In wyt blêd papier is as in winters lânskip. Do wolst ûntdekke wat derûnder sit.”
In yntroduksjeles jout in goed foarpriuwke.
Kinst dy twa kear yn it jier oanmelde foar in fergeze yntroduksjeles. Dy is altyd yn septimber en febrewaris. Meld dy oan fia skriuwersfakskoalle.frl
Wa’t Skriuwtechniken A en B dien hat (of as skriuwer mei ûnderfining al op dat nivo sit), giet
fierder mei lessen yn ferskillende
literêre sjenres. Elk fan dy ûnderdielen hat lesblokken op fjouwer
nivo’s: fan de basisbegjinsels oant it kiezen fan in spesjalisaasje op nivo 3 en it selsstannich skriuwen fan in einwurk op nivo 4. Nei elk
stúdzjejier wurdst beoardiele oftst fierder meist nei de folgjende faze.
Dosinten: Sytse Jansma, Albertina Soepboer
Learst de estetyske en ritmyske eigenskippen fan taallykas metrum en kadâns - te brûken. Eksperimintearrest mei dyn eigen styl en taalgebrûk en fersterkest de sizzingskrêft fan dyn gedichten.
Dosinten: Jetske Bilker, Hein Jaap Hilarides
Beskriuwing, dialooch, personaazjes, perspektyf, metafoar, toan en styl: hoe kiest út alle mooglikheden en hoe ferhâlde al dy yngrediïnten har ta it ferhaal datst skriuwe wolst?
Dosinten: Doeke Sijens, Goffe Jensma
In literêr essay kin gean oer elk ûnderwerp en is in syktocht, mei de fassinaasje fan de skriuwer as gids. Wat rekket dy yn tema, styl, wurkwize en/of perspektyf?
Dosint: Bouke Oldenhof
Learst om te tinken út meardere ynfalshoeken en personaazjes wei en bringst dialogen ta libben. In teatrale tekst is it útgongspunt fan in foarstelling. Hoe makkest dy sa effektyf mooglik?
Ynskriuwe foar in ûnderdiel kin foar elk semester. Is de ynskriuwdatum foarby en is it blok noch net begûn? Nim dan kontakt op! Sjoch side 14.

Skriuwe, skriuwe, skriuwe: allinnich sa kinst it leare!
“Troch de Skriuwersfakskoalle krij ik betrouwen yn myn skriuwen. Ik doar my út te sprekken, myn taal te brûken en ik bin grutsk op myn wurk.”
De Skriuwersfakskoalle biedt
ek losse kursussen oan. Se binne tagonklik foar studinten fan de oplieding en ek foar belangstellenden bûten de skoalle. Elke kursus bestiet
út 8 lessen en dêrneist krijst húswurk. Elkenien wurdt op eigen skriuwnivo stimulearre. Sjoch op skriuwersfakskoalle.frl foar it aktuele oanbod.
Berne- en jeugdliteratuer
Dosint: Paul van Dijk
Rekkest fertroud mei de skriuwtechniken dy’t oan jeugdliteratuer ferbûn binne, lykas it sjen út it bern wei, fertelperspektyf, personaazjes, karaktertekening en dialooch. Foarbylden út besteande berneboeken stypje de kursus.
non-fiksje
Dosint: Jaap Krol
Ferheljende sjoernalistyk is it meitsjen fan moaie, spannende of oangripende reportaazjes. Neist in goede skriuwtechnyk learst feardichheden as ynterviewe, observearje en it dwaan fan boarne-ûndersyk.
Senario Kommendeweis!
In senario mei literêre kwaliteiten tsjinnet as hantlieding foar û.o. regisseurs, produsinten en akteurs en stelt hege ynhâldlike en ambachtlike easken. De teory wurdt yllustrearre mei filmfragminten. Mar skriuwst foaral sênes binnen de wetten fan film en senario.

Oeral kinst ynspiraasje opdwaan!

Losse kursussen binne tagonklik foar studinten fan de oplieding en foar oare belangstellenden. Besjoch it aktuele oanbod op de webside.
De dosinten fan de Skriuwersfakskoalle stean midden yn ‘e beropspraktyk en diele graach har fyzje en ûnderfining mei
dy. Dat klinkt troch yn har kommentaar en krekt dat ferskaat oan ynfalshoeken en advizen helpt dy by it finen fan dyn eigen literêre stim.


Albertina Soepboer (1969)
skriuwt en dichtet yn it Frysk en Nederlânsk. Delta is har lêste, twatalige bondel (2024). Neist gedichten, ferhalen en in roman, skreau se essays oer literatuer. Ek besprekt Albertina (Fryske) poëzy foar de Leeuwarder Courant. Se kombinearret graach taal en foarm yn har kreative wurk. Yn har essays siket se nei in oare manier fan lêzen en betsjutting jaan oan poëzy fan foaral froulju.
Arjan Hut (1976) publisearre yn 2004 syn earste dichtbondel Nachtswimmers. Hy wie yn 20052006 stedsdichter fan Ljouwert, yn 2019-2020 Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen en is de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân. Arjan is redakteur fan tydskrift de Moanne. Syn lêste, sechsde dichtbondel, ferskynde yn 2023 ûnder de titel Ien tel de ierde stil.


Bouke Oldenhof (1957) studearre Nederlânsk, Frysk en Teäterwittenskip yn Grins en Amsterdam. Hy debutearre yn 1991 as toanielskriuwer mei Rolbrug, dat nominearre waard foar de Prosceniumprijs. Syn wurk bestiet út plattelânsminiatueren, grutte lokaasjefoarstellingen, jeugdteäterteksten en community-projekten. Yn 2024 publisearre er syn earste roman, Monuminteman.
Doeke Sijens (1955) skriuwt yn it Nederlânsk en it Frysk. Hy hat fiksje en non-fiksje publisearre, wêrûnder biografyen fan skriuwers en byldzjend keunstners. Hy besprekt Frysk proaza foar de Leeuwarder Courant en skriuwt foar histoarysk tydskrift Fryslân en de literêre webside Tzum.

Goffe Jensma (1956) is kultuerhistoarikus. De ûndersiker en emearitus heechlearaar Frysk skreau tal fan spannende essays en boeken oer ûnderwerpen út de Fryske literatuer en Fryske skiednis (as Exit Fryslân út 2022). It essay is echt syn sjenre. Syn stikken wurde rûnom wurdearre.
Do learst it literêre fjild ek kennen!


Hein Jaap Hilarides (1969) is skriuwer, frisist en (universitêr) dosint. Hy skriuwt romans, koarte ferhalen, artikels en kollums foar ferskate Fryske (literêre) tydskriften en blêden.
Syn tredde roman, De trekker fan Troje, waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2019. Yn 2023 skreau er de tekst foar teäterfoarstelling Axomama. De Biltske Wassenaars, diel trije fan in famyljekronyk, sil ferskine yn 2026.
Jaap Krol (1970) skriuwt fiksje en non-fiksje, yn it Nederlânsk en yn it Frysk. Hy publisearre ferskillende ferhalebondels en in non-fiksjeboek. Yn 2024 ferskynde fan him De straatlas van Nederland, in boek oer strjitmeubilêr. Jaap skriuwt kollums en resinsjes foar it Friesch Dagblad, strjitmagazine De Riepe en de literêre webside Tzum.

Jetske Bilker (1960) studearre literatuerwittenskip, skreau ferskate romans, de novelle Oar plak oare tiid en de ferhalebondel In nacht fan hûs. Se wie jierrenlang literêr resinsint en hat ek in grut tal oersettingen op har namme stean, fan De Kameleon oant
Harry Potter en fan Ilja Leonard Pfeijffer oant in omstavering fan wurk fan Trinus Riemersma.
Mei har roman Spegel en Sonde wûn Jetske yn 2023 de Gysbert Japicxpriis.


Paul van Dijk (1981) is dichter, skriuwer en yllustrator. Dêrneist is er dosint Ingelsk en muzyk yn it fuortset ûnderwiis.
Syn wurk lit in grut ferskaat sjen. Sa makket er ferhalen, yllustraasjes en teäter foar bern en skriuwt er muzyk en gedichten foar folwoeksenen. Foar syn gedichten krige hy meardere Rely Jorritsmaprizen.
Syn earste dichtbondel
Famke fan snie krige yn 2022 de Douwe Tammingapriis.
Sytse Jansma (1980) is in twatalich dichter (Frysk/ Nederlânsk) en byldzjend keunstner. Syn earste Nederlânsktalige dichtbondel Rozige maanvissen (2024) waard bekroand mei de C. Buddingh’prijs en de Poëziedebuutprijs. Earder publisearre Sytse twa dichtbondels, wêrfan ien yn it Frysk en ien yn twa talen. Mei syn poëzy siket er faak cross-overs mei oare keunstfoarmen: muzyk, teäter en byldzjende keunst.
“De lessen befalle hiel goed. De brede oanpak jout in moai byld fan wat my leit en wêr’t ik minder mei ha.”
In studint
Der komme hieltyd nije dosinten by, mei romme ûnderfining as skriuwer. Op skriuwersfakskoalle.frl steane se allegear.
Rekkenje foar elk fak yn alle gefallen per wike op in deidiel skriuwwurk fan it begjin ôf, oprinnend nei trije of fjouwer deidielen foar it tredde nivo. We gean derfan út datst dy allinnich ynskriuwst ast foldwaande tiid hast. It lesjild bedraacht € 540,- foar sawol Skriuwtechniken A as B (beide 12 lessen) en € 450,- foar de blokken dêrnei (hieltyd 10 lessen). Meidwaan oan in losse kursus kostet € 520,-. Betelje yn terminen is mooglik. Is it lesjild te heech foar dyn ynkomsten? Sjoch dan nei de mooglikheden foar in temjittekomming yn de kosten op volwassenenfonds.nl.
Benijd oft de Skriuwersfakskoalle wat foar dy is? Kom dan nei in fergeze yntroduksjeles! Dy is altyd yn septimber en febrewaris, foar’t in nij semester begjint. Ynskriuwe foar in ûnderdiel fan de oplieding en/of foar in losse kursus kin foar elk semester. Foar it earste semester kinst dy ynskriuwe oant 15 septimber. De ynskriuwing foar it twadde semester slút op 15 febrewaris. Is de ynskriuwdatum foarby en is it blok noch net begûn? Nim dan kontakt op om te besjen wat de mooglikheden binne.
Alle ynformaasje oer de yntroduksjelessen, talitting, start/ lesdata en it ynskriuwen fynst op skriuwersfakskoalle.frl. Wat dyn nivo of eftergrûn ek is, do bist wolkom!


De lessen fan de Skriuwersfakskoalle binne (yn prinsipe) op woansdeitejûn yn Tresoar, Boterhoek 1 yn Ljouwert. Hast fragen? Nim dan kontakt op mei Linda Tijsma, koördinator en dekaan Skriuwersfakskoalle, op skriuwersfakskoalle@tresoar.nl
By de Skriuwersfakskoalle kinst in hiel soad leare. Boppedat silst diel útmeitsje fan in groep studinten dy’t graach leare wol en krijst geregeld in nijsbrief fol literêre nijtsjes en lês- & oare tips. Wurdst as studint stimulearre om nei û.o. lêzingen, foardrachten, foarstellingen en eksposysjes te gean, as ynspiraasje en as ûnderdiel fan dyn (sels)refleksje op it skriuwen/meitsjen. Dêrneist nûgje wy dy út foar literêre eveneminten, lykas Lettertreffen: it jierlikse netwurkevenemint dat Leeuwarden UNESCO City of Literature foar de literêre sektor yn Fryslân organisearret.
Kolofon
Gearstalling en redaksje: Leeuwarden UNESCO City of Literature & Tresoar | Foto’s: Jessie Jansen Dosintefoto’s: Natalia Balanina | Foarmjouwing: Meenes | Print: CSL digitaal | Print- en setflaters foarbehâlden | Mei tank oan: Arjan, Doete, Durk, Sygrid, Tryntsje, Welmoed, Ytje en Het Lage Noorden.
© Jannewaris 2026
De Skriuwersfakskoalle is in gearwurking fan:
Organisaasje dy’t him ynset foar in profesjoneel en tagonklik literêr klimaat yn Fryslân en dy’t diel útmakket fan it wrâldwide netwurk fan 350 ‘creative cities’.
As museum, argyf en biblioteek foar de Fryske taal, kultuer en skiednis is Tresoar in leechdrompelich, meartalich moetingsplak.
De lanlike dieltiidoplieding foar aspirant-skriuwers. Mei haadfêstiging yn Amsterdam, mar ek mei skoallen yn û.o. Grins en Zwolle.