Page 1

Swarte Grûn Blijspul fan J.J. Hijma Sneon 4 febrewaris 2017: jûns 8 oere (oanslútend muzyk) Snein 5 febrewaris 2017: middeis 2 oere Sneon 11 febrewaris 2017: jûns 8 oere (oanslútend muzyk) Lokaasje: Doarpshûs ’t Paradyske yn Langsweagen Tagong: 8 euro – Stipers fergees Wolle jo dit sjen? Reservearje dan in plakje by Gea Bergsma-Brander fia e-mail: nutlangezwaag@gmail.com of mei de tillefoan 06 15 04 81 84 Dit toneelstuk is mede mogelijk gemaakt door:

S.

schildersbedrijf

de Jager

Tsjerkeleane 11 Langezwaag T. 06-51177056

Boekje Toneelclub dec 2016.indd 1

12-12-16 (week50) 16:20


Swarte Grûn Blijspul yn 6 tafrielen fan J.J. Hijma

It stik yn it koart:

Oannimmer Sylstra fiert projekten út foar de oerheid. Hy nimt it net sa nau mei de wetjouwing en dêrom docht in miljeu-amtner ûndersyk nei syn hannelwize. Dizze amtner blykt meardere kanten te hawwen. It wurdt der foar Sylstra net better op as syn wurknimmer de saak yn de bulten jaget. In plysje-ynspekteur en in sjoernaliste besykje tegearre de oplossing te finen.

Personaazjes:

Namme: Karakter Spiler Jehannes Sylstra:.................................. Oannimmer ............................................................ Gerrit Arends Pytsje: ..................................................... Syn frou ................................................................... Bärbel Strikwerda Jacky:....................................................... Harren dochter ...................................................... Iris de Jong Willem van der Heide: ...................... Meiwurker, wâldman ............................................ Bareld van der Meer Van der Meer: ....................................... Plysje-ynspekteur ................................................... Hennie Brander Renske Nijhuis:.................................... Sjoernaliste ............................................................. Marjet de Boer Reinder Wiersma:............................... Miljeu-amtner ( Jeh. Tsjûge & ynbrekker) ....... Jan de Vries Frou de Boer: ........................................ Âlde buorfrou ........................................................ Karin Otter Plysjefrou: ............................................. Bewaker ................................................................... Linda Hakze Rezjy: ...................................................... Eppie Pera Ynstekster: ............................................. Hendrika Hylkema Grime: .................................................... Kim Woudstra & Anita Talman Ljocht en lûd: ....................................... Berend van der Molen, Hans Dekker & Jan-Henk van der Werf Dekorbouw:.......................................... Jimmie de Haan & Andries van der Molen Programma blêd: ................................ Hans Dekker & Rianne Bosma-de Haan

Fan de bestjoerstafel Sa as elts winterskoft gebrûklik is wurdt alle jierren in toanielfoarstelling fersoarge. In tradysje dy’t al in 1866 ûntstien is, yn 2016 ha wy ús 150-jierrig jubileum fiert. We wolle graach noch yn flink tal jierren hjiroan tahekje. Derom bin en bliuwe wy op syk nei nij bloed. Hjirby kinne je tinke oan meiwurking as spiler, yn it besjoers, ljocht & lûd of oare taken foar de feriening. Sunt 2014 kinne je ek lid wurde van ús feriening. As lid wurde je útnoege foar de jierfergadering en ha je de mooglikheid om mei te spiljen. Wolle jo wol ús feriening stipje, mar gjin lid wurde, dan kinne jo gebrûk meitsje fan it donateurskip foar mear ynformaasje oer dizze mooglikheden kinne jo Bareld van der Meer freegje. Graach stelle wy ús bestjoer oan jimme foar: Bodisco Woudstra ................................ Foarsitter ................................................................ 688960 Rianne Bosma ....................................... Skriuwster .............................................................. 850979 Bareld van der Meer ............................. Ponghâlder ............................................................. 688076 Hans Dekker .......................................... Bestjoerslid ............................................................ 852134 Andries v.d. Molen ............................... Bestjoerslid ............................................................ 851877 Gea Bergsma-Brander ......................... Bestjoerslid ............................................................ 785104 Gerrie Daanen ...................................... Bestjoerslid ............................................................ 436573 It bestjoer is ek fia de mail te berikken: nutengenoegen@hotmail.com. Ek binne wy te finen op facebook as: Nutengenoegen.langezwaag

Boekje Toneelclub dec 2016.indd 2

12-12-16 (week50) 16:20


Ut’e regisseursstoel Dit jier hat de ploech it blijspul “Swarte Grûn” fan J.J. Hijma útsocht en my frege om dit soadsje ûngeregeld te plak te setten. No ik de regy by “it Nut” ha, waard my frege om wat oer mysels te fertellen. Ik bin Eppie Pera en wenje mei myn man in Bakkefean. Wy hawwe twa bern en fiif bernsbern. Ik mei graach fytse en rinne. Troch myn jongere sus is de leafde foar toaniel wekt. Se spiele by ‘Eendracht’ in Mearum. Dat wie doe in grutte feriening mei in spilerstop. De oare feriening in Mearum, OKK (Oefening Kweekt Kunst), hie ferlet fan in spylster en sa bin ik mei it firus besmet rekke. Beide proaten in de streektoal Westerkwartiers. Ik gean noch gauris nei in foarstelling fan OKK te sjen.

Doe`t we in 1982 yn Bakkefean te wenjen kamen, bin ik lid wurden fan ‘Nij Bigjin’. Troch de jierren hinne ha ik der sa no en dan spiele en in pear kear yn it bestjoer sitten. Yn it foarjier fan 2013 ha ik noch meispile yn it iepenloftspul. De Toaniel Federaasje Opsterlân organisearre gauris toanielwurksjops en dêr die ik dan ek graach oan mei. Ik bin gjin diplomearre regisseur, mar ha sa`n tweintich jier ferlyn wol in koarte regy kursus folge. Yn dy tiid siet ik ek yn it bestjoer fan de federaasje Trije jier lyn ha ik de oplieding ta Karmaster dien en no gean ik ek in pear kear te karmasterjen. Ik hoopje dat wy dit winterskoft in protte wille ha meie en dat wy jimme moetsje op 4, 5 as 11 febrewaris yn it Doarpshûs ‘t Paradyske.

Foarsitters praatsje Ofrûne jier hawwe wy ús 150 jierrige jubileum hân. Der ha wy as bestjoer fansels in protte drokte fan hân. Jo kinne dan fest wol begripe dat we dit jier safolle drokte net hawwe fan de tariedingen as ferliene jier. Mar ek dit jier wolle wy graach de minsken wer bliid meitsje mei in moai stik wer’t wy wer in protte wille om ha kinne mei inoar. Wy hoopje dat dit slagje sil mei it stik “Swarte Grûn”. In toanielstik út 2004 wat noch net earder opfiert is foar de kriich. De spilers binne alwer drok dwaande om it stik der wer yn te krijen. Dit jier binne der ek nije spilers bij ’t Nut, dat bin Karin Otter en Marjet de Boer. Gerrit Arends die yn’t ferline wol ús regisseur wie, hat ek in rol op him naam. Eppie Pera is ús nije regisseur. Wy binne bliid mei har ynset. Wy kinne no al fernimme dat de spilers goed motivearre binne om it stik sa moai as mooglik del te setten.

Boekje Toneelclub dec 2016.indd 3

Wy binne tige grutsk op dizze ploech en ha der alle fertrouwen yn dat se it stik skitterjend delsette sille yn febrewaris. Oan alle kanten fernimme wy dat it toaniel libbet in Langsweagen. We hawwe hieltyd mear oansletten spielers en ek genôch minsken dy’t helpe wolle om ‘t stik wer op de planken te krijen. Ek it doarpshûs hat de romte wer foar ús beskikber stelt en al ús sponsoren en donateurs ha ús wer stipe. Sûnder dizze bydragen soe it foar ús net mooglik wêze om in stik del te setten. Wy wolle jimme allegearre wer tige tank sizze!! As toanielploech tinke wy dat jimme dit jier wer genietsje sille fan ús toanielstik. Allegearre komme en lit hearre wat jimme der fan fine! Bodisco Woudstra, Foarsitter Nut en Genoegen

12-12-16 (week50) 16:20


Sponsorlijst Adm.buro Van der Werf

Langezwaag

Android-Online DJ - Events & More!

Langezwaag

Autobedrijf Klaassen

Langezwaag

Autoland Van den brug

Heerenveen

Bloemendaal Consultancy

Heerenveen

Bouwbedrijf Hans de Jong

Langezwaag

Bouwkern Hamstra Cor’s Car Center

Langezwaag

Creatief Kapper aan huis

Langezwaag

EP van der Molen

Gorredijk

Flowers for Feelings (Herna)

Langezwaag

Garage W. Bosscha

Langezwaag

Hov.bedr. de Wijngaerd

Langezwaag

Inst.bedr. A.H. de Jong

Langezwaag

Inst.bedrijf H. Altena

Tijnje

Jan Haanstra Hoveniersbedrijf

Langezwaag

Kim’s Kapsalon

Langezwaag

Krekt & Dijksma Reklame

Gorredijk

Las- en montagebedr. Van Es

Langezwaag

Laurents Bosma

Langezwaag

Leo Veldman

Langezwaag

Loonbedrijf T. van der Spoel

Langezwaag

Mulder Schoonmaak Heerenveen

Heerenveen

Pedicure Akke Fekken

Langezwaag

Pedicure Map Huisman

Langezwaag

Pedicure Trijntje

Langezwaag

RDG sattelietsystemen

Gorredijk

Schildersbedrijf S. de Jager

Langezwaag

Schokker Grondverzet

Langezwaag

Trimsalon Yvonne

Langezwaag

Uitvaartzorg Willy Dijkmeijer

Langezwaag

Wooden Boat Service

Boekje Toneelclub dec 2016.indd 10

Gorredijk

Heeg

12-12-16 (week50) 16:20

Boekje Nut en Genoegen Langezwaag 2017  

Boekje Nut en Genoegen Langezwaag 2017

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you