Page 1

Alexander Steffensmeier

Joazefine is siik


As by ’t hjerst it waar omslacht, moatte postko Joazefine en har freon, de postboade, by it postrinnen gauris troch waar en wyn. It hie de lêste dagen bysûnder kâld en ûnlijich west. En fan ’e moarn by ’t melken fielt Joazefine har slop en wurch. ‘Och heden,’ seit de boerinne, ‘wat sjochsto derút! Hast dy dochs net ferklomje litten?’


Wat in gelok dat de boerinne noch wat húsmiddeltsjes wit, dy’t goed helpe ast ferkâlden bist.

Guorrelje.

Ynhalearje.

Waarme halsdoek.


Kâlde poatwynsels.

In soad rêst en ûnder de reade lampe. Mar as Joazefine har nei in skoftsje noch net better fielt, strykt de boerinne har oer de rêch. ‘Ik leau, wy moatte dokter mar belje.’


‘Gjin probleem’, seit de assistinte as de boerinne de feedokter bellet. ‘De dokter kin hjoed wol even delkomme.’


Joazefine is siik ynsjocheksimplaar  
Joazefine is siik ynsjocheksimplaar  

Kij binne ek wolris siik! Op in moarn by 't melken fielt Joazefine har slop en wurch. Wat wibelich stiet se op har fjouwer poaten, se mei gj...

Advertisement