Heit&Mem nr. 1 2019

Page 16

Us hobby!

Aen Age (38) en Bjorn (7) út Akkrum binne beide gek op follybal. Heit Aen Age spilet yn it earste manljusteam fan AVC ’69 yn Akkrum en soan Bjorn sit dêr sûnt 1,5 jier by de minys. ‘Follybal is in leuk en spannend spultsje. Dochst it mei in team, dat is gesellich. Mar it is yn it begjin net maklik’, leit Bjorn út. ‘De bal moat oer it net, en dan ek noch binnen de lijnen.’ Beide traine se ien kear yn ’e wike, en as Bjorn in wedstriid spylje moat, coacht heit Aen Age it team. In skoftke lyn hawwe se tegearre nei in wedstriid yn de earedifyzje west. Bjorn fûn it machtich moai mei heit op ’e tribune. De keihurde ballen fan de topsporters en de lûde en gekke muzyk by elk punt hawwe wol yndruk makke. Bjorn syn team hat ek in yell. As de wedstriid begjint, roppe se hiel hurd: ‘Colasinas7up, wij zijn de beste volleybalclub!’ Aen Age en syn team roppe gewoan ‘Hosssaaa!’ Mar wol hiel lûd, want dêr wurdt de tsjinpartij senuwachtich fan, sa’t skynt.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.