Heit en Mem 1 - 2014

Page 30

Noait in dei sûnder diabetes

Nynke Stallinga

Rianne Nutma (13) út Winsum kin poerbêst keatse. En se hat diabetes. It iene hat neat te krijen mei it oare. Tagelyk is it wol efkes spannend hoe’t de kombinaasje wêze sil. Want Rianne hat noch net sa lang diabetes. Ein septimber foarich jier is it fêststeld. Doe wie it keatsseizoen oer. It is simmer 2013 en Rianne drinkt in hiel soad. Bygelyks alle tolve pakjes drinken dy’t mei binne as it gesin in dei nei Skylge is. It famke gniist. ‘Ik hie gewoan toarst! Op skoalle dronk ik wol trije liter wetter. En ik moast hiel faak nei de wc.’ Mem fertrout it op in stuit net mear en makket in ôfspraak by de húsarts. ‘We koene foar skoaltiid wol efkes komme. Rianne har bloedsûker wie 17. De normale wearden lizze tusken de 4 en 8 mmol per liter. We moasten drekt troch nei it sikehûs.’ En dêr bleau it famke seis dagen. It gesin rekket yn in achtbaan.

30

Diabetes. Ast it hast, hast it foar altyd. Eltse dei prikke, rekkenje, iten weagje en alert wêze. Hoe is dat, as dyn bern fan 5 jier diabetes hat? Of in sportyf famke fan 13? Hoe witst datst it hast en wat komt der oan te pas? “Kinst der âld mei wurde”, hearre de âlden fan Rianne en Ilan gauris. ‘Dat is wier, mar bist ek gjin dei sûnder.’

In ‘spoedkursus diabetes’, sa’t Rianne it útdrukt. ‘De diëtiste komt, ferpleechkundigen, dokter. Der komt sa’n soad op dy ôf. Ik snapte earst net alles.’ Dat is no wol oars. Se leit mei help fan in plaatsje út wat der oan ’e hân is. ‘Myn alfleisklier makket gjin ynsuline oan. Ynsuline is eins it sleuteltsje dat in sel yn it lichem iepent, sadat de glukoaze út it bloed nei binnen kin. Glukoaze hast noadich om te groeien en te bewegen en sa.’ Rianne prikt sels om har bloedsûker te mjitten. Tegearre mei mem rekkent se moarns út hoefolle ynsuline oft se spuitsje moat yn kombinaasje mei de aktiviteiten fan dy dei, en se weagje har iten. ‘As ik mei de bus nei skoalle gean, spuitsje ik wat mear as wannear’t ik op de fyts gean.’ Op skoalle yn Frjentsjer – Rianne sit yn de twadde fan it vmbo – is se goed opfongen. ‘Myn freondinnen helpe my. Ik

moat altyd earst prikke foardat ik myn iten opite kin. Dat doch ik yn it ynvalidetoilet en dan giet der wolris ien mei.’ Ek de leararen hâlde der rekken mei. It hat foaral yn it begjin hiel wat triennen koste. ‘En no noch wol’, seit mem Imca. ‘In soad minsken sizze “se kin der âld mei wurde”. Dat is ek wol sa, mar moatst der altyd om tinke. Se docht it no hartstikke goed, mar bliuwt dat ek sa?’ It binne soargen dy’t ek de âlden fan Ilan de Bruin (5) út Dokkum hawwe. It jonkje hat no rom trije jier diabetes. ‘Hij weet niet beter, maar je zou zo graag willen dat hij een onbezorgde jeugd heeft’, seit mem Rosanna. Elts jier, op de dei dat de diagnoaze steld waard, hat Ilan syn ‘suikerfeest’. Heit Leo: ‘Dan mag hij alles eten waar hij zin in heeft. Pannenkoeken, patat; alles wat niet zo verstandig is. De consequentie is


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.