Heit en Mem 1

Page 6

heit & mem post Yn novimber komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert

fotowedstriid

Us fiif wûnderkes Dit binne, lykas de bern fan eltse heit en mem, de moaiste en leafste bern fan de hiele wrâld. De jongste twa, Jesse (3) en Anthony (1), ha eins 4 memmen. Der wurdt nammentlik ek hiel goed op se past troch de grutte sussen Leanne (7), Chantal (6) en Naomi (4). It moaie fan ús grutte gesin fyn ik de gesellichheid. We fine it dan ek super dat al ús bern it sa goed mei-inoar fine kinne. Sa lêst Leanne elke jûn de oare bern foar foardat se op bêd geane. Wy wurde ek witte faak frjemd oansjoen wannear’t út ús Renault Station neist de 3 bern fan de achterbank ek nochris 2 bern út de kofferbak komme.

Doch mei oan de fotowedstriid BERN & BIST! Stjoer jim moaiste foto foar 31 july op nei ynfo@heitenmem.nl De ynstjoerders fan de trije moaiste foto’s winne it boek Gekke Greta Goes. Alle foto’s wurde pleatst op www.heitenmem.nl

Ingrid van Rootseler út Eastrum

bertekaartsje Poll op www.heitenmem.nl It berte­kaartsje yn it Frysk? ja nee nee, twatalich

64% 12% 24%

Wisten jo dat op de site www.heitenmem.nl Fryske bertegedichtsjes steane? Wolle jo sels in gedichtsje/tekst skriuwe yn it Frysk? De Afûk sjocht it fergees foar jo nei!

6

Pjutteswimmen Us Jens giet al sûnt dat er 3 moanne âld is nei swimles. En hy fynt it geweldich. Earst wie hy by juf Ankie oan it babyswimmen en fan syn 2e jier ôf swimt er by juf Barbara. In healoere yn ’e wike op tiisdeitemoarn. Yn eltse groep sitte ûngefear 12 oant 16 bern mei harren heit, mem, pake of beppe. It wetter is tusken de 60 en 90 sm djip, dus de berntsjes kinne oeral stean. Ek is it wetter wat waarmer as normaal, sa’n 32 graden. Se begjinne mei in ferske yn ’e kring sa as ‘alle eendjes zwemmen in het water’ en ‘Jan Huigen in de ton’. As de ton dan yn ‘duigen’ falt geane de berntsjes ûnder wetter, sa fier at se doarre. Nei in pear wike sjochst al dat de

measten hielendal ûnder wetter ferdwine. Dêrnei klimme en springe se op de kant en fan de kant ôf yn it wetter. Ek leare se dûken. Se sitte dan op de kant en sjonge in ferske oer dat de hantsjes yn ’e hichte moatte en it noaske yn it wetter moat. De measte berntsjes fine it hielendal geweldich en it is in grut feest om eltse wike wer swimme te meien. Pjutteswimmen is echt oan te rieden! Alles bart sûnder bantsjes en is der op basearre om de bern sa folle mooglik wetterfrij te meitsjen. By ús Jens wie dat samar klear! Petra Baarsma út Wergea.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.