Issuu on Google+

24

Earmoede en garisma Domela en Piter Jelles 1880-1900

Willem Schaap, feanbaas yn Skerpenseel, docht oan ‘twongen winkelnearing’, dat wol sizze dat syn arbeiders ferplicht yn syn winkel keapje moatte. Schaap seit dat syn spul wol in bytsje djoerder is, mar de kwaliteit is goed. Ut it ferhoar fan arbeider Johannes Rinkes de Vries út Munnikebuorren blykt wat oars. “Nee, it is dêr híél djoer!” Fraach: “Kinne jo dêr foarbylden fan jaan?” Antwurd: “Hy keapet bôle fan in bakker, betellet 4 sinten minder en rekkenet der sels 2 sinten mear foar. Dat is 6 sinten foar him, en it is ek wol ris 8 sinten. En dan moat it noch by de minsken thús brocht wurde.” Schaap set de bakkers ûnder druk: se moatte de bôle goedkeaper as normaal oan him leverje. Hoe’t se dat dwaan wolle, of wat se yn de bôle dogge, moatte se sels mar witte. Frij nei: Feanterij-enkête 1891

Leartekst ‘Earm Fryslân’ binne lytsskalige, faak wylde aksjes. In goeie organisaasje is der net en de ôfrin is meastal teloarstellend. Soms wurde stakings mei help fan de maresjesee mei hurde hân delslein; bollejeien wurde sokke stakings neamd. “De bolle is los”, klinkt it yn it fean. Nei 1888 binne de stakings grutskaliger en better organisearre. Dat komt troch it oerlis tusken stakers, it nei foaren kommen fan lieders en it ûntstean fan arbeidersferienings.

Yn it parlemint en yn de kranten wurdt Fryslân oan ’e ein fan de 19de ieu beskreaun as ‘earm Fryslân’. Yn dy ieu foarmet him yn Fryslân in ûnderlaach fan minsken dy’t yn de ellindichste omstannichheden libje. Se wenje yn spitketen op ’e heidefjilden of yn lytse, nearzige ienkeamerwenten yn ’e stêd. Meastal hawwe se gjin wurk en kinne se frou en bern net genôch te iten jaan. Hawwe se wurk, dan is it swier wurk dat ûnder beroerde omstannichheden op it lân of yn it fean dien wurde moat. Wurk dat ek nochris net genôch opsmyt, dêrom moatte frou en bern gauris meiwurkje. Is it dan in wûnder dat der ferset komt tsjin de bazen? En dat de arbeiders harren wurk dellizze en stake??

Ferdinand Domela Nieuwenhuis

Stakings De hiele 19de ieu smite de feanarbeiders út en troch har wurk del om it lege lean en de minne omstannichheden dêr’t hja yn wurkje moatte. Mar ek om’t de arbeiders De Appèlmeester, Nij Beets, twongen wurde om harren Marianne Krabbendam deistige boadskippen te dwaan yn de winkel fan de feanbaas. Dêr is de bôle en it spek soms wol in kwart djoerder. En earne oars boadskipje kin net, dan wurdst ûntslein. En dan it útbeteljen fan de leanen yn dranklokalen en herbergen: in soad arbeiders nimme fuort mear as ien slokje. It bytsje lean is sa soms foar it grutste part ferdwûn, ear’t se it lokaal ferlitten ha. Stakings

Domela (Amsterdam, 1846) studearret teology en wurdt predikant yn de Lutherske Tsjerke, earst yn 1870 yn Harns, dêrnei yn Beverwyk en Den Haach. Dêr ferdjippet er him yn alles wat der mis is mei de arbeiders en harren libbens- en wurkomstannichheden. Hy wurdt sosjalist, hâldt yn 1879 op mei syn wurk as dominy en wurdt lid fan de Haachske sosjaaldemokratyske feriening. In tal fan sokke ferienings rjochtsje yn 1882 it SDB, it Sosjaal Demokratysk Bûn op. Domela wurdt skriuwer fan it bûn en redakteur fan it blêd ‘Recht voor Allen’, dat it bûn útjout.

Portret Domela, Tresoar

49 HânboekDiel2_10-6_NijeOpset.indd 49

21-05-13 09:38:21


FINSTER 24  Earmoede en garisma

Bollejeien Nijbeets, Wiebe Hankel (rjochts) sprekt op in appèl. Kolleksje HSG, Amsterdam

er kening Willem III misledige hat. It jier dêrop wurdt er de earste sosjalist yn it Nederlânske parlemint as fertsjintwurdiger fan it Fryske kiesdistrikt Skoatterlân. Ynearsten pleitet Domela fûl foar algemien kiesrjocht en sosjale wetjouwing om de posysje fan de arbeiders te ferbetterjen. Letter sjocht er, slim teloarsteld yn de polityk, dêr gjin heil mear yn. Hy wurdt anargist en preket de

As foaroansteand lieder fan it bûn reizget er troch Nederlân en hâldt ek in soad yn Fryslân ta om de arbeiders dêr te stypjen. Troch syn uterlik, syn wize fan optreden en de flamjende redes swypket er de arbeiders op. Sy sjogge yn him in profeet en neame him ‘ús ferlosser’. Domela set him ôf tsjin de fiif K’s: Kapitaal, Kening, Kazerne, Kroech en ‘Kerk’. Yn 1887 sit er sels in skoft yn de finzenis, om’t

Boarne 1

(fierder op s. 52)

De Hogerhuissaak Yn 1896 wurde de trije bruorren Hogerhuis, Wybren, Keimpe en Marten, oppakt, om’t se ynbrutsen hawwe en in jildbedrach stellen. Ien soe sels sketten hawwe. Hoewol’t harren skuld net foar 100% fêststiet, wurde se feroardiele ta lange selstraffen. It fonnis fan de Ljouwerter rjochtbank jout hiel wat opskuor. Giet it hjir om in rjochterlike dwaling of is der sprake fan klassejustysje? Moatte de bruorren feroardiele wurde om’t se mar arbeiders binne, of om’t se har ynset hawwe foar de sosjalistyske beweging?

Troelstra, yntusken parlemintslid, ûnder­siket de saak en sprekt sels de minister fan Justysje derop oan. Hy docht syn uterste bêst om se frij te krijen. It slagget net. Net allinne om’t de rjochterlike macht foet by stik hâldt, mar ek troch de striid tusken de oanhingers fan Domela, de ‘revolúsjonêren’, en dy fan Troelstra, de ‘parlemintêren’.

50 HânboekDiel2_10-6_NijeOpset.indd 50

21-05-13 09:38:22


Wurden en begripen

Boarne 2

FINSTER 24  Earmoede en garisma

Piter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer (1860-1939), skriuwers Troelstra is foaral bekend as sosjalistysk foarman en minder as skriuwer. As studint yn Grins skriuwt er al gedichten. Guon dêrfan komme yn de bondel ‘It jonge Fryslân’, in blomlêzing fan it wurk fan jonge dichters út dy tiid. Yn 1886 ferskynt it ‘Nij Frysk Lieteboek’, dêr’t er ek wurk foar skreaun en sammele hat. Fan 1888 oant 1890 is er redakteur fan it famyljeblêd ‘For Hûs en Hiem’.

Algemien kiesrjocht: kiesrjocht foar elkenien

boppe in bepaalde leeftyd en sûnder dat sjoen wurdt nei besit, oplieding, sekse, ensfh. Anargist: oanhinger fan it anargisme;

letterlik ‘sûnder regear’, it ûntbrekken fan in organisearre bestjoer. Arbeidersferienings: arbeiders, meastal

mei itselde berop, organisearje har yn in feriening mei it doel te striden foar better lean en bettere wurkomstannichheden.

Troelstra trout yn 1888 mei Sjoukje Maria Diderika Bokma de Boer. Hja hat in jier earder as berneboekeskriuwster har debút al makke ûnder it pseudonym Nynke fen Hichtum. Se wenje yn Ljouwert, dêr’t Troelstra in advokatepraktyk begjint, en krije twa bern: Dieuwke yn 1889 en Jelle yn 1891.

Bollejeie: stake; fan bolje = opstannich,

oproerich wêze. Ienkeamerwente: in hûs mei mar ien keamer

dêr’t yn libbe, sliept en ek it iten sean wurdt. Maresjesee: in legerkorps dat tsjinst docht as

militêre polysje.

Yn 1887 ferskynt har ‘Teltsjes yn skimerjoun’, yn it Frysk oersette mearkes. Sjoukje is gauris siik, mar skriuwt in protte, earst yn it Frysk, letter yn it Nederlânsk. Underwerpen foar har berneboeken komme faak wol út Fryslân, sa as yn ‘Afke’s Tiental, een schets uit het Friesche arbeidersleven’ (1903). It boek is basearre op de ferhalen fan harren tsjinstfaam Hiltsje Feenstra út Wergea.

Monargy: in steat(sfoarm) mei in (erflik)

monarch (= kening, keizer) oan it haad. Passyf kiesrjocht: it rjocht om keazen te

wurden yn gemeenterie, Provinsjale Steaten of Twadde Keamer. Aktyf kiesrjocht is datst dyn stim útbringe meist. Pseudonym: skûlnamme brûkt as

It houlik fan Piter Jelles en Sjoukje wurdt yn 1907 ûntbûn. Hy hat, sûnt er lieding jout oan de arbeidersbeweging, net folle mear skreaun. Yn 1908 trout er opnij en pakt it dichtsjen wer op. Yn 1909 ferskynt de bondel ‘Rispinge’, in samling fan âlde en nije fersen.

Piter Jelles en Sjoukje foar harren trouwen, Tresoar

skriuwersnamme. Revolúsje: in grutte feroaring yn in steat of

maatskippij. SDAP, Sosjaal Demokratyske Arbeiderspartij:

partij dy’t de omstannichheden fan de arbeiders ferbetterje wol troch it meitsjen fan wetten dêrta yn it parlemint.

In nije tiid Der giet in rop oer alle lannen, In rop om frijdom, witnis, ljocht; Der rûst in wurd lâns alle strannen, Dat seit, wat mannich herte tocht; Der skynt in sinne oer tûzen knoppen, Dy’t tsjuster hindre om har t’ûntjaan, En skrouske fûgels wurde roppen Om ek de wjukken út te slaan; Der waait in wyn mei foarske twjirren Oer hiel de triljende ierde rûn; Wat fêststie lange, lange jierren, Falt no, fermôge, tsjin ’e grûn.

SDB, Sosjaal Demokratysk Bûn: partij en

foargonger fan de SDAP, mei ynearsten deselde útgongspunten, mar dy’t oergiet nei radikalere prinsipes. Sosjale wetjouwing: wetten dy’t oannommen

binne yn it parlemint om de libbensomstannichheden fan de arbeiders te ferbetterjen.

Sosjalist: oanhinger fan it sosjalisme: politike Sjoerd en Hiltsje Feenstra stiene model foar it boek ‘Afke’s Tiental’, Tresoar

streaming dy’t opkomt foar gelikensens fan earm en ryk yn de maatskippij. Spitkeet: in plaggehutte; in ienfâldige mei

heideseadden bedutsen hutte. Stake: it wurk dellizze as protest of om

bettere arbeidsbetingsten te krijen.

51 HânboekDiel2_10-6_NijeOpset.indd 51

21-05-13 09:38:24


FINSTER 24  Earmoede en garisma

revolúsje om de wrâld te ferbetterjen. Yn lettere jierren wennet er yn Hilversum en publisearret in ferskaat oan boeken. Hy ferstjert dêr yn 1919. By syn begraffenis yn Amsterdam binne tsientûzenen Friezen oanwêzich.

Piter Jelles Troelstra

Portret fan Troelstra,

Boarne 3

troch Jelle Troelstra, Tresoar

De oare belangrike strider foar de arbeiders is Troelstra (Ljouwert, 1860). Syn jeugdjierren bringt er troch yn Stiens, dêr’t syn heit belestingûntfanger is. Troelstra is yn syn middelbere skoaltiid al polityk aktyf. Dêrnjonken hat er dan al konneksjes mei Fryske skriuwers. Fan 1882 oant 1888 studearret er rjochten yn Grins. Syn literêre aktiviteiten set er troch as redakteur fan it tydskrift ‘For Hûs en Hiem’ en fan it nij ‘Frysk Lieteboek’. Tagelyk rjochtet er him op de sosjalistyske beweging. Hy trout mei Sjoukje Bokma de Boer, skriuwster fan berneboeken ûnder it pseudonym Nynke fan Hichtum. Yn Ljouwert set Troelstra útein mei syn karriêre as advokaat. Hy ferdigenet hieltyd mear sosjalistyske arbeiders foar it gerjocht. Dat en syn ynspirearjende redes

Yn De Harkema ha se wer in spitkeet opboud foar it museum.

In spitkeet op de Surhústerfeanster heide, begjin 20ste ieu

Fan spitketen oant wenningstichtingshuzen Miskien hast wolris in spitkeet of plaggehutte sjoen, bygelyks yn De Harkema of Nij Beets. Yn de 19de en yn de earste helte fan de 20ste ieu wenje minsken yn de ôfgroeven heechfeangebieten yn in kûle, mei muorren en in dak fan plaggen: ien romte, dêr’t him it hiele libben fan in meast grut gesin yn ôfspilet. Yn leechfeangebieten is it troch de hege wetterstân net

mooglik en graaf in wenning yn ’e grûn. Houten keten, in âld skip, alles wat mar in bytsje bewenber is, tsjinnet as ûnderdak. Yn de stêden is it neat better, dêr wenje de arbeiders likegoed yn krotten. De oerheid docht, krekt as nei de arbeidsomstannichheden, ûndersyk nei it wenjen. Dat liedt ta de wenningwet fan 1901: foar elk krot dat opromme wurdt, sil in nij hûs foar de arbeiders boud wurde, mei genôch romte foar it gesin, en yn de efterein kin wat lytsfee.

Om it hûs hinne moatte se griente en ierappels ferbouwe kinne om de winter troch te kommen. Dat is it ideaal, en troch wenningstichtings komme sokke hûzen der ek op it plattelân. We neame se no nóch wenningstichtingshuzen. Oant it begjin fan de tritiger jierren wurdt der in soad boud. Dan komme de krisisjierren en is der gjin jild mear foar sokke projekten. Nei de Twadde Wrâldoarloch wenje guon minsken dêrom noch altiten yn krotten.

52 HânboekDiel2_10-6_NijeOpset.indd 52

21-05-13 09:38:25


FINSTER 24  Earmoede en garisma

Nynke fan Hichtum as jonge frou,

It bekendste berneboek fan

Tresoar

Nynke fan Hichtum

meitsje him hiel populêr by de arbeiders, en syn ynfloed op de sosjalistyske beweging groeit. Lykas Domela is er in foaroansteand lid fan it SDB. As dat ûnder ynfloed fan Domela hieltyd anargistysker wurdt, stapt Troelstra dêr yn 1894 mei in part fan de leden út en rjochtet de SDAP, de Sosjaal Demokratyske Arbeiderspartij op. Dy wol, mei help fan it parlemint, ferbettering fan de posysje fan de arbeiders troch sosjale wetjouwing en algemien kiesrjocht. De ôfdieling Fryslân is in skoft de grutste fan hiel Nederlân. Yn 1897 wurdt Troelstra lid fan de Twadde Keamer. Binnen en bûten it parlemint striidt er foar de arbeiders. Troelstra is tsjin de monargy. As yn Ruslân (1917) en yn Dútslân (1918) revolúsjes útbrekke, tinkt er dat ek yn Nederlân de tiid ryp is foar in revolúsje. Dat blykt in fersin, de revolúsje mislearret. Troelstra lûkt him, teloarsteld, geandewei werom út de polityk. Yn 1930 komt er yn Den Haach te ferstjerren.

De byldegroep yn Wergea, Suze Boschma-Berkhout

De posysje fan de arbeiders It krewearjen fan beide sosjalistyske foaroanmannen en alle oaren dy’t dêrmei anneks binne, hat súkses hân. De arbeiders organisearje har yn ferienings, lykas dy fan de feanarbeiders yn Appelskea: ‘De Eendracht’. Sa kinne se mei-inoar foar harren rjochten stride. Sosjale wetjouwing, bygelyks de arbeidswet en de syktewet, soarget foar bettere omstannichheden foar de arbeiders. Troch it algemien kiesrjocht foar manlju, yn 1917, en foar froulju, yn 1919, kinne de arbeiders fertsjintwurdigers kieze. Mei it passyf kiesrjocht kinne hja sels ek keazen wurde.

53 HânboekDiel2_10-6_NijeOpset.indd 53

21-05-13 09:38:28


Finster 24; earmoede en garisma